_Oanteikening by side 18 rigel 17:_
De hâlding, fen ’e hear Sytstra jinoer my oannommen, kin net sûnder
foarbihâld earlik en rjuchtút neamd wirde, hwet maklik to forklearjen
is, om ’t Hof eartiids tige by him yn ’e graesje stie. Hwet ik him it
meast kwea ôfnommen haw, wier det er tsjinoer my myn earste wirk, det
ik sels net oars as oefenwirk biskôge (út hwet der bard is mei myn
opstel oer syn Heit, kin hy dit wol it bêst witte), danich priizge,
wylst er op ’e foarige A. G., lyk as men wit, do ’t er in mennich
ginstige wirden brûkte oer ir wirk fen de jongeren, oan tafoege det
men net mei it wirk fen ’e jongste ûnder it jongerein--en det wier
ik--oankomme moast. Oer myn fers „Nachten en Dagen” skreau er my „--en
ik moat sizze, det it mei myn sin in gnap stik wirk is. Ik stel it to
mear op priis, omdet it wer ris in stik is yn in nij „genre”, en it
nei myn sin tige nedich is dat wy de brûksumens fen ús tael for alle
soarfen fen poëzije biwize. De alliteratie yn it gedicht, dy heart
fensels yn in fers as dit, is oer it gehiel tige slagge. Ek de tael is
flink Frysk en de bylden goed foun,” wylst er oer Rinke Tolman, Sj. de
Zee en sims sels oer Piter Jelles in ûnginstich oardiel joech. Dochs
hat er de twa earste, howol er hjar wirk foroardiele, do ’t „Fryslân”
forlet fen kopij hie mei wille ynhelle, en wier syn hâlding do der yn
it Haedbistjûr it útstel dien waerd my as fortsjinwirdiger fen ’e
nijste biweging yn ’e redaksje op to nimmen, slopper as ik ea tinke
kinnen hie en for my ien greate toloarstelling.
Sa is ek syn forklearring, det er yn ’e petearren twisken him en my
aloan bisocht hie, de ûnderskate partijen tichter byenoar to bringen,
by de wierheit troch. Fen de Halbertsma’s sei er, det men hjar yn
wearde hâlde moast, om ’t hja it folk oan ’t lêzen brocht hienen, mar
in skoft letter die er my, do ’t er de ynhâld fen de „Rimen en
Teltsjes” fen nijs ôf oan soarchsum like troch to gean, to witten, det
dy samling him nou lang net meifallen wier. Waling Dykstra en Schepers
kamen der by him jimmeroan bikaeid ôf en oer de hear Hof, dy’t oars,
oan him to hearren, wol aerdich flot skriuwe koe en in heap wirden
wist, dy’t himsels sa njunkelytsen ûntgien wiernen, joech er ienkear
dit snedich oardiel: „Hy is faek in trime heger stean gien as er
hearde, en ek wol ris, dêr ’t hielendal gjin trime mear wier”.
Hwet er yn F. M. N. sei, det ik him yn in skeef ljocht set hie, troch
syn ûnginstich oardiel oer it boun Hof-Canne mei to dielen, en det er
it lang sa slim net miend hie, moat ik perfoarst ûntstride; ik haw
dizze saek krekt meidield yn de wirden, sa ’t hja twisken ús to praet
kommen wier. Dit alles rekket lykwol allinne him en my persoanlik, en
hat mei syn bitsjutting fen it Frysk, dy’t sûnder mis tige is, wier it
allinnich mar om de rêstige fêstens, dêr ’t er as soarchsum samler fen
F. M. N. tritich jier syn stille wegen mei gyng, neat to meitsjen; yn
it Haedbistjûr is hy mei rjucht in heech-hâlden persoanlikheit.
