VII.

De nachtegael song yn Reinder Hoara syn hôf—lûd mei lange úthalen

oargeljend . . . in blide sang for it wyfke, det stil siet to brieden

en kipich to sjen yn ’t biskûl fen ’t blêdgûd en hy song sa fel, det hy

gappe nei de siken en sloech mei de wjukjes.

Efkes sette in skelfînk it tsjin him yn ’e kant en it oarg’ljende

fûgellûd waerde noch folder . . . noch inniger . . . Do swijde de

skelfink en waeide flodderslûch oer ’e bloeijende appelbeammen det ek

oer nei ’t hôf . . .

Ien amerijke wie ’t deastil . . . en wer bigoan de nachtegael to

sjongen mei ’t kopke nei ’t Easten út. De dage gyng oer ’e loft . . .

en yn brede donzige streken weagen en widzen de nachtnevels as

sulverside oer ’t bidauwe lân. Der ynienen! hja spjalten fenien en in

flauwe roazegloed trille oer ’e bleke loft . . . efkes mar . . . as in

sike, weigliden yn oneinigheden.

Noch ris . . . noch ris wer . . . mei bleekblau en fleiskleuren en hiel

fyn read fen in roas yn ’t útkommen, mei al de godlike kleuren fen ’e

gloedsgamma yn hjar alderfriste berte en skittering.

De loft trille nou fen kleuren en boun hjar flechtige wolkens yn ’t

Easten mei sulveren snoeren en sette se as swierhelmde wachters by de

poarte fen ’t ljocht, det sidderjende fen lok de nachtwynsels ôfwoelle

en yn heal wache eachskittering syn bane rûm seach om to gean . . .

Der fleach mei poarpergefonk de poarte op! de wolkens dûkten hjar for

de goudene sinnewein, fluchten as wite kobben fier oan ’e blauwe loft,

dy-t wûnderlik skittere . . . de sinnebreid kaem yn al de moaijens fen

hjar reine moarnsjeugd! . . .

. . . Krekt as lei der nou in nije wrâld, dy hjar earste dei kommen

seach yn hearlikheit.

De brúne heide waerde wekker. It djiert, det by hjar hearde, det der

winters syn hoalen groef en simmers op lichte soalen op roaf útgyng,

socht nou mei slûpende windingen syn forskûl wer op, it bloed en ’e

hinnefear fen syn nachtgenieting noch om ’e bek en yn syn wrede kloeren

noch it neipriûwen, de pimperjende wille fen in lêste feninige

hoannepik, fen ’e lêste wjukslach fen in hearlik jong hinnepykje.

Yn in hege spjirrebeam seach in ûlekoffe syn nachtkammeraet slûpen . .

. Hja bigyngen diselde paden troch ’t dauwewiete lân, hja koene inoar

en ien tiid fen kommen en gean wie hjarres en derom loek de ûle syn

fearrepels tichter om him hinne en knypte syn skerpe roune eagen ticht

foar de Dei, dy-t hy net koe en dy ’t hy dochs alle moarnen fen sa

tichteby seach. Syn dei wie om . . . dy-t de minsken nacht hjitten . .

.

Al ’t fûgelgûd floddere nou oer ’e heide nei de heidepoel, dy der as in

klear blau each mei de sinne en ’e loft lei to pinkeagjen en der gyng

’t oan wei. Det baeide syn fearkes—det focht . . . det song en forkrûp

yn ’t heidekrûd en siet inoar efternei yn ’e loft—sims hiel fier as twa

stipkes en saeide den wer del yn in lyts heidebeamke en sei inoar hiel

hwet . . . de fjouwer lytse foetsjes op ien twiichje en ’e fearkekrâns

op ’t kopke heech as in útsteand waeierke . . .

En de rûpen, dy-t der oan ’e spinrêgen omslingeren, wiet fen dauwe, fet

fen simmersprútsjes . . . det waerde hjar moarnsmiel . . .

En do songene hja—hiel it lytse doldryste gekjeijende fûgelboun, de

heiderobyntsjes en ’e skelfinkjes en ’e hôfsjongers, krekt sa lang, det

der as in great skaed in minske oprizen kaem yn ’e heide. In minske mei

de lod op ’t skouder, dy-t nei syn wirk gyng.

De dei wie bigoan . . .

