Ho hearlik roek it bûtedoar! Maitiid, maitiid! floite de skelfink yn
Foppe Lieûwes syn hôf,—hearstû my wol, âlde húsman? Bistû ek net bliid?
Sjoch de priel fen de lânsdouwe, draecht se net as in keninginne hjar
kleurich keninklik kleed, mei blossoms binaeid en sinneglâns der yn
biweefd? Sjoch it wetter, ho klear as it is en ho stil.... Sjoch de
lytse wetternestjes fen ’e stikeltsjes roeikjen, sjoch de
swânneblommen, ho-t se stadich bledden en knoppen út hjar longerjend
herte poarje litte, om ek mar sinneskyn to heinen, tûzenris sinneskyn!
Sjoch it waeijen fen ’e teare felettene blomtûffen fen ’e
pinksterblommen yn dyn finne en it gesoei fen ’e wytbisnijde hagetokken
op dyn diken.... is ’t dy ek gjin wille dit alles, o húsman?
Foppe Lieûwes hearde de skelfink wol sjongen en seach ek wol de moaije
maitiid om him hinne, mar hy suchte.... Dizze winter hie hy hwet
bidobje moatten yn syn hert.... det hie him tige sear dien.... hy hie
optheden gjin lust oan geniet. Ho hie ’t syn forhoping west, noch
ienris wer it âlde Fryslân, sa nei forkleefd mei syn hiele libben, yn
gloarje herrizen to sjen! Ho bikaeid wie ’r útkaem! Alles lei nou
ommers yn gruzeleminten. En nou hja der yn ’e Haech drok dwaende, om
Fryslân noch lytser to krijen, syn selsstânnigens to ûntfytmanjen en
syn jild yn to palmjen. Ho hate hy dy Coert fen Beijma, dy saneamde
representant, dy-t foarstelle doarst yn ’e Nationale Forgearring, om
plechtich haet oan it Stedhâlderskip en alle oerhearsking to swarren!
Nimmen wie him byfallen—sa settene se him pyk, mar sei wie it en hy
makke him sa lilk, det hy skodde de fûsten fen pûre argewaesje. Wie det
in kearel! wie det in Fries! Immen, dy-t alle war diich, om Fryslân yn
’t leech to bringen en kroep foar de hege hearen, om mar in hollânsk
plûmke to krijen en mei bean to wirden op in hollânsk gearset. Hy en
âlde fen Rhé! O it wierne de beide kweageesten fen Fryslân en hja
scoene ek wol sa lang skrippe, om it foargoed yn ’e bidelte to hompen.
Hy koe se allebeide wol forgrieme, sjeder! en hy makke himsels ho
langer ho lilker, en seach net iens, det ’r immen det opdraeide nei
hjarres ta. Bidaerd bleau ’r stean, do-t hy mirk, Foppe seach him net
en snúfde ris in noasfol op fen al dy hearlike geuren, hjir yn ’t hôfke
om ’e nocht to krijen. Hwet ûnthjitte it allegear in moaije risping, de
beammen stiene suver wyt!
Der knapte in dea tokje op ’e groun en Foppe Lieûwes draeide him moi
gysten om. „Hea Roanes, bistû der?” sei ’r hertlik wei en hja fûsken.
„Kom mei yn ’e hûs to kofjedrinken.”
„’t Is hast skande”, sei dy op syn kalme, bidaerde menear, „sok waer en
den yn ’e hûs....” en syn hânnen aeiden in blossomtokje, det him oan ’t
skouder ta hinge, mar hy tepte it net ôf. O dy triljende sinneweelde,
hokker ljeaflik byld rôp dit alles by him wekker! Hy fielde, ek hy
hearde by dit alles, jong, sterk en bloeikreftich yn syn swietste
sappen, fen gjin gesting ef onhuerens bidoarn.
Syn eagen skitteren, hja dikeren yn ’e fierte, wist ’r der net
Bouwekleaster yn syn tsjustere beammen, wenne der Wolmoet net, it
swietgeurige blossomtokje yn it maitiidshôf fen syn hert? Hwet wist in
âld man fen soks? Dy soarte fen ljue stoarren hjar staf op it forline.
Det wie dochs for altyd foart.... Hy woe it nije.... de driûw fen syn
soun bloed frege twingerich de skeakeling oan de takomst.... ljeafde,
it húsgesin, it bern....
En dizze moaije maitiid, wie hy net it ûnthjit fen dit alles, hearde ’r
net in mesykjen fen sêfte snaren en lokke det net ta alle rein en suver
geniet?....
Al tocht ’r sa fen alles by inoar, foar it each bleau ’r like bidaerd
as altyd, pandere Foppe Lieûwes efternei nei de lamkes ta en de biggen
en it bêste koukeal, fen ’e moarn fongen en einliks kamen se yn ’e hûs
to kofjedrinken. „En dû bliûwst hjoed mar by úzes to iten”, ornearre
Foppe Lieûwes, „en den kinst fenmiddei wol meiride nei ’t Kleaster ta.
Ik gien dochs mei de seas. Ef hoechste hjoed net hinne?” pleage ’r mei
in bizich glimke. ’t Min sin sakseare hwet, nou-t hy selskip hie. Hy
kûstere him oan ’e jonkheit fen Roanes as oan in waerm fjûr. Hy sette
him heech, dizze skûtmakkerssoan fen Eastemar en ’t scoe Wolmoet nea
birouwe, as se mei dizze nei ’t gritenijhûs ta gyng, tocht him. Dy rare
markejoun fen Optwizel hie dochs noch earne goed for west.
