Krektlyk as by âlds by de Joaden, hiene de Hastingers ek hjar sounebok
de woestenije ynjage. Det wie al lang lyn en hja hiene der allegear
hândiedich oan west, de geseten ljue, de hânwirksljue, ja selst ta de
skoall’bern ta. Wychman Hoara koe ’t noch smaeklik fortelle. Allinne
doomné Westra net, dy hie him omdraeid, do-t der hwet sober húsrie op
in skouwkarre hjarres foarby gyng en in lyts wyfke wezenleas efter oan
kaem mei in kliber lytse bern om hjar hinne, in opjage fûgel, dy-t gjin
hinnekommen mear hat.
En de woestenije hjirre wie de heide efterút, de eineleaze, greate,
dy-t de balling opnaem mei de gastfrijheit fen ’e earmoed for ’e earme
en him seaden joech for in hûs en it kleare wetter fen ’e heidepoellen
om to drinken. En hja bigroete him as in frjeon mei in glimke fen hjar
sinnestrielen, do tsjin ’e joun de skaden fen dy minsken en ’e
skouwkarre hjar ôfteikenen tsjin ’e loftein, de reisgers yn drôfenisse
nei it lân, det hjar frjemd wêze scil.
Wezenleas slierke it minske de skouwkarre efternei, oan eltse hân in
bern en de lytse yn in wollen skelk foar ’t liif. Hja hiene de sinne yn
’e rêch, hja gyngen nei ’t Easten, det út en Hastings, der hja jong
west hie, lei al mear as in ûre fen hjar ôf.
Hja seach net efterom, hja seach net foarút op dizze eineleaze reis,
do-t de wanhoop hjar hert toskûrd en tognidde hat. En de heide, dy
skittere yn kleurige simmerwille en de loft wie sa klear en dy dreau sa
heech en de fûgels songene, mar det bistie allegear net mear for hjar.
Hja waerden ommers forskopt, foartjage út Hastings, út ’e maetskappij
en hjir op ’e heide mocht nou de ienling forkomme yn syn iensume
ellinde! De sounebok! de rúdige houn! der in stien noch to goed ta is!
Dy-t min forhongerje lit by ’t winter, as er snie leit!
Haet! haet! bûrrele ’t as bittere alsem yn ’t saed fen hjar hert op.
Hja woe wol, det hja stjerre koe, sa mar delfalle oan ’e kant fen ’e
sânwei yn ’e brúne heide. Den wie dit ondragelike lijen út en hearde
hja it piipjen fen d’âld karre net wer, noait wer!
Mar hjar bern! O dy bern! Hjar bern! Mei syn eagen ef hjarres, hjar
inerlikste ik yn in nije foarm yn ’e wrâld, elts in stikje fen hjar
eigen antlit en hjar wezen, der se hjar eigen lichem om ôfbeuld hie en
hjar gewisse it swijen om oplei as det frege: Hwet scil hjirfen
groeije, Maei, túch as sied? En hwet wie hja der dochs mâl mei! Al
wierne se ek mei fen him, út rûch hout snien, der de ellinde de
skaefspûnnen ôffleane liet, heiteaerd en heiteëagen . . . de mem hie
dochs hjar bern ljeaf . . .
Hja telde se ris oer en joech se noch ris wer al de ljeave nammen, dy-t
allinne in mem mar bitinke kin. Jelle de âldste, dy mei syn krol hier
en Mient de stille en Aegjen, Bet mei hjar ljeave heldere eagen, dy-t
nei hjar mem neamd wie, Jinne en Mame en den de lytse poppe noch, dy-t
se op hjar widzjende earms droech, lytse Seaske.
Ien amerij forgeat hja de bitterheit fen hjar hert . . . noch wie hja
mem, de seinjende en seine-bringende fen in nij geslacht en de minsk,
dy-t hjir hjoed to Hastings trape wie as in forkomm’ling en it wiif,
det nou mar mear de slavin wie fen in man, dy-t ta de maetskappij
útstiennige wie, dy beiden krong de mem oan kant yn it oersterk bisef
fen hjar ivige ljeafde . . .
Mar o hwet wie ’t bitter, det hja dit paed lâns moast! Dy ienlike
sânwei, dy-t sa glinstere en in gesicht fier foartkrinkele yn ’e
jounsinne nei hjar hûs. Hwer wie ’t, hwer stie ’t?
Hwer wachte it op hjar? Hwer scoe ’t syn mûrren as in skutte om hjar
leed hinne oprize litte, det hjar lytse bern dochs in plakje ha
mochten, der hjar holkes rêste koene?
Hja seach . . . hja seach . . . op ’e Hastinger heide stie gjin hûs,
det op hjar wachte . . . Op ’e sounebok en syn oanhang . . .
Do liet hja hjar ynienen mei in heftige skok delfalle oan ’e kant fen
’e wei. Der lei se . . . ôfmartele . . . deastil . . . de bern gûlende
om hjar hinne . . . in stipke minskewea yn in wrâld fen oneinige
iensumheit.
En de skouwkarre gyng fjirder . . . It piipjen fen ’e âlde radden
knaste earst noch hwet tichterby, skerp yn hjar earen, do fjirder ôf
einliks, do hearde se neat mear as ’t rûzjen fen ’e wyn oer ’e heide.
De greate kearel derefter seach net iens om—’t wie ek lang de moite net
wirdich . . . hy hie wiif en bern gled forgetten. As hja delfoel, scoe
hja wol wer oereinkomme en oars den mar yn ’e sliep falle, der se lei.
It wie simmer en reine scoe ’t ek net. Hy mocht der wol oer, det det
geëamel fen ’e bern om iten nou ek ophâlden wie. Hy koe nou ta him sels
komme en ris op eigen manne boete om in plakje sjen, hwer hy wenje koe.
Der daedlik by de spjirrebosk? Jonge ja, det wie oanslach! Hout om ’e
nocht en winters in hazzestrûp!
Oan ’e iene kant roan de heide hwet del nei ’t doltsje ta en yn ’e
midden derfen lei in plakje klear wetter yn ’t skaed fen bjinten en
reiden. In stikmennich âlde elzenbeammen stiene der omhinne,
skeanwaeide knobbelige stammen en yn ’e heechste soeide in eksternêst.
Ien fen ’e âlden siet op in beamtokke en skattere it út, do’t ’r in
minske seach. Det wie op ’e Hastinger heide in wûnder gefal.
