XIII.

Helder lake de neisimmermoarn oer ’e bolwirksbeammen yn ’e âlde sted

fen Ljouwert op. It tearblau fen ’e loft, hjir en der oerkroesd fen in

wyt flanterich wolkje as in glimke oer ’e effenheit fen in kalm antlit

fol bisonkene mimeringsmoaijens, hie oan ljeaflikens woan, hwet it oan

kleurigens forlern hie, de earste fleagen fen ’e hjerstrein hiene alle

simmerhertstocht der út weispield. It telde nou fen frede, de greate

frede nei it kende geniet, de kalme rêst nei de heftige langstmerillen.

Alle fiere frjemde streamen, wit hwersanne wei, wierne nou yn ’e fiere

lokjende mar fen forfulling forroan. As in kristallene tsjelk, oerfol,

stie der yette de simmer to pronkjen, mar o sa nou en den, hast net to

bispeuren! kralen der in drip twa oer ’e rânne en foelen.... Yn det

fallen wie dea en dwesting.... in simmerblom, hwer gjin nije dei for

bloeije scoe.... in sinnestriel, hwer gjin nije dage for trilje scoe

oan ’e reade Eastereinder....

De beammen op ’t bolwirk stiene noch fol yn ’t bled, al roan der ris in

rodsigen ûnder, al foel der ris in foarbatigen ôf, de krunen rûzden

noch yn de winen en bigearlik dronken de bledden hjar spitsige tongkjes

de koele hjerstrein, as dy somwilen yn in stille nacht forkwikking

brocht. En o! ho ’n weelde wie der yn ’e hôven to pronk, ho’n

oerdiedigen weelde oan dy âlde tokken, hast to breklik sims om sa ’n

simmerfleur yn read en giel nei bihoaren heech to hâlden en to toanen

oan elts, hwa-t der niget oan foun. Ho skatteren de stokroazen hjar

felle kleuren tsjin in âlde wytkalke mûrre! ho stoofde de sinne de

lytse felettene drúftroskes oan in Súdgevel, hwer efter in latten hekje

fjûrreade moanneroaskes bloeiden!

It like wol in parradyske, det húske, sa forside en blombigroeid stie

’t yn syn blommen en strûken. Oan ’t stiennen paedtsje derhinne,

pronken sinneblommen, in hiele rige en ’e holders sieten der op to

gounzeljen en preauwne hunich, det it hwet diich en ynienen kaem der ek

in flinter oanfleanen, in skoenmakker en saeide der op del en stie op

syn ranke poatsjes wjukjeslaend yn ’t swart fen ’e noegjende sinneblom

as in kleurich fûgeltsje op in swarte berch syn sinnebiskynde keale

krún.... „Pake!” dreau in lytse jonge. En hja roanen beide hird en

stiene der by to sjen, dy moaije neisimmermoarn, wylt de dei syn nije

ûren hjar ûntjoegen, de bern mei ’t skrift en ’e pin nei skoalle

boarten, de húsman nei syn bidriûw gyng en de loaikert fen ’t bêd ôf

skonke.

Hja stiene noch foar ’t wytfarwe hekje, pake en bernsbern en seagen nei

de pracht op ’e wjukjes fen ’t skoenmakkerke. „Scoest him ha wolle en

scille wy him prippe op in spjelde en dy op ’t buiske stekke?” frege de

pake. Syn skerpe eagen wykten net fen ’e pronkjende flinter....

Bliide taslach lei yn ’t jonkje syn eagen.... hy scoe der sa mar op ta

en pakke him.

„Hui, hui, alles mei forstân en oerlech,” sei pake en hiel foarsichtich

teante ’r tichterby.... al tichter, al tichter.... „Flap!” sei ’r en hy

seach en sjoch, syn hân wie leech. De flinter fleach foart en sette him

gekoanstekkerich del op in drúftrosse, fierst to heech for

minskehânnen.

De lytse jonge raesde, stampfoette twingerich op de groun. „Ik wól him

ha en hwerom krij ’k him den net?” snokkere hy en sloech sa fûlbânnich

op ’e sinneblom om, det de stâlle rekke kniesd en de swiere moaije blom

sakke foardel....

Lyske-moi, in jierrich minske, kaem krekt ta de doar fen ’t húske út en

seach! en takseare de skea, mar hja knypeage der net iens fen. Hja koé

hjar foltsen.

„Myn hear!” rôp se oansjitsk, „en waerliken ús lytse poppe! Nou! nou!

hwet scil’ wy nou ha? Ik sei fen ’e moarn al, de kat slikket him sa mei

de poat oer de kop en ik seach in koets mei in pear skimmels, ik sei al

sa, wy krije bisite. Mar hwa scoe dit tinke kind ha! En gûlde hy om in

moaije blom, myn poppe? Hy scil de aldermoaijsten ha út it tún en in

readwangkje apel der op ta,” en hja naem de lytse jonge mei efterhûs en

hja kamen werom.... nou, de apels foelen him ta de bûsen út en rûggelen

it paed lâns.

Minhear fen Rhé foel as yn side. Bernehoeden wie min wirk en hy diich

it nou al sont seis wike. Joun scoe ’r lins krije, den gyng lytse

Henricus wer nei mem, den mocht ’r it lytse boarterke bisjen, it

sisterke, det mem meinaem hie fen de Wâldreis en noch folle mear,

poppebakken en taert en greate bofferts en in top for him en dy koe

spylje.

Sá hâldden se de lytse jonge yn lust. Moarns spile hy for bernefaem en

kuiere mei syn ginaemd de hiele sted yn ’t roun en middeis diene syn

Nelle en Sibbel it. Monsieur Poppéus foun himsels to heech for soks....

hy taelde net nei syn soan.... ja einliken ek net iens nei syn famke,

suchte fen Rhé.

Lyske-moi hjar skerpe eagen wisten der ek wol fen, hy lies deryn hja

tochte krekt itselde as hy.

„’t Is joun wer húswarjen by myn soan en dy’s,” sei hy. „Kinn’ jy,

Lys-moi? Wy bitrouwe it nimmen oars ta as jou en ’t popke is noch sa ’n

lyts harterke fen in wike ef hwet.”

„Honear moat ’k komme?”.frege Lys-moi dimmen, sa ’s yen past yn petear

mei de greaten fen d’ ierde. „Ik kin de lytse jonge ek wol op bêd

bringe en alles for inoar. Mefrou en dy hoege nearne nei om to sjen....

De kreamheinster is al foart fensels?” hifke se, in grisel loerjends yn

hjar âld, skel lûd.

„Ja,” nikte fen Rhé deftich,.... „wy ha jou ljeaver, det witt’ jy en ha

se mar sa gau mooglik foartskikt. Myn soan, monsieur Poppéus,” en

minhear fen Rhé sei it, as preau ’r hunich op ’e tonge.... „biskouwt

jou as de alderienichste fen ’e hiele sted, yn steat, om op syn bern to

passen.”

„Ik hoopje it my wirdich to meitsjen,” sei Lys-moi, it lûd fen suver

biskiedenheit sinke littend hast ta gefluster. Fen Rhé treau hjar hwet

ta.... it foel swier yn ’e greate bûs. Om hjar part mocht dy bidoarne

jonge noch wol tsjien blommen brekke. Blommen genôch, mar mieri,

sulverjild as kofje en piper sa djûr.