De maitiid joech him syn wijing en de fûgels forwolkommen him yn dy

greate timpel mei syn soudering fen blau en syn sinne as in wûnderlampe

en dy-t syn gerjuchtigheit sa wiid útfiemet as de ierde great is . . .

By Reinder Hoara’s waerde hiel stil de foardoar opdien en twa

hazzenútbrúne heldere eagen loerden om ’t hoekje en seagen yn ’t waer.

In swel fleach heech boppe hjar yn ’e loft, hja seach him as in stjerke

forsjitten . . . rûfty! . . . wei wie ’r. De houtdouwen yn ’e linebeam

rôpen hjar wémoedich roekoe-koe-koe-koé en in hiele swarm protters

stoude út ’e izejanebeam foardoar. Dy skittere wol sa wyt, hwent de

sinne skynde der op, fel efter de skûrre wei. It wie moai waer.

“Trouwerswaer!” flústere in mûltsje heal-lûd, do flapte de doar ticht

en Lys hjar toffeltsjes klipklapten wer oer ’e foarhússtiennen.

It wie noch stil . . . de iere moarn for de boer wie bûtedoar noch net

iens bigoan. As wie ’t hjir alle dagen Snein, sa’n frede lei’r oer it

hege boerehiem, det as in tichtbigroeid eilân út in Oceaen fen dauwe

weitynde, swier fen sulveren dauweslingers oan syn tokken, oan syn

gêrsen. En dochs, ’t wie krekt, as hearde min ’t sykheljen fen ’t oars

sa beuzige libben binnedoar nou noch boppe de stiltme út, it beuzige

libben, det nou mei lang-útrekte lidden en útsprate hânnen slepte en út

’e greate gielgoede fen ’e sliep syn nije kreften sochte . . .

d’Ald sifertse kat wie nou de earste, dy-t him de sliep út d’eagen

wreau. Hy slûpte troch ’t kattegat yn ’e skûrredoar en gyng op ’e

efterhûsstriette sitten yn ’e sinne en slikkepoate him flitich en

striek de snoarren op. Do gyng hy sitten to spinnen op ’e stirt fen ’e

wringe by de jister, der de bisten as frjemde greate wezens yn ’e dauwe

omwaren en hjar njonkenlytsen mei skerp-ofteikene linen losmakken fen

’e onwezentlike dauwewrâld om hjar hinne. Hy knypeage in setsje tsjin

’e sinne en do bigoan hy syn neils to skerpjen op ’t âld hout en

ynienen—der rollebolle hy fen ’e dam ôf yn ’t wiete gêrs. Mei in hege

rêch kroaske hy nei de efterhússtriette en gnyske lui tsjin ’e swellen,

dy-t him foarbysnûrren.

Der fleach de doar op . . . it wirksume boerelibben forspraette him as

in swarm bijen oer ’t hoarnleger. De faem en ’e feint kamen der

sjongende wei út mei de jernamers oan ’t jok en de skiepmelkersjonge

pandere hjar efternei, noch heal yn slieppe-sûs. De greatfeint boun de

beide fossen oan ’e ringen yn ’e efterhûsmûrre en bigoan to fluitsjen

en to hynsterossen. De swellen seagen de baen rûm en snûrren troch de

skûrre en sieten op it skouder fen ’t skermmantsje efterhûs, det

piipjend bigoan to draeijen op ’e moarnskoelte. De sinne tsjoende mei

ljocht en skaed yn ’e skûrre om en sûge mei stadige swolgen it tsjuster

op. De keallen boarten yn ’t heafek en sprongene yn ’t waerme strie om

. . . d’âld klok mei de pykjes kuiere op ’e sinne yn nei de

efterhússtriette ta en kokke-lokke memmich en soargsum foar hjar lytse

wyt-weitene skare út.

De boer kaem yn ’e himdrok bûtedoar, de wiete streken fen ’t

pompswetter noch yn ’t bleekblonde hier en in âld drillen broek mei

kniblapen om ’e fearige skonken.

“Moarn boer!” sei de greatfeint. “Dit wirdt in moaije dei! Hear dy geal

ris sjongen yn ’t hôf en de dauwe krûpt sa leech oer ’t fjild . . . det

meij ’k hiel wol lije.”

