Hja wierne swier, al de wraeksucht hiene hja ynsûge.—

Hja sloech de skelk om ’e holle en gyng om ’t hûs. De teiwyn stie op ’e

glêzen en ’e lêste snieplakken oan ’e Noardkant fen ’e húzing toraenden

yn lytse wetterstreamkes, dy-t nei de reed tasiperen. De drip fen ’t

tek foel ientônich del by de sydmúrre en it wie sa swart det troch de

beammen, dy grien glimmerich ôfstieken tsjin ’e skiere reinwolkens,

dy-t út it Westen wei opfleanen kamen as hiele greate flechten

ûnksfûgels en dy de wyn útfloddere ta dikke reinbuijen sims noch mei in

inkele greate snieflok middenmank as in reine ienling, dy-t twisken

útskot tolânne kaem is.

Ho treasteleas like de natuer, krekt as hie hja hjar deljown yn in

ivige slomme, sûnder de hope, wer in dei kinne to scillen, dy-t út it

Easten it ûntweitsjen bringt.

Hester loek it swarte tipdoekje noch hwet fêster om ’e skouders en

seach ris yn ’t waer efterhûs. Der koe min de loft skouwje.

Mar dy stie stiif en grou—de wyn kromp nei ’t Súden ta en ’e einen

kwêken yn ’t bit. It wie waer, as de útersten yn ’t minskeherte fat op

him krije, haet ef ljeafde. It is den beide hjar tiid—de bûtewrâld

wirdt bûtedoar bislúten en de minske is mei himsels en syn hartstochten

allinne. Den komt de ljeafde teantsjende wei oer ’e útslitene drompel

fen it âlde hûs mei hjar inglegong en de himelse gloed yn hjar eagen en

yn in wûndere flústering seit hja, det der gjin heimnisse is twisken

hjar en it minskehert en ho-t de tiid ek mei syn ûren yn it sânglês

omskoddet, det hjar wjukken fier oer tiid en fierte hinne slagge en der

oan ’e lange wei fen it oantinken gjin hânwizer stiet nei it lân fen

forjitten. Mar yn sok waer, det him ek neargeestich makket en ûngedien

en waersiik, bôzet ek de lytse wrok, dy-t hy tsjin immen hat oan ta

haet, as ’r heart nei it ientônige fallen fen ’e reindrippen en ’e

stoarmgjalpen, dy-t oer ’e ierde swypkje en ’e âlde beammen kreune

litte en fortelle, ho-t ek de natuer hjar ûnstjûre riten hat by tiiden.

Den is de minske noch ris wer it natuerbern, dy-t by dy greate

jimmerbûrr’ljende welle him it earst sêd dronken hat en dy-t der noch

altyd oan bisibbe bliûwt, ho fier hy him letter ek ôfkeard hat fen dy

frisse, oerkreftige, dy-t dochs de mem bliûwt fen al it moaije, det der

yn him wennet.

Stadich joech Hester hjar yn ’e hûs. Krekt as hingen der hjar stikken

lead oan ’e foetten, sa swier foel hjar ’t gean. De greate stiltme yn

’e hûs eftermiddei kaem hjar aerdich oan; it théwetter song bywilen

sêft en lûd neist hjar op ’e koal in âlde húslike sang fen in bulte

bileefde fredige neimiddagen en hja hearde oars gjin lûd near as it

kletterjen fen ’e reindrippen tsjin ’e foargevelsfinsters, der de wyn

lyk op stie. Mei kûgelsfeart jage de rein as in grize wolken oer ’t

fjild . . . der gyng gjin minske de wei lâns, allinne in pear

skier-roeken stapten der op om.

It naeijen woe net rjucht fen ein . . . den briek de tried wer ef de

besseltried loek op en einliks smiet hja ’t der del en bleau mei de

hânnen yn ’e skoat foar hjar út sitten to sjen. Hja fielde it, sokke

reboeljes bleauwne hjar net mear yn ’e kâlde klean sitten—it hie hjar

in skok jown, dy-t oankaem wie en de neipré koe se mei gauwens noch

wille fen ha. Fensels nei Ljouwert to getúgen, in stik ef hwet

Hastingers yn ’e bak en de Hoara’s op ’t lêst de lilke man noch . . .

Krekt as wie hja sont hjoed foroare . . , krekt as hie se net mear sa

’n bitrekking op Hastings, waerde hja der los fen makke. Sont heit wei

wie, hie se hjir dochs gjin hael mear, de broerren trouwd en elkmis syn

eigen húshâlding en bislommeringen, der hja net iens mear yn bihelle

waerde.

