V.

For ús, dy ’t yn steat binne ús in oersjoch to foarmjen fen hwet barde

yn de tiden, dy ’t aldergeloks efter ús lizze, en dy ’t as strange

ierdske rjochters oan to wizen witte, hwet yn dieden fen ’t forline

krêftich wier ef ôf to karren, moat it wol makliker wêze as for de

ljuwe eartiids, der hichte fen to krijen hokker gefaren yn de neiste

jierren foarâl fen ús mijd wirde moatte. Hwent mei in minske, âlder

wirdend en jimmerwer nije ûnderfining en wizens garjend, sims

fortretlik wirde, as er werom tinkt oan misslaggen, lang forlyn fen him

bigien, en mei hy sa altyd wer klearder ynsjên, hwerfor er him letter

to wacht to nimmen hat, mear is dit yette wier for in hiel folts, dat

ommers net bistiet út ien libben mei ien ûnderfining, mar earder neamd

wirde moat in mienskip fen minsken, tige forskillend yn fieling en

tinken, mei ryk forskaet fen bifinen dos ek.

Hwet ús taelstriid oanbilanget, bûten in pear ûnbitsjuttende

tsjinslaggen, dy ’t jimmer to forklearjen wiernen troch ûnginstige,

tidelike omstânnichheden en dy’t gjin bliuwende wearde hawwe, wiernen

der oant nou ta gjin wichtige tsjoede ynfloeden mei earnstige gefolgen,

dy ’t ús de eagen iepenje koene for gefaren, dy ’t ús bidrigen sûnder

det wy it sels wisten. Mar hiel oars stiet it mei ús frijdom, dy ’t wy

al sokke lange ieuwen misse en dy ’t net bilies jown hat as nei tiden

fen hjitte striid, hwerfen ek wy yet leare kinne.

It frysk karakter den is yn ’t earste plak krêftich yn dizze

bitsjutting, det in Fries maklik alles, hwet yn striid is mei syn

persoanlike opfetting, minderweardich achtet en, oertsjûge fen de

treflikens fen syn eigen ynsjoch, fen gjin rêst en frede wit ear ’t it

libben alhiel sa rint, as neffens syn bitinken it bêste is. Great

forskeel lit dit foartdalik sjên mei somliker súdlike foltsen, hwaens

winsk it like goed is hjar nea net to skikken en yn alles hjar eigen

sin troch to setten, mar dy ’t bitrouwend op it fielen mear as op it

tinken, meast to wirk geane neffens de tafallige rite fen in amerij,

sûnder djip nei to tinken oer de inerlike wearde fen hjar doel. In

Fries is nou ienris, allicht oarspronkelik dêrta twongen troch de

oerstjûre wiksel fen waer en wyn yn dizze kontreijen, wend by alles

hwerfen er it great bilang fielt, lang nei to mimerjen en jamk al to

soarchfâldich it for en tsjin to hifkjen, sadet by dit stil en rêstich

libjend folts de inerlike striid meast wol minder forheftich, mar dêrom

net minder djip en binammen langer fen dûr is as hwer de sinne

krêftiger hearsket; earst as it tinken net komme kin ta in útkomst,

rieplachtsje wy de fieling en litte oan dizze it lêste wird. Mar as wy

der einlings nei lange dagen fen stadige striid, ta oergien binne in

bislút to nimmen, den wolle wy faken jerne miene, det krekt om ’t wy sa

soarchfâldich it goed en tsjoed hifke hawwe, dit bislút nou ek tsjûget

fen wiis ynsjoch en, leauwend oan de alles-oerljochtsjende treflikens

fen ús eigen opfetting, geane wy mei moed en foarâl mei selsbitrouwen

elts tomjitte, dy ’t it weaget oer sok in wichtige saek in oare miening

to hawwen as wy, om’t wy hjir dochs, lyk as wy eltsenien hearre litte,

sok in bisûndere stúdzje fen makke hawwe. Hiene wy nou yet hwet mear

forstân, den scoene wy by ús sels tajaen, det de oar dy ’t ommers fen

deselde stamme is, sûnder mis allike min in bilangryk bigjinsel

fordigenje scil, as ek hy dêr net lang-rêstich en

forstânnich-birekkenjend oer neiprakkesearre hie, sadet wy wol fier fen

dy oar ûnskiklik to bijegenjen, minlik en fordildich oanhearre scoene,

hwet der wol to sizzen wier for syn opfetting, om dêrnei yet ris nei to

gean, ef hwet wy seinen den dochs sikersonk minder folmakke wier, as wy

sels wol hawwe woene en sa faeks ringen wer fen nijs oan to bigjinnen.

