I.

By it bigjin fen dit wirkje, dat troch earlik en frijmoedich utering to

jaen oan itjinge tsjinwirdich omgiet yn herte en forstân fen ’e

moedichsten ûnder ús jonge, opbloeijende fryske skriuwers, meiwirkje

wol om it safier to bringen, det ús letterkinde, dat is: de

wjerspegeling fen ús fielen en tinken, mei eare, sûnder meilydsum

glimke alteast, neamd wirdt neist dy fen oare, mei it den ek wêze

machtiger en talriker foltsen, binammen neist dy fen Hollân—dit ommers

stiet wol fêst, det ús sprake foar alles to soargjen hat hwet folmakke

uteringswize en kleurich wirdebrûkme oanbilanget net minderwirdich to

wêzen oan hjar gefaerlikste sister—bin ik wol tige binijd nei it

oardiel, det oer myn uterings fen ’e measte lêzers útspritsen wirde

scil, en de ynfloed dos, dy ’t dit wirkje hawwe kin op ús

skriftenkennisse en taelstriid.

De soargeleazens for ús tael, dochs in geastelik goed fen it heechste

wicht, dy ’t men mismoedich sa faken merkbyt by ’t fryske folts, is

foarâl hjirtroch ûntstien det de fryske foarmannen, eang det hja

twongen wirde scoenen ta to jaen, det hjar wolmienende lieding sûnder

geastdrift en dertroch earm oan fortuten west hie, der nea net ta gear

komme koenen, hjar lânsljuwe earlik yn to ljochtsjen oer de wezentlike,

ridlik ûnbihaechlike tastân. Mar om ’t it ûndwâenlik is in syktme to

genêzen, sa lang men syn bistean ûntstriidt en dochs al dalik de

soargeleazens, hwerop ik niis-krektsa doelde, in blyk is fen in net

soune en geve stân fen-saken, scil yn dit wirkje it foarbyld fen

ûnoprjochtens net neifolge wirde, en wol ik ynliker klam, as men oant

nou ta wend wier, lizze op ’e gefaren dy ’t ús sprake bidriigje, om den

nei to gean, ho ’t men dy it bêst hjar slimme macht ûntnimme kin.

Fensels sprekt it, det ik allinnich troch dit to dwaen, al faek yn

tsjinstriid komme moat mei de wichtichste uterings fen somlike fryske

foarmannen, dy ’t, ynsjênd det de tastân fen ús tael earnstich wier,

mar dochs fen bitinken, det it winskelik like dit to’n earsten mar hwet

stil to hâlden, om ’t oars it biswier, det hiel ús streevjen omdôch

wier, him ringen wer hearre litte scoe, frijichheit founen jimmerwer

fleurige teltsjes to dwaen oer ’e takomst fen ús tael. Net minder scil

ik der op wize moatte, det wylst somliken fen ús taelstriid-lieders,

binammen de konservative ljuwe fen it Haedbestjûr fen it greate

Selskip, it altiden bjuster drok hawwe mei to dwaen, eft hja tige

warber wiernen, yn ’e lêste jierren, wylst de tastân súntsjeswei al

earnstiger en gammeler wirdt, noch eat fen bilang ta stân kaem troch in

moedich oanpakken fen selskipswegen, noch der oars eat barde, dat hwet

brûksume krêft oan ús sprake tafoege.

Hwennear in krêftich lân, ryk oan warbere biwenners, him mei sok in

forbjusterjende rêddens bigjint to ûntwikkeljen, det oare steaten,

mânsk fen groeikrêft mar mei lytser tal boargers, der minder nochlike

ynfloed fen bigjinne to ûnderfinen, om ’t it earste war docht de

grinzen fierder út to lizzen, sadet syn bûrlânnen ôftakje yn

bitsjutting, den kin der wis gjin twivel bistean, ef in

frjeonskipsforhâlding wirdt op ’en dûr twisken hjarren ûnmûlk. Wol ek

in krêftige tael winne oan gebiet en moat dertroch in sistersprake in

diel fen syn fjild ôfstean, wylst op it oerbliuwend diel de ynfloed fen

’e oare jimmer klearder en pynliker wirdt, wis hat men den rjocht, ho

stikum en geheimich sok in striid tagean mei, to sizzen det sokke talen

yn hjar ynlikst wêzen fijânnich jin eltsoar oer steane en scoe it al in

tige nuver stypjen fen ’e bidrige tael hjitte moatte, de miening yet to

fordigenjen, det fen in gefaer gjin praet wêze kin. Om ’t nou soks wis

it gefal is twisken Frysk en Hollânsk en men forwachtsje mei, det it

fryske folts, wirdt der mar ienris earnstich op wiisd, fiele scil det

it syn plicht is him to meitsjen ta fordigener fen ’e eigen tael, kin

inkeld dit de konsekwinsje wêze fen it fjochtsjen for ’e fryske saek,

det wy mei ús lânsljue bisiikje scille, ús tael al hjar rjochten werom

to jaen, om der brûkme fen to meitsjen yn safier dit oerienkomt mei it

deistich praktysk libben.

