V.

De beamtoppen fen ’e iken stambeammen bigjinne to forkleurjen . . . de

kleurmingeling is tear, s’as fen in âlde skilder, dy-t mei skimerige

eagen en beverige fingers noch de ljeafste bylden út syn libben

fêsthâlde wol. Och, ik wit it wol, der trilje noch simmerkleuren genôch

oer ’t lân as weagen fen sulver yn ’t jounskimer forfloeijen . . .

opael en goud en poarper en wynfearren pylkje de loft lâns as

reuzefing’rige heimnissen út frjemde oarden en dy-t hinnewize nei noch

frjemdere, mar de simmer is ’t net mear . . . De letbloeijende roazen

ha him bidobbe en de jounen, dy-t langer wirde, ha de earste

dauwetriennen op it grêf falle litten . . . De heide oan ’e Oastkant

fen Hastings hat hjar poarperkleed oanlitsen, in wûndermoaije kleurige

mantel mei in seame fen grien omboerde en oan ’e Westkant waeit it gêrs

noch oer ’e greiden. It is sa stil en fredich oeral en de spjuchtige

spjirrebeamskrúnen wirde oan ’e bleekblaue lofteinder wei yn in

sulveren hjerstdize mei o sokke fine kleuren, dy-t allinne eigen binne

oan dizze simmerske dagen fen Septimber.

By Wychman Hoara’s sitte de finsters ticht en ’t is der deastil om ’e

doar, krekt as wenje der gjin minsken mear . . . al sont jierren net.

De skoarstien, in lyts spitske boppe ta de hutte út, rikket dochs noch

. . . sleau en dampich bliûwt de reek hingjen yn ’e deastille loft en

forkrinkelt den einliks hiel stadich yn lytse reekwolkjes boppe oer ’e

heechoppe foargevel, dy-t mei reid dutsen is en der de lange

blomstollen fen ’t húslook op stiene to forwyljen.

It is sa deastil bûtedoar, det min heart it gesnûr fen fûgelwjukken

heech yn ’e loft en ’t sêfte piipjen fen ’e jonge skelfinkjes yn ’t

struwellegûd op ’e dyk . . . fierôf.

Der ynienen bigjint de klok to lieden, de âlde Hastinger klok, dy-t de

stompe toer mei it readpanne dak ta hjar hûs hat en oer ’e heide galmt

en bimbamt en oer ’e greiden, oer it bisit fen ’e Hoara’s, det net yn

ien dei to biriden is en det fen Nuttert, det min yn ien amerij

oersjocht, det alles biropt hja mei de holle, droeve klank fen it

dealet.

It klinkt sa yndroevich, det dealet oer it hjerstslommige lân, krekt as

wirdt net allinne de ienling minske bilet, dy-t se opdrage, mar hiel de

hearlike simmer . . . alles, hwet der groeid en bloeid hat en jong wie

en nocht hie en nou stoarn is . . . noch mei syn simmer yn ’t each en

’t glimke om ’e mûle . . .

En ’e Hastinger klok dy let . . . dy let sûnder ophâlden . . .

De foardoar by Wychman Hoara’s wirdt iependien en Doede Styn, dy-t der

húswarret, giet derút en ûnder ’e greate linebeam stean, deastil mei ’t

skouder tsjin ’e stamme oan en harket nei it let for de frou.

Dy scil hjir noait wer it sânpaedtsje opkomme . . . de dead hat se

binachte yn ’t ien en fjirtichst jier fen hjar libben. Nou, se hat

rêst—tinkt Styn—en is ûnder de eagen fen Wychman wei. Hwent hwet hat dy

fen det jonge fleurige fromminsk makke yn hjar trouwen? Och it wezen

wie der ommers út, det sloof en hja doarst noch net iens sáfolle

weijaen, as hja frege earst wol ûnderdanigst, as Wychman it wol lije

woe. En for hjar sels? . . . och hea . . . dy rike boerinne scoe ’t

litte en freegje hwet for hjar sels! Jier út, jier yn roan se mei

diselde âld siden skoudermantel om en ’e tibéjen jurk en in nij stikje

hûsrie koe der net iens ôf ef hwet gledde pannen op ’e foarhúzing . . .

Nou den hie hja, Styn it dochs folle better. . . Langlêsten sei Doede

noch: “dû moatst ris oars yn ’e klean, Styn, ik meij dy sa net mear

lije yn dy âld brúne jurk—en do krige se in nijen. En twa jonges

boarten om ’t hûs en yntkoart scoe de widze noch wol ris wer oer ’e

flier komme kinne en as de earrebarre den ris in lyts famke brochte mei

Doede syn blauwe eagen . . . En ynienen foelen der in pear greate

triennen op hjar wangen. Och hwet bigrutte it hjar om ’e frou . . . om

det libben det nou syn ein hie, det earme sloof, det net iens wiste, ho

’n lok der wol yn it trouwen bisletten wêze koe . . .

It lieden wie nou al lang dien . . . yn ’e fjirte hearde hja it

bolderjen fen bûrmans boerewein al wer op ’e droege strjitwei en

der de wei sa bochtet om it Jifferspoeltsje hinne, seach hja de

swarte klean fen it bigraffenisfolk twisken de beammen troch

skimerjen . . .

Nou wierne al de Hoara’s noch ris wer by inoar yn ’t stamhûs s’as alear

by memmes, der miste noch net ien fen as allinne dy iene frjemde, dy

hjar jild der yn brocht hie en de berneseine en de greate langstme nei

lok . . . dy-t noait net bifredige waen wie twisken dizze keale mûrren

. . . Nou wie hja der net mear, mar krekt as koe al dy langstme fen det

earme hert hjir noch net swije yn ’e hûs . . . Dy greate holle keamer

wie der noch fol fen . . . hjoed op hjar bigraffenisdei . . .

Earnstich, brúnforbarnd om ’e holle en stiif yn ’t swart lekken sieten

se allegear stil en yn hjar sels keard om ’e lange tafel hinne. Hes en

’e oare frouljue praetten súnich mei inoar oer ’e bern, dy-t nou krekt

ta de keamer ynkamen mei Oebele-om, dy-t se helle hie. Hja doarsten net

allinne yn ’e hûs komme en hingelen nou yn ’t foarhús om, sûnder det

immen nei hjar omseach.

“Kom bern,” sei hy goedmoedich wei, “gien neist Janke-moi sitten, den

kin dy jimm’ ris hwet jaen,” en hy sette se oan wearskanten in stoel

del en hy joech syn snoarske de wink. Styn stie al foar hjar mei in

great blikje fol krakelingen en stikken Grinzer koeke.

Lys taeste al gau ta mei lytse grage hantsjes. De bern hiene hjoed hjar

gerak net hawn, alles gyng hinter troch twinter, hwent it moast noch

ris wer in greate eptige boerebigraffenisse wirde mei in great leed en

hwa wit hofolle folk. Sa hiene hja it hawn fen elkmis, dy-t ta dit âld

stamhûs útdroegen wie, for mem ’t allerlêst yn 1898 tocht Janke-moi en

hja droege mei hjar fine bûsdoek Lys de trientsjes fen ’e wangkjes.

“In lyts weeske, Styn,” sei se en der lei hiel hwet yn dy pear wirden.

“Ja frou,” sei dy, “siz det wol . . . Hwet scill’ dy stumpers omstean

leare moatte . . . In memmehân is alles . . .”

“To ljeave, krij noch mar in stikje en dû hwet kofje, Fokke, mei in

great brún klontsje en sjoch ris, sa ’n greate kreakel . . .”

“Né Jank-moi,” sei dy hiel earnstich en skouwde it heftich fen him ôf.

