VIII.

Ientônich biggelen de teidrippen fen ’t tek . . . mei greate seurderige

drippen, nou en den ris ien en al det brúne wetter roan yn ’t tún gear

yn poeltsjes en sipere stadichwei nei de fiver.

Oeral leine noch plakjes útteide snie . . . ûnder de piperbeamkes,

tsjin ’t berchje oan, hwer de earste wite wyfkes de nijsgjirrige kopkes

opstieken en oan ’e Noardkant op ’t weinhús fen ’e posterij, mar de

Maertesinne skynde se njonkenlytsen wei en kûstere mei in ljeaflike

bleke glâns de sponsige groun, der eltse foetleast yn in great

wetterplak útwekke en der rein en wyn nou sa lang ketsjerûmte hawn

hiene.

De winter, dy greate skabant, hie syn possenaesje útspile, min fielde

de foarsizzing fen ’e maitiid yn ’e frisse, bolle wyn, dy-t súdliker

roan en ’e wite skieppewolkjes foar him útdreau as in noedlike hoeder

de earste lamkes.

De sinne forheldere de drôvigens fen it winterlân en brochte ek yn ’t

herte fen ’e Hastinger minsken wer nije libbenshope.

Doomné Fleurin stie foar ’t finster yn syn stedearkeamer en seach mei

skerpe eagen troch in gloppe yn ’t tún oer it keale, wintereftige lân,

det nou dochs al wer de kreft yn him droech, om in simmerfrucht en in

sichttiid jaen to kinnen.

Mar dy scoe hy hjir net mear sjen. As de sinne om ’t Hastinger lân hjar

goudene girle lei en ’e rogge oer ’e lânnen waeide, den wie hy hjir al

net mear. Om ’e bern woe hy nei de stêd en in birop nei W. dizzer dagen

kaem him net ongelegen en ek net únforwacht. It wie opstutsen spul—foar

in set wie hy al oansocht for det plak, mar do koe hy noch net út ’e

ried komme.

Hy hinge oan Hastings, hast as in âlder oan syn bern. It moaijste

bidriûw fen syn libben hie him hjir ôfspile . . . yn dizze keamers mei

hjar greate jounskaden wierne syn hearlikste dreamen forwesenlike.

Clare hie hy hjir ynhelle as syn wiif en yn in hoeke fen ’e foarkeamer

hie de widze stien for it earste bern fen dit wiif, det hy sa ljeaf

hie. Ja, dit âld hûs mei al syn oantinkings hâldde him fêst, krekt as

hie ’t der op set, him by eltse stap noch ris hwet út dy âlde tiid

tobinnen bringe to wollen, ljeave, âlde dingen, dy-t sims al lang

forgetten wierne.

En it âld hûs krige help fen ’e Hastingers. Dy kamen by kloften, stil

en yn hjar sels keard en hiene net folle to keap en forgeaten sims wol

iens, om der oer to praten, mar doomné koe se wol en merkbite wûndre

skoan, hwer se as in top noch om hinne draeije woene en den optlêst, as

hja foart scoene, kaem ’t hjar noch yn ’t sin en den knypten se him

trouhertich yn ’e hân en seine, hja koene him net misse hjir.

Allinne Wychman Hoara, dy kaem net, der siet noch âld sear do mei det

hûs for Warmolding en hy scoe doomné de holle net yn ’e skoat lizze,

syn libbensdagen net. En hy bleau stil wei.

Det stiek doomné al hwet en it brief rekke dertroch egenlik noch in

pear dagen earder foart.

Nou wie de kûgel troch de tsjerke . . . de Hastinger dagen teld.

Fleurin hie oan ’e wûnderlike macht tajown, dy him twong, om foart to

gean, hwerom en hosa, det wist hy egenlik sels net, hwent desnoads

hiene de bern ek wol nei de stêd ta gean kind to learen en det se der

den in kosthús for sochten. Tine bleau dochs thús . . . it sintsje yn

’e hûs koene heit en mem net misse. Det der ek in bulte selssucht ûnder

roan, woene hja hjar sels net bikenne.

De Sneine deroan kondige hy it ôf fen ’e stoel. It lûd trille him efkes

. . . do seach hy wer frank en frij om him hinne. Hy tochte om ’e

njuggentsjin jier, det hy hjir stien hie en de forwachtinge, dy-t him

do bisiele, do-t hy hjir for ’t earst oer ’t lytse tsjerkje seach en

hwet der fen forwesenlike wie! In bidroefd bytsje! Dingen, dy-t bûten

syn wil stiene, hiene in biroering brocht yn ’e gemeinte, de

soosjalisten binammen en de neirin, dy-t hy earst hawn hie, forroan

njonkenlytsen yn ’e trouwe opkomst fen in lyts heapke fêste

tsjerkgongers. Och, hwet wie der dochs mar in bytsje tolânne kaem fen

it sied, det hy oan ’e ikker tabitroud hie . . . eart en foer fen

beiden.

