Hester wie oars as oars dy joune ûnder iten. Styn seach Doede ris oan
en Doede Styn en do nei de frou. Dy stúme en siet yn ’e prakkesaesje
wei foar hjar út to sjen nei de wei . . .
Do sei se ynienen: “Is der ek hwet nijs, Styntsje?” Styn krige in kleur
as bloed en untwykte de frou hjar eagen. Hja siet der al kreas
forklaeid foar mei in donker jakje oan en ’t skjin wyt skelkje foar,
hja scoe noch nei de bûrren ta om boadskippen. It wie in aerdich kopke
om nei to sjen, allinne yn ’e eagen lies min hwet al to dúdlik de
hiette sin for libbenswille. Doede trape hjar fyntsjes op ’e teannen,
hja moast op hjar openst wêze.
“Net det ik wit, frou,” andere hja dimmen wei, mar hja koe ’t net
keare, det it blije yn hjar wangen him al wer fordonkere ta gloeijend
read.
“Ast ansens nei de bûrren ta giest, licht hearst den wol ris hwet,” en
Hester lake fyntsjes. “Jimm’ sitte ommers fol fen frijerij en ditten en
detten. Nou, der bist jong for, Styntsje . . . Honear komt Jan hjir ris
wer to pizeljen?”
“. . . Dy . . .” flapte Styn der gysten út . . . “Noait wer.”
“Dû makkest my net wys, detst fen alle setsjes en pretsjes sûnder feint
thúskomste.” It lûd fen Hester wie ynienen foroare, it klonk núvere
stoef. Doede draeide de pet as in top twisken de fingers, hy duchte in
leksum for Styn. Nou, den de kûgel ek mar troch de tsjerke, ienkear
waerd’ hjar de bycht dochs ôfnaem en de saek lei der ta. Scoe de frou
der hwet fen witte? “Ik tochte,” bigoan Hester wer bidaerd wei en op ’t
stik ôf, “det wy ’t bêst mei inoar fine koene. Dû wennest hjir nou yn
’t fjirde jier . . . wy binne ta inoar biwend. En derom moat ik ’t dy
sizze, Styn, it giet sa net goed mei dy. Earlik en oprjucht oeral for
út komme . . . mar noait neat ûnder dúmkes dwaen, Styn . . .”
“Né frou,” sei Styn mei in lyts lûd. Hja winske hjar sels ûren fier en
den allinne mei Doede. Hja scoe noch hwet sizze, det hie in leugen
waen, mar Doede hiette hjar “stil!” mei syn swier lûd.
“Hat de frou ’t ien as ’t oar oan Styn bifoun, det net goed is, yn ’t
wirk as sa as yn reden en biskeid?” Hy woe ’t oer in oare bûch smite,
mar o de gochemert wist oars sa goed, hwer de skoech knypte.
“Né det net . . .” sei Hester mei tsjinsin, “mar Styn moat moarn mar
meiride yn ’e wein nei de Ham ta....
“Mar frou . . .” sei Styn. “Stjûrt de frou my sa hommels foart?”
“Dû as Doede? Hwet wolst’ ljeafst?” Hester biet ynienen it punt derôf.
“Hwerom mochte ik net wite, det jimm’ inoar lije mochten?”
Der fonkele hwet yn ’e feint syn eagen as haet. “Styn en ik scill’
trouwe,” sei hy nou ynienen koartwei, “en ’t bêste is, wy giene beide
mar foart. “Mar Styn scil mei eare hjir wei, det wik ik jo.”
“So . . .?” andere Hester mei in lange úthael. “Scilstû my hjir de wet
stelle, Doede? Dû hast hjir in heareneintsje libben hawn en in grou
lean fortsjinne...”
“Der ha’k myn wirk for dien,” foel hy hjar botwei yn ’e reden. . . .
“En om nou bodder for in húshâlding to wirden, yn ’t dongsteed to stean
as foar in fjild mieden, det der ôf moat.... Ik hie net tocht, detst
noch sa sljucht wêze scoest op dyn jierren, Doede.”
Det stiek him. “Is njuggen en tritich jier den to âld? Ik scoe sizze,
det de frou it my ôfwint, mar wy kinn’ freegje en ’e frou moat
ôfwachtsje en derom . . .
Do waerde Hester lilk. “Hark ris,” sei se en gyng nei de moaije
mahoniehouten kast ta, “ik scil dy dyn jild jaen, Doede en den mar gau
foart. En Styn, dy moat mar mei, optslach ek.”
Doede smiet syn stoel tsjin ’t bedsket oan en loek Styn mei ta de
keamer út. As hy lilk waerde, wie hja o sa bang for him en as in bern
naem hy hjar mei bûtendoar en sette se op ’e koelbak by de
flearebeammen del.
“Nou hwet seist’,” flústere Styn ûnder ’t gúlen wei.
“En dû?” Hy sloech hjar de earm om ’e mil en seach hjar ristige djip yn
’e greate, heldere eagen.
“Sa’s ’t dû wolst’,” sei hja mei in sucht. As hja by him wie, hie se
gjin wil mear, det lei sa yn hjar aerd en nou ’t it lot hjar de man
joech, dy by hjar paste, kaem det noch namstomear út. Ljeaf ha en
tsjinje—det wie for hjar ’t selde.
“. . . Nou, helje dyn gûd en gien mei nei memmes ta. Dû hast ommers dyn
lean ek krige . . .”
“Op ’e sint ôf,” andere hja. “En sjochstû, ik ha de frou do hwet
bystien, do-t se ’t sa oan ’e senuwen hawn hat, der ha’k noch twa
ryksdaelders for krige. Hja ’s oars net sa min . . . it moit my . . .”
“Hwet moit dy . . .? siz op . . . Nou gjin gemael.”
“Kinstû ’t goed krije, det wy de frou der sa foar sitte litte? Hwet hat
se net for my dien, do-t ik hjir kaem to tsjinjen en ik wie in wees,
Doede. Sa wol’k net foart . . . as ’t ús letter den mar goed-giet.”
“Hm,” sei Doede. Frouljue hiene altyd fen dy fiven en seizen, in hird
man op in weak tsiis en wrachtsjes, hja koene hjar der altyd wer
útwine.
Styn gyng oerein en bleau foar him stean, o sa fris en aerdich, mar it
fine kopke noch hwet roazich fen opwining.
