EN

TRYNTSJE JANS BEINTEMA,

(9 Nov. 1850—25 Nov. 1916)

TA

IN NEIGEDACHTENIS.

O brune heide! wiidte, iensumheit yn gouden, gouden sinneskyn!

’t Gewaei fen âlde spjirren! ’t fyn gerank fen blonde, slanke bjirken!

En al de hearlikheit fen rûmte, sûnder minske ef hûs!

Dyn fûgels ha ik ljeaf, dy-t piipje yn dyn struwellen,

Ef júbljend sjitte omheech nei ’t fiere blau....

Dyn blommen ha ik ljeaf, net roerd fen minskehânnen,

Dy-t kleurich bloeije en kein, yn bûnte pronk’s forsjit

Dyn poellen, hwer de djipten frjemd fen mearkes sjonge

En keninklik en koel it swânneblomte bloeijt....

Dyn wolkens, sulvren toerren lyk út fiere, greate steden,

Dy-t hjerst ynliede mei syn rein en winter mei syn snie;

Den jeije oer dy, myn heide snie hjar wylde ruters,

En traepje petten ticht en smite sompen fol,

Den is dyn wezen wyld, de stoarm dyn wrede frijer,

En ’t âljen fen dyn âlde beammen winter’s ljeafdeliet.

Mar nou! o wiidte, iensumheit yn gouden, gouden sinneskyn!

Nou bist in stille timpel . . . jowst myn herte rêst . . .

In lytse wyn wint oer ’e griene finnen oan . . .

En heech yn ’t loftblau mind’rje njúd de wolkens;

In wûnder! sjoch yn ’t Westen, klearet stil de kym,

Forreind en tear, sa kuiert noch in lêste blink

Fen fiere sinne stadich oer myn stille heide,

Sá wirdt it joun . . . nei dei syn wêzen nacht syn dream.

De moanne kliûwt . . . de lytse wyn wirdt wei . . .

Yn onforweechlikheit stien’ reid en snilen stil

Yn d’effen wetters klearte.—

Nou bist, myn heide! wer in timpel, der in bulte kamen, gyngen

Elts mei syn eigen leed en bea . . . mar stom . . .

Djip ûnder d’ierde binn’ hja rêst, hjar stiennen wapens,

Dy sliepe by de hân, dy waerd’ ta stôf.

Ho faken habbe hja dy, heide ek sjoen by ’t simmer,

Ef as de hjerststoarm oer de flakte gûlt;

Hja hearre ’m nou net mear, hjar wrâld is nou in oaren,

Mar o! ’t onstjerber langst nei d’ierde bleau!

Droef, wyld—in swypker, dy-t hjar hiele hert bihearsket.

Hja gien’ wer ’t iensum paed, det hjar nei ’t libben bringt,

S’as hja der ienkear âld en warrich út gien binne,

Foar ieûwen, út hwaens skaed wrâlds skiednis tynt,

En oer ’e dea-wei sljuerkje sêft hjar lichte soalen....

Sá komme hja werom, dû, iensumheit, bist noch hjar ryk!

Hja sweevje oer dyn poellen, goudbirânne yn blommen . . . .

Oer d’iikbosk, der hjar godheit ienkear wente hie

Der ’k harkjend, sims noch sangen mien to hearren,

O fier, hiel fier, mar dochs fol klank en kleur!

Hjar libbenspiidtsje, ontdien fen ’t stoflik klaed

Det siddert hjerstmis yette oer dyn stille poellen;

Den kleijt de reiddomp, saeit de rein mei greate hânnen

De gjalpen wetter út it wolkensaed,

En smyt s’op ’t toastich, brôz’lich heidesân.

Den komt de stoarm, de gûler út ’t Noard-Westen,

En haffelt yn dy om, in hynsder, wreed fen byt....

En den! den groeit in stiltme nei it wyld biweech,

In stiltme, sa’s ek ’t hert net sûnder triennen ken.

En yn dy stiltme wirde nije simmers berne

En sinnedagen, dy-t as greate gouden blommen

Hjar rankje troch it tún fen ’t minskelibben.

Sa komt . . . giet alles . . . as oan d’ienling beam de frucht

Sa’s ’t wêzen ek fen d’ienling minske op ierde,

Dy-t foar him wierne, makken him . . . en hy

Hy hâldt it lot fen slachten wer nei him

Yn hânnen . . . as in bern....

Hwet boartersgûd....