Mar dochs . . . ien siet der ûnder it tsjerkefolk en as ’t wêze moast,

hie hy noch wol ris wer njuggentsjin jier yn in oar Hastings forkeare

wold, allinne om noch ris in twadde Warmolding as de forlerne soan wer

de wei to wizen nei it Heitehûs. Dy man, omkeard as in blêd oan ’e

beam, kaem him altyd wer yn ’t sin yn mismoedige eagenblikken. Gjin

minske hie oait wer spyn oan him bifoun—hy wie mei it libben en ’e

maetskippij forsoend en doarst de holle wer frij opstekke.

Allinne ho’n war hy ek dien hie, de heimnisse, dy-t der noch as in

skaed op syn libben lei, dy koe hy net oplichte. Hy fortocht ien, det

dy it mar koe en det wie Wychman Hoara. Dy twa hiene hwet twisken inoar

. . . hwet onforsoenliks en elk for oar bismoarde it yn syn eigen hert,

sa’s stiifsettige minsken det kinne.

De postloper baeide troch ’e wiete paden mei greate learzens oan. Dy

brocht nou ek al in lyts tweintich jier alle nijs by him binnedoar. Hy

koe ek net sjen, det Piter minder waerd’, hy stie noch like feardich en

steil op ’e rjuchte skonken en ’e bizigens lake yn syn ljochte eagen.

Griet, de faem, fleach der al mei steande earen hinne.

“For my?” sei se en seach him mei bigearlike eagen nei de hânnen.

“Dû kinst der op sjen, fanke,” sei dy. “’t Is for de jiffer,” en liet

him yn ’t brieveboske falle. “Hwa wit, hwet foar moaijs der net yn

stiet to lêzen!”

“Ea, hwet scoe ’t!” sei de faem spitich, “neat om ’e hakken, in briefke

fen ’e naeister ef sa ef sa’n stoaters briefke út ’e stêd.”

“Dû hoechst net sa op ’e stêd to smeulen—yntkoart giest der ommers sels

hinne mei doomné en dy.”

“Mis jongkje, ik ha my al oars bistege.”

“En by hwa det den?”

“By Elle en Lise’s.”

“Haeije wennet ek net fier ôf, wol?” De faem krige in kleur en hie ’t

wjerwird al op ’e tonge, mar Piter post wie al foart, batste troch snie

en wetter nei de wei, dy-t mei glinsterige wiete plakken iensum

foartbochte troch it stille doarp.

It grille Maertejounljocht spegele him wer sa’s âldtiids yn ’e

tsjerkefinsters, it thépitsje barnde en biskynde de trije minsken, dy-t

der al sa faek yn in nochlik rountsje, by inoar sitten hiene, do barde

der hwet bisûnders yn dy greate keamer fen ’e âld posterij to Hastings.

Tine lei in brief op ’e tafel. “Wol heit dy ris lêze, heit?” sei se

hiel sêft—do gyng se der stil út.

“Hwet scili’ wy nou ha?” lei yn dy beide âldeljue hjar eagen to lêzen

en Fleurin bûgde him foaroer nei ’t pitsje ta en lies by it skimerige

ljocht dy brief, steile stive letters op fyn bêst pompier.

len amerij hearde min neat as ’t tikjen fen ’e klok, do sei hy: “Clare,

lêz ek ris.” Syn lûd wie oars as oars—hwet der yn stie, moast him yn ’t

herte troffen ha.

“Der is dochs gjin swierrichheit?” frege hja en hjar kiel knypte hast

ticht fen eangstme. “O Frans, gjin swierrichheit?” en hja wie oerein en

neist him.

“Det’s sa’s ’t dû ’t neame wolst,” sei hy. “’t Is in fonk, dy-t yn ús

hûs oerwaeit is, Clare—in flam wirdt it ef ’t rekket wer út, mar de

noed is úzes.

Sa wie ’t. De noed wié hjarres. Hja hiene in bros stikje minskelok yn

hânnen en hifken en hâlden it en wierne allebeide hjar ried to’n ein.

Nimmen woe der hândiedich oan wêze en dochs der moast in ein oan.