“Ho nou? bist’ net goed?” sei Jank-moi, ek ien út frjemd, goeliker

laech as de Hoara’s, ien fen Jan Japiks folk. Do bigoan hy to gûlen.

“Stil, stil, as heit it ris hearde ef doomné! . . . Dy sjocht al sa nei

dy.”

“Ik meij gjin koeke, nou, Jank-moi,” flústere hy nou heal-lûd. “Mem

mocht se sa graech . . . o sa graech . . . en . . . wy ek wol . . . en

do woe heit ’t noait lije, det w’ ien stikje krigen . . . En nou mem

wei is . . . meij ’k gjin mear.”

Jank-moi gyng der stil út mei him, in hiel set yn ’t simmerkeammerke,

hwer ek al net ien stikje fen weelde to bikennen wie, selst gjin iens

steltsjes op ’e skoarstienmantel. Det bigrutte Wychman fierst to folle

en Gels dy hie der noait de moed ta hawn, om him om ien inkele goune

fen hjar eigen greate protte jild to freegjen for in lyts

aerdigheitsje. Jank-moi hearde der neat fen, ho moai ’t doomné it makke

en hwet boargemaster sei, dy-t as goefrjeon frou Hoara de lêste eare ek

mei oandien hie, hwent do hja weromkaem yn ’e keamer, krigen se de

lange pipen wer op en bigoanen om oare dingen to tinken. De deade wie

bilet, bitocht . . . nou hie dy hjar rêst. De hiele dei koe min der

dochs net om treure . . . de saek lei der al wer ta en Wychman Hoara

bigoan, do-t it measte folk foart wie, oer saken to praten. Dy leine

him neijer oan ’t hert as it wiif, der hy sechtsjin jier mei trouwd

west hie.

Hes en de beide snoarskes seagen inoar ris oan . . . de frouljue hiene

alle trije de triennen yn ’e eagen. It diich hjar sear, det Wychman der

sa hird as in stik stien foar siet en net iens in trien falle litten

hie by hjar grêf. As frouljue fielden hja de fornedering fen dy earme

deade selst noch yn ’t grêf.

Hes seach ris by de rige lâns, krekt s’ as by memmes sieten diselde

broerren noch ris wer om ’e tafel, mar de bern fen do wierne manljue

waen en Oebele, de âldste, syn pikswart hier wie al lang wyt en hy

bigoan âldmannige dûknekkich to rinnen. Reinder like krekt op

heit—rjucht en steil siet ’r op ’e stoel en syn bleek hier hinge noch

krekt as alear mei in slach oer ’e foarholle. Wychman koe ’t him lang

net mear hâlde, min scoe sizze, hy siet net yn in goed hûd, sa onsjuch

wie ’r en âldsk en forfallen om ’e holle en dochs wie hy fjouwer jier

jonger as Reinder. Det wie de bêste fen ’e trije, dy hie noch in hert,

mar Oebele en Wychman, hwer hiene dy yn ’e goedigheit dochs det

ynhalige weiërfd?

Sûnder erch harke se nou nei hjar petear. “Ik scoe ’t mar dwaen,”

flústere Wychman. “Jonge, jonge, ast ’ris in trijetûzen goune skea

krigest, det giet yen oan ’t hert.”

“Mar ’t minske is âld. Licht dûrret it net sa bare lang mear, den

stjert se. Forkeapje it den. Sa ’n âld minske fen ’t steed to reagjen .

. . It jild is noch al wis . . .,” sei Reinder, dy-t it bigrutte.

“Wostû de hypotheek altomets oer ha,” sei Oebele feninich. “Jow mar op

dy tsjientûzen goune! Piel dû der den mei oan, mar nou bin ik baes en

oprukke scill’ se . . . det âld wiif mei hjar trije gallige dochters en

hjar âld peslein yn ’e kast, der ik noch net iens sáfolle fen los krije

kin!” en hy knippe nidich mei tûmme en finger.

“Ja, det wiif, dy Driûwerske, der sit noch in groat hert yn. Dy krijst’

net sa gau lyts, jongkje,” sei Wychman mei in fyn gnyske. Hy seach

Oebele der al sitten yn ’t milhús by dy ljue mei d’eagen net fen ’t âld

peslein ôf en de knoop sa fêst op ’e pong en sa fûl tingje as wie ’t om

in fet kou en ’t âld wiif yn ’e briedstoel as se der yn tsjurre wie en

de dochters om hjar hinne as tsjammen, like meager en slûk as lange Lys

op ’e stelten. Ynienen kaem him hwet yn ’t sin.

“Hat det wiif ek noch gjin jonges?” frege ’r.

“Nou ja, dû fregest nei de bikinde wei, det wist sels ek wol. Hedzer,

dy-t hjir Maeije kaem is to wenjen en Douwe slagter fen ’e Ham ommers.

Beide yn ’e gemeinte, Wychman,” flústere Oebele heallûd.

It flikkere efkes yn Wychman syn donkere eagen, do stie syn gesicht wer

ûnforweeglik. “Dû kinst my dy hypotheek oerdwaen, Oebele,” sei hy

koel-wei, “ik noedzje de skea. En det âld wiif scil ’k opsitten leare.

Makkest dû ’t ynoarder?”

“Ik scil ’t forprate,” sei dy en scoe krekt oer hwet oars bigjinne, do

sei Hester ynienen: “Binn’ jimm’ hast klear mei jimm’ wissewasjes en

jimm’ gekûzzemoes? My tinkt oars, de wichtigste dingen giene foar.”

Wychman seach raer op, “Wichtiger dingen? Myn goede, ik tochte . . .

Nou, hwet wolst’ nou wer? Dû jagest yen altyd in skrik op ’t liif mei

dyn onforhoedse útfallen. Det meijst’ noch wol ris ôfleare, Hes,” mei

in sûrswiet glimke en det makke Hes kûgels.

“Soa! en dû moatst noch mar ris leare, det min tominsen op in

bigraffenisdei de jildpong lizze lit der ’r leit. Tink der om, dû kinst

der likemin hwet fen meinimme yn ’e kiste as dyn wiif.”

“Ik joech hjoed fyftich goune oan ’e earmen,” sei Wychman en wreau him

ris yn ’e eagen om dy grouwe fyftich goune, dy-t nei gichem wie, hwent

weismite en wei-jaen, det wie for him lekken fen ien pak.

“It wie hjár bigearte, Wychman,” sei Hester bitter. “Dû haste in bêst

wiif yn ’t grêf.”

“Det ha ’k,” andere hy skynhillich. Hy siet op hjitte koallen, Hester

hjar heldere eagen wierne net fen him ôf en der efter ’t baeitsje, det

wache tikkerke pleage him danich.

“Gels is dea en ’k scil hjar de eare oandwaen, det ik my stil-hâld

deroer tsjin dy hjoed op hjar bigraffenisdei, mar ’t leit my oars foar

op ’e tonge, ho min ast’ hjar bihânnelle hast.” De snoarskes nikten.

Reinder skodholle tsjin Hester, dy opljeppene, oprjuchte Hes, dy-t it

altyd opnaem for ’e fordrukten en ’e lytse ljue. O Reinder mocht se

oars sa graech lije en foaral, nou se sont in set yn Ljouwert wenne,

wie ’t krekt, as hie min him hjir to Hastings hwet ljeafs ûntskûrd.

“Min hawn?! Gels hat noait klage,” lei Wychman der tsjin yn, wol wis

fen ’e saek, hwent Gels, det wist’r wol, hie alles by hjar sels

forkroppe en forsmoard.

“Hâld mar op mei dyn gefimel! Dû mienst der dochs neat fen. As se it dy

nou mar tamakke hat . . . Der sit noch in aerdich dofke, Wychman, in

frij great wâldkaptaeltsje, it wetter koe der dy wol ris fen om ’e

tosken rinne.”