Do waerde dy man pûrrazen. Hy krige it âld gewear fen ’e karre en lei
oan . . . Kroandea foel de ongeloksfûgel foar syn foetten del. It bloed
dripte him út ’e wite fear. Do-t hy det mar seach, wie hy foldien.
Krekt as sakseare syn razene nidigens ynienen. Hy bigoan om ’t wiif to
tinken en det hja de lytste droech.
“Maei!” skreaude ’r. Mar de trilling fen ’t minskelûd stoar wei oer ’e
heide en de wyn brocht gjin wjerlûd mei fen fjirrens. Earst spande ’r
deabidaerd de houn út en joech him hwet drinken yn in âld nap en in
plaske brea . . . do rôp hy noch ris wer en kúrde mei syn skerpe eagen
oer it simmerwaerme lân.
Noch neat?! Swiermoedich gyng de wyn ôf en oan oer ’e spjirrebosk, de
heidefûgels songen om him hinne, de imerkes hipten piipjende yn ’e
heide om, mar in minskelûd hearde min net boppe de lûden fen ’t
heidelân út. It wie der in iensumheit, dy-t biëange, ja de stiltme, as
yn smert en forlittenheit de langst nei in evenminsk berne wirdt!
Do fielde hy syn lot . . . Do waerde de sounebok noch ris ienris wer
minske. Hy stie tsjin in beamstamme oan en de triennen rôllen oer syn
meagere brúne wangen en hy snokte it út: “Maei, Maei, koe ’k noch werom
. . . noch ienris wer!” Mar allinne God en de heide hearden dy
bikintenis, seagen him lyts . . .
Do skroeide as in brânizer syn hert wer ticht. En hy joech him ôf, noch
ris wer det út nei Hastings ta, om ’t wiif en ’e bern to siikjen. Hja
lei noch der hja lei en de bern stiene skrútel om hjar hinne. Do-t hja
him oankommen seach, forheuvele hja hjar in bytsje en der kaem hwet
read yn hjar waeksgiele wangen. Krekt sa’s do-t hja him for ’t earst
sjoen hie yn hjar heitehûs to Hastings. As de dei fen jister wist hja
’t noch! En do hie hja ’t al witten, dit waerd’ hjar man, al scoe ’t
hjar ’t libben ek kostje. In knap jongfeint hie ’t west, sa’s hy der by
hjarres foarbygyng en syn gleone eagen seagen sa bretael by hjarres yn,
det hja der hiet en kâld fen waerde. Sont dy dei bistie der neat mear
yn ’e wrâld as hy . . . En do-t it marke wie, kamen hja by inoar en
diselde joune let siet hy by memmes by de hird en learde it bern fen
sauntsjin jier, hwet ljeafde is, hiette simmerljeafde, as ’t nôt op ’t
fjild leit to stoven en der neat op ’e wrâld is as gloed, loks-lust en
wille, dy-t yen yn tûz’nen eagen fen minsken en fen hiel de natuer
tomiette blierket.
Hja trouden, alwe jier lyn . . . en nou! nou wierne hja de heide ynjage
. . . Der kleefde bloed oan syn hânnen, minskebloed fen in wiif, det hy
nou al wer ljeaver hawn hie as hjar. It teare bleke wyfke bitsjutte
neat mear for him . . . hy woe in nije jeugd, in nije ljeafde . . . En
hy foun se . . . mar hy moast se mei in oarenien diele. O hja koe him
sa, det earme forstompte wiif . . . Det forkroppe hy net—det moast mei
bloed útsoend wirde. Hja seach, ho-t ’r syn gewear krige, ho-t syn
eagen, de greate brúnen, flikkeren yn syn woeste haet en ho-t hy oanlei
der dy winternacht yn ’t Hastinger efterom . . .
Noch noait skeat hy mis . . . Krekt ûnder ’t hert hie hy hjar rekke,
der de kreftige jonge longen heftich loft en libben ynsûgen. Der koe se
oan stjerre . . . wiken letter en earst der noch ris om tinke, ho ljeaf
’r hjar hawn hie en gjin oaren ien neist him dilde, en hy soene de
skild mei straf.
En do-t hy werom kaem út ’t tichthús, trije jier iensum sitten, hie se
him neat forwiten en nou ek net, nou-t se ta Hastings útjage waerden.
Hja scoe noch mei him nei d’ein fen ’e wrâld ta gean wolle, mei hjar
man, Warmolding, de sounebok.
Do hie de heide in hûs for hjar. Efter in tropke beammen spanden se in
stik seil en ’e âld skouwkarre setten se tsjin ’e kant op en der
sliepten hja dy nachts mei de honger ta selskip.
De eineleaze greate heide, dy-t der by Hastings leit efterút, wie net
iensum mear . . . It greate minskeleed syn skaed is der oerhinne gien .
. . Do-t Wychman Hoara de oare deis nei ’t ôfbrekken fen ’t hûs fen ’e
sounebok seach, gnyske hy. En do-t hy om in bleek blond fromminsk
tochte, det to nacht de heide as nachtleger hawn hie, tocht hy ek om in
merkejoun, do-t hy hjar net iens oanroere mocht, lit stean in grapke ha
mei hjar dertene jeugd. En nou hinderen him de eagen fen Warmolding,
dy-t de Hoara’s net wanlyk wierne, ek net mear . . .
De oare deis barde der hwet wûnderliks op ’e heide. Twa trêdden de
foetlêsten nei fen ’e sounebok op ’e breedspoarige sânwei. Oars sochte
der yn jierren nimmen in paed.
De iene hie dy nachts gjin wink yn ’e eagen hawn, sa pakte hy mei in
oarremans lijen om en de oare moarne foar dei en foar dage sette hy de
stap der al ûnder, krekt as waerde hy oanfitere . . . hird . . . hird.
Der wierne minskesielen to forliezen, kostliker as alles, hwet der op
ierde bistiet en sa lang det der sa moast op ’e heide, banke hy net yn
’e hûs.
Hy kaem to let . . . For de jefte, dy-t hy to jaen hie, foun hy noch in
iepen hân, mar it wird, det hy to sizzen hie, foun gjin wjerklank mear
yn it wanhopige hert. It hope net mear . . . it hert fen Maeike wie
forhirde op reis nei dy heide sûnder hûs ta en biseffeleazens en
ûnforskilligens wie ’t, hwet der oerbleau.
