II.

Op in Septimberjoun, in set letter, draeide der in âlderwetsk ferdek de

hoeke om en hâldde nou lyk op Hastings yn, det him mei syn lytse

húskes, yn ’t biskûl fen ’e âlde hege tsjerkhôfsbeammen as de pykjes om

d’âld klok yn ’t rounte om de grouwe stompe toer hinne legere. De sinne

skynde derop en de frisse wyn waeide der oerhinne; hy jage de reek foar

him út, dy ta de skoarstiens út krinkele en skodde ris oan ’e

beamkrúnen, as se noch gjin giele bledden falle litte woene. Hy bigoan

op roof út to gean, de flecht fen syn brede wjukken waerde hastiger en

foarser by ’t ôfgean fen ’e dagen.

Syn wjukken roerden ek it wetter fen ’t Jifferspoeltsje, det sa moai

toside fen ’e wei leit yn in bochtige seame fen brúne reiden, der kaem

biweging yn en fen ’e weromstuit bigoan in âld klomp to silen,

steatlik, mei as seil in bûnte bûsdoek, spand yn ’e wyn en hwet

triedden fen memme nassau’s jern as want. In flagge fen goudpompier

stie der boppe op en sa gyng det stadich oer ’e poel.

Der is noch noait in skip sa fol freze en beving fen in helling

towetter litten as dizze âld klomp en as der in foarse wynpûst kaem en

it skip hast oerwichtich waerde, den wykten twa pear berneëagen der net

ôf.

It wierne in jongkje en famke, dy-t der op dy moaije dei yn ’e reiden

sieten en det ien hûs hjar stamhûs west hie, der wie gjin mis op.

Hja úntroanen inoar net folle, it jongkje wie allinne hwet foarser en

foarliker en hja wierne berne ûnder it brúne reiden tek fen in

âldmoadrige greate húzing, dy-t der neist de poel op in hege kamp lân

lei en op ’t gemeintehûs stiene hja to boek as Fokke en Lys Hoara. Sa

hiette ’t op syn Sneins, mar yn ’e wand’ling wie ’t altyd de bern fen

Wychman en Gelses. Det wie de namme, der min se by koe, det paste by de

ienfâld fen it doarpke, der hjar eachjes iepengien wierne.

“Sjoch nou . . . o Lys! . . . it giet om!” . . . kriet de lytse jonge

ynienen en fen kleare bare skrik rôllen de triennen him oer ’e mûtele

brúne wangkjes. “Lûk den dochs oan, sleau fanke,” en hy fleach oerein

en rimpen skûrde hy ’t sisterke ’t stûrslyntsje út ’e hânnen en hoarte

sels mei alle geweld oan ’t tou. Mar ’t flearehouten mêstje gyng net

wer oerein stean, de reade bûsdoek waerde al wiet, it spul stie faei.

Ynienen kaem der in wolbirette útdrukking op syn tear, biweeglyk

antlit, syn heldere eagen skitteren en yn in omsjoch hie ’r de klompen

en hoazzen út, strûpte it broekje op boppe de fine knibbeltsjes en

batste mei lange stappen fen syn fearige blanke skonkjes yn ’e poel op.

As min him sa stappen seach, dy lytse boi, scoe min him wol

útpottreteare wolle mei syn slank tear lichemke en det brúnforbarnde

kopke ûnder it kroeze, donkere hier. Der siet pit yn det lichemke,

geest tintele yn dy eachjes, det treflik foarme mûltsje scoe letter wol

witte, hwet it sei en ûnder ’e kwint hâlde, det forset bisiikje doarst.

Der lei hwet sûnders yn dy eagen . . . it sisterke like krekt op him en

dochs, hja roanen út inoar as nacht en dei. Hja miste it karakteristike

fen syn antlit, de wissichheit fen macht, it onbiwuste bisef fen

hearskippij oer oaren, swakkeren en hy miste it sêfte, goedlike fen

hjar, det hjar fyn kopke nou al stimpele mei it sêfste mark fen wûndere

ljeaflikens.

In stap ef hwet noch . . . mei lytse grage hânnen pakte hy syn faeie

skat al beet en scoe gau werom, do kaem der in meager, langramich

fromminsk skean oer ’t lân fleanen en lyk op ’e bern oan.

Fokke dûkte him al mei de lytse kroeze kop hast ûnder wetter en ’t

sisterke siet al deastil yn ’e reiden forside, mar mem hjar skerpe

eagen hiene se al yn ’e gaten.

“Hjir jimm’ dôgenietten, jimm’ luiwammesen! derút, yn ’e hûs!” en hja

jage it famke as in jonge einepyl út ’e reiden op.

“En nou dû, smoarch jonge, derút!” hjitte hja Fokke en stie oan ’e kant

by de wâl to kibjen en oangean. Do seach se heite bûnte bûsdoek as in

fodde by de klomp delhingjen. Fokke hie him foar ’t liif hâlden en as

in djûre skat omklammere hy him mei syn beide hantsjes.

