Us Fryslân is in greate tún!
Net dat min for ’t thédrinken,
Moarns der om hoecht to tinken,
Om sels op Gabe’s Noargerrún,
De slingerpaden allegearre,
Yn ’t nochteren min trochjeie kin.—
Hwa, dy dat ea probearre!—
To foet, ien dei, joun thús, wirch min,
Mei blierren oan ’e foetten
En waeksdom yn ’e botten,
’t Hier oan ’e holle plakt fen ’t swit,
Hast gjin heal minske mear; „forlit”.
Us Fryslân is sa’n greate tún,
Foar iten dy troch fleane,
Mei ’n auto; ’t heart min earne....
Fen ’t iikegrien, fen ’t bûkebrún,
Fen ’t blomtemoais om slot en pleatsen,
Fen ’t griene fjild fol hynsteblomt’,
Fen hirddraven ef keatsen,
Hirdsildery op marblausromt’,
Seach m’ ommers neat; gjin hûzen,
En wettermounlen, tûzen,
Om Maeije in flach heech op ’e wjok,
For ’t jongtroud pear hjar seine en lok.
Us Fryslân is in moaije tún,
’t Bisjen sa tige wirdich,
En is min aerdich firdich,
To foet doch bêst troch bosk en dún.
By ’t simmer, as ’t net al to moudich,
As tryblich waer is by de dei;
En docht min mar ienfoudich;
In stûrke bûsjild den ek mei,
Gjin gongelstok forjitte!
Yens sibben thús ûnthjitte;
Mei nije moanne, sûnder ûnk,
Yn ’n dei ef tsjien, bin ’k wer by honk.
Us Fryslân is sa’n greate tún,
Fen tûzenen pounsmietten,
Sa njuggen hûnderd mietten;
De âlderheechste beamtekrún,
Dy rûst om de Olderterpster slotten;
Sjocht by „Dykshoek”, min lang net mear,
It is in reis to skatten!
Ien dei, ien moanne, as yett’ mear!
Sjen skepers ’t skiep’gûd hoede,
Syn houn de keppels stjûre,
De bokweit op in tippe lân,
Yn wite pronk oan heiderân!
Is Fryslân dos gjin moaije tún?
Moarn sjen wy ’t koalsie bloeijen,
Joun yet de skipkes soeijen,
As wirch fen ’t gean op stien en pún,
To Birgerdaem w’oangean en pleistrje;
Wy rôppe ús der net skoar en hears,
Nou ’t s’efter al omheistrje,
Om ’t min foarút al wist ho bears,
Ut Birgums mar ús smakke,—
Strak scil wy ’t gastmiel pakke;
To metten, Tsjibbe Gearts’[25] is kâns,
Gean w’earst de bûrren efkes lâns.
Us Fryslân bliûwt in echte tún;
As nei ’t Noard-East wy geane,
Den scil syn moaist’ ús teane;
Dos al wer krekt as op ’e strún;
Earst troch de moaije wâlden,
Den komm’ w’yn Bûrums fette klaei,
Fol dikke kij, joun yett’ bihâlden;
East-Dongrediel troch mei in swaei;
Oer Nijesilens slûzen,
Sjen fen ’e sédyk ’t strûzen,
Fen ’t binnenwetter op dat sté,
En ’t sésicht oppe Louersé.
Is Fryslân net in moai stik tún?
Syn parken: kawels lânnen,
Dér ’t noat, der ’t gêrs op stannen.—
Dat is gjin tún, seit ’n bus, ’n skarlún:
’t Is ommers alles lân, fjild, boulân, greiden!”
Ek goed! mar as ien tún sa skien!”
„Wy ha gelyk,” mar beiden!
De greide is as in park sa grien,
’t Giel koalsied nou, mei gauens,
’t Blomt fen ’t flaeks syn blauens,
Yn brimm’reidsgoud de lândyk, nou?
Bikoartsje jo en siz mar „hou”.
Siz net mear: „Fryslân is gjin tún!”
Wy kinn’ sa min dat heare,
En as wy al hwet beare.
Dochs sûnder stoam en Noarcher rún,
To kuijern bliûwt it bêste.
Op stap heth min jimm’ nou hwet brocht,
To Mearum, Beltsam moatt’ jimm’ rêste....
Der ha w’ús grientetún útsocht.
En den mei wy ’t wol lije,
Nei Grou’s hirdsylderije,
Ha sa op Fryslâns fivers fean,
Kin den ’t Oranjewâld trochgean. Goereis!
Maitiid 1910.
[25] Sint stoarn.