Mei de holle foardel joech doomné Westra him wer ôf nei hûs ta. Hy koe
hiele Hastings wol hate optheden om hwet hja oan dit húsgesin
misdreauwn hiene en der de straf ek net op útbliûwe scoe. Ho doarsten
hja him fonnisje! Wie der net Ien, dy-t allinne det rjucht hie en
spriek Hy net fen ljeafde en forjaen, dy-t him as skildich oan Him
oerdroech mei al syn sucht nei ’t goede en syn oandrang ta ’t kweade?
It skaed fen ’e twadde, dy-t de heide ynstiek, wie gâns lytser as de
earste en it gyng hast krûpende wei fen yneinens. De foetten wierne him
trochroân, de tonge hinge him út ’e bek . . . mar o! hy roek de âld
baes en de houn sleepte syn warrige lea foart, siik fen onwennigens en
honger, nei dy stippe yn ’e fierte, det syn opskerpe eagen wol seagen,
det de baes wie, d’âld baes, der hy mei op ’e jacht gyng en der hy
allinne mar ûnder stean woe. Det wie de baes . . . dy oare hie him mar
koft, mar hy hie him opfokke!
En hy sleepte him foart en biroek bigearich it spoar nei syn folk en
do-t hy de baes mei greate stappen oankommen seach oer ’e heide, op him
ta gyng hy lizzen en giselstirte allinne mar mear fen blidens. Hy koe
net mear . . .
Do dripte der in minsketrien op syn gled fel. Dy wie fen ’e baes . . .
dy seach, ho trou as ’t dier wie, det him folge yn ’e ellinde.
Om middei hinne foel it skaed fen in tredden ien oer ’e heide. Dy siet
op in ierdkarre mei in moai appelich hynsder derfoar en det gyng
holderdebolder foarút, skean oer alles hinne op ’e spjirrebosk yn.
Warmolding hâldde de hân boppe de eagen en kúrde dy kant út, der de
wrâld fen triljende sinneskyn en kleurepracht lei en húzen en ûnderdak
. . .
Do draeide hy him om en bigoan wer to seadstekken for in heidehûs . . .
Hwa-t der oankaem, koe him neat mear skille, hja wierne ommers útdien
út ’e maetskappij . . . Miskien wol de iene ef oare dy-t him bispotte
woe yn syn earmoed . . . Hy scoe de hounen op him oanhysje, den koene
dy him forskûrre.
Nou fluite hy se ynienen mei in lokjend lûd. Hja sprongen by him op en
slikken him de hânnen. “Koest jonges . . . goed folk . . . Pas op ’e
frou.” Der stouden se al hinne en gyngen foar Maei en de lytse lizzen.
Hy seach ’t, det diich him goed.
“Hâld ’t hynsder ris, Warmolding,” rôp in frouljueslûd en mei lange
stappen gyng hy der hinne en hy, dy-t him oars fen nimmen kommandeare
liet, hy hâldde it hynsder. It fromminsk stapte fen ’e ierdkarre ôf en
op him ta. “Hwet ha ’k om jimm’ yn noed sitten,” sei se. “’t Is dochs
allegear noch goed? mei de lytse?”
Dy sêfte wirden sloegen in great gat yn syn hird gemoed, krekt as ’t
hammers wierne. O der wie noch ien, dy-t him noch to reden stean woe,
dy-t him opsochte yn ’e ellinde en hja! hja!
Mei wylde eagen seach hy op hjar del en der loek in fyn read oer it
stoefe, brúne antlit. “Doarsten jo it ûnderstean en gien’ hjir lykme
allinne hinne?” húne hy. “Hwa wit, hwet jo oerkomme kin by sok onrân,
det de heide ynstjûrt wirdt om to stjerren!” Syn eagen skeaten fonken,
hy seach hjar lyk oan.
Mar Hester foroare hjar der súver neat om. Mei hjar kleare, heldere
eagen seach hja him op en del oan en do sei hja ienfâldich: “Wolst wol
leauwe, der ha ’k net iens om tocht, Warmolding. My hwet oerkomme by
jimmes? Ik tocht . . .”
“Nou siz op . . .” Det klonk as in bifel. Den hiene al de frouljue,
dy-t hy kend hie, al trille, as hy sa mar bigoan wie.
“Ik bin net bang,” skodholle hja. “Ik woe allinne mar sizze, myn skûrre
is greaternôch en joun gien’ jimm’ mei nei úzes . . . En in hûs scil
der ek noch wol komme.”
Hy lake—hird en kâld. As in wanklank klonk it yn ’e harmony fen ’e
stiltme fen it heidelân. “Mei!” skreaude hy. “Noch ris wer! noch ris
wer de heide ynjage wirde! Al scill’ wy ek fen honger omkomme, in
Hastinger sjocht my net wer as . . .”
“Nou?”
“As by nacht.” En it wiif hearde derút de flok oer Hastings.
“Nou ik moat ek noch efkes by Maei sjen,” sei hja en hjar lûd trille in
bytsje. “Bliûwst by ’t hynsder?”
“Né,” sei hy, “ik scil ’t útspanne en byn ’t oan ’e beam. Gien der mar
hinne, der by de spjirrebosk en drink in pantsjefol kofje mei ús. Det’s
tominsen noch redt út ’e ellinde,” en hy lake wer en liet de wite, geve
tosken sjen. It snie hjar troch de siel.
“Ho, wachtsje. Wolst my earst noch efkes helpe? Bring dit Maei, man,”
en in greate baelsek fol gûd rôlle fen ’e karre. De bern kamen der op
ta en dounsene der al om hinne en earst, do-t se allegear in stik koeke
hawn hiene, waerden se stil en gyng Hester nei de spjirrebosk ta, der
Maei al út stie to sjen nei dy wûnderbaerlike bisite. O hearink,
Hester! Do bigoan it sloof sa earmhertich to kriten, det it in hert fen
stien weak makke hie.
“Ik tochte, ik moast hjir ris sjen,” bigoan Hester. “Och Maei, jimm’
moatte mei, sa kin ’t net mei dy lytse harten fen bern. ’t Is in
ôfgrys, ik wol ’t net lije, út noch yn net.”
“Hy moat it witte,” sei ’t bleke wyfke mei in sucht. “Hy scil ús wol
troch de tiid helpe. Wy ha nou dochs gjin thús mear as . . . hwet . . .
seaden. For ús is der gjin plak mear . . . en . . . gjin iten...”