Mar—aldergeloks hie ik hast sein—sok in folslein forstân bitochten de

goaden ús net, det neist it tinken for it fielen gjin romte mear wêze

scoe; hawwe wy ienris in bislút nommen, woloan, den is dit in útdragen

saek for ús wirden en den jowe wy hommels oan ús fielen sok in

oerstjelpjende krêft, det as immen it bistiet tsjin ús miening op to

kommen, wy him skildich achtsje oan misledigjen fen de persoanlike

hilligens en mei in suchtsjend sizzen: „As hy him den net bikeare litte

wol, ja, den bliuwt allinne de striid mear oer”, wirdt der den in

bigjinseloarloch oankindige, dy ’t almeast net mijen, mar fûleindich

fen aerd is.

Mei der immen wêze dy ’t by dizze teoretyske biskôging net neilitte kin

efkes meilydsum to glimkjen en miene, det immen dy ’t der sa oer

redendielt net foldwaende op ’e hichte is mei it wiere wêzen fen ús

folksaerd, him wiis ik nei de mistreastige en fortretlike praktyk fen

ús skiednis, binammen nei it neargeastige diel, hweryn forhelle wirdt

ho ’t Fryslân syn frijdom forlear. Sims, lêzend fen de Middelieuwen fen

ús lân, wirdt it forskaet en de drokte fen de partijen sa

forbjusterjend, det men sin kriget, oan to nimmen, det dodestiids elts

mar tsjinne syn eigen bilangen, en him inkeld oansleat by ien fen de

meast mânske partijen, as it persoanlik foardiel it sa woe; yn dizze

skimerige dagen uteret him klear de net to teamjen drang nei striid, dy

’t altyd diel wier fen ús wêzen, noutiids net sa dúdlik mear, omdet

like goed yn de greate mienskip as yn bisletten forienings, der folle

drige wirdt mei minder nochlike straffen, dy ’t sok in utering fen

striidsin witte tsjin to gean en sa de langstme sels machtleas to

meitsjen. Bûtendat wist men yn dy skiere dagen net fen saneamde

biskaving, hwerfen men wol ris lústere hat, det hja de measte minsken

it alderrouste wit to binimmen, al komme wy yn de lêste moannen lokkich

wer hwet skeptysker tsjinoer sok ûnbiroaid praet to stean, omdet wy der

einlings hichte fen krije ho ’t dizze biskaving inkeld bliuwt in ding

fen de bûtenkant en dos fen minder biteikenis; det dêrtsjinoer de

machtichste minskelike langstmen jimmer deselde bleaun binne en bliuwe

scille, wachtsjend allinne op in skok, om hjar wer mei skriklike krêft

to ûntjaen. Sa fine wy dêr yn de drôve skiednis fen ús lân in swier

biwiis, det in Fries jimmer twongen wirdt ta striid, om ’t er syn

persoanlik tinken, hwerfen er wit det it greate weardij hat, biwarje

wol tsjin eltse twang, eltse oanfal, eltse ynfloed sels fen bûten, en

omdet er libbet yn ’t formidden fen syn lânsljuwe, striidt er sûnder

ophâlden tsjin minsken fen deselde stamme.

Tige earnstich liket nou hommels hiel de saek ús forhearde eagen ta;

moedleas is wis it bitinken, det fen hiel ús bisiikjen mar in bytsje,

to min sels, to ljochte komme kin, hwent frjeonskip, as dêr ’t ik op

wiisde oan ’t ein fen myn earste haedstik, mei mûlk wêze twisken

minsken mei itselde doel, dy ’t wend binne mei eltsoar to wirkjen en

folle omgong hawwe mei eltsoar, twisken alle ljuwe fen hiel in folts,

dy’t eltsoar faken net earder sjogge, as hwennear hja al as fijân tinke

en hânnelje, frjeonskip ta stân to bringen, soks liket sikersonk dochs

wol bjuster slim.

—Mar, sa forfettet de stimme nei ús wiidweidich forhelle to hawwen oer

forskate lytsgeastige, mar dêrom net minder fûleindige rûzjes: as de

hollânske greven kamen, den wier meastentiids dalik hiel it folts wer

ien...

Dat is it hwet wy forgeaten, myn frjeonen: det wy better dwaen scoene,

mei, as wy dochs sjogge, det ús miening net troch it greatste diel fen

it folts oernomd wirdt, net to bisiikjen steech troch to setten,

hwerfen wy nou ienris mienden, det it it bêste wier, mar ús del to jaen

by it bislút fen de measten, sadré wy oertsjûge binne, det dizze it

selde for ’t forstân krigen hawwe as wy: det nammentlik eltse striid

binnen de poarten ûnforstânnich is en yet slimmer, as der bûten de

poarte immen stiet, dy ’t war docht ús ljeave stêd to oermasterjen.