Date, det wie in dreamer.... De heide hie him sa makke, de brune,

hearlike, en de moaije simmerloften, dy-t der oerhinne dreauwne en de

spjirrebosken, dy-t sa swijgsum wierne en him allinne doch sa’n bulte

fortelden.

Noait ien scoe ’t gewaer wirde, hwet der yn him omgyng. Thús by heite’s

yn it heidehúske, der de wyn troch de naden pipe en de snieflokken

troch de skoarstien kamen en op it fjûr fen skiûwden toraenden, der

hjitte hy in apparten ien, in súlle, in wikel ûnder ’e mosken wie ’r.

Den trêdde ’r mei syn lange skonken nei beppe’s ta, nei âlde Feick, der

foun hy hael. Der krige hy omstikken brea mei sjerp en boekweitengroat

mei lollemansstip, der fûrre hja him by stikjes en bytsjes mei de

swietekou fen ’e poëzij en der tarde hy den wer wiken op. Den hiene hja

it oer âlde tiden en hwet hjir omgien wie yn dizze streken en as beppe

mar bigoan fen; “ús pake plichte to sizzen”, den wist Date it oare wol.

Den gyng hy foar ’t fjûr sitten to pluchsnijen for Lútsen skoenmakker

en beppe krige de skieppegrouwen hoas op en stiek de priem yn ’e

breidské, mar fensels, oan ’t breidzjen kaem hja net ta!

Hja fortelde! en ûnderhânnen wei o minsken! d’âld keamer foroare foar

Date syn eagen yn in slot ef yn in greate bosk ef yn in forskûl, der-t

wol tsjien kearels sieten to mésûpen mei berefellen om ’e skouders en

hoarnen op ’e kop ef yn in hiel lyts hûs fen spegelglês mei goudene

flieren en sulveren lampen, der hâldene dwergjes ta. Fen alles wist

hja, in skat fen poëzij hie se opgjerre yn ’e gielgoede fen hjar hert

en de streek, der-t hja forkearde, wie sa ryk oan sizkes en teltsjes en

âlde oerforteltsjes, det hja koe wol in hiele joun prate en den wist

hja noch folle mear.

O ho ha dy berneëaren harke nei al det ljeaflike út ’e âlde tiid! En as

beppe it den hie oer ’e doddeaden en ’e bûzehapperts en de tsjelwiven,

de bigangels en ’e foartsjirmerijen, den roan him optlêst de grize oer

’e grouwe en moast beppe mei en bringe him nei hûs.

Den gyngen hja togearre de iensume heidepaden en de sânwei lâns troch

de spjirrebosk fen Wychman Hoara en as ’t den moai ljochtmoanne waer

wie sa’s nou, den wie de heide net stil for him en sûnder lûd, mar fol

folk. Hy seach it sa klear as de dei . . . hja wierne der in setsje,

hja iiten, hja dronken, hja hiene ljeaf en hja stoaren en ûnder greate

stienbulten bidobben se hjar tsjêf . . . ien amerijke wie ’t der stil,

den kamen der al wer oaren en diene s’as de earsten en waerden ek wer

stil en sa gyng det nou al ieûwen lang.

Den waerde hy der stil ûnder . . . en ho-t beppe en hy soks allinne mar

seagen. En sa learde hy to witten, hwet wémoed is.

En nou wie beppe wei . . . . It wie op in Sneine en hy siet op ’e dyk,

dy-t heite hiemming ôffrede en den hie hy krekt it gesicht op beppe

hûs, det like brún as de heide sels efter hwet âlde bjirken skûl gyng

s’as in blierhertich âld antlit efter in greate kape. De groun roan der

hwet op en de ljochte sânplakken yn ’e heide om glinsteren as sulver yn

’e sinne en fel blêkere it gleone ljocht op ’e reade âlde trochrikke

foargevel. De finsters sieten ticht, de griene lûkjes mei dy lytse

hartsjes deryn, bisloegen mar de helte fen ’t glês, min koe de blauwe

gerdinen foar de glêzen hingjen sjen. Date wist it wol, der wierne wol

hûndert stopkes yn set, mar det seach min allinne fen tichteby, der

oansje by de krúslanders. d’Ald kat streake by de doar om, do joech hja

hjar ôf en kaem miaukjende wei oer ’t lân op heite ’s ta en roan him om

’e foetten. Hy tochte der net mear om, hwet er jister bard wie—gled

forgetten hie hy ’t allegear en hy plante syn foetten stevich yn ’t

útrille sân fen ’e dyk en joech him op en seach út, as beppe ek hast

kaem, sa’s hja det alle Sneinen wend wie, sa lang ’t him tinke mocht.