“Det is der wol,” sei Hester en hja pakte in greate koer út, der siet
fen alles yn en ûnder yn lei in stik spek, safolle, as se yn gjin fiif
jier by inoar sjoen hiene. En in pear wollene tekkens kamen der for ’t
ljocht en klean . . . Mar wer mei nei de streek, der liet it wyfke ’t
ear net nei hingje. Der barnde de groun hjar ûnder de foetten, sei hja,
der makke de haet de minsken ta diwels, en hja seach it fromminsk foar
hjar oan. Dy wiste net iens, hwet leed bitsjutte, dy hie net in
woestling ta man, en gjin kliber bern om hjar hinne, dy wenne fredich
en foldien yn in moaije stjelp yn ’e bûrren en hie neat brek.
Maei koe ’t hjar hast net bigripe en dochs . . . hja bigoan ek âldsk to
wirden en nou ’t de sinne der op skynde, lei der súver al in
sulverglâns op hjar swart hier. Fensels net fen ’e soargen, dy hie se
net. Och, hwet wie de iene al folle rykliker bidield as de oare! Mar
hja ginde it Hester Hoara fen herten, O! as ’t sloof ris witen hie, ho
min dy rike Hester ’t sims ek nei ’t sin hie, ho der faken in
onbidimberen forlangst yn hjar opkaem nei dingen, dy-t hja noait net
keapje koe for jild en ho-t hjar holkjessen sims wiet wie fen bittere
triennen!
Dit hie de tredde west . . . dy-t de sounebok opsochte yn ’e woestenije
en it waerde de lêste.
De skimerjoun weefde al mei syn lange beverige fingers oan ’e skearing
fen ’t kleed fen ’e nacht, do spande Warmolding it hynsder wer yn. De
karre wie leech, mar der lei in leger spraet for de nacht mei goed
tekkens deroer en hja hiene allegear sêd hawn.
De heide, dy-t by dei al roazeread bigoan to lykjen troch de knopjende
strûkjes, fordonkere hjar nou ta fealbrún. Hjir en der glinstere in wyt
sânplakje, forbrede him it skaed fen in stikmennich âlde beammen ta in
hiel bosk yn ’t twiljocht fen ’e lette skimerjoun. It fûgelt waerde
stil en de helderste stjerren kamen al fier en flau oan ’e loft, hwaens
poarper yn teare, fine kleuren toraende, nou ’t de sinne ûnder wie.
En sa gyng de lêste fen dy trije nei hûs.
Sont dy dei binne al in bult minsken hjar eigen wegen gien, mar gjinien
sines roan wer oer ’e Hastinger heide nei ’t hûs fen Warmolding ta. Hja
woene him forjitte, mar o! yn hjar haet libbe hy ûnfornietigber foart
en ûnder dúmkes wei sette Wychman Hoara de Hastingers altyd alweroan
tsjin him op. Wirk koe hy nearne krije en boadskippen op ’e pof ek net
en as de bern by ’t winter delkamen as ’t krap wie en fregen by de
húzen, den smieten se hjar de doar foar de noas ticht. Waerden der
keninen stellen, det hie Warmolding dien fensels ef gûd fen ’e blikken
helle, hy wie der hândiedich oan. Wychman Hoara syn pindam fen ’t
polderke wie op in nacht trochgraven, det waerde Warmolding ek al wer
oanwreauwn en dy wie sa earm, hy hie net iens in lod. Dy hie hy fen
’thjerst forkoft for iten. To Hastings doarst hy net mear komme, hja
hiene him der út kneppele. Wychman Hoara lake yn syn fûstje . . . sa
moai hie hy dy Warmolding wjuklam slein en út ’e reek kosseband. Nou,
hy hie der ek syn reden for! . . .
It wie nou al lange jierren lyn en Warmolding hie net de lêste west,
dy-t Wychman Hoara syn namme forwinske. Der wierne al in bulte, dy-t in
pik op him hiene, mar hjar jild joech hjar noch safolle ontsach, det dy
stumpers dûkten hjar en bismoarden it yn hjar sels.—
Ienkear op in joun yn ’e foarwinter sette Wychman Hoara de stap der
ûnder nei syn sister Hester ta, om hjar lânhier to bringen. De stive
buffel hie hy oan en hy siet ta de earen ta yn ’e muddefellen mûtse,
hwent der waeide in spitse Noard-Wester stoarm mei sniebuien en sa nou
en den knypeage hy tsjin de heilstientsjes, dy-t as feninige lytse
kûgeltsjes om ’e earen fleagen.
Goed fjouwer ûre wie ’t, mar al hast tsjuster. Grouwe buien fordonkeren
it lêste sinneglimke, der ûnder yn ’t Westen, hiel djip efter de
elzenwâllen wei, dy-t der neaken en kâld tsjin ’e wyn stiene to waeijen
mei in hiel lyts biwyske bifearzen snie- en heilgûd op alle tokken,
krekt as hie in skilder se sketst mei flauwe wytkrytstreekjes tsjin ’e
leadgrize loft, hjir hwet, der hwet, mar masterlik, krekt genôch op ’t
rjuchte plak. Sa lei det hiele Hastinger winterlân der foar him, al
oerkape fen ’e tsjusterens fen ’e winterdei en de sterke wyn jage oer
’e heide en woán tsjin ’e joun noch yn woeste kreft as in wrede held yn
’t kliûwen fen syn gloarje.
Simen winkelman kaem him foarby op ’e hounekarre. “Joun boer!” rôp hy
al oansjitsk fen fierrens. “Winterwaer!” en hy wie al fen ’e karre ôf
om in praetsje to meitsjen.
“Joun,” sei Hoara noartsk en stapte tróch. It noaske him net optheden,
om him mei dingen ôf to jaen, dy-t neat om ’e hakken hiene en hy loek
de buffel noch hwet heger op om ’e greatske, stive nekke, noch read
forbarnd fen ’e sinne fen ’t simmer.
As in woelige sé gyng ’t der yn syn holle oan-wei. It arbeide der yn
inoar om, krekt ef hiene se der binnen mei inoar ôfpraet, om him ris
omraek to narjen en dy tinzen woene hjar ek net fordriûwe litte, al
sette hy him ek noch sa to skrip. Sont de tiid, det Nuttert út ’e
tsjinst roan wie, like ’t wol, ef stiene elk en ien de hânnen forkeard,
krekt as wierne de hynsders earslings foar de wein slein. It taforsjend
each miste der, it âld bistel, det mei ’t bidriûw great waen wie en der
oan forkleefd rekke yn in minskelibben fen trou en beuzigens. As hy woe
as net, det bikinde Wychman Hoara him sels nou, dy Nuttert hie der mei
redt as wie ’t syn eigen en hiel, hiel djip yn syn binnenste, eare hy
it lytse wâldmantsje der nou noch om.