Litte wy dos jimmer bitinke, det yn dagen fen striid mei it frjemde,

lyk as wy lang al bilibben en sûnder twivel yet lang meimeitsje moatte,

it forkeard en tsjoed for ús mien doel wêze scoe to dwaen, eft sok in

striid net bistie; litte wy fierders soargjend tinke om de treflikste

wapens en de krêftichste striidhynzers, wy allegearre, hwaens wirk is

for de bloei fen ús tael, om skielk as wy wer byeltsoar binne,

bitrouwend ek op it goede ynsjoch fen oaren, nei to kommen hwet

goedkard wirdt fen de measten. Yn lânnen om ús hinne swije de partidige

stitnmen, en wirket men ienriedich mei en neist eltsoar, omdet men wol

wit ho ’t inerlike striid ek hjar, dy ’t it bêste wolle, de dea dwaen

kin; scille wy dit foarbyld folgje, bitinkend det al ieuwen ek ús

striid geande is en de eigen tael yn gefaer, ef scille wy foartfarre

mei faken lytsgeastige strideraesjes?

Litte wy wer neigean: wy stride for in ljeafde en in djûr bigjinsel,

hwerfen de oertsjûging ús machtige krêften tafoeget, wy steane neist

eltsoar iendrachtich en ienriedich fen wyt en fen wollen, towile men yn

Hollân faeks ús streevjen mei weardearring oanskôgje scil; dit alles

ûnthjit wol folle, mar tsjinoer ien dy ’t petearret yn ús tael steane

fiif-en-tweintich dy ’t heech hâlde de sprake fen it ryk. Sa, scille de

moedleazen sizze, binne wy yet net wis fen de oerwinning...

Alwer bitwing ik myn oanstriid dizze minsken hird to fallen, dy to

folle tinke, mar to min ef forkeard fiele, en wer scil ik, dy ’t er

sels forwûndere oer bin, det ik sa forstânnich en birekkenjend wit to

skriuwen, my ynbine; for de twade kear siz ik: sûnder folle ynspanning

ûntwikkelje wy yet mear krêften.

