IV.

Seagen wy by ús koarte biskôging oer Fryslâns _skriftenkennisse_ al, ho

folle ûnwissens hwet bigjinsel en fêste opfetting oanbilanget, dêryn

waernommen wirde kin, sadet it in ûnbihaechlike saek liket in

letterkindige skiednis to skriuwen, hweryn rekkenskip hâlden wirde scoe

mei de foarnaemste geastlike streamingen, skerper en pynliker fiele wy

dit brek, dat men hast bigjinselleazens neame moat, as wy neigeane it

forrin fen de fryske _taelstriid_. Ommers de letterkinde, samling fen

uterings, lyk hja yn ’t earste plak is, fen forskillend-tinkende, faek

hjarsels tsjinsprekkende persoanen, scil jimmer bûnt en tige forskieden

wêze, al mei men easkje, det de ûnderskate bigjinsels mei de nedige

fêstens fordigene wirde; mar yn de taelstriid, hwer mar ien great doel

wêze mei, nammentlik de machtichste en meast bliuwende krêft oan de

sprake ta to foegjen, en hwer eltse persoanlike opfetting heart to

fordwinen for de algemiene, mei men dochs forwachtsje bliken to finen,

dy tsjûgje fen _ien_ great wollen en dy ’t lyk as kompasnidlen op fier

fen eltsoar lizzende kriten, wize nei ien fêst doel. Ut it fortretlike

fyt, det soks yn ús taelstriid oars is, mei men lykwol net ôfliede det

it fryske folts sels net wit, hwet it wol, en gjin fêste, dûrjende

winsken hawwe scoe, mar inkeld en allinne dit, det de foarmannen, de

geastlike lieders fen in folts, dy ’t as gefolch fen riker en riper

ûntwikkeling, forlearden de ienfâldige wizens, gjin hichte hienen fen

de ynlikste winsken fen de lânsljuwe, dy ’t efter hjar stienen, en yn

hjar bisiikjen der klearrichheit fen to krijen, kamen ta ûnderskate

útkomsten.

Langlêsten waerd my thússtjûrd „de Koarte Oanwizing,” in wirkje dat

foarâl om de lytse kronyk oer de fryske taelbiweging, hweryn it lokt is

neffens de tiidsrige oan to jaen, hwet der foarâl bilangryk wier yn ús

taelstriid, sûnder dochs it oersjoch út eltsoar to skoerren, mear goeds

ta stân bringe kin as somlike wiidweidige biskôgings, dy ’t neat

betters witte to dwaen, as in tankliet to sjongen oan de treflikens fen

it selskip.[5] En ien fen de earste dingen, dy ’t myn oandacht wer

namen, lyk as al sa faken as ik lies fen fryske taelstriid, wier, ho ’t

al dizze minsken, forneamd fen namme, krêftich fen die en mei praktysk

forstân rom seine, neist eltsoar bouwe en timmerje, sûnder foar hjar to

hawwen ien soarchfâldich útwirke bistek, hwernei hja hjar dieden dwaen

kinne sûnder earnstich biskôgjen en moedleas mimerjen. Freget men dizze

ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar

hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen

to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun

hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wol-bikende wird: „Ut

ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.” En wis, sok in blier andert

makket him dy ’t it heart in amerij bliid en lokkich, yn ’e oertsjûging

det men rekkenje mei op fruchtbere útkomst as sok in tal minsken, dy ’t

safolle mear witte as wy, yet steande oan de poarte fen ús libben,

forklearring jowe fen de ynlikste fieling for dizze moaije, hast

hillige saek; mar ringen komt wer de âlde ûnforsetlike twivel. Twivel

net oan de wierheit fen dizze forklearring, hwent dat wier wol in

missedie en ûnwirdich (hm!), mar twivel eft sok in utering, sels

hwennear it wird mei de die yn ienklang is, foldwaende wêze scil, en yn

steat op ’en dûr sa folle, en foarâl wirk fen sok in bliuwende wirdij

ta stân to bringen, as nedich is en wy wol jerne seagen.

[5] Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk

dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne

plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man,

hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút

bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de

Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt

mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn

geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to

hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije

scil.

