It wie in wûnderlike simmer det jier. It ware op ’t gêrs en op ’t nôt
en ’e simmerseine lei as in goudglâns oer ’t gea.
Fol en swier bûgden de ieren nei de groun en sterke mânljuesearms
ûnderhellen de sichten en ’e ieren foelen . . . as fen stoarmen meand,
tûzenen by tûzenen en ienlûdich songen de bynsters hjar sang op it
waermmoudige lân, det mei wille joech.
Wychman Hoara roan net fier mear . . . hy waerde minder. Hy siet der ’r
siet—it waerde in heukerich libben fen dei ta dei en de nachten wierne
min en lang.
It beuzige libben tikke red om him hinne en ’e twirre fen sjidzjen en
frucht-jaen en sichtsjen trúne ’e minsken oan en joech se hânnen fol
wirk en seine hjar arbeidskreft mei hûndertfâld fen kerl en frucht. Mar
Wychman Hoara syn aerdigheit wie der ôf.
Hy hie de knoei wei, sont hy út ’e raed knikkere wie, en nou setten se
de kroan noch op ’t wirk—fen ’t simmer wie Nuttert wethâlder waen en
ried him nou mei boargemaster foarby yn ’e greate foermanswein. Sont dy
dei hie Wychman Hoara der noait wer in wird oer falle litten yn ’e hûs,
mar it waerde in neil oan syn deafet. Hy koe ’t net wer fen him sette,
mar bigoan der oer to prakkesearjen en to malen en briek der nachten
sliep om.
Nuttert op ’t stoeltsje! o hwet hie ’t syn bigearte west, det syn eigen
jonge der ienkear sitte scoe! In erfskip fen eare fen heit, det him mei
’t poâsje jild yn ’e skoat falle scoe! Ien gelok wie ’t, Fokke koe ’t
neat skille, dy joech net om soks. Mar it stiek him dochs ek geweldich,
det heit sa efterút stompt waen wie.
Krekt Freeds om healwei trijen draeide Wychman Hoara foarheftich syn
greate briedstoel om en siet mei de rêch nei ’t finster ta. Den ried
Nuttert mei de hounekarre der foarby, twa koerren mei snypsnaren erop
en in pear grouwe hounen derfor. It ratteljen fen dy âld karre wie him
al in argewaesje en hy hie wol út Hastings wei wold, allinne derom wol.
Mar de bern . . .!
Fokke wie nou boer, kloek en deun, der gyng net in sint onnut ôf en Lys
trouwde mei Ysebrand Fink. Det wie al klear. Wychman hie in foech
wâldspultsje koft mei in fyftich pounsmiet lân en sette der nou in nije
foarhúzing op, net útwrydsk, jongeljue moasten net al to fier springe,
den briek de pols. Dos dy wierne to plak.
Mar Fokke . . . och dy jonge koste him sa’n holbrekken. Dy dwaelde ôf.
Nou reisge hy wer nei de klaei ta nei de frouljue, in hiel riken ien.
Mar Wychman hie ljeaver ien tichter by honk wei. Min moast de reek fen
’e skoarstien sjen kinne.
As de bern great wierne, hie ’r tocht, krige hy einliks lins en nou
bigoan earst de ellinde foargoed. Hja setten ’t tsjin him yn ’e kant,
dy bern. Lys wie der mar heal mei ynnaem, sa’n wâldspultsje! Wychman
wist wol, hwet hjar bilechje west hie, op heite spul en heit en moike
yn ’e bûrren to rintenierjen, ien lang en twa breed. Mar hjir op dit
steed woe ’r stjerre . . . it âlderserf.
Ynienen seach hy in môgige skûrstile yn in âld boerehûs en der in
meager, langramich minske oan mei in stropke om ’e hals.
“Driûwerske!” raesde ’r yn deadsbinaudheit en fleach fen ’t
bêd—bûtendoar, sûnder stôk yn ’e koele simmernacht. Martsen hearde him
wol stommeljen en oangean, hja draeide hjar om en rekke wer yn ’e
sliep. Wychman hie ommers mar wer in minne nacht—det wie hja wol wend.