“Ik ek,” en mei de hân oer de eagen seach Reinder Hoara yn ’e fierte .

. . “Sinneskyn waer . . . sinneskyn libben.”

“Ik hoopje, det it sa wêze meij for de fammen,” wie de feint syn

segewinsk. “Ik kin ’t net helpe, mar ’t is krekt, as scill’ se ús hjoed

de fleur út ’e hûs stelle.”

“Biloop fen ’e dingen,” sei Reinder, mar de sucht, dy hy op dizze

wirden folgje liet, der mirk min ’t wol oan, det de âlder syn bern noch

net bêst misse koe.

Twa breiden yn ien hûs . . . simmerbreiden . . . jong, yn ’e folle

fleur. ’t Wie krekt, as stie syn lok nou allinne mar sa yn top, om der

in greate slach op komme to litten. Hy hie súver tsjin dizze dei

oansjoen en nou wie hy der en yn ’e blêkering fen goudene sinneskyn

scoene se strakjes oer ’e drompel gean fen ’t gemeintehûs yn ’e Ham . .

.

Simmerbreiden . . . simmerlok! En Reinder seach nei ’t âld hûs, det dy

greate skat sa lang biharbarge hie, krekt sa lang, det de frjemde

mânljue kamen en se opeasken en koartwei seine: “hjir binn’ wy, jow se

ús.” Krekt as hiene heit en mem se mar to lien hawn, det hja der âlder

rjuchten op hiene. Och, it wie allegear alderbêst, mar as in gjirrigert

telde it heitehert dy greate skat noch ris wer fen ’e iene hân yn ’e

oare oer en aeide se noch ienris mei de tearste strieling fen syn

heiteljeafde en wie noch ris jong mei hjar, dodestiids do-t se mei

koarte rokjes yn ’t hôf omdânsen . . . de skoallemûrren de frijheit

noch net iens bignibbele hiene . . . och det allegear bilibbe heit noch

ris ienris wer . . .

“Heit! ynkomme!” rôp der ien efter út de skûrre wei en út it

healtsjuster fen ’e lege fekken kaem in frouljues antlit foar ’t

ljocht, it blonde hier as in goudene frissel noch los op ’e rêch.

. . . “Like . . .” sei ’r en as doarst ’r ’t hast net lûd-op sizze,

flústere hy derefter oan, “bern . . . myn bern . . .” En efkes stiene

se neist inoar, skouder oan skouder en kúrden oer it plakje wrâld, det

hja út de skûrredoar wei seagen, it plakje wrâld, det forheard mei

heldere eagen syn simmerlok út it Easten wei opkommen seach.

De heide dûkte hjar noch ûnder de felettene moarndize, mar de greiden

leine der al bûnt fen blommen foar en de skoenmakkers saeiden der oer

hinne, ljochtpylken, fen wûndere simmerboaden útstjûrd en de

kleurmingeling fen ’e skitterjende simmerdagen, dy-t noch komme scoene,

droegen se as in bûnteagich ûnthjit op hjar triljende wjukjes.—

Hja wierne sa ticht by inoar, det hja fielden elts for oar de klop-tik

fen hjar hert. Stil striek hy hjar noch ris oer ’t oerhearrige hier,

det mei kroltsjes altyd alwer oan ûnder ’e hierspjelden útringele en

hja krûp tsjin him oan. krekt as fielde hja op dit stuit earst foargoed

de swierte fen ’e bikende en ûnbikende gefaren, dy-t der nou yn ’e nije

wrâld foar hjar leine . . . de ûnbikende, der in frjemdling hjar

paedwizer wêze scoe en it lot de regeler fen ’t ein gean.

Sa’s hja der nou neist him stie yn de wûnderljeaflike Junibloei fen it

libben, det byld hat Reinder Hoara noait wer forgetten.

Hy draeide syn holle om, as socht ’r noch hwet yn ’e healtsjustere

skûrre. “Lit ús yn ’e hûs gean, nei mem . . .” sei ’r en striek mei de

hân oer syn wrede wangen, rûch fen stoppelich ros bird.

