II.

Neidet ik yn myn earste haedstik, dat inkeld as ynlieding neamd en

biskôge wirde wol, biwiizge haw, det like goed de omstânnichheden op

steatkindich-stoffelik as op letterkindich-geastelik gebiet in nije

oplibbing rjochtfirdigje, al jow ik foartdalik ta, det in biweging, dy

’t sokke bilangrike herfoarmings fordigenet, striid to weech bringe

moat mei de mol-bline bihâldende partij, is my nou meiien de wei

oanwiisd, dy ’t ik yn de neikommende haedstikken yn to slaen hawwe

scil: ho fortretlik my it wird ek yn de earen klinkt, ik scil nou it

program útwirkje moatte, dat wy ús tinke, it teffens taljochtsjend,

hwer it bliken docht det soks nedich is, troch teikenjende

bisûnderheden. De folkskinst-saek glimket my minlik ta, en om ’t ik

njonkenlytsen foar ’t forstân bigjin to krijen det it foarâl dizze

kwesje is, dy ’t in hopen kwea stiftet yn ús tael,—miskien wol mei,

omdet út eangstme for de geast fen ’e heech-forneamde Omkes, eigentlik

yet nimmen him sa dúdlik en iepen utere hat, det wy krigen in

forhâlding fen bigjinsel neist, ef earder tsjin bigjinsel, ynpleats fen

in ûnwis, op falske forearing en biwûndering rêstend gesach boppe in

stúnjend, ûndúdlik, protteljend forset,—mien ik hjirmei bigjinne to

moatten.

Ik liz der klam op, det yn it neikommende de sizwizen „folkskinst” en

„persoanlike kinst” troch my yn in hwet oare bitsjutting brûkt wirde

scille, as troch de bank deroan jown wirdt, en det men dizze ûnderskate

bigripen ljeaver net troch eltsoar helje moat. Ta dizze lytse wiziging

yn de biteikenis wird ik wol twongen, omdet ik oars jimmerwer yn pleats

fen dizze maklik-koarte sizwizen forklearrings to jaen hie fen in pear

rigels lang.

Under _folkskinst_ forstean ik den yn dit forbân: de kinst, lyk as

dizze fen skriuwers levere wirdt, dy ’t yn ’t earste plak by hjar sels

freegje, hokker ynfloed hjar wirk op it hiele folk hawwe moat, en nei

dizze frage biandere to hawwen, mei opset sin hjar skriften sa skriuwe,

det nei minskelike birekkening de ynfloed op de folkslêzers tichte komt

by de útwirking, dy ’t men winsket. De folkskinstner nimt dos

opsettelik de skriuwtrant oan, dy tsjinstich is om syn wirk sa bikend

mûlk to meitsjen, hy mei dit den dwaen út lytsgeastige earsucht ef om

’t er oertsjûge is, det er in wiere en suvere saek tsjinnet, hwerfor

folle oanhing nedich liket. Under folkskinst forstean ik hjir dos net

de kinst dy ’t opklinkt út it hert fen it folk sels.

En oard mien ik, as ik de sizwize _persoanlike kinst_ brûk, de kinst dy

’t ûntstiet út ynlik-waerme, wier-twingende fieling, hwerby de kinstner

allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet

neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide,

sûnder det op ’t egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan

ynfloed op bûtensteanders. De persoanlike kinstner giet dos út fen de

opfetting det syn kinst yn ’t earste plak fen bilang wêze wol for de

kinde fen it minskelik wêzen, en is fen bitinken, det sûnder de

uteringswize to forleegjen en to forknoeijen, syn kinst dochs birikke

scil de ljuwe, dy ’t er birikke wol, to sizzen: de minsken, dy ’t mei

him yn ûntwikkeling en oanliz lyk steane ef dêrnei streevje. In

persoanlik kinstner kin dos like folle, ja mear ynfloed útoefenje op in

hiel folts as de folkskinstner, as hy fielt en tinkt lyk as de geast

fen it hiele folts dat docht.

Dizze twa opfettings binne fensels fjouwerkant mei eltsoar yn striid;

men kin dy beide hearskers net tagelyk tsjinje. Ear ’t de jong-fryske

biweging hjar yn dit wirkje for ien fen beiden oppenearret, wolle wy

efkes neigean ho ’t dizze striid yn de fryske letterkinde roun is, al

scil sok in biskôging miskien hwet oan ’e bûtenkant bliuwe moatte,

omdet it bistek fen dit boekje in wiidweidige en djippe bihânneling net

talit; hjir kin dat punt allinne by de meast forneamden fen ús

skriuwers ûndersocht wirde.