“Hwet’s det? Hwer’s dy wei?”

“’t Is heite’s, hy hinge op ’e line,” sei hy bidêsd. It gûlen stie him

neijer as ’t laitsjen, mar as hiene de lytse skonkjes mûrrefêst yn ’t

sân fêstsûge wêst, sa min wykten hja in hânbré. Mem doarst der net yn

en hy kaem der net út . . . hy bigoan al to biprakkesearjen, ho-t hy

mem forrifelje scoe.

“Scilst’ der nou út!? . . . as ik helje jimm’ heit. Dy stiet der op ’e

efterhûsstriette.”

Fokke seach det ris út. Der stie heit as de wreker fen ’t kwea, in

greate, foarse kearel mei in rêch as in barte en in lûd as in klok, det

min wech-en-der-wear hearre koe, sa hoar wie ’t oer ’t lân yn syn rêst

nei de rispinge.

Gels draeide hjar om. “Wychman!” rôp hja mei de hân oan de mûle.

“Wychman! kom hjir ris!”

Nou wie de baen rûm en de lytse baeifanger binuttige de kans. Fluch as

in wezeling wie hy mei in sprong op ’e wâl en der stoude hy hinne mei

syn wiete lytse foetten en ’e klompen ûnder de earm, skean oer ’t lân,

op ’e wei yn.

Dy roan ’r in ein út, do gyng ’r op in sânbultsje sitten to bikommen en

droege syn foetten mei in tippe fen ’e bûsdoek, dy-t noch droech

bleauwn wie. It fjirdere liet hy oer oan sinne en wyn, dy-t him

bystiene, safolle as hja koene en earst moude hy krekt s’as de

fûgeltsjes hwet yn ’t waerme sân om en do bigoan hy der om to tinken,

hwet hy nou einliks wol ris dwaen koe, hwent mem yn ’e earste ûre twa

ûnder eagen komme, dat wie min to weagjen.

Nei Hes-moi’s gean om in apel? Der hie hy fen ’e moarn ek al west, do

hie hja al gjin mear. Nei baes kûpers Jan, as dy him ek in nije top

meitsje woe for in sint? Mar dy sint krige hy moarn earst, as Date kaem

to boartsjen sa’s alle Sneinen sont fen ’t maitiid en dy top hie hy

hjoed ljeafst en Jan boarge net, sei heit. En den koe hy ek net mei

bleate foetten de bûrren lâns, den raesden se fen: “heidebern,

heidebern! hast gjin hoazzen en gjin jern,” en piûwden him nei.

Hark, hwet wie det? Der kaem in wein oanriden, it ferdek fen Boate

Piters en de rún hie ’t moaije nije gereid oan mei de giele kwastjes

oan ’t hoofdstel en ’e wite jageline.

Yn in omsjoch wie hy oerein en roan ’t yn ’e mjitte. “Boate! Boate!”

rôp hy al fen fierrens.

“Ja, hwet is ’t, Fokke?” sei dy en glimke syn goelikst glimke, do-t de

lytse man fol smeking syn skipke omhegens hâlde en neist de wein lâns

roan. “Moast meiride?”

“Nou!!” sei dy en de wein stie. De lytse jonge kleau op it stuitbankje,

der scoe hy sitten gean. “Nou, kom hjir mar,” sei Boate en skikte hwet

om en do mocht hy op in sêft fewielen kjessen sitte—der kaem hy wer

hwet ta himsels.

Ynienen hearde hy gepraet efter yn ’e wein en draeide him nijsgjirrich

om. Hea! in frjemde man en in frjemd fromminsk rieden ek mei Boate en

hwet hie det wiif in moaije jurk oan, alhielendal mei sidene franjes

bihinge. “Dach,” sei hy en seach se do mar ris tige oan mei syn

blierhertige eagen. Do aeide hy tomûk ris oer ’e franjes, as dy wol

echt wierne. It fromminsk fielde it hantsje wol, det oan hjar rôk

omplúze en sêft krige hja it beet.

“Ho hjit hy?” frege hja mei sa’n sêft, ljeaf lûd, as Fokke noch noait

heard hie.

“Ik bin gjin hy, ik bin Fokke en ús heit is Wychman,” andere hy greatsk

en sette in heech krop.

“’t Is ien fen ’e Hoara’s, doomné,” fordúdlike Boate en wiisde hjar

rjuchts fen ’e wei de húzing yn ’e beammen. “Der wenje se, geseten

ljue, hy is ek tsjerkfâld en sa.”

Krekt as tocht it jongkje, nou wie ’t moaijernôch. “En hwa bist dû?”

sei hy en seach ’t jong fromminsk oan. Hja lake de man neist hjar ris

ta en do rêste hjar each o sa ljeafderyk op it lytse kopke foar hjar.

“Woest graech witte, hwa’t ik bin? Ho det sa?”