Sá hat hy him losmakke fen syn skat, de ginaemd fen syn mem, Like Hoara

fen Hastings.—

De wiele fen ’t beuzige libben gyng snûrriger mei ’t heger kliûwen fen

’e hjitte sinne, dy-t it dampe moarnslân stoofde mei gleone strielen,

rjucht del út ’e helderblauwe loft. Foardoar yn ’t slingertún stiene

fen dy âlderwetske blommen to bloeijen, pioenen, constantinopels en

wite titelroazen, in hiel bosk yn in hoekje en ’e paedtsjes krinkelen,

oanfage en klauwe en omrânne fen sipelgêrs, der omhinne mei ûnforwachte

bochten, krekt as folgen hja de wink fen in onsjenbre boartlike hân.

Efter de hage lei de Hastinger strietwei yn ’e felle skittering fen

sinnegoud en de skelfinken fluiten yn ’t biskûl fen ’e nijreade

ikebeamsbledden, dy let-oankommelingen.

Der wie gjin minske to sjen . . . krekt as wie dy wei noch noait bigien

. . .

Ynienen fleach der in wolkje stof fen in manshichte oer ’e berm, en op

it rjuchtúte ein kaem in tilbury oanjeijen.

Reinders Janke lichte it gerdyn hwet op . . . It skokte hjar troch ’t

hert. Dit wie Lise’s en der fen ’e oare kant . . . o headen de staesje

fen doomné’s, d’âld portierwein mei de skimmel derfoar. Hja jagen tsjin

inoar yn . . . Dy fen ’e tilbury hâldde it hynsder yn . . . en liet

doomné’s folk foargean . . . For Wypk, ús âldste, siddere ’t troch

memke hert.

“Fanke,” rôp se, “der binn’ se. Bist ré?” Wypkje sels joech it andert.

Bidaerd en evenredich as altyd kaem se ta de doar yn, steatlik yn ’e

swartsiden troujurk, hwer hjar fynblank kopke ta’n út knoppe as in

wyt-wyfke út de swarte Maerte-teigroun en allinne hjar eagen, der lies

min de forwachtinge yn fen ’t nije en ûnbikende. Sá scil in reisger

útsjen nei it lân fen bilofte, det hy strak ansens sjen scil, s’as ’t

him al lang foarstie yn bliid fortroude dreamen.

Janke seach nei hjar mei triennen yn ’e eagen. Hja hearde it knarsen

fen ’e tsjellen op ’t stienpún fen ’e reed. Noch ien amerij . . . en it

nije libben lei al bislach op ’e bern en bigoan syn wirk fen

forfrjemding.

“Mem moat net gûle,” sei Wypkje bidaerd wei, “’t stiet sa mâl dy reade

eagen,” en tige precys hekke se de hekken en oezen fen ’e mouwen fêst.

“Ik gûl net, fanke,” en krankyl twong mem hjar triennen tobek. Ho fier

stiene se noch fen inoar ôf, dy mem en dy dochter! As yn in forskûl

bismoarde Wypkje alles yn hjar sels . . . hja hie oan hjar sels genôch

. . . in onpeilbare sé wie se, der gjin minske oait in wynfâld oerhinne

gliden sjoen hat, mar derûnder djip op ’e boom der fecht ’r syn eigen

stryd út en geit mei syn eigen wille. En gjin minskeëach bispeurt it .

. .

Janke hie der noch noait wiis út wirde kend en Johannes likemin. Dy koe

’t ek neat skille. Hoara syn jildpong wie for him gjin riedling mear en

dy forswiette in bulte tsjustere dingen en hy seach syn mem ris oan

efter yn ’e greate portierwein en gnyske mei in fyn gnyske de Hoara’s

út. Tafallich hearde Reinder Hoara, hwet hy him derby ûntfalle liet en

dy wirden barnden him yn syn hert. O hwet diene se him sear, dy heit!

“Elle, bist’ der al?” en Lys skeat as in snoek nei foaren en hie de

breugeman al by de swartlekkense jasmouwe en loek him gau mei nei ’t

simmerkeammerke ta en frege mei in hiele earnst, ef hy it

naeimasinetaffeltsje al torjuchte set hie.

Elle foel út ’e saunde himel mei in greate plof op de deagewoane ierde

del. “Taffeltsje?” sei ’r, mei al syn prakkesaesje noch by hiele oare

dingen, “masinetaffeltsje?” en hy sette de hege hoed efkes ôf en striek

it koarte, leech op ’e foarholle ynplante swarte hier hwet op. “Ik ha

’t net iens sjoen, det hiele ding, Li.”