Dit is it suver doel fen ús taelstriid. Hwet nou de fryske

skriftenkennisse oanbilanget, dy ’t as gefolch fen lange jierren fen

fortretlike forsloffing sa earmtlik waerd, dat eltse Fries mei fieling

for syn tael him deroer skamje moat, ek hjir liket it ridlik-ienfâldich

to kommen ta it wyt fen eltse letterkinde: in suvere kinst, dy ’t yn

steat is de eare fen ús tael heech to hâlden en de

geastelik-heechststeanden ûnder ús lânsljuwe bringt ta meifielen en

wirdearringe. Om ’t wy wol nea net brek hienen oan skriuwers mei wier

en suver talint, en foarâl noutiids net, lyk as men foartdalik bifine

scil, kinne wy ús lokkich priizgje om it bisit fen in goede

skriftenkennisse, sadré wy bislute ús dichters en proazeskriuwers de

meast folsleine uterings-frijdom ta to stean, dy ’t in skriuwer fen

neden hat om suver, lyk him dat sels it bêst haget en lyk as hy de

ljeaflikste harmonije fielt twisken syn tinzen en syn utering, syn

fieling to forklankjen. In skriftenkennisse dy twongen wirdt ta in

folgjen-út-âlderwenst, sadet hjar dichters inkeld den wirdearringe fine

scille, honear hja, eang fen ûnbikendens, derta bislute eigen utering

en faek sels eigen fieling to fordraeijen, scil in ivige en hounske

mislediging bliuwe for de greate kinst, hwerfen hja in diel útmakket.

De bêste tsjinsten oan ús tael scil dos sûnder twivel hy biwiizgje, dy

’t de konsekwinsjes fen syn bigjinsels oandoar en dy ’t, fordigenjend

de rjochten fen syn eigen sprake en de ynfloed fen it Hollânsk

bistridend, sels net skrutel wirdt as er bifynt det ek de Hollanders

bisiikje mei earlike en ûnearlike middels de grinzen fen hjar

taelgebiet út to lizzen, mar ek hjarren moedich tomjitte giet. It

treflikst as letterkindige is yn ús tael like goed as rounom oars hwa

’t syn fieling, sûnder rekkenskip to hâlden mei ynfloeden fen ’e wrâld

om him hinne, sa suver uteret, det de harmonije twisken foarm en ynhâld

folslein wirdt.

It krêftichst scoe nou de taelstriid tsjinne wirde, as de Friezen

bislute koenen neist inoar to fjochtsjen, net for it bihâld, mar

aldermeast for de rjochten fen hjar tael, sûnder persoanlike kwesjes

mear to biachtsjen en sûnder in ûnfortsjinne wearde ta to kennen oan

somlike forskeel-punten, dy ’t mei hwet ynskiklikens maklikernôch

oersljochte wirde koenen. Us skriftenkennisse scoe ringen hiel hwet

foarútgean yn geastelike bitsjutting, sa gau men der ta gear kaem de

dichter hielendal frij to jaen hwet de wize-fen-uterjen oanbilanget en

it getsjânsel fen bigryplikens en ienfâld, beide wirden dy ’t foarâl

brûkt wirde om de namme fen somlike folkskinstskriuwers tsjin oanfallen

to fordigenjen, as ûnsuvere bigripen bringend en bitizing stiftsjend

net mear taliet.

Mar it ûntbrekken fen in krityk, dy ’t de wiere fortsjinsten fen ús

skriuwers en taelstriders oanjoech, en net dildzje woe det ûnfortsjinne

eare somlike minsken heger stelde as hja hearden to stean, brocht mei

det faken ljuwe, dy ’t net allinne de boppeneamde opfettings net

oannamen, mar der sels net nei dwaen woenen, en sa taelstriid en

skriftenkennisse hjar rykste krêft binamen, de hilde krigen, dy ’t

inkeld it suver talint takaem. En omdet der ûnder ús jinwirdige fryske

lieders somliken binne, dy’t ljeaver ús bigjinsels forknoeije en it

Hollânsk stypje, as ôfstân dogge fen eigen ûnfortsjinne hilde, dy ’t út

in lytse en leffe earsucht de saek fen it Frysk forriede, scil men net

earder ús taelstriid wer trochsette kinne mei úthâldende krêft, as der

ûnmeilydsum in ein makke is oan ’e ynfloed fen sokke ljuwe. Om ’t der

fierders forskate fryske skriuwers libje, dy ’t allinnich hjar namme to

tankjen hawwe oan hjar jimmerwer delknibbeljen for ’e ginst fen it

folts, en dy ’t tige bêst foar ’t forstân hawwe det hja as kinstner

neat bitsjutte, kinne wy inkeld den wer hope hawwe op swider bloei fen

ús skriftenkennisse, as sokke folksslaven de achtinge wer ûntnommen is

om dizze de wiere hearskers mei-it-wird wer ta to wijen.

Net earder scille wy dos de striid-nei-bûten bigjinne kinne ear ’t der

oan ’e ynrjochting fen ús eigen gebiet net sa folle mear haperet, det

it ús hinderet yn ’e striid, en ear ’t wy sokken, dy ’t de ynfloed fen

it Hollânsk fordigenjend en stypjend, ús yn ’e rêch oanfalle koenen,

alle ynfloed binommen hawwe. It bliuwt in greate fortsjinste fen ’e

Jong-Friezen, det hja soks ynseagen en it tsjoede op eigen fjilden

krêftich bistride wolle, ear ’t hja, fjochtsjend for ’e rjochten fen ús

tael, bisiikje de ôfbrekkende ynfloed fen it Hollânsk tsjin to gean, al

binne hja wol alderminst fen doel út it each to forliezen, det ek for

it lêste de tiid kommen is. Yn dit wirkje scil dos wiidweidich oanjown

wirde ho ’t wy foar ús nommen hawwe to wirk to gean hwet taelstriid en

skriftenkennisse oangiet, soks mei de hope det elts, dy ’t it

neikommende lêst mei krektens en oandacht, him it suver ynsjoch, dat ús

gelyk jaen wol, net binimme litte scil troch de krêft fen ’e sleur en

it âlderwetsk brûkme, hwertsjin wy alderearst yn forset komme wolle.

