IV. Oan ’e hear J. J. Hof.

Nou ’t ik forklearre haw, det de formule, dy’t Jy foarstelden,

hielendal ûnoannimmelik wier, hie it op Jou wei lein, dy to wizigjen

op ’e menear, dy’t ik oan ’e hân joech en dêr in forklearring fen Jo

sels tsjin oer to stellen, en is it bjuster ûnnoazel to bisiikjen, de

earste forklearring troch in taheakke hwet mylder to meitsjen. In bern

kin nei hwet ik Jo skreau, bigripe, dat as ik to witten die yn to

sjên, det myn utering to skerp (!) west hie, en dêroan tafoege: „det

soks my moeide,” dit lyk stean scoe mei in opsettelike ljeagen; en dy

yn ’e mûle to nimmen wegerje ik perfoast, al scoe de hiele fryske

sprake mei al hjar treast en al hjar rykdom dêrmei to groune gean. Jou

sizzen „det ik Jo to wille wêze moast mei dy forklearring,” wylst Jy

wisten det ik mei it ôflizzen dêrfen ûnoprjocht en ûnwier wêze moast,

is like immoreel as oant nou ta Jou hiele bistriding fen ús biweging

wier, om ’t Jy sels hânnelje tsjin better witten yn, en in oar twinge

wolle, al krekt itselde to dwaen.

Ek haget my de toan, hweryn Jou brieven skreaun binne, net bysûnder,

om ’t ik deryn in sterk biwiis sjoch det Jy ûnder greate wirden Jou

eigen bisef, det Jy glêdwei forslein binne, biskûlje wolle, hwerfen in

nuvere oerstjûrens it gefal is, dy’t wol hiel dúdlik wirdt yn Jou

forklearring „wol goed, mar net gek to wêzen”--wirden, dy’t

spitigernôch net fen my biachte wirde kinne.

Ik forsiikje Jo dos minlik, hwet fatsoenliker to wirk to gean en Jo sa

to uterjen, det ik Jou sizzen tsjin ’e hear Sytstra, „det Jy o! sa‘n

lêst fen dizze skriuwerij hawn hienen” for wier halde kin en net mear

hoech to leauwen, det dizze hiele ûnderhânnelings mei my inkeld in

diplomatyske skynbiweging bitsjutte, om letter der elts amerij wer

klam op to lizzen, det Jy it net binne, dy’t dizze kriich woe.

(w. t.) D. KALMA.

Emmastrj. 23.

Faeks is it lêste brief hjir en dêr net mear sa mak as myn earste, mar

in ûnbiskofter en waenwizer skriuwen as de boppe-steande Hof-brieven

moat ik yet ûnder eagen krije. Letter hat men my wol fornijd, det de

hear Hof fen syn krante-skriuwerij hwet oerspannen rekke wier, mar as

it lân der do sa ta lei, hied er mei syn ûnderhânnelings mar wachtsje

moatten, oant syn oerstjûre simmels wer hwet ta rêst kômmen wierne.

_Oanteikening by side 30 rigel 23._

In pear foarbylden út somlike artikels fen ’e hear Hof lit ik folgje,

om soks ta to ljochtsjen, mar net as mei de forklearringe, det ik

maklik tsjien ris safolle ljeagen oanwiis yn „De nije richting yn de

dichtkinst,” sadré it hear ef syn baes, de hear Hepkema, yn syn krante

my dêrta romte jowt:[15]

Art. I, _a_. Ik forkies net to swijen, oer hwet him den nou einlings

en to’n lêsten by ús oantsjinne hat as „de nije richting”--Dit scil

slaen op myn maten en my, mar moat ûnwierheit neamd wirde om ’t der by

ús fen in „nije richting” nea gjin praet west hat, noch wêze kin; yn

it stik fen kinst wirkje wy fierder, lyk as alle âldere frysk-

persoanlike skriuwers ús learden, en yn ’e taelstriid steane wy

allinnich oan op krêftiger aksje en biretter hâlding. Krekt om oan to

jaen, det wy it forline sa earbiedigje, det der folslein mei to

brekken ús ûnweardich foarkomt, haw ik jimmeroan praet fen „jongfrysk”

en fen „nij-frysk” nea, en de namme „jongfryske biweging”

bitsjut--lear dit fen my, o man fen ’e Gaestmar--in fryske biweging,

dy’t yet _jong_, net ien, dy’t nij of soks sahwet is.