_Oanteikening by side 18 rigel 37:_
Oant nou ta haw ik fen myn sibben op fryske kriten, sels fen sok- ken,
dy’t der sims yet hjar meiwirking oan jowe, yet net ien goed wird oer
it wykblêd „Fryslân”, noch hwet de ynhâld, noch hwet de technyske
útfiering oanbilanget, to hearren krige. Nei tweintich nûmers is de
rispinge sa bidroefd, det it hast net minder kin; de praetsjes fen ’e
hear Sytstra sels, sims sawier bislutend mei de mo- rael yn in rym op
it ein, lyk as eartiids yn ’e boekjes fen „Groot- moeder verhaalt”,
wirde net lêzen en binne, howol der sims hwet ynstiet dêr ’t men yens
foardiel mei dwaen kin, ûngenietber skreaun; de fersen fen Rinke
Tolman binne stjitterich fen rhythme en ûngever fen ynhâld as men fen
him forwachtsje mocht, en allinnich de dichten fen Hylke Sjonger, dy’t
lykwol wer fiersto folle jowt om spontaen to bliuwen, bringe altomets
hwet fortsjinstliks; de berne-rubryk fen Canne is mear in noflike
útspanning for greate minsken, dy’t wer ris oan hjar bernetiid
weromtinke wolle, as det it de bern, dy’t de del- bûgende en min efto
mear gekoanstekkerich-oanstelderige toan skoan fiele moatte, haegje
kin; de hear Sipma kin der net ta komme, syn wirk to jaen oan in blêd,
det op sok in wize bistjûrd en forsoarge wirdt, ef hy is yn sliep
rekke lyk as hast eltse lêzer; it wirk fen ’e hear Hof wirdt
foldwaende teikene troch dit iene sonnet, det men op plakken yn it
Hollânsk oerbringe moat ear ’t men efter de miening komt:
As dichters dwale, giet it hjarren as bern,
Dôfhûdich-dwers, dy’t dôch, djip-ynlik witte,
Det se evel dogge, en ’t goede paed forlitte,
En dy’t fensels hjar tsjoed komme yn to sjên.
As dichters dwale, gean se net forlern.[10]
_Der wâll’t hwet[11] yn hjar, dat scil bûte mjitte
Untwyk siikje, en hjar lieten scille útjiette
Lûdwirden langstme[12] om . . . rjucht hjar wei to tsjen._
As dichters doarmje fier fen folk en lân,
Om ’t frjemde sprake en frjemde steden wonken,
Om ’t frjemde leare fet krige op ’t forstân
Foar ’t siele en sinnen yet _de weelde dronken
Fen ein-folksaerd, dôch gloeije yn ’t hert syn[13] fonken
En ’t[14] lôget ienris op yn felle brân._
Oanbilangjend it wykblêd „Fryslân” haw ik oanstriid it oardiel fen in
frjeon oer to nimmen, dy’t my sei, det it wichtichste fen dit orgaen
neffens him wier, der er it oant en mei nû. 10 yn ’e breedte dêrnei yn
’e lingte opteard tastjûrd krige.
_Oanteikening by side 24 rigel 17:_
In lyts diel fen hwet der fen ’e hear Postma op ’e Prov. Bibl. is,
neam ik hjir.
Oarspronkelike fersen:
Uneindichheit, kantate.
Johanniade, fers op Johannes de doper.
De Loads.
Wrakseljen mei God.
Ynbylding.
Olive- en Ikeblêdden (greate samling, 221 siden).
Oarspr. proaze:
In leske yn opfiedkunde.
In net ùnnoflike dream.
In sauntal skriften mei mingelwirk.
Oersettings:
Latyn; Coniuratio Catilinae fen Sallustius.
Captivi fen Plautus.
Gryksk; Cyropaedie fen Xenophon.
Dútsk; Wilhelm Tell fen Schiller.
Angelsaksysk; Wetten, wirden fen kening Arthur, de Séfaerder.
Fierders ytlike út Noarsk, Deensk, Platdútsk, Frânsk, ltaliaensk,
Hollânsk.
Toaniel:
In frjemde ein yn ’t bit.
Sa giet it.
De ûndergong der Fryske frijheid.
Fen syn psalmen lit ik hjir folgje syn „Oertinking” oer de
tongerpsalm (XXIX):
OERTINKING.
Psalm XXIX_a_,
De Heare is op komste yn syn grimhitigens! . . .
It swark bilûkt alhiel, de loften rinne gear
En wirde oerstjûr, ûnrêstich, steaplje op
En trilje for Syn lûd, Syn freselik gebear.