De jongfryske biweging wirdt troch dit boekje ynlet.

Mar ik ken myn lânsljuwe foldwaende om to fielen, det it net genôch is,

as ik op de folgjende siden sa klear mûlk oanjow hwet dizze biweging ta

stân bringe, en op hokker wize hja hjar doel birikke wol, mar det ik it

like goed as myn plicht biskôgje moat to biwiiz’gjen, det de biweging

in deugdelik _rjocht fen bistean_ hat. De faek hwet al to praktyske,

bûtenwenstich-forsichtige libbensoertsjûging fen de Friezen bringt mei,

det al sjogge hja yn, det it doel fen de ien-as-oare foarstien, hwet

souns hat, hja der dochs net ta oergeane sok in streevjen to stypjen,

as it hjar net klear oan it forstân brocht wirdt, det der gjin kar mear

bistiet, en eltse oare wei laet nei in sompe ef ôfgroun. De measte

minsken ljeavje in blom, sadré dy, kommen ta ripe ûntwikkeling en

ljeaflike iepentearing fen syn pronk, it each fornoeget troch syn swide

rykdom fen kleur, mar in Fries is net tofreden ear ’t de blom yn hjar

lústertael him yn ’t ear reaunte hat det op it plak, nou troch hjar

ynnomd, dochs net in nôt-ier dije koe, en det hjar oanwêzen net inkeld

hearlik mar ek needsakelik is. Den earst bigjint der in twinkeljend

libben yn de blauwe eagen fen in Fries, en him rjochtsjend ta hwa ’t

him selskip hâlde, seit er rêstich: „Wis, de wûnders fen Natûr binne

moai.”

De takomst birêst by de jonkheit. Ik siz dit sûnder waenwizens, hwent

men hoecht net tabidield to wêzen mei in forstân, dat yn skerpens en

skranderens siket om syn gelikens, om yn to sjên, det ho treflik (!)

der nou ek skreaun wirdt troch somlike skriuwers fen it âlderein, dochs

ienris der in egenblik komt, det hja hjar lêste tinzen utere hawwe, en

de fryske letterkinde den langjend ûtsjên scil nei opfolgers; det

fierders dat rounstoarjen omdôch wêze scil hwennear de jonge skriuwers

hjar _den_ yet foarmje en ûntwikkelje moatte, omdet foar dy tiid hjar

de gelegenheit hjar frij en oprjocht to uterjen binommen waerd; mar det

it wol it bêste wier det der dalik klear stie in rige frisse striders,

dy ’t hjar al ré makken for de lêstige taek, do ’t somliken fen de

âlderen yet oan ’t wird wiernen. Mei alle mûlke en foegjende

wirdearringe for de skriften fen dizze lêsten,[1] scil men dochs

forstânnichst dwaen de measte oandacht ta to wijen oan it bisiikjen en

streevjen fen de opbloeijende skriuwers, omdet dizze, howol mei hjar

foargongers foriene ta it tsjinwirdige, dochs yn hjar drage it ûnthjit

for kommende tiden, wylst it measte hwet fen it âlderein ta stân brocht

wirde kin mei it each op de takomst, is de wei ré to meitsjen hwerlâns

it folgjende slachte it maklikst syn wyt birikt. _Hjiroer_ binne wy it

dochs wol iens, det mei by machtiger foltsen, hwer de takomst fen de

tael allinne al feilich is troch it greate tal minsken, dat hjar

sprekt, it biwûnderjend bistudearjen fen âlder skriften wêze in tige

prizenswirde saek, by ús dy ’t hielendal gjin wissichheit hawwe oer de

meast bilangrike omstânnichheden for ús sprake, dy ’t folgjende tiden

ús bringe kinne, alderearst soarge wirde moat for in rêstige en fêste

takomst, hweryn de taelbloei him sa ûntwikkelje kin, lyk as wy soks it

ljeafst seagen. Lykwol miene men net, det ik skokskouderjend it soune

en ripe, det forline tiden ús letterkinde taskikten, sûnder in wird fen

wirdearringe forbygean woe, al bin ik ek hjir wer fen bitinken det for

ús fen de ynhelle rispinge it sie „det biwarre moat for ’t oare jier”

wis bilangriker is as hwet nou al fêst forkoft wirde kin. Ho scoe it

wêze, as wy nou al ús sie fen ’e hân dienen, om yn ’t oare jier

neat-dwaende del to sitten, ûntslein fen de soarch, dy ’t ús diel waerd

as wy ek _den_ rike rispinge rispje woene? Ho scoe it wêze, as wy al ús

oandacht wijden oan skriften, dy ’t tsjûgje fen forline tidene geast,

rêstich amjend en glimkjend omdet wy mei moedleas hângebeart de soarch

for ús tael, lyk as dy wirde moat yn letter tiden, fier fen ús ôf

skouden?

[1] Myn streevjen wier jimmer to wirdearjen en sa min mûlk wei to

smiten; sjoch myn opstel-rige „Fryslâns Dichters,” dy ’t mei gauwens

forskynt yn Ljouwerter Krante en Forjit My Net (Fryslân).

It moeit my det it needsakelik wier to sizzen hwet ik nou utere haw.

