Like it net in dream, al detjinge, hwet foarby wie? It boartlik
geflinter fen hwet sinneskyn by ’t maitiid oer in fryske finne.... it
opkommen fen in tongerbui oan ’e einder oer in stille mar, hwer selst
gjin forweech fen reid ef snilen to bikennen is? Wille en leed yn ’e
palm fen ien hân, alles in nietichheit, in plusterke, waeijend oer in
oneinich great heidelân en dochs en dochs.... yn it herte wie der in
sear steed fen oerbleauwn en.... wémoed, as de joun komt mei syn
iensumheden fen stjerrend lûd en wyljend ljocht en in siele, dy-t
hjarsels werfynt út it gebolder fen de dei yn dit hjar eigen skûl fen
stiltme en omtinken....
De dagen wierne as gloarjeridders yn gouden rêstings en de nachten as
wûndere mearkes fol fen mesyk en ritsel fen sulver en sprinkels fen
blommekleurigheit hjir op it eilân fen Wight. Tsjin de jounblauwe
loften donkeren de seders en yn ’e âlde tunen om Ventnor hinne hingen
de figen to rypjen oan ’e beammen, waeiden der palmefearren en kaem der
fen de Oceaen in twirre sa swiet, krekt as droech ’r de simmer sels op
syn waermteslûge wjukken. Fjouwer jier hie hy dit alles sjoen.... nou
moarn gyng hy foart, foargoed, om syn hear to folgjen nei it nije
frjemde plak. Fjouwer jier hie hy mei Willem fen Heemstra en fen Asbeck
diel útmakke fen de brigade fen ’e Prins fen Oranje hjirre op Wight en
nou joun scoene se for it lêst hjir by inoar komme yn ’t âlde
Carisbrooke Castle en moarn scoe dit kapittel út hjar libbensboek
útlêzen wêze en in nij opslein lizze foar hjar.
Ryklef Ripperda striek him it hier hwet fen ’e foarholle wei, wylt hy
op ’e binneplaets hinne en wer kuiere. Op ’e finsters fen in
omgongstoer stie yette de sinne, de lytse griene rútsjes blêkeren
deryn, krekt as sloech de lôge er út. In fûgel song, in keppel reabûnte
kij wâdde yn ’e fierte yn in dobbe om en de lytse hoeder bauwde
gekjeijende wei op syn fluitsje de fûgel nei. Harkjende hie hy syn
aerdigheit der oan.
In greate sulveren wolken kaem út it Suden oanseiljen as in fjouwermest
koffe, alle wite seils op en sylde de blauwe loftsé lâns, ien amerij in
biwyske fen in skaed oer de poarperen skieppewolkjes smitend, dy-t as
bern yn in herntsje boarten. De sinne siet efter in dize biskûl, it
blau en poarper oer ’e bosken yn ’e fierte forroan stadich yn in
djipwaerm feletten, hwer in pear ielreagers sulverkleurich by
ôfstieken. Fen jounige onrêst dreauwn, skreauwden se fel fen lokkinge
hjar ljeafdeliet en setten ta op de Oceäen, ek in langhalzer s’as hja
fol bigearte en hertstocht.
Moaijer oarde op de wrâld scoe min mar komselden fine kinne, tocht him
en joech him willeas nei de tsjoen fen dizze frede. Heal winske ’r yn
syn hert, hjir bliûwe to kinnen, heal winske ’r ek al wer de foroaring,
om ek syn kâns to habben. It wie ommers in tiid sa fol biroering, elts
minske hie om sa to sizzen syn greate kâns, foaral op it oarlochsfjild,
om it fier to bringen. Derom net, oant nou ta wie hy net ien fen de
lokkigsten, in earme Odysseus, in swerver, smiten fen it lot hinne en
wer as in eskenwjukblom oer in wrede spjirrebosk, hwer hja gjin hael
fine kin om del to saeijen en gjin fêste groun for it skraech amjend
piidtsje. Altyd alweroan de swerver, nou ’t yn it egen lân de ban oer
him útspritsen wie. Dodestiids foar Dockum wie ’t op ’e snaren ôfgien,
as hja hiene him pakt en ’t hie him licht ek de holle koste as Jan
Binnes, nou scoe ’r neat mear weagje, hy waerde âlder, it sin bitûmmele
sa njonkenlytsen en de waerdij fen it libben waerde kostliker, al moast
it den ek yn frjemde lânnen libbe en trochmakke wirde.
Wer droech ’r ’s kenings klean, wer sierde him it wapen der eare.
Ritmaster hie de Prins him makke en hy wie mei syn frjeonen yn it
Ingelske leger, do-t det lânne by Alkmaer, om it noch ris tsjin de
Frânsken yn ’e kant to setten. Nei in bult geskermesear wer mis, it
like, as lei de flok op alles, hwet der mar ûndernaem waerde tsjin det
frânske gespús. Ien tel bipaelden syn tinsen hjar wer by dy tiid, de
lânning by nacht op hollânske groun yn ’e stille, beamteommantele
dunen, de grize heitelânske loften, yn it Easten de sulveren kûm fen ’e
Sudersé, hwer hy in bult fen syn Fryske fiskers op wiste, de netten
sinke littend yn ’e stille nacht.... it âlde hûs fen Porter mei ’t wiis
trapgeveltsje, dy-t miskien nou wol foar ’t finster stie to stoarjen
nei it Skoorler dún út en noch fierder yn ’e Bjirmen, hwer nou diselde
wyn oer waeide, de âlde stins en der wie heit. En noch in lyts doarpke,
hwer syn tinsen hinne fleagen, in stille fûgel nei in ljeaf ûntwyk....
In hûs yn ’e Wyckeler bosken, hwer hy Anne wiste en hjar bern....