De lange pipe bigoan yn Wychman syn hân to triljen, hy waerd’ read en

bleek fen beiden en it stiek him ta de foetten út fen skrik.

. . . “Hwet seist’?” stammere hy. “Hearink Hes,” seine de oare

broerren, “der witte wy ek neat fen. Ho komst der by?”

Wychman helle for ’t earst de bûsdoek út ’e bûs, dy siet noch yn

diselde tearen as fen ’e moarn, do-t hy him yn ’e bûs stitsen hie, mar

nou moast hy brûkt wirde. Det wie ommers in slach—wearljocht en

tongerslach tagelyk. As Gels him dit oandien hie en om dy skoane protte

jild hie hy hjar ommers naem, der allinne om, hwent lije mocht hy hjar

ommers net! Né, in hiel oaren ien hie bislach lei op syn hert, mar dy

wie earm en do diich hy syn siel geweld oan en forsmoarde hjar bittere

oanklacht yn in jildklompe, det se mar stil wirde scoe.

En hja wie stil waen . . . en sont dy tiid mochten de minsken him net

mear lije.

“Ik ried dy oan, dû moatst mar ris nei notaris ta, der hearst hwet nijs

en ek, hwet biskikkings hjar âld omkes makke ha,” sei Hes wer.

“Is Gjalt-om den dea?” Det foel him ek al wer as in amerfol kâld wetter

op ’t liif.

“De lêste is earjister stoarn. Dû scilst wol gjin deabrief krige ha.

Hja makken it inoar ta en nou forfalt it op . . . dyn bern, Wychman.”

Dy siet, der hy siet en de switkobben stiene him op ’e foarholle, sa

min hie hy ’t. Dy lytse krobben fen bern yn ’t bisit en hy koe om ’e

strûken springe—krekt as wie hy gjin jild tabitroud! Pûrrazen wie ’r en

tomûk seach ’r fen ’e iene op ’e oare, hwa-t it noch mei him hâlde fen

syn folkes. Fensels net ien! Det ginden se him allegear wol, det hy net

yn ’t kaptael fen syn ryk wiif omslaen koe, mar der allinne it

taforsicht oer hâlde mocht as fâld mei.

Sa naem det earme, forlitte wiif, det hy hjar libben lang fornedere

hie, nou wraek. O hja hie ’t sa goed witten, hwer hja him ’t gefoeligst

treffe koe, dy man, dy-t noait hwet om hjar jown hie. Om ’t jild hie hy

frijd en mei ’t jild wie hy trouwd en nou mocht hy der op sjen . . .

Gjin ien fen allegear hie in setsje hwet to keap. De ôfdronkene kofje

yn ’e greate kofjekanne prottele noch nei op ’e útdôve koaltsjes en de

reek hinge sa dik yn ’e keamer, min koe him hast snije. De jodebaerd yn

’e hanger foar ’t finster liet syn nije ranken slap hingje fen ’e

waermte en ’e binaude swiete geur fen ’e loddereinflêskes roek min al

yn ’e gong.

“En haste der nou al ris om tocht, hwetst mei de bern moatste,” sei

Janke-moi, dy-t se bûtendoar boartsjen seach by in lyts twadde sneeds

heaopperke.

“Neat fensels,” sei Wychman noartsk.

“Nou, der scil dochs wol in húshâldster komme moatte,” sei Oebele syn

wiif.

“Styn fensels.”

“Styn!!” rôpen alle frouljue tagelyk. “Noch in wike ef acht op ’t

allerlangst, den hat dy genôch oan hjar eigen húshâlding.”

“Ik wol gjin frjemd folk oer ’e flier ha,” bromde Wychman. “Dy greate,

luie Tsjal kin ’t hjir allinne wol ôf. Dy moat nou mar ris fen rúten en

sette de lea der ris nei.”

“Det’s allegear goed en wol, mar for dyn fetsoen moatst in húshâldster

ha. As boargemaster ef doomné ris komme, hwa scil den ynjitte?”

“Tsjal,” sei Wychman wer, stymsk.

“Den mar as in foddebosk mei opstrûpte mouwen en de wiete wollen skelk

fen ’t bienstap yn ’e keamer. Nou, den scil doomné’s mefrou hjir ek net

faek mear komme en boargemaster, jongkje, dy lûkt de noas foar dy op.”

Det snie hout—det stiek him. Nou ja, der moatst den mar ien komme, mar

al to folle koe hy ek al net jaen. It wiif hie hy goedkeap hawn, mar de

frjemde moast noch in great lean ta ha en in goede bihânneling

boppedien, oars lieten se him de hakken sjen.

In dei ef hwet letter seach hy al ien det nei hjarres opdraeijen, in

great geweard fromminsk, mei in swarte mantel oan en in fjûrreade fear

op de hoed en det stie me der earst in hiel skoft by de faem by ’t

bjinstap to praten en kaem do mei staesje as in flaggeskip op ’e

foardoar tasetten. Wychman Hoara seach krekt op ’t brief om, det hy fen

notaris krige hie oer det hypotheek fen ’e widdou. Nou det wie allegear

al forskreauwn, mar fensels, minhear rekkene ek al wer net min for de

moite. En nou hie det greate wiif ’t ek al wer op syn bûs forsjoen.

Wakkere oansjitsk wie ’r net en syn gesicht waerde sa sûr as jittik,

do-t hy hearde, ho’n heech lean as se net freegje doarst. Mar Janke en

Hes hiene it him oanredt, dos hy moast fen in sûre apel bite en woán

se, ho’n fiven en seizen se den ek ha mochte.