“To,” sei hy, “gien noch efkes sitten,” en lei hjar de swiere ilige hân
op ’t skouder en loek se wer neist him op ’e koelbak. “Wy ha nou dochs
foargoed healjoun, fanke.”
De lange skimerjoun fen in lette sinnige hjerstdei donkere al oan oer
’t fjild, de bledden fen ’e kornoelje om ’t potrak risselen en foelen
fen ’e fjûrreade twigen. Hjir en der pipe in inkeld hjerstfûgeltsje
noch syn jounlietke yn ’e dod . . . oars wie ’t deastil om hjar hinne,
sa stil, det hja hearde Doede syn horloazje tikjen yn ’t fesjebûske.
“Hea,” sei hy, “as ’k der om tink, ho-t wy mei gauwens ek sa sitte
scille yn ús eigen húske, Styn . . . Tsjerk en dy gien’ der
Allerhilligen út en wy den skielk mar trouwe, net?”
“Foar Nijjier dochs?” sei hja. O hwet lei der in freze yn dy fraech!
“Stil mar ... stil mar,” sei dy greate foarse feint neist hjar en
streake hjar oer ’t sêfte, blonde hier. “Dû bist alhiel oerstjûr . . .
Steur der dy net oan fanke, Hester forgunt dy dyn jonkheit en Nijjier,
fanke, Nijjier! den bist dyn egen frou!”
. . . “Scill’ wy yn ’e hûs?” sei hja ynienen en krekt as skamme hja
hjar oer hjar egen wirden, sa súnich liet hja der op folgje: “Ik kin sa
net foart, Doede. Ik wol earst noch mei de frou prate . . . it hwet
bihimmelje.”
“Dû leist by . . . ik bigryp ’t wol,” andere hy noartel, “mar ik hâld
de kop derfoar. Ik ha myn lêste wirk hjir dien! Det wiif mei hjar
ynfierenheit, dy forgunt yen wrachtsjis, det min inoar lije mei. Hja
mocht wolle, det hja ien hie, dy-t hjar sa miende as ik dy. En den my
om ’e noas to wriûwen, dû mei dyn njuggen en tritich jier? Bin ’k noch
net jong? net sa sterk as in dyk? Ik helje de tachtich wol en den bist
dû . . .?”
“Ien en sechstich,” rekkene Styn út en seach him mei glimkjende
greatskens oan. ’t Wie ommers hjar sin en den to wenjen yn syn egen
oerfortsjinne húske en hjar egen iten op ’t fjûr to habben, sels frou
to wêzen, det like hjar sa moai ta as in lyts parradyske.
Hja diich gjin lichten mear . . . nou woe se dochs noch efkes nei de
frou. Doede seach hjar sneu en stil weiwirden efter de syddoar—do helle
hy de tabak út syn kleankiste en de piip en gyng by de wei stean to
smoken. As ’t strakjes tsjuster wie, kroade hy syn spullen nei memmes
ta en Moandeimoarne scoe hy ris sjen, as hy him ek bisteegje koe by
Wychman Hoara as fêst arbeider. Hindrik wie nei Nuttert nou ek al wer
foart.
“Joun!” seine in pear jonge fammen en draeiden snjittrich om him hinne
nei Hester’s ta.—Dy groeije ek net yn ’t lilk op,—tocht hy en seach se
ris efternei. Hjar greate bosken hier skitteren yn ’t healtsjuster noch
as gled koper en der siet sa’n swaei yn hjar healkoarte rokken, det min
seach de fine ankels en ’e gledde lege skoentsjes derúnder út.
Sa stouden se by Hester ta de keamer yn, eart dy oerein komme koe. It
wierne hjar moikesizzers, de dochters fen Reinder Hoara, jong-great en
fol oanslaggen. Wypkje, de âldste, dy bigoan al hwet wizer to wirden,
mar Lys, dy flapte der noch alles út, hwet hjar mar yn ’t sin kaem.
“Hat Hes-moi ek noch hwet for ús?” en Lys hie ’t lid al fen ’t
kofjetsjetteltsje. “To, meij ’k in stikje brea mei skieppetsiis,
Hes-moi?” en hja fike al sa yn ’e tsiis om mei in âld mes, det it wie
in griis.
“Ik scil wol,” sei Hester en bleau like bidaerd as altyd en treau se
elk mar gau in greate pepermint yn ’e mûltsjes. “Bidaerd minsken, ’tis
hjir gjin harbarge.”
“Né Hes-moi,” sei Wypkje. “Mar ’t is hjir de soete falyn.”
“Ja . . . ja!” lake Lys en siet al ta de klontsjepot. “To moike, meij
’k sa ’n brúnen?” En de wite tosken hiene him al to pakken, eart
Hes-moi de mûle opdwaen koe.
Styn gyng oerein en scoe derút. “Is ’t nou goed, frou,” sei se
démoedich.
“Ja hear . . . Ik wrokje net, det wist wol. Oan ’t Allerhillingen ta
kinst bliûwe. En nim my ek noch in healpoun swarte klontsjes mei, dy
ondogense bern ûnderite yen.” Styn joech hjar ôf.
“Dy scil ek trouwe, yntkoart, n’t Hes-moi?” sei Wypkje mei âldwyfke
earnst.
“Dy moat ek trouwe, n’t Hes-moi?” flapte Lys derút.
“Fij Lys, der hearst dû net oer to praten, der bist noch fierst to lyts
for. Det jowt gjin pas for famkes.”
“Famkes . . .!” smeulde Lys. “Wy binn’ nou great,” en hja rekte hjar út
en siet as in jonge keningin op ’e stoel, sûnder det hja ’t wiste in
hearlikheit om der nei to sjen mei dy gouden fracht fen hier op ’e
holle en dy donkere eagen derby, brún fewielich as
goudenlakens-blommen.
Ynienen bûgde hja det alhielendal oer nei Hester ta. “Scil ’k Hes-moi
ris hwet nijs fortelle? Hiel hwet moaijs? o sa . . .! hwet fen Wypk?”
“Ast’ it seist,” warskôge Wypkje forlegen en krûp Hes-moi ek al oan.
“Nou hwet den dochs?” sei Hester nijsgjirrich. “Bern, jimm’ skûrre my
de klean fen ’t liif. Gjin doch op ’e stoel sitten.”
