“Nou moast dû der ek oan geloave,” sei Wychman’s Martsen op in joun
tsjin Fokke. “Date stekt dy de eagen út . . . it is wol sa’n krúdich
pearke.”
Fokke siet stiif to lêzen yn in âld femyljekronyk. Nou hâldde hy op en
de brúne eagen fen ’e Hoara’s skitteren yn al hjar glâns Martsen
tomjitte.—Krekt syn heit!—tocht hja. Hwet stiene dy eagen hjar noch
foar ’e geest, hwer Wychman Hoara hjar mei oansjoen hie dy twadde
hjeldei der to Nijlân. En nou wie se al lang widdou en mei gauwens
waerde it noch stiller yn ’e hûs. Den trouwde Fokke en gyng hja nei de
bûrren ta to wenjen.
“As ’t moike goed is, moat Doutsen hjir mar ris komme. Wy ha der al sa
ris oer praet.”
“Is ’t sa fier den al?”
Oer it gnappe mânljuesantlit glied hwet as greatskens. “Doutsen wirdt
myn wiif,” sei hy ienfâldich wei en der scoene bergen forset wirde
moatte, as der yn Fokke syn foarnimmen oait foroaring kaem, wist
Martsen wol.
Op in Snjeone yn ’e foarsimmer, do helle Fokke se, it bleekblonde
fromminsk fen ’e klaei.
Martsen hie krekt it hûs skjin en Fokke joech hjar in pear pompierkes,
om der de westerse, de greate foarkeamer fen ’t hûs mei op to sieren.
Der slepte de útfenhûzer. Hja seach net iens nei de gloednije kléden en
gerdinen om. By heites wie ’t folle moaijer en rejaler. It foel hjar
eigentlik mar ôf hjir yn dit Hastinger heidelân. En heit hie der oars
sa fen pochd, fen ’e rykdom fen ’e Hoara’s en ho’n greate frou hja wol
net wirde scoe. Nou, hja seach der noch net folle fen as in deagewoane
nije foarhúzing en der in âld skûrre efter, krekt as wie ’tjild do al
op en koe det der net iens mear ôf. En it lân—hwet meagere bistjes
roanen deryn en hwet bosken en beammen stiene der om hinne.
“Fokke,” sei se de Sneine mei in sûrswiet glimke en krûp him ris efkes
tige oan: “en honear litst my nou jimm’ oare pleatsen sjen?” en yn hjar
kâlde blauwe eagen lies ’r wol, ho-t it hjar ôffoel.
“Hwette?!” sei ’r en harke raer op, “it giet hjir net by ’t heal desyn,
Doutsen! Us Lys en dy wenje ek op in spul fen úzes en ditte . . . oars
ha wy net. De measten meij net iens in pleats barre. Det giet sa mar
net,” en sûnder det hy ’t himsels eigentlik bikenne woe, waerde hy der
hwet forlegen ûnder, det hy ’t ek net leard hie om hwet mear swé to
slaen lyk as de klaeikers. Dy koene mear mei de pong as de wâldtsjers
mei ’t jild. Mar dy-t lêst laket, dy gyng der mei en det, der wie de
kreft fen ’e Hoara’s.
“En jimm’ skûrre, det’s ek mar sa’n ûlenêst,” smeulde Doutsen. “Der
moast eigentlik ek al nedich in nijen.”
“Sa’n saek is det net,” andere Fokke, bliid det hy tominsen dizze
greate stien forrôlje koe. “Hwet scoest sizze, as dy takommende Maeije
der ris stie en wy beiden dy den ris biseagen, wy beidegearre as man en
wiif?”
“It wie tominsen hwet,” andere Doutsen koel en skouwde him onwillich
wei oan kant. Hja hie neat mei sokke forljeafdigheden op—hy wie hjar
fierst to rimpen en to overgedreven. Sá wie hja der net mei ynnaem—det
hoechde hy wrachtsjes net to tinken. Mar hwet hâldde heit hjar langer
altyd foar:—sjoch, detst to plak komst, fanke, ’t is nou dyn gouden
ûre!—En dy binuttige Doutsen en derom joech hja de brúne Hastinger hjar
wird. Hja diich in hael, sei elkenien en de Hastingers forginden it
Fokke, det it jild al wer ’t jild socht en foun hie en in goed himmel
fromminsk der by.
De Sneine kuieren se de wei út nei Ysebrand en Lys ta, Martsen, Fokke
en Doutsen en Fokke wie de kening to ryk mei syn faem op ’e side.
Tafallich liet hy syn eagen efkes gean yn ’e fjirte en seach der de
âlde boekebeammen foar de posterij skimerjen yn ’t reagoudbrúne nije
blêd. De fyfte winterstoarm waeide der al oerhinne, sont hy der ûnder
troch gyng mei syn jong hert fol hoop en ’e freugde fen ’t bisit
wardearjen learde. Nou wie Tine al lang foart en him . . . och . . . ’t
like him ta, det it in dream west hie . . . in moaijen ien. En dochs,
langlêsten wie ’t him oerkaem op in joune, det hy noch hwet omnifele
hie by ’t hinnehok efterhûs, do hie hy ynienen in ynsicht krige, ho-t
hy nou dochs eigentlik hwet miste. It wie sa net mear as do mei Tine .
. . dy hie hy ljeaf-hawn mei hert en siel en nou, och it wie birekken
laech by Doutsen en him allebeide. Krekt genôch om erop trouwe to
kinnen en den . . . nou det scoe ek wol wer gewoante wirde. Min went
oan alles. By heit en moike hie ’t wetter ek lang altyd net ien wei
roan—der hekke it ek wol ris. Nou, hy scoe ’t der den mar op oankomme
litte, hy woe ek wol to plak—in geseten boer wirde op ’t eigen sté en
sa by moike . . . der krige hy syn nocht fen. De jierren wierne der nou
ek . . . hy wie nou ek al yn’t fiif en tweintichst en de kammeraten om
him hinne, derfen hiene de measten de knottestrûp ek al gearhelje
litten fen ’e faem. Inkelen hiene al in grou jonge yn ’e widze.
