III.

Mei ien inkelde die, hwerfor de tiden sa njonkenlytsen wis wol ryp

wirden binne, scil men dos útfier jaen kinne oan hwet fêst lein waerd

yn de twa earste gearfettings, op in wize dy ’t yn ’t bilang is fen de

fryske skriftenkennisse en sadwaende ek fen hiel ús folts, hwerfen it

bistean ûnmûlk de dea fen de sprake oerlibje kin. En mocht it ris

safier komme—mar wy scille goed dwaen der nou yet net op to

bitrouwen—det wy ús lokkich neame koenen troch sok in forskaet fen

persoanlike kinst, det dizze ljuwe mei it meast forskillend fielen en

tinken birikke koe, en forgoed ta hjar biwûnderers meitsje, wy scoene

den gjin folkskinst mear fen neden hawwe, en dizze as in bihelp hwerfen

wy al lang it ûnbihaechlike ûnderfounen, sadet it ús einlings in wearze

waerd, gerêst bistride, ef ljeaver forjitte kinne. Mar it liket der net

nei, det dit mei koartens barre kin, hwent sels de iennichste

persoanlike dichter, dy ’t in great diel fen it folts ta oprjocht en

ienfâldich meifielen wist to bringen (Pieter Jelles) swijt en biskôget

faeks de ûntwikkeling fen syn dichterlike opfettings mei de taheakke

fen 1909 as ôfroun; en yn safier ik op ’t egenblik de fryske

letterkinde fen de alderlêste jierren bistudearre haw, leau ik frij

sizze to kinnen det in opfolger, dy ’t de oandacht fen ek mar in lyts

diel fen it folk for him wist to winnen, him yet net hearre liet.

Tajown moat wirde, det de omstânnichheden, hwerûnder de fersen fen

Pieter Jelles op ’e nij yn ’t locht jown waerden, bûtenwenstige

ginstich wierne: ommers de biwûndering for de steatsman makke de

bilangstelling for syn dichten krêftiger, en troch it genietsjen fen de

Rispinge riisde yet de achting for de politikus. Ho forkeard scoe it

dos fen ús wêze, as wy, ús blynstoarjend op de rykdom dy ’t de

persoanlike kinst faeks folgjende jierren oanbringt, noutiids wylst wy

sjogge, det gjin inkeld persoanlik dichter yet it herte fen in

oansjênlik tal lêzers to stimmen wist ta meifielen, forgeaten derfor to

soargjen det de tael, dy ’t as folkseigendom dochs al sok in faei

libben laet, ek _as sadanich_ yn wêzen bleau! Dos wolle wy wer oandacht

jaen oan ús minlike folkskinst.

Yn it foarich haedstik haw ik as myn bitinken utere en sa folle mûlk

biwiizgjend taljochte, det ommers de folkskinst net hielendal

forwaerloazge wirde mei, mar det hja dochs minderweardich oan ’e

persoanlike kinst bliuwt. It liket sa op it each, det dizze beide

wierheden in nuvere, net bjuster haechlike tastân to weech bringe

scille: hja, dy ’t it bigjinsel fen persoanlike kinst mei de die

fordigenje, scoenen jimmer mei meilydsum glimke delskôgje op him, dy ’t

sasein út ljeafde for de tael en om dizze krêftiger libben ta to

foegjen, mar sûnder twivel yn wierheit út brek oan sterk-persoanlike

fieling, de folkskinst, wier it den ek mei tawijing, bioefene. En om ’t

it al ringen bliken dwaen scoe, det de wiere dichters dy ’t for de

_eare_ fen de sprake soargje, wylst de oaren mear noed steane fen hjar

_krêften_, ûnfordildich wirde moasten by it lêzen fen rimelderij,

hweryn hja allinne mar in bisiikjen sjên kinne om by it folts alle

langstme nei heger geastelik libben to deadzjen, scoenen nei minskelike

birekkening wûnder-healslachtige kritiken fen dizze kinstners it

gefolch wêze, hweryn hja twongen waerden, twiveljend twisken langstme

om de minderweardigens fen de folkskinst yn skerpe en stikelige wirden

ta to ljochtsjen, en de eangstme, skea to dwaen oan de libbensformogens

fen de tael, hinne en wer drifke wirde scoenen as in skip sûnder stjûr.

Dochs scille wy it hjiroer allegearre wol iens wêze, det wy yn de lêste

jierren al mear as genôch striid op frysk-letterkindich fjild bilibbe

hawwe, en det it heech tiid wirdt om in ein to meitsjen oan dy ivige

bitizing en ûnbinlike ôfbrekking fen it wirk fen oaren, dy ’t noflik

noch nuttich neamd wirde mei. Socht scil dos wirde moatte nei in modus

vivendi, sadet de folkskinst yn wêzen bliuwe kin, sûnder dochs sa leech

to stean yn gehalte, det hja ta skande is for de fryske sprake.

Under de forskate genre’s, dy ’t yn it Frysk oant nou fiersto min

bioefene waerden, it mei den wêze omdet wy yet nea skriuwers hawn hawwe

mei krêftich talint derfor, hwet men, as neigien wirdt ho ’t it yn ’e

fryske folksaerd leit, eltse saek earst soarchfaldich en earnstich to

biskôgjen, ear ’t men tawird ef goedkarring útsprekt, net bêst oannimme

kin, ef omdet it genre op him sels rju lêstich is en hiel hwet stúdzje

foreasket, moat fêst neamd wirde dat fen kritysk kinstproaze. Ik wol

tige bêst tajaen, det sok wirk, omdet it faken oansjoen wirdt for

droech en toar, en sels yn ’e rop stiet fen slim to genietsjen to

wêzen, hielendal net in rom tal lêzers forwachtsje mei, sadet it my ek

neat gjin nij docht, det yet gjin skriuwer it bistie sok in samling

proaze to jaen, hwerfor tinkelik ek net maklik in útjower to finen wêze

scoe;—mar dochs bihearde men yn to sjên, det saeklike, ûnpartidige, mar

foarâl net oan ’e bûtenkant bliuwende kritiken fen greate opfiedende

krêft binne for de skriuwers, binammen by sokken ûnder ’e jongeren, dy

’t yet in eigen paed to siikjen hawwe en langjend rountaeste nei hâld.