Hy helle út de binnebûs fen syn uniform noch ris wer de brief fen
Jehannes Falentijn en hy lies noch ris wer, hwet ’r skreau. Och, hy koe
’t suver wol fen bûten, elts letterke, elts sintsje stie yn syn ûnthâld
beitele noch skerper as de letters op in moarmerstien.
—Vanwegen de krankheid van ons zoontje zijn mijne Ouders den ganschen
zomer met hem in Langweer geweest, veel op het water. Hunne wegen
leidden ook veel malen naar de Slotermeer en hebben ze onze vriendinne
Stine dikmaals bezocht. Zooals Gij weet, ligt Anne van Rhé daar thuis,
zij is haar tantezegger, en is daar wel besteld, alsdat zij plan heeft,
daar metterwoon te blijven. Haar zoon Henricus is nog hier en woont bij
zijn grootva in.
Laastmaals, toen wij van UEd. spraken, als zijnde van doel, zich naar
Duitschland te begeven in ’t gevolg van onzen Prins—ik docht, zij mogt
het weten, is het niet?—verschoot zij zeer van kleur en was den
ganschen avond in zich zelven gekeerd en stil.—
Seach ’r hjar der net sa sitten, it ljeave boarterke fen alear „in zich
zelven gekeerd en stil?” Syn hert fleach nei hjar ta om hjar to
treastjen en to bimoedigjen, nou it lot syn wrede weagen ek op hjar
takamen.... om se to biskermjen, al syn kreft to war to stellen, om
dizze iene leed en triennen to bisparjen! En fierôf fen him, lykme
allinne, moast se nou hjar stryd stride! En in angeltsje pripte fûl yn
syn hert: wie der hwet twisken hjar en Jehannes? Prate ’r net faken oer
hjar yn syn brieven? sette ’r se net altyd tige heech? En hy wie
widdener, ryk, yn oansjen yn Ljouwert as gjin twadden ien. It páste dy
twa, martele hy himsels al tinkende wei. Anne wie net fen dy soarte fen
frouljue, dy-t de tjilling op ’e wiûw sette, om ’e einefûgel to fangen,
noait scoe se twa op ’e tôch hâlde, wist ’r wol en as Falentijn’s der
sa faek kamen by ’e moije, wie ’t grif for hwet oars as in
âldwivepraetsje en in pantsjefol thé.
Grimmitich gyng ’r yn ’e hûs en sloech de doarren efter him ticht, det
it dreunde der oer. Eat moast ’r dochs syn lilkens op koelje, eat, al
wie ’t den ek mar in stik hout. „Hwet bistû joun ongedurich en
tipelsinnich,” biskrobbe fen Asbeck him. „Min scoe sizze, docht it
ôfskie dy sear? Hast hjir altomets dyn herte forlern?”
Fen Heemstra stompte him oan. „Lit him betien,” sei ’r hiel sunich.
„Somtiiden moast in siele net oanroere.... den is alles as in stikje
glêspeslein sa tear....”
Hja seine allegear net folle, elts hâldde him binnen it park fen syn
eigen ôffieme tinsen. Sá wie dy lêste joun der op Wight, neat barde
der, neat foroare der en dochs.... In lyts spintsje, stjûrd fen it lot,
bigoan wer in tried to spinnen út it iene minskeherte wei nei it oare
ta, krekt as yn dy moaije simmerdagen fen 1793, krektlyk as do en dochs
oars.... De ryp fen it libben wie der oerhinne gien as in nachtfroast
oer de griene greiden. It earste frisse grien, de earste blom, det wie
it net mear. Mar it sette him dochs wer nei bloeijen for in twadde
risping en al wie der yn ’e bitterheit fen ’e earste dead, dochs wie
dit ek wer moai, hwent it joech in earm herte treast.—
In deimennich letter waerden de toerren fen Hampton Court wei yn ’e
fierte, de Prins mei syn gefolch forliet it gastfrije Ingelân, det him
in jierjild tasei hie fen sechtstjintûzen poun sterling, (ûngefear f
190.000) en de Prinses noch ekstra in forearing fen sechstichtûzen poun
sterling (f 720.000). It wie in keninklike jefte for de earme
bannelingen, dy-t alles kwytrekke wierne, hûs, jild en lân, allinne de
eare, dy hiene se as in echte Oranje rein en skjin biwarre en det wie
den ek de treast fen ’e Prins, nou-t hy hjoed den dei de reis bigoan
nei Dillenburg, hwer hy in honk hope to finen.
De measten fen ’e trouwe Friezen hie hy om him hinne, syn lotgenoaten
wierne it. Hy seach ris stoarjende wei nei hjar en syn each bleau ien
amerij yn ljeafde rêsten op ’e kante figuer fen Ryklef Ripperda. Scoe
’t him ek sa nei gean as him? sa as in reid hinne en wer slingere wirde
fen syn gefoel? Och, hy wie noch sa jong, den is in minske noch neat
oars as in spyltúch en alle ding ljeaflik om him hinne en folbisnare
wachtet ’r op it greate, rike libben om him to bispyljen. Letter wirdt
it oars, den komt de stiltme, as der gjin gesang mear is en de snaren
d’iene nei d’oare springe, de hân mêd wirdt en it lûd ynein....
Hja wierne trou, dy Friezen, nou gyngen se mei him yn in nije
forbânning. Om it lean hoechden se it net to dwaen, hja bleauwne by him
om himsels. Neat scoe hjar skiede kinne fen him, as it moast syn eigen
wird wêze, det hjar it bliid boadskip bringe koe fen ’e frijmakke wei
nei it eigen lân. Den scoene se gean.... foartdaedlik. Hwent it lân, it
Fryske lân! gyng noch foar him, det stelden se boppe alles. Syn bloed
kroep der ek hinne, wierne syn foarâlden der net berne? hiene oaren der
net lange tiiden húsmanne? Der lei in bân twisken Oranje en Fryslân, hy
wie as in ring en yn ’e bislettenheit fen syn rounte leine skatten
biwarre fen trouwe ljeafde, alles ienfâldich en echt, suver lottere
goud.