De Heare komt en hen! in earste sein wirdt jown
Troch flugge winen, dy syn kommen dêr forklearje;
’t Onmietlik wetterrûm het tynge krige en
Al fierder flecht de stoarm, det men Syn komste earje,
Holboljend fierder, fier de djippe flakten yn
Fen woestenijen dy dat inkle wird fornimme,
En op de flecht siaen det men ’t fierder ’t witte kin
De greate ierdskief oer fen east oan westerkimme.
O freeslik is de komst’ der heechste Majesteit!
Bûch leech en dimmen del, o alle ierdske Machten;
Jaen glorie en jaen heil, en fiel den klear, en fiel
Jim’ lytsens, der ’t jim dochs Syn Greatens hjir net achten.
Bûch del, fal plat foaroer yn ’t stof: de Heare komt,
En syn onmietbre macht scil tel de ierde heare;
Forblikk’ is jimme macht, o Greaten, en forkniesd:
Jaen oan God Zebaoth den sterkte en jaen eare.
De séen fiele mei de marren djip it wird
Det fen de stoarm útgie en tille nei omhegen,
En brûzjend, skomjend stouwe wylde weagen foart,
En statte en treffe enoar, en lûke enoar omlegen,
Mar jeije wer foarút, wytskomjend mei gebear
En sels de dining fen it wetter fielt it triljen,
Allyk dy weagen dy hjar sette nei it strân,
En ’t hele wetterflak is oandien, is oan ’t riljen,
En teiknet sels yn djippe kolken ôf
It freeslik firmamint det fiûr en tonger spelle,
Sa spoakrich en sa swart, as gie de Hear foarby,
Omfiemjend weach oan weach, se fen syn komst fortelle.
Noch gie gjin Hear foarby; ’t wier louter ’t earste sein!
Onrêstich mei it swark der driuwe ek en jeije,
En wetterkoppen stouwe en gûle mei gebear
En tsjustre wolkens sels it sinneljocht forjeije.
Al helle stoarm ek oan, al gûlt dy mei gebear,
Skûmbekket ek de mar en giert de woestenije,
Strak sakket hja ta’n briis, den ta in bolle wyn,
En yn det leaf gesûs scil de ierd syn Heare krije.
Doch noch is alles swart en spoakrich en de wyn
Raest bolderjend en pakt de ceders det se knikke,
En tilt se en wrikt mei krâft, en ploft se mei in smak
Op ’t skodzjend ierdryk det nou kleije mei en snikke.
De bergen skodzje op hjar fêste pylders en
Hja trilje en beevje op it foetstik, ho ’t hja bôgen
Op himelsheechte en op sterke en greatens, ear’,
En ek it cederbosk slacht der yn ljochte lôgen.
It ierdryk beev’t en skokt en skrikt; de fêste groun
Trilt as in popelblêd en lûkt yn djippe tearen;
Gniist sa in ûngroun hjir, der krinklet ek de groun,
O de ierde beev’t en bûcht for Aller Hearen Heare.
De skrik slacht ek it dier; de bange réen gean
Yn kloften op de flecht om earne skûl to finen,
En freze slacht hjar oan yn ’t hetsich yngewand,
En driuwt de frucht ûntidich ôf. De pinen
Fen kreamenswea net fielend, gean hja dol
De woestenijen yn en lokje oare kloften,
Hja freezje Syn gesicht en ’t hiele ierdryk fielt
Syn komste as woestenije, as bergen en as loften.
_Oanteikening by side 26 rigel 21:_
Men wit, det ik, dy’t yn Waling Dykstra wol net in kinstner, mar dochs
in great Fries wit to sjên, der alhiel gjin biswier tsjin haw det men
him mei in tinkstien earet, binammen net, as men sok in hildeteiken,
lyk as de foarsitter fen it Alde Selskip oanjoech, winsket to
biskôgjen as in eare oan al de striders for it fryske sin en for ús
tael. Mar earnstich kom ik der tsjin op, det as men it teiken ynwijt,
der minsken oan ’e foet derfen stean scille, dy’t Dykstra, do’t er yet
yn libben wier, op de minste en húnlikste mannear misledige hawwe,
omdet dit ûnoprjuchtens is en ljeagen, en sa hiel hilde hjar wearde
binimt. Ik neam hjir nou allinnich de hear Hof, dy tsjinwirdich om
Dykstra tsjin my út to spyljen, oankomt mei alle mûlke wearzige
flaeikerij oer de âld man, en dy’t eartiids Walingom sa bistokele, det
dizze tsjin ien fen myn frjeonen hwaens namme ik ré bin to neamen, him
útliet: „Jan fen ’e Gaestmar is it, dy’t my noch ris yn ’t grêf helpe
scil.”