Det it in tige ûntankber wirkje is, omdet yens bêste frjeonen faken

blyk jowe net yn to sjên, det hwennear men twongen is hjar wirk minder

ginstich to bioardieljen, men jimmeroan allinne it each hat op de

kinstner, en nea de minske sels to nei komme wol, en men sa sels mear

fijânnen kriget as men op ’en dûr yn steat wêze scil to bistriden,

wylst mar in himpen tal lêzers komt ta wirdearringe for de sakelike

geast en de moedich-stoere wirden, scil fen my net ûntstriden wirde;

mar swierder as dit alles heart dochs to weagen it bilang fen de tael,

dy ’t men tsjinje wol nei yens krêften, dat mei klam easket oprjochte

en binlike kritiken, om sa einlings ta klearrichheit to kommen oer

saken, dy ’t kwea stiftsje en de tastân yet heisliker meitsje, salang

oer hjar allinne in dizige twivel bistiet. Seagen wy net oan it âlder

slachte yn ús letterkinde, ho ’t sels de bêsten en moedichsten, by it

brek oan krityk, bitiisd reitsje yn hjar eigen opfettings, den hjar dêr

al fêster en fêster yn biwoelje, sadet de koarde troch to snijen lyk

stean scoe mei it tabringen fen swiere wounen? Yn alle talen is krityk

in kinstgenre, dat net mist wirde mei, omdet de lêzers, dy ’t it sûnder

twivel tige drok hawwe, sadet fêst wol nimmen fen hjar fergje doar sa

lang troch to tinken, det hja hjarsels yn steat fiele in klear en

binlike miening to foarmjen oer it wirk, dat hja jamk mear trochblêdden

as liezen, tige nedich hawwe it inerlikste tinken, dat yn hjar slomme

mar net ta folle waeksdom kaem, sels nou en den yn dúdlik-útwirke foarm

op pompier wer to finen, fordet hja net ho langer ho mear forbjustere

wirde scille as hja jimmer wer komme to stean tsjinoer de meast

forskate opfettings. Hofolle to mear is dit den net wier for _ús_ tael,

hwer de meast mei eltsoar stridende bigjinsels faken yn it moed fen ien

en deselde skriuwer hjar sa bihaechlik en fornoegjend troch eltsoar

wine, det men sims sin hat it hearskip fen ûnfryske karakterleazens to

biskildigjen, bitocht men net det it kristeliker wier deselde fromme

oandacht to bitrachtsjen, dy ’t men jonge, hjitfolgige minsken tawijt,

yn hwaens siele like folle revolúsjes hjar útlibje as yn de woelichste

latynske steaten. En det iksels, dy ’t jong yette bin en fiel, ho ’t

myn tinken him eltse dei wider ûntjaen wol en myn earlike miening faeks

yn to oprjochte wirden siz, ho ’t ik my sels ek twing dochs foarâl

rêstich en steatlik-deftich to bliuwen om de yndruk by myn lânsljuwe,

dy ’t de hertstocht oars wol kennend, it nedich achtsje dizze mei de

ljeaflikste namkes to neamen, ryboskjend oer al hjar lea by de

skrutelste utering derfen, net hielendal to bidjerren, twongen bin, ik

allinne, kritiken to skriuwen, sjoch, is dit net in nytgjend biwiis fen

de machtleazens fen forskate skriuwers en in ûnnochlike fingerwizing,

det de ljeafde for ús tael, hwerfen men meastal sa sketterjend opjowt,

wol ris hwet slopper wêze koe as men jerne oannaem?

En yn dit forbân moat spitigernôch de namme fen Jan fen ’e Gaestmar yn

ûnginstige biteikenis neamd wirde ... ho lang dochs, o Catilina, scitte

misbrûk meitsje fen ús fordildigens? Hwent dizze skriuwer hat, faken al

wer, om ’t er yn ’t earst oer ’t hynsder tild waerd, trochdet in

earlike en oprochte krityk yn Fryslân dodestiids al like min to

bikennen wier as yn letter dagen, yn pleats fen dit brek út tankberens

rêstich bistean to litten, it nedich achte oer syn mei-skriuwers ris

tige de swipe to lizzen, dêr ’t lykwol de koarde hieltyd fen ôfstrûpte,

sadet den allinne mei de stôk fûleindich gatten yn ’e loft slein

waerden, lyk as in orkest-lieder jamk docht, dy ’t op oerstjûre en

falske wizânsje dirigearret. Dochs kin ik for syn moed, in nij genre yn

it Frysk to bioefenjen, al is it him den ek mislearre dit soun en

weardich to dwaen, net oars oer hawwe as in wird fen blide biwûndering,

en bin ik it hielendal mei him iens det it better is, soks dit yn’t

iepenbier to bistean as efter de rêch fen de bioardiele om, lyk as men

my fornijde det it letter fen minder moedige minsken, ef ljeaver sein

fen minsken yn in minder moedige rite, tapast waerd—sikersonk al wer in

nij genre, as men betinkt ho fier sok in hânnelwize it fryske aerd

ûntrint. En fierders jow ik ta, det de wearde fen de kritiken, hwerop

ik boppe doelde, fen hiel hwet mear bilang is as dy ’t de „Klankboarne”