Jimmer lykje der yet minsken to libjen dy ’t neat ljeaver dogge as

tinkstiennen to ûntbleatsjen, wer op to dollen hwet sa lokkich yn de

modder bidobbe wier, blomlêzings to easkjen út it wirk fen skriuwers,

hwaens geast forâldere is en yngiet tsjin de ljeafste winsken fen hiel

ús fryske folts, en fen hwa wy bliid wêze mochten nou einlings ûntslein

to wêzen—minsken fen nearzige fieling en lytskimich ynsjoch, dy ’t de

ôfgod fen it Forline hoeden op in houten troane sette, om dêrfoar den

del to knibbeljen ef mei hjar kromme spronkjes in Indiaenske earedouns

to dounsjen, sjongend hjar iennichst liet: „Loaits, loaits: de greatste

der goaden!” Yn it East ljochtet de dage, hiel de bliid to wekker

skriljende ierde mei sêfte en ljeavjende strielen streakjend, mar de

ôfgoaden-tsjinners slute rimpen de formôge finsters fen hjar

neargeastich sliepkeammerke ticht, stekke triljend fen bewûndering for

hjar bûnt-bimielle ôfgod in kerske oan, om yn hjar himd fierder to

springen hjar ienteanige douns, mei skriemerige stimme fierder

njuentsjend hjar gammelgeastige sang. O Great-Machtige Bistjûrder fen

wolkens en wrâlden, nei hwa ’t wy siikje hiel ús libben lang en dy ’t

wy yn ús dreamen miene foun to hawwen, reagje dochs om it

kersljochtsje, det yn lôgjende gloede tobrânne hiel it sliepkeammerke,

de wrigge op syn troane en de minskelike flearmûs! Hwent wy ljeavje de

minsken en eangje fen bisten dy ’t it libbene ljocht net forneare

kinne.

_Wije wy dos al ús soargjen en wirksum wêzen de takomst fen ús tale

ta!_ En hjirfen bin ik oertsjûge, det gjin inkelde Fries, yn hwa yet

libbet de ljeafde for syn grize groun, en dy ’t it ljeafst mei syn

frjeonen petearret yn de fortroude lûden fen syn swiere tael, hjir net

mei my sizze scil: „Sikersonk, sa seit ek myn bitinken.” Mar

neimimerjend scil it him talykje, det al is dúdlik it doel, yet

tsjuster binne de wegen, en wolkom scil him wêze de liedstjerre, dy ’t

de wisse wei wiist troch suchtsjende sompen, oant de groun fêst wirdt

en de stjerre weiwirdt for sinneljocht.

It bêste scil, tinkt my, wêze det ik, yet foardet oanjown wirdt hwerfen

ús tael lok en seine to wachtsjen hat, mei klam wiis op de niis miende

tsjoede ynfloeden, dy ’t as men hjar tiid lit yet mear krêften to

sammeljen, de syktme fen ús sprake sa bifoarderje scille, det der mei

gauwens gjin krûd mear for waekst; miskien docht it bliken det efter de

wolken, dy ’t wy weireagje wolle, al in sinne wachte.

Yn de lêste ieu hat der yn Fryslân in skerpe striid wêst twisken

_folkskinst en persoanlike kinst_, hweroer ik my foarstel strak in

ôfsûnderlik haedstik to skriuwen, sadet ik nou dos mei algemiene

meidielings folstean kin. Howol de dichters yn it persoanlik genre net

inkeld yn wiere en suvere oanliz, mar meastal sels ek yn wittenskiplike

foarming fier stienen boppe hwa ’t, om jildmakkerij jamk, de saneamde

folkskinst bioefenen, is it oan de lêsten, dy ’t, omdet se wûndere

skoan ynseagen, hwermei hjar lânsljuwe heech rounen en hwerfor hja net

waerm fielden, alle mûlke lytse middeltsjes, oan mear heechsteande

minsken ûnbikend, faken op biwûnderenwirdlepe wizânsje wisten to

brûken, dochs lokt ienris in oerwinning to biheljen. It foarnaemste

gefolch hjirfen wier, det de minder ûntwikkele Friezen, dy ’t hjar op

’en dûr fêst wol yn ’e hichte lêzen hiene,—for in diel omdet hja ringen

for ’t forstân krigen, det de „kinst”, nei foaren brocht op

winterjounen troch sprekkers, dy ’t yn hjar findel skriuwend wirden as

humor en koartswyl, bliken joegen net ienris to witten, hwet men

dêrûnder heart to forstean, hiel hwet makliker wier as it treflike wirk

fen H. Sytstra en syn Idunaskriften, for in diel ek omdet hja fen

bitinken wierne, det de winterjoune-flauwichhedens dochs meiwirkje

koene om de fryske tael mear ta folkseigendom to meitsjen.—bikeard

waerden ta trouwe folgelingen fen de saneamde folkskinst. Yn de lêste

jierren fen de XIXde ieu en yn ’t bigjin fen de XXste riisden as

poddestoellen op wearzige mieden tropkes jonge fryske skriuwers

omhegens, dy ’t greatbrocht yn de allinne-sillich-meitsjende leare fen

folkskinstbiwûndering, wer nije oanwinst waerden for de minsken, dy ’t

it lokt wier oerwinners to bliuwen yn dizze striid. It fryske folk, sa

njonkenlytsen deryn bihirde, lies, al wier it sims mei inerlike

tsjinsin, dy ’t nea ta iepenbiering kaem, omdet hja soks holden for eat

goddeleas, geregeld en trou al de wûndere kinst, nei oanlieding fen

„doomnij’s, sûpers, sleauwe fammen en feinten, dy ’t safolle ieten”