Ik rekkenje nou de skiednis fen ús letterkinde to bigjinnen yn de tiid

det Gysbert Japiks de moed fynt, yn in tael, dy ’t men oan syn dagen ta

biskôge hie as in wylde sprake, hweryn gjin taelkindige rigels en

wetten to bikennen wierne en dy ’t algemien neamd waerd as in

boerich-rûch dialekt, de forklanking fen syn ynlikst fielen en syn

suverst tinken to bisiikjen. Ommers de wetten, lânsrjochten, kroniken,

testaminten ensf. dy ’t yet ta it Ald-Frysk bihearre, hawwe foarsiker

rike wirdij for de ûntwikkelingsrin for ús tael, mar sels de dreechste

learde yn dizze skriften scil hopelik wol tajaen, det, mei de naïve,

bernlike foarm eat hawwe, dat ús oanlûkt, dochs fen letterkindige

wearde yn dit sakenwirk mar in bytsje to bikennen is. En dit kin like

min tsjinspritsen wirde, det de Rymlerije fen Gysbert Japiks, ho folle

moeite letter ek fryske folksmannen dien hawwe hjar lêzers wiis to

meitsjen det dizze suverste fen ús dichters, hwaens wirk fortsjinnet

neist dat fen Hooft neamd to wirden, eigentlik mar in tige gewoan

folksrimeler wier—okkerdeis krige ik yet in boekje fen W. Dykstra yn

hânnen, dat miskien in lytse blomlêzing forbylde moast en der ’t dizze

it yn bistien hie, stikken út de Rymlerije ôfprintsje to litten neist

minderwirdich wirk fen saneamde dichters, dy ’t nou lokkich frijwol

forgetten binne—wol wis in samling is fen fersen, for in diel ûntstien

omdet se sa opklonken yn it moed fen de dichter, en for in diel skreaun

út ljeafde for de tael. Der kin gjin twivel bistean ef Gysbert Japiks

scoe, as ien him forsocht hie bigrypliker to skriuwen, om fen mear

deistige lêzers fette wirde to kinnen, dit field hawwe as in swiere

mislediging for syn kinst; honear hy somlike minsken haegje woe mei syn

wirk—ik tink oan in man as S. A. Gabbema—den wiernen it jimmer ljuwe,

dy ’t mei him lyk stienen yn ûntwikkeling en djipte fen fielen, ef fen

hwa ’t de dichter alteast miende, det soks it gefal wier. Syn dichten

binne inkeld „út ljeafde for de tael ûndernommen” en nearne docht it

bliken, det de skriuwer sels in oansjênlik tal lêzers forwachtet; yn

dat gefal hie syn skriuwtrant hiel oars wêze moatten, hast hie ik sein:

hie Gysbert Japiks gjin dichter wêze kinnen. Hwet Starter oanbilanget,

miskien det men fen dizze mei rjocht sizze kin, det er by it skriuwen

fen syn wirk in dúdlik byld fen syn fryske lêzers foar eagen hawn hat,

en det men him dos biskildigje mei fen de folkskinst bioefene to

hawwen, al bliuwt it fensels ek mûlk—howol it myn miening net is—, det

Starter in lytse, machtleaze geast wier, dy ’t net better koe. Mar sels

as men oannimt, det it him ynmoed wier de folkskinst to forrykjen, den

scil men my dochs net ûntstride kinne, det dit in bigjin liket, dat wis

net folle goeds for de heech priizge folkskinst ûnthjit: Starter neist

Gysbert Japiks.

Oardel ieu folget, dy ’t wy rêstich ûnbispritsen litte kinne: de psalm

biriming fen Althuysen kin net biskôge wirde, om ’t in oersetting,

hwerby maklik eltse persoanlike opfetting op ’e eftergroun rekket, for

ús doel gjin wearde hat en de oare skriften út dizze tsjustere tiden

binne net bilangrikernôch om se hjir ien foar ien nei to gean.

De greate striid twisken persoanlike- en folkskinst bigjint mei foarse

krêft earst yn de XIXde ieu, in striid dy ’t foarâl ek hjirom ús

oandacht fortsjinnet, det ûnderskate foarmannen hjar net dúdlik

rekkenskip jowe fen de saek, dy ’t se fordigenje, sims hjar sels

tsjinsprekke, mei de mûle oare opfettings forkindigje as hwerfen hjar

dieden bliken dogge, om den wer hâldfêst to siikjen oan de miening, dy

’t hja oars al lang as forâldere ôfsward hiene. _Hjirtroch_ is de

tizeboel ûntstien, dy ’t men tsjinwirdich gewoanlik de skiednis fen de

fryske letterkinde yn de lêste hûndert jier neamt, det de machtige,

alles oerhearskjende frage: persoanlike kinst ef folkskinst? nea net yn

al syn krêft en suver dúdlik sjoen waerd, de lêzers net wisten hwet hja

oan de skriuwers hienen, somlike skriuwers der net efter komme koenen

hwet hja fen hjar broerren tinke moasten en om mei it nuverste to

bisluten, fierwei de measte skriuwers gjin klearrichheit krigen oer

hjar sels.[2]

[2] Men scil wiis dwaen mei foar eagen to hâlden, det as der yn it

folgjende in rju ginstige ynfloed taskreaun wirdt oan in dichter ef

proazaist, dit inkeld jildt yn forgeliking mei it algemien peil fen ús

skriftenkennisse, sûnder det ik dermei sizze wol, det er wearde hie

for de wiere, boppe folts en tael steande, kinst.