Sa gyngen syn tinzen hjar eigen wegen, wylt hy oer dagelikse dingen
praette en de simmersinne him waerm op ’e foarse brúne nekke skynde. De
klaverblommen rûken yn ’e finne en ’t hôf skimere readeftich fen ’e
sûre surken. Lûd en skel songene de skelfinken yn ’t biblomme hout en
de earrebarren saeiden fen hjar skûrre del en waerden wei yn ’t reidgûd
fen ’t Jifferspoeltsje. Det wjerspegele de kleare blauwe loft yn syn
wetter en de steile, hege klapperbeammen, der de wyn winters sa graech
mei omswypkje mocht. Mar nou wie hy stil . . . de soele simmersigen
gyng oer it Hastinger lân.
Fokke fielde syn frisse azem oer syn waerme wangen, it moaije
maitiidswaer makke him moedich en fleurich en syn hiel ein libben seach
hy nou al foar him as in ôfparke ein wei, fordield yn winter- en
simmerskoft, bêste jiergongen en miswier, ljocht en skaed—mar ’t ljocht
fen ’t measte. Der wierne de Hoara’s sa al op forkaem, det it lot hjar
biginstige, det hja rekkene der like wis op as op ’t op- en ûndergean
fen ’e sinne.
“Dû bist stil,” sei Martsen.
“’k Ha ’t oars bêst nei ’t sin,” andere Fokke mei in loddrich knypeagje
nei Doutsen, dy-t hjoed in wûndre goede dei hie . . . . selst in
biwyske fen hwet read yn ’e bleke wangen. Hjar ljochte eagen stiene sa
helder as in gril, Fokke koe ’t net litte en tinke aloan om helder
trochsichtich flakteiis by ’t winter, sa fol stielblauwe skittering
wierne hja ek. Ja, dy eagen, der wie hy wol ’t allermeast op foreale,
omdet hy se ek ienkear ljeaf hawn hie yn . . . Tine. Sûnder det hy it
sels eigentlik rjucht bisefte, hie hy yn Doutsen it oantinken ljeaf oan
’e faem fen syn hert.
“Binn’ wy der hast?” sei Doutsen en kúrde de Hastinger wei út. “Hwet
binn’ ’t hjir einen.”
Fokke harke binijd op. “Bistû ’t rinnen den net wend?” sei hy en
tochte, sa’n feardich frouminsk as hja, dy hâldde it wol twa ûren út.
“Wy ride,” sei Doutsen en seach mei in fiis gesicht nei hjar bistoude
gledde learskes. “Heit wol net lije, det wy sokke einen rinne, den
komme wy ûnder de skjensprúten. ’t Is ek fierst to hiet sa midden op ’e
dei.”
“Nou! nou!” smiet Martsen nou mei in fyn glimke in duit yn ’t pongkje,
“jimm’ heit hâldt jimm’ wol for Sneins. Fokke dû wist nou, hwet dyn
foarlân is. Doutsen moat simmers yn ’t skaed.” Doutsen fielde de spot
fen ’t minske hjar wirden wol, mar hja liet it hjar net blike. Heit sei
altyd: Tuike moai spylje, en fen efteren pakke, der kaem min fier mei
en as hja hjir mar earst boerinne wie, den skoudere hja dy yntrouwde
tsjinstfaem wol en dy hiele santepatryk derby, det Hoara’s folk mei
hjar botsense greatskens.
Sjoch nou ris, der wennen nou Ysebrand en Lys! Heite arbeiders hiene
like moaije wenten en yn’e hûs, sútrich wie’t, der gled by troch! Seis
stoellen en in tafel en in mahoniehouten kast en gjin iens in fêst
kleed oer ’e flier! En dy Lys hie noch in âldmoadrige jurk oan mei
pûddemouwen! Dy droegen hja for moarns net iens mear, dy makken hja
hjar kwyt! Min moast mei yen tiid mei, sei heit en syn Dou en Annet
moasten nûmmer ien bliûwe yn Lessebûrren! en det wierne se! Mar hjir!?
Och headen, it waerde in wâldboers-spultsje, hwet meagere bistjes en in
kreupel rydhynsder, der min net iens fetsoenlik mei by de femylje komme
koe.
Hja waerde der tige let en set, nou fensels, det kaem hjar ta—der moast
in eare yn steld wirde om hjar yn’e femylje to krijen. Elle en
Reinder’s Lys kamen der ek mei in poppe yn ’e wein, in lytse Janke.
Nou, det foel hjar noch al ta, Lys wie yn ’t swarte side en ’t bern hie
se yn’t wyt. Mar det minske doarst it to ûnderstean en bihânnelje hjar
sa gewoan, det hja Doutsen raer yn hjar eare taeste. Dy woe ha, min
scoe mei hjar to stek stean. Hja wie ’t ommers, Doutsen Hermanna!
Fokke seach ’t wol, Doutsen hie ’t net sa botte bêst nei ’t sin. It
frjeonlike glimke fordwoun hielendal—hja seach rare spûnsk en diich
gjin mûle mear iepen, as allinne to koekjeïten en hy wie omrake bliid,
det alles yn frede ôfroan en hy hjar mar wer bihâlden by himselvers
yn’e hûs hie yn’e foarkeamer.
Martsen wie op bêd gien . . . hja sieten mei hjar beiden noch hwet to
neipraten.
“En honear scil ’t nou wêze?” bigoan Fokke mei ljeafdes forlangst om
syn bleke blom nou altyd om en by him to hawwen.
“Ik wit net . . . ,” andere hja. “As de útrissing klear is en det
dûrret noch al hwet fensels.”
