_a_. de skriftenkennisse; dizze hat allinne heil to wachtsjen fen nije
bigjinsels (persoanlike kinst, ûntwikkeljende utering), en soarge heart
to wirden for in fikse fryske oplieding fen jonge skriuwers.
_b_. de taelsuverens; dizze scil tanimme troch romte ôf to stean oan de
ûntwikkeljende utering, troch yn skoalle, rjochtseale, tsjerke alteast
to’n earsten ús tael fakultatyf to stellen en troch organisaesje fen de
jonge Friezen.
De greatste ynfloed op frysk gebiet giet út fen it Selskip fen 1844, en
yn it Selskip fen it Haedbistjûr; men forwachtet det de Algemiene
Gearkomste hjiryn nea wer frysk-forriedende konservativen dildzje scil.
De jong-fryske biweging wijt hjar krêften yn haedsaek oan trochfier fen
de nije letterkindige bigjinsels.
Sa hawwe wy dos dúdliker ynsjoch krige oer de fryske taelstriid sels,
witte wy better hwet hjar doel is en hawwe klearrichheit oer it forrin
fen dizze biweging, lyk as dit it suverst en winskelikst is, lyk as it
nei minskelike birekkening komme scil yn de earst-folgjende tiden ek.
Dochs bliuwt, al mei men oannimme det it greate merkteiken fen it
fryske karakter yet is in ynbânnige krêft, en det, sa opfette, it
stânfriezendom net, lyk fen somliken jamk sein waerd, ta it forline
biheart, der yet altyd de kâns bistean, det somlike ljuwe moedleas
stoarje nei it boppe oanjown, folle-omfetsjend program en det mear as
ien uterje scil it ûnbihaechlik bitinken: „Wis, dat alles is tige
forstânnich úttocht, mar de oermacht is sa nearzige great, det wy yn ’t
ein dochs forslein wêze scille; sa is dos de striid omdôch en hwerta
den yet to bigjinnen?”
Ik fiel det ik oanstriid krij om hjir minder bidaerde en wol-oertochte
wirden to brûken, as ik oant nou ta, tinkend om myn lêzers en it doel,
dat ik mei dit wirkje haw, yn ’e mûle naem. Mar my wer to foaren
hâldend, det in lyriske boai fen lilke tael hiel hwet minder to weech
bringe scil as in ienfâldich-birekkenjend wjerlizzen fen dizze miening,
scil ik bliuwe by de hâlding, dy’t ik yn dit wirkje oant nou ta
biwarre, en biwiiz’gje, det dit bitinken, howol maklik to forklearjen
en dêrtroch faeks ek wol to forjaen, dochs hielendal net oerienkomt mei
de wezentlike tastân, det earder oarsom de omstânnichheden ús
bitrouwende moed jaen kinne om ûnbisoarge, mar dochs jimmer soargjend,
de takomst yn’e mjitte to gean. Litte wy dos earst neigean, hwa ’t
eigentlik ús fijân wêze mei, eft der wol reden bistiet eang fen him to
wêzen, en mocht it ús talykje det dit sikerwier sa is, den op hwa ’t wy
rekkenje meije, as trouwe bounsnoaten.
En foartdalik wirdt it ús den klear, det mei de striid op ús rêstige
mieden ek gean tsjin in frjemde sprake, dêrmei hielendal net miend
wirdt, det wy ûnder alle omstânnichheden, it Hollânsk to biskôgjen
hawwe as fijandinne; hwent inkeld wolle wy war dwaen, de ynfloed fen
dizze sprake op ús tael hjir yn Fryslân to kearen, wylst wy der nea net
om tinke scoenen to sizzen, det wy tsjin hawwe op it brûken fen
Hollânsk yn hiel de oare wrâld, hwerearne it den ek wêze mei, mar dizze
sprake earder tawinskje in rom taelgebiet.
En fierders hat men yen dizze striid hielendal net sà to tinken, det
tsjin ús iverjen for de fryske tael de Hollânners bisiikje scille ús
sprake sa folle mûlk neidiel to dwaen; hwent dêr jinsen wier men jimmer
dôf for ús saek en wegere men ús freegjen om mear rjocht, om mear
bilangstelling alteast, faken to forstean en omdet sok in dôvens ús
noutiids gjin skea mear docht, scille wy wiis dwaen net to bisiikjen
dizze syktme to genêzen.
Sa mei men dos ús striid mear lykje by it streevjen fen warbere
minsken, om it jimmer-rizend wetter to kearen bûten de kriten, dy ’t
yet droech bleau, ho ’t dêr omhinne it wiet ek stadich omhegens skoude,
en dy ’t dat bliuwe scil, omdet de krêft fen de mânljue dy dykje
greater is as dy fen ’t wetter, dat ringen wer falt, as minlik de sinne
wer glimket.
Mar nea net wolle wy biskôge wirde as minsken, dy tsjin hawwe op in
fêste en krêftige iendracht fen hiel it Ryk; as wy bisiikje it wird
„Fryslân for de Friezen en it Frysk” to meitsjen ta seine wierheit,
easkje wy allinne wer de rjochten, dy ’t men ús lang lyn binaem.
Mochten wy dêrby in tsjinwirking ûnderfine, stoefer as wy fordrage en
dildzje koenen, den kin der wol gjin twivel bistean, ef ienris scille
wy witte to anderjen mei it oprjochtsjen fen in frysk-naesjonale
partij, mar sels den scil dizze net yn hjar findels skriuwe: „los fen
Hollân” hwent yn de lêste ieuwen learde Fryslân him to bûgen—mar
allinne oanstean op it earbiedingen fen ’e rjochten fen ús tael, dêr ’t
wy net búten kinne.