“Det ús dit hjir noch oerkomme moast,” sei Fleurin mei in sucht. “Ho

moatt’ wy ’r mei? ho scill’ wy ’r mei? To Clare, siz dyn sin ek ris.”

“Dû bist de man, dû moast it wite. Dit siz ik ienkear en for altyd, yn

sokke saken rear ik net om.”

“Hast’ der oait om tocht? Tine Fleurin as boerinne to Hastings . . .”

“Ik ha oare dreamen dreamd, Frans, det’s wier, mar ’t bern sels . . .”

“’t Bern sels? Dy rekkent noch net mei. Hjoed tinkt dy sa en oer

twa—trije jier krekt oars om. En det scil sels hjar lok forgoaije! Der

ha wy se net for greatmakke.”

. . .“Mar hy mient it . . . Dit brief is echt . . . ik siz dy dit . . .

hy hat se ljeaf . . .”

“Det scil ’t wol, mar hja scil net as bút forfalle oan dy jildwolven!

Hwet scil Wychman der oer rekkene ha, wiken lang, as ’t der wol lâns

koe om ’t jild. In doarpsdoomné ha de ljue faek net folle yn ’e

rekken.”

“Dû bist bitter,” sei hja goedlik wei. “Wy moatte dy saek ris bisjen en

wer bisjen . . . ús der oer bisliepe.”

“Ik wit nou súver net, ho-t dy jonge de drystens ha doar en skriûw

Tine. Det komt fen al det gefljoch nei inoar ta mei Lys.”

“Hja ha dochs ek as bern mei inoar boarte,” forgoelike hja en in lyts

jongkje kaem hjar yn ’t sin, det hjar mei syn moaije brúne eagen sa

oansjoen hie yn dy wein op reis nei Hastings ta—jierren, jierren lyn.

“Dû hâldst him de hân boppe de holle, dû hast him licht wol stibeleare.

As de ljeafde der middenmank giet, binn’ jimm’ allegearre sa dom as

skiep.” Clare koe ’t opljeppen aerd fen hjar man wol, hja gyng stil

foar ’t finster sitten en joech him gjin andert.

Sá kaem de onfrede yn ’e hûslike keamer to Hastings. Clare seach

bidrukt en Tine hjar eagen wierne read. Doomné Fleurin kaem min to

hearren noch to sjen—dy siet op syn stedearkeamer en der tyspelen rare

dingen him foar eagen om en hy makke himsels sa op om neat, det hja

krigene net in goed wird mear fen him. De hiele forhúzerij en ’t nije

plak waerden oan kant skouwd for dit gefal, der hy as in stien oer

stroffle wie.

Alle dagen bitarden de snieplakjes ta in lytser plakje en do-t der mei

in goed wike neat mear lei, wie doomné Fleurin syn tiid fen birieden

om.

Clare en hy sieten dy joune stil by inoar yn ’e keamer, do seagen hja

him oankommen únder ’e hege boekebeammen as in great swart skaed yn ’e

gloarje fen ’t flammige poarper fen ’e joun. Syn stap wie stevich . . .

syn djip lûd hie de klank fen de blide forwachtinge . . .

Ien amerij stie Fleurin yn bistân . . . krekt as bisefte hy efkes, ho

wreed as ’t eigentlik wol net wie, om syn eigen bern yn dizze wichtige

saek net iens to kinnen. Mar wist hy net better, hwet hjar foege . . .

hy as heit? dy-t de wrâld en ’e minsken koe! Bern hiene noch gjin stim

yn ’t kapittel, derfor wierne de âlden der, om oer hjar lot to

bislissen.

En det diich hy.

“Kom yn, Hoara,” sei hy, wylt hy sels dizze bútenwenstige bisite de

doar iepen diich. “Wy forwachten jou.”

“Det tocht ik,” andere Fokke Hoara koel werom en kaem mei lange stappen

efter Fleurin oan ta de keamer yn.

Det foel him ôf, Tine siet der net op hjar leech stoeltsje, hwer hjar

fyn bleek kopke oars sa moai útkomme koe as in plaetsje efter de

blommen wei.

“’t Is dochs allegear goed?” O ho fyn hearde it memmeëar! Dy klank fen

ljeafde yn det foarse manljueslûd! En det onwennige sjen fen dy eagen

nei ’t leech stoeltsje diich hjar súver sear.