Dalik komme wy al to stean foar in frjemd en lêstich gefal, as wy

sjogge ho ’t de broerren Halbertsma, fen hwa wy om hjarren gjin skande

oan te dwaen, net oannimme meije det se hjar ynlikste fieling

útspritsen hawwe yn de skriften, letter samle yn de „Rimen en Teltsjes”

en dy ’t wol neamd wirde moatte as de lieders fen de folkskinst, faken,

miskien omdet dizze kinst hjar op ’en dûr net foldwaen koe, hjar witte

los to meitsjen fen it ivich en ûntreastelik tinken oan: ho ’t de

lêzers tsjinoer hjar skriften stean scille, om efkes in pear

persoanlike ferskes to skriuwen en den, as wiernen hja forheard en eang

oer dizze skriklike forhevenheit, hjar wer deltommelje to litten yn de

walchelike folkskinst-sompe. En binije kin it yen den net, det hjar

persoanlike kinst meastentiids sa breklik en ûnfolslein is, det de

namme _dichter_ hjar ûnmûlk jown wirde mei, as men alteast earlik

bliuwe wol, wylst hjar folkskinst, dy ’t men oars net bioardielje kin

as nei de útwirking op de lêzers, om net to praten fen goedens en

bêstens—hwent folkskinst easket oare wirdearringe—dochs ridlik sterk

liket to wêzen. Mar, hwet for ús it bilangrykst is: hwet is it doel fen

hjar bisiikjen, hwet stelle hja hjar foar to birikken mei hjar

folkskinst? „Gewoan-minskelike earsucht wier it, dy ’t hjar ta skriuwen

twong, en omdet hja eangen det hjar talinten for it Hollânsk to swak

wierne, namen hja it Frysk for kar, dat yet gjin greate letterkinde

hie, dy ’t de forstânnelike draechkrêft fen it folts net to boppe gyng,

sadet hja dêr aerdich fêst op biwûndering rekkenje koenen,” hear ik

tsjinwirdich faek sizzen; it is slim to wjerlizzen, mar dochs mien ik

groun to hawwen in oare opfetting as earliker en binliker to

fordigenjen: de Halberstma’s meije faek nearzige breklik skreaun hawwe,

it hat hjar oprjochte bidoeling west de yndodde ljeafde for hjar tael

by de Friezen wer wekker to meitsjen.

Mei der by de Halbertsma’s by riten twivel bistean, hokker wei hja

ynslaen woenen ta lok fen de fryske taelbloei, en greate forwûndering

hielendal to bigripen wêze, as in lêzer fen ús dagen nei min efte mear

misselik wirden to wêzen fen somlike flauwiteiten-steapelingen yn de

útdijde Lapekoer hommels komt to stean for in fers, hweryn dúdlik wirdt

det der bisocht is ynlike fieling to uterjen, hwet wol mislearje moast

omdet de oanbiddene folkskinst dochs in hwet forleegjende ynfloed liket

to hawwen, fêst en rêstich stiet der tsjinoer de persoan fen Harmen

Sytstra, op ien nei de greatste dichter yn hiel ús letterkinde en yn

safier wy neigean kinne ek it heechst steand as man fen krêftich

karakter, dichter fen ienfâldich-suvere fieling, dy ’t de earenamme

„strider” wiswier fortsjinnet, en wol for alle kommende tiden yn

Fryslân in noegjend foarbyld bliuwe scil. By him is twivel ûnmûlk: is

twivel net in oertsjûgjend biwiis fen swakkens? Syn ljeafde for de

tael, hwerfen hy de krêft en dos de bisibbens mei him sels trochfielt,

is sa great, det hy, dy ’t ek hjiryn de earste is, ta it ynsjoch komt,

det men allinne den yn útlânske kringen de binlike achting for ús

sprake krije scil, hwennear dizze biwiiz’ge hat lûden en wirden to

bisitten om de suverste fieling to forklankjen; dêrom is it, det hy der

net oan tinke kin folkskinst, dat is: greate-bernekinst to jaen en

sjongt hy hiel syn libben út, sûnder de humor, lyk as men it troch de

bank neamt, fen de Halbertsma’s, mar sims yn sokke forheven, earnstige

klanken, det wy, dy ’t mienden wiis to wêzen en wolwittend, fiele ús

lytsens en ûnwit. Oan de ljuwe fen ús tiden, dy ’t hjar net skamje yn

’t iepenbier to sizzen det hja for ús fryske kinst Dokterom mear fen

bilang achtsje as dizze forgetten dichter, doch ik it útstel yn it

Ingelsk ris oer to setten somlike Regine-sangen en de Lapekoer; om ’t

de dichterlike en bliuwende wearde fen in wirk nea net better oan ’t

ljocht komt as by oersettings, scoenen wy sûnder mis den fen sokken út

it lân oer ’e sé, dy ’t yn steat wiernen hjarren in suver oardiel to

foarmjen, in miening to hearren krije, dy ’t net bjuster ginstich wier

for de Halbertsma’s. En H. Sytstra is in tige persoanlik dichter.