Hy miste him. Yn allerhânne forgearringen siet hy net sa gerêst mear op
syn plak as yn ’t foarige, op ’t wykmerk to Ljouwert miste ’r al ris in
kearmennich, hwent op twa plakken tagelyk wêze koe hy ek al likemin as
in oar, mar om wethâlder to wêzen hie hy noch tiid planteit. Det wie
syn gloarje, der as de rjuchterhân fen boargemaster to sitten, der
groeide hy fen en al koe hy allinne mar ja en amen sizze op minhear syn
útstellen, och jonge! al hie ’t him ek tûzen goune kostje moatten, hy
hie ’t der wol for oer hawn, al ginde’r oars de earmen en ’e tsjerke
skraech in heale sint.
Heit en pake hiene it ek west—it wie femyljetradysje en ienkear . . .
ienkear, letter, folle letter, den waerde Fokke it en scoe hy op heite
plak sitte, op ’e stoel mei ’t read fewielen kjessen. Sjoch wrachtsjis,
der bigoan ’t gemael wer. Krekt al dy argewaesjes wer forgetten, der
kaem mei Fokke him ek dy smoarch jonge fen Nuttert, Date yn ’t sin en
Nuttert wer. En dy roan nou mei de marse!
Wychman Hoara kâldgnyske derfen . . . Tocht ’r, det hy der droech brea
mei fortsjinje scoe, al dy winters for det leger bern en det fûle wiif?
Och Nuttert wie sa slûch det, ryk rekkenje en earm telle, der roan ’t
op út en den mei hangende poatsjes wer nei de boer ta. Wychman Hoara
syn innigste bigearte wie, det dit noch ris barre mochte. Hwet scoe hy
him den ôfmeitsje, mei wrede wirden stiennigje en den wer oannimme for
in lyts deihierke. Hwent hy woe der foardiel mei bispinne, him
ôfmeitsje as minske en ôfbrûke as arbeidskreft.
As ’t mar ris in strange winter wie, scoe hy wol delkomme. Wychman
Hoara seâch him al, hjir dit paedtsje lâns, it lytse mantsje mei syn
tsjalskonkrige gong en syn slaefsk antlit, sa’s him tochte, det de
mindere man ek hearde to wêzen.
En de Hastinger ljue, dy woán hy sa njonkenlytsen al aerdich nei syn
eigen hân, allinne syn folk, dy mochten graech ris roet yn ’t iten
smite. Reinder en binammen Hester, dy koe him ’t mannuael sims raer
oplêze—det wie lang net ien lucht.
Hwet koe hja der sims oer útgean. “It binn’ minsken, Wychman,” sei se
den en de kleur skeat hjar yn ’e wangen en hja seach sa brienich det,
“ik wik it dy, detst hjar siel net trapest. Sûgje se it mark net út ’e
bonken om in stûr ef hwet, it scil dy sûr opbrekke. Dû moatst der
rekkenskip fen dwaen.”
“Det doch ’k!” hie hy den daedlik klear as wjerwird en om himsels sân
yn ’e eagen to struijen, birekkene hy ’t alle jierren by ’t boekslúten
sa: súvere ynkomsten _f_8775 en hwet lyts gûd. De tsjerke krige
Nijjiersdei in ryksdaelder en op ’e list for ’e winterútdieling yn ’e
heide teikene hy elts jier alweroan trije grouwe ryksdaelders as
wethâlder om in goed foarbyld to jaen, det wie al tsjien goune en
brocht him sa ’n twa en tritich stimmen oan. Jild-bilizze, det fortúten
diich. It wiif joech de skoaijers altyd sinten, in hiel kaptael sa’n
winter lang en as der in kollekte yn tsjerke wie yn ’t bekken, den
joech se in spiksplinternije goune. Det blonk! Hy hie altiten in restje
lizzen yn in âld doaske yn ’t kammenet, for Fokke en Lys op ’e jierdei
en ’t bekken en as doomné Fleurin kaem to skoaijen for syn earmen.
Sines! It wie krekt, as alle heidtsjers fen syn femylje wierne, sa
earmhertich koe hy skoaije en den smiet hy sels it jild ek mar wei, det
as min net al to deun lykje woe, den moast min wol yn ’e pong taeste.
Hy mocht Fleurin, dy moaiprater, net lije. Hester en hy wierne grif út
ien daei knypt ta minsken. En den hâldden hja altyd allebeide dy
Nuttert de hân boppe de holle. Fensels, Hester scoe him ek wol wer jild
jown ha for syn marsenegoazje, dy hjar pong skúrt se altyd wiidwaech
iepen en der longerje al dy Hastinger luiwammessen op. Hja scoe der mar
hwet mear de túmme op hâlde, oars waerde it mar in skaedlik spul for
Fokke en Lys, as hjar toffels ris foar ’t bêd set waerden, súnder det
se oait wer oan kamen.
Sjoch, der stie Doede yn ’e doar. Dy wennen ek al wer yn in hûs, der ’t
Hester jild oerhie. Det hâldde mar oan, wrachtsjes, sa’n âld faem mocht
wol ris útdieling hâlde oan syn bern. Den diich ’t tominsen noch hwet
nut.
Hy draeide it steksdoarke op en stapte stadich en stiif nei de syddoar
ta by ’t potrak en rattele mei de klink. Der kaem Hester oan, hy seach
hjar skaed foar ’t finster lâns gean, hwent hja hie al wer forgetten,
om de blinen ticht to dwaen. It wie sa’n hutteflut yn sokke dingen,
krekt diselde noch as foar in tweintich jier, do-t se by heites de
fleur yn ’e hûs brochte. Ho heugde ’t him noch, det opslûpen fanke mei
hjar moaije brúne eagen en hjar bizigens. Der wie gjin ding, det hjar
nei gyng, en de soargen wierne hjar sûnder kantroeren foarbygliden
krekt as in swierladene tsjalk in wetterblom.
En det bleau sa. Nou wer dy blinen net ticht. As der ris dieven kamen
en al det skoane jild stielen! It griisde Wychman oan, det in oar syn
kloeren der nei útstekke koe, nei dy skat, dy-t it hilligste hilligdom
fen syn hert yn bislach naem hie.
Do-t se yn ’e keamer sieten, mei de tafel fol briefkes en sulverjild,
koe Wychman ’t net litte en wize hjar der op. “It binn’ minne tiden,”
sei hy mei in sûr gesicht en de tûmmen yn ’t fesjebûs, “dû scoest dy
oanwenne en doch de finsters allegear ticht jouns. Wist, hwerst for
bleat leist? Det ik dy op in goede moarn dea fyn en ’t jild . . .?”
