_Sa is ’t wrâlds biloop_, net oars,
Sizze de âlde wyfkes, loas,
As hja sims gjin útwei witte;
Mei hjar andert der foar sitte.
„Sint dat wy noch wienen jong,
Giet it nei de oerâlde gong,
Sûnder dat wy sizze kinne
_Ho_ it is, en _hwer_ ’t giet hinne.”
Mei dat sizzen is it doel,
Dernei sûnder fierder reden:
„’t Is sa krekt sa as it foel.”
Makk’lik is min der den ou,
Freegje neat, mar op dit heden,
Litte wy dy saek „blau, blau!”
1909.