FEN EFTEREN BITEN

Hoarntsjes pronkje op ’e stringen,

Op de hichtsjes by it wiet,

Boartsje, kweelje, frije; ringen

Is it út mei ’t brilloftsliet.

De ien’ is moaijer as de oare,

Ta it brilloftspretsje kaem;

Mar ho gau is ’t moai foroare,

En het kreauwen de oerhân naem!—

Alhiel út de leage wosken,

Nei de brêgeman en breid,

Miich en frjeonen! hiele bosken!

Lokwinsken by ’t earste rekje;—

Is de skrútelens eat teid:

Skimpskeuten, in oar bilekje.

1909.

Fryske stikken · 第 34 / 72 题