“Ik kin net, Hes-moi, ik kin net! Ik moat efkes dounsje,” en it linige
lichemke swaeide troch de greate keamer, sierlike fluch op ’e smelle
lytse foetsjes. Do ynienen kaem ’t der gierjende fen laitsjen út: “Us
Wypk dy hat in feint! O Hes-moi! en hy skriûwt briefkes mei blomkes
derop en “geliefde” stiet der boppe.”
“Ea rin,” sei Wypk de lokkige en seach rare sneu, “det hat hy noch
noait skreauwn. Dû makkest Hes-moi hwet wys . . . det stiet dy net sa
moai,” en ’t lipke bigoan fen earmoed to triljen.
“Wol wier, ik ha ’t sels sjoen,” hâldde Lys oan . . . Bist lilk?” en
Lys, dy hutteflut, krige ’t kopke fen hjar sister yn ’e beide hânnen en
tútte se lyk op de mûle en do mei in kluchtich gesicht: “Sá docht hy,
Hes-moi, krekt sa.”
“So . . .,” sei Hes-moi droech-wei, mar ynwindich formakke hja hjar ta
de teannen út. O dy bern, dy moaije jeugd, dy earste ljeafdedream!
“Sjesa, nou ha jimm’ elts in stik krûdkoeke en in krom kofje, nou
moatstû stil wêze, Lys,” en hja treau de lytse prater op in stoel neist
hjar,—“en dû Wypkje, moast oan ’t wird.”
“Ik, Hes-moi?” sei dy en in biwyske fen fyn-read loek der efkes oer it
moaije, kâlde antlit.
“Hes-moi meij ’t doch wol wite, net? ’t Is wol ien, dy-t min ta de
foardoar ynlitte kin? ef moat hy efterom lâns?”
“Doomné’s Johan is ’t, dy’s to Grins stedint,” sei Wypkje mei hjar sêft
ientônich lûd. “Hy leart for doomné.”
“So!” sei Hester en it tróf Wypkje, ho-t det sei waerde. Mei de jonge
ljeafde hipt it nau, dy fielt o sa fyn it lytste forskil yn klank, yn
lûd, de op-en-del skommelingen fen it foar en tsjin ho-t hjar winsken
en bigearten opnaem wirde by oaren. “Hat hy al ris by jimm’ west ef
giet it troch brieverinders hânnen?”
Al hiene se Lys ek hûndert goune jown, nou koe se net mear swije.
“Briefkes, briefkes!” sei se en makke wûndre maneuvels nei de hird út,
hwer de kachel winters stie, “det’s neat om ’e hakken. Mar hy komt
Sneins wol ris, o moike! en den sitte heit en mem en ik en Wypkje om ’e
tafel en den doar se him net oansjen, Hes-moi, yn in ketier tiid net.
Ik ha ’t neisjoen op ’e klok. En hy hat skoen oan mei greate fiters, dy
hingje der mei in strik by del en in biwyske fen in hirdfeger ûnder ’e
noas.”
“Hwet ding?” sei Hester. Dy harke nou dochs raer op. In hirdfeger? dy
der by de kachel? Sa’n ding . . . ûnder ’e noas?
“Ea Hes-moi, ’t is mar in snor,” forgoelike Wypkje, “to Lys, meitsje
Hes-moi sokke mâlle dingen net wys,” biskrobbe se Lys mei in sûr
gesicht. Hwa wit, hwet ’t fanke der strak ansens noch útflapte!
“Nou en hwet sizze heit en mem derfen?” hifke Hes-moi. It foel Wypkje
einliks mar hwet ôf, Hes-moi wie neat net oerémis, ja ho scoe se ’t
einliks sizze, der neat net mei forhearlike. En heit en mem, hwet
wierne dy der oars mei op ’t snjit! Heit prate der al oer, hy scoe mar
ris mei de famkes nei Ljouwert om elkmis in nije fyts. Dit sette sa
moai yn mei de âldste, it koe nou wol in taest yn ’e pong lije.
Wypkje waerde foarsichtich, nou ’t Hes-moi it spul sa koel opnaem. “It
is noch mar losse forkearing,” andere hja op moike fraech en do sloech
se ynienen yn oar praet, steurdwei.
Hwet mankearde Hes-moi dochs . . .? Dy wie joun sa nuver, krekt as
tocht hja om hiele oare dingen as om ’t greate nijs fen hjar
moikesizzer. En yn dy hjar libben hie nou ommers de wichtige ûre slein
. . . hja waerde bigeard. En hja draeide foar ’e spegel om en hja seach
hjar sels op en del oan en o! de tins, dy-t der op folge, wie noch
swietter, hja waerde bigeard . . . om hjarsels.—
It skynsel fen ’t kofjepitsje joech noch in flau roundeltsje ljocht yn
de greate keamer, mar bûtendoar wie ’t al nacht. Foarhûs skynden in
stikmennich moaije ljochte stjerren en as in gouden skip dreau de
moanne yn in sé fen fine wite skieppewolkjes.
“Ik scil de lampe mar opstekke . . . To Wypkje, fanke, hwet bist stil .
. . Hwer tinkst om, om Grins?” frege Hester en gyng oerein om de blinen
ticht to dwaen. Dy bern . . . sa hiet, sa kâld, nou sieten se forweesd
neist inoar op in stoel en det kaem allinne, omt hja der ek net bliid
ta wie mei dy frijerij, ja berneboarterij. Hwent det wie ’t. Hja
achttsjin en hy twa en tweintich . . . nou sljucht nei inoar en oer
twa, trije jier in wearaks oan inoar ha. Sa gyng ’t.
“Nou, ho scil ’tmoarn? Ho let moatte wy foart en helje jimm’ my? Hat
jimm’ heit der ek oer praet?” sei hja, do-t hja gjin andert krige.
“Hea, wistû ’t ek noch?” sei Lys en stompte Wypkje oan, dy-t foar hjar
hinne siet to sjen en to stúmjen en gjin mûle mear iependiich.
“Moike moast de groetenis ha en heit en dy kamen mei de wein hjir krekt
twa ûre oan en as moike den klear wie . . .”
“Goed . . .” sei Hester, “en jimme?”