En nou dy nije jeugd om hjar hinne, dy-t hja opbloeijen seach as in

nije blom yn in frjemde tún, det stiek hjar frouljueshert mei feninige

prippen. Krekt as faksearen dy jonge bern hjar mei hjar praet en

grappen oer dingen, dy-t hja net bigriep en ’t sinspyljen op feinten,

mei dy hjar âlden hja ienkear jong west hie. Hja wie in wiif en hja

forginde de jeugd hjar bloei, dy-t ringen komme scoe . . .

De Ljouwter krante lei op ’e tafel en om hjar sinnen hwet to forsetten

bigoan se der hwet yn om to lêzen. Hea! der stie ek in hûs to keap oan

’e Willemskade. Hja wist wol, hwer det wie, Fleurin syn skoanâlden

wennen der ommers ek en sûnder, det hja der erch yn hie, glied de krant

hjar út ’e hânnen op ’e skoat en bigoan hja der oer nei to tinken.

Nou banke se hjir wer allinne om—de ienling yn ’e greate swarm mei al

hjar jild. By de jongerein hie se gjin hael mear en ’t foege noch net,

om hjar by de âlderein to jaen. De Hastingers, dy-t op ’e dei ôf

wisten, ho âld hja wie, hiene de moed noch net, om hjar op ’e bisiten

twisken de boerinnen mei greate bern yn to setten. Dos . . . by de

jongefammen en det peare ek al likemin, det wie allegear noch koartswyl

en wyldsang en ’t eindtsjebislút wie, det hja hjar op ’t lêst ûren fier

winske en sa njonkenlytsen wei fen alle bisiten thús bleau. Do hjitte

it . . . hja maelde om in man en in âld widdener mei trije greate bern

teach de dryste skoen al ris oan en skreau hjar in great brief . . . ho

faken en op hwet menearen hy wol by nacht en by dei om hjar tochte . .

.

Hja skreau him finnich werom, ien menear hie hy lykwols noch forgetten

en det wie de maklikste menear, om jild to krijen en det hja him der

net oan helpe koe.

Der kaem al wer ris sa’n duitedief en noch ien, der wie al gignút fen

op ’e bûrren, mar de ienichste der hja wol ris om tocht hie, dy

oppeneare him net. Det wie Elle Mulder. Twa iensumen, det joech oars

wol in aerdich portuer.

Hja rekke sa yn ’e prakkesaesje wei oer det hûs en ’e nije piannen, dat

hja mirk ’t net iens, det der twa manljue it paedtsje opdraeiden. It

waerde al skimerich, flau stieken hjar skaden tsjin ’e jounloft ôf. Oan

’t stiif hâlden fen ’e holle seach hja, de iene wie Wychman en de oare

boargemaster fensels. Mei syn koarte stedsstapkes koe hy Wychman

amperoan byhâlde.

Hja gyng oerein, stadich, hast mei tsjinsin en skroefde earst it

thépitsje noch hwet op. Hwet al wer in gedoente, nije thé, sigaren,

Wychman in pipe, alles fen a oan z ta fortelle fen hjoed ... oppasse,

net tofolle sizze, det de Hastinger heidebern biswiere koe.

It kaem al krekt sa út, as hja tocht. Boargemaster, oars sa flau

oandraeid det, stie nou alhiel op iene ein—it gold it gesach! det wie

syn eachappeltsje. En foaral en bilieven it opslúten fen syn troue

Brugsma, de fjildwachter, diich de doar ticht, sei ’r. Hy wie praetsk,

omreden hy de oare ljue graech oan ’e praet ha woe nou joun, oars

hâldde minhear him ynfieren en ôfgemeten en sette jern de poannemûtse

op fen slúten-mûllichheit.... Hester kôe him wol . . . en nou joun

kearde hja mei fine frouljuesbislepenheit de rollen ris om en waerde sa

ynfierene swijgsume frjeonlik, det minhear der neat net thús mear wie

yn dy greate keamer by dy Hester Hoara, dy-t hjar hâldde en gedroech as

in stedsdame, der in hearskip oer en tofolle is.

“To, wist’ nou súver neat?” woe Wychman hjar oantreastje. Graech yn ’e

ginst komme by minhear, derfor roan hy nou ek al mei as boântsjelap.

“Hwet ik wist, ha ’k nyskes al sei. Ik bin net fen plan, wer fen foaren

oan to bigjinnen. Ik leau, boargemaster hat it ek al opskreauwn.”

“It is net folle,” en boargemaster kúrde ris oer ’e gouden bril hinne

nei dy moaifoarme mûle mei syn fynbôge lippen, dy-t mear forswijde as

sei nou. Det mirk hy wol. As dy baes wie, rekke der gjin ien Hastinger

nei Ljouwert ta. Den wie de broer bûgsumer twiich fen ien stamme—der

koe hy mei lêze en skriûwe.

Steurd joegen hja hjar einliks ôf. Wychman mei de sneinse wethâldersjas

oan en boargemaster syn greate “portefeuille” ûnder ’e earm. Efter de

hage by de wei leine in stikmennich skoaljonges.