Hja sette gau in krom kofje en helle in fearn dúmkes fen Sam de joad en

lette en sette dy twa der wakker, det hja wisten hast fen gjin

foartgean. Der kamen bikkels op ’e lappen en in arke fen Noach, hwer

hjar eigen bernsbern ek mei boarten, as hja kamen, earme streuperts,

hast gjin fleis om ’e bonken en gjin klean om ’t liif en der boarte nou

dy greateljue’s jonge ek mei en hie likegoed syn formaek dermei as hjar

bernekriel. Hja strûpte him syn moai kyltsje efkes út en hy krige in

skjin skelkje fen ien fen ’e famkes foar.... nou hie hy better syn

tier, sei hja. It bern formakke him ta de teannen út yn it earmoedige

keammerke op ’e stiennen flier.

Einliks ûnder mâl gebalt moast ’r wer mei foart en de treast, det

Lys-moi joun by heites komme scoe en bringe him sels op bêd en det de

bikkels mei ûnder de wrine mochten, makke de lytse jonge wer hânnelber

en folchsum. Yn eltse hân in greate sinneblom pandere ’r neist pake

lâns, it lytse strietsje út wer nei ’t bolwirk ta. ’t Wie fierst to

moai om nei hûs en skadich ûnder ’e hege beammen, hwer noch simmermylde

heimsinnige flusters oerhinne waeiden.

Skippen sylden, de seils stiif fen ’e moaije koelte, yn it brede wetter

fen ’e stedsgreft, hy en de lytse jonge stiene der in set nei to sjen,

nei it bol-stean fen it wite seil, it draeijen fen it roer, hwer in

gouden roaske op glinstere, it keffen fen in snikwite kees boppe op in

fracht turf.... Den stiene se wer by in fisker en seagen, ho-t hy

ophelle.... in moaije foarn ef in sulveren wâldfamke, fjûrread fen

fintsjes, krekt as ’t bloeddrippen wierne en der ynienen, in grouwe

trijepouns snoek oan ’e heak, efkes twisken himel en ierde en do

sparteljend, de greate bek wiid iepen, op ’t gêrs. Do kroep de lytse

jonge efter pake....

Hja seagen de moaije mounle gean foar de wyn, de fjouwer roeden as

kreaze jiffers op ’e stap, op ’e stap! ien, twa, trije, fjouwer! en de

brune seils der bobbeljend oan, hymjend op ’e azem fen ’e winnende

neisimmerwyn, myld en aeijkjend en pake praette mei de mounler en hja

mochten yn ’e mounle sjen, al dy radtsjes en radden en toskjes en

kamkes, in wûnder wie ’t yn ’t berneëach en sa mar o hearlikheit!

skodde de mounler krekt in sek moal by de lytse jonge út en hy gûlde

fen plesier „snieman! snieman!” en hy biseach syn eigen moai en dânse

op en del, sa hie hy it nei ’t sin. En optlêst kamen se by ’t Saeilân

by de loadsen en stallen fen it Frânske hynstefolk.[1] Do waerde de

lytse jonge wer bang en kroep forside efter de lange jaspannen fen pake

en liet him lûke, dy-t oars foarút dribbele.

[1] Earst waerde it hynstefolk as went de Prinsestallen jown, letter

waerden der op ’s lâns kosten loadsen bouwd op ’t Saeilân, ien der fen

wie 300 Ned. ellen lang. De Greate Tsjerke waerde in hospitael, de

Galileïster en ’e Westertsjerke, der hâldden se forgearrings yn.

Der stiene de grouwe poepen, dy-t de swiere munitieweinen lûke moasten,

foar in fol rib to stinnen en hja seagen nei hjar mei de domme eagen

slieprich mar heal op.... in hiele rige wie ’t en hja frieten al den

dei for hûnderten fen gounen.... der trappelen de jonge lichte

rydhynsders fen ’e frânske officieren en oare hege oomes en skrabben op

’e groun om fen ûngedild en wylderigens.... en yn ’e fierte, yn in

ôfsketten hoekje, in oppasser derby, pûsten en sloegen de beide

goudfossen en de skimmels fen ginnerael Moreau, de oerste fen alles,

hwet der oan militair folk wie yn ’t Noarden fen ’t lân, al droech ’r

somwilen it bistjûr ek wol oer oan Gaspard Thierry.[2]

[2] De beide ginneraels, dy-t Fryslân sa tramtearren, rekken letter

raer oan hjar ein. Moreau fluchte nei Amerika, Pichegru hinge him yn

1804 op oan syn bûsdoek yn ’e finzenis. Allebeide waerden se

biskildige fen Napoleon, om war dien to habben, wer in monarchale

staet fen Frankryk ha to wollen.

Hwet in moai gesicht, dit dûbbel span fen ’t allerealste bloed! de

kroeze nekken greatsk yn ’e bocht, de rêgen rjucht as in tried en de

fine poaten fen gjin spat ef bultsje bidoarn! Sa seach hy se faken

troch Ljouwert draven.... de greate karosse, skitterjend fen forguld en

spegelglês der skommeljend efteroan.

En moarn den dei scoe syn soan der licht wol ynsitte, syn soan monsieur

Poppéus en monsieur Coert Lambertus fen Beijma, om se to bringen nei de

Limmer en derwei scoene se de reis ûndernimme oer Amsterdam nei de

Haech ta, om der de twadde Nationale Forgearringe, útskreauwn for dizze

Septimbermoanne, by to wenjen as „representant” en bysitter.

Sjoch, der kaem de smid al oan, om it ûnderwirk fen ’e karosse nei to

sjen en ’e felgen om ’e radden. In great jonge, in smarselpot loai

slingerjend foar him út, smarde fluitsjend it swiere izerwirk. It fette

kliemsel dripte der mei greate drippen ôf, sa rij smarde ’r.... In lyts

frânsk feintsje kaem en wipte mei ien sprong op ’e bok en bigoan to

wriûwen en to wiskjen, oeral hwer ’r mar koe en hinge optlêst de swier

forguldene spegelglêzen lantearns yn ’e hâlders, nije kjersen deryn,

swevelstokken derby en song ûnderwilens in raer ondôgens frânsk

sangkje.

Fen Rhé kuiere mei syn lytse jonge fierder yn ’e stallen op. Eltsenien

gyng earbiedich oan kant, de measten sloegene oan. Nei de ginneraels

wie monsieur de Rhé nûmmer ien yn ’e sted, det mirken hja wol, as der

ris in baentsje to forjaen ef in foaike to fortsjinjen wie.

De lytse jonge syn eagen.... der bigoan optheden in wûnderlike

mearkewrâld libben foar to wirden. Al dy moaije hynsders! dy minsken yn

’t goud, yn ’t sulver! plûmmen op ’e hoed, mûtsen fen berefel op ’e

holle, goudene steken en houwdegens fen goud.... o hwet wie ’t

allegearre moai! En dy koets! dy koets!

Ried der de elfenkeninginne net yn nei de dwergen ta ef miskien,

miskien? kaem Sinte Klaes deryn út Spanje weiriden?

Syn hantsje trille yn pake sines en hy dreau him hastich de kant út fen

de koets.... Dit paste fen Rhé krekt yn syn „principe” fen opfieding,

it bern in ding sjen to learen, hwet in djippe yndruk op syn hert

meitsje moast en der den teffens in twadde yndruk oan fêst to knoopjen,

sadet sa allebeide onforwrikber yn ’e siele griffele waerden en noait

de iene wer fen de oare to skieden wêze scoe.

Hja stiene foar de koets.... it lytse skrale jonkje kaem noch mar krekt

oan ’e tichtklapte tré fen ’t petier ta.... Hy rekte syn halske al

wakker, as ’r ek in bytke der ta ’n yn sjen koe, mar ’t woe net lukke.