_b_. De skriuwerij, dy’t mei dit artikel ynlet wirdt, scil nei ’t it

de hear Hof taliket, „yn it bilang fen ús Fryske skriftenkennisse

wêze” alhowol hy sa earlik is hjiroan ta to heakjen „Yn ’e twadde

pleats skriuw ik om my sels, det wol ik wol witte.” Nou liket it al

bysûnder nuver, det it droege en net altyd moaije journaliste-

taeltsje, dêr ’t dizze man him yn uteret, en det hjir bezige wirdt om

de jonge biweging ûnnoflik to wêzen en de baes fen it spil op ’e

troane to bringen, tsjinstich wêze scoe oan it bilang fen ús

skriftekennisse--wy wolle den ek mar oannimme, dat de hear Hof dit

net sa slim mient en nimme inkeld notysje fen ’e twadde forklearringe.

Hwent oars scoe hjir wer fen ûnwierheit praet wêze moatte.

_c_. De hear Hof „kin net talitte, det men syn mieningen en

opfettingen yn letterkindige saken oars foarstelt, as se binne, en

soks om it hutsje rom to krijen”. Ek dit scil op my slaen, mar is wer

opsettelike wierheit-fordraeijerij, om ’t ik it yet nea hawn haw oer

syn „letterkindige opfettingen” mar inkeld spriek oer syn

letterkindige „dieden”, det wandieden binne--ik leau dalik det de hear

Hof bisiket om kinst to jaen, mar haw mei syn mieningen en opfettingen

neat to meitsjen, salang soks him op in hopeleaze mannear mislearret.

_d_. Fierders praet it hear derfen det ik yn myn kritiken sûnder

wissens wêze scoe--my tinkt, hy kin soks wol it bêste witte oan de

sêfte en goedmoedige toan, dêr ’t ik him myn leksum op joech--en

biwisset soks hjirmei, det ik earst, de tachtigers bisocht nei to

folgjen, en letteroan sei allinnich fierder to gean op de wei, dy de

âldere fryske skriuwers ús wiisden. Ik anderje hjirop, det ik èn de

tachtigers èn de âldere Friezen beide for in diel biwûnderje, det ik

soks dwaen kin om ’t hja beide persoanlike kinst woenen, en easken det

de kinstner him uterje scoe, lyk syn moed him twong, en om ’t hja

beide weardige kinst joegen. Ik winskje inkeld to wêzen in Frysk bern

fen ’e greate wrâld, en yn forbân dêrmei de wei to sljuchtsjen for in

kinst, jown fen Friezen yn ’e Fryske tael, neffens de bigjinsels en

opfettings, dy’t hildige wirde oer hiel de ierde; ik wol Fryslân

weihelje út syn isolemint, nei foaren bringe oant it ljocht fen ’e

wrâld falt op it fryske antlit, en nea haw ik noch yn myn kritiken,

noch yn myn oar wirk, in oar ideael hilde dien noch in minder weardich

ding, lyk as it neifolgjen fen ’e tachtigers yn Hollân, oanbifellen.

Hy seit fen wol, forjit it plak oan to wizen dêr ’t ik soks die, en

hat hjirmei in ljeagen útspritsen.

_e_. Ôan it ein fen art. I krijt men dit moais to hearren: „Ik nim dos

frij, om mei de hear Kalma syn opstellen net mear as my nedich talykje

mocht to rekkenjen;” d.w.s. der allinnich út to nimmen, hwet yn syn

kreamme to pas komt, myn wirden to fordraeijen en dêr byneed in

forkearde útliz oan to jaen--hwent dit is, hwet de hear Kef forstiet

ûnder in sakelike wize fen bistriden.

