VI.

Juli wie ’t.

It reinde . . . Ienlûdich foelen de reindrippen op ’e bistoude

linebeammen, nou al ûren lang en de moude ûnder ’e stammen bigoan

einliks ek wiet to wirden. It wie stil yn ’e natuer . . . in dei sûnder

wyn en min hearde neat oars om yen hinne as de mesyk fen ’e rûzjende

simmerrein.

It lêste hea lei op ’t swé, as lytse figuerkes op it greate damboerd

fen finne en miede krioelden de mieren, donkere stipkes, yn ’t fjild om

en hjir en der stiek in tintsje tsjin ’t laeigrys fen ’e loft ôf ef in

iensum brún seil, det noch flaukes bol stie yn ’e moarnskoelte fen ’t

frije fjild.

Oan ’e kant fen ’e sleatten geure de balsem en ’e krûderige galje op ’e

diken en yn ’e Hastinger túnen de finjelieren en dúzendskoanen mei de

hiele âlde geuren fen âld bepke túnen, ienkear rûkt en fêsthâlden yn ’e

heugenisse as in oantinken oan hwet wûnderlik moaijs út de dagen fen

jonkheit.

Wychman Hoara stie ûnder de linebeam to praten mei syn broer Oebele. It

gyng der wûnder op in mûskopjen en skodholjen en fen ’e rein mirken hja

neat.

“Nou, hwet scil ’k?” sei Wychman yn dubio. “Derhinne? ’t Is oars ek mar

in hoannestap.”

“’t Sit him sims mar oan ien stim. ’t Komt dy ta, dû hearst yn ’e raed.

Mar dy Nuttert! . . . jonge, ik stien dy soosjalisten net en nou mei

dit waer . . . hja ha ’t allegear oan tiid. Hja kinn’ dochs net op ’t

lân forkeare. Dû moast der altyd hinne.”

“En dû moast mei.”

“Ikke? Hark ris, it binne dyn saken en ik ken dy sa goed . . . scoest

dy hypotheek oer ha wold ha, ast der gjin profyt fen trekke koest? en

nou bist húvrich, om de middels to brûken? Hwet binn’ det nou wer for

fizefazen? Slach dyn slach . . . en oars . . . opbringe . . .!”

Wychman seach pûddich en kaem noch mar net út ’e ried. “Ik wit net . .

.”, sei ’r foarsichtich. “Scoe ’t ek in rare namme jaen?”

Oebele loek forachtlik de mûlshoeken del. “Ast der oait bang for west

hast, den hieste doomné Fleurin wol in pear sinten jaen mocht for in

foech wente. Hy bringt dy, hwer dyn foetten dy noait drage scille en

den sa hommels trouwe mei Martsen . . .! It stekt dy oars ek net sa

nau, jongkje. Dû hast om sa to sizzen dy beide stimmen koft en den hja

net fen ’e pleats. Dû hoechst der gjin bikrûping oer to krijen, it giet

sa earlik ta det.”

“To den mar,” sei Wychman Hoara, alhiel bipraet en raer gesteld, omt it

hjoed stemmersdei wie en ’t der om gyng, as hy lid fen ’e raed bliûwe

scoe as net.

Fen ’e moarn hie ’t iten him al net troch de kiel wold en yn ’t

simmerkeammerke hie hy skoften sitten to siferjen oer syn kânsen. Nou

dy stiene net sa bêst . . . hwent hy hie in minne partij.

Nuttert!

O hwet stiek it de rykste boer fen Hastings, det hy yn ’t kryt komme

scoe mei Nuttert, Nuttert mei de marse, dy Nuttert, dy-t hy alear in

koárste brea tasmite doarst!

Do-t it bikend waerde, det dy ek eagen smiet op in stoel yn ’t

gemeintehûs, det hy al kandidaet steld wie, lake hy der earst om. Sa’n

ien scoe yn ’t regear? oer Hastings? Dy-t sels neat to regearjen hie,

yn in hierd húske wenne? deis mei de marse op ’e rêch by de boeren

oankloppe? dy-t hy altyd oansjoen hie as syn mindere, as syn slaef, as

syn machine, dy-t min in sint mennich yn ’e hân treau en dy-t den wer

seis dagen willich roán, hwer min him ek mar hinne stjûrde? Hoara lake

’r om, det hy skodde. Dit wie noch ris in grap!

Mar do kaem der in joun en in great jonge brochte de Hastinger krante,

weekblad voor de gemeente Hastinger Ham, mei ’t gemeintewapen der foar

op, twa ikels en in klaverblêd en der ûnder lâns in blau krinkellint.

Det wie de Swâdde, dy streame krekt sa’s sa’n sulvren lintsje troch de

heide.

Hy siet op ’e bank foardoar hwet yn ’t waer to sjen, moai simmerwaer

mei in stive Westewyn en swiere loftskaden fen wolkens. Der seach hy ’t

ynienen swart op wyt en de krant wie him út de hânnen fallen yn ’t

gêrs. Wol in ketier lang bleau hy der sitten. Earst moast hy ta himsels

komme en det spande.

Dit kaem him sa yn syn eare tonei, det hy koe der dy nachts net fen

sliepe en waerde by den dei ongedúriger en mankelyker.

Mar winne scoe hy ’t, al scoe de ûnderste stien ek boppe. Dy Nuttert

him fen ’t plak kringe, der hy tweintich jier sa mei eare sitten hie!!

Al de Hoara’s spanden hjar derfoar. Hja skroomden nou ’t jild net. Alle

stimmen, dy-t mar for jild to krijen wierne, der leine hja it near op

en dy-t him net bikeapje litte woe, dy leine se op in oare menear it

fjûr sa nei oan ’e teannen, det se wol lyts waerden, det se om ’e

finger woun wirde koene.

Mar dy Driûwerske, dy âlde fûle njirre, dy sette it tsjin hjar yn ’e

kant. Dy joech neat om hjar, dy séach hjar jild net iens! Nou, hy

Wychman Hoara scoe ’t hjar hjoed wol ris yndruije, hwet macht as ’t

jild den einliks wol hie, allertigenst!

En den dy soan fen hjar, Douwe slagter mei syn núvere kluchten! Hja

woene wol ha, det hy it lêsten west hie, dy-t alle doarren by de

Hoara’s fol plakt hie mei greate répen pompier en der stie op mei fen

dy hiele fette grouwe letters: _Kiest N. Gramsma! de candidaat der

socialisten! Die een open oog heeft voor de nooden des volks! Lage

belasting, goedkoop brood! welvaart!!_ Det hie Wychman Hoara tagniisd

de oare moarne, do-t hy fen ’t bêd kaem wie en ris efterhûs yn ’t waer

sjen scoe.

O dy Douwe, det wie sa’n houtsje en den syn broer Hedzer, nou dy spile

ek net swak by. Fensels allebeide nei de mem útskaeid, sok âld, sok

jong, mar hy scoe se wol opsitten leare!

En mei de lilke holle pandere hy it sânpaedtsje lâns, de wei út, mei

Oebele as forlieder op ’e side.