. . . “Ja . . .? Ik tochte, keapje it kant en klear to Ljouwert.”
“Hwet mienste,” sei hja finnich, “de kanten moatte noch haekt wirde for
de lekkens en slopen fen ’t útfenhûzersbêd en d’oare redding is ek noch
lang net klear. Mar der hastû gjin forstân fen.”
“Utfenhûzersbêd . . .,” sei Fokke en tocht ris nei. “My tinkt, Dou, yn
’t earst kinne wy it wol togearre ôf. Der hoeche gjin tredden by. Ik ha
der my al sa’n bult fen foarsteld as wy hjir ris moai sa togearre sitte
. . .” en hy loek se sêft nei him ta.
Doutsen seach prot. “Fensels,” sei se, “útfenhûzers kostet jild en astû
ek sa’n nepert bist as . . .”
Ynienen liet hy hjar wer los. “As hwet . . .!” sei’r. Syn eagen
fonkelen fen opljeppenheit.
Mar Doutsen stie him. It sêfte laem syn wolveaerd kaem efkes om ’e
hoeke. “As jimm’ heit . . . det wie in nepert . . . seit min.”
“Min seit safolle, mar min leauwt alles net, fjurre Fokke kwea fen him.
“Min seit ek al, Doutsen, jimm heit loek it seil ek al heger as ’t pas
joech, jimm’ wierne oan reapsein, seit min. Mar in Hoara lit sokke
praetsjes ’t iene ear yn en ’t oare útgean.”
Doutsen hjar hert stie hast stil, sa’n skrik krige hja, mar hjar min
sin woe se botfiere en omt se ’t it bêst tsjin Fokke weagje doarst, koe
hy de pap koele.
Mei hiette hollen kibben se der mei inoar om en de joun, der Fokke him
sa’n bulte fen foarsteld hie, forroan yn argewaesje en teleurstelling.
Hy seach súver tsjin ’e Moandei’s en Tiisdei’s oan, de Woansdei’s den
gyng se wer foart.
Mar de oare moarne, do wie de bui oerdreauwn, hear, by nacht wie de
loft opkleare.
It waerden noch in pear hearlike dagen for him en der lei sa’n glâns op
syn antlit, det Martsen him al ris pleage: “Jonge, it lok skynt dy ta
dyn eagen út.”
En Doutsen lake mei en wie hast net by him wei to slaen. Ja, hja moast
selst mei om de heide to sjen en Fokke en hja bleauwne wol twa ûren
wei. Sa lang sieten hja der op in sânbultsje yn ’t biskûl fen in
stikmennich âlde bjirkebeammen. En it stille heidelân mjille mei in
wûndere gloarje fen kleuren dy ûre yn syn oantinken. Sa moai hat de
sinne noait wer skynd en de fûgels songen as do dy dei for de brúne
Hastinger, dy-t syn faem de heide sjen liet, dy-t hy ljeaf hie en der
hy by great waen wie.
En de Woansdei’s brocht hy se wer nei hûs, nei de swiere klaei, der
hjar widze op stien hie. Oer in fjirtsjin dagen scoe hy der wer hinne.
Do draeide Piter post op in joune it paedtsje op nei hjarres. Fokke wie
net thús—hy siet to dwarsfluite-spyljen mei weinmakkers jonges yn ’e
bûrren. Martsen krige it brief oan . . . it wie ien fen Doutsen, dy
hân, allegear kribeltsjes en krabbeltsjes, koe se al sont trije jier.
Hja lei him op ’e secretaire en gyng wer oan ’t naeijen. En hja forgeat
him. De oare moarne kaem ’t hjar yn ’t sin. “Der is in brief for dy
kaem, jisterjoune, fen Doutsen,” sei se en joech him Fokke oer.
“Wer neat om ’e hakken. Ik ha in hekel oan det geskriûw om allerlei
wissewasjes,” sei Fokke en stiek him ûnsteurber yn ’e bûs. Doutsen hie
altyd sa’n droktme om neat . . . twa, trije brieven skreau se sims wol
oer in nietichheit en Fokke koe der mar in hiele Sneintomiddei oan
weagje en skriûwe hjar werom. Licht hie se wol wer hwet forgetten en
moast hy ’t nou Snein meinimme en hast onwillich wei skûrde hy it brief
iepen en lies him yn ’t kofjeskoft op ’t haeilân . . .
Hy seach der ris op om en noch ris . . . do stiek hy him yn ’e bûs. Syn
antlit, det earst fjûrread waen wie, waerde nou kalkwyt en hy stie,
der-t hy stie mei de hân noch yn ’e bûs op it brief. Do gyng hy efter
in ierdbult sitten en dronk syn kofje op, sûnder der eigentlik bilul
fen to habben, hwet ’r die . . . sa wie hy út ’e liken. Dit kaem him
oer as in tongerslach . . . Doutsen skreau him ôf, Doutsen! It hie hjar
der sa min talike, skreau se reslútwei, det hja koe der net ta komme,
syn wiif to wirden. It moast mar út wêze, en hja rette him oan, it nou
mar ris mei in Hastinger to bisiikjen. Det paste ek better.
En lyk as for jierren syn heit, sinde Fokke Hoara nou ek op wraek mei
in divelske bigearte, om hjar sear to dwaen oan ’t hert ta . . . det se
yn inoar krimpe scoe fen pine. Yn syn ellinde tognidde hy nou mei ien
slach al it goede fen syn ynboarst . . . smiet it wei as bollêst. Der
regearre min de ljue net mei. . . hja moasten yen freze, det joech
macht! Dy dei hat hy earst de karaktererfnisse fen Wychman Hoara
oanfard . . .