“Foart,” sei hja der efteroan, “en det wie den noch wol ’t
allerslimste, net!” Wychman mirk der neat fen, ho-t hja him
tróch-seach.
“Nou . . . slim . . . fensels”, en Wychman knypeage ris mei de eagen
stiif op ’e kachel. “Us berntsjes hiene it den better brûke kind. In
pongkje fol jild der keapest alles for, fanke,” en hy glûpte ris skean
ta de eachshoeken út nei hjar.
“Dû setst dyn hert der tofolle op, Wychman,” sei Hester. “Jild is alles
net. Ast’ det op in goede dei ek noch mar net ris leare moaste! Alle
heidtsjers haste al tsjin troch dy Warmolding en do dy Nuttert wer.”
“Nou, hwet scoe det?” sei Wychman finnich werom. “Hja scill’ ’t wol
litte en lizz’ my in strie oerdwers.”
“Det hoopje ’k,” sei Hester mei in sucht. In setsje seine hja beide
neat; min hearde allinnich it tik-tak fen ’e lange klok en it ratteljen
fen ’e heilstientsjes op ’e pannen.
Hester hie dy middeis foart west to thédrinken, nou waerde hja hwet
roazich om ’e holle en krekt as lei de neiskimer fen in blide jeugd wer
in amerij op hjar antlit, sa jong like hja optheden, it fine koairoune
kopke, det blank en fyn útkaem tsjin ’e echte kant yn ’e hals, hwet op
’e side en ’e lytse hânnen yn ’e skoat.
“Dû biwinterst goed, Hes,” sei Wychman Hoara ynienen mei in biwyske fen
in glimke om ’e tinne lippen. “Dû wirdst’ noch ris wer jong.”
“So,” andere hja stoefwei. “Det hoechstû my net to sizzen. Siz det
tsjin Lys en Wypkje fen Reinder en dy’s, dy litte de earen noch wol nei
sok sleau praet hingje!”
“Ho is ’t, is ’t noch oan mei Johannes Akkringa en Elle? Dû hearst hjir
mear as wy.”
“Nou . . .!” andere hja. “Hjoed op ’e bisite wisten se der al mear fen
as ik en praetsjes . . .! Ik siz ’t dy . . . ’t is in blaem for ûs
folk. ’t Scoe wêze, det wy sljucht wierne nei in doomné’s soan, dy-t
hwa wit hwêrre in wriûwpeal for hwet tsjerkefolk wirdt. ’k Scoe der mar
mei ophâlde . . . ’t giet dochs om ’t jild . . .”
Ynienen seach Wychman Hoara Wypkje hjar gouden hier flonkerjen yn ’e
sinne en derûnder skimere it lytse donkere kopke. “Det wit ik noch sa
krekt net,” sei hy. “Is hy den gjin potuer for Wypkje?”
“Ho komst derby?”
“Nou ja,” andere Wychman, “by dy sit der noch âld sear, doomné’s folk
kin gjin goed-dwaen by dy. Den is Fleurin better dyn maet! mar dy
frjeonskip kostet dy ek omrake taesten yn e’ pong . . .”
“Wolst wer harsenskrabje? Pas mar op dyn eigen saken. Dû hast hjir rare
fijannen. Dû hast dy Warmolding ek bihânnele as in houn . . .”
“Det is ’r,” rôp Wychman Hoara en it hiette bloed fen ’e Hoara’s fleach
him nei de holle.
“Dû wiste, hwa-t hy is en hwer hy heart . . . Net op ’e heide, Wychman,
op in hiel oar plak . . .” sei hja súnich, krekt as prate hja yn hjar
sels.
“Stil, siz ik dy!” Hester waerde der kjel fen, sa spriek hy op ynienen.
“Pas ek mar op dyn eigen saken!” bauwde’r hjar nidich nei.
Hes wrokke. Sa woe se net to plak set wirde. Hy mirk it wol oan hjar
eagen, der flikkere forset yn. It spande ek om ’t mei sokke âlde fammen
to roaijen. Hja waerden sa noartel det en den mar spytbokkings jaen en
fiis sjen.
Steurd joech hy him ôf nei hûs.
In flau streekje moanne liet krekt hjar ljocht foar syn foetten falle
en in fine rein fen fonken út syn slap pypke stoude oer ’e wei. It wie
hjir ’t deade ein fen Hastings, hjir stiene gjin húzen, de izren
jildhân fen ’e Hoara’s kearde it bouwen. Utgongen en útgongen lân leine
neist inoar oan ’e wei mei hege elzenwallen der omhinne—it stille
biwys, det it rike ljue wierne, dy lieten de beammen stean en de oaren
kapten se, det stibeleare de pong. Hy hearde hwet risseljen yn ’e
ûnderwâl en draeide de holle om nei dy kant ta. Nou wie ’t wer stil.
—In mird—tochte ’r—op roof út. Der wie ’t wer. Hy bleau stean en harke.
Ynienen, pof!! . . . de pipe sloech him út ’e múle en in kúgel fleach
roerend oan him lâns, det de fellemútse skroeide.
It skeat him sa yn ’e foetten, det hy bleau stean, der ’t hy stie. Al
wie de hiele wrâld om him hinne op ’t selde stuit ek forsonken, hy hie
net fen ’t steed komme kind. Hy slokte der tsjin, sa jage syn sert him
tsjin ’e kiel oan en syn greate hânnen trillen, as hie hy de ridel der
yn. Raze om help woe ’r, mar gjin klank kaem der oer syn droege lippen.
Sa stie hy der midden op ’e wei as in tsjamme yn ’t ljochtmoannewaer en
it stille lân der allegear om him hinne, det him ryk makke hie, lei der
as in deade skat en koe him net helpe om himsels de macht oer syn wil
wer to jaen.
Einliks der fielde hy, det hy wer rinne koe en as in ôfjage houn fleach
hy ta ’t steksdoarke yn op syn hiem en sloech op ’e doar, det it kosyn
kreake.
Hoazfoetling diich de greatfeint de doar op: “O hearink, de boer!” rôp
hy en loek him yn ’e hûs. Wychman Hoara hie der gjin bilul mear ta, as
in langstallige raei foei ’r yn ’t foarhús del en it dûrre moannen,
eart hy wer op ’e lappen kaem, syn geweard lichem bitard ta hwet fel en
bonken en de klean hingen der rûm om. Allinne dy greate donkere eagen
glûrren noch yn ’t bienbitige antlit as koallen fjûr, krekt as hiene
hja allinne it oantinken fêsthâlden oan dy Wychman Hoara fen alear.
