Sont dy dei binn’ der al wer njuggen simmers kaem en gien en it is nou
hjoed in moaije hjerstdei . . . sa wûnderlike stil en fol sêftens en
ljeaflikens, det it der hast net by yen yn wol, ho gau ’t it nou wol
dien wêze scil mei de skittering fen kleuren, hwer dizze neisimmerdagen
hjar mei toaije.
De daeljes bigjinne to bloeijen, de stive, kleurige boaden fen ’e
hjerst. Wyt spinrêch leit der oerhinne en skittert fen sinne en dauwe
en oan ien fen ’e daeljeblommen is in bjirkebledtsje hingen bleauwn in
gielen ien, toar en âld. It trillet noch hwet yn ’e wyn, den waeit it
det oer nei de sleat, der al tûzenen op ’t wetter omdriûwe, weismiten
troch hjar wrede boarter, de wyn.
Bûtendoar is ’t deastil. Hester Hoara sit foar ’t finster to haken, hja
heart de oerripe apels fallen yn ’t lange gêrs yn ’t hôf en hja strykt
it swart siden skelkje gled en giet derút, om se op to siikjen. De
waermte slacht hjar noch tomjitte foardoar, wol is ’t de simmer nei de
simmer, hwaens dagen op sêfte soalen foarbyglide mei swierbidauwe
mantels om, hwaens blommen namsto lekkerder rûke, krekt as wite hja ’t,
ho gau ’t hja nou hjar possenaesje útspile ha.
Stadich giet hja foar de finsters lâns fen ’e kreaze stjelp, der hja
mei in faem en feint húsmannet en kuiert troch ’t slingertún nei ’t hôf
ta oan ’e hússide. Hjir is ’t altyd smout en moai—it leit oan ’e
súdkant. De jonge hofsjongerkes sjonge yn ’e tokken fen ’e
appelbeammen; Hester wit wol, hwer hja útbret binne, der yn ’e
skeanwaeide wigterbeam. Nou binne se al great . . . it is hjerst waen.
De krúsnotsjes blinke twisken de griene bledden, de ealjebijen
gounzelje derom hinne, bilust op ’e oerripe fruchten. Hester snúft de
hearlike geuren op fen alles hwet der ryp en swier twisken de tokken
skûlet, ien amerij is hja mids dizze natúr fol oerfloed en
foldiidigheit, fol kreft en skiente, ek noch jong . . . noch wer jong .
. .
Noch wer . . . hwent for hjar is de simmer foarby . . . It is nou
allinne mar mear neisimmer. Neisimmer! it jiergetiid, det min de
fruchten fen it fjild sammelt yn ’e skûrren en de fruchten fen it
libben mei in gjirrige hân, dy-t der net ien wer fen misse kin, sammelt
yn hert en hûs. Hwent o! ho djûr binn’ se yen waen! Hwet is der nei
útsjoen . . . om skript, for bodde! Is de jonkheit der net faek om
forgetten en ’e libbenswille oan kant skouwd as in fleurige gast, dy-t
min sokke tiden oer hat...?
En nou is de neisimmer kaem, de tiid fen ’e rispinge . . . Elts foar
oar hellet syn bisit nei him ta. Hark! der komt de boer fen ’e
tsjerkepleats oanriden mei de folle siedwein . . . syn eagen skitterje,
as hy tinkt om ’t gewin fen syn hân en de swiere hjouwerieren, der de
wein heech mei oploege is, kitelje him tsjin ’e holle oan. Janke en dy
giene to ierdappelsiikjen yn hjar eigen—heit mei de greate jonges
foarút en ’t wiif efteroan mei de famkes en ’e lytste yn ’e kroade en
dy leit der yn as in prins. De sinne skynt him waerm op it lytse kroeze
kopke en hy spartelt sa mei de bleate foetsjes om, det min kin súver de
rose boltsjes fen ’e foet sjen. De âlde swellen sitte op ’e skûrredoar
en leare, eptich yn ’t swart as wiisgearen de fjouwer jongen de weet
fen ’t fleanen, der hja hjar profyt mei dwaen scille op ’e greate reis.
Der is ien great gerucht fen sterk, foars, jong libben yn ’e loft en
oer ’t fjild, krekt as wirdt de natúr oanfitere nou noch ris ta ’t
allerúterst, om it lêste, it bêste to jaen út hjar simmergielgoede.
Ja, de neisimmer is kaem, de tiid fen ’e rispinge. Syn pracht is dy fen
in kening, dy-t skiede scil en de heimnisse fen o safolle! meidraegt yn
syn iensumheit, syn stiltme is dy fen in greate, faek bisochte timpel,
der de lêste lofsangen fen ’e lêste tankberen yn ’t koart weistjerre
scille, hy hat him sêd sjoen oan simmerlok en minskene-bidriûw.
En fol birêsting scil hy hinnegean. Hy is bifredige . . . alhielendal .
. . folkomen. Oan al syn maitiidswinsken is foldien, al syn simmerhoop
forfuld. Der is gjin gedachte mear yn syn hert, dy net ta died
folgroeid is, gjin heimnisse mear, der syn eagen net oer gien binne . .
. De bledtsjes, dy-t út de húllen poarren hat ’r sjoen en it oankommen
fen it earste knopke en de blom mei al hjar pracht en geuren as in
breid, hwaens komste allinne al hiel d’ierde sieret en nou . . . nou
skittert de frucht mei giel en goud...!