Hy biet him op ’e tosken, it moed waerde him fol, nou ’t it ôfskie
taknypte en Hampton Court oan ’e einder fordwoun. Hja hobbelen troch it
lytse London, de onsljuchte strietten lâns en krigen einliks de greate
Tower syn mûrren en toerbulten yn ’t fesier en it blinkende wetter fen
’e Theems. Wetter, altyd frijdom, altyd feilichheit! Ho ljeaf hie hy it
wetter, de Noardsé, dy tsjin de bloune Skeveningkse dunen oanklotste,
de wiide wettergatten om Leiden en Haerlim hinne, de stille dúnkûmmen
yn it Castricummer en Skoorler dún! Leine se net as blauwe eagen him
oan to sjen, as ’r der yn ’t foarige jage op hart ef fokse, in
fleurige, kleurige ruterbinde efter him oan, syn jonges op ’e side en
it moed sa frij, sa rûm as in bliide ljurk yn ’e hege loft....
Strak ansens gyng nou de reis oan, hy scoe tichteby al dizze plakken
lâns farre, in goede kiker scoe se noch tichter by him bringe, mar syn
foetten hjar printen scoene der miskien noait wer stean, likemin as
Ripperda sines yn Fryslân. As in beam, midstroch houwd, sa wie dit hjar
libben ek yn twaën spjalt.
London glied al fierder en fierder foart, de sé kaem tichterby, effen
fen gong folgen syn skip de oare skippen, goed biwapene him as selskip
en help meijown, hwent loerde de Frânskman net oeral?
De twadde joune farden se ticht oan Hollân lâns, seagen selst hjir en
der it wiffe ljocht fen in fjûrtoer. Hja hiene gjin inkeld ljocht, yn
’e kajuten efter de pottichte blyntsjes barnde mar in inkelde kjers. It
folk diich swijgsum syn wirk. It wie sa near det allegearre, krekt as
hie min in deade oan board.
Sa kamen se yn Hamburg en do nei in goed wike yn Dillenburg. ’t Wie
krekt, as ’r yn side foel en it gefolch mei him. Hjir hie hy den
einliks rêst en hwet oars bigearde hy ek net mear. Det syn soan
Frederik, de twadde fen syn jonges, sneuvelje moast yn Eastenrykske
tsjinst as ginnerael, hie him ek in knoei jown, it wierne allegearre
fen dy dingen, dy-t in jierrich minske yn aloane pimperpine slope en de
frisse kreften fen in jonkheit, om der him tsjin forsette to kinnen, de
hope op wûnderbaerlike reddings, och, dy wierne ek al lang forgien. En
de jongeren? Dy lieten de moedfearren ek hingje, songen yn mineur de
âlde wizen. Hy koe se oars neat mear oanbiede as in lyts lean, as se by
him yn tsjinst bliûwe woene en det scoe krûmmeljende wei oppluze wirde
moatte, sunich by ’t waltsje lâns, en dochs! ho ’n goed diich him det!
hja sloegene bliid ta. En bleauwne by him yn syn needrigheit.
Yn ’t lêst fen it jier (1801) skreau hy út Dillenburg wei oan syn
frjeonen yn de Republyk, det hy der gjin bien mear yn seach, as se in
ambt oannamen ûnder it nije bistjûr, det alle war diich, alles wer hwet
yn ’e âlde foegen to krijen en ’t skeel safolle mûchlik to sljuchtsjen.
It wie fen dy gefolgen, det de Oranjeljue wer for ’t earst op in feest
kamen, hwer se wisten, ek Frânsken to treffen, mar den soksoartigen,
dy-t se én om hjar caracter en óm hjar dieden net de hân wegerje
scoene, as se dy útstieken om to fûskjen. Hy wist, partijen stiene yn
it âlde heitelân net mear sa fijannich tsjin inoar oer: it folksregear
wie ôfskaft, det doochde net mear en dy-t nou wer oan ’t roer kamen,
wierne âld-reginten wol fen patriotske kleur, mar net sa fel mear ef o
wûndere rin fen it lot! selst guont fen Oranjetagedienen kamen wer op
’t kjessen. It folk bigoan stadich wekker to wirden út syn
dronkemansroes en bisochte, al hoartsjend en stompend, alles wer yn ’e
âlde foegen to krijen. Hwet wierne sokke tatidings út it heitelân
treastlik! en yn elts herte krige de forhoping fat: scoe der einliks
forlossing komme kinne?
Det tocht Ryklef Ripperda ek faken. It koe noch jierren oanhâlde
ommers, al wierne der nou oare mannen oan ’t roer, út it folk sels as
de sterkste macht moast de omkear foartkomme it prykjende sâlt fen soun
trochsicht en selsbitwang it biderflike yn it aerd fornietigje, den
earst scoe de staet wer soun wirde kinne en nije wegen en nije banen
for in nij bistjûr ré komme to lizzen, om to gean. Wol naem de syktme
in skieding.... mar ’t koe noch jierren dûrje, eart dizze slimme goarre
syn onhurens genezen wie. En dochs....
Ynienen stie de frjemde, nije wirklikheit foar him as in sterk
jongkearel en treau him yn ien triûw de kant út, der it lot him ha woe.