Yn de rige fen de foarnaemste skriuwers heart de namme fen Tsjibbe

Gearts net forswein to wirden, de frjeon fen ús allegearre, dy ’t gâns

trefliker as de Halbertsma’s wist fen hokker aerd de humor is, dy ’t

sikerwier djip leit yn de fryske folkssiele. Hy, de dichterlike

proazeskriuwer en de proazayske dichter, dy’t fen it hiele libben in

tige eigen opfetting biwarret en al hwet bart en foroaret yn ’e wrâld

op bisûndere, op ’t each koartswilige, mar suvere wize sjocht en wit to

teikenjen, tinkt der al like min as syn frjeon Sytstra oer, de maklike,

sloppe folkskinst to bioefenjen;[3] docht it bliken, det syn skriften

de Friezen better oansteane, den is det allinne hjirút to forklearjen

det hy, dy ’t yn ûntwikkelens jimmer fier de mindere fen syn skerpe

frjeon bleau, troch dit brek forhindere weard sa heech boppe de

forstânskrêften fen it folts to rizen, as dizze yn steat wier to dwaen.

Oer alles, hwet him de moeite wirdich tinkt, seit hy iepen lyk in bern,

syn oprjochte miening, dy ’t faek yn ’t earst ús hwet bryk en nuver

taliket, mar dy ’t by earlike biskôging dochs hiel hwet wizer blykt to

wêzen as wy yn ’t bigjin wol leauwe woene; alles, hweroan hy niget hat,

forhellet hy op sa’n bliere, ljochte wize, det wy, swier-tillende

minsken fen de soargjende, oerweagjende en biskôgjende tweintichste

ieu, ús lichter en rommer to moed fiele, as wy wylst de hjerstrein

tikket tsjin skriemende finsters, wer bisletten hawwe syn samling „Ald

en Nij” ris nei to slaen, in wirk fen hiel hwet kinstiger en biskaefder

ynhâld as de faek rouwe „Rimen en Teltsjes”. En Tsjibbe Gearts is in

persoanlik-dichterlik skriuwer.

[3] Inkelde aerdige en krekte dingen, dêr ’t men wol jerne mear fen

witte woe, seit dizze skriuwer yn syn „In healûre yn ’e Skimerjoun”:

sj. Ald en Nij, dl. I, s. 82.

Neist him mei as oarspronkelik en puntich forheller-biskôger neamd

wirde de hear C. Wielsma, de iennichste humoristyske, ef hjir earder

koartswilige skriuwer, dy ’t ús oerbleaun is fen it alear sa greate

tal. It sterker ef swakker didaktysk karakter, dat it eigenaerdige,

sims sels it foarnaemste is yn syn measte stikken, scoe him al bilette

de folkskinst to bioefenjen, omdet dizze net folle romte jowt oan

persoanlike opfettings, ef hja moatte mei opset sin al sa forknoeid en

forwrongen wêze, det hja wierlik ynslagge omdet hja mei soarchfâldige

birekkening spritsen binne nei it herte fen it folts. Mar mei sok in

minderwirdige skriuwersrêdsumens is lokkich de hear Wielsma—yn safier

ik in eigen oardiel foarmje mei oer syn wirk, hwerfen it my moeit sizze

to moatten, det ik it net allegear lêzen haw, om ’t it my oant nou ta

ûnmûlk wier syn forsprate bydragen yn de Ljouwerter Krante machtich to

wirden—nea net to wirk gien; as man fen wier-heechsteand karakter hat

hy hwet „om him hinne” barde, dúdlik útteikene, faken efkes goedmienend

útlake en sims mei glimkjend antlit pript yn syn puntige wirden. De

foarm fen syn wirk mocht ienfâldich-bifettelik wêze, hwet maklik to

forklearjen is út syn eigen aerd, dat rjocht op it doel ôfgiet sûnder

in oermiettige opheapping fen wirden, dy ’t allinne it kleare minder

dúdlik meitsje,—foarâl de ynhâld, de geast fen syn stikken tsjûget

krêftigernôch fen in tige persoanlike libbensopfetting, om fêst to

stellen, det Wielsma persoanlike kinst joech.