“O mei Tine, mien’ jy? Dy is útfenhûs nei ús nij plak ta, in dei ef

hwet.” Fleurin sei det ûnforskillich wei, Fokke tocht noch net iens,

det der hwet efter sitte scoe. Hy wie noch fierst tofolle in natuerbern

sûnder erch ef kweatinken. Tine en hy mienden it inoar—it oare, och,

det wie mar bysaek. Min hearde de âlden der yn to kennen, mar

oars—wierne it dingen, dy-t min mei yen eigen hert útmakke.

“Gien sitten,’ noade Fleurin en sette de sigaren foar him del. Clare

geat him in pantsjefol thé yn en siet der do by, deastil mei de hânnen

yn ’e skoat. Hja tochte om Tine, en om ’e triennen, dy-t er oan ’t

memmehert gûld wierne. Dizze wie in man . . . ho scoe hy ’t opnimme?

Wie ’t bern noch mar lyts, det al hjar bigearten forfuld wierne, as hja

mar op memme skirte yn ’e sliep falle mocht!

Nou stie hjar moaije blom to bloeijen en de noed wie hjarres.

Fleurin siet him noch to bitinken, ho-t hy ’t wol op ’t fetsoenlikst

sizze scoe, do bigoan Fokke Hoara der sels oer: “Doomné,” sei hy, . . .

“ik kom . . . om to . . . freegjen, ho-t myn brief opnaem is hjir by

jimmes. Hy wie for Tine . . . en troch hjar for jimm’, det scill’ jimm’

nou ek wol witte.”

Syn eagen skitteren . . . syn hiele antlit teikene opwining en

blydskip. De sillichheit fen it bisit bitsjoende him mei hjar moaijste

foarspegelingen. Hy prate op ’t stik ôf . . . koe syn eigen waerde, det

’r in Hoara wie. En strak ansens, né optslach, den hie hy syn lok . .

.!

“Ik leau, scoe ’t net better wêze, as wy der mar net mear oer praetten.

Det wy dit brief mar forgeaten, Hoara,” woe doomné him derút wine en

hie de eagen net fen syn gleon eintsje sigaer ôf. “Ik kin jou der wol

ris oer skriûwe.”

Do wist Fokke Hoara ynienen alles . . . Hy stie hjir as in bidler en hy

scoe mei lege hânnen foartstjûrd wirde.

It forset krige him yn ’e macht.

“Nou in brief skriûwe, scoe wêze as woe doomné him fen ’e saek

ôfmeitsje. Ef is det altomets ek sá? Moat ik det tinke?”

“Sa kin ik net mei jou prate, jy binn’ fierst to opljeppen. As jy

bidaerd wierne . . .” sei Fleurin koel.

“Ik bin bidaerd,” andere Fokke koart-ôfbiten. “Hwet binn’ de reden?”

“Bin ik forplicht jou dy to sizzen? Ik leau, der twingt gjin minske my

ta,” sei Fleurin, hwette stoef.

“Hark ris doomné—do-t ik wiste, ho-t it mei my gesteld wie, bin ik hjir

earlik en frij foar útkaem. Jy kinne net sizze, det ik misbrûk makke ha

fen jimm’ bitrouwen en alles bûten jimm’ omgyng, nou?”

“Né,” sei Fleurin onwillich wei. Hy bigoan to merken, hjir foun hy

partij.

“Jy wolle ha, dy brief fen my scil forgetten wirde, mar den freegje ik

jou, hwet binn’ de reden?” sei Fokke Hoara noch ris wer en lei de

sigaer del. Nou koe hy net mear smoke—nou-t it om syn lok gyng!

En do hearde Fokke Hoara syn fonnis. Hjar bern wie to goed, om yn

Hoara’s hânnen to forfallen,” sei Fleurin koel-wei.

Earst waerde Fokke Hoara read om ’e holle en do deawyt. Hy knypte de

hânnen yn inoar, det de knokels him sear diene en syn hiele hert rekke

yn opstân tsjin dizze minne bijegening. De keamer bigoan foar syn eagen

to draeijen en alles hwet der yn wie en hy hearde allinne de wirden fen

dy heit, dy-t as mei mokerhouwen syn lok yn grúseleminten tosloech . .

.

Einliks hâldde ’r op fen praten. De greate stiltme kaem oan . . . dy

fen in minske syn libbenslot-bislissinge . . .

Fleurin wachte, hwet Fokke nou to sizzen ha scoe. Mar dy kaem gjin wird

oer ’e lippen. Greatsk gyng hy oerein en it flikkere frjemde woest yn

syn eagen, s’as de wjerljocht troch de maitiidswolkens, dy-t noch gjin

tonger kend ha. Syn meager karakteristyk antlit wie bleek en de

flaubochte, swiere brúne eachsbrauwen stieken súver swart ôf by de hege

blanke foarholle.