It kaem as in dream.... it oerstjelpte him sadanich, det hy it hast net
leauwe koe. Wer krige hy it brief út de fesjebûs.... en seach nei it
forware antlit fen Ulrich, de jeneveroaljekoop op ’e hoek fen ’e âld
sopha, him sa bikend en o in sé fen oantinkings bigoan oer syn hert to
brûzjen: Bouwekleaster, Wolmoet, de flucht nei ’t frjemde lân....
„Dy letters lige net, jonker,” sei Ulrich dimmen, do-t hy seach, ho-t
de jonker der op om stoarre. Hy hie mear blydskip forwachte by dizze
tynge. Ho hie ’r him spoede de hjitte simmerdagen om hjir to kommen en
de jonker sels it boadskip to bringen! Libbe ’r noch net altyd mei
Fryslân en de Friezen mei en gyng it him ek net nei oan ’t hert, ho-t
se as slaven krûm leine ûnder ’t wrede frjemde regear?
„De tiiden en de herten binn’ gâns foroare der yn ’e lêste jiermennich.
De Jacobijn is der út gisele, der binn’ nou guont, dy-t hwet makker op
’e hûd binne en ’t regearjen wend,” sei Ulrich.
„In minske wol nou ienkear opsjen kinne nei him, dy-t de baes is, lyk,
det lyk regearje kin, is in drôge. Allinne sterkeren en hegeren en
wizeren winne, den kin in minske him bûge,” sei Ripperda stadich. „En
ik mirk al lang yn ’e brieven fen minhear Falentijn, ho-t der ek yn
Ljouwert in omkear kaem wie ek mei troch tadwaen fen Fockema.”
Hy tearde it pompier ris wer út inoar, striek soarchfâldich de tearen
gled en lies noch ris de rigels oer, wylt ’r hjit en kâld fen binnen
waerde, sa nei gyng it him. Earst waerde him to witten dien nammens it
provinciaal bistjûr, syn forbanningsfonnis wie to niete dien, hwer
oanplakking fen dien wirde scoe op it Stedhûs, de Waech fen Ljouwert en
de doarren fen alle stedspoarten en den, det it provinciaal bistjûr him
ûnder it wolnimmen fen Rutger Jan Schimmelpenninck bineamd hie ta
kwartierdrost. De wirden stiene der sa kâld en ûnforskillich en och,
hwet hâlden se dochs wol net yn! Wer as frij man, de holle heech! yn it
heitelân komme to kinnen, heit werom sjen! de Ljouwter frjeonen.... en
Anne.... Krekt as stie se op dit stuit neist him en flustere it „ja my”
sa sêft, det allinne syn jerne harkjend ear it hearre koe. Yn in bliide
fierte seach ’r nou ynienen alles moai en nij. De hiele wrâld strûpte
it âlde tsjustere kleed út en stie foar him, like glimkjend en fol
ûnthjittings as ienkear, lang lyn....
Ulrich bleau in deimennich syn gast en diich hiel hwet saken derby,
hwent de hânnelsman yn him slomme nea. En Ripperda gyng nei syn
Souverein mei it bliide nijs om dy der oer to rieplachtsjen en as ’t
him goed like, tastimming to freegjen, om foart to gean. De Prins
suchte. Wer in banneling, dy-t thús forwachte waerd, wer ien, dy-t hy
miskien nea wer sjen scoe. En syn frjeonen! mei in nuvere mingeling fen
blydskip en drôfenis hearden se nei dit syn boadskip. Biswier om ûnder
dit nij régime in ambt oan to nimmen, hiene se ek net, alhowol hjar de
freez bikroep, it wenjen wer yn Ljouwert koe him ris raer ôffalle. Der
wie safolle foroare, neat scoe hy weromfine fen hwet der ienkear west
hie.
Krekt as loek der in wolken oer syn sinnige, bliide dei, sá foelen dy
wirden yn syn hert. Scoe ’r it oandoare, der nou wer in nij libben op
to bouwen, selst in nij fondamint to lizzen, hwer it âlde, moaije yn
tûzen splinters en grús tofallen wie? Wie der sterk genôch, om det
dwaen to kinnen? Hy fielde him skoarre fen in kreft, sterker as syn
eigen, hy wist, hwa ’t him nou syn wei ek foarskreau, likegoed as de
bittere wei fen syn omswerven, earm en forlitten as in forskoveling. En
hy diich nei Dy syn wil, démoedich en biredt.
Ulrich hie om ’t skik mei de jonker syn help in âld guds bisette kind
en der hysten se him op in goede dei op, it kistje fol medicaminten
hinge him foar ’t liif en in greate sek mei krûden bingele him op de
rêch. Yn syn great hoed, yn ’e foerring, stevich en wol binaeid, hie ’r
in sjou brieven for de Oranjepartij yn ’e útlânnen en op mennich
brieveslûf stie de namme fen Archibald Porter. Earst ried ’r sa mei de
jonker nei Keulen en derfendenne scoene se oanhâlde op Arnhem. De
jonker scoe den de wei mei blydskip gean nei hûs en hy.... hy diich syn
plichten, om leed en freugde wer to bringen op mennich plakken by
frjemde ljue en somwilen pine en smert to forlichten. Ho dielde ’r yn
’e jonker syn lok! ho licht waerde him yn ’t selskip fen dizze jonge
maet de lange reis! Ho forstie ’r syn stilswijen nou en den, syn bliide
laeits ek bywilen, as ’r ris in koartswilich wirdtsje foel, jouns yn ’e
frjemde harbargen by de tsjelke fol wyn, âlde, goede iiskâlde Rynwyn,
hwer ’r de geuren fen Dútsklân syn bergwâlden yn miende to preauwen.
Yn Arnhem gyngen se by inoar wei. De jonker stjûrde syn hynsder it
Noarden yn....