It stie hjoed net stil op ’e Hastinger strjitwei, der by ’t simmerdei

it brede skaed op leit fen foarse ikebeammen. De rike boeren fen ’e Ham

spanden de hynsders foar de wein en hellen de ljue op, hiele weinfollen

folk. Mei roune rêgen en gleone pipen sieten se op ’e swânnenêsten en

diene in steil wird, de measten klear om Hoara syn fonnis to teikenjen.

Det jage mar nei de Ham, krekt as ’t in feest wie, om him der út to

knikkerjen en hie hy him net tweintich jier ward for ’t heil fen ’e

gemeinte?

De bakker, der hy alear ris spul mei hawn hie, roan hjar fen efteren

yn, de âld griene parapluie op, de mûle stoef ticht. Hy sei gjin iens

dach.

“Read?!” sei Oebele.

“Foargoed,” andere Wychman nippel. “Nou ’t hy earm is, sociael en alear

. . . ’k ha húzen op him bouwd! . . . Mar dy Nuttert . . .”

“Ast’ dy jonge nou net ris in wantsje jown hieste . . .? It is dy min

bikaem, jonge, jonge, it stientsje is in berch waen,” sei Oebele

sneedsk, fol leedformaek yn syn broerre fortriet.

Hwent dy krige nou licht ek ris in tsjinstuit. Dy gyng oars alles foar

de wyn. Wie ’t miswier, syn fruchten bisloegen goed, bargesyktme en

gallige skiep, der wist ’r net fen. Wierne de ierdappels djûr en krap,

den hie Wychman hûnderten fen koerfollen en as se goedkeap wierne, den

bouwde hy krekt hwet oars. Net in hûs fol bern en dy al hast great.

Oebele bigoan to rekkenjen, Fokke hie al lotte, fensels frij-lotte en

Lys, nou dy hie hy langlêsten ek al sjoen mei ’t hier op ’e holle

trânsele, dy woe dos ek al graech by de jongefammen rekkene wirde.

Gels wie nou ek al in jier ef hwet wei en Martsen Kobus der ek al wer

lang skepper en skriûwer. Min wist hast net iens mear, det hy mei in

oaren ien trouwd west hie as de bern der net wierne.

Sa yn ’e prakkesaesje wei lânnen se oan by de pleats fen Driûwerske. ’t

Ald wiif siet foar ’t finster mei de oerâlde fok op ’e noas en hjar

gleone eagen seagen oer ’e bril hinne nei hjar.

“Hwet moat det?” sei se mei hjar skel lûd. “Der komme me dy Hoara’s oan

skytskoarjen, dy diwel fen in Oebele is der ek by.”

Der wierne se al yn ’e keamer.

“Dach!” sei Wychman stoef en joech hjar efkes flau-wei syn weake,

plodsige hân.

“Dach!” andere se like stoef en skouwde onwillich wei twa stoellen by

de âlde tafel en hjar skel lûd rattele troch de greate keamer as in

brutsene klok: “Scoene jimm’ ris by ús sjen? Ef is ’t om ’e rinte, dy-t

trije dagen oer ’e tiid wie?’

“Myn goede minske noch ta! Ho komm’ jy der nou by?” sei Wychman sa

fluensk, as hy ’t mar yn syn macht hie. “Wy wierne oan ’t kuierjen en

wy tochten . . . wy kinn’ hjir skoan hwet útrêste.”

Hjar finnige lytse eachjes hie se net fen him ôf. “Wel ja nou,” joech

se him as in skimpskeut werom, “ien hoeke fen ’e keamer is jimmes dochs

ek al hast mei, net? In moaije menear fen dwaen, notaris hjir to kommen

en det seit mar, Wychman Hoara moat dy hypotheek oerha en oars . . .

opbringe! Ik sei, in greaten as in lytsen bloedsûger, it giet dochs

allegear om ’e duit. En nou sitte wy ûnder jou.”

“Sa is ’t,” sei Wychman Hoara en draeide syn holle sa fier om, det hy

net ider kear dy ûleëagen foar him hie to flikkerjen, dy-t krekt as de

ûleëagen út ’t Hastinger kloksgat wei nei him loerden, stil en sûnder

poazjen.

De kofje prottele op ’e koal, mar dy âld fekke tochte der net iens om,

om yn to jitten.

“Wy hiene hwet mei jou to praten,” bigoan Wychman.

“Det tocht ik wol,” sei hja wer. “En in Hoara hat gjin oar praet as oer

’t jild. Skande, det jimm’ ’t net meinimme kinne yn ’e kiste, den

fochten jimm’ ’r op ’t tsjerkhôf noch om. Sjoch, der komme myn jonges

krekt oan. As jimm’ nou hwet to forhakstûkjen ha, den kinn’ jimm’ ’t

der wol mei útfechte,” en hja stroffele sels nei de foardoar, om se yn

to litten.

“Dit wirdt in taei sneed . . . Pas op, stien op ’t skerp. It scil núten

krêkje, ast’ dit winste. Dy âlde tange hat de diwel yn,” sei Oebele en

efkes krolde in gnyske syn fine lippen, dy-t hast skûl gyngen yn it

swarte bird, hwer al in bulte sulvertriedden troch roanen. It waerde

hottefyljen, det seach hy wol oankommen en omt hy sels yn ’t

dwarsbongeljen in master wie, mocht hy der graech oer, der mei by to

wêzen, as oaren inoar ek ris yn ’t hier hingen.

Douwe en Hedzer, kreas forklaeid, kamen yn en foelen mar efkes op ’e

hoeke fen in stoel del, hwent hja moasten noch to stemmen, seine hja

mei in skalk each op Wychman Hoara. Dy wie ’t krekt, as hearde ’r syn

deadsklok lieden, do-t hja det sa koel-wei seine.

“En jimm’ ha den fêst al hinne wêst,” sei de iene mei hwette as spot yn

syn lûd.

“It moat noch,” andere Wychman mei tsjinsin, mar heal by de saek, sa

wie ’r yn ’e prakkesaesje, ho-t hy der oer bigjinne scoe, hwet him sa

heech lei en o sa bang, det hy him forprate scoe mei ’t ien ef ’t oar

yn dit fijandelike hûs.

“Der is noch tiid bihâlden, mar Hastings is oars fen ’e moarn betiid.

De measten ha al hinne west. It wriûwt as mealstiennen, der’s nou noch

ris aerdigheit oan. Nuttert is ’t wird wol tabitroud, dy is sa kwea as

in mird. Dy scil minhear de tosken wol sjen litte mei ’t toskfleis der

by.”

“Det moat allegear noch,” sei Wychman yn syn deadsbinaudheit wei. Nou

koe hy him net mear stilhâlde! Waerde ’r der nou súver net ôfmakke?

Krekt as wie ’r der al útwipt, sljucht soldaet waen, nul foar ’t sifer!

“Nou, dy oanhang fen Nuttert is ek net folle. Heidtsjers en arbeiders

en in inkele fen ’e boargerij, dyt-t altyd oppesysje meitsje wolle,”

smeulde Oebele. “It moat mar fen ’e geseten ljue ôfhelle wirde, al scil

’t bloed der ek nei fleane.”

“’t Kin better fen ’e skeaf as fen ’e bân,” keakele ’t âld wiif der

skel tsjin yn en seach fiäenich fen d’iene nei d’oare.