“Sjoch,” sei hy fortroulik wei, “ik meij dy wol lije. Ik scoe dy in top

jaen wolle, moarn earst, mar hwer moat ’k dy den hinnebringe?”

Trouhertich seagen de moaije berneëagen hjar oan. Hja knypeage tsjin ’e

man neist hjar, hy moast him mar stilhâlde.

“Wiste hwet,” sei hja, “ast’ nou hielendal net ondôgens biste hjoed net

en moarn, bring him den mar yn ’e pasterij.”

Mei ien slach wie ’t bliere fen ’t antlit ôf, Fokke seach rare binaud.

“Den kin ’k dy dy top noait bringe,” sei hy bidrukt, “ik bin altyd

ondôgens, seit mem en . . . hjoed . . . ek . . . al . . . wer.”

“Hwet hast wer út-e-wei set? Yn myn apels sitten?” Boate seach rare

stoef, dy hofsjongerijen yn syn tún by nacht en det geskooi fen ’e bern

by dei wie noch in neil oan syn kiste, sei hy ornaris en lytse Fokke

wie der altyd middenmank, dy stie foar wetter noch fjûr.

“Yn ’e poel ha’k sitten,” sei Fokke bidêsd, mar dochs de moaije eagen

noch fol skelmerije en do krige det fromminsk syn hantsje beet en sei,

hy moast mar ris fortelle, licht koe der noch hwet op útfoun wirde, det

hy net wer yn sokke greate ondôgensheden forfoel en ek de top noch

bringe mochte.

Hy hinge der earst noch wol hwet tsjin oan, mar do waerden alle sounen

fen ’e Saterdei’s opbycht en einliks suchte hy fol selfkennis: “It moat

mar oergean mei dy top. Ik hie oars wol nei dy ta wold. Lútsen seit, yn

’e pasterijtún sit ek in gielgousnêst en der binn’ ek slangen.”

“Mochten jimm’ wol by de poel boartsje?” sei hja wer.

“Né,” skodholle Fokke, “mem sei, ast it ûnderstietst’ en dû giest mei

Lys nei de poel, den scil ’k dy yn tsjusterst gat bringe fen ’t hiele

hûs.”

“Ast nou ris tsjin mem seist, det it dy moit,” rette it fromminsk, “en

dû ûnthjitst om ’t net wer to dwaen?”

“En meij ’k den noait wer by de poel komme? ’t Is der sa moai. Mar as’k

it ûnthjit, moat ’k it ek dwaen, seit mem, oars is ’t skande en skande

is dea, net?”

“Ja myn bern,” sei det fromminsk. Det bern wist net, ho-t it hjar yn ’t

moed griep. Skande ef dea, det freeslik wird hie ek ienkear skieding

makke yn hjar âlderlik hûs. Heit en mem hiene de knoei weikrige en der

op ’e bare lei hy, de âldste soan, dy-t de dea boppe de skande socht

hie.

“Dos scil ’k it ûnthjitte en meij ’k dy top den bringe moarn?” sei de

lytse jonge. It gielgousnêst en de slangen lieten him net mei rêst.

“Det’s ôfpraet en nou moatst’ nei hûs en doch skjinne droege hoazzen

oan en siz tsjin mem, det it dy moit, Fokke. Scilst’ it dwaen?”

“Ja,” sei hy. Dy rjuchtúte eagen koene net lige, det seach hja wol.

“Boate, meij ’k derút?” frege hy. Boate en hy wierne nou wer goede

maten, det fen ’t apelskooijen hie Boate al lang wer forgetten.

“Dach frou,” sei Fokke en in lyts smoarch hantsje waerde útstutsen.

“Dach, myn ljeaf jongkje,” sei hja en knypte him ris tige yn ’e hân.

“Dû koest my ek wol ris in hân jaen,” sei de man neist hjar.

Fokke stie al oerein, hy bitocht him ris en noch ris—do sei hy ynienen

earnstich wei: “ik meij dy net lije, dû bist sa swart.”

Foart wie hy.—De jonge doomné lake, det him de triennen hast oer ’e

wangen rôllen en syn wiif lake mei. “Hwet in aerdich jongkje,” sei de

iene tsjin ’e oare, “hwet in lytse permant!” en der kaem yn it hert fen

dy jongeljue in winsk op . . . in swieten ien . . . in faek bigearden.

Bringt in klaver fjouwer it lok, in klaver trije heart by de ljeafde.

In hûs sûnder bern is in dei sûnder sinne.

Boate loek ris oan it slap pypke. “It is in pril jongkje,” sei hy. “As

hy mar net tofolle oer ’t hynsder tild wirdt der by Wychman’s . . .

Wûnder, det hy de earste Hastinger wêze moast der ’t jimm’ mei praet

ha, ja ik fensels der net by . . . ’t Is ommers noch mar in jongkje fen

in jier ef fiif. Hwerom net syn heit ef notaris ef Ulbe Jans, dy-t ek

yn ’t fjouwerkant sit?”