—It wie in heistergat—in griemer, dy Martsen Kobus—, sei Wychman en mei

in wike ef hwet hie hy al skjin syn nocht. Yn det lyts setsje tiid hie

hja al for tsjien stûren griene sjippe mear forbrûkt as syn wiif en ’t

gyng altyd op in spielen en griemen en Lys hie se deis yn ’t wyt nei

skoalle ta en Fokke stapte pauwich neist hjar lâns mei in ljocht

blouske oan en in greate milbân om, súver greate-ljues bern. Allegear

goed en wol, mar it koste greateljues sinten. Den wie se boppedet hotus

en totus by doomné’s en as der mar in nije matte foar de doar moast,

den kaem mefrou en socht dy mei út. Det koste al wer in grou klontsje

en in healpoun allerhânne en in braskoerke fol pysjonnen ef sa en sels

wie mefrou sa deun, det as de bern ris nei doomné’s ta wierne to

boartsjen, den krigen se gjin iens sêd. In kopkefol sûkela en in

fransebroadsje mei koutonge, sa’n fliterke, min koe der wol trochhinne

sjen en Fokke koe jouns thús noch wol twa grou-boltsjes op.—

Yn ’e djippe hjerst diich Hester noch ris in trochtocht by de femylje

lâns. Wychman wie bliid, det se earst mar nei Reinder en dy’s ta gyng,

hwent it reinde alle dagen, det it spielde en fensels de jiffer moast

mei de wein fen ’t spoar helle wirde. Hy koé Hes net mear, dy wie mei

hânnen omkeard der to Ljouwert. Dy wenne der mar prinshearlik yn in

paleis fen in hûs op ’e Willemskade en hie twa fammen for ’t

kommedearjen en yn ’e hûs! nou Wychman teach altyd de fiterskoen út, as

hy oer dy fewielene loopers rinne moast, hwent dy hiene acht goune de

jelne koste en safolle jild moast mei earbied bihânnele wirde. Earst,

do-t se nei Ljouwert ta gien wie, tocht hy súver, it wie hjar yn ’e

holle slein. Djûr en ongefallich it hûs keapje, alles út ’e pin nei ’t

eigen sin yn oarder meitsje litte en do-t hy op in Freede ris by hjar

kaem, hie se mei in hiel effen gesicht sei: “Sjoch Wychman, der scil ’k

noch mar hwet húsrie for keapje,” en trije lapkes fen tûzen goune út ’e

brânkast krige. Hy hie wol gûle kind om dy hearlike, moaije pompierkes,

dy-t se weismiet! ja smiet!! En syn earme lytse heale-weeskes fen bern

joech se net sáfolle, net ien koarel, as allinne mei Sinteklaes in âld

pypkoer fol lekkerdingen en sinterklazesûkergûd. Nou, as ’t wêze moast,

koe ’r hjar det sels ek noch wol keapje, mar bern moasten mar net al

tofolle snobberij ha, den rekke de mage oerstjûr en krigen se rare

tosken. Né, Hes wie him fierst to deun, hwer scoe se det gjirrige dochs

weiërfd ha, hwent sjoch, hy Wychman, paste oars wol op syn eigen, mar

as ’t wêze moast, koe hy ek skoan hwet misse. As min ’t mar op de iene

ef oare menear werom krige, den wie ’t ek noch net sa slim, sa’n goune

ef hwet en ’e flitige hân scoe ek noait hwet brek ha. Det stie ommers

ek yn ’e Bibel—der roanen Gels en Hes altyd wakkere fier mei, sa slim,

det Gels hie der selst in spreuk út op hjar stien ha wollen. Nou, det

koste net safolle, hwent dy spreuk Math. 5 : 4 wie mar koart en de

stienhouwer hie ’t him as tsjerkfâld ek hwet goedkeaper litten, omt hy

him aerdich hwet wirk oan ’e tsjerke taskikt hie.

Det wierne allegear doomné Fleurin syn bilechjes wer. Mei de holle op

’e side en in boek ûnder ’e earm kaem hy der den wer oansetten: dit

moast ynoarder en det en det en de kosten, eá doomné rekkene net. Dy

diich krekt as de leeljes, dy arbeide net en dy spóan net en dochs siet

syn rib ek fol. Derom hie hy grif ek safolle leeljes yn ’t tún sette

litten, det min koe se altyd by hjarres wol rûke, hwent se wierne

ommers syn evenbyld.

It gyng foetsje foar foetsje mei in stokje ta steunder by de hulstehage

fen ’e posterijtún lâns. Sont dy joune, det him de pipe ta de mûle

útsketten wie, der hy Warmolding fen fortochte, mar gjinien koe ’t him

dochs biwize, wie hy noait wer de âlde waen, dy skrik him net yn ’e

kâlde klean sitten bleauwn en nou gyng ’t praetsje, hy hie de faren.

De hulsten stiene noch moai en grien en min scoe al lytse beikes

twisken de tokjes fine kinne, as min der acht op sloech, mar yn ’t tún,

der hie de hjerst mei syn fûle wynfleagen en reinbuien de hiele boel al

forrinneweare. De snijbeaneranken hingen fortoarre oan ’e stokken en it

wiete lange neisimmergêrs lei swier fen rein tsjin ’e groun oan keile.

Under ’e appelbeammen lei ’t bisjidde mei giele bledden en deade tokjes

en hiel heech yn ’e loft blonk noch in readwangkje appeltsje, det

forgetten wie by ’t skodzjen. Alde Freark túnman en doomné’s faem

wierne krekt oan ’t ierdappeldollen yn ’e wiettens, de faem hie de

klompen oan en in bûnte bûsdoek om ’e holle knope for de rein, mar

Wychman liet it mar stil op syn âld jas delmiggelje, der wie dochs net

folle mear oan forbard, hie Martsen sei en Wychman wist it wol, den

waerde ’r op in goede dei dochs stil wei en stapte in skoaijerskearel

der letter prinshearlik mei om.

Ynienen sei der ien efter him: “Goeden middag, Hoara,” en doomné kaem

ta in slingerpaedtsje út wei mei de bleate holle en in dikke frânse par

yn ’e hân, der hy drok mei dwaende wie, om dy to skilen.

Wychman tikke efkes oan ’e pet. “Dach, doomné,” sei hy en do mei in

sûr-swiet glimke en in loaits nei syn stôk: “Ik bisiikje om wer thús to

kommen, mar ’t giet as de slakken, krûpende wei.”

“Nou, ’t eindet dochs,” sei doomné wer, “strakjes by Wibe kûpers en nou

hjir . . . jo abbesearje. Ik scoe sizze, pleisterje nou efkes by úzes,

den falt it strakjes hwet ta,” en ’e golle gastfrjeonlikens lei him yn

’e eagen. It wie net in gnap jongkearel, dy Hastinger doomné, hy wie to

great en to ûnfoech en to grou, mar ien ding hie ’r moai . . . syn

eagen. Dy wierne helder en blau, dy koene djip sjen en skerp sjen en

tróch-sjen, dy wierne fen in man fen karakter. Hoara hie ’t net op him

stean, dy wetters roanen lang net ien wei en de legers hiene al o sa

faek ris oan inoar west—it roan út op bargebiten en hottefyljen, mar

den loek Hoara einliks bakseil en mei tsjinsin kaem de pong iepen, de

greate tsjerkefâldepong. Earst in oargel, nou, det wie in rare taest yn

’e pong, mar do-t Fleurin sels fiifhûndert goune joech, koe hy ek net

mei in bytsje folstean, do in kachel yn tsjerke en nou hy sa fluensk en

oansjitsk wie, licht wol in hiele nije tsjerke!

Mar Wychman tocht ek om alle healpounen allerhânne en greate klontsjes,

dy-t mefrou en Martsen togearre by hjarres opplúze hiene, him tocht, hy

moast ek ris hwet werom ha, det hearde sa en derom bjiske hy doomné

efternei troch de slingerpaden fen ’t tún nei de foardoar fen ’e

posterij ta.

Hiele wetterpoellen stiene yn ’e paden en ’e ôffallene bledden dreauwne

der yn om. In flau sinneblinkje skynde twiljochterich troch ’t forropte

beam’lof en op ’e wiete mûrren fen ’t âldmoadrige hûs mei syn heech

parredis en ’e brede rejale útdoar mei ’e swiere koperen kruk, dy-t

foar jierren de lytse hantsjes fen Fokke for-’t earst omklammere hiene,

hwent der op ’e ein fen ’e gong lei ommers it tún mei ’t boskje en ’e

slangen en ’t gielgousnêst, it parradys fen syn jonkheit.

It wie oars mar in âld hûs en syn moaijens wie syn âlderdom, dy-t him

oan ’e hússide bihinge hie mei in swiere mantel fen klimmer, der de

fûgeltsjes yn nesselen en it blijread fen ’e bêste stien fordonkere ta

djipbrún—syn húslikens binnedoar fen ’e greate lege keamers mei swiere

balken en lytse rúten—de krûpyntsjes fen der in trapke op en hjir in

trapke del en it heimsinnige fen ’e greate souders as sealen, der min

wol mei hynsder en wein yn omjeije koe en it spûkeftige fen ’e kelders,

dy-t noait droech wirde woene en mei greate ûnderierdske gongen ûnder

’e heide troch útkamen yn ’e kleasterkamp, it heech stik lân midden yn

’e heide by de Hastinger Swâdde, der by âlds in kleaster stien hie.

Ut de foarkeamersfinsters wei hie min krekt it gesicht op ’e tsjerke

mei hjar brôzelige mûrren fen âlde friezen en hjar djippe gothyske

finsterbôgen, der nou ’t Octoberreade Westen syn wûndre skaden op lei.

As wie ’t in âlde printteikening, sa stie dy tsjerke en toer fen

Hastings der foars en earnstich foar yen op in hichte, in âlde

stienklompe, troch de earbied fen geslachten hillige ta in timpel Gods.