Den gyng hy in setsje bûtendoar stean yn ’t tún, krekt sa lang, det hy
sljiprich waerde en yn ’e stiltme om him hinne syn onstjûrens sakseare.
Fokke sliepte der al troch hinne . . . dy hearde ’t net iens mear, as
heit de doar iependiich.
“Hiest’ wer in minne nacht?” frege Martsen him de oare moarne noch heal
yn ’e sliep, wylt hja fen ’t bêd ôfstapte en nei ’t sydfinster ta
toffele, om ’t blyn op to dwaen.
Wychman joech gjin lûd. “Myn goede, det is him yn gjin jierren oerkaem,
hwet sliept ’r fêst!” sei hja yn hjar sels en roan nei ’t bêd om de
bêdsdoarren hwet oan to dwaen. Hja scoe de tekkens hwet torjuchte
lizze, do seach hja . . . it bêd wie leech.
“O goede, ik ha my forsljipt,” tocht se en strûpte hastich de klean oan
en makke de thé klear yn ’e hutte. Det wie sont jierren net bard, det
Wychman ’t hjar ôfwoan hie en hja wie omrake bliid, det hy wer hwet
hupser waerde.
“Ropst jimm’ heit, Fokke?” rôp se in setsje letter yn ’e skûrre, hwer
de swietrook fen ’t earste nije hea yn hinge en ’e jonge hinnepiken op
’e telle omflodderen.
Fokke scoe der krekt út mei de boerewein. “Hwet wie der oan, moike?”
sei ’r en kaem wer fen ’e wein ôf.
“Jimm’ heit moat ynkomme to thédrinken. Ik tocht, hy wie hjir by dy . .
.”
“By my? Wel né, hjir hat hy noch net west. Hastû heit ek sjoen, Jan?”
sei hy tsjin de greatfeint.
“Noch net. De boer is noait net mear sa bitiid,” sei dy. Do stiek hy
bidaerd syn pypke oan en krige it kofjetsjetteltsje op en gyng nei
efterhûs, hwer de sinne krekt boppe it dauwewiete lân útkaem . . .
great . . . keninklik . . .
Martsen en Fokke seagen him ûnsteurber efternei, elts drok dwaende mei
syn eigen tinzen. Al fjirder en fjirder gyng hy—mei lange stappen wâdde
hy troch ’t dauwige gêrs.
Ynienen—der bleau hy stean . . . do kaem hy stadich werom, yn ’e selde
stappen lâns fen nyskes . . .
“Hwet skilt Jan? Scoe ’r net goed waen wêze?” sei Martsen. “Dû mochst’
der wol hinnegean. Ik scil de hynsders wol hâlde.”
“Ea hwet!” andere Fokke koart-oanboun en seach rare stoef . . . “licht
hat ’r hwet forgetten . . . it giet net fen hjar eigen tiid by dy ljue,
moat moike mar tinke. It kin wol lije.”
“Kin de boer ek efkes meigean? Ik moat mei jou allinne prate,” sei Jan
en seach Fokke net oan, krekt as ’r him skou wie.
Dy gyng efkes mei him om de hoeke by de skûrside. Alhiel biteutere kaem
hy werom. “’t Is goed, Jan,” sei ’r, “span de hynsders mar út en den ’t
tek op ’e rún, det ’r klear is.”
En do gyng Fokke Hoara allinne it lân út. It hat it swierste ein gean
west fen syn hiele libben . . .
Yn it dobke by de dyk stie mar in healfoet wetter en der lei syn heit
yn . . . foaroer der ynfallen . . . by nacht . . . stikt . . . Wychman
Hoara, de rykste boer fen Hastings, wie wei.
De dead, dy greate roaver hie him ’t bisit út hânnen skûrd . . . En
earm brochten se him to hôf.