“Wy scill’ to gean hinne. Troch ’t lân is ’t mar skraelwirk oardelûre
en mei dit moaije waer rint it licht,” andere Lys.
“Jimm’ mei jimm’ beiden as ek oaren mei?” bigoan Hes-moi út to fiskjen.
“Omke- en moike sulvren brilloft binn’ fensels mear noade as femylje.”
“Meine Fink en Jan en Japik de Groot en notaris en doomné Fleurin en dy
komme ek allegear,” naem Lys wer ’t wird, hwent Wypkje stúme noch, “en
Marinus en Marie en . . . en . . .”
“En Johannes Akkringa fen Brúnegea ek, Hes-moi,” sei Wypkje ynienen mei
hjar koele eagen op Hester.
“Nou, nou! allegearre forsocht! . . . Ik moat sizze, ús hiele femylje
frijt mei mei Wypk. Ik woe se wizer ha. ’t Liket wol, det de
hûnderttûzen út de lotterij to winnen is, en den sa’n keale
stedint...!”
De bern harken raer op, sa stie Hes-moi op iene ein. En oars wie hja sa
evenredich, det heit sei wol ris, hy hie se noch noait oars as oars
sjoen as allinne . . . en do hie mem him de wink jown en hâldde hy him
ynienen stil.
“Nou, ’t is der oars hwet deftich,” dy forklearing lei Lys ôf en hja
koe ’t mei de hân op ’t hert dwaen, hwent hja hie ’t sels sjoen
langlêsten. Allegear kjessenstoellen en moaije sêfte kléden en mefrou
hie der yn om stapt mei in prachtige swartsiden japon oan en in lange
sleep swaeide hjar efternei. Sa’n sleep en sa’n eptigkeit, der scoe hja
hjar ek wol ta bijaen kinne! Det wie lang gjin smeldoek. En keal! Nou
sa like ’t wrachtsjis wol by Hes-moi . . .! Seis stoellen en in tafel
en in mahoniehouten kast en hwet blommen yn wyt pesleinen blompotten
foar ’e finsters en Hes-moi altyd alweroan, mei dy swarte
forklaeiersjurk mei rútsjes. Lys wist al krekt, hofolle rútsjes as der
op ’e rêch sieten, krekt fiif, sa lang hie hja him al. Keal! keal, by
Hes-moi gyng ’t tominsen net út de brede fjirtsjin. Heit sei wol ris,
Hes-moi wie sa ryk, det hja koe de hiele bûrren wol by inoar keapje,
mar Lys seach it den ljeafst ek mar ris. It rinkeljen fen ’tjild wie ek
hwet.
Einliks joegen de jongefammen hjar wer ôf. “Hea,” sei Lys yn ’t
foartgean . . . “min bifriest der by Hes-moi yn dy greate holle keamer.
“As wy ek âlde fammen wirde moatte . . .! it griist my oan. Dû!” en hja
knypte Wypkje ris fyntsjes yn ’e earm.
“Ea ju,” sei dy, “det dûrret noch wol tweintich jier,” en as twa fûgels
stouden se de wei lâns nei heites ta, nei de greate pleats op ’e ein
fen ’e bûrren.
De wytbipleistere mûrren fen ’e foarhúzing by Reinder Hoara’s blonken
helder yn ljocht-moanne waer efter de linebeammen wei. Mem stiek krekt
de lampe op, min seach it lytse figuerke yn ’e keamer omskermesearjen
mei ’t lucifersdoazke yn ’e hân. “Scill’ wy ris efkes foar ’t finster
en sjen, hwet se dogge?” sei Lys.
“Dû bist rare berneftich,” sei Wypkje, mar gyng hjar dochs efternei. It
wie in greate keamer, der hja yn opseagen, mei ljocht bihang en in
bedsket mei roune doarren. Hea, hwa siet der by heit? Haeije Mulder’s
Elle?
“Doarstû deryn?” Lys loek Wypkje oan ’e mouwe. Nou wie Wypkje hjar wer
de baes.
“Ea ju ja, dy feint scil ús net opite,” wie hjar skrale treast. “. . .
Hwet scoe dy by heit wolle?”
“Hja skrippe ommers, om ’t fanfarecorps oefenje to litten yn ’e skoalle
en nou moatt’ heit en Wychman-om meihelpe, tink ’k.” Wypkje hie ’t net
fier mis. Elle pleite for ’e mesyk en heit siet der nei to harkjen mei
de lange piip oan en ’e skonken oer inoar en sette nou krekt syn geve
greate tosken yn in stik keallepoat.
Do-t de bern yn ’e keamer kamen, hoechde min net to freegjen, hwer hja
nei útskaeid wierne. Hja liken allebeide fen bistek op heit en heite
folk, de Hoara’s, great geweard folk mei brede skouders en rûge bosken
gielblond hier, mar seldsum lytse hânnen en foetten. Strang fen each
wierne se en gewikst yn ’t praet en fen greatskens droegen hja de
hollen heech en waerde hjar gong stadich en steatlik. Deryn liken de
bern noch net op hjar . . . de jonkheit biwjukke noch hjar stap en ’e
greatskens makke hjar de kúten noch net stram. Mem, det lytse wyfke,
hiene se de seldsum moaije donkere eagen ôftrooid, mei de swarte swiere
eachsbrauwen en det makke allinne al it moaijste sieraed fen hjar
antlit út, det ljochte hier mei syn koper-gouden glâns deroer en den dy
eagen derby.
Ja, hja wierne moai, Reinder Hoara’s dochters en as Elle der oait ien
fen los krije koe, den scoe hy heech stappe. Hy wie in wees en wenne
mei boaden op ’t âlderlike spul, in pear kampen lân fen ’e wei ôf mei
in lange tsjustere loane derhinne. It spûke der, sei Lys en noait wie
se der ta to krijen, om det Sneins ris lâns to kuierjen en den troch de
lânnen wer nei hûs, hwer in foetpaed roan. Krekt as wie hja det plak
skou en dy swarte feint noch namstomear. Hwent swart wie hy . . . sa
swart as in roek, allinne in lyts hoekje, det wie brúnforbarnd en det
wie syn foarholle en syn wangen. En eagen hie hy . . . as koalen fjûr
sa gleon. Hja skitteren, do-t hy de fammen seach en hy hie se net fen
Lys ôf, dy fen binaudens mar gau ’t breidzjen út ’t tafelslaed krige en
breide, det hjar de fingers pimperen. Heit hâldde him ek mar oan ’e
praet. Nou hiene se it wer oer syn fôle der-t him al hûndert fyftich
goune for bean wie.