It wie de âlde Fokke net mear. Elkenien mirk it wol . . . ho nei as ’r
’t him naem. Inkelen hiene der bigrutsjen mei . . . mar de measten
laken him út en dy wol ’t hirdst, dy-t it him sa forgind hiene. De
femylje sei der net folle fen, hwet bidiich ’r ek mei sa’n sniggeltsje
fen ’e klaei. Wierne hjir gjin fammen genôch mei jild? Mar byn de mûs
op ’t spek, den wol hy der net iens oan rûke. En det lieten se him
ûnder dúmkes wei op in allerfinaelste menear ek mar ris fiele, foaral
Oebele-om joech him der mennich spytbokking oer, mar it kaem Fokke
Hoara net iens mear oan ’e kâlde klean. Syn gefoel stompte ôf . . . hy
waerde der dôfhûdich ûnder en ûnforskillich en Martsen hie in aeklik
krús mei him yn dy dagen, sa tipelsinnich wie’r. Der mocht him net in
strie oerdwers lei wirde, den fleach ’r op en wie der gjin hûs mear mei
him to hâlden.
Einliks waerde hy wer bidaerder, hy joech him del. It forgif hie syn
útwirking dien. Foar ’t each wie hy wer de âlde, net sa flot mear, yn
him sels keard . . . mar Martsen dy stie ’t spul dochs noch net. Dy hie
him fen lyts ôf kend . . . dy wist, det ’r ljeaver omkaem, as dy smaed
op him sitte to litten.
It wie yn’e lette hjerst, do sei hy op in joune tsjin hjar: “Leit moike
myn klean ré, ik gien in deimennich útfenhûs nei Hesmoi’s ta. It
fljocht my allegear oan hjir to Hastings.”
“Dû hast gelyk. Dû moast der nedich út. Unsjoch bist yn ’e lêste tiid,
Fokke. Nim ’t dy dochs net sa nei, jonge. Elts minske krijt wol ris in
opstapper—der moat min mar tsjin kinne.”
“Moike kin wol hwet prate,” sei Fokke en sloech do mar gau yn oar
praet. De woune diich noch sa sear—hy koe net iens féle, det der mar op
sinspile waerd.
In pear dagen letter siet hy al by Hes-moi’s yn ’e hûs ef eigentlik by
notaris Anema en Hes-moi, mar yn ’e binaeming wie ’t altyd Hes-moi
bleauwn. Notaris rinteniere nou mei Hes-moi yn ’t moaije hûs mei de
spegelrúten oan ’e Willemskade. It jounljocht forflauwe . . . de
stevige stap fen ’e lantearnopstekker klonk oer ’e stille strjitte, der
de lange skaden fen ’e joun al oerhinne slûpten en dy-t der forlitten
foar lei, twa wite Octoberdroege streken en yn ’e midden it kabbelige
wetter yn syn sêft jouns-op-en-del-gean. De skippers histen de
lantearnen yn ’e mêst en hellen fluitsjende de seils yn. Mei ’t sjen yn
’e loft mirken se de foroaring yn ’t Westen . . . der wie de loft
opkleare, helder as in berneëach nei in bulte triennen. In smel
streekje goud glûrre efter it swart fen ’e wolkens wei, efkes. . . to
glûp . . . en joech in reade wjerskyn op ’e wite húzen oan ’e oare
kant. Do waerde it ynienen wer tsjuster en de stjerren bitrieken de
stille wacht oan ’e loft . . . ien . . . foar ien . . .
Hester en Fokke sieten der stil nei to sjen. Det mocht hja yn Hastings
ek altyd sa graech dwaen, hjar eagen gean litte oer ’e loft en it wide
stille lân. ’t Wie nou ôfwóan al lang en Hastinger ljue en libben
wierne waen as lêzene blêdsiden út in weilein boek.
En dochs . . .! Nou ’t hja dy jonge wer sjocht en hy hjar alles fortelt
mei forkroppe triennen yn syn lûd . . . nou is se noch Hastinger mei en
bigrypt him yn syn ljeafde en ek . . . yn syn haet! Derfor is se in
echte dochter fen ’e Hoara’s—itselde hjitte bloed set hjar oan.
Om him hwet treast to jaen, sei se: “Nou, to moijen hoecht it dy net sa
slim. ’t Is net sa folle mear mei dy Hermanna, dy lizze oan ’e
sintinsje, dy giene deroan op den duer.”
“Ik woe ’t wol,” sei Fokke.
“Dû hast dochs gjin mâlle dingen yn ’t sin, wol?” warskôge Hes-moi
forstânnich. “Tink er om, ho minder gewach der fen makke wirdt, ho
minder opskûrring. Oars wirdt it wer wech-en-der-wear ûtbasúne, lyk as
do mei Driûwerske. Do binn’ wy raer oer ’e tonge gien . . . it wie my
súver in argewaesje.”
“Heit hie himsels net goedernôch yn ’e macht, dy wie fierst to rimpen,”
en Fokke tocht mei in sucht noch ris om dy tiid, dy hearlike jonkheit
en as wie Tine wer by him, sa klear hie hy se optheden noch foar ’e
geest.
Krekt as rette Hester syn tinzen. “Dû bist neat net fortúnlik yn ’e
frijerij. Ast’ ek noch mar net âld troust’ sa’s ik. Mar der moat oars
al wer in lytse Wychman op d’âld pleats, Fokke. Hastings sûnder
Hoara’s, ik kin der my hast net yntinke.”
“Nou hwa wit . . pleage notaris goelikwei, wylt ’r yn ’e keamer kaem.
“Dû litst it der dochs net by sitte, wol Fokke?”
Der koe net in glimke ôf. “Ik wit net,” sei’r stoef, . . . “it moat mar
oergean, leau ’k.”
It nocht wie derôf, foargoed. Martsen en hy hoaiden der wer mei inoar
om, krekt as fen âlds en ’t bigoan der nou minder as oait op to lykjen,
det der noch ris wer foroaring komme scoe.