Faek wier ik binijd as ik, lêzend in Hollânsk letterkindich tiidskrift,

jimmer wer foun in waerme en moaije ljeafde for de sudeliker ljuwe fen

hollânske stamme: de Flaemsken, op hwaens rjochten en krêftige striid

for hjar tael men aloan wist to wizen mei minlike ljeafde en djip-geand

ynsjoch, wylst men for de fryske saek, dy ’t dochs wis mear biwûndering

fortsjinnet, omdet ús tael yn hjar slimme striid net stipe wirdt fen in

machtige sister oer de grinzen, gjin wird fen weardearring oer hie. It

is dúdlik, det de moaijens fen skriftenkennisse op sok in saek dochs

mar in bytsje ynfloed útoefenje mei, omdet de taelstriid hielendal los

fen de letterkindige kwesje biskôge heart to wirden; hwent is yn

heechste ynstânsje de letterkinde net in wirk fen de minsken, mar de

tael in goadebern? Moat der den socht wirde nei in better forklearring,

den liket dit wol de oannimmelikste, det wylst de Flaemsken jimmer

folle ynnimmends fen hjar hearre lieten, wy Friezen, forneamd om ús

stilswijen, ek hwer ’t it gjin foech jowt, ljeaver stil ús wegen

gyngen, en al wierne wy der tige mei ynnommen as wy bilangstelling ef

eat hwet dêrop like, for ús saek oan ’e oare ich fen de sudersé mienden

to merkbiten, it ús dochs ûnweardich achten sels dizze bilangstelling

oan to fiterjen. Mar dochs, al weardearje ik dizze ynbânnigens ek tige,

omdet ik sok in dwaen fiel as eat krêftichs en dos eat moais, bin ik

fen bitinken det wy, sûnder kwea to dwaen oan de bigjinsels, dy ’t wy

foarsteane, gerêst yn Hollân hwet mear fen ús hearre litte kinne; dêr

scille bûten de Friezen dochs ek wol somlike oaren tahâlde, dy ’t as

hja fornimme hwet wy ús rjochten achtsje en hja foar ’t forstân krije,

det al bliuwt lyts de macht fen ús tael, hja dochs like goed sprake is

as it Hollânsk, yn steat binne mei ús mei to fielen for de moaijens fen

ús ljeafde, al kinne hja, salang al ús rjochten net yn acht nommen

wirde, tinkelik op taelgebiet gjin frjeonen fen uzes wêze. It scoe my

al tige nij dwaen, as der, hwennear wy mear fen ús hearre lieten en mei

mear klam ús saek bipleiten, wer twa partijen ûntstiene, hwertwisken de

skied lyk foel mei de politike grins (men tinke hjirby oan hwet yn

Ingelân barde: de Unionisten yn hjar forset tsjin de liberalen, dy ’t

opkamen for it Ierske _home rule_), en hwerfen ien de fryske saek, wier

it den ek net mei fjûr, bistride scoe. Sûnder twivel scoe der nea net

folle fen sokke partijen to fornimmen wêze, al bliuwt der gefaer

bistean, det, as wy foarderen mei ús striid, somlike ljuwe, dy ’t net

foar ’t forstân krije kinne, det wy in geef en soun diel fen it ryk

útmeitsje scille, as men ús folsleine frijichheit jowt yn taelsaken,

wer bigounen to roppen fen provinsialisme en mear sok moais.—

Wy binne miskien der to folle yn biwend by de namme „Fryslân” to tinken

oan it haedlân twisken Dokkumer Nije Silen en Starum, Harns en de

Stellingwerven; it mei wier wêze det dêrre de measte Frysk pratende

ljuwe toevje en de libbenskrêften fen de sprake dêr as needsakelik

gefolch it meast forneare kinne, dochs wenje der, lyk as ús bikend

wirden wêze mei yn de lêste jierren, nou ’t dizze saek aldergeloks mear

ta hjar rjocht komt, yn it Westen fen Sleeswyk ljuwe bisibbe mei ús yn

bloed en tael—in earmtlik oerskot wol fen hwet ienris Magna Frisia

wier, mar wezentlik dochs ús broerren, fen hwa ’t wy inkeld al hâlde

omdet hja, allyk in lyts, mar fleurich-grien eilân yn

forheftich-weagjende sé, ienlik stean bleauwen. De njonkenlytsen

forneamde oprop fen ’e hear De Clercq, ien fen de moaiste dieden den

ek, hwerop wy yn de lêste jierren romje koene, hat einlings nije

oansluting ta stân brocht twisken de West- en Noardfriezen, dy ’t yet

mear it karakter fen in frjeonebân krige do ’t somliken fen ús fryske

foarmannen der oer gear kommen wierne, persoanlik dizze fiere, mar ús

dêrom net minder ljeave sibben to bisiikjen. Ek for ús scoe it spitich

en neidielich tagelyk wêze as it fryske libben, dat dêr sa moai oan ’t

bloeijen wier en ús herte fornoege, to neate gean moast yn dizze

oarloch, omdet der sikersonk mear for it bihâld en it foartsterkjen for

de tael dien waerd, as men easkje mocht en forwachtsje koe by sok in

lyts tal minsken ûnder dútsk regear, ja sels nei forhâlding mear as by

ús, dy ’t dochs, foarâl yn in hopen ta weismiten kearde rymkes, der

jamk sa heech fen opjowe, hofolle wy for ús tael oer hawwe (it

merkteiken is tjinwirdich „ynmoai”, for in tweintichtal jierren wier it

fêst „swietlûdich”; ek hjir in twingende moade!).

It is ús plicht, dêroer to weitsjen, yn safier wy dêrta yn steat binne,

hwent in earnstich forlies scoe it for ús wêze as ek dit fiere, frisse

libben dat ús altyd wer wytge fen tiden, do ’t ús lân machtich wier en

sa ek ús moanne ta moedige dieden, for goed daet waerd en tige scoene

wy hjar misse, dizze broerren mei hjar kleare, blauwe eagen en blond

hier, dy ’t gâns mear as wy sels yn uterlik de âlde Friezen lyk

bleauwen.

Mar al is tichter oansluting fen West- en Noardfriezen for beide fen

greate sedelike wearde, it scoe tsjûgje fen leffens en strang to

kastijen selssucht, as wy forwachten, det dizze warbere striders, dy’t

sels al sa danich to fjochtsjen hawwe tsjin de ôfbrekkende macht fen

Deensk en Dútsk ús, dy ’t folle sterker stean moasten as hja, stypje

koenen yn de striid tsjin it Hollânsk. Earder scille wy ús der op ré

meitsje moatte, om, hwennear de tastân fen ús eigen tael it talit, hjar

by to stean yn ûnderskate opsichten, al is dit fensels in soarch fen de

fiere takomst; hwent jimmer bliuwt it for ús in saek fen great bilang,

det dêr yn ’t Noarden fen Dútsklân ljuwe wenje, dy ’t rekkene wirde

kinne ta de fryske stamme,—letter sjocht men soks faeks better yn as

nou.