Licht siet ’r in lytse prinsesse yn.... Fen Rhé liet him betien....

stie hwet toside it oan to sjen....

De tsjoen fen in frjemde nije wrâld bitiisde it bern. It soune fen

Rhé’s bloed pûnde him oan ta ûndersyk en hy bisocht om de tré los to

krijen en falle to litten, sa ’s hy it Peter det wol hûndert kear dwaen

sjoen hie. De lipkes stiif op inoar knypt, sette ’r him to skrip.

De tré foel. Do loek ’r noch ris en de twadde foel ek. Yn in omsjoch

stie hy der op, de lytse beuker en rekte it meagere halske en seach yn

’e koets, der prinsessen mei rieden nei mearkelânnen ta. Ho wûnderlike

moai.... ho kostlik.... hy stoarre mar.... hy stoarre mar....

„Der scil heit moarn yn sitte en ride sa nei de Haech ta.”

„O!” sei it bern, oars neat.... Onforwrikber stie it op dizze amerij al

yn syn siele etst.... it scoe him syn libben lang bybliûwe en det wie

just pake syn bidoeling. De moaijste, de greatste dei fen pake syn

libben moast en scoe, al wie it bern ek noch sa jong, in oantinken

biwarje yn it bernehert....

Hy wonk de poetsfeint by de lantearns wei. „Doch it petier op en set it

bern deryn....”; hjitte ’r heech.

Der siet ’r nou, lyts en fyn en bloun op it readfewielen kjessen, sels

in hiel lyts onwesenlik prinske.

„Op dyn plak scil heit moarn sitte, krekt sa,” sei pake en pake sei

noait hwet, det net wier wie. It wie dochs wier, dit alles.... Hy

bifielde it fewiel en loek oan ’e noppen fen ’t biklaeisel en kroep

ûnder de sitselbanken en rikte nei de souder, hwer in moai lyts glêzen

lantearntsje oan bingele, fêst mei gouden ketlings en do wie ’r

foldien. Hy liet him wer út ’e koets glide en gyng stil neist pake

lâns.

Sa kamen hja einliks thús en founen beppe, tsjok en lyts foar ’t

kofjebled en der Sibbel by en einliks Anne, nei de kream fen it lytse

famke, noch moaijer, mar ek noch tearder. Fen Rhé waerd der kjel fen.

De lytse jonge klauwde hjar op ’e skoat, syn mûltsje stie net stil. Mar

aloan wie de koets op ’t rabat, de goudene koets, hwer heit yn ride

scoe, de koets mei de goudene fossen en ’e wite skimmels. De flinter,

de bikkels, de mounle en it greate plesier dêrre, det alles sonk wei

for dit iene: heit en de koets.

Anne glimke.... o det ljeaflike glimke! eagentreast wie ’t for fen Rhé

en hy koe ’t net litte, hy moast efkes hjar hân krije en patte dy

galant en hy ûnthiet hjar bliid in goudene hierbân mei saffieren for

hjar hier, om to dragen as in oantins oan ’e berte fen ’e ginaemd fen

syn wiif Pieternelle Emerentiana. Hja hie ’t sels sa ha wold en bineame

hjar eigen mem net.... fen Rhé bigriep it. De twang fen ’e boask siet

hjar noch as in angel yn ’t hert.... as in skaed stie altyd dy Ryklef

noch twisken hjar en hjar man.... It wie in heale ljeafde.... in dielde

ginste....

En do briek it ynienen út yn syn hert.... det wie nou foarby, it moást

foarby wêze! Ryklef Ripperda wie fen ’e baen.... noait scoene syn

foetten wer op Fryske groun stean, noait syn bretael-soune stap wer

troch Ljouwert syn strietten daverje. Dy opstân to Collum joech de

nekslach oan him en oan alle oare sondaers mei him. En as hy der goed

ynkaem, ja, den wie ’r lokkich optheden, sá lokkich, as ’r yette nea

west hie.... Hysels noch net âld, soun en geef, al pake fen in lytse

ginaemd, net yn ’e jildkrapte, gesien by in greate patty, al forfoeiden

oaren en hokfor oaren! him ek as de pest, alle plannen, dy-t fen him

útgyngen, goedginstich ûntfinze by it bistjûr en goed slachjend, as hy

se yn praktyk brochte en nou syn soan, syn ienichste! útforsocht om

Coert fen Beijma to biselskipjen nei de Haech ta en as dy troch syktme

ef sa bihindere rekke, nammens him oer Fryslân to sprekken en to

riedplachtsjen.

Hwet in dei! Hy wist suver net, ho-t hy him wol net postuere scoe, in

bliide onrêst kitele him ta de fingerseinen út en hy de kalme,

ynfierene fen Rhé, noait út ’e ploai, lake in reis twaris lûd en bliid.

Syn wiif seach Anne oan en dy hjar.... kaem heit yn syn twadde jeugd?

Al wie syn hier ek piper en sâlt ûnder de prûk, de strange eagen,

oerbôge fen ’e swiere eachsbrauwen, stiene noch skerp fen útkyk yn ’e

kaskes en op ’e fleisige wangen lei noch it soune read fen in sterk

lichem, noch net wrak ef fen in faei steed ta in ontiidige dead

forfallen.

Anne glimke efkes hjar heimsinnich glimke, de skimer fen twa swiete

dobkes yn ’e wangen en yn ’e greate blauwe eagen eat fen blidens, eat

fen wémoed en dochs altyd, hwet it den ek mar wêze mocht, eat fen

bitsjoenende ljeaflikens.... Hja tocht om joun, ho-t it wêze scoe....

joun....

Hja wist hjarsels jong en moai en al sei Popke it nea, oaren flusteren

it hjar faken yn ’e earen.... Liet him onforskillich wêze, hja ljeave

harpelûd, det lokke en as de iene it ystremint net goedernôch bispylje

koe, den licht in oaren ien.... En hja tochte om in slanke manljueshân,

kreftich en dochs sêft mei hiele lange spitse fingers, hwaens greep

allinne al in hearlikheit wie. Dy woe se joun fiele.... det lûd

hearre.... hjar waermje oan de gloede fen dy frjemde, jonge eagen, hwer

in waermer sinne yn skynde as de flauwen fen Poppéus, hjar optwongen

man, de boargerman, de plebejer.

Ho langhalze se nei de ljeafde! Hwer wie dy? ho wie dy? Alle greate

dichters songen der fen, alle greate geesten sinspilen der op! O dit

libben wie allegear sa forfeelsum, sa dea! De deirin yn ’e lytse sted,

dy bleke man altyd om hjar hinne, hwaens tinsen dochs nea thús wierne,

mar altyd op ’e doele yn ’e frjemdte, it gesanger fen ’e bern en ’e

boaden om ’e earen en it geskoai om bûssinten for rûkersgûd en linten

en flinten, dy-t Poppéus mei húnske wirden en tametten mjitte joech. As

skoanheit der net west hie en hjar aloan en alwei stibeleare en it

beurske folpropte, hja hie wis eltse dei wol ris ienris swime moatten.

Nou hoechde it net faker as wyks ienris!

De dei, de moaije dei! forroan ek al wer en ebbe nei de joun as alle

dagen. It moide fen Rhé hast, al joun nou.... al joun. Ja, der kaem al

in greate stjer oanfonkeljen yn it blau fen ’e loft der dreauwne noch

in pear goudkleurige wolkens en in soele jounwyn waeide troch ’t tún,

suver noch simmereftich, mar it waerde dochs skimerich en kâld.... De

dagen koarten hird....

