Letter scoe se der as syn wiif allinne mar mear komme to gast.—

It wie in wúndre dei—de simmer en de ljeafde hingen yn ’e loft en

lieten hearlik-lokjende tinzen yn minskeherten opkomme.

Teantsjende wei slûpte de nije ljeafde fen in nij geslacht om ’e herten

hinne en scoe hjar slach slaen as ’t pas joech en de natuer mei al hjar

hearlikheden stibeleare se yn hjar foarnimmen.

De lette neimiddeiwyn swile de hjitte geuren fen ’e blommen út it hôf

op. It wie der in breidstún fol heimnisse, alhiel wyt . . . sniewyt, as

Maertesnie yn stille nachten fallen, as selst de moanne slept.

En de swiere strúsen bûgden nei de groun ta . . . bûgden . . . krekt as

biëange it hjar, safolle lok to dragen.

It loek nei fiven, mar ho skeaner as de sinnestrielen op d’âld pleats

fen Reinder Hoara foelen, namsto lûdroftiger geide de wille en blydskip

boppe alles út. It hik rekke fen ’e dam . . . alhielendal. It jongfolk

swurf sjongende wei yn ’t hôf om, de jurken forknûkere en mei opsette

wangen en frjemd glinsterjende eagen en de jonge feinten fen Hastings,

Fokke Hoara, Ysebrand Fink, de jonges fen ’e Groot en master Geardsma

wierne hjar op hakken en teannen nei en maljagen en diene in steil

wird, sa steil, det se stiene der sels forsteld fen.

Yn in hiele rige slingeren de fammen foar hjar út, lang en licht mei

hege opstap yn ’e lange rokken. Det narre en pleage inoar, it hûndert

út, krekt as hie de wille fen hjoed hjar tongen losmakke. Fokke Hoara

allinne stie der stil by en hie syn eagen net fen Tine ôf.

Ho moai like se nou wer yn dy blauwe jurk! De kleur fen hjar eagen,

tocht hy optslach, né! se wierne noch folle moaijer! sa helder, sa

klear as kristaltsjes! Nou stie se al wer mei Ysebrand Fink to praten.

Dy stoatskaver! dy luiwammes, dy-t it boerkjen hjir leare moast to

Hastings, omt ’r to dom wie for stedint. Hwet hoechde hy aloan en alwei

mei hjar to praten!

“Tine!” rôp hy ynienen yn syn forkroppe lilkens wei. Det in oar ek

eagen op hjar smite doarst, stiek him.

Hja kearde hjar om en seach him oan mei hjar sêfte eagen.

“Giest’ mei?” rôp hy wer en kaem op hjar ta.

“Ik stien hjir goed,” sei hja pleagjende werom en gyng in stap twa

tobek, det hja lyk neist dy lytse permantige Ysebrand mei syn ljocht

snoarke kaem to stean.

Det stiek Fokke noch folle mear. De greatskens fen ’e Hoara’s oppeneare

him . . . it rjucht, det hja mienden to habben op ’e forfulling fen al

hjar winsken.

Mei de holle stiif yn ’e nekke en in slach yn ’e rêch draeide hy him om

en gyng yn ’e hûs.

En op det stuit bigriep hy ynienen de swiettens fen it bisit. En do ek

ynienen kruiden de swierrichheden oan syn heldere lokshimel op as

swiere tongerkoppen op in simmerdei. Swierrichheden, der hy noait net

iens om tocht hie yn syn jongfeinte-oermoed. Mar alle bisit bringt syn

eigen bigearten mei en syn eigen lêsten. Det bigoan hy nou ek to

biseffen en hy prakkeseare der sa bot oer, det hy waerde der stoef

ûnder en noartel en ûnbrûksum en stúme de hiele joun.

In machtige ôfginst pakte him. Elts wird, det Tine mar tsjin dy feint

sizze scoe ef koe, det diich him al sear en as hy der mar om tochte,

det Ysebrand Hastinger skoall’feest mei hjar hâlde scoe miskien, makke

hy him nou al kûgels. Fensels, it paste krekt, dy twa, hy sa’n

stedsminhear en hja sa’n lichtfirdich jifferke, fierst to moai for ’t

boerewirk. O hwet pakte de ellinde him nou ynienen! Bergen fen

biswieren en ûnbikende wrâlden fen loksillichheden lieten him

libbensskaed en libbenslok sjen en hy stie der midden yn en doarst him

net roere, gjin kant út . . .!