“Sokke ljue as Nuttert, dy moatte der ek ris yn,” sei Hedzer ynienen.

“Den komt der ris hwet oar bloed yn ’e raed. Net fen dy

ja-minhear-roppers, Hoara, fen dy penning-sechstjinders. Jonge, jonge

en hwet kin ’r prate! As in abbekaet! Ha’ jimm’ him al ris heard?”

“Né,” sei Wychman mei in fiis gesicht. Nou bigoan syn lilkens dochs de

oerhân oer syn forstân to krijen—hy makke him klear as in tiger foar de

sprong—hy rekte de kloeren al út.

Hedzer fielde der hwet fen, do-t Wychman ynienen mei neidruk sei: “Dos

. . . jo stimme Nuttert?”

“Fensels, de lytse ljue hâlde it mei inoar. Det is hjar ienichst wapen,

de ienriedigheit, Hoara.”

“Det scil ’t wol, mar út frjeonskip scoe ’t my oanstean, as jo my

stemden.”

“Hwette?! Frjeonskip?” Hedzer harke raer op. “Frjeonskip . . .? Ik leau

oars net, det jy oait oer ús drompel west ha to frjeonsprekken. Us hûs

is to lyts en to min for in Hoara en ik tocht ek, det jy to greatsk

wêze scoene om in stim to biddeljen.” Det wie de lonte yn ’t krûd.

Der sloech de tiger syn kloeren út. “Doch ’k det?” sei ’r. “Ik biddelje

der net om, hja komt my ta,” en swier to rissen gyng hy oerein. “Ik ha

net om ’e nocht dy kosten fen ’t oerskriûwen fen ’e hypotheek bitelle ,

. . ik moat der hwet fen werom ha.”

“Ha ’k it net sei, ha ’k it net sei?” rôp ’t âld wiif wer mei hjar skel

lûd. “Spek oan spinnen, jonges.”

“Hwet den? Myn . . . ús stim!” spatte Hedzer op, pûrrazen, det immen

him yn syn frijheit oantaeste doarst en det om hwet jild.

“Jou stim en Douwe sines ek,” andere Wychman koel-wei, krekt as hânnele

hy oer fé. Hy wie nou baes, det fielde ’r. De eangstme lei al yn hjar

eagen, det hy hjar yn ’e macht hie en net sparje scoe. Derfor wie hy in

Hoara, dy koene gjin meilijen, al sont geslachten net. Det wie mei it

jild ek in erfnisse fen heit op soan.

’t Ald wiif waerde sa wyt as in doek ûnder ’e swarte tipmûts—hja smiet

it ierdappelskyldersmeske yn ’e bak mei ierdappels en sette dy

foarheftich op ’e tafel del.

“Us stimmen!” bauwde Douwe slagter him nei. “Dy forkeapje wy net, wol

Hedzer?”

“Dy forkeapje wy net,” sei dy, “en tominsen net oan jo en as jy ’t gat

fen ’e doar sels net hânsum fine, den scil ’k it jou wol wize. Derút!

optslach!” en hy gyng ek oerein en in stap ef hwet op de Hoara’s ta.

Wychman krige syn stôk en stroffele nei de doar. Fen woeste nidigens

stivere syn antlit, krekt as wie der in iiskâlde wyn oerhinne raesd. Sa

scil it fjild der winters ek foarlizze, as de wrede wjukken fen ’e

winterwyn it yn ’e flecht teistere ha.

Noch ienkear draeide hy him om. “Takommende Maeije bringe jimm’ it jild

op,” sei ’r. De tiger rekte de kloeren út, hy hie syn bút.

’t Ald minske sloech mei de hânnen yn ’e loft. “O!” sei se noch, do lei

se fen hjar sels. Domp foel it swiere lichem op ’e matte.

“Foart, foart!” dreau Oebele Wychman oan. “Det folk is ta alles yn

steat, det apefolk!”, mar ynwindich formakke hy him ta de teannen út.

O! as dizze twa lêste stimmen it ris wêze mochten, dy-t him kitsten! Sá

fornédere to habben en der den noch gjin side mei bispinne to kinnen!

Hastich striek hy him ris mei de hân oer ’t lange bird, oars mochte

Wychman it ris sjen, ho-t der in ynhâldene laeits om syn mûle trille om

syn ôfsneutere broer.—

It reinen bigoan hwet to lichten, der kaem wyn en de beammen skodden yn

in flústring fen wolbihagen de reindrippen ôf. It reingerdyn, det as in

trochsichtich gaes oer ’t lân waeide, forfloddere en waerde oplutsen

troch it felle sinneljocht, det min noch net seach, mar skimerjen

fielde efter de simmerreinwolkens.

De linebeammen bloeiden . . . de fûgels songene der yn. Strakjes scoe

de sinne der trochkomme en as in frisse jonge breid lake de natuer hjar

ta, noch mei fonkeljende diamanten yn ’t hier en heal útkame blommen op

’t boarst.

Wychman Hoara seach fen det alles neat. Mei in swart gesicht klauwde ’r

yn ’e wein . . . mei in swart gesicht knoffele ’r moedsum by de hege

trappen fen ’t gemeintehûs op. Hûnderten wierne der al foar him by op

gien—hy koe der al moi wis op oan, syn lot wie al bisegele yn ’e

wichtige bos. To glûp kúrde hy nei de hege doar mei hjar moaije

útsniene panélen, de riedseale, der syn stoel stie, mar hwa wit, ho

lang as ’t sines noch wêze scoe!

Licht flaeide Nuttert der him oer in wike ef hwet wol yn del!

As it nou noch mar in oaren ien west hie, Simen winkelman bygelyks ef

de weinmakker, ek allegear fen dy reade frjeonen! Det scoe him lang sa

net stutsen ha.

It wie krekt, as scoe der noait in ein komme oan dy dei. Hy kibbe en

jeuzele yn ien stik troch en koe ’t nearne net fine en knoffele en

stroffele oer alle wirklike en formiende stan-yn-’e-weiën. Martsen woe

him paeije mei in swiet pantsjefol thé en in stik dimter-koeke der by

en bigoan ek ris oer hwet oars to praten, mar Wychman Hoara syn holle

siet der sa fol fen, det eart hja der om tochten, den hiene se it der

al wer oer. As it hekje mar op ’e knieren draeide, den trille hy al.

Den kaem de slach. Fen ongedúrigheit liet ’r ’t smoken en siet mar

stiif de wei út to sjen mei de platte, plodsige tûmmen yn ’t fesjebûs

en in skerpe dwarstear twisken de eachsbrauwen.

“Ik woe wol, detst it suchten lietste,” sei syn wiif. “’t komt ús net

iens oan ’e kâlde klean, sa’n tobeksetsje. Myn goede, ús kaptael is der

net mei wei, wol?” Hja siet der wol sa breed en wichtich foar yn ’e

greate briedstoel. Hja joech hjar nei ’t groeijen, de dikke earms

protten ûnder ta de jaksmouwen út en hjar roun blank kin krige in

biwyske fen in ûnderkin.

Sá woe hja him in riem ûnder ’t hert stekke, mar Wychman liet de earen

der net nei hingje. “Pake en heit ha der sitten . . .” sei hy, heal yn

him sels, . . . “mar dû bigrypst soks net . . .”