Peter stiek de kjersen op yn de sydkeamer, der sieten se nou to

jouniten en hy hearde de oare boaden drok omskrippen yn ’t seal en de

bykeamer. Hûsrie waerd forset, finsters ticht dien, de izers op ’e

blinen hekke. In fine, smaeklike geur fen feest roek min yn ’t hiele

hûs om, fen blommen yn hege fazen op ’e skoarstienmantel en frjemde

útlânske geuren fen lodderein en múskes út sierlike frouljuesklean....

Syn bloed bigoan flugger to polskjen,.... hy fielde him, as wie ’r wer

fiif en tweintich en moast it libben, it lange libben, yette bigjinne!

Noch lei it foar him.... noch wie der gjin wissichheit fen net ien

ding.... alles noch hoop en onwesentlik lok.... O dy ljeave jonge

dreametiid.... as nei de fiif en tweintich jier de skied bigjint, hâldt

alle illusie op en gjin macht op ierde forlost de minske den wer út it

kleaster fen ’e boargelike maetskippij, it ambt en de binyptens fen it

húslike foarmidden. Frij! frij! gjin minske wie ea frij, mar optheden

dochs.... hy fielde him mear as frij.... hy fielde him lokkich....

troch alles hinne lokkich en tofreden.

Alles wie him nei ’t sin.... hysels.... syn wiif, syn jonge.... syn

posysje en ek syn hûs. Det wie optheden wol op ’t aldermoaijst ta eare

fen Poppéus. Hy hie himsels de weelde tastien fen swier, nij húsrie yn

’t seal en donkerreade sidene gerdinen, ho lang al de sielewinsk fen

syn wiif! derby en de mûrren hiene as bihang sulvergrys velours

d’Utrecht krige, alles stemmich mar ryk. It koe nou, it gyng alles út

’e brede fjirtsjin, hwent syn baentsjes leine him gjin wynaeijen, hy

wie ’t jild ek net gram. ’t Scoe ek al slim wêze, as hy der mar in lyts

krom for barde, dy-t tichtst by ’t fjûr sit, waermt him ommers ’t bêst

en hy siet der ticht by, sims barnde ’r him hast de teannen, s’as yn

Febrewaris, do-t it ek ris wer hekke hie en hy hast tocht, nou syn

possenaesje útspile to habben. Mar it lotte oars út. Him hiene se net

kitst, omt Moreau en Noël it ûnder dúmkes mei him hâlden, mar de measte

oare Jacobijnen foelen as bâlstiennen yn djip wetter. Him doarsten se

net oan.... him, dy-t de partij hjir makke hie ta hwet se wie en se

noch fierder bringe scoe. Dy-t Fryslân njúd en gesachlik meitsje scoe,

det it willich roan yn ’e sylbeage efter in hollânske foarman oan....

in lytse, swakke „provincie” en neat mear as det!

Hwer scoe det ek ta liede, om hjar eigen baes bliûwe to wollen, hjar

eigen jild to fortarren en der in eigen regear op nei to hâlden, hjar

der sa útkippe to wollen mei in eigen selsstânnigens. Healwizer koe it

wol net! Unifoarm moast alles wirde.... ien wet, ien rede, gjin gelove,

ien plicht for alle lânnen en net mear dy tobrozeling folgens lânaerd

en gelove, folgens hertsbigear en in tael folgens sielsbigear, sa ’s

guont ljue djipsinnich seine. By de toer fen Babel praettene se alear

ek ien tael, der moast it wer hinne. Efkes gnyske ’r, syn hiel spitsich

foksegesicht ien grimas, do loek ’r it antlit wer yn ’e gewoane ploai

fen deiseffenheit en ynfierene greatskens.

Hy gyng stadich nei ien fen de greate damspegels ta yn ’t seal en

biseach himsels ris. Hwa scoe ’t him oansjen, det ’r al pake wie, tocht

’r greatsk. De rêch noch rjucht en steil, de reafalligens fen ’t antlit

noch skerper teikene troch de wite nije prûk, prachtich opmakke mei

geurige poeijer fen monsieur Pierre, de nije frânske coiffeur, en de

nije rôk, de pannen mei swiere risselside fûrre, siet him hwet krudich

om de lea. Hy stiek de skjinne bûsdoek yn ’e bûs, naem noch in snufke

út ’e gouden snúfdoaze, in forearinge fen monsieur le général Pichegru

en joech him do stadich nei ’t seal en hy fielde him as in kening, dy-t

hjoed for ’t earst de swiettens fen ’t regearjen ris priûwt. Gjin

wolkje oan ’e loft, gjin skeel, gjin argewaesjes! Hwet wie it libben,

dit libben, dochs de moite wirdich, om libbe to wirden!

Sa drupkjende wei kamen de gasten, earst de jonge luitenants en hjar

dames en aloanwei hegere hearen en frouwen en optlêst, ho wiid waerden

de doarren opsmiten en ho fluch wierne se allegear oerein.... le

général Moreau! Ja wol waerde him eare tametten op dizze joun,

bûtengewoan!

Tomûk seach ’r ris nei syn soan, fielde dy det nou ek sa? Det heit en

hy optheden sa yn top fen oansjen wierne, as stiene se op in berch!

Mar Poppéus, kâld en onforskillich as altyd, tocht om neat fen soks en

socht deagewoan formaek by de jongerein, hwer dom gegniis om flauwe

grappen skearing en ynslach wie. Nei syn bigroeting fen Moreau seach

min him net mear yn ’t hillich herntsje fen de ljue fen gesach. Hy stie

nou yn ’t foarmidden fen in rountsje fen jongefammen, syn bloun,

gledboarstele hier stike fier boppe de donkere en swarte kopkes út en

sims bûgde ’r him det djip oer nei ien inkelde.... Det scoe Madeleine

Benier wol wêze, it jonge wyfke fen ien fen ’e luitenants, der ’r heech

mei weiroan.... Nou, it wie den ek in pronkje, efkes flikkere der in

wjerljocht fen heftich bigear selst yn syn eagen en hy draeide him

gysten om, de Eva’s lokkinge greatmannich út ’e wei geande.... En op

itselde stuit waerde syn oardiel oer Poppéus mylder en fordraechsumer.

Hy wie ommers ek noch sa jong! de stryd twisken fleis en forstân scoe

op den duer wol saksearje en brûzde by de âlde, greate geesten de

libbenskreft ek net altyd heftiger as by in gewoan minske? Wierne

Goethe, Nelson en safolle oaren der ek gjin foarbyld fen?

En wie Anne der net? It feilige anker fen in ljeave húslikheit for it

swypkjende skip op ’e wyldramende libbenstwirren? Anne, nei Poppéus him

de dierberste fen al syn sibben? Anne, hwer hy fen hope, hja mocht him

oan ’e ein fen syn dagen ta meihelpe en hâlde Poppéus yn ’e biwende

maetskippelike banen? En syn eagen opskerpjend kipte hy se út de oare

moaije frouljue wei en bigoan to forgelykjen. Hja koe ’t hâlde tsjin

elkenien, der wie gjinien moaijer, fynder, aristocratysker as hja. Hja

droech in jurkje fen pesleinblauwe side en der sulveren blomkes op

binaeid, de mouwkes hiel koart en de prachtige blanke earms frij to

bisjen for eltsenien, dy-t der mar sin oan hie. Sa ’s se der stie, like

it suver noch in jongfamke, allinne om de mûle, der loek sa ’n spitich

fâldsje.