Ho bryk de neikommende forgeliking ek wêze mei, ik moat der wol efkes

op wize, omdet ik soarch haw det ûnredsume minsken yn hjar iver yn

dizze forhânling opfettings to finen, dy ’t mei eltsoar yn striid

binne, my forkeard forstean koenen en in gehaspel mei ûnsuvere

redenaesjes wer it gefolch wêze scoe: al kin der by de persoanlike

kinstkwesje net genôch klam op lein wirde, det hwet easke wirdt, is it

fielen en tinken fen in inkeld skriuwer, ho apart dat ek wêze mei, by

de taelstriid moat eltse persoanlike fieling ta swijen brocht wirde om

to folgjen ien great bigjinsel, dat fen de measte striders goed neamd

en oannommen waerd. En as men de dieden fen ús fryske striders (net

langer skriuwers nou) soarchfâldich biskôget en in liedende geast dêryn

bisiket to finen, den komt der wis, ho goed men ek biachtet, det al

dizze dieden tsjûgje fen machtige ljeafde, de twivel eft dizze geast

wol ea bistie, en, slimmer, noutiids wol libbet.

Al rekkenje ik my net yn steat, in weardige miening út to sprekken oer

de ûnderwiis-bifoardering, dy ’t safolle suver trochtinken, praktysk

ynsjoch en djippe bisprekking foreasket, de saek is to dúdlik in

foarbyld, om ta to ljochtsjen hwet ik mien, den det ik dit stilswijend

foarbygoan scoe. Dit witte wy sikersonk allegear tige skoan, det it

ûnderwiis yn ’t Frysk lange jierren tafek bliuwe moat en det wy tige

blier glimkje scoene, as it mar tafek wier op alle skoallen yn ús lân

(men scil hjiroan wenne moatte, det ik troch de bank mei _ús lân_

Fryslân mien, wylst ik it hiele keninkryk neam _it ryk_, omdet ik

biswier meitsje it wird „gewest” yn ’e mûle to nimmen). Mar woloan,

tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde

delsaeide, dy ’t ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta

stân komme scoe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy ’t

fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de

ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwet gauwer biskie, det hja

mei de tynge fen de winsk nei de kriten fen it ljocht opwjokje koe,

foardet hja troch de kjeld op dizze keale wrâld bifêrzen wier. Hwent

somliken scoene fen bitinken wêze, det it wol it treflikst bislút like

yn hiel it lân op alle skoallen it Frysk to biwarjen as tafek, oaren as

hjar miening yn ’t formidden bringe, det it fen eltse kant biskôge

sûnder twivel it bêste wier it Frysk en Hollânsk like folle romte to

jaen, wylst in trêdde partij it ûnderwiis hielendal barre litte woe yn

it Frysk, mei derneist it Hollânsk as tafek. En nei minskelike

birekkening scoe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen.