bifettet, al is hjirmei nou net sa bjusterbaerlike folle útspritsen;

mei de hear Wumkes jowe wy utering oan ús bliere, loksillige hope, det

Jan fen ’e Gaestmar mei gauwens wer sa minlik wêze wol syn kritysk wirk

op it bikende plak to forfetsjen, dat ús wizer makket, omdet wy deryn

sa treflik oan ’e weet komme, ho ’t men it wirk fen oaren _net_ hat to

biskôgjen. Wy steane der út namme fen hiel letterkindich Fryslân by him

ynlik op oan, det hy syn nije rige iepenje scil mei in bydrage, hweryn

er den geastich en mei heech glimke, lyk as hy allinne soks dwaen kin,

de oanwenst op net neijer oan to tsjutten wize it wirk fen oaren

ljeafst efter dy hjar rêch om to bioardieljen, priis jaen scil oan ’e

forspijing, omdet wy mei him wol wis fen bitinken binne det nei ’t soks

ienris pleats hawn hat, forgoed ûnmûlk makke heart to wirden.

Hwet der den oan dizze kritiken haperet? scille somliken freegje.

Foarâl dit, det der aloan in miening utere wirdt yn algemiene,

ûnbitjuttende wirden, dy ’t sûnder biwiis taljochte, fierder krûpt oer

’e groun, lyk in klimmerplant him net omhegens jaen kin, as der nearne

hâld to bikennen is, en teffens, det dizze weardeleaze meidielings yn

sok in Frysk oan ’e lêzers foarset wirde, det it der tige bigjint op to

lykjen, as hie de skriuwer sterk tocht oan ’e miene ûntwikkelens fen de

minsken, ûnder hwaens eagen it sa dalik forskine scoe, as hied er dos

krityk-yn-folkskinst jaen wollen.

En ik moat, al moeit it my, wol sizze det bûten dit bisiikjen my mar in

tige bytsje kritysk wirk fen de lêste jierren bikend is, dat

fortsjinnet hjir neamd to wirden; hwent as men yn Forjit My Net sa nou

en den ris op ’e moaijens fen in boek wiisde, tsjûge dit meastal mear

fen suvere biwûndering as fen heech-steand kritysk ynsjoch, al wier

sims de tael krêftich en waerden de wirden mei krektens brûkt; en de

ivige plomkes oan skriuwers, dy ’t nou ienris fen eltsenien priizge

waerden en by hwa ’t men dos net maklik in mistaest bigean koe, mei

hjir net de eare oandien wirde der neijer op yn to gean. Mar hwet

fortretliker oandocht, ek ûnder de jongerein liket it my ta, det der

net folle ambysje for to finen is, yn kreaze en soarchfâldige opstellen

to wizen op hwet fen bilang wirde kin for ús tael. Rinke Tolman is wer

de iennichste, fen hwa ’t men sizze kin det er in suver en skerp

kritysk ynsjoch witte scoe to forbinen oan in pittige en frijmoedige

utering; lykwol kriget men by him foar en nei de yndruk, det er yet

gjin foldwaende stúdzje makke fen fryske skriften, en hwa, dy ’t bikend

is mei de nearzige rook, dy ’t opwalmet út de measte folkskinst-wirken

en mei syn romme en fearkrêftige fieling, scoe it weagje him oan to

fiterjen hiel dat goare en gammele saekje to ûndersiikjen?