Alde iperen beammen stiene om ’t skylpaed fen ’t tsjerkhôf hinne en yn

’e krimpe by de bientekou in skeanwaeide flearebeam. Oars wie it

langraeijige gêrs, it flanterige, syn ienichste toai en de sarkene

pealtsjes, der min de lêste kear de nammen op lies fen ’e minsken, dy-t

min ienkear sa goed kend hie en dy-t mei Hastings, dit stille

ôfgelegene doarpke, forgroeid wierne as de beam mei de bast.

Det seach min der allegear, doomné hie dos syn wirk en ropping alle

dagen foar eagen en hja skynden der wol forkeare to meijen, hwent hja

setten hjar der tominsen altyd nei wenjen. Hja leine aspergebedden oan

en planten bêste frânse parren, ja doomné Westra hie der yndertiid

selst lân koft en det hie’r tsjin Wychman Hoara opbiede doarst. Det hie

in minne dei for Wychman west en it moide him nou noch, det hy ’t him

foar de noas weistrike litten hie. Nou, Fleurin wie oars. Dy hie gjin

forstân fen lân en fen bisten, dy hâldde it mei syn boeken.

“Clare, ik bring jo in prater,” sei doomné, do-t hy de keamersdoar

iepen diich, mar hy krige gjin andert. It thépitsje skynde troch de

wite trochsichtige plaetsjes fen ’t stoofke, de kopkes en pantsjes

stiene klear en ’t wetter song yn ’e tsjettel op ’e trochbarnde koal,

mar ’t wiif miskearre der.

“Komst Clare, der ’s in prater,” rôp doomné troch de doar. Wychman siet

al lang yn in sêftbiklaeide greate briedstoel by ’e hird. Der stie de

kachel al to barnen mei in soun fjurke oan fen turf en hout en dy

frisse waermte diich him o sa’n goed nei al det gepander yn ’t

kâld-reinige hjerstwaer.

Oer ’e gledde stiennen flier fen ’e gong glied in lichte stap. Sokke

foetsjes hiene dy âlde stiennen ek yn lange jierren net oanroerd, hwent

doomné Westra hie in man fen greate learzens en wiid-útwekke pantoffels

west. Hja hearden by ’t postuer fen ’t lytse wyfke, det nou ta de

keamer ynkaem en hwaens flguerke him skerp ôfteikene tsjin ’t donkere

bihang yn ’t jounljocht, det de hiele keamer forgulde.

In fyn, skrael fromminsk wie ’t, tige bihindich en lichtfirdich en

Sneins by ’t útgean fen ’e tsjerke waerde hja súver wei by de greate

bonkige Hastinger frouljue. It ljochte hier hie hja yn in soarte fen

skeiding en ’e moaijste toai fen det fine kopke wie syn prachtige

greate frissel, dy-t as in kroane op ’e holle skittere. Fen siden wie

it antlit súver evenredich, moai as ’t profyl fen in frouljuesholle op

in camée, mar seach min hjar lyk oan, den wie de noas to great en de

mûle to manlik, allinne de eagen bleauwne sa’s se wierne en dy wierne

great en hiel ljochtblau en dy flonkeren, sa’s stjerren dwaen kinne oan

’e nachtkleare loft. Tine dy erfde se fen mem—de jonges dy hiene doomné

syn eagen.

Wychman hie al gaueftich in lekker pantsjefol thé foar him en in stik

taert der neist en as hy nou mar net al to bang west hie, det hja ’t

wer op syn bûs forsjoen hiene, den wie ’t him hjir bêst bifallen. ’t

Wirk dreau him net—hy koe dochs ek net folle mear út ’t strie sette.

Hwet pypkje en ’t folk neigean en op syn pas syn stim hearre litte yn

’e raed, det wie ’t measte al mei, hwet hy sa dagelyks wei útsette en

hy hie ’t noait better nei ’t sin, as det hja de appelige swarte foar

de kapseas spanden en hy ’t útdraeide nei ’t Hamster gemeintehús ta.

Sokke dagen krigen Fokke en Lys altyd in sint to forsnobjen en dy bern

wierne der sa fûl det op.

“Ja, hjerstich waer,” sei hy yn ’e sleur wei tsjin mefrou, dy-t it oer

’t waer hie.

“Min waer for de boer, net?” sei doomné wer. “Wiet en kâld, it fé scil

wol hast op ’e stâl moatte. It hat oars in moaije neisimmer west, mar

dy hat jo sister forsitten. Hja is hjoed ommers earst kaem.”

“Ea ja,” andere Hoara hwette noartsk. “Hes dy hat it altyd oan tiid—dy

mient, it bliûwt altyd simmer. En hwet hat se der nou mear oan hjir to

Hastings. Hwet fynt s’er?”

“Fine?” frege doomné. “Hjar frjeonen, Hoara, en dy hat se planteit

hjir, hiele Hastings hast, doar ’k wol sizze. As de soosjalisten ek

witten hiene, det de neiklap fen ’e reboelje wêze scild hie, det Hester

Hoara foartgyng . . . ik leau . . .”

“Nou . . .!” sei Wychman, dy-t it hast net forkropje koe, det doomné

hjar sa heech sette.

“Det se út ljeafde for hjar it stiensmiten litten hiene, En do det

getúgen foar de rjuchters . . . wol man, ik ha noch noait sa’n pleit

heard for de earme, dy-t in mispost hawn hat. En hwet hie hja se

forkleije kind mei biwizen! As hja hjir ek weromkaem, hwet der ek oait

wer barde, Hester Hoara scoe net in hier op ’e holle krinkt wirde,

selst fen Warmolding net . .

. . . “Dy kin ’t oars net folle skille, ef ’r yn in dea ef in libben

ding stekt,” foel Wychman him bitter yn ’e reden.

Mei in koel glimke sei doomné: “Det falt oars wol hwet ta, mar ongelyk

fen hwet kant min ’t bisjocht. Yn ’t wirk is ’t oars in bêsten ien.”

“Der hat gjin ien ek al ûnderfining fen. Ik scoe him net graech sáfolle

tabitrouwe,” en Wychman knippe mei de meagere fingers.

. . . “Ja, as jy myn oardiel nou ek net telle,” sei doomné, wylt ’r syn

wiif ris oanseach, “mar hy bifalt ús bêst.”

Wychman Hoara syn gesicht foroare. It waerde wreed, krekt as forstienne

der hwet fenbinnen troch in frjemde biroering, dy-t him troch alles

hinne gyng. Det wie dy Wychman Hoara wer, dy-t syn wiif Gels ek sa goed

kend hie, as hy yn ’e binnekeamer de lêste mom ôfsmiet en syn egenlyk

aerd him skerp en wreed útere. “Wit doomné den wol, hwa-t hy him yn ’e

hûs helle hat,” sei hy bidachtsum flústerjende wei. “’t Is in gefaerlik

man—in minskelibben is him net in knip foar de noas wirdich.”

“Nou! noch wol in stikken pyptsjettel. Tûk sjitte kin ’r, . . .” glimke

doomné.

Wychman Hoara glimke net—hy hie de pikbol yn. Hwet bidiene se dy

Warmolding hjir nou wer oan to heljen? Altyd det heidefolk! For de iene

naeide mefrou, in oaren ien kaem om ’t kâld iten, in tredden ien hâldde

se yn ’t lyts bernêgûd. En nou dy Warmolding! As hy razen wie, koe hy

’t minske wol tognidzje ef smite de bern yn ’e feart en sa scoe hy dy

ljue gau bang prate.