“. , . Hwette?!” . . . sei hja skerp.

“Ik sei, dû bigrypst soks net,” andere hy wer. “Wy ha altyd yn eare en

oansjen west . . . wy binn’ det wend . . . it komt ús ta . . . derfor

ha wy jild.”

It griisblau fen hjar eagen fordonkere him ta djipdonkerblau . . . der

lei in glâns yn as skerpslipe stiel, hird, warskôgjend en hja makke

hjar breed yn ’e greate mahoniehouten stoel.

“. . . So?!” sei se, “. . . so!?” mei in lange úthael. “Wol det sizze,

det wy en ús gelikens minder binne as de Hoara’s? Omt wy in sint ef

hwet minder ha . . . omt ús foarâlden net sa gjirrich en klauwerich en

ynhalich wierne? Hwet minseliker, Wychman? Hja hiene noch in hert, man,

mar jimm’ mei jimm’ hiele oanhang ha der in stik stien . . . in grou

stik . . . Bah, ik wearzje fen det jildpraetsje, altyd ivich det jild!

Tink mar net, det jimm’ de himel der mei keapje kinne ef ek mar ien

onnoazel koareltsje ljeafde! Der is gjin smiten mei de mûts nei . . .!

Der past ús Ljeaven Hear wol op, det de earme minsken yn al hjar

earmoed dy greate skat faek mar for ’t krijen ha en jimm’ jimm’ hiele

libben mei lege hânnen omrinne kinne en der op sjen meije. Sa wirdt it

bledtsje omkeard . . .”

. . .“Hâld op . . .!” smiet hy der razen twisken yn en de nidigens

poarpere syn triedtsjewangen. “Ha ’k dy derfor ta myn wiif makke, om my

útfége to litten troch sa’n arbeidersdochter?”

“Tocht Wychman Hoara der om, do’t hy my dy Krysttiids wol sa

allerûnderdanigst frege om syn wiif to wirden?”

“Nou né,” bigoan hy al wer yn to binen, “mar dû seist it sommes ek sa

raer op, Martsen.”

“Dû komst my op ’t sear.”

“En dû my.”

“Dû bist ek sa min to brûken tsjinwirdich. Hwet scil ’k bliid wêze, as

dy kiezerij oer is. Den kin min wer sykhelje,” sei hja en geat him noch

ris yn.

’t Wie skimerich en stil yn ’t simmerkeammerke. De hege linebeammen

foardoar stiene ûnforweeglik yn ’e hjitte, broeiske sinne en de sterke

geur fen ’e kamperfoelje hinge as swietrook oer ’t hiem en ’t wie sa

núvere stil bûtendoar, krekt as stie alles en harke nei ’t needlot, det

op kommenswei wie, droanjende mei swiere foetstappen oer de ierde.

Der rattelen gjin amers op ’t bjinstap—de mieren klosten ek net op ’e

minne klompen by de hússide lâns om in swolchje wetter. Lys wie nei

doomné’s Tine, om ’t bordueren to learen en det kaem Wychman hjoed al

sa stil oan, det hy hjar fris lûd net galmjen hearde troch de lange,

brede gong fen syn foarhúzing. Hwent it wiif hie hjar sin krige, in

nije foarhúzing wie der kaem, mar ek gjin foetbreed mear en ek noch op

’e âlde fondeminten, for sa fier it koe. Heal spul, waerde der do

skodholle, in nije foetling op in âld hoas. Do-t it spul der ienkear

stie, twa greate keamers efter inoar en in brede gong der njûnken lâns,

acht foet wiid en in great foarhús mei bûnte stientsjes opset en

floerre en derneist noch in simmerkeammerke, do foel ’t ta. Mar d’âld

skûrre skeinde it spul danich. Det wie nou súver in brette apel op ’e

stôk.

Wychman liet him alle skimpskeuten, dy-t hy der ûnder dúmkes wei oer

hearre moast, by de rêch delglide en do-t diselde skûrre nij dutsen wie

en hwet ynfoege, sei hy smout-wei, it moast nou goed wêze. En der mei

wie ’t út. En ’t oare jier woán hy sa folle oer, det de foarhúzing wie

lyk en hy ruile mei in súrswiet glimke al wer mear nije effecten yn for

syn los jild.

Mar nou hekke it. As in effene stream wie ’t libben der sa moai hinne

gliden, mar nou kaem der in krinkel yn ’t tou . . . de soosjelisten

hiene ’t as in kloft hongerige hounen op him en syn baentsje forsjoen.

Sûnder, det hysels it merkbiten hie, wierne de onnoazele siedtsjes,

yndertiid struid yn ’e oproerige herten fen Warmolding en Nuttert,

opkaem en útwreide en nou wie ’t al partij tsjin partij yn ’t doarp.

Hastings waerde read . . . Hastings waerde forneamd as de búnte houn.

Yn ’t wirk wie ’t folk mar min mear to brûken, de losse arbeiders

luiteren om en fregen mei greate mûlen mear lean. Nuttert mei syn

fyn-útknypt gesicht siet efter de skermen . . . dy roân nou ek wol mei

oare negoazje as snypsnaren! Earst is ’t altyd de stryd fen rykdom en

earmoed . . . mar op ’t lêst giet it derom: man tsjin man lyk as by

âlds en det wirdt in wreed bidriúw . . . der togniddet altyd immen ef

eat yn dy twiekamp . . .

Lang om let seagen se Fokke oankommen op ’e fyts. As heit der troch

wie, scoe hy yn ’e fjirte de rjuchterhân al opstekke, mar hy wie al by

’t ein wei om ’t Jifferspoeltsje hinne en noch hie hy de hân oan ’t

stjûr.

Wychman Hoara syn hert sloech him sa, krekt as scoe ’t barste. Hy telde

de beammen, ho fier as de jonge noch fen hûs wie 7—6—5—3 der draeide hy

’t sânpaedtsje op. It stjûr skittere yn ’e sinne . . . de stevige brúne

hânnen bleauwne, hwer hja wierne.

Hwet dy man dy amerij útstie, wie freeslik. Mei dy tweintich tel ef

hwet scoene al in hiele bult sounen fen syn libben boete wêze.

Der wie Fokke yn ’e keamer. “Herstemming,” sei hy mismoedich en foel

deawarrich op ’e stoel del.

“Wolst’ hwet lodderein ha, jonge?” sei Martsen.

“Ljeaver net, moike, sei hy. “Jow my mar gau in pantsjefol thé. Efkes

stil sitte. Ansens scil ’k oan ’t fortellen,” en hy krige it lichte

petsje ôf en wiske him it swit fen ’e foarholle.

It bern wie in jongfeint waen . . . Fokke Hoara stie optheden yn top

fen jonkheit en manljueskreft, feardich en great, breed fen skouders,

sterk fen polsen. It frisse, ûnbidoarne lei noch op syn brune wangen

sa’s de moarnsdauwe op it simmerlân, mar yn ’t sjen fen ’e eagen

formoede min al ’t karakter, det him ek foarme hie yn ’e jierren fen

bern ta feint, sa’s de pit yn ’e persikstien, ûnbisjoen for de

wrâld—individueel—op himsels—persoanlikheit yn ’e greate heap, it

eigene wezen, der de maetskappij him nou miskien in fyftich jier oan

kenne scoe.