“Jo ha der forstân fen . . . kom ris to sjen,” noade Elle him. “Op in
Sneintomiddei om in pantsjefol thé, den kinn’ wy ek ris nei ’t Leech
ta, det ik oanmakke ha. It joech dit jier in skoane frucht.”
Reinder Hoara bitocht him ris . . . “Ja,” . . . sei hy, “takommende
Snein in wike scoe ’t al kinne en den foar melken wer thús.”
“En as de frou der den sin oan hat, om mei to kommen, det scil my
oanstean,” sei hy wer. “It is in aerdich kuierpaedtsje . . . it waer
jowt him ek noch moai oan.”
Dit waerd’ oannaem. Hearink, tocht Lys, as hy nou mar net seit, de
jongefammen moatte ek meikomme. Mar derfor stie Elle Mulder fiersto
folle op syn eare en stik. De tiden fen ’e losse frijerij wierne oer .
. . it waerde nou earnst . . . hy bigoan om trouwen to tinken, mar de
fingers barne oan ien fen Reinder Hoara’s dochters en den blau rinne,
det weage hy net. Hy koe syn egen waerde goed en dy liet hy net
forminderje troch mei blau ôfskeept to wirden. Dy kekene famkes hiene
it mei in man to dwaen, dy noch wol laitsje koe, mar noait om him
laitsje liet.
Mem joech hy de hân, mar mei de jongefammen taelde hy der net nei. Hwet
in segen, hy gyng nei de doar. Moi manlik wie’r en hy roan rjucht en
steil, heit koe ’t him net hâlde mei greatens. O goede! hy seach om, hy
seach nei hjar! Hjar hert stie hast stil.
Do ynienen fitere in lytse diwel hjar oan. “Dach!!” rôp hja him lûd
efternei fol gekjeijerij.
Kamen se werom? O hearink, hwet hie se dien? “O Wypk!” jammere’ se.
“Sljuchte tutte mei dyn mûlripens,” kibbe dy. Der stie hy al yn ’e
doar. “Ik leau, jo dochter Lyske hie boadskip,” sei hy bidaerd, mar
krekt as skeaten syn eagen fonken, sa brienich seach hy. Lys winske
hjarsels ûnder de groun ef derboppe, mar ûnder dy eagen wei. Dy hiene
macht oer hjar, det fielde se.
“Ropst dû oan Mulder,” sei heit rare strang.
Tûzen oaren hiene der hjar mei in leugen útredt, mar det lei net yn
Lise aerd. Sels yn ’e panne peid, nou ek opite, al ho min ’t ek smakke.
“Ropstû Lys?” Heit waerd’ lilk . . . det dûrre den dagen en o! den hie
lyts memke sa’n krús!
“Ja heit, ik rôp oan Mulder.” Hja wie al lang oerein en stie nou krekt
ûnder ’e lampe en ’e moaije kroeze hierflokjes bysiden de holle
wynderen hinne en wer, sa trille se, dy lytse flapút!
“Bern ha wol mear sokke oanslaggen.” Der fornédere dy swarte feint hjar
mei. Bern! bern! en hja wie sauntsjin jier en twa moanne!
“Hwet moast det Lys? Stietst my to reden ef net?” Heit kaem wer in pear
stappen ta de keamer yn en hy fensels ek. Nou stie hy lyk foar hjar.
“Ea nou, hwerom joech Mulder ús ek gjin hân? Derom moast ik “dach!”
roppe, heit,” en hja krolde ’t read lipke forachtlik op. Hy scoe hjar
net oer staek sette, hwet tocht ’r, dy Elle!
“Lytse famkes hjar sin moat min dwaen, net?” glimke Mulder efkes o sa
fyntsjes en eart hja der om tocht, pakte hy hjar hantsje beet en hâldde
it yn sines, lang, fierst to lang. Lys waerde der hiet en kâld fen,
hjar tocht, hja koe wol swime. Do seach hy hjar oan en ynienen bettere
it wer oer . . . O dy feint, dy freeslike swarte feint! “Nou, binn’ wy
nou wer goede maten?” frege hy. De lytse diwel hjitte hjar, siz né,
Lys, wit hwet hy den docht, mar det liet hja der mar net mear op
oankomme en dimmen flústere se: “Ja . . . to lit my los.”
Noch ienkear seach hy om nei det lytse kopke det fol biskamsumens him
foardel bûgde, do gyng Elle Mulder nei hûs.—
“Hwer hat de boer jisterjoune dochs hinne west? Der hinget jo in greate
ljochte hier oan ’e mouwe,” pleage de âld hûshâldster him ûnder ’t
kleanboarseljen wei.
“In minske moat ris hwet fordiwedaezje ha,” helle Elle derom hinne en
skûle wei efter de Ljouwter krante. Hy fielde, det ’r read om ’e holle
waerde.
“Ik seach ljeaver om in wiif. Den ha jo fordiwedaezje,” sei de
hûshâldster wer. “Der binn’ sa ’n bulte, de boer kin to kust en to keur
gean . . .”
“Is ’t net om my, den wol om myn ryksdaelders,” sei hy bitter . . .
“mar ik moat ien ha, dy-t my lije meij, Foekje. En ik ha der ek gjin
sin mear oan, om nei alle setten en pretten ta to reisgjen. It lykje
der wol frouljuesmerken. Ik siikje de hynsders ljeaver op ’e stâl.”
“Mar dy lit min ek wol ris bidrave. De boer moast mar ris nei Reinder
Hoara’s frouljue ta. Der kinn’ jy wol mei foar de kreammen lâns.”
De boer sei net folle, hy brimde ris hwet en seach de reek fen ’e pipe
ris efternei, mar hy harke mei saun pear earen, do-t Foek derfen op ’e
tekst rekke. Foaral dy lytste, det wie in oanfallich ding, sei se, dy
moast hy him net ûntkomme litte.
“Nou,” sei Elle Mulder, “ik scil hjoed op brilloft. Hwa wit, hwer it
noch goed for is. Soargje jo for de klean en det de skoen noch ris
ôfpoetst wirde?”