Rûfty! der fleach in wiete sniebal troch de loft en noch ien, noch ien.

Der einliks ien op minhear syn hege hoed en do foart, det de modder der

nei stoude . . . Hes seach ’t wol . . . Fokke wie der ek al wer

middenmank. Wychman draeide syn eagen hastich ôf en hie al syn

prakkesaesje by in elzewâl, dy-t de bakker langlêsten fierst to djûr

krige hie! Joun scoe hy dy jonge to plak sette, det scoe ’r!

En hy helle de skjinne wite bûsdoek út ’e bûs en minhear wie sa goed

net as der moast de hege hoed mei ôfhimmele wirde. De lytsen négerje en

foar de greaten krûpe, det diich ’r, dy Wychman Hoara en as hy ris

witten hie, ho-t boargemaster ynwindich de gek mei him hie, den scoe hy

’t tuike-moai-spyljen gau litten ha.

Krekt diich Hester it izer op de blinen, do kaem der al wer ien it

paedtsje op. Nuttert mei de marse. Hja seach ’t wol oan syn gong . . .

hy wie ynein.

“Joun . . . frou,” sei hy skrúten. “Is der nou ek noch hwet noadich?”

“Ho det sa nou?” Hester harke raer op. “Skilt der hwet oan?” sei se en

stiek mar gau de lampe op.

“Ik tocht oars al, scoe de frou my wol wer binnedoar ha wolle? By

Haeije en Fink en dy ha se my de doar foar de noas tichtsmiten . . .”

Hester bigriep him ynienen . . . “So!” sei se koelwei, “dos derom . .

.! Hwerom bimoist dy den dochs yn ’e goedichheit ek mei sokke dingen?

Ik ha ’t hjoed al krappernôch hawn om dy . . . dû wiest der mei

bitelle, det ’k ek mar ris sei: net noadich. Hwerom sa ’n spul út to

jaen op ’e bûrren en ’t folk oan to hysjen as hong’rige hounen?

“Hwet!?” rôp Nuttert forheard. “Ha se hjir west?” en hy hie ’t op det

stuit net rûm.

“Dy ’t net leauwe wol, de stiennen lizze noch foardoar,” sei Hester

hwet stoef yn ’t tobinnenbringen fen hjoed, det net in makliken ûre yn

hjar libben west hie en in stryd, dy-t hja ek al wer allinne útfechte

moast. De broerren wierne fensels fierst to bang for eigen liif en

jild, elts for oar paste op syn eigen.

Nuttert waerde der stil ûnder. As de soosjalist hjir optheden west hie,

hie hy him de kraeijerige nekke wol omdraeije wold, sa razen makke ’r

him, sa skamme ’r him for syn eigen oanhang. Goed prate lei net yn syn

aerd, der wie hy fierst to rjuchtút ta, mar det it him nei gyng, seach

hja oan syn gesicht. Hy wie sa wyt as in doek en it klamme swit kobbe

him op ’e foarholle.

De stillens fen Hester joun biëange him. Det hy djip yn syn hert it

bisit noch eare, fielde ’r nou, al wie hy ek tûzenris in soosjalist . .

. al preke hy ek oeral lyk en rjucht for elkenien. Mar Hester stie der

boppe . . . dy hie hy heech set syn libben lang en det liet hy ek net .

. . al laken oaren der ek om en niten him mei hjar gepraet oer

“skermmantsjes”. Och en hwet hie hy der altyd greatsk op west, det hy

hjir noch by Hesters komme mochte, wylt de oare Hoara’s him net iens

mear op ’t hiem ha woene. Hwent dy femylje hinge oan inoar as kladden,

de iene syn foetlêsten trapen se allegear nei . . . allinne Hester gyng

hjar eigen wegen.

Hy bleau by de stoel stean, dy Hester for him klear set hie, hy doarst

nou net mear sitten gean en stil-wei krige hy ’t seel fen ’e marse wer

beet en scoe ’t oer ’t skouder hingje. It forwyt yn dy moaije heldere

eagen koe hy net feneare.

Do seach Hester syn forarbeide lea, de stroffelige gong fen ’e brede

ûtwekke foetten yn ’e âlde learzens en ynienen krige se in skerp en in

droef ynsicht yn ’e ellinde fen ’e maetskappij. Ja, der koe se ynkomme,

det sokke earme stumpers mei alle middels noch om hwet forbettering yn

hjar ellinde sochten en ek wol ris in amerij it swiere tsjinstjok

ôflizze woene, det hja sels en hjar foarâlden ieûwen, ieûwen droegen

hiene. Hwent sette dy ellinde hjar mark net op hjar sels en ’e

stumperige bern, de heidebern? mei hjar hongerige eagen en hjar meagere

lichemkes, dy-t de earmoed as ienigste erfnisse meinamen fen ’e widze

ôf oan ’t grêf ta?