Sá seach ’r him riden, de kante jonge lea yn ’t nau fewielen buis, de
moaije lytse fine holle reabrún fen sinne en wyn, de eagen yn ien
innich forlangst al mar útsjend it Noarden yn, it kâlde hege Noarden,
syn bertelân. Hy draeide him noch ris om, glimke bliid, do drafke ’r
foart. En Ulrich en syn âld guds lieten beide mismoedich de holle
hingje.
Der gyng in jong minske nei syn lok.... en hjir, och sei! in âld minske
nei de dead....
De lêste deis wie de jonker ticht oan Ljouwert ta op it Hearrenfean.
Hjir bleau ’r, liet him in goed miel sette, it hynsder nij bislaen en
yn ’e weide bringe, hwer hy him in hiele dei yn syn wêzen liet. De
postwein joech ’r in brief mei for minhear Falentijn. Hwet scoene se
opsjen! Mar fensels, hja wisten der al mear fen as hysels allicht.
Hiene der miskien sels wol hândiedich oan west, om it safier to krijen.
En de Falentijn’s en de Baerdt’s hiene noch altyd in sterke earm. Jild
brekt in bulte slotten en sljuchtet in bulte sterke stinsen. Ho scoe
fen Rhé ûnder dizze saek stean....? scoe ’t noch ris wer de wraksel
wirde yn dizze lytse sted twisken hjar beiden ef scoe him de lust ta
fordjer en tigersprong foargoed forgien wêze? Ho scoe it tsjinwirdich
stedsbistjûr regearje? En it folk, ho scoe det ûnder al dizze dingen
stean? Scoene de ljue him noch kenne? Hy hie ek sa lang foart west. En
mei wémoed tocht ’r om twa grêven, dy-t it stof ta hjar naem hiene fen
twa fen syn alderljeafste sibben ek yn dizze jierren, Mem en Doedte. Hy
scoe se net mear sjen, fen hjar lippen net in wolkomstwird en ho ’n
ien! mear hearre. It libben yn syn onbarmhertigheit swile ryp en grien
op en de dead diich it noch folle mear....
Hy hie it sa skikt, wykmarkdei wer yn ’e sted werom to kommen, hwer hy
ienkear op sa ’n rare menear as in houn útgisele wie. En nou sa yn eare
werom! in fêste oanstelling yn ’e bûs! In nij forstânnich regear yn
Nederlân oan ’t roer, it militair gesach oan kant en miskien, o hiel
miskien! ienkear it lân noch ris wer frij fen frjemd onrân. Hwet scoe
hy him warre, om in goede, fredige tastân mei to bistindigjen, om al
syn frjeonen, Oranjeljue, ek werom to bringen, Heemstra, Asbeck en al
de oaren, dy-t nou noch earm en onhússittend yn ’e frjemdte omdoarmen.
Tûzen nije plannen makke ’r, wylt ’r sa op Ljouwert, syn âlde, ljeave
sted oanried.
It wie in sinneskyn moarn, de hearrewei fol folk. As in jonge kening
ried ’r mids hjar, al wie syn klaeijing ienfâldich en bistoud, syn
hynsder meager en it túch hwette skibbich en feal, dochs ûnthâlde min
him de earbied net, dy-t in edelman takomt. Stadich ried ’r sa mei de
oaren op, hwet oan ’e kant yn ’t gêrs lâns om ’t hynsder to sparjen.
Der lei Oenemastate yn syn singels en beammen, der yn in bochte fen ’e
wei Barrahûs, der Goutum op syn hege terp. De sinne stie noch net heech
en dochs wie de dei al moai en in kostlikheit om him to bilibjen fen
ûre ta ûre as swolgen, dy-t min drinke scil út in goudene tsjelk,
hâlden fen de ljeafste. De simmer bloeide yn syn felste moaijens, it
lân stie fol blommen, de loft wie fol jong fûgelt, de bou siddere fen
’e nije swierte fen in nij gewaeks, det ieren en kerrels yn mennichte
droech en de âlde stompe toerren hjar klokken letten de jonge, bliide
dei yn.
En der yn ’e heldere fierte....! hy hâldde it hynsder en bleau stean to
harkjen.... der bigoan de Aldehou to brommen. It ljeave, o sa lang
miste lûd....
Syn eagen waerden wiet. It hiele eardere libben, lei it noch net ris
wer op dit stuit as in triljende flinter mei al syn moaijens yn ’t hol
fen syn hân? Seach ’r it net wer, sa ’s it west hie, dit alles, eart it
skaed fen it leed der oer gien wie?
De sted kaem stadich út ’e fierte wei op him ta, earst de brede,
massive toer fen ’e Aldehou, do de heechste huzen, de bolwirksbeammen,
noch foarser, noch skadiger waen en einliks de toerkes fen ’e
Wirdumerdyksterpoarte.
Deagewoan ried ’r oer de brêge, nimmen naem notysje fen him—ho
wûnderlik wie dochs dit alles—en seach efkes skean nei it pompier, hwer
’r syn namme op wiste. It hinge der, in boerke stie der foar to lêzen,
in skiepke oan ’t tou en ’t breedskadich hoedtsje op ien ear.
Scoe nimmen him mear kenne? nimmen in frjeonegroet for him oer ha? Syn
bliid sin sakke, iensumheit bikroep him as in greate spin de bliid
iepenkame blom.... De sted wie him frjemd waen. Der wierne nije huzen
kaem en âlden ôfbritsen. It Saeilân fol hynstestallen like ek hiel
oars, it folk op ’e striette mei dy bulte Frânsken dertwisken, de
frânske úthingboerden foar de winkels.... de frouljue koe ’r ek al net
mear, wierne se ek al fen in oar skaei? Wie der den net ien ljeaf,
bikend antlit, nearne net?