“So?” sei Foek, “scil de boer ris sjen, ho-t it tagiet? Takommende jier
licht sels.”
Do lake Elle Mulder sa frjeonlike aerdich, det allinne dy laeits syn
antlit moai makke. “Kom Foekje,” sei hy, “jy wite ommers ek wol, ’t is
fen Oebele Hoara en Els. Dy ha fiif en tweintich jier troud west. Yn ’t
span sitten, Foekje.”
“Det scil den ek wol aerdich útritsen wêze,” pleage dy werom. “Sa’n
sile went wol om ’e lea fen ’e ljue.”
“Jy prate, eft jy der ûnderfining fen hawwe,” gekjage de boer wer.
“Ik net, mar wy prate ris wer oer twa jier. Den scil de boer der wol
ûnderfining fen hawn ha en al joegen se jo den ek in dûbbelstûr, jy
woene net werom, boer.” En do gyng Foek glimkjende foart.
Det wie sahwet ’t âld bistel yn ’e hûs; as ’t der op oan kaem, hie se
de boer selst noch ûnder ’t plak. Nou woe se perfoarst ha, hy scoe
trouwe, mar det wie in swier stik for him, der koe hy him min ta
bijaen. Hy mocht wol frouljue lije . . . der hie ek wol ris in inkelen
ien west, dy-t hy tige heech sette—mar ’t wie optlêst altyd wer mei in
stilte bislein. Krekt as koe de fonk net sa fier komme, det dy syn
herte yn flam sette. De rjuchte op ’e rjuchte ûre hie der sikersonk
noch net west . . . en dy-t for him yn ’e widze lei wie, moast noch
komme, hwa wit, hwer wei.
Nou hjoed scoe hy der mar ris op út to feestjen. As hy him der goed
ynjoech, lake hy smaeklik yn himsels. Hy en in feestje, det peare min,
det wie in kreupel span hynsders net wanlyk. Hy wie ommers fierst to
earnstich for de wille, om ’t mar planút to sizzen, einliks to âld for
syn seis en tweintich jier. Hwet scoe hy der dwaen? Earst in hiele
útrissing, de swarte út ’t lân, de tilbury út ’t weinhús, sels yn ’e
klean, in nauwe board, de knoapkes wei en den foart. Prinshearlik op in
stoel yn in frjemd hûs, ite en drinke hwet ’r net mochte en prate oer
dingen, der hy dochs gjin aerdigheit oan hie. Scoe ’r ek noch
thúsbliûwe? Mar ynienen seach hy Lys Hoara klear en dúdlik ûnder de
lampe stean en it ljochte hier hie se as in goudene krâns om ’e holle.
“Foek!” rôp hy. “Help my ris efkes ta de jas. Hy is sa nau det. Ik
leau, ik bigjin to groeijen.”
“As de boer mar ris efter in pear lytse jonges oan moast, dy-t noch net
allinne bitroud wierne, den gyng ’t fet der wol wer ôf,” sei Foek en
histe him yn ’e swart lekkense jas. “En nou woe ’k wol, det jy der
hjoed ris ien seagen, dy-t jy lije mochten.”
“Dy binne der hjoed net to keap.”
“En Reinder Hoara’s famkes den? Wychman Hoara en ’t wiif en Hester
komme ek fensels en doomné’s folk, Marie en dy . . , dy’s nou ek great
en Oebele Hoara hat sels ek twa dochters, boer.”
“Ja, ja,” lake Elle, “ik ken se. Hja binn’ likernôch noch in heale
holle greater as ik. Né Foekje, dy binn’ my to djûr. Dy kostje my
tofolle oan klean.”
Sa jage hy de gek deryn, mar it wie foar gjin dôvemansearen sei. Syn
plannen wierne folryp, it frijgeseljen bigoan him tsjin to stean, mar
trouwen—der hinge hy ek raer tsjin oan. Hy wist wol, den moast der
heind en slein wirde, den wie der noch ien, dy ’t stim mei yn ’t
kapittel ha woe en as ’t ris min útfoel . . . den wie ’t in miskeap for
’t libben.—
It wie yn ’e droegersrite en ’t waer wer like moai as jister mei
súdeastewyn en in bleke hjerstsinne boppe oan ’e kleare loft. De giele
ikebeamsbledden stouden de swarte op ’e rêch en ’e bern sieten mei
grage mûltsjes yn ’e wâllen to toarnbeij-iten, mei krânsen fen
fjûrreade hjerstbledden yn ’t hier en wylde kantsjebottels op ’t
boarst. It ierdappellof forwile op ’t lân en in nije sneed klaver
bloeide en geure al wer, krekt as moast der noch in simmer komme. In
bried jonge einen sylde yn ’e poel om en in stik twa hazzen makke
mantsjes tsjin him op ’e rogstoppel. Jonge, it wie sa’n moaije dei en
den oer dit alles it stille, bleke hjerstljocht, krekt as ’t troch
sidene sulvergazen skynde, dy onsjenbre fingers twisken loft en ierde
spanne...
In kloftsje jongfolk roan foar him út. Hastingers fensels, tocht hy en
syn opskerpe each kipte optslach dy iene der út, der hy sont jister
faken om tochte. Mar nou foel se him ôf, it wie súver noch in bern en
sa slingere hja der ek lâns. Der siet noch gjin stevichheid yn en de
klean dy hingen derom, allegear flodders en linten . . . . Né, né dit
waerde neat. Dy âldste, det like better, mar der stike doomné
Akkringa’s Johannes om. Sa wie ’t nou altyd gien . . . op ’e skoalle ek
al, it pastoarsstik wie for him en de oaren mochten de ongânzen
opplúzje.
d’Iene nei d’oare gyng oan kant, sa ried hy se foarby. Hja hiene net
iens sjoen, det hy ’t wie. Kom, nou koe hy moai ris efkes troch ’t
gleske sjen, den hie hy se krekt yn ’t fesier.
De foarste fen allegear det wie hja, lang en licht mei in greate hoed
fol wite fearren op. Sûnder det hy ’t himsels tajaen woe . . . hy
waerde hwet oars, nou ’t hja sa lyk op him ynkaem en der gjin erch yn
hie, hwa ’t hjar sa skerp opnaem. Hja like nou lang sa gnap net as
jister joune, hja wie ek fierst to bleek nei syn sin en sniggelich en
ynfieren like se ek.