Nou seach ’r se net mear, in jong luitenant spriek hjar oan, ien fen de

ruters út it gefolch fen ginnerael Moreau, baron de Noailly hjitte ’r,

miende ’r to witten. In kreas kant jongkearel wie ’t en hy slûpte hwet

tichterby, om as ’t koe, hjar to biharkjen, mar krekt bigoanen hja to

dânsjen en mei hwette as isegrym seach hy de biwonderjende loaitsen fen

’e greate, slanke dânser, peiljende it djippe, suvere blau fen syn

dânserke. Hja glieden foarby, ienris, noch ris.... it joech him in prip

yn syn hert. Hwet wie dit.... hwet scoe dit wirde kinne....?

—Ik bin sa wis fen Anne as fen mysels—sei ’r heallûd ynienen en seach

kjel om him hinne. Ja wol wis.... Anne hie net om ’e nocht âld Friezne

bloed yn de ieren. Noait de trou skeine.... noait en to nimmer de trou

oan ’e man en it folk.... oan it dierbere lân....

Der gyng fen Rhé in lytse kâlde rille oer de lea. En hwet diich hy?

Hwet hie hy dien? Forkoft ’r net for in judaslean syn lân? dochst it

net for in goudene snufdoaze, hune de kweageest yn him, for in fet

baentsje for dyn stoaterse jonge.... for in greate pong fol jild? Elts

en alle ding is omkeapber, ast de priis mar wiste, hune hy noch

lûder.... en dyn priis wie in bedroefd lytsen ien! Hwet wiestû gau yn

dubio! hwet wiestû gau biredt!

In pear hastige stappen yn ’t gewoel, de kweageest swijde. En it feest

gyng syn gong. It waerde ho langer ho fleuriger, de wyn streame, de

hollen rekken oerstjûr, it forniske fen ’e biskaving skulfere der by

lapen ôf en de minsken lieten hjar gean en fortoanden hjar yn hjar

wiere steat. Foaral de jongerein rekke alhiel los, fierst to mâl,

lokkich, it wie yn in bisletten hûs en syn boaden koene swije as

bychtprysters, mar ’t wie ek net to hoopjen, as der hwet fen oer ’e

streek kaem, ho-t hjir joun feestfierd waerde. Noch nea hie hy sa hwet

bilibbe! Och, it kaem fen ’e nije Frânske geest, dy wie losser, frege

mear libbensgeniet, diich, sa ’s it fleurich, oerdwealsk sin mar

ynjoech. Hwet wie der de stive fryske ynbânnigens by, dy-t as efter de

slettene doar altyd en ivich syn fieling bigrindele. Hja songen, hja

dânsen, hja praetten hjar út, hwet hjar op ’t herte lei. Mâl gyng ’t

sims.... heal liet ’r him ek noch fen dy wylde wieling meilûke, heal

hie hy der in wjeraks yn.—

It dûrre ta let yn ’e nacht.... einliks rekke it seal leech en âlde fen

Rhé, snoaden kânsbirekkener, hie syn trouwe mantsjes al klear stean, om

guont, dy-t net al to fêst mear op ’e skonken stiene, thús to

bisoargjen. Poppéus wie nearne to finen en galant liet ’r de karosse

foarkomme en brocht sels Anne, lytse fé yn in sulverbrokatene mantel,

thús. Him eange in oaren ien, dy-t der ek net fij fen wêze scoe en

jonkheit en fjûr op ien hird, kin in rare lôge jaen.... en Anne yn hjar

ûnskild wierne de wjukjes allicht al earder sinze fen in brân, eart se

it wird brân selst ek mar bigriep.

Hja liet hjar spitigens net skine, prate gewoan en hy biskildige

himsels.... och it hie allegear forbylding west.... hy wie in âld

man.... in stumperige, spûksjoggerige âld man. Mar frouljue bliûwe

frouljue en dy-t se ljeafhat, hâldt se yn ’e kiker.

Nou siet ’r allinne yn ’e karosse, hastich ried dy oer ’e hobbelige

balflinten. De nachttsjustere sted lei der stil foar, gjin lûd makke

him mear kenber, gjin minske wie mear op in paed.

De moaije dei, hast ien fen syn aldermoaijsten, wie foarby.... syn siel

al dwaende, him as oantinken yn syn heugenisse for altyd to

bimitseljen, tocht ’r in bytsje mismoedich.—

En nou hjoed, de dei fen hjoed, gyng syn soan monsieur Poppéus de Rhé

mei monsieur Coert fen Beijma nei de Nationale Forgearringe yn ’e

Haech. It wie him great, dizze dei bilibje to meijen, dizze dei, dy-t

de kroan sette scoe op syn wirk as heit en opfieder beide.

„It hat joun wol mear as tûzen goune koste”, suchte syn wiif yn ’e

weach, do-t hy nei hwet omgeskermesear ek de swiete rêst socht op bêd,

....„wol tûzen grouwe gounen.... Hearst, hwet ’k siz, Henricus?”

„Al kostet it ek de helte mear, jow dy mar del, Nelle. ’t Is ’t praet

net iens wirdich. Dizze dei hat my wol in kaptael wirdich west.” En hy

seach goedlikswei nei hjar âldwyfke antlit ûnder de greate nachtmûts

fol stroken en strikken.... suver fammige fol en fleurich like it

antlit noch nei dizze joun fen freugde en frolikheit.

Sa wie dizze greate dei syn einbeslút.

De oare moarne om tsjienen rieden se foart. Foar de harbarge „de Falk”

stiene de karossen klear en de ruters fen ginnereal Moreau as in

eare-escorte yn great tenue. Der wie in bult folk op in baen, in hiel

akkefytsje for de rinteniers en omstoatskavers, dy-t oars neat to dwaen

hiene as alles nei to sneupen en op to strewearjen, om det den letter

by in swiet pantsjefol kofje noch ris wer oer to eidsjen, ho en

hwennear en hwersanne it west hie.

Monsieur Poppéus, deftich yn ’t swart, de stôk mei gouden knop yn ’e

hân en in swiere portefeuille ûnder de earm, kaem der stadich yn ’e

stúdzje wei oanstappen, de Sint Japiksstriette wei út oer it pypke.

Slap en langliddich as ’r wie, roan ’r hwet foaroer.... it joech syn

gong it bisonder apparte, it aristocratyske, hwer heit sa mei weiroan.

Hy stie by ien fen syn frjeonen to praten en seach syn soan sa

oankommen.

„Dit ’s wol it moaijste, hwet in âlder bilibje kin”, miende syn frjeon,

in echte hunichstriker.

Alde fen Rhé sei neat.... hy koé net en hy nikte koart en koel. It folk

seach der op ta en det hoechde nea to witten, ho-t de heechheit fielt

en hjar postuert by bûtengewoane gelegenheiten. Poppéus diich krekt, as

gyng ’t him allegear net oan, hy bûgde foar de oaren en gyng as

alderlêste nei syn heit ta, like koel as altyd en joech him in slappe

hân. Mar âlde fen Rhé knypte tá. Efkes woe ’r it bloed fen syn bloed

fiele, innich forbân habbe mei dit syn ienichst, leard en heech

biwittenskippe bern.

„Goede reis en kom bihâlden werom”, sei hy en koe syn hân hast net

loslitte. Poppéus gnyske efkes smeulsk, stadich loek ’r sines út heit

syn waerme triljende.