En det persoanlike kinst, al hâldt se hjar nea op mei fyn-biskôgjend en

oerweagjend nei to gean eft hjar utering wol sterkernôch is _ef_ om de

lêzers oan ’t laitsjen _ef_ oan ’t trieneagjen to krijen, dochs greate

ynfloed hawwe kin op it geastelik fielen en de letterkindige

ûntwikkeling fen hiel in kinst-earm folk—fornoegjend forskynsel dit,

omdet men der aerdich wis út ôfliede mei, det yn lektuer de kliber like

goed opkliuwe kin nei de hichte fen de skriuwer, as de dichter him

forleegje ta de fieling fen it folk—dit wirdt wer oertsjûgjend

biwiiz’ge troch de treflike útwirking, dy ’t de Rispinge fen Piter

Jelles hie op de fryske lêzers. En grif jowt it moed oan de ljuwe, dy

’t de saek fen de persoanlike kinst fordigenje, det men fen dit wirk

nearne sizzen heard hat, det de ynhâld to dreech wier en de tinzen, yn

krêftige, sims foarse en sims stil-dreamende fersen forklanke, nea net

to heech gyngen for de fettingskrêft fen de lêzers; wis, it „Frysk

bloed, tsjoch op!” klinkt yette yn ear-forskûrrende meldijen oer ús

lege lânsdouwen, en folle oare sjongsume en stroffelige lieten steane

yet heech yn de achting fen ús lânsljuwe, mar men mei bitwivelje eft

der ûnder hiel dizze klanken-chaos ien sang is, dy ’t mei mear wijïng

en stille nocht songen wirdt as „Oan ’e kant fen ’e mar”, it fers dat

tagelyk—hege útsûndering ûnder de fryske poëzije fen de lêste tritich

jier—de meast strang-krityske bioardieling lokkich trochstean kin. For

it hiele fryske jongfolk, de ûnthjittende feinten binammen scil sûnder

twivel de Rispinge, just omdet dizze samling yn alles it krekte,

soarchfâldich-útwirke byld is fen in heech-minskelik fielingslibben,

bliuwe it hearlikste „confiteor”, de suverste forklanking fen in

krêftige libbensoertsjûging en de striid, nedich om dizze hichte to

birikken. By Piter Jelles merkbite wy fierders de treastlike

bisûnderheit, det, mei de folkskinst syn forleegjende ynfloed twingend

útoefenje hwennear in skriuwer, dy ’t hjar hildiget as it heechste,

bisiket for de aerdichheit ek ris in rymke to skriuwen, dat

wjerspegelet de oandwaning fen eigen moed, de persoanlike kinst, sels

hwennear de dichter fielt det it nedich wêze koe syn utering for in

egenblik yn safier gewelt oan to dwaen, det dizze de lêzer ienfâldiger

en bigrypliker yn de earen klinke scil, dochs yet oan dizze twongen

utering in haegjend en suver lûd wit mei to dielen. Ik wiis hjir op it

greate forskeel, dat yen opfalt as de skriuwer fen „Mostert nei de

Mieltiid” hommels bisiket him dichterlik to uterjen yn „de Blide

Bernkes” en as de dichter fen „de Striid om it Heechste” in fers

skriuwt as „de Priisfraech”, dat howol bidoeld as folksrym dochs bleaun

is in haechlik dicht. Wer reauntsje ik myn refrein: en Piter Jelles

bioefen’t de persoanlike dichtkinst.

In skriuwer dy ’t neamd wirde moat, net omdet hy de brede lagen fen it

folk wist to birikken, mar mear om de wier-dichterlike wearde fen syn

wirk, hweryn de stimmichste ienfâld syn doel liket to wêzen, is sûnder

twivel Dr. Schepers; ho ’t men der elts egenblik ek klam oplizze mei

det yn syn fersen greate technyske en taelkindige brekken foarkomme—ik

wol oannimme, det dizze ûnginstige miening net ûnder ynfloed fen

oerginst foarme is—dochs bliuwt it fêst, det syn dichten for de

letterkindige skiednis fen ús tael fen ’t measte bilang binne. Hwent hy

is it, dy ’t as men oardielje mei nei it foarwird yn syn „Gedichten” it

earst merkbyt, det in striid twisken folkskinst en persoanlike kinst

geande is, en mei it each dêrop de jonge skriuwers oanret, yn hjar wirk

hjar inerlikst fielen op suver-ienfâldige wize to uterjen; den, sa

liket it him ta, en ik moat my tige forsinne, ef syn miening is: _den

allinne_, scille wy in letterkinde krije, hwerop men greatsk wêze mei.

Hwerom ik persoanlik greate biwûndering haw for syn fersen en fen

bitinken bin, det dizze frij hwet mear wirdearringe fortsjinje, as men

hjar gewoanlik mei in heech-foarnaem glimke wol takenne wol, foreasket

in brede forklearring, hwerby ik oer forskate dingen útwreidzje moat,

en hwerfor yn dit wirkje dos gjin romte is. Ljuwe, dy ’t hjiryn bilang

stelle, fêstigje ik de oandacht op myn stúdzje „Dr. Schepers” yn de

opstelle-rige „Fryslâns dichters” dy ’t mei gauwens wol yn’e Ljouwerter

forskine scil; nou kin ik allinne as myn miening útsprekke, det

minsken, dy ’t genôch stúdzje makke hawwe fen de fryske skriften om in

binlik en rjochtfirdich oardiel oer dizze saek to uterjen, it

njonkenlytsen hjiroer dochs wol iens wirden binne, det dr. Schepers, ho

freeslik syn taelkindige sounen den ek wêze meije, as dichter wol wis

achte heart to wirden; wol mei de wrâld forwûndere wêze, det sels de

hear Hof—ik mien hjirmei fensels hielendal net to sizzen, det dizze

rjocht hat op de namme kritikus, yn de biteikenis fen bioardieler mei

de easken, dy ’t ik hjir boppe útspriek—it forbûke Fryslân meidield

hat, it hjirmei iens to wêzen! En nou ’t ik dos, út namme fen Fryslâns

bêste skriuwers, Dr. Schepers hjir wolfortsjinne hilde as dichter

bringe mei, scil nimmen it my ûntstride kinne, det ek hy ús persoanlike

dichtkinst joech.