Mar doomné sei: “Hark ris, Hoara. Ik ha jo hwet to sizzen. It is lang

lyn, sont jimm’ Warmolding foartkosseband ha hjir ta Hastings út. As hy

’t fortsjinne hie as net, der scill’ wy nou mar net oer útwreidzje.

Jimm’ kinn’ der altyd gerêst oer wêze, jimm’ straf is goed oankaem. In

pear winters lang ha se der yn det lytse heideklintsje de wanhoop en ’e

honger ta selskip hawn. It wie sa leech, ik kaem mei myn plasse fen ’e

holle bêst oan ’e souder ta. Ik wie do ek noch jong, Hoara, ik kaem

hjir as candatus. Hwet witte sokken fen ’t minskelibben en syn hichten

en djipten, syn ûnbiskriûwbere ellinde en syn bêst biskriûwber lok! Ik

gyng derhinne mei in moai praetsje, mei myn jonge libbenswysheit . . .

en dy minsken skouderen my. . . ! O as it hert sa forbittere is as

hjarres do, den is de komste fen in evenminsk ommers allinne al in

spot, hwent hy ropt it oantinken wekker oan hjar fornédering.”

Wychman ridele skou hinne en wer op ’e stoel. De jonge fleurige Maei

kaem him yn ’t sin en ho graech hy do mei hjar dounsje woe, mei det

dertene jonge ding fen sauntsjin jier.

“It forfeelt jo,” sei doomné. “Den kinn’ wy wol oer hwet oars prate.”

“Wel né!” andere hy, “praet mar troch.”

“Nou, ik siz jo, hja forfeelden hjar ek net. Hja makken hânskrobbers en

de bern sochten bjinten en wierne deis op in paed, om dy oan ’e man to

bringen. Hja kosten mar in pear sinten, mar gjinien yn Hastings koft se

hjar ôf, Hoara. Jy witte licht wol better as ik, hwer det fen kaem. Do

moasten dy bern by ’t winter om fierrens nei de Ham troch blabse en

snie mei de bleate foetten en der wennen meilydsume minsken en dy

koften hwet. Det wie skraelwirk twa ûre gean hinne en twa werom, dos

fjouwer, alle dagen alweroan, jierren lang. It hat jo jo moaije

pyptsjettel koste, Hoara, hwerom dy-t nou just ûntlije moast, wit ik

net, mar de saek leit der ta.”

Wychman Hoara nikte flau-oandraeid. Hy hie der wit hofolle for oer

hawn, as hy mar thús sitten hie en hjir mar net yn dizze keamer ûnder

de eagen fen doomné, dy-t sa’n wûnderlik forhael opdiste, der hy hjit

en kâld fen waerde.

“De earste kear, det ik derhinne gyng,” bigoan doomné wer, “skouderen

dy minsken my en ik sette gjin foet wer op it heidepaed. It kaem my yn

myn eare tonei, Hoara, det se doomné de doar foar de noas ticht smieten

en hokfor doar?! De boom fen in âld kiste wie ’t. Mar jierren letter,

do waerde Warmolding’s Maeike siik, slim siik, forlit, Hoara, in mem

fen njuggen lytse berntsjes . . . Ik gyng der wer hinne . . . myn hert

trúne my oan . . . ik hie gjin rêst noch duer mear yn ’e hûs, hwent der

is Ien . . . dy-t selst gjin moskje forkomme lit sûnder Syn wil en Dy

woe in ein ha oan dizze ellinde. Hy twong my, om der hinne to gean.

It wie op in moaije simmerjoun en ’e heide bloasde as in brún

bernewangkje yn ’e ûndergeande sinne. Clare gyng mei. Fen fierrens

seach ’k de âld spjirrebosk al stean en yn ’t brede skaed fen ’t Westen

lei it hûs. De bern sieten wezenleas mei inoar ûnder in beam to sjen en

’t greatste famke hie de lytse op ’e skoat en fûrre se hwet iten.

Warmolding sels stie yn ’e doar to sjen mei in greate houn by him. Ik

sei tsjin Clare: “Bliûw dû hjir mar, hwent hwa wit, hwet der bart”, mar

dy liet my der net allinne foar sitte. As in wiif in man ljeaf hat, den

wit ’r net, hwet greate skat as hy wol bisit, Hoara.”

Wychman Hoara sei neat, hwet wist hy fen ljeafde, hy wist net iens, as

Gels wol in hert hawn hie, om ljeafhabbe kind to hawwen! Hy siet súver

op ’e pynbank, hy winske himsels wol ûren fier, hy hie der wol in

tsjientsje for oer hawn, as ’t mar út wie.

“—Nou, ik gyng in stap ef hwet tobek en myn wiif ek, wy kearden ús

efkes om en seagen oer ’e heide. “Hwet scil’k?” sei ’k lytsmoedich.

“Dwaen, sa’s dyn hert dy ynjowt,” sei dy en hja hie triennen yn ’e

eagen.

Dy stap ef hwet derhinne wie in min eintsje. As ik myn bitrouwen ek net

Heger hawn hie . . . ik hie net doarst, hwent yn dy dagen wie

Warmolding woest. In terge lieû, dy-t hiel stadich forblet oan syn

wounen.

Ynienen gyng hy in lyts stapke foarút. “Der den!” raesde hy, “as jimm’

ús ellinde sjen wolle!” en smiet de doar op. Clare krige sa’n skrik, dy

bleau stean, der se stie, mar ik makke my ta man en gyng fierder . . .

yn ’e doar . . . yn ’e hûs . . . Dy flapte ticht, wy stiene man en man

foar inoar en der op bêd lei it deasiike wiif . . .”

“Is ’t nou moaijernôch? . . . Den derút!” spatte hy op.

Do waerden de wirden my ynjown, dy-t ik tsjin dy earme forskoveling to

sizzen hie en syn hert waerde weak, Hoara. Ho en hwer troch, det is in

heimnisse twisken ús allinne . . . dy dingen binn’ my fierst to

hillich, om to oanroeren. Dy biwarje ik yn myn hert as it oantinken oan

de inkele ûre, det it my in freugde west hat, doomné waen to wêzen . .

. Mar de ellinde, dy-t ik der dy joune sjoen ha, forjit ik myn libben

lang ek net wer. Jimm’ moasten der ek earder nei omsjoen ha.”

“Ea nou,” sei Wychman ûnforskillich wei, “it wie dy Warmolding ommers

mar. Doomné moat him mar net alles sa oanprate litte fen him. Hy kin

der hwet mei.”

“Nou, wy scill’ ris sjen,” sei dy werom en der kaem in skerpe tear

twisken syn eachsbrauwen. “Hy hat nou wer wirk en wer iten, hy kin wer

ûnder de minsken komme, hwent as der boete dien is, heart de misset

forgetten to wêzen. ’t Scil my nou ris nij dwaen, ho-t hy him hâldt en

gedraegt. Nou moat hy noch in foech hûs ha. Jow jo ek in bytsje? Tink

der om, Hoara, hjir is hwet goed to meitsjen.”

“Net ien sint,” sei Wychman lilk. “As doomné safolle mei him op hat,

den moat hy mar yn ’e koken fen ’e posterij, den hat hy ûnderdak.”

“’t Is dochs slim, det der net in goune ef hwet ôf kin for sa’n greate

húshâlding by jo. Hwet ha jy dochs tsjin dy man?”

“Ik haet him,” sei Wychman mei in núvere flikkering yn syn eagen. Do

gyng hy hommels oerein en socht om syn stôk. Steurd wie’r, omraek ek.

Doomné wie him raer op ’t sear kaem. Det hy de foarman west hie, om

Warmolding ta ’t doarp út to kossebannen, hwet gyng doomné det oan? en

de reden, nou noch folle minder. Warmolding scoe ’t ek wol net ruchtber

meitsje, dos, hwerom scoe hy moai-waer spylje en jow’ him ek jild for

in nij hûs?