De bern fen Ysebrand Fink en Lys boarten al om ’e doar en sa
njonkenlytsen kamen de bern fen Oebele-om ek noch oan ’t wiif en oan ’e
man. De âlderein fen Hastings joech him net sa folle mear op in paed,
de jongerein skoude op en naem hjar plakken yn yn tsjerke, op ’e wei en
yn ’t weardshús. Martsen Kobus joech der hjar nou sittende nei . . .
hja waerde krebintich en nearboarstich en biwintere min.
It waerde der o! sa’n stil bidriûw op ’e âld pleats. Fokke joech der
him del, syn libbensheechtiid hie’r fierd en ’e neiklanken rûzen noch
wol om syn harkjend ear, mar bittere wanklanken wierne der middenmank,
bitteren, dy-t al it oare oerstimden.
Sa krûpen de jierren sleau-wei foarby yn ’e ientônigheit fen in bulte
dagen súnder ôfwiksel. Op ’e gesette tiden gyng Fokke nei de fémerken
en maitiids en hjerstmis nei Ljouwert en brocht it oerwoáne jild yn ’e
bank. In great swé sloegen de Hoara’s net—der kaem gjin praet fen en
winters krûp ’r as in kenyn yn ’e hoale. Setten en pretten der kaem ’r
net mear . . . der fielde ’r him net mear thús en oanstryd om nei de
frouljue ta to gean hie hy ek net mear. Hy wie in stilsteand wetter
waen, det binnen syn eigen iggen fordroechet en noait wer de mesyk fen
’e brûzjende, libbene, rinnend-wetterstream heart.
Mar syn haet, dy forgeat ’r net, de brúne, stille Hastinger. Hy wachte
op in geskikte gelegenheit en dy kaem, jierren letter, do-t der al
grize triedden troch syn donker hier skimeren en der fen ’e jonkheit yn
it bienbitige, meagere antlit net folle mear oerbleauwn wie as de
moaije hartstochtelike eagen.
In tin laechje snie lei op ’e âld skûrre en it bigoan wer to wiskjen
mei fine flokjes. Rûzich waeide ’t om ’t hûs—de draeijer op ’e
skoarstien pipe yn ’e twirren en ’e keale tokken fen ’e linebeammen
sloegene op ’t tek.
Yn ’e hûs wie ’t deastil, mar sa nou en den rinkele der in ket yn ’t
bûthús en ’t hout knapte yn ’e kachel. Martsen siet mei de hân oan ’e
holle . . . hja smûchde wer fen binaudens, nou der snie yn ’e loft siet
en wie krekt in selskip, det by de swijgsume Fokke paste. Earst siet ’r
hwet to skriûwen yn syn sakboekje, do krige hy de Ljouwter krante fen
’e skoarstienmantel en bigoan to lêzen, stadich, as immen, dy-t tiid
genôch hat en alles neisneupe wol.
Ynienen lei hy him heftich del. “Moike!” sei hy.
Martsen waerde kjel wekker, de eagen wierne hjar efkes tichtfallen hjir
yn ’e waerme keamer. “Nou, hwet is der oan?” sei se, noch mar heal by
de tiid.
“De sauntsjinde Decimber moat ik nei Ljouwert. Tinkt moike der mei my
om?” en hy diich ek noch in greate knoop yn syn readbûnte bûsdoek.
“Is det alles? Nou, der hoechst my wrachtsjes ek net om wekker to
meitsjen, sa’n kleinigheit. Mar jimm’ mânljue, ast’ mar for jimm’ sels
giet.” . . .
“Moike is tizerich krekt as lytse bern. In kleinigheit . . . in
kleinigheit!! Hwet scil ’k bliid wêze, as ’k dizze kleinigheit for
inoar krij!” Hy wie alhiel oerémis . . . prate der red fen.
“Ja, ja!” sei Martsen noch en knikkebolle al wer. Fokke diich de eagen
ek ticht, it wie in ûre fen neitinken en hy binuttige dy op syn eigen
menear.
Hy wie ynienen as mei hânnen omkeard . . . hy waerde noch ris wer jong
en der koe wer in grapke ôf en hy munstere himsels op as in jong
hynsder . . . By in djûr snider to Ljouwert waerde in nij pak klean
bisteld fen ’t allerfynste lekken en ’t hie him noch noait sa nau
stitsen mei ’t Ingelsk himd en ’e board en manchetten. De
nijsgjirrigens kitele Martsen aldernúverst, mar hja doarst it net to
ûnderstean en freegje him op ’e man ôf, hwet hy dochs wol yn ’e akte
hie. As hy ’t for him sels hâlde woe, holp al ’t fiskjen neat. De
Hoara’s forpraetten hjarsels noait, dy lieten net mear los, as hja sels
wol misse woene.
De frouljue mei de taeikoerren swaeiden it paedtsje op, de bern fen
Ysebrand en Lys brochten de klompkes mei hea by beppe’s en songene
Sinteklaesesangkjes ûnder ’e skoarstien, it folk gyng nei de bûrren ta
to lotsjen en kaem bikaeid ef mei in stoaters pryske wer thús, do kaem
der op in mistige joun in frjemde man by hjarres en frege nei Fokke.
“Kom yn,” sei dy koart en hwet hy noait diich hy draeide de doar fen ’e
greate foarkeamer fen ’t slot en der bleauwne se do in hiel skoft. De
moaije greate lampe, dy-t noait wer barnd hie sont Doutsen hjar
útfenhûzerij, moast op en de kachel oan. It waerde in hiele forsteuring
yn ’e lette joun, it stie Martsen eigentlik mar mâlle min oan, sa’n
genachtraef, mar Fokke wie altyd noch sa’n bytke hjar pop, dy koe ’t
net gau bidjerre by hjar.
