IX.

’t Wie Snjeontojoun en de faem fen Melle Tryn trippele troch ’e bûrren.

Gledde skoentsjes hie se oan mei roaskes op ’e foet en hakken fen komsa

en it jonge, mûtele ding sette in heech krop en draeide der oer as in

top mei de braskoer yn ’e earm op hûs ta.

Mar Kekke Flapút, dy naem hjar earst noch ris efkes geweken.

“Sjouckje! Sjouck!” rôp se oer ’e ûnderdoar en hjar greate krûmme noas

seach krekt om ’e hoeke fen ’t skean en brike doarskesyn.

“Hea Kekke! wie der boadskip?” sei Sjouck en bleau stean.

“Komst net efkes yn?” sei dy. “’k Meij ’t net ha, dû moast noch sa ’n

ein rinne nei Melle en dy en dû scilst ek wol fiele, hwer de rêchbonke

sit sa ’n Snjeone.”

Der woe Sjouckje ’t ear wol nei hingje litte. “Minske,” sei se, “’k kin

jou sizze, de lea is my heal stikken, mar min moat mar poatoan as min

wol ef net.”

“Nou kom efkes yn.” Nou wie Kekke Flapút alhielendal al bûtendoar yn ’t

keard skoárt en ’t fyfskaften jak en flaeide en streake as in âld kat,

om Sjouck binnedoar to krijen.

Sjouckje kaem ’t paedtsje al op. Kekke sloech de hânnen yn inoar. “Min

scoe dy net mear kenne, fanke!” bearde se. “Dû bist ek net yn ’t lilk

opgroeid, hear. Nou, dyn mem koe ek wol meidwaen yn hjar fleur . . . ik

siz nou noch wol ris, as se ’t oer kreaze frouljue ha, den siz ik; den

hiene jimm Piter’s Sjut sjen moatten yndertiid.”

Sjouck hjar jonge moaije eagen skitteren en hja socht it forware

spegeltsje, det oan ’e bline mûrre hinge fen Kekke Flapút hjar

earmoedich dyakenijkeammerke. Hjar evenbyld seach se, hjar donker hier,

hjar fris-brún antlit en deryn dy wûnderlik grize eagen mei de

pikswarte eachsteisters, lang en fyn as side. En efkes kleure it waerme

jonge bloed hjar fel.

“Hjir fanke,” sei Kekke en skouwde hjar in pantsjefol minne kofje ta

“in hartsterkingkje,” en út in âld hoekspyn helle se in knapkoek, dy

moast Sjouckje der by ha. Hja wist it ek wol, as de minsken hwet

oansjitsk binne, det leit hjar ornaris gjin wynaeijen.

It wie in moaije Febrewarisjoun. In lyts neiwinterke wie by nacht noch

oan ’t tsjoenen mei syn wichelroede, mar de dagen bigoanen to lingen en

de heldere sinne skynde ljocht en gril yn ’e húzen op. Nou joun

flikkeren de stjerren oan ’e loft en it rûch-fêzen gêrs skimere as

sulver yn ljochtmoanne waer. It wie hoar en stil op ’e bûrren—sa nou en

den kloste der ien op klompen de strjitwei lâns nei de skearwinkel ta.

Earst rekkele Kekke it fjûr hwet op en do gyng se yn in âld briedstoel

lyk foar Sjouck oer sitten. “Sjesa,” sei se en krige sels ek in

knapkoek . . . “nou ha wy ’t sa goed as de bêste boerinne, bihalven, wy

ha hwet earder healjoun.”

“Mar mei dy bolkoer den?”

“Hwet scil ’k sizze? Min moat wol, as min de mûle iepenhâlde scil,”

suchte Kekke mei in dimmen gesicht en de lytse skerpe eagen heal wei

efter de rûmfellige eachslidden . . . “en de boerinnen keapje skoan.

Allegear binn’ se my tige tagedien, as dyn frou nou net sasear, dy’s

hwet appart.”

“Hea,” sei Sjouck, “de frou is oars in goed minske, wol hwet deun, mar

gjinien scil hja ’t brea út ’e mûle stompe. Sá is hja net.”

De âlde holle mûle forloek him ta in wrede gniis. “So . . .!” sei se, .

