Us Fryslân is om Maeije ién pronk!
Hwa ’t gouden koalsiefjild der seach,
Hwa dy it ea tomiette blonk,
Ik wit dat hy’r wer hinne teach.
Net sêdsjen koe him oan dy sprankjes;
Net sêdheare oan dy bijesankjes;
Net sêdrûke oan dy giele rankjes.
Us Fryslân is dyselde tiid,
Wol ’t moaiste to bisjen dan ris.
De hôven reawyt, wiid en siid,
Hwa seit dat dan op ’t moaist net is?
Hwa ’t Fryslân op syn moaist wol kinne,
Moat er den hinne, en wer troch hinne,
Let eindsje; er út al mei de sinne!
Hwet letter stiet yn oare pronk,
Us Fryslân ynne lichte klean;
Yn ’t moaiste cream stapt it fen honk,
En bliûwt ’n in wike ef hwet yn stean:
Ho ’t fen hunnich komt der fen dinne,
Wer bijkes in kenigryk winne,
Op ’t sniefjild by simmerske sinne.
Nou komt by ’t grien en wyt en goud,
De echte simmerdracht ris oan.
Mei ’t fêste waer is soks fortroud.
Past by dit simmersk waer sa skoan.
Kom Fryslâns bisjoggers nou harren,
Nei ’t reablomt, yn mêd en yn skarren,
’t Seiltsje op nei it blau fen ’e marren!
Nou leit it djipste grien oer ’t wâld
As bloedkrael nou in kers al blonk,
Neast lekker linebeamteskâd,
’n Fjild stânnen foar de seine al sonk.
Ho warber yn ’t haijlân hja binne!
Ho drok, wyls ’t hja hinne en wer rinne!
Ho’n hea mei dit moaiwaer hja winne!
Us Fryslân wier yn simmerdracht,
In moarn bitiids, sa by ús komd,
Mei allerhande moais in fracht,
Fen dúsentskienen, roazeblomt’.
’t Wier as út syn blomkoerke rôlle!
De wrâld al syn moai blomt’, sa folle!
Yen sûze ’t er fen ynne holle!
Min gyng de hiele gare dei
Ut niget, blomtún troch, fjild, hôf’.
Min foun it blomt’ sels oan ’e wei,
En tepte er fen by ’t poeltsje ôf.
En dermei it reidmoskje oan ’t sjongen!
By ’t nestje mei hjar fjouwer jongen:
Ho’n moais net mett’ ha w’op ús gongen.
Nou leit yn Fryslân ’t Parradys,
Fen rypjend noat, fen apel, par,
En gau den frucht op tûke en rys,
Ef reawangkjes, ek bar om bar.
By ’t boekweit- en koalteskjen fleane,
De flaeljes, seisstimmich! hja geane!
Yn ’t jounrea, oars heart men niks, nearne!
Us Fryslân heth hwei oars oantein,
Dat past by ’t iisblomt’: boäwyt,
Jewielen ljocht der kreas oerlein,
Dat heart by ’t iis op mar en ryt.
Ef ’t de Krystdagen moais sjen scille,
Op Birgerdaem, Schouw en ’e Dille,
Jong Fryslân hjar nocht en hjar wille!
1908.