Sa liket it der dos folle op, det der to’n earsten yet gjin praet wêze

scil fen in goede bioefening fen de kinstkrityk, sa as dy dochs, ho ’t

men it ek biskôget, tige yn ’t bilang wêze scoe for ús letterkinde en

dêrtroch net minder for ús fryske tael. De forklearring for dizze

útkomst is net to finen yn karakter en aerd fen de Friezen, hwerfen

ommers langlêsten yet in hollânsk opfiedkindige meidielde, det it jamk

in eigenaerdige oanliz meibrocht for kritysk en sakelik biskôgjen,

sadet it wiskinde-ûnderwiis yn it hiele ryk for it greatste part is yn

de hânnen fen ús lânsljuwe, mar moat wer taskreaun wirde oan de

oermachtige ynfloed, dy ’t de folkskinst foarâl yn de lêste

tsjientallen jierren wist út to oefenjen op de Friezen, dy ’t bihâldend

yn safier, det hja der jimmer tsjin oanskoarje de ûnearlik-formastere

reputaesje fen somlike ljuwe oan to taesten, ienris bihirde yn

biwûndering for dizze kinst, it net bistienen hjar nije miening moedich

to úterjen, as hja wizer wirden, it ûnbihaechlik-breklike fen sok in

kinst bifetten. Och, it wier lang net altyd ûnaerdich om to sjên, dit

mak skiepeftich folgjen, en de neiteam scil der him in hiele toarn mei

fornoegje kinne, as it yn kommende jierren bliken docht, det de

gefolgen dêrfen op ’en dûr net sa bjustere neidielich wiernen: men naem

it nedige skriuwersark en stâlde ringen in teltsje fen „feinten, dy ’t

safolle ieten” gear, ef ljeaver yet, yn de rûchskerne to lânne kamen

nei mislearre ûnderhânnelingen mei in wrede en hirde foarstinne, sa

forbaesde grappich, det men forwachtsje koe det de sûrste en wrangste

minsken skodden fen noflik laitsjen—en dit barde sikersonk; men liet it

net by ien bliuwe, skreau for de foroaring ek ris in ljeaflik rymke,

joech safolle trivialia út, det bûtensteanders bigounen to begripen,

det ûnkrûd op Fryslands fjilden bare skoan dije woe—en de ynskiklike

lêzers, dy ’t dochs ek ris hwet biwûnderje moasten—hwent to biwûnderjen

is in eask for it minskelik aerd, lyk as biwûndere to wirden in

algemien-minskelike langstme is—keakelen wolfornoege: „nou, nou, dy kin

der hwet mei, hear!” Krityk bistie net, en, hwer wol, seach nimmen der

nei om, sadet it for de persoanlike kinst ûndwaenlik wier in fêste

hâlding oan to nimmen, dy ’t hja mei moedich en heech gebeart

fordigenje koe tsjin lyts-leffe oanfallen, en dy ’t hja fen doel wier

mei krêftich trochsetten to biwarjen; ljeaver den foroardiele, om by it

greate folk ûnbikend to bliuwen, as de nekke to bûgen ûnder it

ûndildber jok fen in minderweardich hearsker. En sa waerd de miening

fen it folk ek de oerstjûging fen forskate persoanlike skriuwers en

eltsoar de waerme hân tarikkend, songen hja yn machtich koar in

brûzjend hildeliet for hwa ’t de smeits fen it folts bidoar; de wiere

dichters tochten der by dizze nuvere foriening net oan, det as de

lêzers oplaet waerden yn drege biwûndering for de ûngeve folkskinst,

eltse weardearringe for oar en suverder wirk wol dôve wirde moast, en

sa dolden hja it grêf foar hjar eigen foetten, hweryn hja ringen

tommelje scoene om skoften forgetten to wirden.

En iepen siz ik hjir in wytgjend wird, det dizze tastân, dy wis de

kiemen draecht for in deadlike syktme fen ús letterkinde, fen nimmen dy

’t it goed mient mei syn bertegroun, bistindige wirde mei en det, al

lykje de omstânnichheden dit eagenblik ûnginstich, om ’t men mei ljocht

bitwivelet ef der wol foldwaende krêften for to finen binne, dochs de

persoanlike kinst-krityk plak krije moat—en yn ’t earst sels in rom

plak, omdet der folle yn to heljen is—yn ús letterkinde, dy ’t dêrfen

neffens myn ynlike oertsjûging, neat as goeds to wachtsjen hat. Fensels

sjocht men lykwol yn, det it eltse kritikus ûnmûlk is meidogger to

wêzen van „Sljucht en Rjucht,” it krantsje hwerop men wol foar alles

oanfalle moat, omdet it, ta it skiere forline bihearrend, bliuwt in

swiere mislediging for ús tael, wylst „Forjit-My-Net” sa oan binyptens

lijt, det, waerden der ek gjin oare bydragen mear tastjûrd, it yet gjin

foldwaende romte ôfstean koe for in alles-hifkjende krityk, sadet ek

hwet dit oanbilanget it útjaen fen Fryslân (hwerom it dochs net Iduna

neamd?) hielendal needsakelik wier.

Lykwol scil it ek for de meast oprjochte en binlike kritikus yn

kommende dagen tige lêstich wêze, him in suver en soarchsum oardiel to

foarmjen oer de folkskinst fen ús njoggentjinde ieu. Hwent lyk as ik

mien al earder earne sein to hawwen, men kin it wirk fen de folkskinst

net biskôgje troch nei to gean, yn hofier de ynhâld treflik en

heechsteand, en teffens de foarm wol-forsoarge en kreas is, omdet by de

wiere folkskinst dizze beide haedsaken hielendal net biachte wirde, mar

men allinne de yndruk en ynfloed op it greate en brede diel fen it

folts birekkenet, dôch earder troch to ûndersiikjen ef it de

folkskinstner lokt is, sok wirk to jaen, det it tsjûge fen net oan ’e

bûtenkant bliuwende kinde fen de libbene folkssiele. Trije útwirkings

binne der mûlk as in skriuwer mient alderearst rekkenskip hâlde to

moatten mei de geastelike ûntwikkeling fen syn lânsljuwe-lêzers: syn

skriften kinne wêze fen in geast, dy ’t it algemiene bigryp fen it folk

to boppe giet—en den hat neffens myn miening de kritikus alle rocht, it

wirk mislearre to neamen en it as heal spil, minderweardich oan

persoanlike kinst en net brûkber as folkskinst, ûngenedich ôf to

brekken—, de skriften kinne bliken dwaen, det de skriuwer krekt fielde

en oars nei soarchfâldige stúdzje fen it folksaerd ta it ynsjoch kaem,

hwet foreaske is om sa to fortellen en to rimen, det de geastelike

hichte fen it wirk lyk stiet mei de ûntwikkeling fen it folts—yn dit

gefal mei de kritikus him twinge ta in minlik glimke en yn bidêste

wirden it wirk oanpriizgje as nommele folkskinst—mar ek kinne de

skriften oertsjûgjend biwiizgje det de skriuwer like goed de fieling en

smeits, as it bigryp fen de lêzers, dy ’t er him foarstelde, to leech

oansloech—en dit is wol it skriklikste, dêr ’t men yen yn tinke kin;