Lys hjar lytse foetsjes trippetrapken ongedúrich op ’e flier en hja

stoarre op ’e snútsjes fen hjar lakte learskes mei ’t blonde kopke

foardel en ’e greate brúne eagen yn ’t healskaed fen ’e eachslidden,

tin as blombledden.

“Dû bist onsteurber, Elle,” sei se mei in read prúl lipke. “It moat mar

oergean, det trouwen fen ús,” en hja gyng in stap twa foart, noch wer

ris efkes for ’t lêst it jong twinter, det de sylbeage eanget.

Earst sette Elle Mulder de hoed wer ris op, do wiske hy in plúster út

’e eagen, dy-t hy der nou krekt fornaem . . . en do makke ’r him ta

man.

Mei in pear stappen wie ’r by hjar en sette se neist him del op in

stoel. Syn donkerblauwe eagen skitteren ûnder ’t forwulf fen ’e

foarholle en ’e boarstlige swarte eachsbrauwen wei, seldsume strang,

hiel syn brúnforbârnd antlit teikene de onrêst fen syn hert, al ho-t hy

him der ek tsjin forsette.

“Hark ris, Lys,” sei ’r stoef-wei, “ik sit hjir net for boântsjelap,

bigrepen? Hwet miskearret dy? Det fen ’t taffeltsje is mar larie.”

“Larie,” sei Lys him stil nei; de ljeafde krige al wer de oerhân oer

hjar lúmichheit, mar dochs skikte se noch fjirder fen him ôf.

“Hjir,” sei Elle Mulder en loek se wer mei in swaei nei him ta, in

boskje gûd yn syn greate brede hânnen. Deastil lei se mei de holle

tsjin syn skouder oan him oan to sjen. Mâl waerd’ ’r fen ljeafde en

nidigens en de geur fen hjar jonkheit fleach him as swiere wyn nei de

holle.

“As ’t sa moat, it kin noch út, Lyske,” warskôge ’r, mar om syn mûle

siddere de freze. “It kin noch út, bern.”

Lys sei neat.

“Myn goede! doch de mûle dochs iepen! Siz, detst’ my foar dyn eagen net

sjen meijst desnoads . . . detst bang bist for my . . . det ik . . . to

. . . âld . . . bin.” Fen greate eangstme skeat it him yn ’e kiel . . .

o as det ris sa wie . . .! Det jonge bern en hy . . . dy-t nei de

fjirtich loek, dy-t de libbenshjerst syn sulvren spinrêch al troch ’t

swarte hier skimerjen seach.

“Omt ik dy ljeaf ha . . . det makket . . . bang,” flústere hja

biskamsum en krûp tsjin him oan as in fûgeltsje tsjin syn foarse

beamskutte. “Bist nou noch lilk, Elle?”

“Lilk!?” sei ’r en syn hân glied mei sêft aeijkjen oer hjar moai hier.

“Ik kin net lilk op dy wirde . . . ik kin dy noait wer misse, Li.

Bigrypstû det? . . .”

Hy gyng oerein en stie nou lyk foar hjar. Biseach hjar. Hja wie him sa

nij, sa frjemd optheden. O det ranke, linige lichemke en it goudene

boskje hier en de brúne eagen en ’t heldere, ljeave lûd, koe hy dochs

ommers al sont fjouwer jier, selst hjar kuerkes wierne him al sa eigen

det en dochs . . . It blossomjende fen al hjar tears, hjar moaijs tróf

him ynienen sá, det hy waerde der stil ûnder.

. . .“Pop . . . o myn pop . . .” sei ’r optlêst hiel sêft. Do helle ’r

hiel hoeden hjar kopke hwet nei him ta, det it syn skouder rekke.

En joech hjar de lêste breidspea.

Johannes en Wypkje dy hiene sokke freugden en mistribelingen net, det

wierne forstânnige bidaerde minsken, dy diene allinne wolbitochte

dingen en dy trouden op fêstbipaelde gefoelens en fêstbipaelde

oerienkomsten, súver woegen op ’e greate skealjes fen ’t forstân en der

it gefoel net mear as in heal lead by ynsmite doarst.