Oars wie Fokke altyd sá . . . moike moast oeral mei foaroan, mar nou
joun taelde hy net nei hjar. De doar bleau ticht en hja praetten sa
súnich, det troch ’t slotsgat koe se hjar ek net biharkje. Do krige se
in Jannewaris en joech hjar del yn ’e greate briedstoel mei de
slûchbarnende lampe foar hjar, dy-t krekt op hjar ynfallen antlit mei
syn doffe eagen skynde. De lea bifoel hjar, hja rekke yn ’e sliep.
Der sloech de klok—tsjien ûre wie ’t. Der hearde se de doar iepengean,
de frjemde man joech him ôf. Syn swier lûd droane as in klok yn ’t
foarhús, de klompen klosten op ’e houten fiier. Martsen seach mei in
skimer, det hy griis hier hie en in lange grize baerd—en fen postuer
wie hy de lytse kant neist. Fokke stie neist him as in slappe jonge
beam neist in âlde knoestige stamme en syn bleke wangen wierne read en
syn donkere eagen skitteren yn it meagere antlit.
“Jy hânnelje nei omstânnigheden?” tante Fokke him mei oandrang.
De frjemde man nikte. “Ik doch, s’as jy sei ha. It is nou allegear goed
forpraet, scoe ’k sizze.” Op ’t stik ôf prate ’r, tige wis. Syn menear
fen dwaen joech fortrouwen.
Do hearde Martsen him foartgean. It geklos fen syn klompen klonk domp
en swier op ’t bisnijde paed en ’e snie wiske daedlik syn foetleasten
wer út mei hjar donzene plûmkes.
Nou koe Martsen hjar net mear stilhâlde, al hiene se hjar ek in mes op
’e kiel set. “Hea, Fokke, hwa wie det?” sei se. “Is ’t in
nij-ynkomm’ling?”
“It wie gjin Hastinger,” sei Fokke net wakkere oansjitsk.
“Net? . . . ik tochte al, hy kaem my sa frjemd for. Dû jowst dy dochs
net yn ’e hânnel mei frjemd folk, wol? Ik meij der hielendal net oer,
sa’n gestrún by nacht.”
“Ik ek net,” sei Fokke koel en do trêdde hy mei syn lange rjuchte
skonken ta de keamer út nei ’t bûthús ta. Martsen wie steurd en bigoan
der ek net wer oer, mar it lei hjar al dy dagen foar op ’e tonge.—
De sauntsjinde Decimber kaem en Fokke wie der klear for. De moarne
ier-en-betiid stiek ’r al ôf en hy sei: moike moast dy joune mar net om
him opbliûwe, it koe wol ris let wirde—den bleau hy by Hes-moi to
nacht.
De snie wie wer weiteid . . . in tinne Decimbermist hinge nou oer it
Hastinger lân en swiere wetterdrippen foelen mei ientônich tik-tak yn
’e folle sleatten. Min hearde it klopjen fen ’e flaljeklappen op ’e
tellen en it sûzjen fen ’e wine, mar oars wie ’t deastil yn ’e natuer.
De toarre beambledden ritselen selst net iens mear oan ’e beammen.
Yn ’t Easten spjalte in fealgiele streek ljocht de swiere grize loft en
’e bleke wintersinne riisde stadich omhegens, swier bihinge mei
wolkengazen, mar de loft woe net trochskûrre en in ûre ef hwet letter,
do-t Fokke út ’e trein stapte, wie de loft al wer egael grys. Allinne
de sêftgiele neiskimer fen in pear ûre sinneskyn hinge noch yn ’t
Easten . . .
It wie nou al middei. Hy hie by Hes-moi en notaris oan west to iten en
to rieplachtsjen en nou folge hy de krinkelbôgen fen in wiete púnwei op
’e klaei. Foar him leine de earste húzen fen Lessebûrren. Och, hwet hie
hy ’t goed kend, it doarpke, det hy oars Sneintojouns sa faek
trochriden wie nei Doutsen ta. Der wie net folle foroare, de âlde
linebeammen stiene noch yn ’e bûrren en de rinteniers, dy-t to
thédrinken sieten, seagen him mei binijen oer de blauwe ramtsjes
efternei. Krekt as ’t noch mar efkes lyn wie—en dochs . . . skraelwirk
fjirtsjin jier wie ’t al. Fjirtsjin jier hie hy ’t oan tiid hawn, om op
wraek to sinnen en nou hjoed . . . né optslach, den naem hy him. Efkes
krolde hy der noch foar om . . . mar do wie hy ek biredt as in spylder,
dy-t de lêste wichtige kaert yn hânnen hat en dy nou op ’e tafel smyt .
. . de amerij fen ’e bislissing.
Hiel yn ’e fjirte lei de pleats fen Doutsen hjar heit, Jan Jelles
Hermanna. De greate pleats eage nou neat yn ’t donkere waer, mar ’t wie
oars in hearespul. In dwershúzing op kelderskeamers en twa skûrren der
efter, in greaten en in lytsen ien, dy-t hjar op ’t greate hoarnleger
legeren yn ’t biskûl fen in eskensingel. Efkes flikkeren Fokke syn
eagen fen haet, hy tochte om Doutsen hjar gesmeul op ’e âld skûrre to
Hastings. Dy mei dizze skilde ek sa folle as nacht en dei, det wie
wier, hy sels hie ek wol eagen om det to sjen en der den in tachtich
pounsmiet bêst klaeilân by . . . hy hie ’t dodestiids net sa min
útfikeleare.
Jan Jelles, in steile meagere man, siet mei syn wiif en syn beide
dochters Doutsen en Annet yn ’t sydkeammerke. It wie stil yn ’e keamer,
binaude stil, krekt as wie der in deade yn ’e hûs.
“To, drink dyn thé ris op,” noade mem de bern. “Jimm’ litte alles kâld
wirde.”
“It smakket my net,” sei Doutsen ynienen moi lûd en smiet it haken del.