Art. II. Jierren lang is der fen ’e fryske foaroanmannen oanstien op

krityk yn Frysk, mar nimmen doarst it oan, om ’t men fielde mear as

men wist, det der „in Augias-stalle to himmeljen” wier, en ek de hear

Hof hat meistimme moatten, det de rjuchte moed him derta ûntbriek--it

is spitich, det hja, nou ’t einlings de krityk kommen is, mar, o

grouwel! him like goed oppenearret tsjin hjar as tsjin W. Dykstra, om

’t hja ûnpartidich is, hjar earlik ynsjuch forlieze en bigjinne to

eameljen, det de ein der fen wei is. De hear Hof leveret hjiryn in

pronkstik, troch, nei fen myn kritiken raer yn ’e bidelten rekke to

wêzen, my mei in sels yn Fryslân nea net oertroeve pedantisme to

forwiten det ik „forspij en forsprek hwa ’t my yn it ljacht stiet en

oars mûlk stean bliuwe scil”. Ik wiis op myn ginstige en faek sels

waerme biskôgings oer Dr. Schepers, Jiff. Kloosterman, R. Brolsma, Dr.

O. Postma, Bokke Simens, Rixt, Rinke Tolman, R. P. Sybesma en

forklearje ek dizze utering fen opsettelike ljeagen. In eintsje

fierder lêz ik:

„Fierder-op hoopje ik to biwizen, det de skerpe skieding dy’t er

twisken persoanlike en folkskinst makket, net fol to hâlden is.” As de

hear Hof de definysjes lêzen hat, dy’t ik fen dizze bigripen yn dit

gefal jown haw, wit er dealiske skoan, det dizze skied ienfâldich in

oare wei is om der klam op to lizzen: det men skriuwe moat èf om

yensels èf om de greate kliber to bifredigjen. It sprekt fensels det

ik lyk as elk soun-tinkend minske der net om tink, kinst ôf to karren,

dêr ’t út bliken docht det de ljeafde for it folk ef for it

folksaerdige in greate ef sels de oerhearskjende eigenskip fen de

siele fen ’e dichter wirden is, lyk as by Klaus Groth, Gezelle, Dr.

Postma. Ik haw der allinnich klam oplein, det men net it folk taprate

mei, net eltsenien nei de mûle sprekke, det de kinst to hillich is en

to heech stiet om hiar ôf to jaen mei effekte-jacht en de greate

kloften to tsjinjen--hwa ’t my yn de skoen skouwe wol, det ik leech

delsjuch op alles hwet bigryplik en ienfâldich is, moat èf in yn-dom

èf in ûnoprjucht minske wêze.

Art. III. fornoeget yen mei it folgjende:

„Yn ’e earste tiden det ik Fryske fersen skreau, makke ik ek ien, dêr

komme dizze ryglen yn foar:

Rounom dêr ’t de brûzjende baren him brochten

Tofriet en togriedde tiids tosk

De hope op it lok dêr ’t er rêstleas nei stribbe.

Det sjucht der mar conventioneel út, en ien fen beide, tofriet ef

togniedde, is ek oerstallich. (By my binne se tsjinstridich. K.)

Brûzjende ek, scil der mûlk immen sizze, dy’t slim kritysk oanlein

is,--en net to folle op it wetter forkeard hat. Mar det is sa net”. De

goede hear Hof bigrypt net, det immen op in skip, mei yn him de hope

en de tiidstosk wer oan de hope gniedzjend--mei oare wirden in tosk,

det is in stoffelik ding, gniedzjende oan in hope dy’t ûnstoffelik is,

mei hjar beide yn in siele, dy’t ek ûnstoffelik is:--Tryntsje,

Tryntsje, hwet in mâlle kykkast, scoe in âldboer fen myn kinde sizze.

Ik gean mar foart dalik oer ta artikel XXIV:

„De hear Kalma seit nou, mei hwet oare wirden, det de Jongfryske

biweging, hwet de Jongfriezen hjar kinstopfettingen oanbilanget, oars

neat biwiist, as dat einlings en to’n lêsten de tinkbylden fen ’e

tachtigers hjar wei nei Fryslân foun habbe.” Yndie hat de hear Kalma

dit sein en hy herhellet it hjir, om ’t it sa treflik in steal jowt

fen ’e sitaet-forfalskerij fen dizze goed-mienende Gaestmarder man

(Telegraaf fen Snein 16 Jan.):