Dit brek oan ienriedigens is hjirtroch wol it bêst to forklearjen, det

de mannen fen it selskip, ynsafier ik neigean kin, allegearre miskien

mei útsûndering fen H. Sytstra,[6] oer hwa ’t ik oant nou ta mear

stúdzje makke haw, hwet syn dichterlik wirk as hwet syn

selskipsstreevjen oanbilanget, fen de miening útgien binne, det men

bisiikje moast to foarderjen trêd foar trêd en det men, earst nei

útfier jown to hawwen oan ien plan, neigean moast hwet as twad wirk it

winskelikst en nedichst like. Faken sprekt hjir dúdlik út ús frysk aerd

en libbensopfetting, dy der in tige biswier tsjin meitsje ek mar ien

hea-raei mear op ’e foarke to nimmen, as men foarút troch strange

birekkening wis wit tille to kinnen, dy ’t ljeaver hwet stadich en

eltse kear weroan oerlizzend to wirk giet. Mar it gefolch is, det by in

demokratysk regearjend selskip, hwer’t alle saken fen mear as gewoane

biteikenis foarlein wirde oan de Algemiene Gearkomste, men elts

eagenblik stiet to mimerjen hokker wei men ynslaen moat, om, as men

einlings in bislút naem, to ûnderfinen, det wer in oar in oare kant

opwol, hwerfen in fortretlik-stadich en dûrjend mieningsskeel it

gefolch is. Noutiids foarâl, wylst it op eltse Gearkomste en mear yet

yn it hiele selskips-libben bliken docht, det der in krityske geast him

bigjint to oppenearjen tsjin de dieden en plannen fen it Haedbistjûr,

wirdt it jimmer dúdliker hok in gefaer der bistiet, det de krêften fen

it Selskip to neate gean scille troch inerlike striid. By elts nij plan

bistiet der great forskaet fen miening en opfetting, sadet in

bûtensteander dy ’t net op de hichte is mei it tinken fen de

selskipsleden, wer fêster groun en greater frijdom kriget for syn

oertsjûging, det de Friezen wol wis in sin hawwe eltsoar yn de tsjillen

to riden, dat faek machtiger twingt as de ljeafde for de sprake en it

rêstich biskôgjen fen hwet wol it bêste wier for hjar bloei.

[6] Yn it bisit fen syn soan O.H. Sytstra binne yet forskate brieven

oer út ’e briefwiksel twisken H.S. en Tiede Dykstra; scoe ús samler

der net ta komme kinne yn Forjit-My-Net-Fryslân hjirút iepenbier to

meitsjen, hwet mei de taelstriid yn forbân stiet?

Mar ûnwiten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown

waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht

tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in

fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich

mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to

hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men

ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to

birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy

stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean,

dy ’t like folle krêften jowt as de twivel binimt. Den hoecht men

allinne mar op yens hoede to wêzen, om, fen de stjerre forlaet, net mei

to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer

yette, warch delfalt, ear ’t men kaem hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy

yn ús frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men

it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens,

mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis

det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat? Litte wy dos earst ús

eagen iependwaen for dizze minlike stjerre, det wy net mear hoege roun

to taesten yn in nearzich tsjuster, hweryn wy eang binne for kûlen en

sûgende sompen; hwent do ’t ik niis spriek fen in doel _fêst to

stellen_, wier myn sizzen ûnsuver.

En nou moat ik, howol it my moeit, in wird sizze det forskaten ûnder

myn lêzers rou en hird yn de earen klinke scil, en meitsje, det men, as

men troch myn foarste haedstikken yet gjin genôch wirdearringe for myn

wirk krige hie, wol tige frjemd tsjinoer my komme scil to stean: de

mannen fen de fryske tael wolle blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja

eang binne it ljocht net forneare to kinnen; hja doare de strange,

moedige trochfiering fen hjar eigen bigjinsels net oan, hja sjogge der

tsjin oan to dwaen lyk it herte hjar talústeret. Myn frjeonen en ik

lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it

jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin:

Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear ’t wy it

birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det

_de fryske tael_ wer komt yn ’t bisit fen al hjar rjochten, det hja dos

_wer wirde scil de hearskjende_ tael yn ús lân en it Hollânsk allinne

op ús skoallen leard wirdt, om ús bûten it lân dochs rêdde to kinnen;

en det, mochten de hollânske ljuwe hjiryn oanlieding fine yn kommende

tiden de fryske taelstriid mei lytse en feninige middeltsjes tsjin to

wirkjen—ta hjar eare moat sein wirde, det dit hjarren ûnwirdich wêze

scoe—hja allinnich de skild der fen binne, det ús striid, noutiids

inkeld miend tsjin hjar sprake, keard wirde koe tsjin hjarren sels.[7]

[7] It liket my ta, det men yn Hollân, dêr ’t men ek sa folle fieling

hat for de flaemske biweging, oan sok sizzen gjin niget hat.

Sikersonk moat it yen binije, det nei hûndert lange en ûnderfiningsrike

jierren fen taelstriid en taelbiweging der yet jimmer ljuwe libje,

foaroansteande yn ûntwikkeling en faken frisse, to wirdearjen

bioefeners fen ús letterkinde, dy ’t as hja hearre, hwet elts

forstânnich-biskôgjende lêzer ôflaet út hjar skriuwen oer ljeafde for

de âlde sprake en biwarjen fen it folksaerd, fen kleare bare

forwûndering en oerstjûrens gjin wird mear to sizzen witte; hienen hja

den sims forwachte en winske, det biwûnderjende lêzers al de

klinkklank, út in nea net warge, jimmer troch-njuentsjende mûle

streamd, lyk de mistreastige drippen op in tjirmjende hjerstdei, mar

hâlde scoene for tiid-koartsjende lietkes-sûnder-ynhâld?

