1o. det it ûnbinlik is de gefolgen fen de greate folkskinstoerwinning
to bistindigjen;
2o. det de persoanlike kinst wer heart to kommen yn ’t bisit fen al
hjar rjochten;
3o. det lykwol de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei.
Men mei wol betinke, det de tastân by it Frysk hiel oars is as by de
haedtalen, hwer men for ’t bihâld fen de sprake gjin soargen hoecht to
hawwen, op syn heechst tasjoen wirde moat, det de suverens fen tael net
to lijen had ûnder frjemde ynfloed en dos de folkskinst hielendal net
nedich is. En ek wy scoene hjar net fen neden hawwe, as ús tael net sok
in swiere striid om hjar bistean út to fjochtsen hie mei it Hollânsk,
sadet wy reden hawwe to bislúten, det wylst de persoanlike kinst nea en
nearne ûntbrekke mei, as in sprake der op stiet for folslein oansjoen
to wirden, de folkskinst ûnder ginstige omstânnichheden tige skoan mist
wirde kin en det men de earste neame mei ivich-bliuwend, de twadde
lykwol mar tidelik, det dos
4o. de folkskinst minderwirdich is oan de persoanlike kinst.
Biskôgje wy dizze fjouwer wierheden, lyk as ik dy hopelik foldwaende
biwiiz’ge haw, yn it ljocht fen ús frysk-letterkindige skiednis, dy ’t
hjir boppe yn tige algemiene wirden bispritsen waerd, den bifine wy
det, howol de trije earsten hielendal oerien komme mei de geast, dy ’t
yn dizze skiednis hearsket, de fjirde, ho nuver it ek liket, frijwol
nij is, sa det men oannimme mei, det hjirtroch hiel oare tastânnen
berne wirde. Dit is den ek wezentlik it gefal.
Ta bislút fen dit haedstik wol ik yet oer myn twa earste stellingen, dy
’t hjirop delkomme det de folkskinst oan ynfloed biheart to forliezen
en as gefolch dêrfen de persoanlike yn krêften to winnen, in pear
opmerkings meitsje, dy ’t al kin ik der net oer útwreidzje, dochs net
oerslein wirde meije.
Men scil ynsjên det de forhâlding twisken dizze twa bigjinsels net
wirdt lyk hja heart to wêzen, as men út skrutelens der tsjin oan sjocht
om dizze saek biret oan to fetsjen, alles oan de takomst oerlittend yn
moedleaze miening, det it dochs fensels wol torjochte komme scil. Hwet
easke wirdt fen elts, dy ’t ljeafde fielt for ús tael en net sjên wol,
det wy skielk, as wy bigjinne to bisiikjen yn Hollân bilangstelling for
en binlik oardiel oer ús saek to krijen, en lyk as wy fen doel binne,
in birop dogge op de Ingelske taelkindigen, faeks op it hiele ingelske
folts, om net ûnforskillich oan to sjên, det in sistersprake forlern
giet, hweryn in stamme petearret, dy yet krêftich fielt for hjar greate
broerren oan de oare ich fen de Noardsé, in rampsillich stilswijen
biwarje moatte, as men ús freget eft us tael al dy moeite en ynspanning
wol wirdich is, kin allinne dit wêze: mei to wirkjen, det ús
persoanlike kinst wer de troane bikliuwe kin, dy ’t hjar neffens de rin
fen hiel ús letterkindige skiednis takomt, de persoanlike kinst, mar
den lottere troch hjar striid en krêftiger, gelegenheit kriget hjar wer
sa to ûntwikkeljen, det hja wirk ta stân bringt fen ivich-bliuwende
wirdij.
Dit heart ús doel to wêzen—en wy, jonge Friezen dy ’t fiele en witte,
det der hwet souns yn ús libbet, dat ho machtleas syn utering noutiids
sims yet wêze mei, dochs nei in stikmannich jierren sa taninime scil yn
bloei-krêft, det ús wirk to wirdearjen wêze scil en to genietsjen—wy
sjogge roun nei in fikse, warbere stipe, dy ’t ús oanmoedigjend seit
fierder to gean as wy wirk leverje, dat ús tael gjin skande docht, en
as wy omtoarkje yn fortretlike dize, ús wiist in ljochte wei. Mar
alderearst wier nedich in gelegenheit, hwer ’t wy ús ynlikste fielen,
mei it den ek wêze yn ’t earst yn faek ûnfolsleine foarm, frij
útsprekke koenen, en moast men ús binimme de twang ûnderhearrich om
romte to forsiikjen yn in blêd, hweryn wy ús net thúsfiele en dat,
prieljend mei in findel hweryn forneamde mannen en nommele skriuwers
hjar bliuwende namme opnimme lieten, deroan ûntrou waerd en syn gammel
bistean fierder libbet as in hún en mislediging for ús tael.
De greatste tsjinst, dy ’t it Selskip for fryske _tael_ en
_skriftenkennisse_ de twa saken, hwerfor it him, nei ’t syn namme seit,
to skoar set, noutiids biwiizgje koe, wier op myn forsiik to bisluten
ta útjefte fen in Wykblêd, en dit net by in ienfâldich bislút to
litten, mar nou einlings en to ’n lêsten ris moedich troch to setten,
mei „Sljucht en Rjucht” en dêrtroch de dekadinte
Halbertsma-Dykstra-skoalle de liedende posysje to binimmen.