De ljeafde bigoan hjar wirk yn det jonge hert en dreau him as yn in

brûzjende wieling foart nei it doel, der hja him ha woe. For in goed

jier hie hy der net iens om tocht, ho-t it wêze scoe as Tine syn wiif

ris waerde, nou riisde hjar byld as in ljochtskimer fen ’e blide jeugd

op yn alle hoeken en hernen fen syn âlderlik hûs, krekt as ware hjar

wezen der al om, foar ’t hja der sels noch wie yn in wûnderbaerlike

foartsjirmerij fen syn forljeafde eagen.

Sa stie hy der yn syn mimerij fortiisd by hûs to sjen en to stoarjen en

Tine formakke hjar mei Ysebrand Fink en Mame de Groot en wie fol

skelmerij en jongfammige kwierens en kekenheit, dy paste by hjar

healslachtige jierren, heal knop, heal blom mei de persikgloed fen hjar

sauntsjin jier op ’e mûtele wangen en ’e moarnsfrissens fen ’e greate

libbensdei op ’e lippen, dy-t hird-read, sprieken yn ’t bleke antlit as

in fjûrreade roas yn ’t tún.

Hwet wûnder, det Fokke net de ienichste wie, dy-t it sin op hjar foel.

Det it skaei fen Fleurin en Clare net yn ’t lilk opgroeije scoe, wie to

foarsjen . . . de natuer hie heit en mem it moaijste ôftroaid en sierde

der it nije geslacht mei op. De âldste hie in bulte fen Clare . . .

memme moai hier en lea en fen wezen like hja hjar ek krekt, mar de

beide jonges, det wie sa goed net bislein, det wierne fen dy meagere,

heech-opskettene slingerielen—wakkere wiis op hjar sels.

Tine . . .! Heit en mem seagen der heech by op en roanen o sa fier mei

hjar wei. Tine wie de ljeafling . . . de pop en greatske dreamen

waerden der dreamd yn ’e stille greate keamers fen ’e posterije mei it

brúngouden ljocht fen ’e greate boekebeammen, det skean ta ’t finster

yn foel, as ienichst selskip!

En om Fokke Hoara . . . der tochten hja net om. En Tine, och! hja wist

net iens, fen ho’n hope en wûnder forlangst in manljueshert net

slingere wirdt, as hy nei oarremans bern om bigjint to sjen! Hja

kwinkeleare as in fûgeltsje troch ’t hûs en ’t hiele libben like hjar

ta, mar ien greate roazetún to wêzen en mei in poarte der yn en as hja

dy mar iepen diich, den stie ’t lok al for hjar ré!

Earme lytse Tine Fleurin, ho bikaeid bistû útkaem! ho ha dyn

longerjende kleare eagen yn ’e fjirte kúrd, hwer it lok noait weikaem

is for dy en o! ho tichteby hiest it fine kind, deun by de doar! Mar

nou! hiel stil yn dyn herte bigjinst der ek al om to tinken, honear dyn

eigen troudei ris komme scil en mei hwa det den! En al de jonge

feintsjes, dyst kinste, stappe yn in lange rige dyn bigearige eachjes

foarby en dyn ûnskild omhinget se mei in gloarje, dy-t se noait net

bisitte scille en dicht se deugden ta, der hja hjar noait op foarstean

litte kinne, omt hja se net ha.

It dreamet swiet, lytse Tine, as de sinne fen ’t earste moarnsskoft de

dagen bipoarpert. En dû hoechst dyn sweltsjeblauwe eagen ek net foardel

to slaen . . . der binne in bulte, dy-t de sillichheden fen dyn

sauntsjin jier ek preauwn ha, syn idealen, de hearlikheit fen syn

biblossomme jeugd!—

Ho lang Fokke der stien hie to sjen, wist ’r sels net, it like him ta,

in hiel skoft en dochs wie ’t gjin fiif minúten lyn, det ’r Tine de

rêch takeard hie, mar yn det setsje naem syn libben in kear.

Stadich gyng hy as de lêste yn ’e keamer en kaem Tine de hiele joun net

byneist, mar hâldde se yn ’t fesier mei eagen, opskerpe fen

jeloerskens.—

Elle en Lys wierne al lang stil weiwaen út it omsittend laech, dy hiene

hjar eigen hûs opsocht, hwer Foeck hjar as in soargjende âlde mem

forwolkomme yn ’e moaijste keamer mei sûkela en in greate oranjekoek,

dy-t hast de heale tafel bisloech.

En do-t de jongeljue goed en wol oan ’t miel sieten, lei hja de kaeijen

foar de jonge frou del en waerde stil wei . . .