Stadich gyng hy nei de keamersdoar, mei de lippen stiif op inoar. En it

sjen fen dy hartstochtelike eagen hat Clare Fleurin noait wer

forgetten! Krekt as seach hja mei klearigheit, ho-t der ynienen hwet

ljeafs yn útdôve, sa’s it ljocht út in âlderhûs, as heit en mem

hinnegien binne. Den nimt de deade de ljeafde mei . . . en hjir diich

de haet it, de hartstochtelike haet fen ’e Hoara’s.

“Frans! kin det sa?” kriet Clare.

“Gien him efternei,” húne dy, “en siz, detst dû syn help west hast en

’t noch for him opnimst.”

Ynienen hearde Fokke Hoara ien efter him oanrinnen, de lichte stap,

dy’t hy sa goed koe en dy-t syn forljeafde eagen sa faek yn Tine

biwondere hiene as de mesyk fen hjar wezen.

“Sá moatt’ wy net fen inoar gean!” sei hja en hja lei him de hân fol

smeking op ’e earm. “Kom mei—Frans moat it wer goedmeitsje.”

“Hjir is neat mear to goedmeitsjen,” sei hy bitter. “Us wegen rinne nou

to fier út inoar,” en hy diich in stap twa tobek en woe ta de doar út.

“As jy kinne, siz den tsjin Tine . . . det ik hjar myn libben lang

ljeaf ha scil, sa lang as ik . . . sykhelje. Kinn’ jy det ûnthâlde?

Oars—siz mar neat . . . Hja mocht der ris in nacht sliep om brekke . .

. det scoe . . my moije.”

Clare seach de blauwe eagen fen hjar bern foar hjar, de joune foard’t

hja útfenhûs scoe. Dy hjar wegen scoene noait wer lyk op rinne en licht

seagen dizze brúne eagen de blauwen fen hjar bern noait wer . . . noait

wer . . . Do krige hja in oneinigen meilijen mei him.

“Ik scil hjar ’t boadskip oerbringe. It lêste?” frege se mei eangstme

yn hjar memmehert.

Do skeaten der flammen út syn brúne eagen. “Myn lêste,” sei hy greatsk.

“Jimm’ hoeche noait to tinken, det der noch in Tine Fleurin for my

bistiet. Dy is joun for my stoarn . . . op dit stuit. Ik hoopje, det it

hjar goed gean scil . . . mar hjar plak wie hjir—by my . . . ik hie se

ljeaf . . . ja mear noch as det . . .” Triennen forstikten syn lûd . .

.

Efkes letter liet hy de doar fen ’e âld posterij to Hastings sêft efter

him tichtfalle.—

De folle moanne kaem op—de keale beamtokken rûzden. Ho earm gyng hy nou

werom nei hûs en mei hofolle rykdom hie hy syn hert yn ’e hinnereis net

bifrachte? Tine foar en Tine nei! Krekt as foroare de wrâld . . .

waerde in parradys, nou-t hy for himsels it wezen foun hie, det by him

paste as de blom by de sinne. It libben like him ta in feest to wêzen .

. . in great feest, fol fen ljocht en ljeafde en sûnder ien inkele

wanklank.

En nou?!

O ho swiet hie de bigearte west nei bisit en mei ho’n swiere boete

efterhelle him it lot! Ho’n knoei joech dy greatske heit him der dy

joune . . . syn dochter to wegerjen oan him, omt hy in boeresoan wie.

Né, det wie ’t him net, mar hwet seine hja hjir to Hastings fen ’e

frouljue fen ’e Hoara’s: hja litten as putheakken, hja forhongeren yn

alle folop . . . Hja misten de ljeafde, hwent dy hiene de Hoara’s sels

net, det wierne eigennut-sikers. Yn sokke hânnen scoe hjar Tine net

forfalle, der wie se him to goed ta. Hja scoe net forkomme as in blom,

dy-t de sinne net sjen scil. Hja moast bloeije en pronkje en lokkich

wirde en hy! hy wie fierst to min, om hjar det lok jaen to kinnen. Der

roan in forkearde ier troch syn femylje—hja hiene in to minne namme!

It wie foarby . . . Mar der is altyd hwet fen sitten bleauwn by him, it

djippe skaed fen dy heldere simmerdream . . .