útbret yn de oerstjûre gammele tinzen-tizeboel fen ús

folkskinstskriuwers; sa hawwe wy ús sels lange, lange tiden bilachelik

makke yn ’t each fen hiel de forstânnige en suver-fielende wrâld, wy:

in âld skriuwerslaech úttinkend bryk-núvere setten en frjemde

hoanne-op-’e-matte-eftige flauwiteiten, in jong skriuwersslach, nei

bigearlik-toarstich ynsûgen fen dizze fordoarne wetter-en-môlke-kost

wer opjaende rymkes oer „Pronk” en „Djûr flesk”, en einlings in great

diel fen in dochs tinkend folk, him blyn stoarjend yn biwûndering for

minsken, dy ’t ûnder de kinstners wiernen hwet de mol is ûnder it

djier.

Hwet scil der barre, hwennear der net in ynfloed komme wol,

krêftigernôch om dit formôge klintsje omfier to keilen? Dit: _jonge

minsken_, yn hwa wach wirdt langstme nei ljeafde en frjeonskipsbigeart,

yn hwa ’t ûnder ynfloed fen eigen kreftich fielen, opbloeit de drang yn

klank to úterjen, hwet wikseljend libbet yn it rêd-klopjend herte,

_scille_, ho ’t hja yet ljeavje de stoere, krêftige groun fen it

heitelân en miskien mei tsjinsin, _hjar losmeitsje fen ús tael_.

Hwent om hjar hinne hearre hja leech en yn alle smoarge goarichheden

omwrottend gerimel, sadet hja, foarljochting fen golle frjeonen en

ûntwikkele riedsljue missend, sûnder det men it hjar kwea nimme kin,

wol twongen wirde to mienen det waenwize minsken, dy ’t mei in

troanjemint as hie men to knibbeljen for hjar wizens en ynsjoch,

jimmerwer sizze doare, det yn de lêste tiden ús tael, ús libbene

folkstael, slim forearme is, gelyk hawwe en det men dos mar it

forstânnichst dwaen scil, yen to úterjen yn it Hollânsk, hweryn de

wier-ûntwikkele Friezen like goed thús binne as yn hjar eigen sprake.

Bûtendat lûkt de tael, spritsen oan de oare kant fen de Súdersé, dochs

altyd al, omdet hja prieljend wize mei op in flûnkerjende letterkindige

skiednis, ûnwitend riker as dy fen it Frysk, en scille dêr al licht

mear ljuwe wêze, yn steat de dichter-skriuwer yn syn heechste en

hillichste oandwanings, en dos ek yn syn swiidste wirdstyl, to folgjen

en to biwûnderjen. Myn fryske lêzers witte, sûnder det ik soks yet

ôfsûnderlik hoech to biwiiz’gjen, ho ’t al forskate jonge skriuwers fen

fryske komôf, foar de kar steld, lyk hja miene, twisken it forknoeijen

fen it meast forheven-minskelike dat yn hjar libbet (lykwol mei it

biwarjen fen de eigen tael) en de hearlikste fordjipping fen in

fieling, dat is: de utering, dy ’t it meast yn harmonije is mei dy

oandwaning, to brûken, (mar den yn in sprake, dy ’t hjar yn heechste

ynstânsje, frjemd is,) bisletten hawwe it lêste to kiezen, lyk as men

meast sjocht, hwet hillich is for de persoan sels (it individu) wer

heech settend boppe de plichten tsjinoer it heitelân. My sels kostet it

siker-sonk al moeite genôch om somliken fen myn jonge

frjeonen-meiwirkers, minsken fen wier talint, fen hwa ’t it Frysk alles

te wachtsjen hat, mar dy ’t mismoedich wirde fen ûnfordildigens, omdet

der for hjar útering sels gjin goed plak to finen is, lit stean den

wirdearringe, to biwarjen for ús fryske saek, al is it ek myn fêst

bislút dêrfor fen al myn krêften brûkme to meitsjen. Hwent ik ealgje

hwet it lot fen myn tael wêze scil, as de jonge, moedige, ûntwikkele

striders hjar ôfskiede fen ús jonge biweging en oergeane nei it

forliedelik-wiuwende Hollânsk... Sangeret it húnjend wird _boere_-frysk

yet net jimmer yn ús earen nei?

Mar der is yet mear; en nou skriuw ik net yn ’t bilang fen somlike

jonge skriuwers allinne, noch for it wier-ûntwikkele en suver-fielende

diel fen de fryske lêzers, noch for de wyljende fryske letterkinde en

sels net út namme fen inkeld ús tael, mar ik uterje my yn ’t bilang fen

hiel it fryske folts en de takomst fen ús lân: _ûnmûlk_ is it det ús

sprake neamd wirde kin yn de rige fen de biskaefde tealen, _gjin kâns_

bistiet der det sels in Fries by de ynlike ljeafde for de djip swiere

klanken ek de biwûnderjende achting krije scil for syn deiske wirden,

dy ’t de Hollander hat for it Hollânsk, for it Ingelsk de Ingelskman,

sa lang ús tael net biwiiz’ge hat, det ek hja bisit de wirden en

sizwizen, dy ’t nedich binne as utering fen geastelike streamingen. Men

bigrypt hopelik, hwer ’t ik hinne stjûre wol: it Frysk mei yn gjin

gefal it bolwirk wirde fen tinzen út it skiere forline, dy ’t rounom

oars al forblikke binne for it kliuwend ljocht, mar de ûntwikkeling en

de wiere geastelike biskaving heart syn merkteiken to stimpeljen op ús

tael, scil dizze ek yn de takomst syn groei- en bloeikrêft biwarje.