Wypkje hie ’t aerd fen ’e Hoara’s . . . for de poëzij wie ’t libben to

koart. Der koe min net oan ta komme, net yn ’t daegliks bidriûw en

likemin op ’e heechtiden. En derby . . . hwet bidijde it . . .?!—

It waerde in hiele staesje der fen it stille boerehiem ôf nei de Ham

ta. Wychman Hoara yn ’e nije brik, Oebele-om mei d’âld glêzewein,

doomné Akkringa syn foermansreau en der in meagere wynhoun foar en

Reinder sels mei syn nijkeap, in moai span fossen en de beide pearen

jongeljue foarop, elk yn in tilbury, doomné’s Johannes en Wypkje en

Elle Mulder mei Lys, hiel smûk ûnder ’e lege kap.

Hjir en der stiene in stik ef hwet minsken by de wei, mar mei ’t

Sneonswirk ûntkamen hja de measten. Allinne de skoall’bern, dy wierne

fyf, dy raesden hjar de segewinsken al fen fjirrens tomjitte en wachten

yn ’t skaed fen ’e tsjerkhôfsbeammen, as se weromkomme scoene en

lekkerdingen struije.

En hja kamen werom—de appelige hynsders hiene bûnte blommen op ’e stirt

en Elle Mulder syn swipe hiene se mei in gleone read-siden strik

opsierd. Dy wie tige gesien yn ’t doarp.

De middei’s waerde it dêrre in hiel gearset by Reinder en dy’s. Der

hâldden se fen, by sokke gelegenheden seagen se den net op in goune ef

hwet. Der moast noch jierren oer praet wirde en al de geseten ljue

waerden bean fensels, Fleurin mei ’t wiif en ’e dochter, notaris en

ûntfanger en alle greate boeren, meast allegear ek noch fiere femylje

fen ’e Hoara’s.

It hiele hûs wie oeral. Yn ’e greate keamer sieten de jongeljue en ’e

neiste femylje en de trouwden, en de efterkeamer—der snûrre it jongfolk

hinne, Tine Fleurin en Lys Hoara fen Wychman’s as keninginnen efternei.

Fokke wie der ek en de dochters fen Oebele en Bintsje fen Geale en

Trine’s, nou optheden de rykste fen Hastings, en hjar neven, de jonges

fen Klaes de Groot. Al ’t jongfolk, det mei Wypkje en Lys nei skoalle

ta gien hie en mei hjar great waen wie en troch de mesken koe hwet jild

en stân oangyng, dy kamen nou noch ris for ’t lêst wer by inoar by de

troude kammeraetskes yn ’t âlderlike hûs. Sa’s ’t like, hingen se noch

like folle oan inoar, mar sûnder, det hja ’t noch mirken, skouden de

frjemde mânljue en ’e frjemde bilangen hjar al twisken dy frjeonskip .

. . noch in jier ef hwet en Wypkje en Lys hiene selst de nammen al

forgetten fen ’e frjeondinnen fen hjoed.

Doomné Akkringa’s folk hâldde him hwet appart . . . nou-t de bút binnen

wie, hiene de jagers lins—it hoechde nou net mear, dy oansjitskens en

derby, mei Fleurin-en-dy wie ’t ek net ien lucht. Dy krige fierst to

bêste biroppen en det it der altyd sa út ’e brede fjirtsjin gyng,

forginden se him ek.

It dûrre al net sa bare lang, do stie de âld foermanswein mei de

wynhoun derfoar al wer op ’e wei by ’t steksdoarke.

Reinder’s Janke seach raer op. “Scill’ doomné en dy nou al foart?” sei

hja sneu.

“Och ja,” sei mefrou mei in fyn glimke, det doomné mar al to goed

bigriep, “de jongeljue moatte ek op ’e trein en den kinne wy se noch

krekt hinne bringe.”

Mei greate stappen kaem Reinder Hoara der op ta. Op syn brúnforbarnd

antlit lei hwet onwilligs, sûnders, en syn ljochte brúne eagen seagen

spûnsk.

“Der is gjin sprake fen,” sei ’r koelwei en seach mefrou ûnforskrokken

oan. “Us wein wirdt ynspand en der ride de jongeljue mei nei ’t spoar

ta. Dy komme net mei sa’n rattelmansreau troch Nijlân, gjin sprake fen.