Underwiles wirde wy troch de wolkomme oansluting by ús fryske broerren

yn ’t Noarden dos neat net sterker yn ús striid tsjin in frjemde tael

yn ús eigen lân; wy scille yet siikje moatte nei bounsnoaten, dy ’t,

howol hja to ’n earsten ús net hoechden to stypjen, omdet ek sûnder

hjar helpe ús saek yet net hopeleas liket, dochs mocht it ris bigjinne

to knipen, ús krêftich byspringe kinne, in soarte fen reserve dos.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze, hwaens aerd en karakter nei

bisibbe binne oan dat fen ús folts, omdet in mieningsskeel, útdijend

faeks ta striid mei dizze helpers for ús sels sa fordjerlik wirde koe,

det wy fen ús doel fierder ôfstaet waerden as ea foartiids, en moatte

yn steat wêze mei to fielen yn ús geastelik bistean, omdet as wy mei

fjûr in saek fordigenen, fen hjarren waerme bystân wachtsjend, wylst wy

al ringen yn pleats dêrfen in kâlde, ûnforskillige hâlding by hjar

merkbite moasten, dit faeks great neidiel dwaen koe oan de frjeonskip.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei frysk bloed, omdet in boun

ûntstien út suvere birekkening, sûnder ynlike fieling, it waerme libben

mist, dat it bliuwend meitsje kin en tideliker is as it wifste

simmerblomt, mar ien twisken broerren fen it selde hûs for beide net

oars meibringe kin as seine en wolfeart. Dizze bounsnoaten moatte, ho

machtich en great, yn haedsaek deselde bilangen hawwe as wy, biwenners

fen in útherne fen de wrâld, hwent wy wolle net út it each forlieze de

wirdij fen it sizzen, earder yn oar forbân al oanhelle, det lokkich to

priizgjen binne hwa ’t mei eltsoar gean, dêrta twongen fen hjar ljeafde

en hjar bilangen.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei in tael, dy ’t yn rju folle

punten liket op dy ’t wy sa trou biwarren, omdet in dúdlik biwiis fen

us bisibbens nedich is for folle ljuwe, dy ’t earst frjemd foar hjar

fiere sibben stean scoenen; en it is winskelik det hja wenje yn oarden,

dy ’t net to fier fen uzes lizze. Mar hwet fen it aldermeaste bilang

is: hja moatte oertsjûgjende bliken jown hawwe to fielen for de

rjochten fen lytse foltsen en hjar tael, en de moed hawwe dizze fieling

to fordigenjen, hokke machtige fijânnen der dêrom ek tsjin hjar

opstienen. Dit binne wichtige bitingsten, en dochs mei net ien dêrfen

forwaerloazge wirde omdet men maklik ynsjocht, det it better is allinne

stean to bliuwen yn de swiere striid, sûnder to rekkenjen op de stipe

fen oaren, as fen yens bounsnoaten mar healwei folge to wirden, sadet

der al licht wriuwing mei hjar ûntstiet en de frjeonskip forkoellet ta

ûnforskilligens, en út wrok oer dizze ûnforskilligens sels foroaret yn

hate, hwet earnstige gefolgen meibringt. Mislearret it ús dos sokke

bounsnoaten for ús to winnen, den binne wy, ho ’t it de moedleazen

ûnder ús ek moeit, oanwiisd op eigen krêften en allinne scille wy

fierders hawwe to striden, oant wy warrich binne en langje nei rêst,

oant it ein komt det wy ús sin krije, ef oan de binijde wrâld sjên

litten hawwe, ho ’t ien fen hjar heechstbijierre talen en dêrnei faeks

ek ien fen hjar âldste foltsen de wei nei Walhalla bireizget.

Mar sikerwier, dit liket net nedich: hwent blyn moasten wy wol wêze, as

wy net seagen ho ’t der jinsen oan ’e oare ich fen de Noardsé wennet in

folts dat, al hat it tsjinwirdich ek in hillige striid to fieren for

syn bistean en it bihâld fen it plak, dat it ûnder de greate machten

fen dizze ierde ynnimt, lyk as oant nou ta jimmer yn syn romrofte

skiednis, it witte scil to winnen fen hwa syn greatste bigjinsels en

syn wichtichste bilangen bidrigen. De fryske foarmannen hienen it by ’t

rjochte ein, do ’t hja der op wiisden, det wy fen Ingelân ginstiger

omstânnichheden for ús tael to wachtsjen hienen; troch syn sedelike

stipe koene wy folle bidije, al hoecht de oansluting twisken dit folts

en ús to ’n earsten net to binend to wêzen, omdet wy ommers stride net

for de frijdom fen in lân, mar for de rjochten fen in tael en wy, lyk

as boppe al mei klam sein waerd, yn it gefal, det wy dêr jinsen greate

bilangstelling for ús saek machtich wirde koene, sok in stipe mear to

biskôgjen hawwe as reserve, hwennear somliken hjar ris op hinderlike

wize mei ús bilangen bimoeije woenen, en net as gewoane, wiere

striidkrêften. Wy Friezen geane ús eigen wei en scille dy jimmer gean,

mar binne altyd leard forsichtich to wêzen en hawwe neat gjin sin om

skielk, as men in grou berchblok op ús paed delkeile mocht, der mei

bilitsen antlit nei to sjên en—wol it meast to forspijen ding, det in

Fries him foar de geast krije kin—sels twongen to wirden in sydpaedtsje

yn to slaen. En fen hokker kant men den de saek ek biskôgje wol, jimmer

wirdt it ús dúdliker, det wy oanwiisd binne op Ingelân, dat wis wol

genôch krêften hat, hwerfen it biwûnderjen as wy sels moedleas wirde

mochten, ús wer treastgje en opfleurje kin.