“Dos jy wolle dy earme swerver de hân net tastekke om wer hwet op ’t

forhael to kommen?” tante doomné him noch ris. “It falt my wol hwet ôf

fen jo, Hoara.”

“Det scil ’t wol,” sei dy finnich werom. “It falt my ek wol hwet ôf,

det de doomné’s de minsken allinne mar ris yn ’e hûs roppe, as der wer

hwet falt to skoaijen. Ik siz jimm’ dach.”

Hy smiet de doar hird efter him ticht en gyng nei hûs, hiel stadich de

strjitwei lâns, der it beam’skaed al o sa tin bigoan to wirden. Fokke

en doomné’s famke Tine wierne oan ’t ikelsiikjen op ’e berms en Fokke

biet mei syn lytse skerpe toskjes krekt yn in apel, dy-t hy fen

doomné’s wiif krige hie. Do joech ’r him Tine oer en dy biet der ek wer

in stikje ôf, krekt sa lang, det se it klokhús oer ’e wei saeiden, lyk

foar heite foetten.

“So, binn’ jimm’ der, bern?” sei dy, do-t ’r Fokke yn ’t fesier krige.

“’t Is iterstiid, hear Tine, Fokke moat mei nei hûs,” en hy scoe him

meinimme.

Mar dy sette him yn postuer. “Né heit,” sei hy wis, “as de postlooper

troch is, den kom ’k thús. Den is ’t healwei fiwen. Martsen seit it.”

“En ik siz, dû giest mei, optslach ek. Hwet dochstû hjir mei famkes to

boartsjen. Fljoch yn ’e beammen op, det’s jongesaerd.”

Fokke bleau lyk foar him stean mei de greate brúne eagen stiif op him.

“Ik meij Tine ljeaver lije as alle jonges,” sei hy wer. “Ik boartsje

mei Tine.”

Wychman Hoara stroffele foart. “Joun sûnder iten op bêd. Ik scil dy de

kop wol rjucht sette,” bromde ’r ûnder ’t foart-gean wei, mar de bern

hearden it net iens mear.

Hja boarten noch in hiel skoft, do blonk it koperen plaetsje fen Piter

post yn ’e fierte. “Der komt ’r oan, Tine. Nou moat ik nei hûs,” en

deastil stiene de beide bern noch efkes by inoar to sjen, krekt sa

lang, det hy by hjar wie, en de ûndergeande sinne skittere op it kroeze

hier fen hjar kopkes, dy-t sa rjucht op ’e fine lichemkes sieten as

kreaze kleurige blomkes yn knop.

“Boartest nou noait wer mei my?” en der rôlle in inkeld lyts trientsje

oer Tine hjar brúne wangkjes. “Noait wer, Fokke?”

“Stil mar,” sei dy treastjend tsjin syn lytse kammeraet, “moarn

boartsje ik wer mei dy en oaremoarn ek, krekt sa lang, as wy great

binne en den trouwe wy en den krijstû al myn ikels presint en myn moai

kleurpotlead.” Tine waerde stil fen blydskip yn ’t foarútsjen op dizze

hearlikheden en yn ’e trouhertige ûnskild mingele hjar de leauwing oan

det greate bernelok.

“En nou wiste it,” rôp Fokke noch en roan al op in drafke mei Piter

post foart, it blaulinnen pûdsje mei de touwen strûp, det Martsen him

makke hie, yn ’e hân en in greate readbûnte bûsdoek mei in tippe ta de

broeksbûs út.

Ho tichter as ’r by hûs kaem, ho lytsmoediger as’r waerde en do-t ’r

heit foarhûs stean seach, de hân stiif op ’e stôk en de eagen hiel

strang ûnder ’e âld pet, dûkte ’r him lyts by de snijbeanstokken lâns

en scoe sa yn ’e hûs. Mar heit seách.

“Mars op bêd,” hjitte ’r him noartsk. “Hwet dochst’ sa lang op ’e wei

om to stoatskaven! En astû wer by det bleke fanke fen doomné’s komst,

den scil ’k dy noch ris opsitten leare,” en hy wiisde mei syn stôk nei

de doar. “En sûnder iten, bigrepen?” do-t Fokke Martsen al by de skelk

hie.

“Syn iten stiet klear en det yt hy op en den giet hy op bêd,” sei dy

lûd en skoude Fokke foar hjar út yn ’e keamer.

“Rin!” sei Wychman noch heal lûd, mar mear doarst hy der net fen sizze.

Hy woe gjin spul ha mei Martsen, út noch yn net. Hy hie hjar al ris

djip yn ’e eagen sjoen . . . Wychman Hoara tocht om in twadde trou en

hja wie in bigearlik fromminsk for him. Flink fen gewaeks, mei in pear

leidige eagen en lippen sa read as de bloedkralen, dy-t se om ’e folle

hals hie, mocht hy der graech oer, det se yn ’e hoek siet op it

húsfrouplak. Det Gels der for in wike ef hwet noch sitten hie, der

tocht hy net iens mear om, hjar bistean yn syn libben hie neat oars

west as in skaed op ’e mûrre. En Martsen wist wol, hwet hja diich, dy

hâldde hjar fij, as it folk der by wie en oanhalich, as hja mei him

allinne yn ’e keamer siet en den wer ynienen ûnforskillich en keken,

det Wychman Hoara der gled yn wei rekke en al folle earder yn hjar

netten fortiisd siet, eart hy der sels in flau bisef fen hie. Mar hiele

Hastings wist it wol, der soarge Martsen al for en do ynienen mei de

Krysthjeldagen woe se in dei ef hwet nei hjar folk útfenhûs. Det kaem

hjar ta, sei se en do seach se him oan, det hy der hjit en kâld fen

waerde en by Hoara’s liet se roasje soargje.

It waerden minne hjeldagen for Wychman Hoara. It bistjûr wie derút by

hjarres. De faem kwinkeleare op ’t bjinstap om en stie al ier-en-betiid

moai forklaeid by ’t steksdoarke. It tsjernd bûter wie forbarnd en iten

en drinken, neat wie op ’e tiid ré. Wychman siet yn ’e hoek by de skerm

to stúmjen en to swart sjen en smookte de iene piip foar en ’e oare nei

en de bern sochten hjar formaek by de bûrljue en wierne der op ’e telle

oan ’t nútsjesjitten.

Bûtendoar wie ’t Krysttiidwaer. Der lei in tin laechje snie, súnich

sjidde oer ’t slieprige lân, de iisblommen bloeiden moarns wûnderlike

moai op ’e glêzen en de greate poarperen wintersinne kaem alle moarnen

alweroan like moai op oer ’e Hastinger heide, dy-t der rûchfearzen en

brúnbleek foar lei.

It wie deastil yn ’e natuer, krekt as harke hja nei ’t kommen fen ’e

heiltynge út it fiere Easten, it lân fen ’e hoop en ’e forweseliking

fen elts kristenhert syn winsken.

De Hastinger klok lette for de moarnspreek. By Hoara’s yn ’e hûs koe

min ’t skoan hearre, sa hoar wie ’t. Wychman siet wer yn ’e hoek to

stúmjen, mar hy forroerde him net.

“Heart de boer ’t wol? de klok let,” sei de faem en kaem efkes troch de

doar, “ef giet de boer net hinne?”

“Né,” sei dy koart en lei de piip del en bleau stil sitten mei de

tûmmen yn ’t fesjebûs, in hiel set yn him sels to wrokjen en to

rekkenjen.

De middeis, optslach nei iten, gyng hy sûnder dach sizzen der út, it

fyn swart lekkens pak oan en ’e hege sidene pet op, stiif en

net-to-nei-to-kommen fen greatskens.