Dos der mar in streek troch. De hiele joun seach hy net nei hjar om en
hy siet himsels der al yn ’e wei op dy brilloft. Hwent dy sleauwe
jonge, dy Marinus wie net by Lys wei to slaen en det folk der yn ’e
hoeke waerde sa lûdroftich, det Wychman Hoara sei, hja moasten mar ris
mei-inoar yn ’t tún en springe hjar der út. Fensels, det wie in stik
bûter yn ’e brij. As in flecht bijen swarmen se derút en kuieren
foardoar om yn ’t slingertún en einliks waerde d’iene nei d’oare
efterhûs wei.
Elle Mulder bleau by de âlde ljue sitten, him tochte sa’n berneftich
spul, der hearde hy him for to mijen, mar syn hânnen jûken him fen
ûngedild. Hwer wierne se hinnegien? Hy seach Lys de oaren al efternei
slingerjen en ho de glâns fen ’e moanne falle scoe op hjar ljocht hier,
det wêze scoe as goud.
Hy gyng der stil út, de oaren efternei. De moaije wite wynhoun fen
Oebele Hoara sprong by him op . . . “siikje jonge, siikje!” hjitte hy
him en dy roan mei blide sprongen foar him út nei de spjirrebosk ta
efterhûs.
Dit wie sa’n stikje natúrtún. Oebele Hoara hie it oanlei for de bern om
yn to boartsjen, nou waerden de beammen great en kuieren hja der as
greate fammen Sneins noch wol ris yn en lieten fjirder waeksje, hwet
waeksje woe. It njirrekrûd skeat der op mei hiele moaije greate fearren
en ’e kamperfoelje en wynsels slingeren dertroch en ’e fûgels nesselen
der by mennichten yn.
Stadich stapte Elle Mulder de houn efternei. Hy hearde se wol laitsjen
en oangean en stil gyng hy op in âld houten bankje sitten en wachte.
Moed om nei ’t jongfolk ta to gean, hie hy net en yn ’e hûs by de
âlderen to sitten, der koe hy him ek noch net ta bijaen. Nou dit
bankje, dit wie de middenwei.
It wie noch net sa let . . . it jounrea flamme noch nei yn ’t Westen en
troch in gloppe yn ’e beammen seach hy de moanne oer ’e bidauwe
finlânnen opkommen as in fjûrreade greate bol, krekt as hja yn in sé
fen dauwe dreau.
Stil! der kamen guont oan. Hark, hja hiene ’t oer him. “Dy Elle! hwet
in stiif petret!” sei ien. “Heal fisk, heal fleis,” lake in oaren. “Hy
moat yn heite briedstoel by de hird,” O hearink, det wie Wypkje fen
Reinder Hoara’s dy hie ’t wird, dy koe sa fyn gekoanstekke.
“Ea kom, hy moat mar mei Hes-moi trouwe,” lake in oaren en det wie Lys.
Det hearde hy dalik oan ’t lûd—it klonk sa helder en fris as ’t fallen
fen ’e drip yn ’e reinwettersbak. Det der sa oer him praet waerde,
stiek him danich. Hy woe wol, det hy dy lytse diwel hjir mar ris efkes
allinne hie, den scoe hy se wol opsitten leare en ongenadich ek en hy
lake, det syn wite lytse tosken yn ljochtmoanne skitteren.
It praten hâldde oan, mar al fjirder ôf, hja gyngen grif yn ’e hûs. Mar
krekt as hearde hy yn ’e fierste hoeke noch lûd. Fensels doomné’s
Johannes en Wypkje, dy scoene inoar noch wol wit hwet to fortellen ha
op sa’n moaije joun. Krekt as de natúr sokke moaije jounen de minskne
ljeafde bigrypt en hjar seinet mei ljocht en kleuren, det dy ûre mar
ûnforjitlik wirde scil for hjar, dy-t se bilibben.
Der kaem ien oansnjûrjen, it paedtsje lâns, lyk op him ta. Dy seach him
net.
“Ho!” sei hy ynienen en stie midden yn ’t paed, lang net rouwich oer
dizze ontmoeting. Alhiel foraltereare, deastil bleau Lys stean, der se
stie en roerde gjin lid. “Lit my troch, Mulder . . .” sei se einliks
hiel súnich. “Ik moat foart.”
“Ik ek,” andere hy, “scill’ wy togearre?” De fraech wie sa ienfâldich
det, mar der lei in oneinigen bult mear yn ’e toan, hwer dy wirden op
sein waerden.
Hja smiet de holle yn ’e nekke en seach him lyk oan. De moanne skynde
hjar krekt fen toside op ’e bleate holle en ’t like, as foel de
wjerskyn fen de glâns fen dit great bosk hier oer hjar hiele antlit, sa
moai wie ’t optheden mei dy persikreade gloed yn de bleke wangen en dy
lippen, noch bidauwe fen ’s libbens moarnskoft.
“Togearre? Jowt det wol pas, Mulder? ’k Bin ommers noch mar in bern!
Hea, hwa sei det jister ek? Wel ja, jo sels.” Al ho bang ’t hja ek for
him wie, det scoe ’r hearre, sa goed wie ’r net.
Hy fielde, ho-t ’r ta de hals út read waerde, mar de skimerjoun
forklapte ’t net mear. Hja hie him boppedien noch útlake. O dy
frouljue! Nou moast hy in puntich wirdtsje werom ha . . . mar och, hy
wie net in gewiksten prater, der koe hy se net mei bilêze en einliks ek
mar neat net gnap, sei de spegel him wol. Hwet hege dunk hie hy optlêst
ek wol fen himsels, om eagen op dit jonge bern to smiten, dit teare
moaije jifferke?
Hastich gyng hy út ’e wei. “Ik leau, wy habbe inoar nou neat mear to
sizzen,” sei hy steurd. “Det jy in grap sa opnimme scoene, wist ik
net,” en sûnder mear nei hjar om to sjen, kuijere hy de bosk fjirder
yn.