omdet der den in net to forwaerloazgjen gefaer bistiet—. Yn ’t earste

gefal scil de ynfloed, dy ’t fen it wirk útgiet, minym wêze en mei de

meast soarchfâldige oertinkings mei men forwachtsje, det it wirk sa tel

forgetten wêze scil, as it dit fortsjinnet; fen it twade kin allinne

goeds komme: ommers de ljeafde for de lânstael kin troch wirk fen dit

gehalte by it greatste part fen it folk yn stân hâlden wirde, wylst

fieling noch ûntwikkeling fen de lêzers der minder fen wirde scil; by

it trêdde mei oannommen wirde det de ynfloed op it folts bûtenwenstige

great wêze scil, omdet dit meastal sterk fielt for alles, hwet fen

fortocht soarte is, al wol ik hjirmei hielendal net neamd hawwe det it

gjin fieling bisiet for hwet moai is en nommel,—mar like wis kin yn dit

gefal as wier biskôge wirde, det de geastelike ûntwikkeling en it suver

fielen in knoei kriget. En nou is it sikersonk net maklik wiis to

wirden, ho ’t it fryske folk yn ’t midden fen de XIXde ieu krekt fielde

en tocht, omdet men fensels net útgean mei fen de folkskinst, hwerfen

men krekt de wearde oanjaen wol. Dochs scil dit wêze ien fen de

wichtichste plichten, dy ’t de persoanlike kinstkrityk heart to

forsoargjen tsjinoer de folkskinst, omdet wy der folle bilang by hawwe

to witten ef de achting en oandacht, fen somliken oan ús

folkskinst-skriuwers tawijd, wol earlik en binlik bistege is; dit scoe

ommers wol skriklik wêze en yen forgoed de moed binimme, ús tael to

sterkjen yn hjar lijen en to stypjen yn hjar striid, as it bliken die

det somlike skriuwers, hwa ’t der waerme hilde brocht waerd, omdet hja

de fieling for de sprake by it fryske folts wekker makken en hâldden,

yn wierheit teffens de smeits for it goede en moaije by ús lânsljuwe

fordoarn hienen. Binim ús den dochs dizze neargeastige twivel, o

kritikus fen de takomst! Net licht scil wêze de foarstúdzje for sok in

moedich wirk, en folle scil rieplachte wirde moatte om oersjoch en

bigryp to krijen fen it tinken en fielen fen forstoarne slachten; mar

wy hawwe der rjocht op, to witten eft ús biwûndering ús taelstriid

foartsterke ef yn ’t efter brocht.

Mar—en hjirmei kom ik werom op de fen my bispritsen forhâlding twisken

persoanlike kinst en folkskinst; ik haw oer de krityk efkes útwreide,

omdet it my talike, det men oan dit genre to min oandacht wije scoe, as

men der net op wiisd waerd—salang it net biwiizge is, det wy mei dy

biwûndering forkeard diene, wolle wy oannimme, det de folkskinst fen de

lêste ieu wierlik yn geastelike ûntwikkeling lyk stie mei de ljuwe, for

hwa hja skreaun waerd, det hja dos wier de wjerspegeling fen hiel it

wêzen en bistean, dat yn dizze minsken libbe. Ut it bigryp

„folkskinst”, lyk as ik it yn ’t bigjin fen haedstik II útspriek,

folget klear, det hja dit ek yn de takomst bliuwe moat; it is dos wol

it forstânnichst nei to gean, ef en yn hofier ús folk foroare is, omdet

de ûntwikkeling fen de folkskinst lyk bliuwe moat oan de ûntwikkeling,

fen hwa ’t hja birikke wol.

Oer it _algemiene tsjinwirdige aerd_ fen ús lânsljuwe scoe men hiel

hwet opstellen skriuwe kinne, sûnder det yet de folle bisûnderheden

útlein wiernen, dy ’t wy eltse dei wer op ’e ny by it folts merkbite,

lytse eigenaerdichheden, dy ’t faken sa mei eltsoar yn tsjinstriid

binne, det men by yen sels freget eft yn hiel det

wûnder-tizich-opwoeksen wâld wol paed to bikennen wêze scoe. Mear as

troch in mânske en oanheljende ynfloed fen Hollân en syn ridlik wiffe

bigjinselleazens oan to nimmen, liket it my ta det dit to forklearjen

is, mei to bitinken, ho ’t ús folk for de twade kear yn syn bistean,

forkeart yn in tige bilangryk oergongs-stadium:

Al yn skiere tiden sjogge wy by de fryske stamme dieden, dy tsjûgje fen

greate ljeafde for de eigen groun, al is dizze fieling miskien earder

ûntstien út tsjinsin om to gean, hwer oare en frjemde foltsen wenje, as

omdet de Fries fen oanliz sa heech roun mei alles, dat er sines neame

koe. En sa kaem hja der ta mei forwûnderjende krêft alle oanfallen fen

útlânske foarsten en foltsen ôf to slaen, lykwol net om den wer fredich

fierder to libjen op de groun, dy ’t sa geskikt wier for feardige

fordigening, mar om hjar krêft forlern gean to litten yn in einleas tal

strideraezjes, dy ’t, hja mochten tsjûgje fen stoere karakterfêstens,

faken ûntstien wiernen út lytsgeastige kwesjes; in tige bilangryk

forskynsel dit, hwerop ik skielk werom kom. Mar op ’en dûr seagen de

Friezen, minsken mei minder fieling for it romantyske fen in apart lân,

hwerfen mar in bytsje nei bûten útlekket, as for it praktyske foardiel,

dat jamk troch omgong mei foltsen fen oare stamme to biheljen is,

better yn, det stil stean to bliuwen by eigen biskaving, sûnder

ûntwikkeling út ’e frjemdte ta to litten, yen wol efterop bringe moat

en to min krêft tafoegje kin om sterkernôch to stean tsjinoer útlânske

machten—en hja bigjinne mear omgong to siikjen, mei hwa ’t der libje

bûten hjar lyts lân: dit bart yn de tiid, det it ein fen de frijdom fen

Fryslân as ôfsûnderlike steat al tichte by is. Dizze langstme nei it

frjemde, dy ’t wol komme moast as reäksje tsjin de strange

heitlânsljeafde fen earder dagen, kriget ringen rommer fjild, as

Fryslân twongen wirdt diel út to meitsjen fen it wrâldryk fen Karel V,

omdet den dizze frjemdsin, lyk men it sims yn ûnginstige biteikenis

neamt, neat misdiedichs mear hat: ommers sûnder det immen it ea uterje

doarst, wier inkeld as tsjinwicht for de greate ljeafde-fieling for

eigen groun kommen de langstme, diel út to meitsjen fen in oar en

machtiger ryk, hwer alles better en trefliker wêze scoe. Hwent bigearte

nei mear bleau de Friezen net frjemd, en omdet hja to lyts yn tal en

macht wiernen om it lân fen hjar bûrljuwe to oermasterjen, wier it

iennichste, hwertroch hja mear krêft útoefenje koene, in weardich diel

to foarmjen fen in op him sels al great-machtich ryk.