Mear yet; somliken, lokkigernôch net talryk ûnder de Friezen dy ’t yn

steat wierne hjarsels to bliuwen, mar binammen to finen by sokken, dy

’t ûnder ynfloed fen falske biskaving neibauwend it dwaen fen saneamd

heech-ûntwikkelen, hjarsels bispotlik meitsje by Fries en net-Fries

(foarâl ûnder de heareboeren binne hja yet tsjok), witte yen mei

bjuster-binijd troanjemint to forheljen, det _it Fryslân for de Friezen

en it Frysk_ net oerienkomt mei de geast fen de tiid, striidt mei de

miene opfettings, en mei ûnfordildich skokskouderjen fen

hearink-noch-ta-hwerom-dêr-yet-mear-oer-to-praten is men wol sa

frjeonlik as syn miening mei to dielen, det sok in doel dochs net mear

to birikken is. Ien fen de grouwélichste uterings oer dit stik fen

saken is earne to lêzen by Jan fen ’e Gaestmar (quousqe tandem!), dy ’t

dêryn bliken docht him sa doelleas en stjûrleas driuwe to litten det

wy, njonkenlytsen bigripend det by dizze dekadint fen H. Sytstra en

Pieter Jelles eltse skittering net wytget fen edelstien, dochs

oanstriid hawwe yn in minder ljeaflik wird, as wy wend binne to brûken,

ús forheardens to forklankjen; dizze strider den wit mei to dielen, det

immen, dy ’t mei him praette oer fryske ûnderwiissaken, as syn miening

to kennen joech, det it ús wyt wier op de skoalle it Hollânsk to

forfangen troch de eigen tael (hwermei hy net ienris sa fier mis wier),

om dêroan, tinkelik yn in nidige rite ta to foegjen—ik helje oan út myn

ûnthâld—„sa ûnsinnich wirdt nou ús skreppen forknoeid!” Hjir hawwe wy

dos in man, dy ’t nei ’t er sels yn in rombommich dicht forklearret,

mei foarenoan stiet yn de fryske taelstriid en teffens biwiiz’get it

wierlike doel fen hiel ús wirk net to forstean en it sels bistiet lilk

to sjên, as in oar it sahwet liket to bigripen. Litte wy nou dochs

einlings ris, iepen lyk it ljuwe fen ús stamme past, en dúdlik derfor

útkomme, det it wol wis ús ljeafste winsk is de tael, dy ’t wy heech

sette omdet it in diel is fen ús libben en fen it bistean fen ús lân,

wer it plak to jaen dat hjar takomt en as keninginne dos ús skoallen

binnen to lieden; mar det wy, ynsjênde det in inkeld slachte dit doel

net birikt, yn ’t earst tofreden, howol net bliid, wêze scille as de

sprake as tafek wer in plakje wint op alle skoallen yn Frysk-sprekkende

kontreijen, dit net hâldend for it ein fen it ein, mar for it bigjin

fen ’t bigjin. Allinne troch mei in rom herte dizze wirden oer to

nimmen, scil men bitizing en ûnienigens yn it frysk libben witte tsjin

to gean, hwet sûnder mis barre moat, as wy ús kâns op oerwinning

biwarje wolle; inkeld troch dit to uterjen hâlde wy heech ús forneamde

oprjochtens en earlikens—ommers skandlik is it, as men oerlizzend in

trêd docht en wytgjend wirdt der sein: „wit, dêr jinsen is it doel,

hwer ’t er einlings bilânje wol”, swiet-glimkjend to sizzen: „Dochs

net, dochs net, goede ljuwe; skielk forlitte wy dizze wei en doarmje

hwet roun yn de mieden”.

Jowe wy dos ta, det ús doel is to birikken hwet ik niis oantsjutte, den

bliuwt de frage allinne, ho ’t wy safier komme, sûnder mear fen ús

krêften to forliezen, as wy misse wolle, en hwennear de lêste die in

krânse lizze scil op ús striid, net langer for it bihâld, mar _for it

rjocht fen ús sprake_, en _for it wach-hâlden fen ús folksaerd_.