Ja hwerom net? Hwerom moasten dy trije minsken inoar der mette op dy

Septimberjoun? Wie ’t omt hjar wegen ienkear sa ticht neist inoar lâns

rinne scoene, krekt sa lang, det hja by de greate kleau wer út inoar

roanen for ivich? en de pasterijtún, hwer de bernefoetsjes nou sa frank

en frij yn omrinne mochten, ienkear for in man yn ’e kreft fen syn

libben wêze scoe as it forbeane Parradys, der de groun ûnder de foetten

barnt en det dochs fol is fen ûngekende sillichheden en noait net

dreame lok?—

De oare deis, de Sneine ha in bulte Hastingers yn hjar ûnthâld

opteikene as in wichtige dei. De folle sinneskyn lei op ’t tsjerkepaed

en ’t hoarntsje fen ’e stompe toer stie to blêkerjen yn ’e sinne en

skittere boppe de beammen út, sa wie de earste opgong fen ’e nije

doomné nei it bedehûs. d’Ald foetten fen doomné Westra, dy-t nou

mjirkes wie en by de bern ynwenne, wierne de útslitene stiennen lâns

sloft, nou stapte der in flink jongkearel lâns mei syn jong wyfke op ’e

side en hie noch in greate forwachtinge fen ’t libben. Doomné Westra

hie der in goed tritich jier stien en och! hy wie sa oan Hastings

forkleefd rekke . . . de manljue, dy-t hy nou yn tsjerke sitten seach,

hie hy as lytse jongkjes op ’e knibbel ride litten en fen dy ljeafde,

der wie hwet fen sitten bleauwn.

En de Hastingers? Fen ’e moarn gyngen hja allegear wol trou nei

tsjerke, mar der moast earst al ris in sek sâlt mei Fleurin, dizze

nijling opiten wêze, eart hja him de ljeafde en it folle bitrouwen en

’e achtinge joegen, dy-t hja d’âld doomné altyd tadroegen hiene.

De tsjerke kaem út dy middeis. Ynienen wie it tsjerkepaed swart fen

minsken, de frouljue yn ’e stemmige swarte dracht mei de wite

floddermûts op, kroand troch ’e nijmoadrige hoed mei bûnte blommen.

Wychman Hoara kaem de bakker op ’e side. “Nou, hwet seist’ der fen?”

hifke ’r him. “Hat ’r ’t net moai makke?”

Dy wie wakkere neringsiik en hâldde in slach om ’e earmtakke. “Ja, hwet

scil ’k sizze,” andere hy, “it fûgelt ken min oan ’e fear en ’e man oan

’e wirden, en dy wierne goed, Hoara, bêst! Mar hy giet der wol hwet

lichjes oerhinne . . . Hy moat oars skoan hwet misse kinne, seit min.

Nou, mei dy heide efterút, den kin hy oanslach krije.”

Det stie Wychman Hoara wol oan, det wie ek in plûmke for him, hwent hy

hie alle war dien, om him biroppen to krijen. As ’t wiif ek net sa

skatryk west hie, hiene se Fleurin hjir net iens ha kind, hwent der

waerde forwachte, det it heale traktemint hast weijown waerde. Sa

wierne hja det wend to Hastings—gjinien doomné der hie ’t oait op ’e

hânnen stien, hja koene skoan hwet misse, derom mochten se hjar den ek

skoan lije en hja kamen sa trou op, det hja stiene sims ta de tsjerke

út.

“Hat de boer ek heard fen Timen’s Griet? Dy moat tige min wêze,” bigoan

de bakker wer en roan mei Hoara nei hûs út.

“Altyd siik en noait dea,” andere Wychman Hoara stoef en in djippe tear

kaem twisken syn foarse, donkere eachsbrauwen. “’tWiif sei oars al, hja

woe der in pear poun spek hinnebringe litte . . .

“Ja, ja, min wit wol, hwa-t altyd klear stiene to jaen hjir to Hastings

. . .

“Mar ik sei: det litstû, der’s dochs gjin salve oan to striken by dy

ljue, det wiif is me der sa’n gatsjepanne, sa’n brieder, ’t is súver

weismiten jild, sei’k.”

“De boer ken de ljue,” sei de bakker en tocht syn eigen. “Ea ja, ik siz

altyd mar, dy-t him sels net mear bidrippe kin, moat mar oan ’e

earmfâlden forfalle, der wirdt for opbrocht. En den dy Timen’s Griet!

hwet binn’ der foar en nei slompen jild nei hûs ta tooid! min scoe

sizze, hwer bringt det folk it! en ’t wie altyd op en wei dêr. Fensels,

it moast mei ûnder de tekken. En nou bigjint it rib der heech to

hingjen—de bern trouwd en de kearel âld—nou sitte se yn ’t lijen. Der

is gjin omtinken, Kei. As wy ek net kloek en deun west hiene yn dizze

minne tiden, hwa wit, ho-t wy der nou ta sieten, licht wol oan

reapsein. Mar min rekkent . . .” en Wychman Hoara sette in heech krop.