Der ynienen seach ’r in man oerein gean fen in bank ûnder de
linebeammen by de stedsgreft. Krekt as hie ’r der sitten to wachtsjen
en stadich trêdde ’r nei de hearrewei ta, speurende wei it folk
opnimmend. Syn gong kaem him bikend for, al roan ’r stadich en hwette
onwis. Hy seach nau ta, dy prachtige donkere eagen ûnder it sniewite
hier hie mar ien man yn Ljouwert.... Ien sprong, hy wie fen ’t hynsder
en by de wachtsjende man, minhear Falentijn.
„Wolkom bern yn ús heitelân,” sei dy hertlik en gol wei en knypte him
yn ’e hân, as scoe ’r him nea wer loslitte. „Hwet bin ik bliid, dy sá
wer to finen! Kom mei ta uzes en wêz ús gast.... Pronica wachtet al
sont dagen. It scil ús in eare wêze. Dû scilst hjir lege plakken fine,
mar dochs ek noch âlde frjeonen.”
It wie him great, dizze bigroeting fen dizze man. En hy waerde der stil
ûnder. Falentijn seach him fen toside oan, de forfleine jierren hiene
him manliker makke en dochs it antlit it karakteristyke, it blijmoedige
en it bliidbitrouwende net ûntnaem. En togearre kuieren se troch it
folk nei Fâlentijn syn hûs.
Hja seagen Haeije Trompetter en syn kornuten, in stikmennich bêste kij
foar hjar útdreauwend en hja seagen minhear Josua de Metz der
middenmank yn ’e blauwe kyl en skoenklompen oan, hja seagen mefrou fen
Rhé en Sibbel op ’e kuier nei ’t bolwirk ta, hwer skaed en koelte to
finen wierne, hja seagen doctor Falentijn op in licht seaske troch ’t
folk riden, det ynienen rûm baen makke, as gau it in kening en einliks
seagen se Falentijn syn nij hûs parearjen yn ’t moai oanlei tún en der
foar ien fen de finsters, de gerdinen wiid fenien strutsen siet âlde
Regnerus Ripperda en seach út nei dizze syn ljeafste, syn jongste soan.
„Dyn heit is swak en âld waen, Ryklef,” sei Falentijn en it klonk as in
sêfte foarbirieding for yet slimmer tatiding. De skerpe, jonge loaits
fen him hie it al lang markbiten.... op dit stuit wist ’r it.... dizze
dei waerde ien fen heit syn lêste freugden.
De tiid wiisde it út, hy hie net mis sjoen. In wike ef hwet letter
brochten se heit nei syn lêste hûs, âld en sêd fen dagen yn ’t acht en
sauntichst fen syn libben en leine him to rêsten neist syn Hanne. De
âlde beam fortoarre, hie ’r dochs it útsjitten sjoen fen syn nije,
griene loaten.
Ryklef Ripperda diich alle war, om it âlde hûs, hwer safolle
oantinkings oan forboun wierne for him en syn folk, werom to krijen. It
slagge al moi ridlike gau mei Falentijn syn help. En op in goede dei
riisde it lange, smelle skaed fen Minne Pjirkes út in keldersdoarke op
en hy eage syn jonker nei, dy-t de foarstriette lâns gyng.
„Willemke!” raesde ’r, „hwer bistû? Ik leau, ús jonker is wer thús!” en
sa mar mei de bleate holle, de toffels heal oan, fleach ’r him
efternei. En do de jonker op syn mâl gebear omseach en stean bleau en
fluch op him ta kaem, gûlde ’r as in bern, sa bliid wie ’r. En Willemke
en hy skoaiden him oan om for in lyts lean en as ’t moast, sûnder lean,
wer by him to tsjinjen.
En sa waerde dit fet bikûpe. It wie krekt, as rekke in hiel stik fen
Ljouwert wer yn syn hear en fear, nou de jonker wer thús wie en it folk
him somtiiden troch de sted kuierjen seach. In bettere tiid dage....
scoene de Oranje’s, suchte mennichien,—scoene dy ek noch sa ris werom
komme kinne? It gesach waerde smidiger, flijde him mear nei de wil fen
it folk, det syn folk wie. En fen hjar eigen folk koene se ek hiel hwet
mear op as fen dy frânske binde, dy-t hjir nou in jier ef hwet skepper
en skriûwer west hie.
De dagen gyngen hjar gong en ek dizze simmer foel einliks as in forwile
blom yn al hjar ripens ôf en sjoch! it waerde wer hjerst....
De minske kearde yn ta himselme, de útflechtigens fen ’e simmer, de
ongedurigens fen ’e siel, opswypke fen ’e lange dagen en ’e simmersoele
nachten, bisonk ta rêst en it fredige fortoef binnekeamers wie de nije
tsjoen, hwer de minske him jerne ta bijoech.
Stadich kaem ek frede yn Ryklef Ripperda syn moed nei de greate omkear
yn syn libben, dy-t him mear skokt hie as hy sels wol tajaen woe en út
dy frede waerde in forlangst berne, sa heftich en twingerich, det al
syn tinsen hjar der nou by bipaelden. Hy koe it net allinne mear
forkropje en op in joune, do-t Jehannes Falentijn syn gast wie, moast
’r prate, oars scoe ’r stikke.
Hja sieten togearre yn ’e stille keamer. Willemke hie de thé klear set
en in steapeltsje sânkoekjes op in pesleinen pantsje derby. In pear
roazen en in tûkje gielgouden wylde druvebeam yn in kristallen faeske
joech in biwyske fen frouljuessoarchsumens oan ’t great fortrek, al hie
hy sels den ek de blommen sa skikt en de fewielen kjessens fen ’e
greate mahoniehouten sopha sa dellei. Der yn ’e hoeke foar ’t finster
siet ’r jerne mei it útsjoch oer ’e rûmme greiden en ’e kostlike
wolkenbiskûmme loften.