“Hie ’k it net tocht!” sei syn heit ynienen midden yn ’e prakkesaesje

wei en sloech mei de fûst op ’e tafel. “Dy diwelse Nuttert, dy docht it

my . . .! Ho folle skilt it, jonge?”

“Op ’e snaren, as heit wie der foart daedlik al útwipt,” sei dy. “Gjin

heidtsjer is thús bleauwn. It folk is ús net tagedien.”

“So? en ho wistû det?” frege Wychman foars-wei. Hwa wit, hwet se him

der by dit en by det wol net forwiten hiene yn ’e harbarge? En al syn

âlde sounen trieken him yn ien amerij mei kûgelsfeart foarby, guont

heal forgetten, guont hjoed noch mar krekt bitocht en folbrocht en de

swiete mesyk fen it jild hearde hy der boppe út klingeljen s’as yn it

merkegejoel de sketterjende hoarn, dy-t alle libbenslijen en klachten

for in setsje smoart!

Martsen joech Fokke de wink noch—mar ’t wie to let. Wychman wie fierst

to nijsgjirrich om to hearren, ho-t de minsken oer him praetten en hy

helle Fokke súver de wirden ta de hals út en do-t dy it sei hie, loek

it read fen skamte oer syn wangen, sa skamme hy him oer syn heit, dy

greate, stoefe kearel, dy-t nou noch net iens de eagen delsloech for

him en dy der oars ris efkes útklaeid wie yn ’e harbarge yn syn

bywêzen, det hy hie syn hânnen hast net thús-hâlde kind, sa lieten se

him fen ’e ra rinne.

Optlêst hie ien út it omsittend laech sei: “Stil jonges, ik leau

wrachtsjes, der sit dy great jonge fen him. Det wirdt nou syn

oandrager!” en do laken se, det it davere.

“Hwet dy ris wer nei de hoale ta slepe scil! It is sa’n foksebinde!”

gniisde in oaren ien en mei wetterige dronkemanseagen skilich-eagen se

nei him en piûwden him út.

De drank makke se manmoedich en ûnforfeard, dy joech forstân yn ’e

harsens, dy-t to dom wierne om in stikje brea for wiif en bern to

biskrippen en hja hearden ’t jild wer rinkinkjen yn ’e lege pongen.

En dochs—selst yn ’e weelde fen dy ûre fielden se de wrede hân fen ’e

Hoara’s, dy-t hjar as in izeren sylbeage op ’e nekke lei. Fokke wist it

wol, as hy ’t heit mar ris fortelde, hwa-t it west hiene, den stiene se

Maeije oan ’e dyk, neaken en bleat, mar hy hâldde him stil en Wychman

Hoara is ’t noait gewaer waen, hwa-t syn eigen bern it earste ynsicht

yn ’e forkeardens fen syn karakter jown ha.

Dy wytnis makke him treurich, sa’s elts tichteby-bisjen fen alles, hwet

min ljeaf hat. Hwent o as min ken en wit! den stjert der safolle

leauwing, safolle forwachtinge en by stikjes en bytsjes ruilet min for

it sa heftich bigearde witten al syn idealen yn. It is in

roaljebûtsjen, det sûnder mis op skea útrint . . .

Hy woe him ris hwet fortraepje _ it wie nou dochs healjoun en net de

moite wirdich, mear wirk op in baen to heljen. In setsje stie hy stil

to sjen yn ’t skaed by de âlde koumûrre, dy-t al útwynde fen âlderdom

en der de winterkeninkjes lyk as by âlds wer in nesje bouwd hiene yn ’t

holle fen in âld wylgenmoes by de dobbe. Sûnder det hy der om tochte,

seagen syn eagen det oer nei Hastings, nei de greate readbrúne boeken

foar de posterij en hy kúrde der o sa lang nei mei de bernige blydskip

fen ’e wissens, det syn lok sa tichteby wie . . . sa tichteby . . . de

seldsume blom, hwer min yen mar om hoechde to bûgen en den hie min

hjar!

Det dit ljeafde wêze koe, der tocht hy net iens om. Hy riddeneare der

net oer en raffele syn gefoel net út-inoar om krekt to witten, ho-t it

nou wie . . . sa’s bern mei ’t kinstige boartersgûd dogge . . . it wie

s’as ’t wie en hy naem it oan as in jefte fen syn blide jeugd, dy-t ek

de kreft oansterke yn syn jong, linich lichem en syn hert fen lok en

hoop úttine liet as in blossomripe blom. Dy-t him noch mear jaen scoe .

. . hy wist it . . .

Syn tinzen wielewalen noch hwet hjir en der om yn ’t gean fen syn eagen

oer ’e blossomswiere lânnen, mar einliks stûken se wer by Tine as de

seilstien, dy-t wol it middelpunt wêze moast fen sa’n hearlike wrâld as

nou foar him lei . . .

Der hie noait folle smaek yn ’e Hoara’s sitten sa for ’t ien as ’t oar,

mar Gels hie der dochs hwet oar bloed yn brocht en boppedien learde syn

ljeafde him nou it sjen mei dichter-eagen . . .

Ho-t de dodzjende simmerwyn oer ’e fjilden gyng mei stadige sjong’rige

flústring as fen ien, dy-t in bulte sjoen hat . . . en it biweegjen en

meigean fen ’e ieren mei syn sang as folgen se him fen fierrens op ’e

mesyk fen syn hearlik lûd allinne. En den it gloeijen fen ’e reade

moankopsblommen yn ’e rogge, dy-t mei gauwens de goudene lyfdracht,

erfd fen ’e Junisinne, oanlizze scoe as in greatske erfnamme, machtich

oer folle goed. En hy seach Tine der as in keninginne twisken-troch

gean . . . syn hartstochtelike eagen omfiemen hjar byld mei heftige

ljeafdeloaitsen . . . o ho moai wie hja hjir mids alles hwet ek jong en

moai wie, wûnderbaerlik.

Hjar ljocht boskje hier, glinsterich yn ’e sinne, seach hy ynienen foar

him en hjar eagen, dy-t sa blau wierne as de sweltsjes yn ’e mieden oan

in rûge feanpetskant en it teare, fine lichemke yn syn jonge,

moai-linigens droegen fen o sokke lytse foetsjes!

Sokke foetsjes, né noait hie hy tocht, det der sokken wierne en ’t

klappen fen dy hakjes wie for him as ’e mesyk fen ’t lok syn komste.

Sa rein, sa goed wie dy earste ljeafde fen dit natuerbern—selst de

bigearte nei bisit forlokke him net as in slang yn syn ierdsk parradys,

det namsto moaijer wie, omt hy der roan to dreamen en ’t sels net iens

wiste.

Mar o ho’n wille hie ’r! De simmersinne hearde by dy dagen fen syn

libben en de wide, rike fjilden, biblomme en bifrachte mei de rispinge

fen in wrâld en de blauwe, hege loften, dy-t weiwulfden yn oneinigheden

fen onbikende hearlikheit!