“En as min den bigjinne kin to rekkenjen mei in tontsje fen yen âlden,

boer, den hoecht it net iens to spannen, ’t jildoerwinnen,” andere de

bakker nippel. “En ’k moat dit mar sizze, it falt my den altyd noch

danich ôf, det der mei al ’t gjerjen en bikrinken noch net mear by

inoar klauwd wirdt” . . .

Wychman Hoara skûrde in pear rare eagen op. “Noch—net... mear?” en hy

stammere fen lilkens. “Hwet wist dû fen myn kaptael! Hearink, my tinkt,

dû koest dy wol hwet ynbine mei dyn smeulske praetsjes—dyn foet stiet

ûnder allemans tafel.”

Krekt gyngen hja it kreaze boerespultsje foarby, det fen Ynske Ljibbes,

det foart troch de bûrren stiet mei acht en fjirtich pounsmiet bêst lân

yn ien kavel derefter. ’t Ald minske wie der út forstoarn—nou kaem ’t

op ’e bûrden.

Wychman Hoara glûpte ris skean ta de eachshoeken út nei dit fette

hapke, det him sa gelegen lei.

“Sjoch,” sei de bakker, dy-t wol mirk, det ’r to fier gien wie,

fluensk, “dit moatt’ jy nou ris keapje. ’t Leit súver yn jowes. Ik tink

der net oars oer, as jo roppe “myn!” Saterdeijoun by de tawizing.”

De stoefe, donkere eagen fen ’e rykste boer fen Hastings fonkelen noch

fen nidigens. “Ienkear scil ’k noch ris “myn!” roppe, Kei,” sei hy mei

in bisondere neidruk op elts wird, “hwersanne det wêze scil, der kinst

noch wol ris raer fen opharkje, raer, siz ik dy. Dach,” en mei de moi

reade holle stiif yn ’e nekke stiek hy mei steande earen op hûs ta, nei

’t boerespul, det oan ’e wei fen Hastings nei Hjerrewâld toside fen ’t

Jifferspoeltsje leit en der ’t de Hoara’s al sont geslachten tahâlde.

Sa op ’t each like it mar hwet útwenne, it wie sober yn ’e farwe en

noch sa âldmoadrich, det it skeinde hiele Hastings mei syn spitse

heechoppe foargevel, dy-t hast weikrûp efter in greate isejanebeam en

syn lytse finsters, dy-t as slieprige âld eagen skean en bryk yn dy

foargevel stiene. Derefter skimeren forwoskene blauwe gerdinen mei wite

franjes, s’as min se foar jierren folle plichte to habben by ljue, dy-t

hjar oan ’t âlde hâlde woene en bidieken de boppeste helte fen ’e

finsters. Hja hingen hast op ’e houten ramtsjes, wûndre hekjes fen fine

latsjes by inoar timmere fen baes kûper—den wie ’t hast sa gaepsk net

yn ’e keamer.

Hwet skeanwaeide beammen stiene om ’t hûs hinne en in hege dyk, ticht

bigroeid mei koetsebeammen en bjirkestruwel, frede it hiem fen ’e

lânnen ôf. Min hie hjir neat for aerdichheit, selst it lytse streekje

tún foardoar, det klaveren hja simmers en by ’t hjerst stiene der yn ’t

fjouwerkant om boerekoalsplanten, it brocht dos dûbbeld op. Allinne yn

’e iene hoeke tichte by ’t bjinstap, der stie in roazebeam, in moaijen

ien, dy bloeide read. Ho-t dy der kaem wie, det wist nimmen mear, det

wie al sa lang forlyn, licht wol yn dy tiden, do-t de Hoara’s ek noch

om oare dingen tochten as om jildoerwinnen. Alle jierren scoe hy derút,

sei Wychman en alle jierren alweroan bloeide hy sa moai en roek sa

hearlik, det it wiif sei, hy moast him stean litte en sa ranke hy al

fierder en fierder en hinge al heal oer ’t bjinstap hinne. In pear

ôffallene blêdtsjes dreauwne yn ’e koelbak om en guont stouden foar de

beide lytse jonges hjar foetten, dy-t der wiis en stil op in pear

omkearde amers sieten to hânneljen oer in glêzen bakkert. Dy hie Fokke

en Nuttert’s Date hie in fjurstien en in âld mes en den ek noch in

grif, dy woe hy einliks wol forhânnelje oan det prachtstik fen Fokke en

Fokke woe graech de fjurstien en ’t mes ha, hwent det kaem yen tige to

pas yn sa’n greate bosk as de pasterytún, der ’t Date en hy de hiele

moarn yn omstrúnd hiene. Fokke wie in liipen ien, hy naem Date mei en

do ’t it ek noch útkaem, det de bakkert in bast hie, wie de kaert

ynienen forjown. Date slûpte fen ’e amer ôf en gyng om ’e hússide stean

to gûlen en Fokke krige de fjurstien en ’t âld mes en ’t stik grif, al

syn hearlikheden en kegele se him efternei yn ’t gêrs. It mes rekke út

’e koers en fleach by heites troch de glêzen en de bidriûwer fen ’t

kwea spile de wyk en krûp yn ’t elzenboskje by de poel.