Och, en hwet wie hja den lyts, det minskefiguerke der op dy greate,

wide, hearlike rûmte om hjar hinne, der de simmer in brún fewielen

kleed oerhinne lei hie en de waerme sinne boppe skittere! Hja hinge

alhiel út ’t lead en d’iene foet woe ek al net mear mei, derom snie

heit ek sa faek in bêste iken stôk for hjar op út ’e wallen; hja hie

hjar forarbeide by Jehannes Rikeles folk yn ’e streek. Det wierne fen

dy beulen, dy jagen yen it mark út ’e bonken, sei heit. In âld

fyfskaften jak hie hja ornaris oan en den ien mei in lege hals, simmers

en winters allyk en in read knopdoekje om mei griene en reade roaskes.

En det bigrutte Date altyd alwer oan: beppe hals wie sa danige meager,

der siet súver gjin fleis mear om, allegear fel en bonken, krekt s’as

de holle mei dy ynsonkene, flauwe eagen, dy-t allinne mar mear

skitteren as beppe op ’e tekst wie fen âlde tiden. Den waerde beppe

noch ris wer jong, krekt as gyng der in lette skimer fen jeugd oer hjar

libben as in sinneblink oer in forreind lân.

“Dû hast myn eagen, jonge”, sei beppe den. Date feronderstelde dos, det

se blau wierne, mar der hie hy oars noait net sa lyk om tocht. It

omskot die ’t him net, it wie de geest, dy-t de âlderdom en ’e jeugd yn

ien skeakel hekke.

Och ho klear seach hy ’t wer, ho waerm de sinne den simmermiddeis op

beppe rêch skine koe, krekt as woe hja de rimmetyk der útjeije! Mei ien

sprong fleach hy ynienen oerein en tûmmele yn ’e droege dykswâl del.

“Hea, hwet dûrret it hjoed lang, as beppe komt. Ik gien se yn ’e

mjitte”, tochte ’r en sette de stap derûnder nei beppe’s ta en fluite

it heechste liet sa’s de ljurk boppe him, dy-t yn ’t Leech by ’t

doltsje yn ’e bjinten nessele.

Der ynienen foel syn each op ’e tichte doar. Krekt as sloech de

wjerljocht him, sa stiif bleau ’r stean, mids op ’e heide en hy waerde

sa wyt as in doek.

Syn lippen trillen en sa lang as ’r woeksen wie, liet hy him yn ’e

heide delfalle en bigroef de kroeze jongeskop ûnder ’e brúne strûkjes.

Beppe wie wei.... En hy hie hjar sa ljeaf hawn.

“Nou en hwet seist’?” frege in lyts meager wyfke de man, dy-t lyk foar

hjar oer siet by ’t fjûr en nou krekt in stikmennich brjitten op ’t

roundeltsje yn ’t skiûwdefjûr lei.

“Dû moatst mar wite, ho-’t scil en moat, Béard”, andere hy

flauoandraeid en hie sa ’t like syn hiele prakkesaesje noch by ’t fjûr,

det it noch net nimme woe. “Scill’ wy kwesje siikje mei de femylje en

der tsjin abbelearje en oppesysje meitsje, det hja de parten net goed

út inoar set ha’? Ik meij der net om tinke, mem is noch mar krekt ûnder

de ierde en nou wirdt der al rekkene oer ’t erfskip en kreauwt om ’t

dielen.”

It bigoan yn ’t wyfke hjar heldere eagen to flikkerjen. Hja makke hjar

lilk en flapte der moi gysten út: “En den hiet it, min hat in man mei

sinten trouwd! Ik ha der noch noait hwet fen bispeurd, Nuttert, det wy

’t better hiene as in oar. Hie ’k ’t mar witten . . . ’k hie Piter

naem!”

“Hâld op!!” sei de man en sloech mei de flakke hân op ’e tafel, “net

for de twadde kear dy namme yn myn hûs, Béard, bigrepen!”