In stap ef hwet roan hy de wei út, do kaem hy werom en gyng by de

hússide lâns nei efterhûs ta. “Span de glêzewein yn,” sei hy noartsk

tsjin de feint yn ’t bûthús en in skoftsje letter klapten de izers fen

’e fette swarte op ’e wei, det út nei ’t Hastinger Nijlân ta.

De wite jageline trille him yn ’e hân—Wychman Hoara siet yn ’e pine en

do hy de reade pannen fen ’e Nijlânster húzen yn ’e fjirte seach, woe

hy der hast noch wol wer foar omkrolle. Mar de bigearte bleau sterker

as de freze . . . hy ried troch.

By de greatste harbarge liet hy útspanne en gyng do stiif en stadich

mei de readforbarnde holle yn ’e nekke de bûrren troch nei in lyts

kreas húske yn ’e beammen ta. It wie in sobere went, twa finsterkes

foar en toside, der it tek oproân, de doar op syn saksis. De groun wie

mei wyt sân bistruid, in bist bâlte yn ’t efterhús en in stikmennich

weiten hinnen sieten op ’e hikke foardoar, mar minsken wierne der net

to sjen.

“Folk!” rôp ’r en rattele mei de klink en allinne yn det folkroppen

hearde min al it bifel, om iepen to dwaen.

Hastich waerde de doar iependien . . . Martsen hjar mem stie op ’e

drompel. “De boer!” rôp se lûd en foel hast om fen skrik. Hoara wie al

yn ’e hûs, permantich stapte hy nei de keamer ta en de stoefe eagen

seagen earst noch ris mei gnizerige spot yn ’t foarhús om.

“Hwer ’s Martsen!” sei ’r en stiek syn lange skonken út nei de

âlderwetske klomkachel. Hja wierne dôf fen kjeld. Breed en foars siet

hy der yn ’e strieëne briedstoel en takseare mei finnige eagen de âlde

knopkestoellen, it kammenet, it wankel sekretairke en ’e tafel, der in

moai nij swilkje op lei, mar dy-t min ’t dochs wol oansjen koe, det der

for en nei in hiel kliber lytse bernefoetsjes tsjin oan skopt hie en ’t

like wol ef syn eagen seine: net folle om ’e hakken.

Martsen hjar mem fielde de prippen fen dy kâlde donkere eagen wol en

mei in biwyske fen greatskens yn al hjar earmesteat sei se werom:

“Martsen dy’s nei másters ta to thédrinken.”

“So!” andere Wychman koel. “Ik moat mei hjar prate. Helje se.”

“O hearink, skilt der hwet oan mei de bern?” en ’t âld minske pripte

hjar fen skrik al mei de greate spjelde, der se de doek mei

fêstspjelde, yn ’e hals. Hja wie ek sa oerstjûr. Hwet woe dy Hoara

hjir? dy-t oars to greatsk wie om oait in foet by hjar binnedoar to

setten? Mei steande earen fleach se de wei út, sa hird as hjar âlde

foetten hjar mar drage woene en det wie mar by masters yn ’e hûs.

Martsen bleau deabidaerd sitten, mar der loek in fyn read yn hjar

wangen en efkes krigen hjar eagen in oare útkyk. Sá sjocht in minske

mar inkeld . . . as hy de macht oer ’t lot fen in evenminsk yn hânnen

hat.

“To, komst’ nou mei?” en mem joech hjar de hoed al oer, mar liet him ek

wer falle, sa kjel waerd’ hja, hwent Martsen dy sei: “Strak ansens den

scil ’k komme, hear. Earst scil ’k ris fetsoenlik it pantsjefol thé

opdrinke, det masterke my nys krekt sa yngetten hat.”

“Dy greate kearel wirdt divels, det wik ik dy!” en ’t gûlen stie

Martsen hjar mem neijer as ’t laitsjen.

“Der scil ik wol mei redde,” sei Martsen en hja rette der mei.—

’t Scil in goed healûre letter west ha, do kaem hja mei staesje

thússetten. Wychman Hoara seach hjar fen fjirrens al oankommen—oan ’t

skommeljen fen ’e brede heupen seach ’r ’t. De wintersinne skynde op

hjar ljocht hier en do-t se by de hússide lâns kaem, skitteren de

donshierkes yn hjar nekke út as goud en hjar heldere grize eagen

sochten syn brúnen, súver oer de ûndergerdyntsjes hinne. Krekt as

fleagen der fonken út oer yn sines . . . hy moast der súver fen

knypeagje.

Do kaem der in minne healûre for Wychman Hoara. Martsen liet him mar

prate . . . hy moast alhielendal oer ’e brêge komme en in Hastinger

Hoara is gau útpraet . . . noch noait hat ien fen hjar tofolle sei en

Wychman wie ek al ien út it echte laech . . . hy hâldde in slach om ’e

earm, mar einliks liet hy ’t slûpe en fornédere him súver sa fier, det

hy frege de arbeidersdochter ta syn wiif, koart en bondich wei mei in

hird lûd.

Der gyng hjar in skok troch de lea: “Ja nou,” sei se, “der moat ’k my

earst ris oer bitinke. Dos derom kamen jy?”

“Det koene jy wol tinke, det it om sokke saken wie,” andere hy, op ’e

tean trape. “It binne reizen for my mei myn swak lichem en den by ’t

winter.” Det hy net mear sûnder hjar koe, ea ja, det sei hy net. It wie

ommers al sa’n greate eare for hjar . . . det wie tapakke mei beide

hânnen fensels! Hwerom den sa’n ien de holle yn ’e skoat to lizzen!

“Sjoch,” bigoan Martsen, “ik trou net oars, as ik moat it better krije

kinne,” en de grize eagen seagen him lyk oan. ..Fensels, ik wol net sa

as Gels, út noch yn net, boer. Ik meij graech moai lije en it komt my

ta ek.”

Wychman Hoara nikte, der wie hy ek mei konstenteard. Hja scoe in

swart-siden jurk ha en juweel safolle as se mar woe, al scoe der ek in

stik lân om foart. Hy seach de greate bellen al flonkerjen yn hjar

lytse eartepûltsjes, de fynreaden, dy-t sa skerp ôfstieken tsjin it

blanke fel fen hjar hals.

“Det’s goed,” sei hy sa frjeonlike skiklik as hy mar koe. “Det scill’

wy wol skrewiele, Martsen.”

It fromminsk hie nocht oan ’e sege. “Den moat der in nije foarhúzing

foar de pleats, yn sa’n âld ûlenêst kin ik net bankje. By memmes ha’k

my bikrimpe moatten,” en hjar eagen seagen spitich oer ’e lytse lege

keamer, der hjar widze ienkear stien hie—“net fen ’t iene lijen yn ’t

oare. En for mem in goede âlde dei, der soargje jo for fensels!”

Der prúste Wychman Hoara raer tsjin oan, hy koe nou de folle pong mar

op ’e tafel smite en stekke him leech wer yn ’e bûs, mar de bigearte,

om det wiif to bisitten, wie dochs optlêst sa oerweldige sterk, det syn

gjirrigheit dûkte hjar derfoar en hy sloech ta.

Sa biflapte Martsen Kobus him yn ’t net. Al de Hoara’s wierne pûrrazen,

mar Wychman Hoara steurde him der net oan en klauwde de oare maitiids

by de seas op en helle hjar fen ’t Hastinger Nijlân en brocht se as syn

wiif nei in keamer ta to Hastings.

De foarhúzing fen ’e pleats wie omfearsmiten en hjoed krekt op syn

troudei lei lytse Lys de earste stien for in nijen.

Sá offere hy selst syn stamhûs op for it bisit fen dy heldere grize

eagen.—

De Hoara's fen Hastings · 第 11 / 19 题