Der kaem Wychman Hoara om ’e hússide, steil en stiif yn ’t fesje. It

wyt oerhimdtsje wie foarwei en de fyn lekkense jas hinge al wer oer ’e

stoel, “officiëel” wie for him de Sneine foarby.

Der krige hy Date yn ’t fesier en ’t stikken rút. “Hastû det dien,

ondôgense jonge?” sei hy en skodde him ris oan ’e mouwe.

Date krûp alhiel yn inoar yn al ’t bisef fen syn nietichheit foar de

strange eagen fen de boer, mar syn eagen dy sloech hy net foardel. “Né,

boer!” stammere hy deabinaud en ’t lyts jaske mei gleone gledde gouden

knoapen fleach op en del, sa sloech him ’t hert.

“Scilst’ my det ligen hiette, divelske jonge! En dû stietst der ommers

by! Wist wol, det ik it dyn heit bitelje lit Saterdeijoune, dû

heidehipper!” De boer makke him ho langer ho lilker en kaem noch

tichter by de lytse jonge. “Hwet bidocht min yen sok folk ek oan to

heljen, sokke heidebern, sok onrân to ligen.”

“Ik liich net, boer. Beppe seit, it meij net.”

“Beppe?! hokfoar beppe? Dy heidebeppe mei hjar trije spyn lân? Dû

stietst der by en dyn mes fljocht troch myn rúten en det hietst’ my

ligen, my? Ik scil dy opsitten leare, dû slûchslimme gichemert!”

En do sloech Wychman Hoara de lytse jonge. Syn lichemke wie noch to

lyts om him to forwarren, mar syn hert al forstânnich genôch, om op dit

stuit it bigrip forset to learen en Wychman Hoara hat it letter op in

gefoelige menear ûnderfoun, ho’n freeslik wapen det is, as de earme,

dy’t neat to forliezen hat, it yn hânnen nimt.

Der snûrre ien om ’e hoeke. “Ho!” sei dy en de hân, dy-t al wer yn ’e

hichte gyng, sakke wer. Date seach ’t troch syn triennen hinne. “Moat

det sá, Wychman?” sei in lang, licht fromminsk en wiisde nei Date.

“Binn’ ’t dyn saken, Gels?” frege hy skerp en syn gleone brúne eagen

hjiten hjar ’t swijen.

“Nou, hwet diichst dy jonge sa to slaen?” Hja stie Wychman

optheden—hjar gefoel for rjucht dreau hjar to sterk, om for dit lytse

swakke bern op to kommen. “Hwet hast út-’e-wei-set, Date? To jonge,

stien der net sa to mâl sjen, siz op.”

“Ik die ’t net, frou,” sei hy mei in lyts lûd.

De dikke ieren op Wychman Hoara syn foarholle swolden al wer op, fen

nidigens bigoan ’t yn syn eagen to flikkerjen.

“Liich nou net wer,” sei hy, “as ik slach dy dea.” Do waerde Date bang,

hy krûp efter Gels hjar rôk. Der seach hja it stikkene rút.

“So....!” sei hja mei in lange úthael, “so....!” en hja pakte him mei

de hân únder ’t kin, “hastû det dien, jonge?”

“Né frou,” sei Date. Fokke forklappe woe hy net, det koe hy net. O wie

hy mar thús by beppe’s ef mar by heite’s! Hwet wie’t der folle better

as hjir by de bokkewein en de brabantse keninen en dy wrede man mei syn

swiere ilige hânnen!

“Hea, hwet bistû stymsk! ’t Wie dochs dyn mes, det dertroch fleach?”

“Fokke hie ’t koft,” flústere Date en hy skokte noch fen ’e neisnokjes

fen nys ansens.

Gels bigriep ’t ynienen. “Hwer ’s Fokke?” sei hja en seach om hjar

hinne. “Wistû ’t ek, Date?”

“Dy’s foartroan,” sei hy en woe him ôfjaen. “Kom mei,” sei Gels

goelikwei, “ik scil dy in stik iten jaen, Date, en den moatt’ jimm’

strak mar wer moai boartsje.” It bigrutte hjar om ’t lyts jongkje, det

der nou sa moedeleas neist hjar lâns stapte mei syn bleek kopke en syn

nij buiske oan fen ’t allerminste gûd, det Fokke noch net iens for deis

drage mocht.

Sjesa, tocht se, ik scil him ansens wol biprate mei in stikmennich

moaije apels, det hy ’t mar stil hâldt, ho-t Wychman him tramtearre

hat. Mar och, hja koe dy lytse jonge syn natúr net.