En sûnder nou mei oerstjûre wirden de lêste forhearlikjend romje to

wollen, scoe ik dochs sizze, det wy wirdearjende wirden uterje meije

oer it karakter fen ús stamme, dat yn tweintich ieuwen him sa tige lyk

bleau, det fen forfal gjin praet is, allike min dos fen teikens, dy ’t

wytgje fen hastige dead. De krêft, hwerop jimmer hiel ús folts greatsk

wier, bleau yn wêzen, en earder helle hy oan as er ôfnaem; hwet dit

oanbilanget is it iennichste, dêr ’t wy net kâld for bliuwe meije, de

soarch det dizze krêft him net bigjint yn to spannen for bigjinsels en

winsken, dy ’t frjemd binne oan ús hillichst doel. En dêrom is in

sprekker as de hear de Zee, hwaens wirden jimmerwer wize op it forbân

twisken ús folts en syn tael, for ús sok in weardich bisit: fen tige

bilang scoe it den ek wêze, as it Selskip fen 1844, op oanrieden en

ûnder lieding fen it Haedbistjûr ljuwe, fen hwa ’t men wist, det hja

genôch talint hienen en ljeafde for ús tael, oanfitere hjar bitinken yn

it iepenbier to uterjen en hjarren de bêste wegen wiisde. It wirk fen

sokke ljuwe mei men yn gjin gefal propaganda-meitsjen neame, lyk as de

hear Sipma dit earne docht,—ommers sa hjit allinne it bisiikjen oanhing

to winnen for tinsbylden fen de minsken; sprekkers as dêr ’t ik niis op

doelde, wize it folts allinne op syn plicht tsjinoer syn sprake, ef

oars en better sein: moedigje it stjerlik folts oan yn syn to skrutele

ljeafde for de tael, dy ’t him jown waerd fen de ûnstjerlike, fen God

bisiele natûr. Hjirmei forfalt aldergeloks ek it biswier fen de hear

Sipma, det ús lânsljuwe troch de bank net folle fiele for sok in

propaganda, hwent, mei it wier wêze, det in Fries fij is fen ropperij

for bûtenwenstige dingen, dêr ’t er yn syn deistich libben neat mei to

dwaen hawwe wol, it folts fielt jimmer for syn ljeafde.—Lykwol fergje

wy fen de fryske foarmannen yn dit stik fen saken fierders net mear; op

de krêft fen it folksaerd mei men sikerwier bitrouwe, sadet wy nou nei

to gean hawwe, ho ’t wy de taelbloei it bêst forsoargje en bifoarderje.

Omdet in tael ûntstien is like goed ûnder ynfloeden, dy tsjûgje fen

mear as minskelike macht, as ûnder de twang en it wollen fen de

wrâldbiwenners, bistiet ek hja út siele en lichum, eat dat ivich bliuwt

en in ringen weiwirdend omskot, it lichum: de tael dy ’t jimmeroan

brûkt wirdt fen deistige minsken, en de siele: de utering fen it

krêftichste minskelik fielen yn bliuwende wirden; ef koarter en faeks

bigrypliker sein: in folsleine tael bistiet út in _sprake_ yn de meast

oarspronkelike biteikenis fen it wird en út in _letterkinde_. As wy yn

wierheit it goed miene mei de bloei fen ús tael, scille wy goed dwaen

ús oandacht oan dizze beide dielen to wijen, hwertwisken sa folle mûlk

harmonije bistean moat; for beide scil soarge wirden moatte, hwent in

ûnsuvere sprake by in heechfielde letterkinde is in grouwel, like goed

as in fris ûntwikkele sprake, dy ’t nea hjar rykdom liene koe om wirk

to leverjen fen dûrjende wirdij.