“As ’k der om tink, hwer wy oer in healjier miskien sitte scille, den
wird ’k moilik . . . Den smakket my alles as galle. Hwerom hat heit ús
ek net warskôge? Den hiene wy ús bikrimpe kind en nou . . . ’t gyng
alles mar út ’e brede fjirtsjin. It koe net op!” Hja rôp it súver op ’t
lêst út.
d’Ald man foar hjar oer sloech syn eagen del. “As ’k it tsjin jimm’ sei
hie, hwet den? Tochtst’, det ús Kike den noch sa goed to plak kaem wie?
Hja hiene jimm’ allegear skoudere.”
“Sa’s se nou ek al dogge.”
“Ja, mar bern, dou bist ek al sa jong net mear,” sei hjar mem
bisêftigjend. “’t Hie ek gâns better west, ast’ der mar hwet oersjoen
hiest to Hastings. Dy swarte feint hie dy gau ûnderhâlde kind, sa folle
scil ’r altyd noch wol hawn ha.”
Der woe Doutsen net oan. “Dy-t sa omheukerje moatte, det’s net folle,”
sei hja. “Ik paste der net.”
“Nou, wy scill’ ris sjen, hwerst Maeije wol paste,” sei Annet. “Licht
wol yn in dyakenijkeammerke.
“Stil bern,” sei Jan Jelles . . . “bidim jimm’ dochs yn ’e goedichheit.
As ’t folk it heart . . .”
“Tocht heit, det hja nou mear ticht binne for ús? Rabje dogge se, de
hiele streek lâns. Nou binn’ de goede dagen forgetten en ’e ierdappels
hjerstmis en ’t bargegûd!’
“Goed-dwaen hat noch noait in skande west!” sei Jan Jelles sêft. “Mar
de tiden wieme sa min . . . ik koe der net mear tsjin oan, n’t Minke?”
en syn eagen smeken syn wiif om in treastlik wird yn syn ellinde. Mar
dy hâldde hjar stil. Nou-t it jild op wie, joech hja neat mear om Jan.
Hy koe der mei oanpiele.
“Scoene der in bult komme joun by de forkeaping?” sei Doutsen en seach
oer it wintereftige lân.
“Det scil ’t wol,” andere Janne Minke bitter. “Moast ek net hinne,
Jan?”
“Myn eigen skoan lân útfeiljen hearre?” . . . en de triennen kamen Jan
Jelles yn ’e eagen. “It scoe my troch myn hert hinne gean . . . O
Minke, hwer keare wy?”
“Yn ’t earmhûs,” sei dy koel, “en dou oan ’e brake.”
Oer Jan Jelles syn meagere wangen roanen in pear triennen, mar Minke
diich, as seach hja ’t net. Hja koene opkrasse, fen ’t moaije âlderlike
spul ôf en hiere in foech wentsje yn ’e bûrren. It heareneintsje libben
wie dien—skrabjen om ’e kant wie nou hjar foarlân. Jan hie ek altyd
slûch west. In goed libben, det moasten hja der den dochs noch yn ’e
goedigheit fen nimme kinne en hy hie op ’t kaptael passe moatten.
Nou wie ’t to let. Nou joun wie ’t de lêste sitdei fen ’e pleats. . .
moarn hiene se net in hoekje eigen groun mear. En op acht en sechstich
tûzen goune en hwet stie ’t spul, in great kaptael en det yn in goed
tritich jier wei. Hja seach ris op ’e klok—healwei fiven wie ’t. It
dûrre mar in lyts setsje mear, as in oar neamde it sines. Gjalt
Gjaltema grif, de rykste boer fen Lessebûrren en in âld feint, dy-t
jierliks in kaptael oerwoan. Och, as hja der den noch ris bliûwe koene
to hier? al wie ’t mar twa jier! Yn twa jier koe der sa folle foroarje,
licht krigene Doutsen en Annet noch wol in rike man. Hja hiene altyd sa
meidwaend kind en de feinten seagen tige op stân. Sa paeide det minske
hjarsels noch op ’e dei fen ’e ellinde mei swiete takomstdreamen, mar
it lot hie ’t hiel oars mei hjar for. Binnen de twa jier scoe hja al op
’t hôf lizze en wie Jan Jelles môlkerider op ’t febryk en de beide
dochters tsjinnen.
Lokkich, hja wiste ’t net. Det allegear op ien stuit to dragen, hie to
swier for minskekreften west.—
De joune dwelme hiele Lessebûrren hast as skynsels troch de mist en
sette ta op ’e harbarge “de Sulveren Bearskes.” It wie noch folle
greater pret as in merke, sa’n greate forkeaping . . . der joech min
allinne út, hjir koe min noch in stûr fortsjinje mei strykjildskriûwen
en det diene hja der den ek wakker. De hollen waerden der hiet by en de
pipen gyngen út, der rekke ek al ris ien twisken, dy hie de pipe oan
mei de dop der op.
Gjalt Gjaltema liet se mar biede en raze. Hy siet der yn in hoeke fen
’e jachtweide nei to harkjen en bisocht ris, om mei de frjemde man oan
’e slach to kommen, dy ’t stil neist him by ’t taffeltsje siet to sjen
en to skriûwen.
“Hjoed ek for saken út west, keapman?” fiske Gjalt. “Min waer oars, om
yen op in paed to jaen.”
“Ja,” sei de man en lei ’t skriûwboekje del. As syn ja op ’e saken ef
op ’t waer sloech, det moast dy âld boer sels mar riede, tocht him.
“Det lân wirdt prizich,” sei’r.
“’t Is oars net sa botte bêst, moatt’ jy tinke. “Knippich . . . fierst
to heech man—as ’t simmer is en ’t droeget moi sterk, ik kin jou sizze,
den is ’t gjin sint wirdich. Mar der binne noch wol in pear goede
stikjes by, fen dy aerdige hoekjes.”
“Jy binne in Lessebûrster, tink ’k. Moatt’ jy net ris biede”, tante de
man him ûnforskillich wei. “Hjir ’s joun wol jild to fortsjinjen, leau
’k. ’t Scil wol út inoar fleane.”