Om ’t ik boppe Dykstra syn grêf gjin striid oangean wol, ear ’t ik der
ta twongen bin, scil ik fen alles hwet my yn dit stik fen frjeonen en
forearders fen Walingom to witten dien waerd, hjir neat mear meidiele.
Mar as ik sjuch en fornim, det skielk der wer ljuwe, dy’t eartiids de
Holwerter leechlein hawwe en bisocht, him op ’e eftergroun to triuwen,
bigjinne to bearen oer hjar Dykstra-ljeafde om dy tsjin ús skreppen en
skreevjen út to spyljen, den scil ik my oer de gefolgen net
bikroadzje, en iepenbier meitsje, hwet my winskelik taliket. As men
lyk as de hear Canne, rountrantet det men nei de ôfstjerte fen W. D.
in lang tillegram oan syn famylje stjûrd hat, en den mient det soks
yen nou dochs ek wol rjucht op in plak jowt yn ’e redaksje fen Slj. en
Rj., och soks is faeks hwet berneftich, mar dochs net min ef
gefaerlik. Mar der binne oare dingen--en ik wit hokker minsken by it
lêzen fen dizze oanteikening bleek om hjar noas wirde. Hja begripe dos
nou, hwer ’t hja hjar oan to hâlden en hwet hja nei to litten hawwe.
_Oanteikening by side 23 rigel 16._
Dit brieveforkear liz ik de lêzer hjir foar mei de frage, eft der fen
my net alles ûndernommen is, om yn dit stik fierdere strideraesje to
mijen, en eft ik yet fierder gean kinnen hie, sûnder ûnwier to wirden
en my sels to koart to dwaen:
Ljouwert, 23 Sept. 1915.
I. Oan ’e Hear D. Kalma.
Ik forsiikje Jo, de neifolgjende forklearring op papier to bringen, to
datearjen, en to ûnderteikenjen, en se my den takomme to litten:
„Ik forklearje hjirby, yn to sjên, det ik in myn krityk yn ’e
Ljouwerter krante oer it wirk fen ’e hear Hof (Jan fen ’e Gaestmar)
fiersto fier gien bin, en ytlike wirden brûkt hab, dy’t ik net brûke
moatten hie. Ik forklearje fierders det soks my moeit.”
Ik scil ont Tiisdei 28 Sept. ta tiid dwaen. Hab ik de forklearing den
net, den scil ik my wer as frij man biskôgje.
Op útstellen om foroaringen it stik oan to bringen scil ik net yn
gean. Fierders moat ik frij habbe en hâlde, om der mei to dwaen hwet
ik wol.
De hear Sytstra scil jo dit brief tastjûre. Ik ried jo oan, om der mei
him oer te praten, as jy der ut jo sels net ta komme kinne om to
dwaen, hwet ik Jo hiir forsiikje.
(w. t.) J. J. HOF.
Ljouwert 26 Sept. 1915.
II. Oan ’e Hear J. J. Hof.
As de winsk, ta oerienstimming to kommen, by Jo like oprjocht is as by
my, hweroan ik nei it lêzen fen Jins brief wol efkes twivele haw, den
liket it my dochs ta, det wy mei bombaerje fen oratoryske
forklearrings krekt neat birikke scille, en det allinnich in ein makke
wirde kin oan ’e fen ús fierde polemyk, trochdet ik as myn bitinken
útsprek, det ik to‘n earsten Jins wirk as Frysk skriuwer dúdlikernôch
bihânnele haw en trochdet Jy utering jowe oan Jins miening, det ek Jy
fakernôch opkommen binne tsjin myn kritiken en de hiele jonge
biweging. Hwent it is hiel klear, det as Jy foart farre mei it
iepenbier meitsjen fen stikken as „De nije richting ensf.,” ik
forplichte wêze scil, net langer as kritikus en like min for my sels,
mar as lieder fen ’e jonge biweging en for ús bigjinsels, yn in rige
nije artikels dêrtsjin op to kommen. Om ’t Jy sels forskate kearen
forklearre hawwe, yn letterkindige opfettings net sa bjustere fier fen
ús ôf to stean, en sels njonkelytsen ek wol ynsjên moatte, det Jins
oannimmen fen liedende tachtiger ynfloeden hielendal ynkrekt is--it
scil jo faeks bikend wêze, ho’t men likernôch 1885 de jonge ljuwe der
jimmer fen biskildige, det hja ienfaldich de greate Ingelsken út
Shelley’s tiden neifolgen--scoe ik sikerwier net bigripe kinne, hok
for biswieren der yet tsjin sok in modus vivendi bisteane.