Hwent yet wit men to forheljen, ho ’t lange tiden lyn fen it fêstelân

mânske striderskloften teagen en weiswalken oer de woelige weagen, oant

der opriisde in lân, dat yn syn fruchtbere mieden folle wolstân ûnthiet

en hjar, wend oan de earmtlikens fen hjar bertegea, hwer ’t jamk krapte

wier en brek troch oerbifolking, útnoege dêr hjar stevige wenten to

bouwen; de swalkers hawwe de ynlânske stammen, dy ’t yn hjar

machtichste dagen for de Romers net wieken, fordreaun nei de fierste

hernen fen it greate eilân en wiernen ieuwen lang hearskers. Do’t hja

einlings bilies jaen moasten for hwa kamen út it Suden, bleauwen hja

yet in bisjuttend diel fen it ingelske folts, al moasten hja to’n

earsten machtleas oansjên, ho ’t it regear oergyng yn hânnen fen ljuwe,

hjar frjemd yn sprake en seden. En wytgjend wiist de skiednisskriuwer

ús derop, det ûnder hjarren dy ’t út de swart-skaedzjende bosken

weireizgen oer it warbere wiid, om op it eilân to hearskjen oant

machtiger stammen kamen, mei hwa ’t hja ringen torane scoenen ta ien

krêftich folts, ek folle Friezen wierne. Al sweijen wy oer dy bisibbens

lange jierren, omdet it net yn ús aerd leit minsken, dy ’t út hjar sels

net by ús komme, om bilangstelling en mear to freegjen, dit bliuwt

dêrom net minder wier, det fen forskate Ingelsken it âlde Fryslân it

stamlân is; al slomme de nei eltsoar lûkende fieling ek in hiele rek,

hja wachtet der allinnich op wekke to wirden en troch de rêst oansterke

scil hja yet krêftiger wêze. Forkeard en ûnwird is den ek it dwaen fen

somliken, dy ’t wylst hja dochs witte det Friezen sterk hingje oan hwa

’t it bloed hjar bynt, wirden sizze hwerút men ofliede mei, det hja fen

ús, dy ’t der rounom for oanskreaun steane, det wy der fij fen binne in

blêd for de mûle to nimmen, forwachtsje in nearzich en lef stilswijen,

in ûnforskillich oanskôgjen fen dizze wichtige, hwent de earste

biskavingsbigjinsels oanbilangjende striid.

En yn it stik fen tael-bisibbens, hawwe wy ús der al lang net op

foarstean litten det hja yn ûnderskate bilangrike punten sterk oan uzes

tinke liet, ho ’t wy den sims ek stien hawwe ûnder ynfloed fen it

opskouwende Hollânsk en ús broerren oan ’e oare kant fen de Noardsé

heappen wirden oernamen fen latynske komôf? Den is yn haedsaek it aerd,

it karakter fen it ingelske folts en uzes itselde: beide like

birekkenjend, lang hifkjend it goed en tsjoed fen hwet men ûndernimme

wol, mar den ek rjocht oanstjûrend op it doel, sûnder yen dêrby fen

tsjinslaggen en tsjinwirking fen oaren forbjusterje to litten; dêrneist

itselde wêzen yn langstme en bigearte, dy ’t fen beiden lang yn hjar

utering tsjinkeard wirde, mar ienris fen bânnen ûntslein ek ninter it

hearskjen oerjowe. Den de gelikens yn bilangen: wy Friezen dy ’t yn de

striid for de rjochten, dy ’t wy to fordigenjen hawwe yn it stik fen

tael jerne rekkenje woenen op krêftige stipe fen it folts, for hwaens

wird men wend is oandacht en earbied oer to hawwen, wylst hja fornoege

wêze scille, as hja witte, det oan ’e oare ich fen de skiedende sé in

folts wennet, dat utering jaen scil oan syn tankberens for hjar

sedelike stipe, hwer soks foech jowt: sa wirdt it ús dúdlik, det dizze

de bounsnoaten wiernen, nei hwa ’t langjend en fortretlik fen twivel de

moedleazen ûnder ús sochten—en earlik en iepen sein, hwa ûnder ús, dy

’t nea net soarch hie oer de ôfrin fen de striid?

De wichtige frage, dy ’t goed en folslein biandere wirde moat, omdet

dêr sa folle bilangryks fen ôf hinget, bliuwt dos dizze: ho bringe wy

tichter en steviger oansluting mei Ingelân ta stân?