Hy wie noch stoefer en stiller waen as oars en noch wreder yn ’t
útfikelearjen om in oartsen út to súnigjen fen ’e earmen. En dy
bigoanen him to haten, sa stil mar ek sa fûleindich, as it folk fen
sokke iensume kriten fen heide en min lân it mar kin, der de groun
selst ek wol hast to gjirrich liket, om hjar in timpe brea jaen to
wollen.
Wûnderlik ho-t de omkear yn it wezen fen dy iene man hiele Hastings sa
op iene ein sette. Min mirk it net, sa dagelyks wei, hwet der geande
wie, likemin as min de wetterril sjocht, dy-t stâdichwei it fêstlân
ûnderwrot en ta in sompe forwetterje lit—mar it gyng al jierren. It wie
al bigoan, do-t de brede, stompe fingers fen ’e Hastinger boeren
Warmolding neipiûwden op reis nei de heide ta en do in set letter rekke
Nuttert út ’e tsjinst en timmere in marse yn inoar en lade dy fol mei
snypsnaren út ’e stêd. Der sloech it libben mei hirder, heftiger
polsslaggen as to Hastings, der biharke Nuttert det, it stille
wâldmantsje, der neat oan ûntkaem en diich der syn profyt mei en krante
it wer oer oan dizze en gene ûnder dúmkes wei, det noch folle mear
fortúten docht, as hwennear ’t yn ’t iepenbier útboldere wirdt.
En do det sa ’n jier trije, fjouwer gien wie, stie der op in dei yn ’e
krante, yn Hastings scoe in soosjalist komme to sprekken.
Det wie hwet nijs. Uren fen tofoaren roanen de skoall’bern al op ’e wei
om, om det wûnderminske ris to sjen en yn ’e skûrre fen ’e moálker
krongen de minsken ta de doar út, hwent de Hoara’s hiene it near op ’e
harbarge lei, der waerde hy keard. Mar it wird kearden hja net . . .
det boldere dy swarte kearel der út oer dy onnoazele minsken en dy
dronken syn wirden yn as peareljende mé, dy-t de sinnen bitoavert en
syn ûnthjittings knopen se yn ’t ear, eft se de dieden al seagen!
Wychman Hoara stjûrde der in ôfgesant hinne, siktaris syn soan, dy-t
learde for abbekaet en dy kaem de joune let werom mei in holle sa read
as bloed en alhiel oerémis, sa hie dy man oan ’e gong west en Nuttert
hie mar yn ’t foarmidden sitten mei ’t wyt foar en dy wie nou stimd as
foarsitter fen ’e soc. dem. folkskiesforieniging.
“Fen hwet?!” frege Wychman Hoara en syn eagen skeaten flammen.
En do sei de jongfeint it noch ris en lake der yn him sels om, ho núver
de rollen sims omkeard wirde yn ’e greate wrâld. For in jier mennich
noch arbeider by de boer en nou al foarsitter! En as hy om ’t bislipe
praet fen Nuttert tochte, as dy ris út ’e hoeke kaem, den waerde hy der
hast ôfginstich op. Det lytse wâldmantsje, der siet in kop op, der scoe
hy noch wol mei ruilje wolle, sei ’r.
“So?!” andere Hoara syn wiif spitich . . . “den is det nou ynienen wol
in bisondere femylje waen. Hastû der oait hwet fen bispeurd, Wychman?”
“Ea ju né,” andere dy, . . . “ik hie him ommers ek mar for ’t wirk. As
hy al in steil wird dwaen koe, by úzes koe hy him ketoen hâlde . . . ef
oprukke. Det ’s hjir wet.”
“So, so,” sei de stedint en hy tochte om oare wetten, dy-t sa fêst
ynwoartele binne yn ’t minskehert, det as min dy to koart docht, hja in
wapen yn ’e hân wirde fen ’e fordrukten tsjin ’e fordrukker.
It gyng nou ynienen heil om seil to Hastings. In dei mennich letter
smieten se de glêzen yn by Wychman en Oebele Hoara. Der bleau gjin rút
hiel en sa’s hy yn ’e hûs sitten hie, hoazfoetling en mei de bleate
holle, kaem Wychman Hoara bûtendoar fleanen en hy trille sa, det hy
hâldde him oan ’e post fen ’e doar.
It wiif mei Fokke en Lys wierne forside krûpt op ’t hea en ’e âlde
trouwe greatfeint Geart stie op ’e útkyk by de mounledoar.
“Hwet moatt’ jimm’?” rôp Wychman tsjin it skreauwende folk, allegear
hast heidtsjers, dy-t yn ’t minst fen ’t fortsjinst fûl op jild wierne.
“Iten!” raesden wol hûndert.
“Kom,” sei der ien, “lizze der net genôch bankjes yn dyn kammenet? wy
moatt’ der ek in stikmennich fen ha! Dû útsûger, dy-t ús it fel oer ’e
nekke hellet!” en in grouwe flint waerd troch de glêzen keile en de
stelten fleagen fen ’t kammenet yn grús oer ’e keamer.
Nuttert stie hwet toside ôf en seach yn ’e oarre wei. Krekt ef wie syn
hiele antlit hjoed weifallen, sá sterk sprieken de trekken fen syn
gesicht, de greate meagere noas mei dy djippe tear twisken de eagen en
de tinne lippen, dy-t stom bleauwne mids al det lawaei. It like wol, as
syn breed kin mei it greate dobke deryn, optheden út moarmer houwd wie,
sa kâld én fêst kaem it út ta de opsette kraech fen ’e skurve buffel en
syn eagen glinsteren as de ljochte finsters fen in forfallen hûs.
Wychman Hoara seâch him. Hy wonk him, sa’s de Hoara’s det wend wierne .
. . it bifel lei deryn. Nuttert roerde him net fen ’t steed, allinne
syn eachslidden boppe de skerpe eagen trillen efkes.
Nuttert!—wonk Wychman Hoara noch ris mei kâlde bleke hânnen en der lei
smeking yn ’e ophef fen dy stramme fingers, dy-t ynhalich stiene as de
kloeren fen in fûle earn, dy-t alle roof goed is. Nou ’t it sa op ’e
neil barnde, tocht hy der net iens mear om, hwet âld sear der noch siet
twisken Nuttert en him.