„’t Is gjin sémansreis”, sei ’r hwette spotsk. Alde fen Rhé krige in

skrik, diich ’r flau? Syn antlit forstive ynienen ta koele bileefdens

en mei in koarte, nidige nik joech ’r de koetsier de wink, do-t it

petier efter de beide manljue tichtfallen wie.

De hynsders setten ta, de stringen stiene spand, de moaije skimmels,

hwer lytse Henricus jister sa ’n eachweiding oan hawn hie, sloegen it

fjûr út ’e flinten. De goudfossen diene ek in hoart twa.... krêkjend

kaem der biweging yn ’e swiere karosse.... Ruters foar, ruters rjuchts

en lofts en in stik ef tsjien der efteroan....

In wolken fen stof fleach op.... yn flugge draf gyng ’t de Wirdumer dyk

lâns, op de moaije iensumheit fen ’e griene greiden en ’e blauwe loften

yn, oer Snits nei de Limmer.—

Sêd fen lok kuiere fen Rhé nei Anne en bleau der to kofjedrinken en to

neipraten, lytse Henricus op ’e knibbel. En der yn ’e widze lei nûmmer

twa to spinfoetsjen, it lyts famke, det him nou al krekt Nelle hjar

evenbyld talike, ’t lyts prûkje hier sa swart en de eagen ek hiel

donker, as hja se efkes opdiich. Hy takseare it widzekleed en it kleed

om de bakerkoer, alles yn ’e es, swier readsiden demast, krekt sa ’s hy

it ha woe en hy treau Anne tomûk in doaske yn hânnen: „detst net

forlitste, nou ’t Poppéus foart is”, sei ’r en hy wist, it siet optaest

fol fen goudgounen. En optlêst dronk ’r der noch kandeel en hy

biöardere Lys-moi, om der noch in fjirtsjin dagen to bliûwen, hwent

Anne moast ris foart kinne en net om ’e bern thús hoege to bliûwen. En

Lys-moi hjar bûs tynde út as in boffert, hwer de rees yn sit fen saun

aeijen en in healfearn gest. Sûnder, det Anne it bisefte, krige se in

skildwacht om ’e doar, dy-t gjin wissewasje ûntgyng.—

De moaije hjerst roan to ’n ein, de rein kaem der daverjend oanriden op

’e weinen fen ’e swiere wolkens. Dead en fordjer oeral.... net ien fen

de teare moaijichheden, dy-t net skeind waerde fen de wrede swypslaggen

fen de Westewyn. Fen Rhé fielde him âldmannich en huverich en siet

klûmsk by it houtfjurke yn ’e efterkeamer en seach de fonkjes nei, ho-t

se dânsen en knetteren en dôven op ’e gledskjirre hirdplaet.

De freugde fen syn dagen brochten de forslaggen, hwet der forhânnele

waerde op ’e Nationale Forgearringe. As ’r de postwein daverjen hearde

op de Wirdumer dyk, it Súd út wei, joech him det in bliide skok en ûren

foartiid wykte ’r net mear út ’e sydkeamer wei en naem, in bliide

rydling yn ’e hân, it swiere pak oan fen Peter en joech gol de bringer

boppe de fracht in rejale braspenning for in swiet sûpke. En den seach

min him yn in skoft net wer. Hy bigroef him as in mol mei syn skatten

yn ’e waerme keamer. Syn wiif soarge for syn wiet en droech, somtiiden

kaem ’t net iens oan ’t opiten en drinken ta. Hy naem optheden biten

fen in swietter foerring, dy-t him stibelearen, as nea oar fied it

smaekliker en streksumer dwaen kind hie.

Sa kaem de lêste dei fen ’e forgearringe, dy waerd sluten en oer in

pear dagen scoe Poppéus thúskomme en koene se neiprate oer dit alles.

Ho-t se der sims tsjierd en inoar yn ’t hier hinge hiene, dy hearen

representanten, omt elts for master opspylje woe, ho-t Coert fen Beijma

smeule doarst op alles, hwet mar mei det forflokte prinselik hof ef de

femylje gearhinge, en inkeld, hiel seldsum, hiel biskieden en dochs

manlik en op ’t stik ôf, ho-t Poppéus ek hwet sei hie. Poppéus, syn

soan. It wie net folle noch.... och, hy wie ek noch jong, alhowol hy

syn paed skjinmakke hie as de bêste, mar hwet ’r sei, snie hout. Min

moást him markbite, min harke nei him, liet it yn yen omgean en sa

waerde de earste triemme fen in ljedder nei in nije steat opkleauwn. As

der mar ien skiep ropt fen bê! den raze alle oaren ek wol mei, sa is in

minske nou ienkear en hy hie Poppéus yndroege, rejael yn ’t jild útjaen

to wêzen, net op in sint mennich to sjen, iters to noegjen sa nou en

den yn ’e harbarge „De Steds Doelen”, hwer hy thús lei en wyn en

toeback net to sparjen.

Hwet scoe der in neipraet wêze! ho ’n bûsfol nijs!

De rein hindere him net en it droeve gean fen ’e neisimmer nei it

tsjerkhôf fen ’t wyljen, noch it gesanger en gespartel en geëamel fen

’e ljue, dy-t de bilêstings to heech founen en der him sims rare

brieven oer skreauwen, noch it sneuë gesicht fen Anne, dy-t hast nea

thús wêze woe en jeuzele, hja siet altyd mei dy twa bern oantangele en

koe ek net nei greate gearsetten ta, omt it joech gjin foech, der

sûnder Poppéus hinne to gean, sei se snibbich op in joun, heal gûlende

wei. Hy bigriep it bêst, de skoech knypte hwerearne oars as op ’t krop,

hja miste de gelegenheit om de Noailly to moeten en fen forféling woeks

de langstme geweldich, dy-t oars miskien al lang sakseare wie ta in

fluchtich neat ef oan kant skouwd wêze scoe for in oar tiidfordriûw.

Fen Rhé harke der mar heal nei, do-t se op in joune wer kaem to

kleijen. Hja siet opsluten en for Poppéus wie alles, setten en pretten

by de fleet, alles, hwet it hert mar bigearde.

„Nou, nou,” susse fen Rhé, „in wiif heart ek thús. Dû hast de bern, in

moai hûs en bist it wiif fen ien fen de oansjenliksten fen ’e sted. Min

kin ’t folmakke net bigeare. Dû scoest dy deljaen en wêze bliid, ast

hearst, ho Poppéus syn paed skjin makket.”

Anne loek oan ’t fyn noaske, seach prot en bleau prot en gyng betiid

foart. In swym fen hjar swiete lodderein bleau noch yn ’e keamer

hingjen, fen Rhé snúfde ’r wolfoldien hwet fen op en glimke fyntsjes.

De Noailly hie ’t bisocht, hie ’r wol mirken en út Anne hjar wirden

makke ’r op, ’t wie mislearre. Poppéus moast nou mar gau thúskomme,

tocht him en hy skreau him yn ’e blydskip fen syn hert in great brief

en foege der oan ta, Anne hwet moaijs mei to nimmen, itsij in lape

side, frjemd fen stael en fen it alderbêste ef in waerme pelysse for de

winter. Hy moast mar ris sjen.... heit sei goed for it jild. En hiel

ondôgens sette ’r ûnder hwet yn it brief, hwer Poppéus grif om laeitsje

scoe. Hy lake komselden en dochs wie syn laeits, de prachtige wite

tosken bleat, sa geef as kryt, in lokking for alles, hwet fromminsk

wie. En de lytse swarte Française kaem him yn ’t sin, madame Benier

lêsten jouns.... do koe ’r laeitsje, mear as ienris.... En do-t dy

dames der wierne út Amsterdam.... ja.... do ek. Do koe ’r prate en

geestich wêze en charmant.... hy hie him suver bisoud oer Poppéus.