Een derde poging om de zaak van Friesland den Hollanders meer bekend

te maken, en ditmaal een goedgemeende en oprechte, maar ietwat

oppervlakkige, wordt tegenwoordig ondernomen door den heer Tolman, die

met zijn vaak gebrekkige en zeer onzuivere, want aan overmaat van

„dichterlijke taal” lijdende, maar toch opwaarts-strevende sonnetten

in Friesland het vaak moeizaam, maar zeker ontstaan van een nieuwe

periode aankondigde. De omstandigheid, dat hij vertoeft buiten de

grenzen van Friesland, geen deel uitmaakt van eenige Jongfriesche

organisatie, en zeer zeker staat buiten den Frieschen taalstrijd in

den beperkten zin van het woord, verhinderde hem de nieuwste phase der

Friesche beweging anders te beschouwen dan een literaire en

artistieke, wat zij zeker niet is in de eerste plaats. Het zou mij

zelfs smartelijk geweest zijn, zoo er niets anders uit haar gegroeid

was: want wat ware deze beweging dan anders dan een symptoon, dat de

theorieën der tachtigers eerst na vijf-en-dertig lange jaren in

Friesland waren doorgedrongen, zoodat de Friesche literatuur de

Hollandsche zou zijn nagestrompeld als een hinkend paard, wat anders

dan een bewijs, dat eerst na honderd eindelooze jaren de Friezen

begrepen, dat, zou hun taal blijven voortbestaan, zij dienstbaar moest

worden gemaakt aan de beschaving en de ontwikkeling? Hierbij komt, dat

de vorige generatie der Friesche schrijvers, niet zeer eerlijk, maar

wel-overlegd, daar anders hun recht van bestaan verdwenen zou zijn,

steeds de theorie heeft geponeerd, dat het Friesch zou zijn een

volkstaal (W. Dijkstra, Buitenrust Hettema), een gewestelijke taal

(hoed af: het is de heer Cannegieter, die het verzekert). En nu is het

wel zeer duidelijk, dat, zoo deze theorie niet gansch verworpen was,

het eenvoudig absurd zou zijn, aan te dringen op de meest persoonlijke

uiting in een taal, naar gissing gesproken door een 250.000 menschen,

en dan nog dikwijls onhoorbaar onzuiver, en de meest belangrijke

cultureele vraagstukken te gaan behandelen voor zulk een toch steeds

vrij beperkten kring. Zeer zeker is het mogelijk, zich persoonlijke

uiting te denken in een zoo weinig omvangrijk taalgebied, en enkele

schoone gedichten zullen natuurlijk kunnen ontstaan óók in secundaire

talen, óók in dialecten, óók in patois--maar de breede, de geestelijke

kunst, die het poëtisch raffinement niet te eenenmale ontberen kan, en

die, zij alleen, een taal komt wijden tot eerbiedwaardig en heilig, ze

zal zich niet vrij kunnen bewegen over zulk een beperkt gebied, maar

na wat troosteloos rondgefladderd te hebben, met gekneusde wieken òf

moeten bezwijken, òf de wijk nemen naar wijder terreinen. Men heeft in

Holland volkomen gelijk, als men, na gelezen te hebben van het nieuw

letterkundig streven en scheppen in het Noorden, zijn hoofd schudt, en

zegt, dat, hoe sympathiek het ook moge aandoen, toch het dienstbaar

maken van het Friesch aan de bijna internationale kunst, op den duur

een onmogelijkheid zal blijken, evenzeer als het niet aangaat, een

leeuwin te willen sleepen in de mand van een schoothondje. En zoo

wijst dan ook de omstandigheid, dat er in het laatste jaar eenige

lezenswaardige Friesche kritiek-fragmenten ontstonden, en dat er

eenige weinige verzen in het Friesch gedicht werden, die in poëtische

kwaliteiten en onmiddellijkheid van uiting de vergelijking met het

beste Hollandsche werk der laatste jaren kunnen doorstaan, _op iets

anders en waardigers dan een niet sterk genoeg af te keuren

dilettantisme, iets, wat voor jaren in het Nederlandsch was vertoond,

nogmaals, ter meerdere stichting van de persoonlijke eigenwaan, te

herhalen in het Friesch, waar ernstige kritische contrôle geruimen

tijd ontbrak._--

Koart hjirnei dit moais:

„Mar it hat Kalma syn bidoeling fen ’t bigjin ôf oan west om it de

minsken goed oan it forstan to bringen, det syn tinkbylden for

Fryslan, for de Fryske skriftenkennisse, dôch àl nij wierne.” De hear

Hof wit like goed as ikke, det soks Kalma syn bidoeling nea net west

hat, det er him nea sa utere, noch ek mar de skyn dêrfen oannaem, mar

net wier, „’t kwam zoo in ’t rijm te pas.”