Dit is hwet men neame kin de earste bilangrike frjemdsin-biweging, dy

’t in stoffelik karakter hat—feiliger to libjen ûnder hearskippij fen

in krêftich foarst—en hweroer wy, rekkenskip-freegjend neiteam, it

rjocht hawwe in strang-ûnginstich oardiel út to sprekken.

Mar wier yn de tiid fen dizze bilangrike biweging, dy ’t wol nearne him

utere yn dieden fen bliuwende weardije, mar dochs for ús dúdlik to

folgjen is, it de ljeafste winsk fen Fryslân, mei greatskens wize to

kinnen op in machtiger ryk, hwerfen it in diel wier, hiel oars is it

langjen fen it tsjinwirdige fryske herte, dat yn syn sin for

ûntwikkeling en wiere biskaving jimmer groeijend, diel winsket út to

meitsjen, net mear fen in bisletten steat, mar fen hiel de wrâld. De

meast ûnderskate opfettings oer steatkindige en godstsjinstige kwesjes

fine noutiids hjar oanhing op de romme mieden fen Fryslân; it folts,

alear bikend om syn fêsthâlden oan âlde brûkmen en seden, bigjint

stadich wol, mar fêst-bisletten oerein to rizen út de bihâldende

winterdodde en langet nei ljocht en witnis, op de ljeafde-leare fen de

tsjerke bitrouwend somliken, oaren folgjend in djûre, eigen-woune

oertsjûging. Foarby rekke njonkenlytsen de tiid, det Fryslân stie bûten

eltse ûntwikkeling en de striid, dy ’t dizze jimmerwei meibringt en do

’t syn mieden ús wiernen lyk in treastlik plak, hwer wy mimerje koenen

en rêste, soargeleas en bidêst; ear ’t wy it wisten kaem like goed oer

ús de langstme, stridend to stean mids hiel dy woelige wrâld, net

earder delsittend as hwennear wy to rêsten fortsjinnen.

Sa mei ik den sizze: wy steane yn de twade frjemdsin-biweging, in

suver-geastelike dizze; hwent net scil de tiid ús langer foarbygean,

sûnder det wy wizer wirde, en yn ús dieden wytgje, det wy it doel fen

it libben werfounen. Dos wirdt it ús dúdlik, det it libben fen ús folk,

lyk as to forwachtsjen wier, ta yn syn inerlikst wêzen foroare, sadet

it tiid wirdt, det wy soks ek bifine yn de wjerspegeling fen dit

libben, yn de folkskinst, dy ’t wy sa iverich biwarje woenen om by ús

folk de fieling for hjar tael wach to hâlden...

Dochs net: nou wolle wy fen gjin folkskinst mear witte, hwent wy

sjogge, det hjar antlit stiif waerd en hjar each de glâns forlear, det

hja biheart ta foarbygeane tiden en forteach. En wylst wy mei smerte en

forbûke der nei skôgje, omdet hja ús dochs ljeaf wier, dit âld wyfke,

hok in lêst en lijen hja ús sims ek oandie, en fiele, det dit dochs wol

wis in forlies is, pynliker as wy tocht hiene, wirdt der sêft in hân op

ús skouder lein, en stadich sjogge wy, yet neimimerjend oer hwet barde

... den komt in glimke wer en fornoege sizze wy: „de keninginne, âld

fen jierren, stoar: sa libje den lang de nije!”

Men scil tinkelik ynsjên, hwet ik mien mei de lêste wirden. It fryske

folts wol, ho ’t somlike dompers der ek om skrieme, noutiids foar alles

mear witte fen de greate geastelike opfettings, dy ’t yn hiel de wrâld

hildige wirde as liedende bigjinsels en dos in net mânskernôch to

achtsjen ynfloed útoefenje op elts, dy ’t net bûten de wiere

ûntwikkeling sletten wirde wol. Der bistiet gjin twivel, det as men der

net ta komme kin yn it Frysk to skriuwen oer bilangrike

biskavingsforskynsels, de Friezen bisiikje scille dêroer ta

klearrichheit to kommen yn it Hollânsk net allinne, mar sels útlânske

wirden en sizwizen oernimme scille, hwet wer ien fen de slimste gefaren

is, hwertroch it Frysk as biskavingstael bidrige wirdt; en tige

machtich is yn dit stik fen saken de ynfloed fen de skriuwtael, sadet

men oannimme mei, det dit gefaer fensels wol oerbetterje scil as men de

nije keninginne net langer hjar wente ûnthâldt, as men ek yn ús sprake

romte jowt oan, hwet ik neame wol, de ûntwikkelingskinst. Ek hjir fyn

ik Jan fen ’e Gaestmar wer tsjinoer my; men scoene suver wirch wirde

fen sok in striid, dy ’t mistreastich makket lyk as eltse kriich tsjin

in wiet-oanfielende dize.