“Hea!” suchte Lys en foel op ’t bankje del,—“hwet in bange feint! Ik
woe wol, det ’r sei hie, nou scil ’k dy ris straffe en hie my ris
meinaem yn tsjusterst fen ’e bosk . . . wrachtsjis, ik leau, den mocht
ik him hiel wol lije,”—en do lake hja. Elle mei in faem yn ’e bosk, det
wie dochs fierst to pitertuerlik.
Mar as hy nou ris tige lilk wie op hjar en fortelle it oan heit-en-dy
Snein! O hwet hie heit hjar jisterjoune it mannuael oplêzen, folle en
net genôch! Det hja noch to lyts wie, om los to rinnen—det hja noait
wer yn ’e keamer komme mocht, as der hwa wie en as hja wer sokke gekke
setten diich, den scoe se nei Hes-moi ta, om stemmigens en bidaerdens
to learen. “Hwent sjoch,” sei heit, “Hes-moi bliûwt hjarsels altyd
gelyk, der kin ús Lys fen leare.”
“Och kom,” hie mem sei, “de wyn skûmmet noait heger as hwennear der
krekt yngetten wirdt. Lys is noch to jong—lit se earst mar ris
útspringe.” Lys hie memke wol om ’e hals fleane wold for dy wirden—mar
heit siet der by en dy woe sokke stedske flauwigheden út noch yn net
lije.
Hja hearde, ho-t it oare jongfolk sjongende wei yn ’e hûs gyng. “Kom,”
tocht se, “ek oerein . . . Hwer scoe hy nou wer stean to koekeloerjen
mei syn swarte eagen? d’Ald roek, dy-t se ris yn ’e kouwe hawn hiene,
seach krektlike gleon en mei lange stappen fen ’e kliene rjuchte
skonken trêdde se hiel stil troch ’t struwellegûd en nei de sleat ta,
dy-t efter de bosk troch roan. Ja, der stie ’r al en seach de reek fen
in sigaer efternei.
Efkes kjel-meitsje, joech de snaek yn hjar hjar yn.
“Piba!” rôp se en stie mei in sprong foar him, krekt noch in bern, det
oan ’t pypforside-boartsjen is.
Strang en earnstich seach hy op hjar del. Der koe net in glimke ôf.
“Gien yn ’e hûs, ’t is to kâld mei de bleate holle,” warskôge hy. “En
’t jowt ek gjin pas for jongefammen, hjir noch alline om to strúnen.”
“Jo binn’ der ommers,” sei Lys. It ûntfoel hjar, sûnder det hja it
wiste, hwet dy wirden wol net for in harker bitsjutten.—“To, wêz nou
net lilk, den is de hiele joun bidoarn . . .”
“Der binn’ ommers safolle plezieriger maten, hwet kin ’t den skille,
hwet dy âlde Elle docht ef seit! Hy moast mar mei Hes-moi trouwe, net?
Den hat hy syn gelikens,” sei hy bidaerd-wei, mar de spot fen hjar
eigen wirden gyng hjar troch alles hinne. Dy feint sette it tsjin hjar
yn ’e kant, for him wie se neat mear as in mûlryp bern, det min troch
de fingers sjocht ef op de fingers tikket, krekt sa’s ’t yen sinnicht.
It mûltsje, det sa fol bizigens siet, foun gjin wjerwird werom. Elle
Mulder hie hjar fêst-set. As in warrich floddere fûgeltsje tocht hja
ynienen om heit en mem—hja hie wol gûle kind en mei ’t kopke foardel
joech hja hjar swijgsum ôf.
Elle smiet de sigaer wei en wie hjar mei in pear stappen op ’e side. It
wesentsje, der hy sa’n aerdigheit oan hie, liet hy sa mar net rinne.
Dizze iene minuet woe hy binuttigje en as wie ’t syn rjucht, lei hy
hjar ynienen de greate siden sjael hwet tichter om ’e skouders en gyng
deun neist hjar lâns. “Ik leau, wy bigripe inoar forkeard,” bigoan hy
en syn lûd wie oars as oars, tocht Lys.
“So,” sei hja en helle oan yn ’t rinnen, bang en bliid fen beiden, hwet
der nou komme scoe.
“As wy ris tiid hiene, om ús út to praten. Licht, det wy den frede
slúte koene.”
Al ho jong as Lys ek wie, hja mirk it wundre skoan, hja woân in tûmbré
groun. “Ho miene jy det nou wer? Ik leau, ik bin noch to berneftich for
sok wize-minske-praet,” stikele hja wer fyntsjes wei. Hja woe hwet
wille fen ’e sege ha op frouljuesmenear.
“As ’k ris op in Sneintojoun by jo komme mochte . . .?” frege hy
twisken hoop en freze yn. Nou hie ’r him oerjown oan ’e lytse skalk
foar him. As dy genade kenne scoe?
Lys birette hjar ris . . . in bult sin hie se der net oan. “Nou den
moat det mar,” sei se einliks. Om heit en mem doarst se net heal sizze
fen né en hwet scoe Wypkje raer sjen, mar o! sa’n lange Sneintojoun mei
dy feint allinne, it griisde hjar nou al oan. Hwer scoe se it mei dy
earnstige swarte feint oer ha? Gekheid wie ommers altyd skearing en
ynslach en det joech den gjin pas. “Dû moast op ’t stik ôf prate en net
laitsje,” hie Wypk sei.
Fjirttsjin dagen letter seach Lys Elle Mulder it paedtsje by hjarres
opkommen, stiif en stemmich as altyd yn ’t swart lekken mei in
gelegenheitsgesicht.
Hja skattere it út ’t foarhús.
“Hark ris Lys,” sei heit, “as dit mei ienkear ôfrint, den wyt ik it dy.
Elle Mulder stiet heech oanskreauwn by my, in opslûpen fanke moat him
de gek net oanstekke. Bigrepen? En dû hâldst dy dimmen en ketoen en
praetst forstânnich . . . dû bist nou great, Lys.”
Lys suchte en naem de earste ûre heite wirden yn hjar acht, do wie se
wer de âlde, mar Elle Mulder mocht se noch like ljeaf lije, derom net.
De frissens fen hjar wezen hage him seldsum; it nije, minlike fen hjar
blide jeugd, der noch net iens it skaed fen in simmerdei oerhinne gien
wie.
Dy joune seach Elle Mulder for ’t earst mei bikende eagen de faem, dy-t
for him yn ’e widze lei wie.