Fierders sprekt it fensels, dat der troch my yn gjin gefal in
forklearring jown wirde kin yn hokker wirden den ek, as Jy dêr net in
forklearring fen Jou side tsjinoerstelle oer Jins wize fen bistriden
yn Jins artikels „Unwirdige Krityk” en „De skiednis fen in sonnet”, om
’t men oars tinke mocht, det ik, inkeld út langstme om ta
oerienstemming to kommen, it ûnskiklike yn dy stikken wol
oersljochtsje woe. Hjiroan moat yet tafoege wirde, det forklearrings,
lyk as den dien wirde scoenen fen Jo en my, inkeld slaen meije op de
niis-neamde artikels fen Jins hân en it sechde haedstik fen myn
forhânneling, sa det dos myn kritiken dêr ’t ik gjin fierder debat oer
tastean mei, bûten biskôging bliuwe moatte, om ’t ik ienfâldich ynwier
wêze moast, as ik sei det ik ynseach to fier gien to wêzen. Om ’t ik
dos neat fen ’e ynhâld fen myn kritiken weromnimme kin, en dêroan
allinnich tafoegje, hwet ik al die yn ’e noat op s. 78 en oan ’t ein
fen haedstik VI fen myn brosjure--en ik likemin meistimme kin, det myn
toan to skerp wier (hwent sa faken ik mij ynlik ergerje, bryk ik as
fensels minder ljeawe wirden, hwet ik lokkich achtsje, yn pleats det
ik my moeit, om ’t dêrút meiien bliken docht, det de ergernisse
oprjocht is), sjoch ik gjin kâns in forklearring hjiroer to jaen, dy’t
Jo bifrediget en dochs net ljeagene is. Fensels bigreatet it my wol,
det de ynhâld fen ’e „Klankboarne” net sa wier, det ik der wirden fen
achtinge for oer hawwe koe, om ’t ik hiel hwet ljeaver wirdearjende as
ôfbrekkende kritiken skriuw, hwent it is for my makliker, utering to
jaen oan biwûndering as oan lytsachting . . . . . .
Forklearje kin ik sadwaende allinnich, det ik fen bitinken bin, det
nei „de Klankboarne”, hweryn de goede rigels to tellen wiernen, de
dichter-yn-Hof hwet krêftiger is bigoun to libjen, hwerfen it gefolch
is, det Jy yn ’e lêste tiden sims in better fers skreaun hawwe, sadet
wy net sûnder hope Jins takomst as dichter tomjitte sjên kinne. Ik bin
ré soks to dwaen yn it iepenbier, sagau Jy dernêst forklearje yn to
sjên, det Jy yn Jins artikels „Unwirdige Kritik” en „De skiednis fen
in sonnet” by my driuwfearren oannamen, dy’t men allinnich fynt by
ljuwe fen min ef sûnder karakter en det it den ek bliken dien hat, det
sok siikjen nei minderweardige motiven by my gjin foech joech.
Mar yetteris: it bêst komme wy ta oerienstimming sûnder steatlike
forklearrings, mar troch to biwiizgjen, mei de die, dat is: it
ophâlden mei it dwaen fen oanfallen op eltsoar, det wy, nei it
minderweardige dúdlik oantsjut to hawwen, ek it bettere en suverder yn
eltsoar rêstich witte to weardearjen.
Ik bin oertsjûge, det Jy de oprjochtens fen myn winsk, twisken ús
beiden ta oerienstimrning to kommen, foldwaende bitrouwe, om de
ûnderhânneling net ôf to brekken en my op dit skriuwen to anderjen.
(w. t.) D. KALMA.