Hwet nou nedich is om ús _letterkinde_ to bringen ta in hichte, det men

der ek as strang oardieljend kritikus mei achting oer sprekke kin, is,

scil men miene, al wiidweidich oanjown yn haedstikken II en III fen dit

wirkje. Dochs moat men wol bitinke, det ik it op dy siden allinne hie

oer omstânnichheden, hwerfen ik biwiiz’ge det hja for ús doel it

ginstichst wierne—sa de stifting fen Fryslân—en oer de wei, dy ’t de

fryske kinst yn to slaen hat, as hja hjar alteast better ûntwikkelje

wol—persoanlike en ûntwikkelingskinst—wylst ik stilswijend ûnderstelde,

bitrouwend op it achttal jonge frjeonen om my hinne, det der genôch

opkommende Friezen binne, yn steat de bloei fen ús letterkinde to

stypjen. En sikerwier bin ik dêrfen oertsjûge, det nou ’t it Selskip

fen 1844 der ta komme koe oan myn forsiik to foldwaen, wy folle moais

to biwûnderjen krije scille hwerfen wy foartiids gjin ealgjen hienen,

mar ho ’t in oanwinst fen sok in tal ûnthjittende, dielswize hjar nou

al uterjende skriuwers, stoffe wêze mei for bliere tofredenens, dit

bliuwt dêrom net minder wier det, ear ’t wy rêstich en wol-fornoege de

takomst tomjitte sjogge, dit tal op syn alderminst trijeris sa great

wêze moat. Dêrom bliuwt it de plicht fen ús allegearre, soarchfâldich

nei to gean eft wy jonge Friezen oan to wizen witte, mei oanliz for

wirkdiedige letterkindige stúdzje en hwaens ûntwikkeling net to

winskjen oerlit; en hwa scoenen hjir better for yn de gelegenheit wêze

as de ûnderwizers, minsken, hwerûnder forskate binne mei fieling for de

fryske saek en dy ’t jimmerwer sjogge, hwet yn de bern it measte

ûnthjit? Ik wiis hjir foarâl op it foarbyld fen de hear Sipma fen

Snits, dy ’t sûnder twivel yn dit stik fen saken al mear goeds ta stân

wist to bringen as somlike ûnderwizers op it lân, dy ’t dochs tahâlde

yn ’t formidden fen Frysk-pratende ljuwe. Litte wy ús lykwol foarâl to

wacht nimme, dizze jonge skriuwers opskoattelje to wollen yn in

steatlike foriening mei forheven karbrieven en oandwaenlike

talittingsdeftichheden, lyk wy dy to biwûnderjen krigen by it boun Jong

Fryslân, hwerfen de oprop, forslaggen en mear sok moais as in net to

dylgjen mislediging fen ús tael opnommen waerden yn de selskipsboekjes!

Forhâlding fen frjeonskip mei bloeije twisken hjar, dy ’t yn letter

dagen to soargjen hawwe scille for forriking fen ús skriftenkennisse,

mar hwêrom dochs dizze jonge geasten ta eltsoar bringe to wollen yn in

duf en skimmelich boun, hwerfen de leden alderearst

paedfynders-tsjinsten to dwaen hawwe for it Selskip, dat dochs ek wol

bigrypt, ho ’t de earste langstme fen in jong en krêftich minske is in

folsleine frijdom? Wis, it plan fen ús Gaestmarder Hear, sa in stik ef

tritich aeijen ûnder syn wjokken to lizzen, om dêr den kinstners út to

brieden fen like machtich talint as sines, wier wol treflik fen wizens

en tige to priizgjen om syn minlike bidêstens, mar de waermte, nedich

ta it ûntwikkeljen fen libben, like der net to wêzen, en do ’t, slimmer

yet, op in stikelfjild in jongfaem hânnen fol taelkindich sie bigoun to

struijen, strûsde de hoanne by de him tabitroude aeijen wei. Sels in

foriening fen fryske letterkindigen kin allinne tsjoeds ta stân bringe

en is bûtendat neist en tsjin it Selskip net nedich; de jonge skriuwers

scoenen ek wol swak fen moed en lef fen bitinken wêze moatte, as hja,

oanfitere fen wizer liedsljuwe, yn hjar striid for persoanlike kinst

stipe en die-krêftich holpen troch it útjaen fen it Wykblêd, yet langen

nei mear.