Der kaem gjin praet fen op ’e bûrren . . . partijen hâlden it for inoar

stil en Tine bleau útfenhûs, sa’s ’t hiette, it nije hûs moast ynoarder

en de Hastinger dagen koarten yn. Fleurin wie der bliid ta, as him dit

allegear wer yn ’t sin kaem, den wie hy net sa hiel tofreden oer

himsels. It tikkerke derbinnen en it stille forwyt yn Clare hjar eagen

pleagen him danich. It moide him ek wol hwet, det hy dy jonge sa raer

ôfsneutere hie . . . mar do wist hy ’t den ek daedlik mar omrake goed,

hwer ’t op stie. Sa woe hy himsels sân yn ’e eagen struije, mar himsels

frijpleitsje hat hy noait kind en do-t him jierren letter sels hwet

tears en ljeafs út it herte skûrd waerde, hat hy earst de smert fen in

Fokke Hoara bigrepen.

Dy naem him dizze tobekset sa tige nei, det hy waerde der stil ûnder en

sa meager as brânhout.

“Dû scoest de tilbury ris ynspanne en meitsje in ritsje mei Lys,” sei

Martsen Kobus op in goede dei. “Skilt dy hwet, jonge? De hiele fleur is

derút by dy.”

Lys joech him in triûwke tsjin ’e mouwe. “Fokke is yn ’t frijen keard,

moike,” lei hja earnstich út, “en nou maelt hy om dy faem.”

“Hea!” sei Martsen binijd. “Fokke?!”

“Ea ja, mei Bintsje.”

Fokke spotlake der oer, det al syn wite, brede tosken blonken.

“Bintsje?!” rôp ’r. “Bist net wiis, Lys? Der scil ’k noait myn eagen op

smite, al wie ’t de lêste faem ek.”

“Pas mar op, hwetst’ seist,” sei Wychman Hoara, dy-t der ek

oanstroffeljen kaem, “’t eart wirdt wol ris foer, jonge, eard’t de

winter komt. En Bintsje is in goed fanke, goed, Fokke. Net sa kant fen

lea, mar dy-t de midden en ’e beide einen ha wol, rekket foarby . . .

det wik ik dy.”

“’t Scil ’t wol. Nou, den mar foarby.” Martsen seach Fokke ris skerp

oan—’t wie krekt, as glied der in skaed oer syn jong antlit en ’t like

hjar nou ek ta, as wie dy jonge âldsker waen yn in wike ef hwet. Hja

hie der noait sa om tocht—mar nou merkbite hja ’t ynienen. En hy koe sa

ûnforskillich gnyskje om dingen, der hy oars sa fier mei weiroán—det

wie hja ek net wend fen him. Nou-t hja sels gjin bern krige hie, socht

se hjar oanhâld oan ’e bern fen Gels en joech hjar ryklik de noait

opfrege ljeafde fen hjar hert.

Wychman Hoara lei him net folle mear oan hjar gelegen. Hy hie se en

bisit wirdt gewoante. For hjar ek—sa’s ’t keapjen fen nije jurken, ’t

opsieren fen ’t hûs, bisytsjen en sels foart, der wie ’t nocht ek al

ôf. De tilbury mei de swarte útlander kaem hast net iens mear út ’e

skûrre, allinne de bern, dy makken noch wol ris in ritsje, Ysebrand

Fink mei syn nicht Bintsje en Fokke en Lys, mar nou gyngen hja ek al

ljeaver op ’e fyts, wech-en-der-wear hinne. Treurich, det det mei Fokke

en Bintsje neat wirde koe. It wie Wychman Hoara syn bigearte—det wist

hja wol—mar dy jonge, hy hie gjin aerdigheit oan ’e frouljue, der siet

net in fonkje yn en det op syn jierren!

Hja hie mar ris wite moatten, ho it derbinnen kôke en brûze fen

ûnbifredige langstme en forkroppe lilkens en hwet der wol net omgyng yn

syn gemoed! Det hie doomné Fleurin syn wirk west, hy hie det jonge hert

fiersten to rou oanpakt en hiel hwet goeds fornield mei syn wrede

wirden. Mar mei de stegens fen ’e Hoara’s focht Fokke al syn ellinde

mei himsels út en helle der nimmen by. Mar syn heite falkeëagen, dy

forrifele hy net.