Ljuwe, hwaens macht allinne leit yn negative dieden, dy ’t de timpel

ôfbrekke mar yn gjin ivichheit fen dagen wer opbouwe kinne, stinne en

kleije der yn iepen brieven en oare steapelplakken fen deadwaners en

leech-by-de grounske banaliteiten oer, det as de Friezen hjar

opfettings uterje wolle oer staetssaken en ierpelnegoasje (dit lêste

triviale neamt men tsjinwirdich yn frysk-letterkindige kringen humor en

men seit fen sokke minsken, det hja geastich skriuwe!) hja foartdalik

oan ’t ploaitsjen gean yn hollânske taelfjilden, hwerút hja net mar ien

ier stelle, mar hiele boskjes mei ûnkrûd-en-al skûrre,—sûnder to

bitinken det dit kwea sels wer in middel, om it to forhelpen, oan ’e

hân docht, nammentlik: _ek yn de fryske tael to skriuwen oer it

bilangrike, det om ús hinne bart, en ús miening to sizzen oer de

greate, hearskjende forskynsels yn kultuer en geastelik libben_. Dos

die it my tige nij, det yn it karnûmer fen Frisia, ho bêst it technysk

ek forsoarge wier en hokke treflike dingen de sikerwier lêzenswirde

ynhâld ek ûnthiet, neat to bikennen wier, dat like op in ienfaldige,

mar fris-skreaune kronyk, dy ’t—der stean ik, dy ’t myn fryske lânsljue

hoopje te kennen, for yn—mei oandacht en blide wirdearringe lêzen wirde

scoe.

Dit binne de twa greate bigjinsels, dy ’t mei krêftige moed fordigene

wirde moatte ont hja yngong foun hawwe rounom hwer ’t it nedich is: de

twa opfettings dy ’t yn striid binne mei de toarre en droege geast fen

hiel de foarige ieu yn ús letterkinde; de twa foroarings wol, dy ’t by

útfier strange striid to weech bringe scille, mar foarâl: sa binne de

beide herfoarmings, dy ’t, inkeld en allinnich hja beide, ús tael

biwarje kinne for de ûnweardige en pynlik-stadige dea fen alles, dat

yngean wol tsjin de machtige tiidsgeast, dy ’t ljeafde is en forheging.

Mismoedich-swijend sieten wy mei syn fiven yn de keamer, hwer ’t it al

skimeriger en grizer waerd, neimimerjend oer hwet ien fen uzes sa niis

sein hie, elts mei fortretike fieling en wrevelich moed, omdet wy,

jonge, krêftige minsken mei soune ûntwikkeling, dy ’t wisten det wy

ûnder ginstige omstânnichheden yn steat wêze scoenen flink wirk to

jaen, mei eltsoar gjin kâns founen de takomst sa ljocht en ljeaflik te

meitsen, as wy dy jerne seagen.

Op de tafel laei de „Klankboarne”; ien fen úzes hie lang spritsen oer

dy dichtsamling en hie de biwûndering for dat wirk by de fjouwer oaren

ringen fordrifke. Wy wisten, det al syn wirden binlik west hienen en

oprjocht, det wy nea it wirk wer mei ljeafde lêze koene; hwent lyts

wierne de forklanke tinzen en de tael falsk oppronke. Dochs fielden wy

de earlike bisprekking as in slach for de fryske letterkinde, hwent nei

de achting for de minske Hof wier fordwoun de biwûndering for de

dichter Jan fen ’e Gaestmar... En dat die ús dochs efkes sear; wy

wiernen wer earmer wirden.

Do’t de lêste wirden fen de bioardieling weiklonken wierne, sieten wy

in skoftke yn tinzen, sûnder folle to sizzen. Ien sei der, as om de

stiltme to brekken, tsjin him dy ’t spritsen hie:

—Dou wist dyn miening oertsjûgjend to biwiiz’gjen...

Mar andert kaem der net; wy tochten allegear, det soks wol spitich

wier...

Einlings klonk it stadich-mimerjend:

—It is net folle: trije dichters yn trije-hûndert jier.

—Fjouwer, weage ik skrútel. Dr. Schepers...

Mar de oar skodde forheftich fen né:

—Dr. Schepers hie in hearliken ynfloed hawwe kinnen op ús taelkindich

libben, as er him skikt hie op it stik fen stavering. Nou is hy

forlern, och né, wis net, ik mien net as dichter, mar hy hat gjin

ynfloed útoefenje kinnen. Ja, as hy noch ris in „bondeltsje” nije

fersen yn ’t locht joech, mar suverder en den yn ’e

selskips-stavering...

Ik wist mar al to goed, det hy gelyk hie en swei dos.

—En hwet ef wy dwaen scille? frege wer in oar. Miskien, det der ûnder

ús fiven wol ien is, dy ’t hwet bliuwends leverje koe, mar wy hawwe net

ienris plak om ús to uterjen en hwet kin men den bigjinne? It forfeelt

my sa swietsjeswei, dat wachtsjen.

—„Een nieuwe lente en een nieuw geluid,” sei der ien sjongend. Ik

bigriep him foartdalik net, mar oan it antlit fen de oaren seach ik,

hwet der miend waerd: men tocht wer oan it Hollânsk.