Yn syn wirkje „Is der in fryske tael?” hwerfen û.o. de bistjûrder fen

in frysk wykblêd folle goeds wist to sizzen, der op wizend det

skriuwers der binammen in heap út leare kinne (!)—hwet hiel wol mûlk

is, mar den fêst net folle goeds—stiet op s. 42 ûnderoan to lêzen:

„Yn dit forbân moat ik ek wize op it bidroefde forskynsel det de

Friezen langer de formogens net habbe om nije bigripen in Frysk pak oan

to tsjen (ornaris is for it meitsjen fen in pak mear ynspanning nedich

as for it oantsjen. K.). Mei oare wirden: det de Fryske folkstael it

fornaemste skaeimerk fen in tael: it oanrieden fen syn wirden en

gearstallingen út ’e eigen taelskat, kwyt is. Lyts hûndertfyftich jier

lyn koene de Frânsken hjir hjar _pommes de terre_ yet bringe, sûnder

det wy mei it frjemde ding it frjemde wird oernamen. As se ús hjoed de

dei de nije frucht stjûrden, einou, den wierne en bleauwen it _pommes

de terre_, yn safier, fensels, det de namme wol hiel gau forrinne scoe

ta _pommetèr_ ef soks sahwet.” (O! dat freeslik ûnformogen yn jimme, om

de sinnen gear to stallen ... lyk it yn goed proaze heart! K.).

It sizzen giet fen dizze dichter-kritikus-taelkindige, det hy wol ris

jonge minsken oanfitere hat om mear to dwaen for de tael, dy ’t

spritsen wirdt yn hjar heitelân. Mar men scoe den dochs sa jerne witte

wolle, hwerom er alle mûlke war docht om ûnder de minsken neamd to

wirden, fen hwa ’t in lieder fen ús skriftenkennisse ris krekt

forklearre, det hja om ’e hoeken mei modder stean to smiten, om dêrnei

út to roppen: sjoch, ho bismodze it klaed fen ús skienne fryske sprake

is. Hwent elts, dy ’t efkes trochtinkt en him rekkenschip jowt fen de

tastân fen oare talen, wit tige skoan, det gjin inkelde folkssprake yn

staet is for elts nij bigryp in nije namme to finen; in wird as it

Hollânske „fiets” is sok in greate útsûndering, det de taelkindigen der

yet wol lang nocht oan hawwe scille; útfynsels yn it fornoegjend genre

„plakdinkie” komme ek yn ús tael yet by de rûs for, en elts dy ’t dit

ûntstride wol, jowt dermei oertsjûgjend biwiis, det er net foldwaende

thús is yn de libbene folkstael, wylst in wird as „vliegenier” hwerfen

de takomst yet ûnwis is, allinne yngong fine kin om ’t it bitocht waerd

troch de hearen fen de skriuwtael. Teikeneftich is, det men yn alle

talen by nije útfinings boarget by it Gryksk ef Latynsk, wol mei omdet

de namme den forsteanber wirdt for alle ûntwikkelen oer de hiele wrâld,

mar mear yet om ’t it nou ienris ûnmûlk for de sprekkers fen de tael

is, sels in feardige namme to finen. Fierders scoene men hjir wer de

bûtenwenstige skerpens biwûnderje kinne fen it taelkindich ynsjoch,

hwermei de Gaestmarder Hear him sa nuvere bliid makket, mar dat dochs

bliken jowt net bifetsje to kinnen det wy ienfâldich sizze „jirpel” ef

„pommetèr” al nei ’t de ljuwe oan’e oare ich fen ’e sé dat dogge, sadet

dit foarbyld, ynpleats fen in forkearde redenaesje ta to ljochtsjen,

dizze yet diziger makket. Om lykwol ús binlik oerdiel oer ’e

taelwittenskiplike skerpens fen ’e Gaestmarder Hear to biwarjen, wolle

wy mar oannimme, det dizze koarte útwreiding inkeld ûntstien is, omdet

de hear Hof sa danige graech sjên litte woe, det er ek al wist, hwet

„jirpel” yn ’t Frânsk is en yn dizze prizenswirde iver wol hwet tige

nuvers uterje, as wy den mar op ’e hichte kamen mei syn talekennisse.—

Do ’t Ingelân dizze striid bigoun, hwerfen it sels forwachtsje koe det

er swier en pynlik wirde moast, waerd der fen ien fen de ministers in

nommel en treflik wird sein, dat it hiele lân om syn stoere ienfâld en

hege libbenswizens lang oare oandwaen scil; de utering wier dizze:

„Lokkich meije wy ús priizgje, det ús bilangen en ús frjeonskip beide

de selde side kieze”—hwent oars is der strange striid twisken dizze

twa, ljeafde en it eigen biderf. Mei men it lytse lykje by it greate,

litte wy den bliken dwaen dit wird forstien to hawwen, troch mei rie en

die ús ûntwikkelingskinst oan to moedigjen, om sa it fryske folts wer

for lange tiden trou strider to meitsjen for syn tael, troch it yn syn

biwende lûden de geastelike stipe to jaen, hwerom it freget. Dit kin

lykwol net mei genôch klam sein wirde, det eltse partij-opfetting fier

fen sok in kinst bliuwe moat en gjin inkelde kear in skriuwer fen eigen

bline biwûndering laet, eat uterje, dat ek mar de skyn hat fen somlike

steatkindige bigjinsels ôfkarre ef oanpriizgje to wollen; ommers yn ús

fryske letterkinde, hwer dochs al in striid geande is twisken

opfettings hwerfen men earder it oanboazjen as de frede to wachtsjen

hat, kin en mei net in twade oarloch ûntstean, dy ’t ûnder ûnginstige

omstânnichheden it moaiste en djûrste fen ús wirk to neate dwaen koe.