Mei lange stappen sette hja nou ek op Reinder Hoara’s ta, om de ljue

noch efkes to lokwinskjen. De measten fen ’e âlderein kamen hjar al yn

’e mjitte, útfeestfierd en bliid, det hja de deise klean mar wer

oandwaen koene.

Jan spylman mei syn jonges siet al by de ikebeam yn ’t skaed to rêsten,

syn âld sulveren heloazje hinge him ta ’t fesjebûs út en der seach hy

al gedúrich op, sa graech woe hy, det it acht ûre wie. Den koe hy

hinnegean to spyljen op ’e boppeseal fen Swart, dy-t Reinder Hoara

ôfhierd hie for ’t jongfolk, om der noch in neipretsje to hâlden.

“Joun Jan,” sei Foeck en bleau efkes by him stean to útpûsten mei de

hânnen yn ’e siden.

“Dien wirk krige?” sei dy werom. “Waerdst’ to âld, Foeck?”

“Ea ju ja, it like de boer better ta, ik moast mar rintenierje.”

“Nou! nou!” kloárke Jan hjar fyntsjes út. “Dû en rintenierje . . .?!”

“Dy-t breed hat, lit ’t breed hingje,” sei Foeck mei wirdichheit. “Seis

goune wyks, frij brand en ierdappels . . . ik kin ’t wol ôf, as ’k it

net minder krij.”

“Elle Mulders folk hat altyd rejael west. Der is wol by to forkearen,”

sei Jan, dy-t it wetter om ’e tosken roan fen dy seis goune wyks en dy

flutsjes ta.

“’t Wie krekt, as ik op side foel, do-t hy my det ûnthjitte,” sei ’t

âld minske en hjar lûd trille in bytsje. “Ik sei: boer, sei’k, det jy

my net neaken en bleat oan ’e dyk sette scoene . . . nou, det wist ik

wol, mar sa . . . en do sei hy: tochten jy Foeck, det jy for jou brea

sitte scoene to spinnen? en do ha ik him mar ris tige yn ’e hânnen

knypt . . . Prate koe ’k net mear.”

Jan dy nikte. “Nou, hy krijt ek in goed wiif, net?”

“In bêsten ien! Det is gjin miskeap.”

“Better as dy oare . .

“Wypk? det skytfenyn? Skande, det ’k my sa’n wird ûntfalle lit! Ik woe

net graech, det de boer him sa ’n ien yn ’e hûs helle hie mei hjar

útknypt gesicht. Dy moat mar yn ’e posterij . . . den kin de gemeinte

hjar as wriûwpeal brûke, dy rosse de ynfierenheit der wol ôf.”

“Dû meijst Wypk ek al net lije?”

“Hastû wol ris ien heard, dy-t hjar wol lije mocht?” frege Foeck werom

en do ynienen, as skamme se hjar oer hjar eigen rabberij: “Dû draechst

it Reinder net oan, wol Jan?”

“Wel ju né,” andere dy. “Gien dû der mar gerêst hinne om in swiet

sûpke—ik doch in dûbbeld slot op ’e mûle,” en hy gyng oerein en fluite

syn jonges en pandere mei fioele en fluite en triängel nei de

harbarge.—

It wie acht ûre waen.

De simmerige dei joech him del. De greate kleurige blommeëagen gyngen

ticht en de warrige fûgels fâlden de wjukjes gear en foelen sittende

wei yn ’e sliep. Oer ’t Jifferspoeltsje sweven bûnte flinterkes en

michjes noch yn boartlike dâns en it gouden jounrea wjerspegele him yn

’t wetter mei frjemd moaije wjerskyn . . . roerleaze moai. Inkele wite

wolkjes glieden noch de loft lâns, stil en fredich, heech boppe it

lytse minskene bidriûw . . .

Op ’e hege kampen om ’t Jifferspoeltsje hinne skeat de rogge yn ’e ier

. . . groeide en bloeide de nije simmerfrucht, noch lau fen ’e bârnende

sinnegloed fen hjoed oerdei en in inkele lette fûgel fleach der

oerhinne, mar efkes de wjukken útslaend yn loaije jounsflecht oer ’e

sêftsûzjende ieren, dy-t noch net stil wirde koene, al slepte de

jounwyn ek.

As in warrige reizgester hie de sinne hjar ommegong folbrocht . . .

leech yn ’t Westen waerde hja wei en bidiek it bideste antlit mei tinne

wolkens, dy-t as flokken séskûm opplûmken efter de beamwâllen fen ’e

lânnen.

Reinder Hoara, seach it út ’e foarkeamersfinsters wei. De sinne hie de

troudei fen syn bern bigroete, nou seine hja se mei hjar lêste

poarperstrielen. Gjin drip rein wie der fallen . . . it ûnthjitte dos

in lokkich libben.