. . “nou, dû kenst se net. Hja’s krekt en gelyk ien as Wychman’s

Martsen, dy-t fen nyt komt ta yt, is allemansfordryt.”

“Ik wenje der nou al yn ’t tredde jier, ik ha der noch noait hwet fen

bispeurd,” abbeleare Sjouck der tsjin . . . . “Mar Wychman’s Martsen .

. . Witt’ jy wol—Hester Hoara scil ek trouwe.”

“Trouwe?” en Kekke Flapút liet fen skrik de kofje stean, dy-t se krekt

opdrinke scoe . . . . “Nou der frijt it jild ek mei en ’t great hûs. As

der gounen blinke, binn’ de manljue blyn. Nou, hwa scil der mei straft

wirde . . .?”

“Hja docht noch in hiel set . . .” sei Sjouck heimsinnich.

“Hwa det den?”

“Notaris.”

“Dy âlde gek! Mar hy wit wol, hwet ’r docht. Hy hie wol sin oan ’t

rintenierjen en dy wize Hester mefrou . . . jonge, hja passe inoar

krekt. Ik woe wol, det det nêst ris útroeid waerde, ’k kin se misse as

in swarm hoannebijen. Nou, ho stiet it der mei, scil dy pauwige jonge

ek hast oan ’t wiif?”

“Fokke?”

“Hâld dy mar net sa fij . . . dû scoest net witte, hwer Date syn

kammeraet fen alear tsjinwirdich sa trou hinne reisget?”

Sjouck harke raer op . . . . “Det mei Date . . . is al lang út . . .”

sei hja en hjar lûd waerde hiel sêft ynienen.

Kekke Flapút mirk it wûnderskoan, nou wist hja ’t—hjir hie hja de

rjuchte snaer troffen. Hjir wie joun noch wol in dûbbeltsje to

fortsjinjen . . . der hwet by, der koe se in healpoun spek for keapje.

“Fanke!” sei se, “dû wirdst sa read om ’e holle det . . .”

“Ikke . . .? Nou jy meitsje my net wys, det jy mear in hân foar eagen

sjen kinne hjir yn ’e keamer. Ik sjoch tominsen it bedsket net iens

mear.”

“Wy minsken sjogge wol ris mear as in hiele patty. Ik kin dy sizze,

langlêsten roan ik de wei lâns der oansje by jimmes en der kaem my in

lykstaesje foarby nei ’t Hastinger hôf ta. Ik út ’e wei fensels efter

de beammen en ik seach ’t sa klear as de dei, hwa ’t it lyk folgen en

trije dagen letter founen se Wychman dea, dû wist wol,”

De grize gyng Sjouck oer ’e grouwe, it ienfâldige natuerbern syn

forbyldinge wie fol aeklike spanning.

“Hwer wie ’t krekt?” flústere se en seach skean nei de doar, der de

greate gleone eagen fen d’âld kat yn ’t tsjuster glinsteren as koallen

fjûr.

“En nou okkerjouns wie ’t al wer sa,” seamele Kekke ienlûdich wei

foart. “Ik wit, hwa-t faei binne, mar oer myn lippen komt it net . . .

Sa scoe ’k dy wol mear sizze kinne . . .”

“It hoecht net. Ik wit wol . . . jy sjogge mear as in hopen. Ik woe ek

wol, det’k wiste, hwet for my weilein wie,” sei hja yn hjar ûnskild

wei.

“Wist hwet, ik scil dy de kaert efkes lizze. ’t Is mar in tataest,” en

Kekke wie al oerein en stiek de stânlampe op, do gyng hja om ’t hûs en

diich de lûken ticht en ’e pinnen derop binnedoar.

“Sjesa, siz mar, hwet woest witte, Sjouckje.”

“Det mei Date,” andere dy, flústrjende wei, “en as ’r ’t my mient . . .

Forline winter hat hy in set by my kaem en wy ha Hastinger merke

hâlden. En . . . nou . . . Tiisdeimoarne skreau skippers Likele my. Hy

woe komme Snein ’e wike.”

“Date is oars aerdich kreazer. Dy Likele is rounskouderich en ’t stiet

my foar, hy rint ek gâns tipelteannich. Mar der sitte sinten,

Sjouckje.”