Krekt as waerde der mei in lyts, skerp meske efkes in feechje dien yn

syn hert. lt diich sear. Op dit stuit woe hy wol, det alle frouljue ta

de wrâld útreage waerden.—

Einliks kaem it lêste forslach fen ’e lêste dei fen hjar fortoef. Fen

Beijma en hy scoene noch in pear dagen bliûwe, den kamen se wer thús,

skreau Poppéus koart en sakelik. Der koene noch in pear dagen by komme,

omt hy woe ek noch yn Amsterdam oan.... it wie nou dochs ien reis.

Letter scoe ’r noch wol tynge stjûre. It wie allegearre sa koel, sa

kâld ditte, krekt as hâldde ’r yn syn waerme hân in grou stik kâld lead

do-t hy it lies en den einliks de groetenis for allegearre en ek oan

Anne.... it wie by ’t onfetsoenlike om ôf. Hy moast it hwet bihimmelje

en sizze Anne net krekt, ho mâl as ’t brief wol wie.

Sels kuiere hy de oare moarne nei de koekebakker ta en bistelde in

moaije taert fen confituren en mealde mangels en liet dy bisoargje by

syn skoandochter as de foarboade fen in bliide tynge en yn skimerjoun

gyngen hy en Nelle der sels hinne, om Poppéus syn boadskip, hwet

oannimliker makke, oer to bringen en de taert, de foarpret, mei op to

plúzjen.

It hoarntsje wie noch kniesd, Anne ûntfong se koel. Henricus lei al op

bêd, swiet sliepte ’r, it mûltsje heal yn ’t kear en de kroltsjes fier

oer ’t foarholtsje. Alde Lys hie Nelle op ’e skoat en dy raesde en

spartele wakker foar de waerme bakerkoer, hwer al in komfoar mei fjûr

yn stie. In swiete geur fen spaenssjippe hinge yn ’e greate keamer en

dochs roek min der boppe út de pittige rook fen bêste kofje. En Poppéus

kaem him yn ’t sin, ek ienkear sa lyts, ek ienkear in lyts bihelperich

harterke en syn wiif, in jong memke fen twa en tweintich jier....

Hy sei syn boadskip en Anne andere, hja wie bliid en bitanke for de

groetenis. De wirden wierne bêst en goed, alhowol, de toan, hwer se op

sei waerden, stie fen Rhé net oan. Anne hâldde in min sin, it petear

woe him ek net flije nei in sellich en smout wikselwird.

Hja gyngen derom al gauëftich wer nei hûs yn ’t moaije stjerheldere

waer. It wie noch suver waerm nei de reinige rite en blokstil. Moai

waer for Poppéus om oer de sé, tocht ’r, miskien wie ’r nou wol

ûnderweis. ’t Scoe him nij dwaen, hwet ’r Anne meinaem. Hy scoe him

yetteris goed ûnderhânnen nimme, Anne wie wirdich, om in trouwe man to

habben. Och, mar hwet docht in âlder tsjin ’e wylde hierren fen syn

bern? Kin ’r it minne steed út it carakter snije, sûnder eat oars to

bisearen? Hy waerde der suver mismoedich ûnder, nuver, dizze hiele

joune hie hy syn moed net en wie sa bidrukt as wol noch nea yn syn

libben. En Nelle dribbele neist him lâns, sêft fen stap op ’e

everlasten skoen en liet him ek mar mei syn eigen soargen oanpiele. Hja

sei neat.

„Bist net fluch?” frege ’r optlêst. „Dû bist sa stil det.”

„Ik fiel my raer,” sei se en hjar lûd klonk heasich en skriemerich.

„Jow my in earm. ’t Scil wol de foroaring fen waer wêze, dy-t ús yn ’e

lea sit....”

Hja hinge oan syn earm, swierder as oars en it bigrutte him. By it

ljocht fen in lantearne bleauwne se efkes stean. Hja makke in pear

hekken en oesen fen ’e skoudermantel los.

„Doch noch ien los,” rette hy. „De gaspen hâlde him wol en sa is ’t

frisser. Hast de kielbânnen fen ’e kyps ek to fêst?”

De prachtige juwélen fen ’e mantelgasp skitteren wûnderlike moai yn ’t

lantearneljocht en de lange earbellen spilen ek net swak by. Dy wierne

hast noch moaijer, Rio’s sûnder ien skaedplakje. Hy hie se Nelle jown

as in forearinge by de berte fen hjar soan, dy-t in ienling bleauwn

wie, al hie hy der noch graech in pear sokke bûslittings for oerhawn,

om de widze noch ris wer roeikjen to sjen.

„Saksearet it wer hwet, Nelleke?” en yn syn lûd wie hwet fen alear en

lang lyn.... Fen roazegeur en in stille ljochtmoannejoun en in priëel

by hjar âlden thús, hielendal yn ’e kamperfoelje biskûle. Ho hearlik it

tobinne bringen....!

Hja bigoan al sleauwer en sleauwer to rinnen, hy droech se hast, sa

hâldde ’r se. „Raer gesteld bin ’k fenbinnen, krekt as knipe se my de

kiel ticht,” hime se en hoartende wei kamen de wirden der út.

Hwet wie hy bliid, do-t hy se thús hie en yn ’e koele, frisse keamer op

bêd. It finster stie noch op, de frisse jounwyn waeide ’r ta ’n yn en

de geur fen lette blommen. Hy seach de frânske kroanen blinken yn

ljochtmoanne en in pear lytse fûgeltsjes kopke oan kopke, sliepen op in

tokje fen ’e keale kastanje.

De oare moarne, do-t hy syn bolwirkkuier diich, lytse Henricus en de

greate wynhoun mei as selskip, hearde ’r, fen Beijma wie sont in dei ef

fjouwer al wer thús en dy-t him fortelde, gnyske efkes. In skaed fen in

gnyske wie ’t! In oarenien hie ’t net iens sjoen, fen Rhé, gefoelich yn

alles, hwet Poppéus oangyng, seach it en ’t pripte him. Wist dy man al,

det Poppéus nou optheden noch omswindele yn Amsterdam? wegen gyng, hwer

min net sjoen heard to wirden? Hy knypte de fingers ta brekkens ta yn

’t weak fen ’e hân yn opstânnich forset!

Dy jonge! dy jonge! Koe hy, de heit, Henricus fen Rhé, mânskernôch om

hiele Fryslân ûnder de kwint to hâlden, dy jonge net interje? net yn

bitwang hâlde, det ’r rjucht troch gyng, sydwegen skou?

Hy koe wol gûle fen onmacht en spyt fen ’e moarn en lytse Henricus

jeuzele al sa en stroffele hy me der net en foel him in smartlape op ’e

knibbel! en de houn fleach in oarenien oan en det gyng om dea der sa

mar ynienen op ’t Waechsplein. Hy hie gjin stok en moast it mar

oansjen, det dy oare Leo nei de strôt fleach en de skerpe tosken yn ’t

moaije wite hier sette.

Do kaem der sa ’n kearel oan, in grou kneppel yn ’e hân en dy barnde

der op yn. De beet fen de iene waerde efkes losser en koart biredt

pakte ’r yn ien taest de fûleinichste houn by ’t nekfel, skûrde him los

en smiet him mei in geweldige saei oer ’e flinten. It bloed spatte der

nei. In ôfgrys wie ’t.