Op in joune gyngen hja de reed efterhús noch ris út. Nei in lange

reinige rite hie ’t for ’t earst ris wer in dei sinneskyn waer west—de

hege klapperbeammen by it Jifferspoeltsje spegelen hjar yn it deastille

kleare wetter en ’e heldergiele streken jounljocht glinsteren derefter

troch, wûnderlike tear fen glâns—maitiidseftich. Fokke hâldde syn stap

hwet yn om syn heit en tepte yn ’e stúdzje wei in tokje wylgenpûskes

fen ’e beammen.

“Jonge,” sei Wychman ynienen, “hwet diichst der dochs langlêsten by

doomné’s? Ik tocht, dû hiest to dwersfluite-spyljen west nei

weinmakkers,” en syn skerpe eagen loerden ûnder ’e grize eachsbrauwen

wei, dy-t der boskich oerhinne hingen—skean nei syn soan.

It bloed skeat Fokke nei de holle—hy waerde ta de hals út read, as in

great jonge, dy-t op skûltsje-setten trapeard wirdt.

“Nou, hwet diichst der?” sei syn heit foars-wei.

“Ik woe der noch ris hinne, om dy ljue dach to sizzen” woe Fokke him

der útwine, mar de klank fen syn eigen lûd forrette him . . . hy koe

net lige.

“Soa . . .! en derom hast in great brief foarút skreauwn en moasten de

bêste klean oan . . . Sa giet it, jonge, ast op eigen manne boete der

op los fljochst as wylde einen yn’e koai ,—dû wirdst ôfmakke as in

houn! fornédere . . . hearst det, jonge! fornédere!!” en hy raesde it

út en sloech mei syn stôk yn ’e loft, det it sûze. “Fensels, de soan

wie to wiis om heit deryn ris to rieplachtsjen—den binn’ de âlden gjin

tel, det scil min sels wol fluch en hânsum dwaen, sa’n

kleinigheit—frijen en trouwen! Krekt as kostet it gjin jild . . . der

binn’ heit en mem goed for!” sei’r mei giftige spot en steunde de âld

rêch tsjin ’e hikke.

Der stiene se midden yn ’t smoar’ge damsteed. Fokke sei gjin wird

werom, hy seach nei de kleare loft op en tocht om Tine, alles hwet hja

sei hie en die en ho mâl as hy mei hjar west hie . . . .

“Seist’ nóch neat?” spatte Wychman op. “Hwet diichst der jonge? Ik wôl

’t wite.”

. . . . “Nou den . . . . ik wie der om Tine.”

“Tocht ik it net? tocht ik it net?” en Wychman hime fen lilkens en

sette de neils yn ’e fleisige hânnen. O hy koe ’t wol útgûle fen spyt!

Dy smoarch jonge, dy-t sá syn eare op ’e striette smiet! Hwet Hoara hie

’t nou noch oait yn ’e harsens krige, om sa’n bleek, súterich doomné’s

fanke to frijen mei hjar wetterige blauwe eagen!

“En hwet sei ’r wol, dy útsljipte preker? As ’t wol in wiif ûnderhâlde

koest? en det dyn heit in minnen ien wie?”

“Ja, det sei ’r,” smiet Fokke der wreed twisken yn. Nou noch fielde ’r,

ho flimende sear him dit dien hie, det Fleurin Tine net yn Hoara’s

hânnen ha woe. Né, der wie se him to goed ta. Efkes hâldde hy op en

socht nei de syken. “En det . . . .”

“Hâld mar op”, sei Wychman heallûd. “Ik wit alles. Dy ha se trape en my

derby. Jonge, ho koest it dwaen? Hwer hiest dyn sinnen? En oars bist

altyd sa bidaerd.”

“Ik hie se ljeaf”, sei Fokke ienfâldich en kúrde oer ’e finnen nei de

stompe toer en ’e posterijtún, dy-t al mei de skaden fen ’e joun

oertein, weiblauwe yn ’e fierte. Syn eagen waerden wiet, de holle sakke

him op ’t boarst. Nou ynienen like hy sprekend op syn heit—oer tritich

jier scoe hy syn evenbyld wêze.

“’t Is goed, detst der ’s fen hawn hast. Dû bist fierst to winich—dû

hast gjin earbied for ’t jild. Dû scoest dy nei Bintsje jaen en prate

mei dy hjar heit, det ’s aerdich better, as sa ’n doomné’s fanke oan to

rinnen mei troupraetsjes.”

“Jild! jild! hwet ha ’k oan al det jild?! By sokke ljue is jild neat.”

“Sa hâlde hja hjar mar, jonge. It wetter rint hjar al om ’e tosken, as

hja mar in goune sjogge. Mar hja kinn’ ’t dochs noait krije en

derom—binn’ se greatsk op hjar earmoed. Det is ek greatskens . . . der

kin min blau fen honger by wirde.”