Sá hiene se der faken yn ’t foarige ek togearre sitten en sims woe ’t
der by hjar allebeide hast net yn, ho de woeling fen de tiiden der ek
mar ea in skûrring yn bringe kind hie. En wer wie s’as fen âlds eltse
Tongersdeijoune as in feest, de iene joun fen de lange wike, dy ’t de
minske for himsels redt út ’e sterke brânning fen de woelige
droktmedagen.
„Krekt as hast net foart west,” liet Falentijn him ûntfalle sa mar út
syn tinsen wei. „Alles sa by ’t âlde bleauwn, it hûs, de keamer, selst
dyn tún hast wer yn de âlde sitewaesje, sjoch ’k.”
„Alles gelyk, mar wy sels foroare,” andere Ryklef hwette bitter.
„Nei better den doch, âlde filosoof.”
„Det âlde kin der wol foar wei,” biskrobbe Ryklef him in byt brûkel.
„Dû ûntrinst my net folle, jongkje. Hast ek al in griis hier troch dyn
swarten.”
Jehannes Falentijn seach him oan mei syn rjuchúte eagen.
„It is de skaedside fen myn birop, ik moat altyd it minder moaije, it
ongeve, it biderflike sjen fen ’e minske. Sá sjende kin ik geneze. En
Ryklef, sá scoe ik dy ek geneze kinne, leau ’k, fen dyn hiele slimme
goarre.”
Ryklef Ripperda sprong oerein, read flamme op syn soune brune wangen,
efkes flime der lilkens yn syn eagen.
„Wel noch ta! Ik siik....? Ik yn ’e pogge? Net wiis, dy-t it seit....
al bistû it den ek!” en hy stompte sa foarheftich tsjin de tafel oan,
det de stikken op it skaekboerd trillen op ’e grounfêsten.
Jehannes bleau bidaerd en sei stadichwei: „It makket dy sa yn onstjûr,
myn gesinspyl, det ik scil der mar net mear oer prate.”
„Noustû my earst oerémis makke hast....! Ik hear ’t geslyp al fen dyn
skerp doctorsmes....” bromde Ryklef, wylt ’r mei in min sin wer sitten
gyng.
Falentijn glimke ris en liet it oan it tafal, ho-t syn opsmiten
kûgeltsje fierder rôlje scoe. Mocht it wêze, Ryklef syn hânnelingen yn
fêste, goede banen liede. It bigrutte him, dizze iensumheit wie to
swier om to dragen fen dizze sterke, jonge, oergeve, mar ek oersappige
persoanlikheit, net fen ’e natuer foarbistimd om as in mûnts troch ’t
libben to gean. As ’t wêze moast, scoe hy it mes noch djipper yn ’e
woune sette, sear dwaen, om dizze, dy-t hy ljeaf hie as in broer, to
genezen.
Einliks rekke it spultsje út, Ryklef woan it, mar hy stume noch. En
dochs moast it sa komme, al scoe ’t ek op kreauwen útrinne, prate scoe
’r, syn hiele hert bleat lizze moast ’r. Hwent hwet him skilde, wist
Jehannes net.... it wie hwet slims, it makke him stil en sims bidrukt.
En det nou, alles sa keard ta in goed ein, jubel yn pleats fen
triennen!
„Scill’ wy noch efkes troch ’t tún en sjogge yn ’t waer?” sei ’r en hja
diene de glêzen doar op en kuieren pypkjende wei oer de skelpe paden.
It wie hast folle moanne, de loft heal bilutsen fen wite plûmwolkens as
in stil lân fol snie. De wylde wynbeam hinge mei fjûrreade slingers yn
’t ljochtmoanne waer to blinken en grillige skaden dânsen op en del, as
se hinne en wer soeiden op ’e wyn. Yn ’e fierte rôp in lette skipper
syn hallo! yn ’e stiltme, dy-t ek wie as in wiid wetter, swier fen
sliepende deilûden.
Hja gyngen nou nei de hoeke ta by de stedsgreft en seagen oer ’e
lânnen, hwer de dauwe op tynde en slonk as in wûndere simmerjounssé syn
ebbe en floed. In boatsje kaem der stadich oandriûwen, foar de Westewyn
ôf, in lyts lantearntsje yn ’e mêst en ticht neist inoar op in bankje
in jonge en in fanke, swijgsum en frjemd yn ’t bleek ljochtmoannewaer.
En do-t hja njunken it tún wierne, lei hja hjar holle tsjin syn skouder
oan, patte ’r hjar hoeden yn syn teare, jonge ljeafde as in wynsucht de
hiele teare maitiidsblom.
Stil foer it boatsje foarby.... en swijgsum gyngen de beide frjeonen
wer yn ’e hûs.
By it skymrich ljocht fen ’e kjersen socht Jehannes syn fioele en
bigoan to spyljen. It wie sa bliid en it wie sa droef dit allegearre,
snokkende en jubeljende wei wie ’t it libben sels det song, sa ’s dit
nys ansens yn syn hearlike top fen gloarje oan hjar foarby gien wie....
in jonge en in fanke en in pea, wiksele op in stille joun.... It
mystery fen ieuwen, det de dichters oanroere mei koele fingertoppen en
der fen sjonge, skilders en byldhouwers bisykje om fêst to hâlden yn
kleur en foarm en det dochs mystery bliûwt, de ivige onforgangklike
skiente en dochs yn elts minskelibben de forgangklike flechtige
forskining.
Stil siet Ryklef Ripperda der nei to harkjen en do-t it út wie, sei hy
hiel sêft: „Der scil gjin fromminsk op ierde wêze, dy-t dizze tael fen
dy net forstiet. Hwer wachtest den noch op?”