Fol argewaesje seach ’r, dy sterke kearel koe ’r.... it wie Haeije

Trompetter, dy smycht.

Stilwei joech ’r him ôf, Leo, slûkstirtsjend, kreupele him efternei.

Alles mâl fen ’e moarn.

Dy middeis skreau ’r Poppéus wer in brief, it wie in dreigemint. Nelle

lei op bêd en de doctor sei, it wie neat as sénuwen.... Rêst en gjin

swierrichheden úttinke, den wie se gau wer klear. Derom praette ’r net

oer it brief en net oer de ontmoeting fen ’e moarn. De kop der mar foar

hâlde allinne, hy koe dochs wrachtsjis ek noch wol sûnder de sêftens

fen frouljuestreast.

Hy rekkene út, Poppéus koe it brief yn twa dagen ha yn syn loosjemint

to Amsterdam. Yn ’t lêst fen ’e wike kaem ’r, as hy dit brief lies,

thús. Der wie gjin mis op.

Hy bistelde de ekstrapost for de Saterdei’s en ried sels nei de Limmer,

om him ôf to heljen en ’t leksum optslach op to lêzen. Thús harke Nelle

oan ’t slotsgat en den gûlde se, as hy ’t to bot makke en by Poppéus

thús siet Anne op ’e loer, yn ’e wein hie hy gjin mot om ’e teannen en

der scoe hy him ’t leksum oplêze en net sunich ek. En oars

minderesearje scoe ’r, heite talage mar ris kwyt, op wetter en brea yn

in lyts húske.

Hy makke him sa lilk as in spin. As ’r ek net sa sterk wie en sa geef,

min scoe der wol in biroerte fen krije kinne, biklage ’r himsels.

Slingere twisken hoop en freez, kúrde ’r oer it wiide freedsume wetter.

Hjir en der in kroes weachje as in sulveren fiskje, djoeijend op en del

yn ’t grysblau en de frisse séwyn mei syn sêfte twirren him hwet koelte

tawynderjend oer ’e hjitte wangen. Sá stie ’r der en seach út nei syn

soan, in frjemde mingeling fen forlangst en forbittering yn it hert.

Do-t hy lyts wie, trape ’r him somtiiden op ’e teannen, scoe hy ’t nou

to ûnderstean doare en traepje him op it hert? det hert, det yn eltse

tik dochs mar allinne libbe for him?

Stadich kaem it skip der oansilen foar it Westersigentsje ôf. De seilen

stiene mar efkes bol, it abbeseare net folle. De oare minsken sieten

bidaerd op in bank der nei to sjen, hy koe ’t sitten net féle, hy moást

rinne, biwége, hwet dwaen al wie ’t den mar in krobbe dea to slaen,

dy-t yn ’t sân omskarrele. Hja libbe noch efkes, stiek de poatsjes

krûpende út, do sloech ’r sá ta, det de stôk knapte dwarstroch.

Razen smiet ’r him yn ’e sé, dy kalme sé, loai as in weak, grou wiif,

det mar net fen ’t steed wol.

De minsken skodhollen en seagen him efternei. Dy man wie grif net goed

wiis, nikten se en biklagen him. „Elts húske hat syn krúske,” sei in

wyfke en seach nei de karosse, mar woe dochs net ruilje tsjin dy nuvere

man sines. En dochs hie hja dy deis noch neat hawn as in timpke droech

brea en in pear swolchfollen skiepmôlke, hwent hja wie in widdou mei

fiif bern en dy gyngen foar. Der sunige hja it sels for út de mûle.

Noch altyd kaem it skip der oansilen. Min koe ’t folk ûnderskiede en de

wite gerdyntsjes fen ’t heareroefke. It wie moai waer, Poppéus siet

fensels boppe. Ho-t fen Rhé ek stoarre, hy koe him net foar ’t fesier

krije. En al mar tichter kaem it skip, al mar tichter. It draeide hwet,

it lei nou by de wâl lâns. De touwen waerden útsmiten, de planke nei de

wâl taskoud. De earsten gyngen der oer.... hy bigoan to triljen en

nou.... nou gyng de lêste der oer.

De beurtman seach nei him, nei de karosse, do sloech ’r oan en kaem op

him ta. „Dit ’s ommers minheare fen Rhé,” sei ’r fluensk. „Kom efkes

oan board,” en hy gyng him foar nei it heareroefke. Yn in eachwink

seach fen Rhé it, hjir hie sont dagen gjinien húsmanne.

„Forwachte minheare altomets hwa?” fiske de beurtman. Hy diich sa

nuver, wie ’r wol by syn sûpe en stút?

„Ik forwachte immen. Det is de reden fen myn komste. En oars

forwachtsje ik in brief,” sei fen Rhé út ’e hichte.

„Det brief is hjir,” sei de beurtman en joech him oer. „Oars wie my

bisteld, him sels to plak to bringen, nou bisparret it my in reis.” Fen

Rhé taeste nei de pong, hokfor tynge it den ek wêze mochte, syn dofke

wie ’r wirdich.

En stadichoan, hiel foarsichtich, stapte ’r wer oer ’e planke nei de

wâl en foel suchtsjende yn ’e siden kjessens fen ’e karosse del.

En lies.... Syn hert stie hast stil fen skrik. It wie net in brief fen

Poppéus, wol wierne syn eigen beide lêsten yn ’e brieveslûf en in

skriûwen fen ’e eigener fen ’t loosjemint derby hy hie der net west.

Forslein ried hy nei hûs.

De Moandei’s stie ’r al wer by de haven fen ’e Limmer en siet sels yn

’t heareroefke en stiek oer nei de greate sted fen Amsterdam om syn

jonge to heljen. Hy moast dochs earne wêze.... hy koe sa mar net

weiwirde.

It waerde in swiere gong, do-t hy de stap derûnder sette nei de

„charmante” dames, hwer Poppéus altyd sa jerne toevje mocht. Dy seagen

raer op en biswarden, hy hie der net west, nóch op ’e hinnereis, nóch

op ’e weromreis. Hy wist op dit stuit, it wie wier.

Forklaeid as in earme hânnelsman holp hy de polysje mei, om him to

siikjen. Preemjes waerden útloofd oan fiiftûzen goune ta. It bleau

stilsit.

Deis en nachts swalke ’r yn Amsterdam om. Haeije Trompetter op syn fêst

plak yn ’t Rak-in seach him faken as in skynsel sa troch de sted dwalen

en gyng him sims hiel fen fjirrens efternei, eat yn him fen ’e trouwe

houn, dy-t noch de baes folget, dy-t him healdea slein hat. En hy en

syn maten en minheare Josua de Metz petearen oer al dizze dingen, as se

jouns yn ’t lytse rikkerige roefke sieten om ’e âlde kofjepot.

De dagen waerden in wike.... de wike in moanne. Do gyng fen Rhé wer nei

hûs, allinne en âld.

Scoene de foetten, de linige jonge foetten fen Poppéus noait wer de

Ljouwter strietten roere? Hy skriemde yn ’e wein, ien amerij mei

himsels allinne. Oeral minsken, jonge minsken, oeral heiten en soannen

en hy allinne de biroofde.... de earme....

It lyk fen Poppéus fen Rhé dreau stadich op ’e ebbe nei de sé ta.

As in weach hie ’r west, spield op it strân fen it libben en nou nei

hwet gedjoei weromroppen yn ’e djipten fen de dead.

It Jubeljier · 第 21 / 32 题