Fen in lyts en forsichtich bigjin scoe al greate oanfiterjende krêft

útgean: in koart-ienfâldich, sakelik en ûnpartidich, mar foarâl yn

goe-fryske wirden gearstâld ynlânsk en útlânsk oersjoch, hwerfor men ús

treflikste en rypste skriuwers oansiikje moat, scil biskôge wirde as in

blier ûnthjit, det einlings it Frysk hâlden wirdt for in folsleine tael

en it dos wol-fortsjinne eare jaen. En omdet ús skriuwers for it

greatste part bidaerde en ienfâldige minsken binne, dy ’t hjar troch de

bank net op ûnbigryplike wize uterje en yn hjar fielen jimmer frysk

bliuwe, mei men forwachtsje det de persoanlike kinst, dy ’t it Frysk in

moaije en soune letterkinde jaen kin, sadet ús tael den ek hjiryn lyk

stiet mei dy fen oare lânnen, en de ûntwikkelingskinst, dy ’t yn steat

is wirden to sizzen, hwernei de Friezen langje, sadet „hjar bilangen en

frjeonskip deselde side kieze” mear for ús sprake dwaen scil as allinne

de folkskinst, hwerûnder njonkenlytsen sels it folk fortreflik wirdt en

dy ’t ivich bisocht de persoanlike kinst it swijen op to lizzen.

En mocht der yet in tal minsken wêze, to slap en to toar om fen hwet

oars to genietsjen as fen folkskinst, en dat men dochs net for ús tael

forlern gean litte woe: woloan, hawwe wy al gjin folkskinst genôch yn

de „Rimen en Teltsjes” en de wirken fen W. Dykstra? Mar elts nij stik

yn dit kinstsoarte scil wêze in nij stik modder, keild nei it klaed fen

ús sprake en in húnjend wird, hjar mei opset sin tafoege.

Yet wol ik in wirdmennich sizze oan de jonge fryske skriuwers, dy ’t

allicht foarljochte troch tsjoede rie hjar fine lieten de wei fen de

folkskinst to bitraepjen, hwerop lyk hja gewoan binne to sizzen, ek

Walingom sok in tige namme makke en eare bihelle. Jong binne jim’, lyk

as ik en dêrom myn frjeonen; sa sjoch ik den ek kâns it folgjende to

sizzen yn rêstige en frjeonskiplike wirden. Wêz der dochs wol fen

oertsjûge, det it de geast fen de forneamde skriuwer net is, dy ’t

jimme miene to fordigenjen troch jim’ oan to sluten by hjar, dy ’t syn

namme misbrûkend om sels plak to finen for hjar nearzich-lyts wirk,

bisiikje de deade folkskinst in hâlding en uterlik to jaen, as wier hja

yet yn wêzen; hwent Waling Dykstra woe mei syn skriften hânnelje yn ’t

bilang fen folk en lân en tael, mar as jim’ noutiids bisiikje syn

skriuwtrant nei to folgjen, geane jim’ út fen in fordroege bigjinsel,

dat yn tsjinstriid is mei it wolwêzen fen tael en folk en lân. En

mochten jim’ fen bitinken wêze, det soks minder skele kin sa lang jim’

mar eare wirde as fryske skriuwers, den wol ik, hok in wearze ik fen

sa’n ûnderstelling haw, dochs der op wize, det yet fêster as in

rjochter boppe de warbere wolkens, der in ierdsk rjochter bistiet oer

uterings fen geastelik libben, dat syn strang oardiel sprekt, hwennear

men yen der net mear tsjin forsette kin: it rekkenskip freegjend

neiteam.

Meitsje jimme den net ta in libjende hún for hiel ús fryske tael, troch

rymkes en teltsjes to skriuwen, hweryn gjin fris-bloeijende fieling

hjar uteret; doch dos net as bijierre wyfkes, dy ’t witte det hjar ein

tichte by is en yn hwa ’t it libben noch krekt biwarre wirdt troch in

broeijend koaltsje en in kopke hite kofje; en skriuw gjin neare en

stroffelige kleilieten det it flesk sa djûr wirdt en mear as de drank

de pronk hjir kwea stiftet. Myn djûre fersen-meitsjende frjeonen! jim’

scille, bihalve goede, bêste rimelers, dochs ek jonge minsken wêze, dy

’t wol ris langje nei eat oars, as hjarren bean wirdt fen deistige

sleur, wol fieling hawwe for it lok fen it libben, en dy ’t net to lef

en ynbânnich binne om soks oprjocht en earlik to uterjen. Det jimme

moeike earne in hiele toarn as tsjinstfaem wenne hat, wol, soks hat

sûnder mis bilangrike wrâld-skiedkindige biteikenis, mar yn ús tael

lêze wy dêroer dochs ljeaver gjin houten rymkes; forhelje ús fen de

oandwanings, de meast inerlike, fen jimme moed, en fensels wirdt it

fers wol better. Hwent sikerwier, as jimme fierder gean yn sok in trant

to skriuwen as jimme dienen oant nou ta, den scil it bilang fen ús tael

ús twinge ta skerpe en ôfbrekkende kritiken, dy ’t for jimme net noflik

wêze scille to lêzen, allike min it for ús in ynlik geniet is, hjar to

skriuwen.

Gearfetsjende fine wy it folgjende:

1e. de folkskinst heart in wiid fjild to forliezen oan de persoanlike

kinst en hwet hjar bliuwt, ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering;

2e. de persoanlike kinst heart mear bioefene en krêftiger to wirden.

Men scil ynsjên, det beide is yn ’t bilang fen ús sprake, hwent howol

de persoanlike kinst oerwoun waerd, is hja net forslein, sadet mei

koarte tiden de striid tsjin de folkskinst dochs wer mei nije krêften

bigjinne scoe, fûleindiger yette den, omdet hja nou foar ’t forstân

krige hawwe, ho ’t de ien net bistean kin neist de oar. Lykwol is

striid twisken persoanlike kinst en ûntwikkeljende utering ûnmûlk,

omdet beide ljocht bringe wolle en forheging.—Yn dizze twa haedstikken

dielde ik mei: de oertsjûging fen de jong-fryske biweging yn

letterkindige saken.

De jongfryske biweging · 第 6 / 10 题