Hja hie efkes yn ’e keamer west om him in snobsint to heljen en do-t

hja werom kaem, wie ’t lyts stoeltsje yn’e hutte leech en fen ’t iten

hie hy gjin krûmmeltsje nuttige en de readwangkje apels leine der noch

krekt sa neist. Stiltsjes wei wie hy nei hûs ta slûpt en der droech hy

’t heit en mem ûnder triennen en snokken oan.

It sette kwea bloed by Nuttert. It stoefe, rare, ôfgnouwerige fen

Wychman syn wezen, der hie hy al noait oer mocht, mar nou hy syn jonge

sa tramtearre hie, krige hy súver in pik op him. It wie in goelik

mantsje, Nuttert, mar sa stiif as in peal yn sok stik fen saken en den

bûrrle en kôke it krekt sa lang yn him, det it ta in útbarsting kaem.—

De Moandeitomoarne ier en betiid stapte Nuttert wer nei de boer ta en

Date gyng mei him det út nei skoalle. Der wie ’t noch fierst to betiid

ta, mar hy boadskip-roan earst noch in set for de bakker, der hie hy

trije stûren wyks fen.

“Dû tinkst der om en setst gjin foet wer op ’t hiem by Wychman’s,

bigrepen?” droege Nuttert him yn. “Lit hy syn houn slaen, mar myn

jonge! der hâldt hy syn klauwen ôf!” en ’t lytse mantsje makke him noch

ris wer lilk. “Hjir hast in dûbbeltsje, keapje der de moaijste bakkert

for, dyst’ krije kinst’. Mar pas op, det mem him net sjocht.”

“Né!” ûnthjitte Date en omklammere mei lytse bigearige hânnen syn

greate skat, tsjien gledde koperen sinten. Do roan hy mei lytse stapkes

foart en Nuttert gyng mei in swiere mûts op oan ’t wirk, efter boppe

oan ’t ploeijen for de winterfrucht.

Ynienen kaem ’t him yn ’t sin, ho-t hy hjir foar tweintich jier ek sa

stien hie en de hynsders foar de ploege sloech, do wie hy trije en

tweintich jier en nou roan hy nei de fyftich en altyd hie hy by de

Hoara’s tahâlden. De hotte hie de file noch noait rekke mei dy twa, hja

hiene inoar noch noait de tosken sjen litten. Krekt as mijden dy twa

sterke natúren hjar derfor, krekt as fielden hja, dat der den in wrok

sitte scoe, dy-t noait wer forsliet.

Der kaem de boer oanstappen, it kofjetsjetteltsje yn ’e hân en ’e âld

figematte djip yn ’e eagen, min scoe súver sizze, hy seach neat. Mar as

hy ek seach!! De rjuchte fjurgen fen Nuttert en det d’âld swarte noch

altyd oan ’e poat loek en ’t omluiterjen fen ’e ierappelssikersfrouljue

op ’t oare stik en ’e appeltsjes oan ’e wylde appelbeam op ’e dyk, dy-t

hy wol yn syn hôf sette koe. Dy droech nou.

“Moarn,” sei hy stoef-wei.

“Moarn boer,” andere Nuttert, mar it frjeonlik oansjitske yn syn lûd

wie forklomme ûnder ’e druk fen it oantinken, ho-t dizze greate kearel

syn lytse Date omseame hie. Och ho fielde hy ’t nou wer, ho-t hy heit

oer dit jongkje wie, ho mâl as ’r mei him wie!

“Dû moatst ek noch ierappels helje fen ’e wike,” hjitte Hoara him en

wiisde nei it oare stik. “Kinst dit fen ’e wike noch om?”

“’t Scil wol moatte,” sei Nuttert. “In nije wike, nij wirk, det’s

ommers widânzje hjirre.”

Hoara bitocht him ris. Der wie hwet yn Nuttert syn praet, det stie him

net oan. Krekt as prate hy tsjin syn gelikens—net tsjin him, Wychman

Hoara, de rykste fen Hastings. “Ja . . . widânzje is ’t . . .” sei hy.

“En yn nije wike moatst mar oan ’t ierdmennen.”

“Der moat de boer den mar in oaren ien for sjen to finen,” sei Nuttert

ynienen. Nou wie de kûgel troch de tsjerke.

“Hwet seist’?”

“Det ik myn measte wirk hjir dien ha. Wy kinne net mear meiinoar oer ’e

wei.”

“Hwette!?” Wychman Hoara joech de figematte in triûw, det hy kaem him

efter op ’e holle to sitten en syn eagen fonkelen der ûnder út, fûl as

slipe mespunten. “So, so! knypt de skoech dêrre...? Jonge né, dû stekst

om hiele oare dingen de hoarnen yn ’e wâl.”