“Ik bin ynein. Janke,” sei hy, “scill’ wy strak ansens mar op ’e koai?”

“Mar it neipretsje, moast der net by wêze?” sei dy.

“Ik ha al ’t Hastinger jongfolk forsocht,” sei hy werom. “Ik leau, al

kom ’k sels net, hja scill’ my net misse en ik ha ’t skjin wei. Myn

holle dy slacht as in klok en myn skonken, nou der hingje stikken lead

oan.”

“De wyn is dy nei de holle gien. To Reinder, yt noch hwet. In stikje

sûkerbôle ef in frânsebroadtsje mei gelei.”

“Jow my ljeaver in pikelhearrich. Ik bin al dy swietekou wars.” Alles

stie hinter troch twinter en by in hoeke fen ’e greate tafel, biladen

mei allerhânne soarten fen itensspullen, sieten de beide âldeljue as

twa forbjustere fûgeltsjes en de onhúslikens fen it útstoarne hûs, der

de lêste gasten nou al lang foartgien wierne en ’e frjemde stiltme nei

it feestgewoel, bidrukte hjar herten. Hja misten de bern . . . it wie

sa frjemd nou, togearre wer by inoar to sitten nei al dy rûzje en

onbistindigens fen ’e lêste wyk mennich. Elk for oar fielde him iensum

en bidrukt . . . mar hja hâldden hjar great for inoar.

Janke hjar hânnen tipelen noch hwet mei it mes om, iten mocht hja net

mear. Krekt as siet der hjar in stik yn ’e kiel en der weislokke woe ek

net. Reinder siet neist hjar, lytse reade plakjes fen yneinens barnden

him op ’e wangen en hy hie de jas útsmiten en siet der nou foar yn ’t

stiifstisele ingelshimd, de brede rêch tsjin ’t bekling fen ’e stoel

oan.

“Nou kinn’ wy wer fen foaren oan bigjinne,” sei hy ynienen yn ’e

prakkesaesje wei. “Wy binne wer togearre, Janke.”

“Sa’s foar fjouwer en tweintich jier,” sei dy derop. Hja mirken it

nou—hja hiene beide itselde tocht, om it stik libben, det hja bilibbe

hiene en det hjoed mei it trouwen fen ’e bern ôfslúten wie as in

haedstik út in boek.

“Wist’ noch wol, ho-t wy hjir do ek sa sieten, dû hjir en ik der?” en

Reinder wiisde efkes nei de hirdsherne, hwer de greate kjessenstoel

noch stie for mefrou Akkringa . . . “Is ’t net krekt, as wie ’t

jister?”

“It libben giet hird foarby . . .” andere hja mei in sucht en oer hjar

goedlike blauwe eagen kaem in flues. “Eart wy der om tinke, binn’ wy

âld, Reinder . . . den kinn’ se ús op ’t hege hôf bringe.”

“Ea ju mei dyn swiersettigheit!” lake dy. “Der moat mar ris in lytse

Janke om dy hinne wjukkelje, den praetst wol oars . . . Nou, en hast

Hester hjoed ek ris geweken naem? Hwet sei se? Scoe ’t wier wêze? scil

se mei notaris trouwe? Oars moatt’ wy der in skoateltsje foar sjen to

striken . . . det it praetsje deabledt. Foar jierren wie ’t al sa’n

geteut, do kaem Wychman’s Fokke der mei thús—Piter post hie ’t sei.”

“Hwer hast it nou ynienen oer? Dû slachst fen ’t iene yn ’t oar. O ja

Hester! Nou, ik ha se frege, eart se mei doomné’s foartgyng . . .”

“En hwet sei se?”

“Nou dû kenst Hes wol. As dy ’t net sizze wol, dû krijst der neat út.

Al setste hjar ’t mes ek op ’e kiel . . . dy’s sa ticht as in pôt.”

“Dû koest dochs wol witte, ef ’t sa wie ef net. Jimm’ frouijue binn’ sa

snoad as roet yn det stik fen saken.”

“As hja ’t my sels net fortelt, ik scil der net fjirder nei pinfiskje.

’t Scoe wêze, as wy der bilang by hiene. Dû kinst it dochs net keare en

hwet for libben is ’t der ek allinne yn det greate hûs! Ik bin der

altyd sa onwennich as in houn.”

“Hiemfêst biste, Janke . . . fierst tofolle. Nou, ’t scil nou wol oars

wirde. Ien hâldt foar fêst it paed wol waerm twisken Elle’s en úzes. Us

Li hat in set dien—dy stekt Wypkje aerdich de eagen út.”

