Koll’merlân en ’t Nijkrúslân,
Oan de Lauersé syn rân,
Mei syn alderbêste greid,
Dy yn ’t hiele Fryslân leit,
Op ’t Nijkrúslân by de sé,
Achtjien pleatsen op dat sté .
Efter ’n hege dyk syn krún,
It is amper der ien tún.
En twa wettermounlen ha,
’t Binnenwetter wei mar sa.
’t Binne ek greate, dy op tiid.
De iene, ’t yn ’e Pompster Ried,
De oare ’t nei de Kolk ’t útsmiet,
Dat it troch de séslûs giet.
En de Koll’mer moaije toer,
Sjocht de hiele wrâld hjir oer.
Kollum, giet min dat ris lâns,
„Nou” seit min, „dit is my gâns,
Nou seit min: dit is ien sted:
Om’t sa’n moaije haedstriett’ heth:
Slotten, tún by ’t deftich hús,
Kollum! siz mar, haget ús.”