Dizze koarte bisprekking fen somliken fen ús foarnaemste en meast to

wirdearjen skriuwers wol hielendal net oansjoen wirde for de meidieling

fen in folslein en wiidweidich ûndersiik, al jow ik ta det sok

soarchfâldich neigean tige bifoarderlik wêze scoe for de klearrichheit

oer ús letterkinde; as men lykwol de útkomsten, hjir boppe oantsjut,

neigiet, den kin it hast net oars ef men moat wol tige forwûndere wêze

to sjên, det de bêste fryske skriuwers hjar, op de Halberstma’s nei—fen

hwaens wirken de treflikens yn de lêste tiden wer danich yn kiif steld

wirdt, al forjit men dêrby neffens myn miening al to folle, det men

foarâl dizze skriuwers to bioardieljen hat yn ’t ljocht fen hjar

tiid—gjin fen allen bikeard hawwe ta it bigjinsel, det men yen yn sok

in trant uterje moat, det it greatste diel fen it fryske folts yn steat

is ek to fetsjen, hwet hja lêze. To nuverder liket den it forskynsel,

det de folkskinst, ho ’n bytsje den ek bioefene en ho skoudere fen de

trefliksten, sûnder det dizzen it meast yn wirden uteren, dochs it

biwiiz’gjend mei de die, to sizzen it skriuwen en dichtsjen fen

persoanlik kinst-wirk, op ’en dûr dochs net bilies hoechde to jaen, mar

it sels sa fier wist to bringen det hja net sûnder rjocht der op romje

koe, in folsleine oerwinning bihelle to hawwen. Ho dit to forklearjen?

Ik scil bisiikje de lêzer nou wer wei to lieden út de riedseleftige en

geheimige doalhôf, hweryn ik him moedwillich brocht haw, om to

meitsjen, det er, nou ’t er it ljocht in skoft net mear yn syn stoere

krêft field hat en dos der wer nei bigjint to langjen, de strielen en

hjar seine better wirdearje scil; mar mocht der immen in útgong sjên,

dy ’t hy oannimmeliker wit to meitsjen, wis, dy scil fen my net

oantaest wirde.

Om to bigjinnen mei men den in ridlik krêftige ynfloed oannimme fen de

toanielisten, skriuwers, dy ’t der wol op oanwiisd wiernen alteast hjar

stoffe sa to bihânneljen det it fierwei it greatste diel fen ús folk

net slim wêze scoe, hjar yn hjar utering to folgjen, hwermei ik lykwol

hielendal net sein haw, det dizze minsken hjar tinzen forlege hawwe en

de eigen fieling binommen oan hjar stikken, inkeld om dizze genietliker

to meitsjen for it greate folts. Mar howol it for de harkers sadwaende

minder maklik waerd yn selsfoarme miening, goede kinst fen

minderwirdige to ûnderskieden troch it forskeel yn uteringskrêft nei to

gean, dochs giet it net oan hjarren de skild fen de ûnsillige

folkskinst-oerwinning hielendal yn de skoen to skouwen.

It mei bikend wêze det yn eltse striid, op geastelik like goed as op

stoffelik gebiet, de measte skea oan in partij faken tabrocht wirdt,

net troch de fijân, mar fen minsken fen hwa ’t men forwachte hie, det

se neist yen stean scoene, dy ’t dit miskien ek wol miene to dwaen, mar

bliken jaende yens saek op sleauwe ef forkearde wizânsje to

fordigenjen, de fijân wolkomme gelegenheit jowe syn ljeafste

foarnimmens út to fieren. Sa gyng it ús persoanlike dichtkinst yn ’t

bigjin fen de XXste ieu do ’t hja, mienend in krêftich meistrider yn to

heljen, fen hwaens wirk men folle fortuten forwachte, yn it tal fen

hjar fordigeners taliet in man, dy ’t op sok in nuvere wize mei syn

sjittersark omgyng, det forskate fen de wolmienende minsken, dy ’t him

sa minlik oanglimke hiene, swier woune waerden, sûnder mear út to finen

hwa ’t de pylk op hjar ôfsketten hie. It wirk fen de oer it hynsder,

ja, ta de stjerren tilde rimeler Jan fen ’e Gaestmar hat—binammen

Klankboarne en Drankjes—ús fryske tael-biweging sok in pynlike skea

dien, det wy hoopje det hy hjir op ierde yet lang tahâlde mei, fordet

er, foar nei de ivige ôfgroun fen it forjit forstaet to wirden, yet

gelegenheit krije scil goed to meitsjen, hwet er sa grouwelich fordoarn

hat. Ik neam hjir mei de measte klam Jan fen ’e Gaestmar in rimeler, en

men wit det ik dizze kwaliflkaesje nea net mei de namme dichter forsin;