Ynienen forjoech hja it him, forjoech it him fen herten.

“Sa net foart,” sei se koartwei. “Sa bist hjir noch noait weirekke,” en

hy moast de marse útpakke en hja koft hwet snypsnaren fen him en sette

it tabaksfetsje ré. Hy moast de piip ris stopje.

Do rekke hy wer hwet op syn dré en kaem ’t him ek wer yn ’t sin, det hy

noch boadskip hie by hjar. Mei oerlangsume wissens kaem út in foech

laedtsje de hiersater foar ’t ljocht en de hier fen ’t kampke lân, det

Hesses wie en hy nou al sont lange jierren brûkte.

“Nou en ho is ’t by jimm’ folkes?” sei Hester en teikene ôf op ’e

sater, hwet hy bitelle.

“Hwet scil ’k sizze, goed,” andere hy. “De frou moat tinke, Béard is

rare deun en den de bern nimt gâns sa winters en Date . . . och Date .

. .” en ’t lytse mantsje suchte.

Hester merkbite it wol, der miskearre gâns oan. Sa ûngemirken wei wie

Date hjar al ûntgroeid en nou ’t hy net mear nei skoalle ta gyng, seach

se syn lyts bleek kopke net faek mear op ’e wei.

“Stelt hy him net to deugd oan?” fiske se. “Dy opslûpen jonges, det’s

noch onbisage hout. Dy moatte ûnder ’e minsken, det de spoennen der nei

fleane. Den wirde se hwet.”

Nuttert skodholle flau-oandraeid. “Ik wit net . . . ik wit net,” sei hy

“Date ûnder de minsken . . . Dy sit mar ljeafst ûnder ’e greate

parrebeam mei in snipeltsje pompier en in potlead yn ’e hân en den seit

hy, hy makket in gedicht. Mar ik siz . . . der kinste net fen ite.

jonge . . . dû scoest to ierdappelsetten gean. Ik wit súver net, hwer

hat dy jonge ’t wei! Mar ús mem plichte ek sa to wêzen, dy koe sa mar

foar de fûst wei rime en fortelle, ik ha ’t noch noait sá heard! . . .

En den stibelearje doomné en master him allebeide ek noch . . . dy

sizze, der sit in kop op dy jonge. Nou, det scil wol sa wêze, mar dy

dichterij moat derút.”

“So, sizze doomné en master det?”

“Ea ja en nou meitsje se dy jonge alhiel oerémis. Det sit alle dagen

mar to learen en it wirk forsloerket derby,” en hy tocht der ynienen

wer om, ho Béard Date langlêsten in kop fol wetter om ’e earen smiten

hie, do-t hy efterhûs yn ’t waer sitten hie to sjen mei de lep twisken

de skonken en in fladtsje pompier op ’e knibbel. “En nou wie ’k foar in

dei mennich by notaris en do sei ’k . . . as de jonge ris by him koe .

. . Den hie hy plak en . . .” Do hâldde it âld mantsje him ynienen stil

en stoarre nei de souder, krekt ef fordwoun der in loftkastiel yn reek

en damp.

“Nou,” sei Hester, “det kin krekt. Is ’t oangien?”

“Ja mar, frou, minhear hie . . .” Nuttert wiske him ris mei de bûsdoek

om ’e holle.

“Hwet den?”

“Ien bitingst,” sei hy nou ynienen reslút-wei. “As myn jonge op syn

kantoar kaem, den forwachte hy, ik scoe my by de soosjalisten

weihâlde.—Hark ris minhear—sei ’k, hwent ik fielde, det ik noch in

âld-fryske kop hie, der it bloed hinnefleach mei kûgelsfeart—it is in

hege hier om in lyts lân, minhear. Ik bin baes fen my sels en ik gien

hinne, der ik sels wol—en do kaem ik oan ’e pet en gyng der út. En nou

moat Date mar mei de marse mei, den komt hy ek ûnder de minsken,” en

efkes suchte hy.

Hester sei neat, hjar tinzen swalken fierôf . . . Hja seach Nuttert

bidrukt foartgean en ’t stil-sitten en neitinken dûrre krekt sa lang,

det de lange klok sloech tsjien ûre en hja tearde de Ljouwter krante op

en lei him yn ’e kast by in hiele bulte forgettene dingen, dy-t ek

ienkear in tins, in plan ef ’e opset derfen yn hjar libben útmakke

hiene en der se nou gjin iens weet mear fen hie, hofolle se ienkear wol

yn detselde libben bitsjut hiene. Mar de skaden fen it nije libben

waren al yn dy stille keamer om......

De Hoara's fen Hastings · 第 10 / 19 题