Myn bern moat it hâlde, sa’s se det wend is.”

“Der ha’ jy gelyk oan,” andere mefrou mei feninige spot. “As jy det den

mar folhâlde, Hoara. Somlike minsken ha súnige buijen, de Hoara’s

binammen.”

“Det’s better as mei in hopen ljue, der gappet it wider as ’t byt,

mefrou,” fjurre dy fen him. “Ik ha myn bern goed útrist . . . as jy det

nou ek mar sizze kinne . . .”

“Wy ha him leare litten,” hime hja. “Hwet tink’ jy, det wy it oare ek

allegear noch bitelje scoene?”

“Det is bitelle . . .” andere hy koartwei, “syn skilden ek en as se nou

werom binne fen hjar reiske . . .”

“Op reis . . . Hja op reis? Ho komm’ jy derby?”

“Hark ris, mefrou,” sei hy wer, “jy tochten miskien, det Johannes hie

myn dochter trouwd, om der yn in efterôf doarpke hjar jong iibben to

forkniezen. En den minhear sims allinne op reis . . . Mar der stiet

neat fen yn myn boekje. Hja is jong en hja scil der wille fen ha ek.

Hja kinn’ nei Parys gean . . . ik ha se in pear pompierkes meijown. Der

moatt’ hja hjar mar ris útspringe en wille ha. It hat ús noait barre

mocht . . . mar hja scil ha, hwet hjar hert bigeart. Derfor is hja de

dochter fen in Hoara, dy-t sa súnich binne, sa’s jy my útleine,

mefrou.”

Mefrou hie in holle as in koal en ’e naden fen ’e swartsiden japon

krêken fen binaudens yn ’t boarst. ’t Minske hie ’t net rûm . . . earst

hie me det folk Johannes sa to fiter hawn en praette earst oer

“huwelijksfoarwaerden,” do-t de jongeljue de geboadens al hiene en

Johannes as fetsoenlik man der him net mear útwine koe, al ho graech hy

ek noch wold hie en nou . . .! as hy det fanke ek mar ien strie

oerdwers lizze doarst, den kaem Reinder to opsprekken en waerde hy by

de tûmme heind. Hwer hie dy jonge him ynjown, dy earme stimper!

“Licht hat Johannes gjin sin oan reisgjen . . . Scoe ’t net better

wêze, as hja ’t jild opsparren for ’e kwea dei?” bigoan ’t minske

sûrswiet en tocht om al de rekkentsjes fen Johannes noch to Grins, dy-t

mei gauwens loslitten wirde scoene yn ’e posterije as hongerige wolven.

“Wel mefrou,” sei ’r wer, “oars wierne jy ek net sa súnich, wol? Tink

der om, det myn bern ek net koart hâlden wirdt. Johannes sei, hy wie o

sa mâl mei hjar . . . oer ’t jild praette hy net . . . en ik scil him

toane, ho goed as ’k him leau. For alle plesier, det hy der mei Wypkje

fen nimme wol, lit him hjir komme, yn ús âld brânkast sit noch wol

hwet—mar for syn plesier allinne, gjin heale reade sint . . .”

Hwet hja beide op dit stuit tochten, der praetten hja net fen . . . mar

mei gleone prippen pinige it syn herte. Sont fen ’e moarn wist Reinder

Hoara, hwer syn Wypkje om naem wie en scoe mefrou it witte, det

Johannes mei dizze ruilhânnel gjin koarel foardiel bispoan. Al kaem hy

nou ek wer om yn ’e skilden, Hoara’s jild scoe ’t gat net wer stopje!

Reinder’s Janke stie earst noch hwet fen fjirrens, mar nou kaem se der

ek op ta. Hwet diich Reinder ek sa to skreauwen? ’t wie krekt, as hie

hy in snipke yn ’t ear, sa read wie syn holle en sa gril stiene syn

eagen!

“Hâld dy dochs stil!” lústere se him yn ’t ear, “elkenien sjocht nei

jimm’. Sa tsjin mefrou op to sprekken!”

“Och,” sei mefrou mei in ljeaf glimke, “jou man is hwet heftich. It is

ek in hiel ding, det trouwen fen twa dochters op ien dei! Wy scill’ der

nou mar net mear oer prate, wol frou Hoara? Hy mient it net sa min,” en

mefrou Akkringa swaeide mei in greate swaei nei efterhûs ta mei Janke

om de bern foartriden to sjen en wie sa falsk-frjeonlik det. Mar

Reinder Hoara en hja, det hat der sont dy dei opsitten.