Nuttert liet ynienen de stirt fen ’e ploege los en gyng lyk foar

Wychman stean. “Ja boer, der binne hiele oare dingen. As Nuttert Date’s

út ’e tsjinst wol, der hy tweintich jier forkeard hat, den is det in

swier stik. Der hat hy nachten sliep om brutsen . . . der . . . hat hy

om . . . skriemd . . .”

“En hwerom docht ’r ’t den?” . . . frege Wychman. It wie him net sa

bêst to moed, hy mirk it wol, dy Nuttert wie sa lilk det. En hwet scoe

hy sûnder Nuttert? Dy wie ’t âld bistel, dy seach op alles ta, as hy

nei de forgearringen fen ’e rie moast.

“Det is myn wraek,” sei it lytse mantsje koelwei en boun de jageline om

’e stirt fen ’e ploege. “Sjoch boer, wy en ús gelikens sitte altyd yn

’t ûnleech. As wy roppe, hwa harket dernei? De skreauwers hat ’t net

min, wirdt der sei. Wy binn’ de bitelle slaven fen ’e jildljue. Dy

nimme it bêste fen ús for in bytsje lean en as wy âld binne, den smite

se de doar fen ’t earmhûs op en sizze: der yn, hjir hearstû! Der meije

wy den op ’e dead wachtsje en dy is jamk meilydsumer as de minsken . .

. dy hellet ús gau. Mar sa lit ik my net traepje!”

“Ea jonge né, dû hast ommers ek jild fen beppe’s . . .” gnyske Hoara.

Det wie de lêste drip . . . der roan de oan-’e-kop-ta-folle beker fen

Nuttert syn opkroppe lilkens fen oer.

“Jow my myn jild!” raesde hy. “Ik gien optslach foart,” en hy strûpte

de jas al oan. “Sjoch sels ’t lân om to krijen.”

“Ho, ho!” sei Wychman Hoara, “de brij wirdt sa hjit net iten as er

opskept wirdt. Moarn moit it dy, jongkje. Dû hast it as prûmmenbôle by

ús.”

“En myn jonge den?” Do bigriep Hoara, hwer de oast siet, hwet him sa

oerstjûr makke hie.

“Hwet hie hy ’t goed by de boer, hen?” húne Nuttert mei bloedbiroanne

eagen. “In wan, det hy gûlende wei thús kaem is, syn klean stikken

slein . . .”

“Det kaem, omt it gûd sa gemien wie,” spotte Wychman Hoara.

“Det kaem, omt de heit biwys ha scoe, as hy ’t oanbrocht by ’t rjucht,”

sei Nuttert.

Do krige Wychman Hoara in skrik. Myn goede, der hie hy noait net om

tocht, det dy Nuttert sa opspinne scoe, prate oer ’t rjucht, oanbringe.

. .!!

“Ho koest’ it goedkrije, det bern sa to slaen? Hie hy dy hwet dien?”

sei Nuttert pûrrazen. “Pleage hy Fokke? Né, dyn eigen jonge, dy

dogeneat, smiet it mes troch de glêzen en mines moast it bilije, hwent

och, det is mar in heidebern, ’t kin wol lije.”

Do smiet de boer it ynienen oer in oare bûch. “Hark ris,” sei hy, “der

leit joun for dy yn ’t foarhús in bankje fen fiif en tweintich goune en

den moat it út wêze. En dû bliûwst by úzes.”

“Né,” sei hy stiif en gyng by de hynsders wei nei de foarikker ta. Mei

lange stappen kroaske de boer him efternei, skytskoarjend, as skamme hy

him oer him sels, det hy syn fêst arbeider sa de holle yn ’e skoat

lizze scoe.

“Tink om ’t wiif en bern. De winter stiet foar de doar. Moast mear

fortsjinje? Siz op! Achttsjin stûren? in goune?”

Nuttert liet him mar prate en biede. Syn holle sonk him djip twisken de

skouders . . . nou ’t hy for ’t lêst oer ’t lân gyng, der hy sa lange

jierren op omskript hie, waerde it moed him fol . . . ’t Wie krekt, as

hâldde dit lân him fêst, klammere de weake ploege modder him om de

foetsoalen.

“Twa en tweintich stûren . . .?” sei Wychman Hoara en kaem him mei

lange stappen op ’e side. “Hwer scil ’k ien weikrije, dy sa trochkrûpt

is yn ’e boerkerij as dû? dy ’k alles tabitrou? Dû falst my ôf—ik

tocht, detst in kearel út ien stik wiest, dû smytst dyn eigen glêzen

yn.”

“Ik nim wraek,” andere Nuttert en gyng foart, sûnder dei to sizzen nei

hûs ta.

“Dyn jild!” rôp Hoara.

“Hâld it!” rôp Nuttert werom en wie al by de elzewâl.

Jierren letter ha se earst ôfrekken hâlden . . . en Wychman Hoara hat

do oan ’e koartste ein litsen.

De Hoara's fen Hastings · 第 6 / 19 题