En de wyn song oer ’e griene ieren, dy-t noch bûgen leare moasten en

der loek op it beanelân in walm fen geur omhegens út dy waerm-stoofde

bou en dy tûzenen beaneblommen en ’e boekweitboer seach syn lân der al

foar lizzen yn ’e wite breidsklean, oerswarme fen ’e gounzjende bijen

as breidsjiffers om in lokkige—o dy fleur fen det jonge hert en dy

jonge breidkleurige natuer! den binne wirden noch to kâld, komme der

hyn-noch-to-nei net oan ta, den is allinne it libben each de skôger en

bigriper, de minskesiel de forsteander fen dizze stim, dy-t sangen

sûnder wirden sjongt en hymnen sûnder timpel!—

Der wie in foetpaed, det moudich bochte troch it hege Hastinger lân,

bitrape fen geslachten fen Hastinger blomkesykjende bern. Op en del

roan it, by droege sleatten lâns, der de gêrskrûperkes yn ’e toarre

bledden omstrúnden en de miicheamelers hjar forhoalen húzen bouwden, by

de rûzjende rogge troch, dy song as in sé by ’t kommen fen it tij en as

in bern sprong it sims mei in smel streekje moude oer in hege, rûge

dyk, fol fen âlde eskenbosken.

Sweltsjes bloeiden der en foarkjes en leppeltsjes en de kanten wierne

brún fen tûzenen breakes, dy-t der stil en froed inoars brún

simmerpakje biseagen yn ’t skaed fen ’e toarnebeistrûken. En fjirder

wynde det paed, as de greate minskewei sels wynde it him as in smel

giel lint troch de stille lânnen. De roggeïeren waerden lichter en in

minne frucht boekweit skeat der út it oerjierrige yeskelân op en skou

en skrúten bigoan de heide al wer to wreidzjen oer ’t lân út de droege

dykswallen wei en skripte mei taei gedild om ’t hjar ûntnadere ryk wer

yn bislach to nimmen. Der ynienen krûp it paed wei yn in neasich

spjirreboskje, skeanwaeid, heal to pletter slein troch syn westerse

fijan, dy-t by ’t winter sa oer it Hastinger hege lân spûkje kin, krekt

as is ’r ’t gram, om hjir altyd noch beammen fine to moatten.

Der slûpte it paed ta’n yn, der forroan it yn mosk en

spjirrebeamsnuddels—de kammeraet, it selskip wars.

Der gyng Fokke sitten en seach oer ’e heide. Dy kûstere hjar as in bern

yn ’e hjitte sinne en as sloech hja longerjend de earms út, sa tilde it

oer it stille, fiere lân, bisluiere yn fine dize as eagen yn

slomme-dream.

Der wie gjin minske to sjen, de greate, greate stiltme, dy hie der hjar

tinten opslein ûnder dy feletten-blauwe loft, mei allinne in pear

snikwite fûgels yn stadige simmerflecht as skaed yn ’e felle sinnegloed

fen ’e Julimiddei.

In stik twa wattebiters gounzelen om him hinne, mei licht gesweef op

kleurige skitterwjukjes en ’e imerkes gyngen oan yn ’e heidestrûkjes en

sloegene de wjukjes út yn ’t ljocht.

O! hwet wie Hastings nou fierôf! krekt as hie hy noch noait ûnder de

minsken west, mar altyd allinne yn dizze foldiedige natuer, dy-t de

minske like goed alhiel bifredige as ’t blomt, as ’t djier, der hja

tosimmer mem oer wie.

Syn eagen foelen efkes ticht der yn dy waerme dyks-goate oan ’e

heideseam. Twa holders jagen him foarby en setten beide hird ta op in

krekt iepengien strúske lette brimmerheide-blommen. Stil waerden se yn

’e blomkes wei, dronken fen ljeafde en koart simmerlok en foelen do

swier fen slomme neist him del yn ’t sân, det glinstere as

goudkerr’ltsjes yn ’e gloeijende sinne.

Ho lang hy der sa lei hie, wist ’r net. Ynienen waerde hy kjel wekker .

. . der krûp him eat by de hals yn—in spin ef sa. Yn in omsjoch hie hy

de rjuchterhân by de hals yn en sprong oerein.

Yme-boer, dy-t syn bijen nei de boekweit brocht hie, stie efter him, it

skildige raeijke noch yn ’e hân en lake him slop.

“Der ha ek wol ris flitiger west as jou!” sei ’r grapjeijende wei. “In

Hoara en det yn ’e heide! Jimm’ heit syn hierren stiene rjucht oerein,

as ’r ’t heart.”

“Ea hwet, ik siet efkes to rêsten, do gyngen my de eagen ticht. . . ’t

Is ek wer sa broeisk op ’e rein. De wite flinters fljogge my to folle.”

“To folle? Noait genôch waermte. Elts jiergetiid bringt syn eigen seine

mei, de simmer syn waermte en de winter syn snie,” en ûnder ’t praten

wei ried Yme syn hounekarke yn ’t skaed fen ’e spjirren en do foelen se

beide yn ’t goatsje del mei de rêgen tsjin ’t hege wâltsje oan.

“Wolst ris oanstekke?” frege Fokke en helle de tabaksdoaze út ’e bûs.

“Jonge ja,” sei de âlde en hie ’t pypke al yn ’e hân, mar do bitocht hy

him ek wer . . . “Kin ’t wol?” sei’r, “wy sitte yn ’e bosk fen jimm’

heit en mei fjûr meij hjir net pield wirde.”

“De bosk leit dochs oan ’e sintinzje, dy komt der fen ’t winter ôf—Heit

wol ’t oanmeitsje. En ’t is op myn noed.”

Do krige de âld man in stik ef hwet triedtsjes en treau se mei

bidachtsumens yn syn poepepypke mei ’t slap mondstik en seach de

flamkes as in foarsizzing fen wille flikkerjen boppe it droege krûd,

det foar ’t fjûr opkrolle.

“Hea,” sei ’r, “hwet leine jo der skoan to sliepen nys ansens. Ik ha

der in hiel set nei stien to sjen. It wie sikersonk skoan dreamen,

hwent jou laken yn ’e sliep wei.”

Fokke syn wite boppetosken blonken efter de folle lippen. “Diich ’k

det?” sei ’r. “Yn dit moai sinneskyn waer moat min wol laitsje.”

“En as der yen den in faem yn ’e holle omspûket . . .”

“Ik leau net, det hjir fammen binne op ’e Hastinger heide, as ’t moast

Sjut turfstûker wêze mei hjar geiten!”

“Tinkst, det ik ek net jong west ha? Det ’k net wit, ho ’t mei jimm’

gesteld is? Do-t ik sa âld wie as jou hie ’k Minke al op ’e side en ’t

is myn wiif waen. Och jonge en ’k woe se for in fet kou net graech wer

misse, nou net iens!” en der forsêftige him hwet yn ’t âlde forware

antlit . . . it oantinken oan dy jonge innige ljeafde makke syn herte

weak . . .

In setsje sei gjinien in wird, do waeide mei de wyn it jounlet fen ’e

Hastinger klok oer ’e heide.

“Gien jou mei?” sei Yme. “Jou kinn’ wol op ’e karre sitte.”

“Ik gien ljeaver,” sei Fokke en strêke de meagere hountsjes oer ’t

rûpske hier.

