It liket my ta, det jy de bidoeling fen ’e forklearring dy’t ik jo
forsocht hab to dwaen, net goed bigripe. Det kin oan dy forklearring
lizze en sadwaende oan my. Nou foegje der den oan ta:
It boppesteande slacht _allinne_ op ’e wize hwerop ik de dingen _sein_
hab, hjir en dêr; _net_ op ’e saeklike ynhâld fen myn krityk. En it
sprekt ek fensels, det ik frij bliuw om oeral en altyd myn bitinken to
sizzen oer hwet de hear Hof yn saken Frysk oangeande, lit ef docht.”
Ik scil nou ont Woansdeitojoun ta wachtsje. Teffens diel ik jo mei,
det ik op jou brief net yngean kin, foar ’t ik jou forklearring net
hab; krij ik dy, den is de wei iepene om ris bidaerdwei to praten,
togearre; earder net.
En nou moatte Jy _ien fen beiden:_ my to wille wêze mei dy
forklearring, ef perfoarst wegerje. It lêste kin bygelyks troch alhiel
net to anderjen. Mocht ik wer in skriuwen fen jo krije sûnder ’e
forklearring, den hâldt myn gedild op. Ik bin wol goed, mar net gek.
(w. t.) J. J. HOF.