“Wypkje is mefrou,” sei mem spitich. Det koe se lang net fele, det

Wypkje, de ginaemd fen hjâr mem, dy-t al sa lang wei wie, in reed

efterút kaem by Li, heite hertlapke.

“Is ’t hoarntsje kniesd? To fanke, sjoch mar gau wer blier. Wy ha se

ommers beide like ljeaf, net?” en hy koe ’t net litte en gien efkes nei

hjar ta. Hja like wer sa lyts en sa tear optheden . . . it tróf him

súver. Hja wie âld waen yn ’e lêste jiermennich en hjar hier sa wyt. En

sa’s de iene reisger syn oanhâld siket oan ’e oare nei in fier lân ta .

. . sa diene hja ek. It gyng nou de bidelte tomjitte en ’e iensumheit .

. . en de . . . dead . . .

Do makke hy rislewaesje om op bêd to gean. De doarren skoatele’r en

taestende wei roan hy troch de skûrre, hwer nou alles stil . . .

deastil wie, allinne op in dwarsbalke pipen de ratten en ’e âld ûle

suchte by ’t ûlboerd.

It folk hie noch hwet lyts gûd forgetten op ’t potrak. Mei lange

stappen trêdde hy derhinne en sette it yn ’t foarhús del en kuijere do

it sânpaedtsje noch efkes lâns nei de wei ta. It wie sa tsjuster noch

net, as min koe de ikebeamsstammen sjen en de bisten weidzjen yn ’t lân

foardoar. De dauwe stie heech op ’t lân en simmerbleek pinkeagen de

stjerren oan ’e loft en in lyts streekje moanne lei as in goudene

sichte yn ’t Súd-Easten. It hôf skittere yn ’t tsjuster mei syn

blossomsnie bifrachte en as hy tige taharke, hearde hy Jan syn fioele

boppe it nachtelik wyngerûs út.

Der kamen in pear jongeljue oan. Hja praetten sa súnich, det hy koe

gjin wird forstean, mar oan ’t delsetten fen ’e hakken hearde hy se

oankommen.

Der seach hy ynienen, hwa-t it wierne. Fokke en Tine Fleurin en hja

roánen wol sa smûk ticht neist inoar lâns . . .

Reinder glimke efkes en krûp hwet forside efter de hege hage fen syn

hiem, krekt sa lang, as hja foarby wierne. Do gyng hy yn ’e hûs, hwer

’e feestwille útstoarn wie en it wirk slepte . . .

De Hastinger wei makket like grillige bochten as de Hastinger Swâdde.

Sims slingert ’r om in âld hûs hinne, den wer troch in elzeboskje en

sims den wike de beammen in ein det út tobek en troch in brede gloppe

sjocht min de heide lizzen, fier, flak, stemmich yn hjar dageliks brún

habyt.

Mei in brede swaei as fen in stevige manljuesearm draeit ’r den wer om

’t tsjerkhôf hinne en nimt de guit rjuchtút op ’t Nijlân yn, hwer de

beammen spjuchtiger bigjinne to wirden en der mear pit yn ’t gêrs komt,

hwer de Hastinger boeren by de miedforhierings hast om fechte.

Dy kant út wei kamen dy beide jonge bern en hjar willige foetten folgen

de swaeijen fen d’âld wei yn onsteurbere folgsumens. Krekt as roánen

hja der biseffeleas hinne en libben net iens mear hjar eigen bistean,

mar in oaren-ien, in wûnderhearlik nij libben, hwerby se it âlde ôflei

hiene as de kleurige flinter de rûppehúl.

“Tine!” sei’r en noch ris wer: “Tine . . .!” en ’e swiete klank fen dy

wirden makke him dûzich fen lok.

En yn dy iene amerij, dy-t nou folge, wijde de ljeafde him ta dichter.

Hy sei wirden, dy-t noch noait yn him opkaem wierne en hja joech him in

onbigrinze macht oer ’e tael, om to úterjen, hwer syn hert sa fol fen

wie.

Deastil bleau ’t om hjar hinne . . . as yn in twadde Parradys wierne se

noch ris wer togearre, de earste lokkige minsken mei hjar earste

ljeafde.

Efkes glied der in ljochtskimer oer ’e heide . . . bleek, fol

sidderjende bigearte . . . yn ’e fjirte sloech in hiemdogge oan.

Do waerde alles wer stil . . . deastil. De nacht gyng oer it Hastinger

heidelân en de stiltme folge him.

De Hoara's fen Hastings · 第 15 / 19 题