Al is dizze langstme nei tichter oansluting by it lân oer de sé yet nea

net mei de dúdlikens utere, dy ’t ik miende ek hjir biwarje to moatten,

dochs kin en mei ik net sizze de earste west to hawwen dy ’t hjar

fielde, omdet der yn de skiednis fen ús taelbiweging fen de lêste

jierren bliken binne to finen, det noch oan ingelske en fryske

taelkindigen, noch oan in diel fen ús folts, nij is hwet ik niis

útspriek. Twa dingen wol ik op wize, dy ’t der neffens myn bitinken fen

tsjûgje, det sok in oansluting net lang mear op hjar wachtsje litte

scil, en dy ’t sadwaende fen like folle bilang binne for ús taelstriid

as hja fortuten dien hawwe en dwaen scille for de bloei fen de fryske

taelwittenskip.

Neidet dûrjende de hiele njoggentjinde ieu de stúdzje fen dizze

taelwittenskip en -skiednis for fierwei it greatste diel bioefene wier

fen dútske learden, fen Friezen mar for in lyts diel, wylst men mar

komselden in ingelske namme neamen hearde, is hjiryn mei en koart nei

it bigjin fen de tweintichste ieu in bitsjuttende foroaring kommen. De

Dútskers geane fierder mei hjar oandacht ús tale ta te wijen, yn safier

hja piele mei djip-geande taelstúdzje, al wit it jonger slachte net

mear dy krêften to ûntwikkeljen, hweroan wy njonkenlytsen by de dútske

learden wend wiernen, wylst yn Fryslân de bêste en dreechste

tael-bioefeners as hjar bitinken uterje, det dizze for ús tael sa

bilangrike stúdzje like folle en mear forsoarge heart to wirden fen

soannen út it eigen lân as fen ús eastlike bûrljue en—tige wichtich

forskynsel dit—der yn Ingelân somliken bigjinne mei oandacht de

oplibbing fen Frysk to folgjen. En nou is it treastelik to sjên, ho ’t

foartdalik de oansluting twisken de fryske en ingelske learden ta stân

komt, hwerfen by de Dútskers, hwaens wirk dochs hwet dit oanbilanget

tige to achtsjen en wirdearjen is, nea net praet wêst hie, alteast

hyn-efte-nei net yn dy miette, as wy tsjinwirdich mei de minsken út it

West waernimme. Yn dit forbân heart foarâl neamd to wirden it

trijemanskip De Clercq-Sipma-Craigie, hwerfen op dit gebiet, lyk as

bikend is, noutiids fierwei de measte krêft útgiet, sadet der alle

reden is oan to nimmen, det wy oer it plak fen it Frysk yn de

indogermaenske talen en net minder oer de forhâlding fen de fryske

„dialekten” nou de klearrichheit krije scille, hwernei al sokke lange

tiden winske waerd. En sa komt den út it greate ryk yn 1909 Dr. Craigie

oer nei syn fryske frjeonen om yn it lân sels nei de sprake, hwerfor hy

folle bilangstelling fielt, ûndersiik to dwaen en safolle mûlk mei hjar

wêzen op ’e hichte to kommen, hweryn hy op biwûnderenswirde wize

slagget; as gefolch dêrfen forskynt yn 1913 fen de hân fen in Fries,

nou de hear P. Sipma, de bêste biskriuwing fen it lûdwêzen fen ús tael

en spraekleare fen it Frysk, dy ’t wy oant nou ta ûnder eagen krige

hawwe, en diz’ kear howol it in wittenskiplik wirk is fen bûtengewoane

wirdij, net mear earne yn Dútsklân ef yn de Dútske tael, noch yn it

Frysk, dat dêrfor in to lyts taelgebiet hat, mar printe op de

University Press to Oxford en diel foarmjend fen de „Publications of

the Philological Society”. Yn forbân mei hwet ik hjir bihânnelje is

foarâl fen bilang de winsk, dy ’t de skriuwer uteret oan ’t ein fen syn

Preface:

—May his (nammentlik dat fen Dr. Craigie) example be followed by many

in showing an interest in the study of my native language, which has

been overlooked and neglected for too long a time,

en fierders de bikende utering, dy ’t nou ek fen Ingelsken fornommen

wêze kin:

—But still more noteworthy is the fact that Frisian is of special

importance as a sister-language of English. From time immemorial

English and Frisian have had in common a certain number of

peculiarities in their system of vowels and consonants: these must have

been proper to the original Anglo-Frisian language...