“Nou, de hounen scill’ wol komme,” sei Yme en Fokke regele syn stap nei

d’âld man sines, dy-t sims fen âlderdom en onwissens stûke en hja

hearden ’t lege karke efter hjar oanratteljen, stadich, skean en bryk

oer ’e heide yn ’t bochtige sânspoar lâns. Sa gyng op ’t hûs yn.

In felettene jounskimer dwelme der nou oer ’e heide om. De sinne stie

noch heech, mar ûnbisjoen makke de dauwe him klear for syn lette

ommegong. De groun koelle ôf . . . de jounfûgels bigoanen al tsjin

inoar to fluitsjen en trilleren hjar earste noaten troch de stiltme.

Wolkjes fen in hânbreedte greatte plûmken as sulveren weagjes op in

wide, blauwe sé oan ’e lofteinder en hiene sulv’ren seamen as fen

keningsmantels. De frosken kwêken yn ’e heidepoel en oan ’e kant yn ’t

snilegûd widze it nêst fen in reidmoskje hinne en wer mei de lauwe wyn

as dildige widzer.

“Hjir scoe in siik minske soun wirde,” en Yme dronk mei folle swolgen

de hearlike frisse loft yn. “Skande, det it nei de ein ta giet mei

my—ik sjoch der sims súver tsjin oan, det ik hjir wei moat. Mar de tiid

is der . . . ik bin nou yn ’t seis en sauntichst . . . Hwet ik nou noch

krij, is tajeft. En hwa scil den op myn bijkes passe?”

“In oar, dy-t der den wer syn nut fen trekt,” andere Fokke sûnder

omtinken . . . wreed yn syn wierheitsizzen fen minskene bidriûw.

“Det meij Driûwerske nou ek wol tinke, dy-t oars stjerre wold hie yn ’t

âld hûs, sei se. ’t Scil my nij dwaen, as hja ’t der by sitte lit . . .

ik wit net,” en Yme seach nei de beammebosk, hwer hjar pleats yn

forside lei. “Hwet seit de Psalmist[*] ek wer? Mei klauwen en skrippen

komt it byinoar en min wit net iens, hwa’t it nei him nimme scil . . .”

*) Psalm 39: 7.

“Hwet wie det den mei Driûwerske?” frege Fokke yn syn ûnskild wei. Hy

bigriep net iens, hwer Yme op sinspile.

En do droech dy ’t him oan, fen stikje ta bytsje, syn hiele heite

bidriûw fen ’e moarn en ho-t de oaren ek allegear nei de Ham ta dreauwn

wierne, om him to stimmen.

“En nou dochs noch in herstemming!” sei hy. “Hy rukt it net, jimm’

heit. De Hastingers ha’t mier oan him—hy hat syn eigen stâl forbûke.

Jou moatt’ it tsjin him sizze.”

“Dy moed ha ’k net,” sei Fokke flau-oandraeid. “It kin noch tafalle.”

“’t Is binaud, det jimm’ heit him ek sa ynpakke litten hat fen det

jild. Do-t hy sa jong wie as jou . . .! och, hwet wie ’t do in bêste

kearel! Fleurich en gol—do koe der noch ris in sint ôf en nou! de

grúden bedstrie lit hy him ommers noch djûr fen ’e earme minsken

bitelje!”

Fokke liet de holle hingje. “Det wist ik ek net,” sei ’r. “En fen

Driûwerske like min.” Mar hy lekke syn heit net, wylt der in oar by

wie, det koe der net lâns, tocht him.

“Det leau ’k wol,” andere Yme, “mar de straf fen al det kwea kin wol

ris op jimm’ holle delkomme, al binn’ jimme der net hândiedich oan. Sok

dwaen der rêst gjin seine op en sok jild . . . nou, der is in roakje

oan. En nou siz ik jou dach,” en Yme stjûrde syn hountsjes de kant út

nei ’t Hastinger efterom.

“Joun Yme,” sei Fokke en seach yn ’e prakkesaesje wei noch ris oer it

simmer-moaije lân, djipdonker mei wite sânplakjes bistruid,

poarperkleurich yn ’e ûndergeande sinne.

In pear jonge fammen roanen foar him út, smûk de hollen by inoar yn

flústerjend petear en nou en den pearele der in laeits troch de

simmerjounsstiltme, dy-t der wie ûnder ’e hege wei’s beammen. Swietsjes

roan hy se fen efteren yn . . . o det gean nei it lok foar him yn ’e

joungouden sinne . . .! Stil stapte hy op ’t sânpaedtsje lâns neist de

wei en wie al by hjar, eart hja ’t wisten.

. . . “Tine! . . .” sei ’r. “Lys!” mar det hiel oars. Der kaem ynienen

de fal yn syn lûd as in heechstimd lofliet, det ynienen forrint yn in

spinnewielssangkje. Nou gyngen se mei-inoar nei hûs, stadich en de

lichte foetten printen mar efkes hjar leasten yn it droege sân, sa

biwjukke de jonkheit hjar gong.

Hjar eagen seagen him oan as de blauwe wiid-iepene miedesweltsjes de

sinne en sims roerde hjar skouderke hiel efkes syn earm en den krige ’r

ynienen in skokje fen wûndre wille yn syn hert en tocht ’r om hiel

hearlike dingen . . . Syn hert wie sa licht en blij as in fearplûm op

in frisse maitiidswyn en hy waerde der stil ûnder . . . En syn stil

harkjend ear fornaem it lûd fen ’e klokken, dy-t de Sabbathdei fen syn

jonkheitsljeafde ynletten . . .

De joun ware oer it hiem fen Wychman Hoara, de wûndre geur fen in wrâld

fol blommen wie der yn ’e loft . . . mar yn ’e hûs, der rommele it

swierwaer noch nei fen ’e middeis, hy fûtere op alles en elkenien en

roerde it iten net iens oan. Do hy in haedstik út it kristelik dagboek

foarlêzen hie, loek hy de pet oer ’e eagen en wipte krekt sa lang op ’e

knopkestoel om, det hy bigoan op ’t lêst to knikke-boljen.—

Nitelich en ongedien waerde ’r earst wer wekker, do-t Fokke en Lys thús

kamen mei de geur fen ’e simmer yn ’e klean en ’e frisse jonkheit op ’e

wangen. Heit wie stoef en koart en frege net iens, hwer hja west hiene.

En der wie Lys bliid om, hwent heit woe ’t út noch yn net mear lije,

det se by doomné’s foetten binnedoar sette. Doomné hie him langlêsten

raer yn ’e múle hinge op in forgearringe en hy miende to bispeuren, det

doomné him ek net sa mear ward hie for him mei de forkiezing. En omt hy

dochs ien sochte, om dy de skild fen alles jaen to kinnen, wie ’t ien

moite, om doomné alles mar oan to wriûwen.

Nou waerde ’r by den dei noch meagerder en bienbitiger. It gyng tsjin

’t lêst. De oanbifélings for de herstemming, dy hjar fette grouwe

letters gniisden wer as lytse diwels yn ’e krante. Nuttert sines naem

hast in heale blêdside yn bislach en sines—nou dy stie forside únderoan

mei in stik mennich nammen en Wychman en Oebele reisgen noch ris wer by

de ljue lâns, dy-t ûnder hjar sieten en dy hjar noartsk as stil-bidêsd

to reden stiene.