mocht immen, dy ’t dit kritysk oardiel lêst, achtsje det it nedich is

hwet ik yn ’t iepenbier sein haw, teffens yn ’t iepenbier to

biwiiz’gjen, ik noegje him minlik út my dit bitinken meidiele to

wollen, en ik scil hem net in moanne op biwiis wachtsje litte[4] for

myn sizzen, det yn hiel de Klankboarne, miskien ien inkeld fers

útsûndere, gjin dichten to bikennen binne hweryn in suver-fielende

siele sjongt; mar wol rymstikken dy ’t deselde yndruk meitsje as in

neargeastich geramt, dêr ’t men om derfor to soargjen, det in

maklik-oandien minske gjin to felle skrik krijt, in tweintich-ieusk

kostuem om hongen hat. It brûken fen in hopen forâldere wirden, dy ’t

op ús gjin oare yndruk mear meitsje, as det se ús kinstich socht, net

oprjocht en deadsk talykje, brocht, lyk as to forklearjen is, in great

diel fen tinkend Fryslân yn opstân en hie ta gefolch, det forskate

minsken, dy ’t gjin klear ynsjoch yn de saek hiene, tochten det

persoanlike kinst út hjar sels ûnbigryplik wêze moast en for de fryske

sprake dos mear lok to wachtsjen wier fen folkskinst, wylst ljuwe dy ’t

yn steat wierne to bigripen, ho’n bytsje wiere fieling to finen wier yn

dizze opheappings fen rou-klinkende rombom, hjar wer bikearden ta hjar

âlde opfetting, det it Frysk minderwirdige boustoffe wier for poëzije

en allinne brûkt wirde koe for koartswyl en humor fen fortocht soarte.

Sa jerne scoe ik mei oaren leauwe wolle, det Jan fen ’e Gaestmar

noutiids sels ek ynseach, hok in jeugdsoune syn Klankboarne is, mar my

tinkt det út somlike plakken fen syn lêste skriften ôflaet wirde mei ho

’t er sels yet fen bitinken bliuwt, det dizze samling him forgoed plak

jowt ûnder de greatste fryske dichters. Mei de hear Wumkes winskje wy

him net mear op it stikelfjild fen de taelwittenskip oan ’t skarreljen

to sjên (men forhellet, det er it tsjinwirdich oerjown hat, him der in

paed op to meitsjen, mar ’t om ’t it syn hillichste ljeafde liket to

wêzen, hwerfen er, ho húnsk ek bihânnele, dochs gjin ôfskie nimme kin,

der kronkeljende hoalen yn graeft), dôch like min is it ús in swiid

geniet, him to finen op de glêdde iisflier der poëzije, hwer ’t er

sokke nuvere sprongen en evolúsjes makket, det wy, wend ús

minskeljeafde lang to biwarjen, tûzen noeden útstean det er yet ris in

skonk brekke scil. Us ljeafste winsk is, út syn mûle yette de

forklearring to hearren, det er fen nijs oan bigjinne scoe en nou

ienfâldige lietkes skriuwe, hweryn neat foarkomt, dat liket op in

opsettelike miette-foroaring, om in stjerrende kening prate to litten

yn hexameters-mei-foarslach, rigels dy ’t in soun minske sels hast net

útbringe kin; wy fen ús kant wolle den ûnthjitte, ús oardiel yn ’t

earst net op ûnnedich strange wize to uterjen.

[4] Sûnt ik dit skreau, waerd de saek yet hiel hwet ienfâldiger, om ’t

ik nou forwize kin nei myn artikels oer it wirk fen Jan fen ’e

Gaestmar, dy ’t yn ’e Sneinsblêdden fen ’e Ljouwter Krante fen 27

Maert, 24 April, 5 Juny en 3 July dit jier (1915) plak foun hawwe.

En dochs: sels troch de skriuwerij fen de kinst-earme Gaestmarder Hear

is de forwûnderjende oerwinning fen de folkskinst net to forklearjen;

dêrfor moat ik de namme neame, dy’t eltsenien al lang forwachte hie yn

myn koarte biskôging oer de foarnaemste fryske skriuwers: Waling

Dykstra. It gefal fen dizze forneamde forheller en taelkindige is wol

sa bûtenwenstich, det it de moeite leannet der efkes langer by to

toevjen.