Hja wist wol, hwer hja him rekke hie. Piter hie Béard ienkear fen him

ôfset, fensels, det gefal moast mei messen útfochten wirde en do hie

Nuttert, de goelike, bidaerde Nuttert, fyftich goune boete jaen moatten

ef trije wike op wetter en brea. Det âld sear siet der noch—de namme

allinne wie him al forspijd. Mar hy hie Béard krige en det wie oars syn

sin en ek lang gjin miskeap, mar hja wie sa danige deun, troch alles

hinne. It wie Nuttert sims súver yn ’e wei, sa nepeseftich koe hja

rekkenje. Nou wer mei beppe erfskip, fensels de snoarskes koene ’t lang

net lyk fine, elts foar oar hie ’t op ’t kammenet forsjoen en as hy net

ien sile loek mei Béard, den krigen se der noch spul om yn ’e hûs op ’e

keap ta. It moast sa wêze, sikersonk, det it jild lijen brocht, hwent

do-t hja krekt trouwd wierne, hiene hja neat oars hawn as trije

stoellen en in âld tafel en syn sulveren heloasje en hwet kleanspul

fensels en as hy him dy tiid noch ris wer tobinnen brochte, och! och!

hwet hie ’r ’t bêst nei ’t sin hawn! De kening to ryk wie d’r! Net iens

mei Wychman Hoara scoe hy ruilje wold ha!

En nou! hja krigene hwet efter ’t linnen en nou kaem Béard op ’e smaek

fen ’t gjerjen. Hja súnige út op ’e klean, mar alle stûrkes, dy’t hja

oergearre, der kleefden bittere wirden oan en forwiten, hwent Nuttert

seach ’t wol, ho meager as syn lytse famkes waerden en ho faek Date nei

beppe’s ta slûpte om in brogge. As fêst arbeider by de boer koe hy ’t

wol úthâlde, mar de bern—der moast hy in stokje foar strike. Der kaem

al praet fen, hja doarsten ’t him al ûnder dúmkes wei forwite, det hy

syn wiif net better ûnder de kwint hie.

“Nou, ho moat ’t mei ’t kammenet? ’t Is jimm’ memme goed,” bigoan hja

wer. It siet hjar heech. “Ik sei nyskes, dû moatst it mar wite,” sei hy

wer. “Sa’s dû ’t dochste, is my goed. En wist wol, hwet de boer sei? As

Date takommende Snein in hiele dei by Fokke kaem to boartsjen.”

Hja harke raer op. “Us jonge, ús Date?” sei se, krekt as koe se ’t hast

net leauwe.

“Nou en hwet scoe det?”

“Fensels, dû seist’ al, Date kaem, sa sleau bist wol. En den ’t âlde

bilape buiske mar oan! Tinkst, det ’k for dy jonge nije klean keapje

for sa’n wissewasje?” sei hja alhiel oerémis.

“In wissewasje?” Der pakte Nuttert hjar op. “In feest is ’t for him,

siz ik dy. Hy krijt it der as prûmmenbôle. Fokke hat in bokkewein, der

scill’ hja yn ride en de frou sei, hja hie ek hwet klean fen Fokke

sines, dy pasten Date krekt, dy koe ’r de joune meinimme.” Ynienen

seach hy hjar skerp oan. “Dû ginst it him dochs wol, dit fortúntsje?”

“Ginne? ginne?” hoarte hja der gysten út. “Mar astû my nou mar ris

seiste, hwer ik him hwet fatsoenlike klean weijaen scil, den scil ’t

wol goedkomme. Tinkst, det hy sa de streek lâns scil yn syn âlde bilape

buiske? As Fokke mei him boartet, den scil hy kreas en himmel foar ’t

ljocht komme en oars.... bliûwt hy thús, bigrepen?”

“Bigrepen,” sei Nuttert foarswei. Do gyng hy oerein en scoe derût.

“Hwer scilst’ hinne?” frege hja.

“Efkes om ’t hûs, hwet fortraepje,” andere hy. “Ik bin ’t sitten yn ’e

hûs net wend. Hwer scoe Date wêze? Hast him ek sjoen?”

“By beppe ’s, tink,” sei hja. Do kaem ’t him ek ynienen yn ’t sin, ho

hy der syn aerdigheit nou ek net mear siikje koe en dy goederjowske hân

noait wer útstutsen waerde nei syn bern, pake ginaemd. Op det stuit

fielde ’r ek, det hy hjar miste, it âlde wyfke, det altyd mar sa’n

bytsje frege hie for hjar sels en nou de fjouwer bern noch hiel hwet

neiliet, wol twahûndert fiif en tweintich goune elkmis en den ’t hûsrie

noch en ’t bêste iken kammenet!