Ynienen skeat der Wychman Hoara hwet yn ’t sin. “Dû hast det fanke

dochs gjin brieven skreauwn, wol?” sei ’r ongerêst.

“Ien,” sei Fokke koart werom.

“En hwet stie der yn?”

“Nou, ’t selde as det ik tochte.”

“Dû bist sa dom—dû bist net los fortrouwd! Hwa skriûwt nou yn in brief,

hwet ’r krekt tinkt? Hwet min net tinkt, det set min yn in brief en

oars . . . . det seit min ûnder fjouwer eagen, as der gjin tsjûge is,

Fokke. Merk dy det. Siz om myn part noch tsjin tsjien fammen diselde

flauwe praetsjes, mar in brief, jonge, dy-t skreauwn is, det is dyn

fijan.”

Fokke draeide ringkjes reek de loft yn en seach se efternei . . . mar

hy sei gjin wird.

“Dy brief moat ’k werom ha,” bigoan Wychman wer. “Der scil det fanke

net mei pronkje. Hwa wit, ho-t se ’erom gniist mei hjar kornúten.”

Der kaem Wychman him op ’t sear. “Det docht se net,” sei ’r en dochs .

. . as hy om Fleurin tochte, den twivele ’r, mar mei tsjinsin. “Sa’n

ien is hja net . . .”

“’t Is in bêsten ien,” andere syn heit feninich. “Det witt’ wy wol.

Ien, der ’t Fokke Hoara goedernôch for is, om for fordiwedaesje to

brûken . . . om him de kop oerémis to meitsjen en den wei to smiten, as

min him ba is.”

“Heit!” rôp Fokke.

Do mirk Wychman, det de bôge stiif spand stie. Det der net folle mear

nedich wie, den barste ’r . . . den hie hy gjin soan mear . . .

“Jonge,” sei hy hwette sêfter ’t Is for dyn eigen bêst. As ’k ’t mes

net djippernôch yn de woune set, den komt der rotterij en det om det

fanke. En by Martsen hoechst net to bycht to gean. Pas op. En dy brief

krij ik, al scil ’t myn heale kaptael ek kostje.”

En in wike letter hie Wychman Hoara de brief yn syn suchtige, wite

hânnen en lies him by ’t skimerige ljocht fen in âld lantearne efter yn

’t bûthús, hwer nimmen him oer ’t mat komme koe. Efkes glimke ’r . . .

do skûrde ’r him yn lytse snipeltsjes en smiet him yn ’e dobbe

efterhûs. Do rôp hy Fokke. “Der leit hy,” sei hy. “Ik ha him djûr

bitelle, Fokke.”

Dy gyng stil foart en kaem de joune let earst wer thús mei de nachtdau

op ’e jas. Uren en ûren hie hy der yn ’t boskje by de heide sitten . .

. op itselde steed, hwer dy hearlike ljeafdedream him ’t earst bispoan

hie yn syn sulvernet do mei Yme.

In deimennich letter stjûrde Wychman boadskip nei Warmolding, dy scoe

der komme. Dy harke raer op en woe der neat fen leauwe. Mar do joech de

bringer him in brief oer en Warmolding seach de steile, stive

hanepoaten fen Wychman Hoara. En do gyng hy hinne mei dy greate

ûnforsoenlike haet tsjin dy man yn it hert en droech him mei yn ’e

foarkeamer fen Wychman Hoara’s foarhúzing. Der sieten dy twa manljue,

dy-t elts for oar hjar string net slûpe litte woene, do in set to stoef

sjen en to praten . . . twa fijannen, dy-t hjar ûnder ien izeren wet

deljaen moatte.

En noch in dei ef hwet letter waerde it ruchtber, hwa ’t Warmolding

eigentlik wie . . . It bloed fen ’e Hoara’s streame him yn de ieren,

mar dy namme kaem him net ta. Hy mocht allinne syn memme’s drage en de

greate haet fen det earme wiif tsjin ’e heit fen Wychman Hoara hie hy

mei de tate ynsûge. De inte en ’e wylde loat hiene ien stamme hawn en

yn hjar sterke hartstochten wierne dy twa natúren inoar net wanlyk.

Hwet der forpraet is, det’s nimmen wys waen, selst Martsen net . . .

mar hja rekken forsoend foar ’t each en Wychman liet Warmolding

foartoan mei frede.

De Hoara's fen Hastings · 第 16 / 19 题