Jehannes lei de fioele del. „Hwet bidoelst?” sei ’r hiel bidaerd. Scoe
Ryklef nou syn siel foar him iepenlizze wolle?
„Hwerom nimstû net, hwet dy takomt?” wie de wjerfraech fen Ryklef. Hy
sei it mei tsjinsin.
„Ik bigryp suver net, hwerstû hinne wolst. Ik nimme?.... ik hwet nimme?
Us frjeonskip is sa âld en sa yn ’t fjûr lottere, wy hoege gjin
oanloopkes mear to brûken, selst net foar de alderwichtigste dingen. Ik
fen dy.... dû fen my, wy witte alles fen inoar.”
„Alles Jehannes?” en Ryklef syn lûd klonk twivelich.
„Ik ha net ien geheim for dy. Ik scoe net witte hokker.”
„Ek net dyn ljeafde for Anne?” Ryklef flustere it hast.
„Myn ljeafde is mei Doedte bigraven,” sei Jehannes hiel stadich,
neidruk op elts fen syn wirden, dy-t, al ho sear as se him ek dwaen
mochten, dochs koel en wolbiredt der út kamen. „Nea scil ik wer ljeaf
ha.... Ik kin det net.... Det mei.... Doedte wie my der to hillich
ta.... En hastû der mei ompakt, detst ’ek mar ien amerij miene
koest.... O stimper, hwet moit my det om dy en der allinne mei
omtôge....”
„’t Scoe gemien west ha, dy yn ’e wielen to riden,” andere Ripperda.
„Derom swijde ik en wachte en as ik dy seach, tocht ik altyd, der
bringt ’r dy it deafonnis fen al dyn forlangst. En nou is ’t sa....
Kinst dysels goedernôch? Is der neat, det nei Anne útgiet?”
„Der hat noait selst ek mar it lytste twisken ús west. Leauwst my?”
„Jawisse”, sei Ryklef, „al wol ’t der min yn by my, det hja net it
hertsbigear fen eltse man wêze moat.”
Do glimke doctor Jehannes Falentijn. „Noch myn siel, noch myn sinnen ha
ea ten ginsten fen hjar spritsen. It lot hat it net sa wold. Hja is for
dy biwarre bleauwn, hja is frijmakke fen ’e bân.... Ryklef. Hwerom
scoest nou net hinnegean en helje dyn skat.... It bliûwt net altyd
simmer, it bliûwt net altyd jonkheit. Wachtsje net sa lang, as der mear
grize hierren komme en bitûmmele sinnen. Wêz bliid en jong togearre en
bring noch ris fleur yn dizze âld wente.”
En hy krige syn fioele wer op en bigoan to spyljen. Ryklef harke, de
tinsen yn swiete mimerij. En bizich, as ’r hiel inkeld ris wêze koe,
rette Jehannes him dy joune let oan, Spreuken 31 ris goed nei to lêzen
en net sa swiersettich to wêzen en âldmannich. „En dit wie dyn goarre”,
sei ’r optlêst pleagjende wei. „De earste leppelfol drank docht al syn
wirk....”
„En de rekken?” glimke Ryklef nou wer mei in goed sin.
„Dy komt, astû foargoed genezen biste”, pleage Jehannes Falentijn, de
eagen forsêfte fen goedwilligheit, om dizze iensume út syn earmoed to
forlossen.—
Mar it hâldde hwet yn, likegoed as yn ’t skaken bywilen, sette Ryklef
Ripperda de stikken op ’t skaekboerd fen ljeafde ek mar stadich....
hast al to stadich en miste dertroch sims in goede kâns. Den gniisde it
needlot en alle kweageesten gniisden mei. In minske, delbûke fen
tsjinstuiten is in maklik offer en sims gau dreauwn yn djipste delte
sûnder forset.
Mar doch, dizze joun brocht in kear yn syn libben. Hy naem Jehannes syn
wirden yn syn acht en bisocht, syn herte forlangst om to setten yn
dieden.... en Jehannes stibeleare him.
Hy sette in reiske nei Langwar op tou, moast min noch net safolle
meinimme fen ’e hjerst, as ’t mar koe? en mem skreau moije Stine in
great brief, as se der noch in dei komme mochten to jimmetiten en ien
gast meinimme. Yn in postscriptum kaem de namme fen de gast derby en it
forsyk, Anne der neat fen to sizzen. Hja scoe den de ynfierenheit en ’e
ljeave greatskens wol sa fier driûwe kinne en giene foart, as se wiste,
hwa de gast wie.
En nei tsjerktiid scoene se komme, it boat to Balk bliûwe litte, hwer
se de nachts útfenhûzen yn ’t loosjemint, en den geandefoet it lyts
eindtsje fen Balk nei Wyckel ta. Allegear hiene se goede skonken en
Jehannes koe lytse François wol drage, ast moast en oars Ryklef en hy
him wol ris kakkestoelemeije. Moije Stine woe hjar der hiel wol for
fine litte. Trewis wie ’t. De Ljouwters to gast! nifte Pronica, de
doctor, âlde bysitter! En hjar âld hert fleach fol ljeafde Ryklef
Ripperda tomjitte. Hja wist al lang fen Pronica, ho-t dy foarke yn ’e
stôk siet.... dy ljeafde libbe yn hjar herte as in minnedicht fen Cats.
Pearkeknoopjen bleau min sels jong by, in stikje maitiid wie ’t yn in
âld minskehert!
Hja fortelde Anne wol alles, hwet yn ’t brief stie, allinne it
postscriptum.... der liet se gjin wird oer falle. Hja seach út nei de
Snein as in jongfaem nei de frijer en hie hjar noed om it waer, as ’t
ris reinde, en om de boffert, as ’r ris net rees! en om ’e beurtman, as
’r de Rinse wyn ris forgeat!—