Men mei oannimme det de jonge Dykstra, do ’t er him yet net ûntwikkele

hie op de net ûnfortsjinstlike wize, dy ’t wy letter yn him earje

moatte, yn it bigjin fen syn skriuwen, do ’t er sûnder twivel tige

ûnder ynfloed stie fen de Lapekoer, net yn steat wier eat oars to

leverjen as kinst, dy troch it greate folk, hwerfen er do sels yet diel

útmakke, sûnder ynspanning to fetsjen en to folgjen wier. Lykwol stiet

it fêst, det er yn letter dagen, do ’t er him dochs wol hwet kinde

forgearre hawwe scil oer treflike skriften, ek fen oare folken, do ’t

fierders syn uterjen tanimme moast yn krêft en biteikenis, en hy de

djippe fieling yn de dichten fen H. Sytstra wirdearjen learde, faken

bisocht hawwe moat, wirk to skriuwen fen mear geastlike biteikenis,

fersen dy tsûgen fen suverder fielen. Syn earste stikjes wiernen, hwet

boppe fen my neamd is persoanlike kinst; dos moast men wol forwachtsje,

det do ’t de persoan him ûntwikkele en syn tinken tanaem yn djipte, dit

ek to merkbiten wêze scoe oan syn wirk, sadet dit, it mocht den

fierders maklik for it folk to fetsjen wêze ef net, bliuwe scoe de

wjerspegeling fen syn eigen fielen, sûnder det er fierders in dúdlike

foarstelling hie fen de yndruk, dy ’t it op de ûnderskate lêzers

meitsje moast. Dochs is dit net bard; yn letter tiden hat Dykstra him

jimmerwer forklearre for de folkskinst, jimmer herhelle det men sa

skriuwe moast, det de measte lêzers net to bek skrilje koene for

lêstige uteringswizen, en sels it foarbyld jown. Wol komt de minske

Dykstra dúdliker út as hy teltsjes skriuwt dy tsjinstich wêze moatte om

de reformearde opfettings bilachelik to meitsjen, mar dochs, hok in

wiid forskeel mei de didaktikus Wielsma! Wylst de lêste syn snedige

setten al op ’t pompier hat ear ’t er him der sels rekkenskip fen jowt,

sels earst glimket om syn wirden, sûnder to wachtsjen op it laitsjen

fen oaren, waerd der—it docht bliken oan alles—fen Dykstra earst frege:

scil it sa ynslaen, de yndruk meibringe, dy ’t ik meitse wol? In

treflik biwiis hjirfor fynt men, as men de opgong fen de skriften fen

Dykstra ris forgeliket by de bidêste, mar dêrom net minder

oprjocht-miende hilde oan de Grouster master tawijd for syn bizige

wirkjes; en dochs is dit net to forklearjen mei to sizzen, det dit sa

kaem, om ’t Dykstra folle mear skreau—hwent neidet hy safolle skreaun

hie as master Wielsma oant nou ta, wier syn ynfloed by de Friezen al

gâns greater—noch jowt men der in goede útliz oan, as men úthâldt, det

it talint fen Dykstra greater wier—ommers troch net ien kin soks sein

wirde, dy ’t stúdzje makke fen beide ljuwe’ wirken—en likemin mei as

wier oannomd wirde, det it _sin_ fen Dykstra frysker bleaun wier as det

fen Wielsma, noch det de ûntwikkeling fen Dykstra minder wier as dy fen

Wielsma, sadet de skriften fen de lêsten as fensels minder maklik to

folgjen wiernen; de iennichste forklearing kin wêze, det de Holwerter

him sels twong to skriuwen lyk as it folk det it ljeafst hearde, wylst

de Grouster skreau om glimkje to kinnen en sels ta klearder ynsjoch to

kommen.

En wer freegje ik, lyk as by de Halbertsma’s, hwet dochs wol de reden

for Dykstra wier om de folkskinst to bioefenjen, en faeks seit nou wol

nimmen: om persoanlike earsucht, hwent dizze skriuwer bleau altyd in

wier stânfries, fij fen alle persoans oanbidding (tinkt der

tsjinwirdich den nimmen oan, det in tinkstien, lyk as men fen doel is

for him op to rjochtsjen, hielendal yngiet tsjin de geast fen dizze

skriuwer, ef hat men for syn inerlikst wêzen alle earbied forlern?);

mar ien andert is hjir mûlk: hy skreau wiswier lyk it folk it ljeafst

seach, om folle frjeonen to biwarjen for de tael; syn doel wier lyk as

ik langlêsten earne dúdlik en ienfâldich wier lies: it Frysk to

meitsjen ta folkseigendom. Troch _syn_ ynfloed bihelle de folkskinst

sok in forbjusterjende, howol net bliuwende, oerwinning.

Gearfetsjende bifine wy, det alle skriuwers dy ’t yn ús letterkinde fen

great bilang binne, hjar forklearre hawwe for de persoanlike kinst,

wier it net altyd yn dúdlike wirden, dy ’t gjin twivel oerlieten, den

dochs mei de die, útnommen allinne de Halbertsma’s en Waling Dykstra,

dy ’t de folkskinst bioefenen út ljeafde for de tael, hwerfor men wol

in wird fen wirdearring oer hawwe mei, as men bitinkt ho ’t derfor faek

nedich is de hillichste en ljeafste eigen fieling oan kant to skouwen.

Yn de hiele njoggentjinde ieu hawwe wy neist elkoar hawn dizze beide

bigjinsels, hwerfen men ek nou en letter ûnmûlk ien fen beiden

foartbanne kin, sûnder de tael sels greate skea to dwaen. _Hwent troch

de folkskinst wei to reagjen scil de tael gjin folkseigendom bliuwe

kinne, en hja scil net mei eare neist hjar sisters neamd wirde kinne,

as men it persoanlik uterjen tsjingiet._

De jongfryske biweging · 第 4 / 10 题