“Ja,” suchte dy. En neist dy dûbbelde, lytse Likele seach hja Date foar

hjar, wol in holle greater as Likele en syn goedlike blauwe eagen, dy-t

hjar sa oansjen koene, det hja der altyd oars fen waerde. For heite

affearen hie hy net doochd en nou wie hy ûndermaster to Nijlân en gyng

Snjeontojouns faek nei hûs, nei Nuttert en dy’s yn ’e Hastinger bûrren.

Dy hiene der in greate winkel, hja fortsjinnen jild as wetter.

Kekke nifele hwet mei de kaerten om en hie de eagen der stiif op. Gjin

inkele biweging fen Sjouck ûntgyng hjar en de djippe sucht lei hja op

hjar eigen wize út. Kekke hie in bulte minskekennisse, hja koe lêze

noch skriûwe, mar de minsken, dy koe se namsto better. Gjinien hie ’t

op hjar stean, der waerd’ hjar ek wol ris neijown, hja koe tsjoene. En

derom hie Kekke ek altyd sa’n sleet yn hjar bôle en boltsjes, elts for

oar hâldde hjar ljeafst ta frjeon en by ’t jongfolk hie se sa’n

ontsach, det hja kamen hjar net byneist as allinne, as hja yn ’e

frijerij fortiisd sieten. Den founen se Kekke hjar húske wûndere goed,

al wie ’t ek by nacht.

“Nou, ho is ’t?” frege Sjouck skrúten, slingere twisken hoop en freez’

yn.

“It stiet der net sa min foar, mar ast’ my nou noch ris seiste, hokfor

dei en ûre dû berne bist, den kin ’k dy noch mear fortelle.”

“Ja . . . det wit ik net. ’t Wie yn ’t ierdappeldollen, seit mem, mar

hwet dei . . .”

“Ek al wer goed, den der mar sûnder” en Sjouck krige in hiel relaes to

hearren út ’e âlde bitûmke kaerten en it roan der op út, hja scoe Date

krije op ’t lêst en den hwet babbelegûchjes derby en hwet opsierderij,

dingen, dy-t Kekke allegear wol wiste, det útkomme scoene.

Mei in rûm gemoed en de bûs in kwartsje lichter, joech Sjouck hjar wer

op in paed yn ’t moai ljocht-moanne waer.

Der kaem wer in Hastinger boer oanklossen op ’e gledde swarte klompen,

de pipe gleon oan en de knoffelige hânnen yn ’e wide broeksbûsen.

Al wer ien en noch ien en det allegear nei Knilles, de skearbaes, ta,

dy syn bekkentsje al oan ’e spiker by de doar hinge to glinsterjen.

Sjouck hie sa’n forlangst, om Date syn lichte stap efkes to hearren,

det hja roan al stadiger en stadiger . . .

Einliks, der hearden hjar opskerpe earen wer hwet. Date kaem der oan

mei in pakje boeken ûnder ’e earm en ’e greate dreamerige eagen op it

stille lânskip om him hinne, hwaens frede hy neifielde yn syn

dichterlik moed.

Hy fleach hast tsjin hjar oan, sa wie hy yn ’e prakkesaesje. “Hea

Sjouckje, bist dû det?” sei’r en bleau by hjar stean. “Hwer scilst’

hinne?”

“Nei hûs fensels. Ik kin net op ’e wei om flinterknippe as jimm’ en

jimm’ gelikens. Min sit altyd yn ’t span.”

Hja wist sels net, ho ’t wie, mar de wirden kamen der rare spitich út.

En hja hie nou ommers hjar sin . . . Date roan neist hjar lâns . . . en

hja mocht him sa graech lije . . .! It wie de ljeafde, dy-t hjar nou

swak makke en oerwoán en det is for flinke karakters in hiel stik, det

ljeafdebûgen foar de sterkere, al leart de innigste ljeafde it hjar ek.

“So . . .?” sei hy. “To Sjouckje, gien det noch efkes mei út.”

“Tankje wol,” andere hja snibbich. “Dû kinst it paed bêst allinne

fine.”

“Nou—meij ik den mei?”

“’t Scil wol net oars kinne,” andere hja ûnforskillich, mar ynwindich

geide alles fen wille. “Dû hiest de koer ek wol drage kind.”