Noch in minút ef hwet en de goudfossen loeken oan en brochten de

jongeljue nei ’t station to Nijlân ta.

“Sjesa, det ha wy wer hawn,” sei Bintsje hjar heit. “Is ’t net krekt,

ef de keningin foartrydt? sa’n spul der by en det om sa’n keale

doomnéssoan mei in bûs fol skilden. Wy binn’ noch net oan ’e ein . . .

wy binn’ noch net oan ’e ein . . . It is noch net iens in

foarikkerslingte” en hy ljurke mei lange halen oan ien fen ’e bêste

sigaren, dy ’t hjoed mar for ’t krijen wierne.

Hja stiene der foar mei hjar brede rêgen en ’e swiere swartlekkense

jassen oan en seagen yn ’t skaed fen ’e reedsbeammen de wein efternei,

Bintsje hjar heit mei hwette as ôfginst.

“Scil ’k dy ris hwet sizze?” andere de oare en wiisde mei in breed

gebaer oer ’t hûs en ’e finnen fen Reinder: “As det mines wie en dy

Akkringa kaem om myn bern, den sei ’k, ik moat my der earst noch ris

oer bitinke. Wy moatte de pongen ris hifkje, jongkje.”

“Min seit . . .” flústere Bintsje hjar heit, greate Japik fen ’e

Sassepôle.

“Nou, hwet den?”

“Det it hjir ek al net sa folle mear is, as ’t liket.”

“Ea kom! Det wit ik wol better. Dy ha hwet efter ’t linnen, det siz ik

dy. Ik woe noch wol ruilje.”

“Dû . . .!?”

“Ja ik.”

“It mear rekket noait fol, Hindrik.”

“Bisit is swiet,” sei dy mei in knypeachje. “Sjoch der mar ris.”

Elle en Lys stiene yn ’e goudene sinneskyn foar de dam en seagen oer ’t

fjild, det yn fonkeljende simmerweelde foar hjar lei, krekt sa ’s it

libben foar hjar útsjend each. Sa stiene se der in hiel set—do waerden

hjar eagen lutsen nei in wûndre seilstien—nei in trop beammen yn ’e

fjirte mei it readgoudene middeiljocht op ’e krúnen.

“Wist, hwet der is, Li?” sei hy en syn blauwe eagen sochten de brúnen

neist him. “Wist it?”

“Dyn hûs . . .” andere hja . . . “Uzes, Elle?”

“Ho tinkst der oer, as wy ek ris foart-gyngen? Ik ha neat gjin

aerdigheit oan dy feesterij en dû?” en hy krige hjar hantsje beet en

aeide it stadich . . . ider kear hinne en wer . . .

De beide âlde mantsjes yn ’t skaed fen ’e elzewâl gizen efkes en

panderen do mei stive skonken wer yn ’e hûs.—

Dreamerich liet Lys hjar eagen noch ris oer ’e finne gean, der hjar

bernejierren en hjar jong-faem-wêzen sa nau oan forknotte wie as

boartersplak en kuijerpaedtsje.

“Ho-t wy hjir oer tsjien jier ris stean scille?” sei hja. “Ho scoe ’k

den lykje, Elle?” mei o sa’n gútich glimke.

“Krekt sa as nou,” sei dy en mei strieljende biwûndering biseach hy

hjar. “Licht hwet dikker waen en in únderkintsje . . . mar altyd noch

myn wyfke . . . myn lytse, ljeave Li.”

“Lit my los,” sei hja. “Elle, der komme minsken oan. Scoene se om ús

siikje?”

“Ea ju né. Dû moast mar tinke, hja litte dy nou oan ’t lot oer. Dû hast

nou in man . . . dy scil nou wol oppasse, det hy dy net weislipt,” en

hy skoude hjar fyn earmke troch sines en mei it greate lok syn

ôfspegeling op ’t brúne antlit en de sege fen ’t bisit yn ’e eagen,

brocht hy se for ’t lêst yn hjar heitehús as heite-en-memme bern.

De Hoara's fen Hastings · 第 14 / 19 题