Hy is de hjerst, de wittende . . . Nou kin hy stjerre . . . It wirk is
biredt . . . syn âlde eagen habbe it greate libbensbidriûw sjoen en de
winterslom, der hy nou op wachtet is lang en swier, o sa swier . . .
Ja, de neisimmer is kaem, de tiid fen ’e rispinge . . .
Hester merkbyt it oan ’e geurige krúsnotjes yn ’e skelk en oan ’e
heakipe efterhûs der de sinne nou noch krekt op skynt, súver as goud ’t
is. Det hat de hjerst hjar brocht, in skûrre fol hea, in bûsfol jild en
. . . en . . . forlangst . . .
Hwernei . . , hosa . . .? Hat hja ’t net skoan? Hja tinkt om hjar heit
en hja sjocht him noch sa klear foar hjar mei syn wyt hier en syn fol
reafallich antlit, hwer det wite hier sa by misstiet. Né, de
tsjerkhôfsblommen hearden noch net by him . . . en nou ... nou waeije
se al sont lange jierren oer syn grêf. En Hester, de jongste? Dy is net
útflein út it âlde nêst, al diene de oaren it hjar foar, dy wie to
swier to rissen . . . det is in âld-faem waen, goed for de broerren as
in jildmoike.
De tearen yn hjar antlit wirde ynienen skerper, al forsêftigt de
hjerstsinne it hirde fen ’t antlit ek, it fel komt der rûm om to
sitten. Nou stiet se yn ’e folle middeissinne mei de hân boppe de eagen
en sjocht it lân út. In fromminsk is ’t noch op ’t bêst fen ’t libben,
sa om-en-de-by de fjirtich hinne, mar de roazen op hjar wangen binn’
forwile en de libbenshjerst hat tomûk syn sulveren spinrêgen troch hjar
pikswart hier hinne weefd. Donkere eagen forlevendigje it antlit en de
moaije foarm fen foarholle en eachsbrauwen scil net folle mear
foroarje, al wirdt hja ek âlder. In natúr, dy hwet wol en hwet kin, mar
der leit ek hiel hwet sêfts yn dy eagen, echt frouljueseftigs, der min
ek sûnder wirden it minske út kennen leart. En mei Hester Hoara is noch
noait ien bidroegen útkaem. Yn ’t doarp is hja gesien . . . al leit it
net yn ’t fryske aerd, det to úterjen. Hja wit it wol . . . en det is
genôch.
De feint en de faem komme it lân út wei mei ’t jok en amers op ’e
skouders. By Styn hingje se hast op ’e groun, by him swaeije se der
oer. It is in greate gewante kearel, dy Doede en de brede, foarse holle
sit him rjucht op ’e koarte, reade hals. Earst wie hy lytsfeint by
heites en nou al sont jierren wennet hy by hjar foar feint. In heech
lean, net folle to dwaen, nou wirdt der fen gnúte, hy wol trouwe . . .
mei Styn.
Do hat Hester lake. Der hat hja noch noait hwet fen bispeurd. Dy twa,
dat scoe iens spul wêze en det yn hjar hûs ûnder hjar eagen. En den mei
Styn . . .
Mar Styn is jong en fen ’e soarte, dy-t de mânljue wol lije meije, in
flodder, gekjeije en oangean en den wer stoef en stil . . . Alle dagen
hwet oars . . . Aprilwaer . . . neat net bistindich fen wezen. Nou
laket Hester noch ris wer . . . sa forsnobbet Doede syn oartsen net!
In moai hoekje skaed fen ’e elzenbeammen leit der op ’e brede reed. De
sinne twiljochtet der troch, de koetsebeijen glimkje der boppe. O de
lette ljeafde fen ’e dei is sa moai, de sinneskyn noch sa waerm en sa
lokjend!
Der bliûwe se ynienen stean to rêsten, deun neist inoar. Stadich giet
Hester yn ’e skûrre en sjocht troch ien fen ’e brede skreven fen ’e
skûrredoarren. Krekt as wirdt hja der hwet oars fen, o sokke swiete
oantinkings, komme hjar yn ’t sin fen hjar eigen jonkheit, dy hja nou
al sa lang forgetten hat as in reisger it frjemde lân, der hy ienkear
trochreisge is en noait wer en der hy einliks fen tinkt, det hy it
dreamd hat.
Hja kúrt mar aloan nei detselde plak, der Doede en Styn stanne, hy mei
’t blauw kyltsje oan en hja yn ’t forwoskene melkersjakje. Nou strykt
Styn mei de hân it krollige hier hwet út ’e eagen en hy stiet der
unbihouwen by to sjen.
Der ynienen pakt hy hjar beet en lûkt hjar noch fjirder nei de
elzenbeammen ta. Wyld en woest—Hester ken dy stemmige Doede net mear .
. . En Styn lit him gewirde, ienris, né twaris, né noch folle faker.
Mei in swaei krije se ynienen ’t jok en amers wer op en komme hastich
op hûs ta. Ien amerij wisten se neat oars yn ’e wrâld as det hja inoar
ljeaf ha . . . nou biseffe se ynienen wer, det se feint en faem binne
by Hester Hoara en det dy goed is, mar ek tige krekt.