By Driûwerske to kommen, dy drystens hiene se dochs net wer. ’t Ald

wiif hie hjar grif fen ’t hiem jage, as in âld mird wie se, dy-t in

nêst mei jongen fordedigt en hja raesde hjar lijen wech-en-der-wear út,

det de hiele gemeinte der fol fen wie. “En ik hie tocht, det ’k der

stjerre scoe! en nou fordriûwt ’r my fen myn hússteed, fen myn

âlderserf, dy diwel! Ik forwinskje him, det syn âlderserf forfalt en

syn bern omkomme!” sa forflokte se him daeg’liks mei hjar skel lûd, as

Wychman hjarres foarby stroffele mei ’t kofjetsjetteltsje nei ’t

haeilân ta.

In dei ef hwet letter slingere de herstemming de fordieldheit wer yn ’t

lân. It trof wer sa—it reinde miggelich wei mei in slopseilskoelte en

de Hastinger boeren sloegen hjar slach.

Wychman Hoara sonk as in stien. To licht bifoun, 297 stimmen forskil.

’t Wie krekt, as trille der hwet as freez troch Hastings, nou-t hja de

roaver sa stiene. Krekt as scoe hy him nou wreke, geweldich, tomûk,

sa’s in ûndier, det in oaren ien nei de strôt springt, omt hy der

allinne it libbensbloed rûkt! Mar der barde neat. Yn ’t earst oan hiene

hja neat to frezen. Hy wie noch fierst to folle yn ’e sûs fen ’e slach.

Moannen en moannen wrotte en wrame de pine oer dy tobekset him yn ’e

holle om en yn ’t earst oan, as ’t riedsforgearringe wie, krûp hy de

hiele middei op ’t hea op ’e bûthúsbalken. Det koe ’r net sjen, det

Nuttert der hinne stappe scoe, om op syn plak to sitten!

Mar Novimber kaem yn ’t lân, it lânwirk wie biredt, it fé stie op ’e

stâl en de soarch fen in jier joech hjar del to rêsten. Min sloech de

doarren ticht efter de jiersrispinge, dy-t geurich en swier yn ’e

fekken oploege wie.

Yn de koarte dagen, de lange jounen slûpten de twillingbroerren

omtinken en neitinken by ’t twiljocht fen ’e winterdagen yn ’e húzen.

En Wychman Hoara binuttige dy tiid. Gjinien naem hy yn ’e heimnisse . .

. hy wiste it wol, krekt s’ as de Egyptyske presters by âlds, det der

gjin geheim better biwarre is as by yen sels.

Allinne hy hâldde him hwet mear binnedoar. Der mocht noch ris hwet oars

úthingje as det de pipe him út ’e mûle sketten waerde en ’t libben is o

sok in swiet bisit!

Der ynienen klonk de ellinde as in skreau oer Hastings, yn ’e

winterstiltme fen ’e droeve, ôfgeande dagen, dy-t mei bleke eagen oer

it forlitten lân sjogge. Fiif boeren sei hy it jild op, det wie mei

Driûwerske seis. Nou ’t it lân sa brea goedkeap wie, wie ’t hjar

ûndergong.

En de wille oer dy fornietiging seagen se fonkeljen yn syn eagen, dy ’t

miskien ien trien litten hiene om ’e fal, dy-t hja mei inoar

biwirkstellige hiene en dy hy him nou mei tûzenen fen ’e allerbitterste

triennen bitelje liet. Nou koene se gean to skoaijen en stimme, hwa se

woene, gniisde hy yn him sels. Goaitsen’s Poai en Hindrik en Ljibbe mei

de jonges en de turfboer Japik, allegear, allegear krigen se it fonnis

thús en hja mochten hippe ef springe, hja koene opkrasse.—

De pleatsen stiene allegear al ûnder forkeap, dy iere maitiids, do kaem

Douwe slagter der skytskoarjende oan en pleite for syn mem, alhiel yn

’t lyts himd mei triennen yn ’e eagen. “Lit hjar der den tominsen to

hier bliûwe,” sei’r. “Mem kin net fen ’t âld spul ôfsjên, Hoara. Hja is

der sa oan forkleefd.”

Op in Sneine hiene se det petear mei de heldere wintersinne op ’e

glêzen en de stille fredige natuer slomjende ûnder de toarre bledden.

“Ja,” sei Wychman, “nou kinn’ jimm’ wol komme en bidde en smeke ’t

hûndert út, mar do-t ik ris kaem om in kleinigheit, hwa jage my do ta

de doarren út? It hie net folle skild, as ik wie der útsmiten en ik bin

sa min op ’e gong. Dy-t it jild gjin eare jaen wol, moat it mar kwyt,

Douwe,” en it oantinken oan syn fornédering makke him noch ris wer

troch ’t razene hinne. “Dy beide stimmen moat djûr bitelle wirde. Dû

kinst nou sjen, ho’n waerde as ik se wol net tarekkene.”

Douwe sei neat, hy bûgde de holle as in beam, dy wit, det hy tsjin

dizze stoarm net bistand is.

“Fij!” sei Martsen ynienen, “dit giet my botternôch, Wychman. It minske

is âld . . . hja stiet al mei de iene foet yn ’t grêf.”

“’t Kin my neat skille,” sei dy wreed-wei werom. “Dy net hearre wol, dy

_scil_ fiele en as hja do skiklik west hie, Douwe, ik siz dy dit, hja

hie der side mei bispoan.”

Dy gyng oerein, de triennen roanen him oer ’e meagere, brúne wangen.

“Om ús . . . mem ha . . . ik my fornédere foar jo, boer,” kaem der

stammerjende út, “. . . om ús bêste, kloeke mem . . . It scil hjar de

dead dwaen.”

En hy gyng der stil út mei al syn bittere ellinde yn dy kalme natuer,

de wei út, dy-t mem sa graech ris útsjen mochte.

“Wychman, dû bist to wreed,” sei Martsen en seach him noch ris wer oan

sa’s by âlds. Mar selst for dy eagen torânde de iiskoarste om syn hert

net mear. Det wie oan ’e boom ta bifêrzen yn ’t jildiis yn ’e lange

winters fen gjirrigens.

“Bin ik,” andere hy stoef. “Lit se fiele, ho sear as ’t docht. Hja

binn’ der mei bitelle, dy apen. As de soannen my holpen hiene en ik wie

der troch kaem—it pompier lei klear, den hie ’k det âld wiif de rinte

kwytskolden hjar libben lang. Den hie se in goede âlde dei hawn. Mar

nou scil ’k se knipe . . . sá!” en hy krige in sulveren leppeltsje út

’t thépantsje en bûgde it dwarstroch.

“Dû bist net wiis,” sei Martsen en gyng der lilk út.

Maeijedei rieden de frjemde weinen mei de frjemde ljue troch Hastings.

It wierne de nije eigeners ef hierde boeren fen ’e forkofte pleatsen.

En op in âld boerewein ried Driûwerske fen ’t hiem ôf, it bisit, der

hja sa kloek en diger for west hie.

Hja hie der stjerre wold yn ’t âld hûs.

De Hoara's fen Hastings · 第 12 / 19 题