—It scoe in gemiene streek wêze, as jim’ Friezen Hollânsk bigounen to

skriuwen, en de âlde tael ta weismiten kearden, sei ik wrimpen.—Men

biheart der net iens oer to praten; bilangstelling for ús saek yn

Hollân siikje haw ik frede mei, mar fierder to gean en it Frysk yn ’e

steek to litten, allinne om gauwer plak for jim’ wirk to krijen, is

forrie oan ’t âlde lân.

—Miskien detst yet to jong bist, om it to fielen lyk as ik, sei hy fen

hwa ’t ik it measte forwachte.—Mar in dichtersiele is net as in

wetterlieding, det men mar in kraen hoecht iepen to setten om der in

fers út streame to litten; en in fers moat koart nei ’t it skreaun

waerd, printe wirde, hwent as men it letter tsjinkomt is it in dea en

frjemd ding, hweroer men yen sels ergeret. En sa is it mei alles. En

bûtendat: hwerom scoenen wy yn ’t earst net nei it Hollânsk oergean?

Komt der letter in goed frysk blêd, hweroan wy meidwaen kinne sûnder ús

sels to forleegjen, sa as tsjinwirdich moat, den kinne wy noch altyd

mei it Frysk bigjinne. Us krêften scille den yet tanomd wêze, en...

—Hwerom forwachtsje wy ek alles fen in oar? frege ik, om’t ik eange

mear sok moais to hearren, dêr ’t ek somliken fen de oaren hiel wol oan

liken to wollen.—Litte wy sels de hânnen oan ’e ploege slaen: litte wy

it haedbistjûr to kennen jaen, det ús in nij wykblêd de bêste jefte oan

ús tael taliket.

—It haedbistjûr! spytgnyske in oar; hy like mei de bistjûrder fen

Sljucht en Rjucht yn briefwiksel stien to hawwen.—Dat bistiet út

hearen, dy ’t hwet prate kinne, hwet ite kinne, hwet skriuwe kinne

sels; goede, bêste minsken dy ’t wol graech ris hwet rûzje mei eltsoar

hawwe, tige bilangryk dwaen kinne mei hjar fâldij oer it Frysk, mar

sûnder ... ja, ho scil ’k it sizze ... sûnder wier-ynlike fieling for

it doel, det hja sizze foar to stean. It is in tige aerdich pronkstik,

mar it is dea.

—Né! sei ik forheftich, dat is net wier! Al sitte der

aeklik-ljochtskouwe minsken yn, it meartal wol graech sa folle dwaen

for ús saek, as it mar kin, mar it mei bikend stean, det de finânsjes

fen it selskip der tinkelik wol ris better foarstien hawwe. Mar der

bistiet gjin twivel, ef hja scille ljeaver in jongfryske biweging sa as

wy ús foarstelle, stypje en sadwaende in stikmannich ûnthjittende jonge

skriuwers biwarje for de tael, as in pear sinten mear yn kas to hâlden.

Ik scil hjar alles meidiele, en...

—Sjoch, sei der ien dy ’t nei bûten kipe,—de dize lûkt wer op.

Ik foun do en letter gjin wirden, waerm en hertlik genôch om myn ynlike

tank oan him sa to sizzen, det de utering lyk stie mei myn fieling.

Hwent hy hie de moed der wer ynhâlden.

Krêftich scille nou wêze moatte myn wirden, en myn taljochting suver.

Hwent it meartal fen it Haedbistjûr, dat sûnder mis foarútstreevjend is

en wichtige foroarings ynfiere wol, knibbelet faken eang en forbjustere

del for in pear bihâldende gearkomste-roppers en scil út dy nuvere

tastân net maklik oereinrize, howol hja bitinke moasten det it for

hjarren ivige skande bliuwe scoe, as it Selskip hjar leare moast hjar

plichten en hjar for hjar sleauwens straffe.

Ik mien der nou op wiisd to hawwen, det in jong-fryske biweging rjocht

fen bistean hat (ommers it is net mear as forstânnich en plicht, derfor

to soargjen det der jonge skriuwers foarme wirde, yn steat letter de

geastlike lieders fen it fryske folts op weardige wize to wêzen; omdet

dizze jonge skriuwers oanstjûre wolle op bilangrike foroarings, kin it

net oars ef hjar mei- en neist eltsoar wirkjen nimt it karakter fen in

biweging oan), ik hoopje dúdlik oantsjut to hawwen, hwer dizze biweging

frjeonlik mar mei klam om forsiikje moast (in nij selskipswykblêd

Fryslân, hweryn plak komme koe èn for persoanlike kinst èn for

biskôgings oer bilangrike forskynsels op geastelik-wittenskiplik en

praktysk-steatkindich gebiet), en ik leau teffens oanwiisd to hawwen,

det in oar orgaen sels in libbensbitingst wier for ús biweging.

Oer de twa greate herfoarmings-punten, mar foarâl ek oer de saek,

hwerom it ús ûndwaenlik wier langer meidoggers to wêzen fen Sljucht en

Rjucht—dit lêste scil ik, howol it my moeit, like goed op persoanlike

as op sakelike wize bisprekke moatte—folgje hjirefter wiidweidiger

biskôgings. Nou moat ik yet somlike dingen meidiele oer ús biweging,

omdet ik foar ’t forstân haw det der minsken binne, dy ’t fen alles

hwet yn myn wirkje minder dúdlik en klear wêze mocht, tankber brûkme

meitsje scille om my forskate dingen yn de skoen to skouwen, dy ’t

hielendal net yn myn bidoeling lizze en dos net fornommen hearre to

wirden.