“Ek al wer goed,” sei Date en droech de koer. In setsje roanen se stil

neist inoar lâns. It wie sa ljocht as dei—as Sjouck lake, seach hy hjar

wite tosken blinken ûnder ’t koart boppelipke. Sjouck waerde fen ’e

weromstuit ek stil. Hja koe Date wol, det wie in apparten ien, hiel

oars as ’t oare Hastinger jongfolk, wyldsang, gekjeije, it hûndert út.

Date kipte him derút, dy siet ljeafst mar yn in hoekje to sjen en

dreame der syn eigen lok by inoar en dichte frjemde sangen. Der stiene

wol ris guont fen yn ’t Hastinger Nieuwsblad, fen ’e heide en it folk,

det der by âlds op forkeard hie. Sjouck hie der gjin heugenisse fen en

dy hjar beppe ek net iens—Sjouck hie oars al ris in hiele joun by hjar

sitten to útfreegjen, mar ’t âld sloof sei: frjemd folk hie se der

noait bispeurd, mar yn ’t foarige hiene der wol ris wylde bargen

tahâlden.

Dos der wie Date mis mei, mar der siet oars wol in kop op, sei master

altyd en der hie Sjouck in grinzeleaze earbied for en hja seach him nou

altyd yn in gloarje fen leardens.

Mar Date, dy dreamer, merkbite it net iens. Yn in great blau skrift

bisong ’r Sjouck op allerlei menearen en mjille hjar skiente yn ’e

hearlikste kleuren, mar as hja by him wie, koe hy der hast net ta komme

en roere hjar oan. Sa fier stie it wezen fen syn forbylding fen ’e

wirklikheit der dingen ôf.

En syn skriftúrlike ljeafde waerde al gloeijender, al syn forswijde

hartstochtelike langstme kleide en song ’r yn swiete wirden út, dy-t

gjin minske oait lêze scoe as hy sels. Derfor wie hy in dreamer.

“Hwer prakkesearest nou wer oer? Dû bist moai selskip. Hast hwet

forgetten en mimerst der nou op om?” pleage Sjouck him.

“Nou né,” sei hy . . . . “ik tocht om hwet . . .”

“Makkest wer in dicht?” fiske Sjouck. “Dû giest my to heech mei dy

dingen—ik bigryp der gjin koarel fen.”

. . . “Ik tocht net om soks . . . om hiele oare dingen . . . om dy,

Sjouckje. Hastinger merke . . . ik ha ’t noch noait sa nei ’t sin hawn

as do.” Hea, it wie der út. Hy suchte fen blydskip. It wie dochs in

hiel oar ding om de frouljue to bisjongen as om der mei to praten oer

soks en by Sjouck dochs . . . den sei hy alhielendal neat en seach mar

. . . seach . . . ien greate dreamwrâld fen lok . . .

Sjouck diich krekt, as bitocht hja hjar. “Hastinger merke fen ’t

simmer? mimerst der noch oer? Ik tocht, det hiest al lang wer

forgetten.”

“Ik dy . . . forjitte!?” sei Date en wie for ’t earst en for ’t lêst yn

syn libben ien amerij by de tiid, hielendal, de man, dy-t wil en died

beide bihearsket. De hiele trouwe ljeafde fen dy iensume dreamer klonk

derút—de bea oan det jonge fanke om him mei hjar reslútens en flinkens

en redsumens ta’n libbensselskip to wêzen.

Sjouck hâldde hjar stil . . . mar syn eagen seagen triennen yn ’e

greate grizen, omdounse fen ’e sidene eachsteisters.

“Meij ’k noch ris by dy komme, Sjouck?” sei hy ynienen.

“Hwet scil’k sizze? Wolst de hiele joun wer sitte to mimerjen? Den mar

net . . . den lit ik Likele komme, det is in smoute prater, der kin ’k

de tiid wol by ynein krije.”

Det stiek Date. “Ik kin ek wol prate,” sei ’r. “Ik scil dy den hwet

nijs fortelle. In mearke, wûnderlike moai . . . derst’ raer fen op

hearst’.” En det hat ’r dien, in Sneine ef hwet letter en Sjouck hearde

it . . . it âlde oerfortelsel fen ’e ljeafde, det it lot troch de

minskegeslachten hinneweeft as in gouden tried . . . en hjar libben

lang is hja it harkjen net sêd waen . . .

De Hoara's fen Hastings · 第 18 / 19 题