It wie yn’e iere maitiid en alles ûntjoech him bûtendoar. Syn

peaskeblommen bloeiden en de ljochte blossomknoppen fen ’e beammen yn

’t hôf poarren al ta de húllen út. De hinnen mouden yn ’e smoute yn ’e

sinne, de skelfinken fleagen om ’tâlde nêst yn ’e hage en sochten in

nij plak twisken de tokjes fen in ikebeam, der hja hjar bytsje lok oan

tabitrouwe koene fen ’t simmer. Nuttert koe se wol, hja kamen alle

simmers werom en nesselen altyd by ’t lytse seadehúske mei ’t houten

foargeveltsje en mar ien sydmûrke fen stien.

As hy dy twahûndert fiif en tweintich goune yn hânnen hie, bouwde hy

earst in nij hûs, den scoe der in kou op ’e stâl en in baerch op ’t hok

en sa yn ’e prakkesaesje wei stie hy ynienen op beppe hjar

gerjuchtigheit en seach ris om him hinne.

Syn lytse finnige eachjes glinsteren; woltofredenheit forheldere it

antlit fen it lytse, steile wâldmantsje, do-t hy it kampke lân takseare

en de fruchten fen beppe’s, dy-t al sa moai boppe de groun stiene, al

gierde de kâlde, skrale Noardewyn der ek noch sa oerhinne.

Do seach hy Date. “Kom hjir ris. ’k Scil dy hwet fortelle,” rôp hy. As

mem det sei hie, wie Date al mei steande earen de heide ynstutsen en

scoe de joune earst lang om let wer thús kaem wêze mei de honger yn ’e

hals, mar nou wie ’t heit en gyng hy stadich oerein en nei him ta.

Dy twa wierne inoar út ’e mûle snien, allinne de heide hie hjar kleur

op it jongesantlit lei en it hier, det syn fyn kopke omkroezde, ta

donkerbrún fordonkere. De helderblauwe eagen stiene ticht by inoar en

de lytse noas, dy fol skjensprúten siet, wie krekt great genôch for it

mûltsje, det wis en op ’t stik ôf prate koe, mar ornaris de lippen

ticht op inoar knypt hâldde as wie ’t de slettene doar fen in hûs fol

heimnisse.

“Giest mei heit?” sei Nuttert tsjin syn âldste. Dy sei neat, mar bigoan

op in drafke neist him lâns to rinnen yn ’e Noardewyn op, det út nei de

streek. Nuttert knope d’âld buffel ticht, it waeide him kâld by de hals

yn. De wyn wie ek noch sa tin.

Hy seach ris nei de lytse jonge neist him. “Bist net kâld?” sei ’r.

“Doch dyn buiske ek ticht. It griist my oan, jonge, dû bist sa licht

klaeid.” Date syn lytse fingers plúzen al hwet by de hals om, loeken en

ropten ris oan it buiske, mar ’t woe net. “It is to nau, heit,” andere

hy en stoppe syn lytse blauwe hantsjes mar gau wer yn ’e broeksbûsen.

“Mem sei, ik moast der noch in winter mei ta.”

“So?!” andere de man ynienen stoefwei. “En wist nou wol, hwer wy hinne

scille? . . . Om dy in nijen ien to keapjen mei moaije gledde knopen en

moarn krijst der noch in nije pet en swarte klompkes by. En den scilstû

Snein to boartsjen nei Fokke ta.”

De eagen fen it bern waerden ho langer ho greater. Det wie ommers in

hearlikheit, der wie hy noch noait iens oan ta kaem, om der iens om to

tinken! By de skoalle hiene se al faek op ’e tekst west fen Wychman’s

Fokke syn bokkewein en syn brabantse keninen mei de lange earen en syn

jonge houn, dy-t kinsten meitsje koe en nou scoe hy ’t bisjen meije,

bifiele licht wol en miskien wol in amerijke de jageline hâlde fen ’e

greate bok en . . . .