Hwent hjirmei is wol alles oanjown, hwet men fergje mei fen it Selskip

en alle Friezen, om to meitsjen, det ús letterkinde net mei noed en

eangstme de rêd-oansweevjende folgjende jierren hoecht ôf to wachtsjen,

lykwol net hwet men to dwaen hat om de nedige en winskelike suverens

fen de _spritsen_ tael to biwarjen. Al seagen wy yn haedstik III, det

wy yn de ûntwikkeljende utering teffens in machtich middel hawwe ef

foarmje kinne om hollânske ynfloeden tsjin to gean, dochs knibbelje wy

net mei sok in forearjende oanbidding for hjar del, det wy, hwet

taelsuverens oanbilanget, alle heil fen hjar forwachtsje wolle, en it

sizzen wer uterje, troch de Friezen sa jamk yn ’e mûle nommen: „Sa

hawwe wy den yn ’t earst al wer genôch út ’e wei set.” Ommers dizze

kinst moat yn it deistich libben krêftige wjerklank fine yn de praktyk

fen skoalle, rjochtseale, tsjerke, as de ynfloed dêrfen útgean scil, dy

’t wy ús tinke; hjiroer yet inkelde wirden, dy ’t ik lykwol bidoel as

in persoanlike miening, hwerfen de krektens miskien maklik yn kiif

steld wirde kin, omdet ik, lyk men faeks al opmirken hat, better op dré

bliuw, as ik oer kinstsaken praet.

1o. Oer it _ûnderwiis yn Frysk_ fornimme wy net folle mear as nou en

den in treastleaze en fortretlike meidieling, det de saek net to bêst

flotsje wol, omdet der sa folle biswieren oan fêst sitte, sadet wy

eltse kear wer in ljeaflike gelegenheit hawwe, om der ris binijd oer

nei to mimerjen, hokker biswieren dochs wol sa wichtich wêze meije, det

sok in bilangrike saek net genôch ta syn rjocht komt. Troch de bank

liket men der yet al eang fen to wêzen yn ’t iepenbier op dizze

ûnginstige omstânnichheden klam to lizzen, howol it eltsenien dúdlik

wêze moat, det de biswieren, as hja yn wierheit sa machtich binne,

inkeld oerwoun wirde kinne trochdet mear as oant nou ta, it hiele folts

meiwirket. Ik hoopje, det men my myn frage net kwea ôfnimme scil,

hwerom men bûtensteanders net earlik mei dizze biswieren bikend makke,

ljeafst yn de selskipsboekjes ef, hwennear men fen bitinken wier, det

sa de stimme yet troch to min minsken fornommen wirde scoe, troch in

rige artikels bygelyks yn de Ljouwerter Krante?[8] It fryske folts hat

der sûnder mis rjocht op, dúdliker fen hjarren, dy ’t bineamd waerden

for dizze taek en sa faken al bliken joegen, der ek for birekkene to

wêzen, oer sok in geastelik bilang ynljochte to wirden; it is myn

oertsjûging det de biswieren, ho skriklik hja den ek wêze meije, net sa

kretenzysk-doalhôfeftich binne, ef alteast ien scil de útwyk wol to

wizen witte.

[8] Hwa ’t der op wize, det yn 1906 de Ljouwerter wegere oan it

Forsiikskrift oan Deputearre Steaten plak to jaen, scoe bitinke, det

der do praet wier fen in oanbigjin, noutiids fen in fierder gean op in

ienris ynsleine wei.

2o. It mei bikend wêze, det ús _rjochterlike macht_ for fierwei it

greatste diel wol foldwaende op ’e hichte is mei ús tael, om tsjûgen en

biskildigen, dy ’t hjar ljeaver yn de eigen sprake uterje, to fetsjen,

mar nimmen hearde der yet fen, det de president ek yn it Frysk frege,

hwet dochs scoene men hoopje, net yn striid mei de algemiene rykswetten

wêze scil.

Men scoe witte wolle ef dit to forklearjen is, trochdet dizze hearen ús

tael net machtich binne, ef trochdet hja hjar ljeaver hâlde oan it

brûkme, dat lange ieuwen trou folge waerd. Yn ’t earste gefal scoe men

der by nije bineamings op oanstean kinne de rjochterlike macht yn ús

lân ek oan Friezen ta to bitrouwen, wylst yn ’t oarde men inkeld

wachtsje kin, ef den nimmen moed genôch hat to hânneljen, lyk as er

sels wol ynsjocht, det it it meast praktysk is.

3o. Hwet nou de _tsjerke_ oanbilanget, liket it my ta, det trefliker as

in hopen gepraet en geskriuw, hwermei men meastal net mear opsjit, as

det de partijen fêster bisletten en grimmitiger as ea foar eltsoar

komme to stean, is in ienfâldige die as dy fen ds. Wumkes en oaren,

hwaens moedich weagjen net nôch to wirdearjen is for it bilang fen ús

tael. Ik stean der dos mei klam op oan, det dit foarbyld hwerfen wy

moaije útkomsten seagen, neifolge wirde scil troch allegearre, dy ’t

hjar dêrfor birekkene achtsje, en scoe it in prizenswirde die neame as

sokken, dy ’t hjarsels net bitrouden, der oer gear komme koene, ds.