Hjir hawwe wy dos al in stikmannich oanwizings, det de oansluting

twisken de fryske en ingelske _taellearden_ ta stân kommen is, sadet ek

hjir aldergeloks de grounslach al lein waerd, hwerop wy, dy ’t dochs

ûnmûlk alle nedige herfoarmings it earst oanwize kinne, omdet ek ús

krêften ienris in ein nimme, inkeld mar hoege fierder to bouwen. De

oansluting, dy ’t nou alderearst oan bar komt en hwerby wy allinne tige

foarútgean kinne, is dy twisken de ingelske en fryske skriftenkennisse,

dy forwezentlike wirde moat, om in tsjinwicht to hawwen by de ynfloed

fen de hollânske kinst. Ek dit is net mear as de strange trochfiering

fen in bigjinsel, dat al fen de bêsten oannommen waerd en dêr ’t men

dos net mear oan ûntkomme kin; mei in pear wirden wol ik yet efkes

oanjaen, hwet neffens myn bitinken de bêste wei is for de oansluting

twisken de skriftenkennisse fen beide foltsen, hwerfen it gefolch

fensels wirdt, dat de beide naesjes better mei eltsoar bikend reitsje.

In forearing fen somliken ûnder myn jonge frjeonen-meiwirkers, dy ’t

earst, ik jow it jerne ta, ek mines wier, mar dy tsjinwirdich by my

jimmerwer oan waermte en fieling fen ljeafde forliest, en my net mear

haget lyk as to ’n earsten, do ’t ik alles hwet tsjin folkskinst

skettere yet yn de earmen fleach, is dy for de hollânske ljuwe fen

tachtich. Nou mei dit miskien ek by somliken fen hjarren to forklearjen

wêze út wearze fen de folkskinst, hwerop wy yn Fryslân folle ûnthelle

waerden, en dy ’t men ús yet jimmer tapijt, en út ynlike forearing for

de persoanlike kinst—is dizze forklearring de wiere, den mei men dizze

biwûndering in lokkich forskynsel neame—, mar in greate kâns bliuwt der

bistean, det wy mar mak de miening oernimme fen hwa ’t yn Hollân alle

letterkindige wizens miene to bisitten en det wy _sa_ ûnder ynfloed

steane fen de kritikasters dêrre, det wy de macht net mear hawwe sels

to skiftsjen en sels to ûndersiikjen—hwet hiel hwet earnstiger liket—.

Hwent as wy ús eigen fris oardiel biwarre hiene, scoenen wy ringen

bigripe, ho ’t de hollânske skriftenkennisse troch de revolúsje fen

tachtich wol lottere waerd fen hiel hwet ûnwiers en minderwirdichs, mar

net oansterke yn inerlike sielekrêft en wezentlik al likemin yn

bliuwende wearde, en det men de hollânske letterkindige net yn wêzen,

mar yn gefolch earder lykje moat by de frânske steatkindige revolúsje

fen 1830, as by de Greate fen 1789. It wirdt sikersonk tiid det wy

ynsjogge, ho ’t njonken rju sonnettisten, dy ’t de ynlikste biwûndering

fortsjinje om de suverens, hwermei hja hjar heech-minskelike fieling

witte to uterjen, romanskriuwers as van Eeden en de Meester, bihearre

ta de wrâldletterkinde en det de alles-omfetsjende en folslein-suvere

kinst, hwerop ús tael wachtet om krêftiger as ea de takomst tomjitte to

gean, ûnmûlk ûntstean kin troch in slaefske neifolging fen ’e nijste

hollânske skriftenkennisse, hwerfen it oerstjûre wêzen ek yn

tsjinstriid is mei de rêst fen ús romme kontreijen.

Fortsjinstliker as ús oer to jaen oan de lieding fen de hollânske

kritikasters, liket it, myn frjeonen, for ús mei eigen fieling en

oardiel ris nei to gean eft der oan ’e oare ich fen de Noardsé den

wierlik sa’n bytsje goeds skreaun wirdt, as men ús faken forkindige;

better as de omgong to siikjen mei de hollânske langhierrige en

forwieljassige jonge kinstners, hwaens iennichst doel it liket in

hopeleazen war to dwaen de minlike frânske swier, bihaechlikens en

lossens machtich to wirden, det men dochs foarâl net sjên kin ho ’t hja

opwoeksen binne op klaei- en fean-boaijem, liket it, oansluting to

siikjen mei de jonge ingelske kinstnerswrâld, dy ’t noutiids net tinkt,

mar docht, net skriuwt, mar striidt for it eigen lân. Troch, mocht it

mûlk wêze, tiden to toevjen dêr jinsen oer sé en ús jonge, dêr for ús

woune frjeonen, for hwa ’t jimmer ús fielen wier, to noegjen nei it

eigen lân, det hja witte hwet wy wolle en sjogge hwa ’t ús tsjinstiet,

stiftsje wy in boun twisken minsken fen it selde bloed.

De jongfryske biweging · 第 9 / 10 题