“O heit!” rôp hy en it meagere fine kopke krige in nije útdrukking: de

forwachtinge fen lok. ’t Is dochs wol wier, n’t heit?” sei hy, doch

noch in bytsje twivelmoedich, as hy om it greate hûs tochte, der Fokke

sa prinshearlik wenne en heit alle dagen hinnegyng to arbeidzjen en hy

nou hinne scoe to boartsjen . . . in hiele lange dei. Scoe ’t ek sa

wêze kinne, as beppe sei, det alle dingen mar in dream wierne en min

noait yen hert hjir ef der op sette moast? Dreame hy nou ek? Hiel tomûk

sette hy syn lytse neils oan ’e binnekant ris yn ’e hân, om to fielen,

as det ek noch sear die, den wie hy tominsen net yn ’e sûs en sliepte

ek net. Nou det die sa sear det, nou stie ’t as in peal boppe wetter,

it wie wier.

Wol trije ketier lang draefde hy efter heit oan de heidepaedtsjes del,

gled en ticht-trape fen tûzenen foetstappen en de ljochte moaije

sinneskyn forflauwe al troch de joundize, dy-t opkaem, do lichtte

Nuttert einliks de klink op fen ’e doar en rôp yn ’t foarhûs by Piter

snider’s fen folk.

“Bistû ’t Nuttert?” rôp Piter. “Kom yn.” Date krûp heit al tichter oan

en sa waerde hy mei de keamer ynlutsen ûnder heite hoede en siet al

gauweftich neist Piter’s Jetske op in stoel mei in stik koeke yn ’e

folle fûst en proppe de wangen fol en wie sa stil as in mûs.

Och! och! it wie in joun, om noait wer to forjitten! It bernehert is as

waeks, hastich wisket de iene nije yndruk de oare út, mar dit wie sa

hwet wûnderliks, det hy der sitte mocht yn in moaije keamer en ’e

snider him meat en heit en ’e snider it bioarderen, det it goed gûd

wêze moast en der gleone gledde gouden knopen oan it jaske kamen, det

dit bleau him by al syn libbensdagen.

De Saterdeijoune stie hy al ier-en-betiid út to sjen by de hage, as

Piter snider ek hast kaem. O! o! hwet scoe mem wol net sizze, det heit

soks op egen manne boete dien hie! As ’t mar net mei werom moast? Hy

scoe ’t bistjerre, det scoe ’r!!

Hy stie der by de hage en seach oer ’e heide. Hwet wie ’t der al wer

moai, hwet wie hy mâl mei dy wide rûmte, dy-t hy nou ho langer ho mear

mei beppe eagen seach, hwent hja hie him ’t sjen leard. En nou wierne

hjar eagen ticht-fallen, hja hie der gjin biseftheit mear fen, seach ’t

nou net mear, ho moai as de sniebuien tsjin inoar opkruiden, krekt as

by ’t hjerst de weagen fen ’e poel mei kroanen fen sulver op. Sjoch! en

fleach der net in snikwyt hynsder de loft lâns mei in gouden weintsje

efteroan? De fonken fleagen út ’e tsjellen en it goud stouwde der

nei—sa rieden by âlds de goede geesten troch ’t gea en der hjar

weinspoaren oer hinnegien wierne, joech de frucht hûndertfâld, sei

beppe.

As hâldde in reuzehân de lêste sinnestrielen fêst, sa skeaten hja djip

yn it Westen yn in wûnder twiljocht fen fjûrreade en felettene pylken

út ien midden wei, noch ienris . . . nochris oer ’e laeiblauwe snieloft

. . . do waerde it joun . . . De snieflokken bigoanen to stouwen, stil

kamen se oer ’e Hastinger heide hinne en de joun joech him op in paed,

om alles hwet skutte fennoaden hie, towille to wêzen.

It dûrre lang, eart Piter snider kaem. Earst kloste Jelle him foarby,

dy mei syn stive nekke, do draeiden dy wyskes fen Saske-moi’s him

foarby, der hy altyd mei nei skoalle moast en einliks! einliks! der

seach hy de grille reade doek, der de nije klean yn sitte moasten en ’e

snider en heit!

Heit en mem krigen dy joune spul om det skandalige jildforgriemen,

hearde Date wol op bêd en sadwaende gyng ’t dy Sneine oer nei Fokke’s

ta. En de oare wyks kaem heit yn trije dagen net thús, do bleau hy by

Wychman’s yn ’t hea en do op in goede joun die mem in skjinne bûntskelk

foar en ’e wite mûts op en do moast hy mei en helje heit werom.

Sá seach hy dy greate âlde pleats for ’t earst en fen ’e earbied, dy-t

it heidebern do krige for it bisit is altyd hwet fen hingjen bleauwn.

Mar dy forearing hat him net dûknekkich makke.

De Hoara's fen Hastings · 第 5 / 19 题