Ik krij der genôch fen en wol bislute mei in pear foarbylden fen

Gaestmarske logica:

Art. VIII fynt de binijde lêzer hwet ik altyd sein haw: „De kinstner

syn doel is om him to uterjen, oars net”. Art. XXIII forhellet, det de

driuwers fen ’e nije biweging forjitte det de kinst fen in folk _út

det folk sels_ (en dos net út de kinstners K.) opbloeije en him

fierder opstoelkje moat, scil se bistean.”--Mei ik hjir yetris myn

forklearring herhelje, det Fryske kinst mei Hollânske geast ek my in

walch is?

Yn Art. XXIV bifynt de Gaestmarder man yn ienen, det ik in gnap

Nederlânsk stylist bin--det scil hiel hwet, sok in ginstich oardiel út

de mûle fen sa’n oardielkindich persoan!--en yn in folgjend artikel

docht er to witten, det er net wiis wirde kin út myn

Telegraaf-artikels.

En hjir in pear stealen fen Gaestmarder proaze:

„Det ik mei oare wirden, de faken fûl op bût wêzende en sadwaende hast

alles ta ier bederf bringende blaumiggen fen tiidlike gemoeds

ûntheistering by myn út ‘e gearsetting fen suver fielen en bifinen

optsjerne kritysk oardiel weikeare kin.”

„As ik forlegen wier om folksginst, den reamme ik nou earst det hwet

der nei ’t oerskriuwen fen dizze ryglen (in fers fen Gorter, K.) yn

myn gemoed is, goed ôf, en joech de lêzer hwet der oerbleau, de dreage

môlke fen ’e spot.” Myn goede man, ik haw altyd wol witten, det it in

„soepje” mei Jo wier.

„Men wit nou tominsten, hwer ’t ik it rjucht wei hab, om ’e hammer to

ûnderheljen, nou ’t ik bisiikje scil, in mennich spikers mei koppen to

slaen.” Ik haw soarch, det Jan mei de hammer sikerwier in tik op syn

eigen „kop” jown hat.

Wier, man fen ‘e Gaestmar, ik haw it goed mei Jo for, en bilibje

graech yet hwet wille fen Jo: lêz net al to folle, hwent it koe Jo

gean as Lessing’s grévinne Orsina, dy fen in protte lêzen „leicht

irrsinnig werden kann”, freegje de hear Hepkema ris om in pear moanne

fakânsje, en gean ris mei Jins holle ûnder de pomp, in pear kear deis.

Hwa wit, faeks det it helpt.

It wier my noflik, mynhear Hof. Oant sjêns!

* * * * *

[10] Hjirút folget, det de hear Hof gjin dichter is: hy dwaelt, en

giet wol forlern.

[11] Frage: hwet wâll’t der? Andert: in Klankboarne.

[12] Dit bitsjut: hunne liederen zullen uitgieten geluid-geworden

verlangen.

[13] Syn fonken: miend is de fonken fen ein-foltsaerd.

[14] Hwet lôget? It hert, dêr ’t in klankboarne yn wâlle.

[15] Fen de XXIV artikels doocht neat bûten it bigjin fen nû. XXIII--

In oare frage is. Yn in folgjende brosjure scil ik dit stikje ris mei

greate letters printsje litte, om it for forjit to biwarjen.

Ynhâld fen „Ljocht en Skaed”.

Haedstik I. Twivel . . . . . . . . . . . S. 3.

„ II. Us taelstriid . . . . . . . . „ 9.

„ III. It Alde Selskip . . . . . . . „ 15.

„ IV. G. Postma . . . . . . . . . . „ 21.

„ V. Spektakel . . . . . . . . . . „ 27.

„ VI. Taheakke . . . . . . . . . . „ 34.

Transcriber’s notes:

§ Tremata, which are neither diaereses nor umlauts (i.e. serve no

purpose), are assumed to be accidental and have been removed:

page : original : correction

--------------------------------------------------------------------

36 : steapljë : steaplje

36 : krigë : krige

37 : driuwë : driuwe

37 : beevjë : beevje

37 : himelsheechtë : himelsheechte

38 : lokjë : lokje

Ljocht en Skaed: In mennich biskôgings · 第 14 / 14 题