—Tajown, koe men freegje, det der ûnderskate oarsaken wierne, dy ’t

jim’ twongen hâld oan eltsoar to siikjen, m. o. w. det dizze biweging

rjocht op bistean hat, den mei foarwis dochs wol dizze frage dien

wirde, eft it wol forstânnich wier dit jier derfor út to kiezen? Fen

strymjende fleagen oanfallen, kreakje de pylders, kreaket it bynt fen

it âld wirden en waer-oantaest Jeropeeske hûs; de lânnen hymje fen

ynspanning, droech bliuwe de eagen fen foltsen, dy ’t sels it skriemen

forlearden; en nou yn Fryslân, sok in miniatuer-lântsje, bidrige yet

wol fen talrike tsjoede, mar machtige ynfloeden, in nije biweging fen

jonge minsken, dy ’t moarn de dei oproppen wirde kinne om to striden en

to stjerren for it lân, hwerta hja nou ienris bihearre? Under sokke

omstânnichheden sok in biweging?

En myn andert is: sikersonk, just _nou_ de biweging.

Hwent eltse dei det Fryslân wer mear biwend rekket yn de sleur fen it

forline, sûnder det der minsken opsteane, dy ’t wytgjend wize nei

herfoarming, is forlern net allinne, mar mei oanskreaun wirde as in

ramp. En yn de jonge Friezen brûzet en skommet it sa by it oanskôgjen

fen al dy yllinde, det der in uteringswize foun wirde moat: en ho

hellet eltse dei it gefaer net oan det hja yn pleats fen de smelle

fryske wei yn to slaen, bigeane de wide wei fen it Hollânsk, hwerfen

men spitigernôch net sizze kin, det er laet nei it fordjer!

En yet is der eat, sa ienfâldich en sa dúdlik, det ik it sels neamen

heard haw fen minsken, hwa ’t dochs net in djip-geand ynsjoch oer

frysk-letterkindige saken taskreaun wirde kin: yn dizze dagen, det

troch de mobilisaesje de jonge Friezen for in great diel oer it

keningryk Nederlân forsiedde wirde, geane hjar eagen iepen for

bilangrike forskynsels yn ’e wide wrâld, hwerfen hja eartiids it

bistean nea net ealge hienen, en foarâl: fiele hja klearder as ea it

moaije en lûkende fen de fryske groun mei syn romme mieden en

wiksel-rike wolkenloften, en—de banaliteit bliuwt jimmer sa

brûksum—wirdt de bân dêrmei yet binender en sterker.

—Mar, as dizze biweging goed gefolch hawwe scil en krêftige ynfloed op

ús skriftenkennisse, lyk as nei ’t it bliken docht, dochs eigentlik

hjar ljeafste doel is, den mei men foarsiker de oandacht der wolris op

fêstigje, det hjar lieders en leden ek wis hwet men neamt, _krêften_

wêze moatte?

En myn andert is, det dizze krêften der binne, det hja hjar wis,

earnstich en deugdelik ûntwikkelje scille en det men fen hjarren op syn

minst ridlik goed wirk, boppe de middelmiette fen ús fryske letterkinde

steande, forwachtsje mei. Net lykwol kin men fen my fergje, det ik hjir

in himelheech-priizgjende útwreiding bigjinne scil; it iennichste hwet

ik as myn goed rjocht freegje, is det men myn opstellen yn de

Ljouwerter Krante soarchfâldich neigean wol, en fierders moat ik,

sûnder dizze kear eat to biwiizgjen, yn neifolging fen oaren

fortrouwend forklearje: „Wachtsje ús dieden ôf!”

In inkelde sei my: „It mei jo bikend wêze det Friezen eltsoar om de

nuverste lytsgeastichheden yn ’t hier fleane. Yn ’t miene sein, scil

miskien in biweging wol mear ta stân bringe kinne as ien inkeld

persoan... Mar dochs, scoe jou jonge biweging, al sizze jy det jy just

mei ’t each dêrop fen in boun ef foriening neat witte wolle, net to

neate gean kinne troch ynwindich mieningsskeel? Det scoe jo mar de

moed, binimme.”

Woloan, frjeonen, hjirop is myn andert dit:

Det der in krêft is, dy ’t ús by eltsoar hâlde scil, sels al mochten de

meast ûnderskate geastelike streamingen ûnder ús oanhing fine, dy ’t

meitsje scil det wy by op ’t each ûnwitend-wide mieningsforskillen

dochs in fen noegjende roazen sierde middenleane fine. Det de krêft

bistiet, hwerfen men nei lange tiden fen ynwindige rûzje forwachte hie

det hja fordwoun wier út ús lege lân, dat lijde troch brek oan ljocht.

Det dizze krêft yn steat blike scil de skriklikste tsjinslaggen to

oerwinnen, det hy machtiger is as de ljeafde ta it heitlân sels, det hy

machtichst is ûnder alle ynfloeden, goede en tsjoede, omdet op him rêst

de seine der goaden.

Us stipet de bitrouwende fryske frjeonskip.

Hwent wy, meistriders troch it lot, scille frjeonen wêze as troch eigen

kar, lokkich priizgjend de rieslach fen ’e Nornen-sisters, dy ’t ús ta

frjeonskip twong.

De jongfryske biweging · 第 3 / 10 题