De rúten kletteren, it grús stouwde oer ’e foarhússtriette, de pannen
rattelen fen ’t hûs en Wychman Hoara stie der forweesd midden yn. Krekt
as foel de eare fen syn hûs to pletter en hy koe neat redde . . . neat!
. . . neat!!
De holle sonk him op ’t boarst en syn eagen glûpten alle kanten út om
help. Hwer wie de fjildwachter, om him, de wethâlder, mei de wet to
biskermjen?
“Nuttert!!” rôp hy boppe de gûlende, fornielende, razene binde út.
Hoara waerde lyts.
Nuttert hearde it, om syn lippen spile in fyn glimke. O hwet foroare
syn antlit op dit stuit, nou’t hy Hoara trôf, him yn ’t djipste fen syn
siel fornédere. Efkes seach hy nei him, do draeide ’r him om en gyng
mei syn swiere stap nei de wei. Sá fornietige hy Wychman Hoara yn syn
omdraeijen . . .
It folk hie syn wraek hawn.—Sa gyng ’t by de streek lâns, by Oébele en
Reinder Hoara en de oare geseten boeren, fornielende wei as in
brûzjende stream, der gjin minske in daem yn opsmite doar.
“Nou de lêste noch!” skreauwde der ien, in nij ynkomm’ling, in bakker,
dy-t troch de oun krûpt wie en nou to Hastings wer op ’e klúten tochte
to kommen. En biseffeleas sloften de oaren him efternei, noch mear
bilust op fornielen om to toanen, det hja nou ris ien amerij de
machtigsten wierne.
In pear fen ’e earsten sprongen oer ’e hage foar Hester Hoara hjar hûs.
Al mear en mear, it dûrre net lang, as do stie ’t foartún al fol folk,
det de stiennen yn ’e hân jûke.
Der gyng de doar op en Hester Hoara stie op ’e drompel, ienfâldich yn
’e klean as altyd, bidaerd en evenredich en seach oer ’t kliber minsken
hinne, sûnder det hja der oars fen waerde.
“Hwet woestû?” sei se tsjin in greate kearel, dy-t hielendal foaroan
krongen wie. Dy waerde stil wei.
Hjar opskerpe eagen kipten lange Linse út it folk, det krong en oangyng
en hinne en wer widze as in ûnstjûre sé. “Kinst hjir ek efkes komme?”
rôp se. Mar Linse, dy sei neat, dy skamme him, det hy der midden-mank
wie, dy seach ’t spark dwalen en smiet syn lange skonken mar gau wer
oer ’e hage. Né, hjir by de frou op ’t hiem, misstiene stikken rúten en
stiennen. It waerde stil ûnder ’t folk.
Nou klonk Hester hjar helder, klear lûd wer yn ’t folk op. “Hwet is der
dochs to dwaen?” sei se hiel gewoan wei, mar min lies strangens yn hjar
eagen. “Stiet de boel hjir altomets yn ’e brân en woll’ jimm’ my helpe?
Ik kin dochs net bêst tinke, det jimm’ forkearde dingen yn ’e akte ha,
wol? Derfor kenn’ wy inoar to goed.”
“Brea moatt’ wy ha!” skreauwden in pear mûlripen. “’t Is allegear úzes
mei! Jimm’ skûrre ús ’t brea út ’e bek en frette jimm’ sels sêd. Brea!
en elkoms syn pounsmiet lân! Det komt ús ta !”
Der krige dy kearel me ynienen in klap yn syn gesicht, det hy tûmmele
efteroer op ’e groun. “Hâld dy stil,” sei der ien, “dû moast noch
leare, om mei frouljue om to gean.”
In pear laken, inkelen seagen om, mar de wraeksucht slepte net. Dy
loerde . . . loerde . . . In lyts fonkje wie der mar ta nedich as
Hester Hoara waerde op gelyk ef ongelyk oerjown oan dit razene folk,
det de ienichste fjildwachter fen Hastings yn syn eigen hûs opsluten
hie mei twa fen ’e sterksten ta oppassers.
“Brea!” raesden in pear drysten wer. “Jow ús jild for brea! Hast it net
by steapels fol yn ’t kammenet? Wy freegje om ús eigen! It komt ús ta.
Jow ús brea as . . .” en de hânnen, dy-t opstitsen waerden, omklammeren
de freeslike stiennen.
Do makke Hester Hoara hjar ta man.
“Né,” sei hja bidaerd wei, mar mei in klank yn ’t lûd, sa’s nimmen noch
noait fen hjar heard hie: “Jimm’ krije gjin brea en gjin sint jild fen
my!”
De ljue, dy-t de stiennen yn ’e hân hiene, makken hjar klear, om se
foart to saeijen. Hester seach it . . . krekt as waerd’ se greater . .
.
“Smyt der yn!” hise ien tomûk en do tongeren wol fyftich mûlen det
wraekwird oer it stille hiem, pûrrazen op it wiif, det se stean doarst.
“Nou . . . doch ’t . . .!” sei hja . . . “Smyt ta . . . Der is net
folle oan my gelegen . . .” Krekt as ’t ôf- en oan-gean fen ’e weagen
brûzde en weage it der yn dy minskesé . . . mar der bleau dochs noch
eat as earbied oer for det fromminsk en hjar moed, det it folk biwarre
for de died.
“Hâldst de pong ticht, Hoara?” en in greate kearel gyng lyk foar hjar
stean. “Wy witte, hwet ús rjucht is en wy scille it brûke ek. Smyt
ta!!”
Do sei Hester Hoara de wirden, dy-t nou noch fen mûle ta mûle giene to
Hastings: “As der ien is to Hastings, dy-t oait mei lege hânnen
foartstjûrd is troch my, ja! smyt den ta, optslach . . . Den ha ’k it
fortsjinne.”
Do waerde it deastil ûnder ’t folk, de greate stiltme, as de minske ta
himsels ynkeart en sjocht, det hy mis west hat.
Hester Hoara bleau stean op ’e drompel fen hjar hûs en wachte, hwet
bleker as oars en hjar frjeonlike eagen seagene yn it folk op. Och! hja
koe se allegear wol, de measten wierne Hastingers fen âlder ta
foarâlder, heidebern mei de poellen ta selskip en de seaden ta tek. En
dy eagen, dy makken it folk syn herte weak.
“Nou?” sei hja.
d’Iene nei d’oare joech him swijgsum ôf, sûnder der in andert op to
jaen. En do-t de lêste foart wie, gyng Hester yn ’t foartún en hifke
ien fen ’e stiennen, dy-t der lizzen bleauwn wierne.