“’k Wit net . . .” skodholle de âld boer, . . . jou moatte tinke, de
echte bieders, dy hâlde hjar noch stil.—Ja, tocht de oare—en jy . . .
jy binne der ien fen.
“To . . .” sei Gjaltema wer, mei hwet skarlúneftigs yn syn eagen,
“moatt’ jy ek net ris biede, feint, op in stikje?” Sa scoe hy dy earme
keapman ris foar de kroade ride. “Mar jy ha fensels mear forstân fen ’e
hânnel, tink ’k? Hwer binn’ jy wei?”
“Fen Ljouwert,” andere de keapman koart.
“Den binn’ jy miskien de Lang, dy-t hânnelt yn lynkoeken?” Gjalt
Gjaltema wie sa nijsgjirrich as in âld wiif . . . hy doarst de minsken
’t jild hast út ’e pong freegje.
“Né,” sei de keapman en seach rare stoef . . . “det mist jou . . .”
Der ynienen waerde it hwet stiller yn ’e jachtweide.
“Nou giet it derom, it giet by samenvoeging,” learde d’ âld boer syn
selskip en hy lei de pipe del en sette de brul op ’e noas. Syn hânnen
trillen in bytsje en der kaem hwet mear read yn syn triedtsjewangen,
mar oars bleau hy himsels sa gelyk, det in oaren as de keapman hie ’t
net iens merkbiten.
De stiltme fen ’e forwachtinge slúte de mûlen. Jan Jelles, dy-t der
dochs noch efkes west hie, slûpte der stil út . . . dit koé hy net mear
oanhearre en hy gyng nei hûs en waerde wei yn ’t bûthús, it ienichste
plakje yn ’e hûs, der-t hy noch net hosk wie.
De opropper bigoan wer mei syn relaes fen: een Sathe en Landen,
welgelegen aan den grindweg te Lesseburen enz. staande bij zamenvoeging
op eenenzeventig duizend driehonderd en acht gulden. Wie verhoogt
dezelve duizend, negenhonderd, acht, zeven, zes . . . d’ Ald boer
fleach oerein. “Myn!!” rôp ’r mei in triljend lûd en ’e hân yn ’e
hichte.
“Ei! ei!” sei syn bûrman en lake smaeklik, “it lân wie oars sa danige
knippich, net boer?”
“Dy-t it hynsder ha wol, lekket it,” andere dy binaud en bliid fen
beiden, det hy de pleats al sa goed as hie.
De opropper bigoan wer: staat bij Gjalt Gjaltema, landeigenaar te
Lesseburen op eenenzeventig duizend, negenhonderd en acht gulden. En do
hy wer oan ’e seishûndert ta wie, sei in frjemd jong lûd ynienen: “Myn,
opropper!”
“De deale!” sei d’âld boer en seach syn bûrman mei rare eagen oan:
“sistû my yn ’e wielen ride, kwajonge? Hwa bistû en hwet hastû?”
“Strykjild skriûwe,” en ’e keapman seach him oan mei in pear skerpe
eagen. Do wonk hy . . . en in jierrich man mei in grize baerd gyng
neist him sitten.
“Pas mar op, det ’t net in stroppe wirdt, dû mei dyn stêdsk gebear” . .
. en do súniger, “to, to, ik moat dit oars al ha. As ’k dy in bankje
fen húndert jow, hâldst’ dy den stil?”
In frjemd glimke glied der oer ’e keapman syn meager antlit. “Né,” sei
hy koart. “Dit ’s nou myn aerdigheit ris.”
Sa gyng det noch twa, trije kear en fol spanning krongen de minsken nei
foaren, om dy man to sjen, dy-t it tsjin Gjalt Gjaitema yn ’e kant
sette doarst. Yn in minuet ef hwet wie der al wer in njuggenhûndert
goune by kaem en ’e switkobben stiene Gjalt Gjaltema op ’e foarholle.
Dit gyng him nou dochs to stoef . . . it waerde in kaptael, dizze
pleats. “Jonge, jonge!” warskôge hy, “dy aerdigheden wirde dy to djûr,
keapman. It moat ek bitelle wirde, tink erom.”
Noch ienkear bigoan de opropper wer: Staat bij Gjalt Gjaltema op
drieenzeventig duizend vierhonderd acht gulden. Wie verhoogt hem nog
9—8—7—6—5—4—3—2—”
“Myn!” rôp de jonge keapman noch ris wer mei syn helder lûd. Do foel de
hammer. Fokke Hoara fen Hastings wie de eigener waen fen ’e pleats to
Lessebûrren, mar hy fordraeide syn eagen der net iens om, hwent it jild
lei al jierren klear yn ’e bank. En de nije hiersman hie hy der ek al
for klear . . . it wie de man mei de grize baerd, noch in âld frjeon
fen him hjir to Lessebûrren.
De oare moarne stapte hy der hinne en Jan Jelles Hermanna wie sa goed
net, as hy moast mei him ’t lân út en do yn ’e hûs, hwer hy ek alles
noch sa bêst wiste to finen. En do-t hy der Doutsen sitten seach, wist
hy, det syn wraek folbrocht wie. Hjar libben lang hat se dizze dei net
wer forgetten.
Fokke sels bleau op ’e âld pleats to Hastings. Hy koe der net ta komme,
om it minne lân en ’e âld skûrre to forruiljen for ’e fette lânsdouwe
to Lessebûrren.
En do-t de tiid der wie, tocht hy ek noch ris om in wiif en hy gyng nei
Bintsje.
En it eart waerde foer, eart de winter kaem is en hy bihânnele hjar
derneffens.
Yn alle folop is ’t minske der forhongere . . .
Hwent de ljeafde fen Fokke Hoara wie stoarn. Hy is nei Wychman Hoara
útskaeid.—