Wumkes ris út to noegjen, ek yn hjar plak de hillige saken to

bihânneljen yn ús eigen tael, det de fieling for it Frysk by ús

lânsljuwe yet krêftiger wirdt. Hat ienris dit streevjen folle oanhing

foun, hwerop wy rekkenje meije, nou ’t wy al goed gefolch waernimme fen

it alderearste bigjin, den scille de tsjerkerieden en gemeinteleden

fensels ta it ynsjoch komme hok in weardich ding it is, yn in frysk

doarp in Fries as harder to hawwen, en men scil bitsjuttende oanwinst

krige hawwe for ús taelstriid.[9]

[9] Yn dit forbân bring ik myn oprjochte hilde oan ’e tsjerkerie fen

Dearsum dy ’t, sa ’t ik fornaem, Ds Wumkes sels útnoege dêr in fryske

preek to hâlden.

Fierders is der yet in saek, dy ’t howol faeks net sa bilangryk yn

wêzen en ynfloed as de trije boppe-neamde biwizen for de brûksumens fen

ús tael yn en bûten it deistich libben, docht net forwaerloazge wirde

mei, omdet ek hja folle goeds dwaen kin for de taelsuverens. Yn ’t

miene sein hearsket der ûnder de jongerein fen ús folts in ljeaflike

ûnforskilligens for de fryske saek, hokker sloppens slim kwea nommen

wirde kin, om ’t fierwei de measten nea net hearden fen in

sikerwier-bitsjuttende taelstriid, to min alteast om der ek mar in

bytsje bilangstelling for to fielen. Wol leannet it dos de moeite, ris

nei to gean eft der ek bûten it Selskip, toaniel-forienings en sa mear,

neat dien wirde kin om in ein to meitsjen oan dit ûnwit, en ek it

opkommende Fryslân to winnen for hwet wezentlik syn plicht is.

Miskien scoe in forstânnige, mar dêrom net minder libbene, organisaesje

fen ús fryske jonkheit ûnder fryske lieding goeds dwaen kinne, hwerby

men foarâl hjirom tinke moast, det men jonge minsken net oanfiterje mei

ta droege taelstúdzje, sûnder det men as tsjinwicht soarget for

útspanning yn sport, dy ’t lokkich tsjinwirdich yn ús lân him ek mear

en mear bigjint to ûntjaen. To’n earsten wier it al tige moai as wy

keats-, iisklubs ensf. der ta krije koene de stive, offisieele

hollânske tael, dy ’t faek sok in ûnbihaechlik stimpel jowt oan de oars

sa sellige byienkomsten, to forfangen troch dy fen eigen groun. Wylst

ik dit wirkje skriuw, ben ik yet drok dwaende mei it útwirkjen fen de

plannen hwerop ik hjir doel, sadet ik, howol it my moeit om ’t ik jerne

sa dúdlik mûlk bin, hjiroer wol de ûngaedlike meidieling dwaen moat,

det ik my yet net yn steat achtsje oer dit stik fen saken praktyske rie

to jaen. Mar tinkelik haw ik letter wol gelegenheit op dizze saek yn

Forjit My Net ef Fryslân werom to kommen, hwet yn safier ek better is,

det ik den troch earst it útfier fen myn plannen hjir en dêr bisocht to

hawwen, sels oardielje kin oer hjar geskiktens.

Om in goed oersjoch to biwarjen oer de fryske taelstriid en de

foarnaemste middels fetsje wy efkes gear:

As ús winsken, dy ’t ik útspriek yn it bigjin fen dit haedstik, ea

forwezentlike wirde scille, moatte wy ús oandacht wije oan

1. de fieling fen it folts for syn tael; dizze ljeafde wirdt wol it

treflikst oanmoedige troch sprekkers as de hear de Zee, dy ’t lykwol

hjiryn net allinne stean bliuwe mei;

De jongfryske biweging · 第 7 / 10 题