Dy middeis rieden se togearre op ’e kromsidige seas, heech boppe it
stof fen ’e wei, troch de moaije, bloeijende wrâld. Hja koene fier
sjen.... gjin dize loek syn sulveren streken twisken ’t fiere en ’t
tichtebye.... ’t wie allegear sa klear, sa fris en ’t kaem sa folmakke
út ’e Skepper syn seinjende hân, det de nije pracht fen it jier makke
hjar suver stil.
Sá rieden hja in hiel set. De iensume sânreden lâns en do oer ’e
Hamsterheide.... yn it âld weinspoar wipte de seas op en del en
mennichten fen heideblommen sneuvelen ûnder de greate tsjellen.... Hjir
en der in inkelde spjir, in jeneverbeamke, oars de wiide hege blauwe
himel en de brune heide inoars maten, nou yn simmerhearlikheit, winters
yn earmoeds bitterheit.
By Bindert Japiks stiene de skúrredoarren op en Wytse seach al ris
út.... It like der wol boelgûd, sa fol stie it hiem fen allerhânne
soarte fen weinen, bolderweinen, in gieloaljelinnen kappe der stiif oer
spand, seasen, ierdkarren, in pear faeiëtonnen, in inkelde moaije
karosse for fjouwer hynsders en yn ’e kamp foarhûs roanen sa ’n
sechstich hynsders.
„Nou, nou!” sei Foppe Lieûwes en seach dit alles oan. Ho scoe hjoed dit
weromsjen wêze fen ’e Oranjemannen, nei de tsjinstuit fen Dokkum út
inoar stoud as hwet goezzeplûm nei alle wynstreken. Inkelden, dy-t
tichteby wennen, kaem ’r yetteris wol to wird, mar sokken fen
Ingwjirrum en Anjum en Boerum en de efter-Ljouwerts, wierne se net as
skippen, wachtsjend foar ien slûs in amerij, sa tichteby en nea yn it
libben wer diselde reis!
„Miskearret der nou nimmen mear?” waerde der frege, do-t se ynkamen yn
’e greate skûrre, hwer wol in hûndert man hjar opwachte. Stadich
waerden de nammen oproppen út de neiste contreinen.... presint wierne
de measten en dy-t der net wierne, der joech in oar for lûd en fen dy-t
fierst ôfwennen, kaem allinne de oerste ef foaroanman op it aljimint.
Finzen noch inkelden, mar de measten al wer los tsjin in heech losjild.
It wie Wytse Binderts Cloosterman, dy-t út namme fen syn heit de list
foarlies en do-t hy by de namme fen Jan Binnes kaem, stúke syn lûd
efkes.
Al de oaren waerden stil.
„Jan Binnes!” sei Wytse Binderts. De hoedden kamen ôf.
„Jan Binnes is de holle ôfslein for de goede saek fen Oranje de 18e fen
Selle fen dit jier en syn stof is biierdige folgens oarder fen al de
Oranjemannen op it Aldwâldemer hôf. Dit doch ik, fen Scheltinga fen
Stynsgea to witten oan al dizze ljue hjirre. Hy hat syn libben jown for
ús saek. Litte wy syn namme yn eare hâlde.”
In inkelde bange stimper riboske efkes, ware de geest fen Jan Binnes
net yn hjar foarmidden om?
Wer trof de klank fen in bikende namme Foppe Lieûwes syn earen.
„Master Marten Joukes?” waerde roppen.
„Forkomt yn ’e finzenis to Ljouwert al sont Selle.” In dof gemompel
gyng troch de rigen, seagen se it lytse opljeppen mantsje noch net oan
’e spits fen syn folkje út ’e Wâlden? en nou al sont moannen yn ’e
wiete kelderhôle fen ’t tichthús! Foppe Lieûwes gyng ’t neijernôch,
krekt as wie ’r op in bigraffenisse fen ljeaven.
„En nou frjeonen, komt it alderslimste yette,” sei Bindert Japiks. „Nou
komt de kniper op ’e skine. Ik bigjin sa njonkenlytsen to tinken, det
allinne twa fen de earmsten der útpikt binne, om ’e koarte dea op ’t
skafot en ’e lange marteldea yn ’e finzenis to stjerren, omt der dochs
neat op hjar to forheljen is. As se tûzenen bisitten hiene, wierne se
ek wol sparre.... nou wierne se goedkeape offers ta formoedsoening fen
’e wraek fen ’e Jacobijnen. De libbenen moatte bliede.... Frankryk
easket ommers jild, tûzenen, hûnderttûzenen, noch mear.... En
ienkear.... scil ús it fjûr noch wol neijer oan ’e teannen lein wirde,
den komme ús bern oan bar....
Der kaem biweging ûnder ’t folk.... „Sa fier is ’t dochs noch net?”
oppeneare ien binaud. „Sitte wy den al sa yn ’t ûnleech, det wy gjin
kant mear út kinne?”
„Praet fen gelok, as ’t noch net slimmer wirdt. Jisterjoune let krige
ik dit brief.... Geuke Ljibbes wit fensels wol, det wy hjir hjoed by
inoar binne, der soarget de forrieder yn ús foarmidden wol for. Min
moast him ôfsoalje, det ’r der noait wer sin oan hie, om hjir to
judasjen.” Banjer, hielendal efteroan by ’t skûrrefinster, slûpte
foart. Immen joech him in stomp, hy stroffele oer ’e
efterhûsstriette.... syn possenaesje wie nou útspile, fielde ’r wol, it
jildfortsjinjen dien. En Foppe Lieûwes brocht him tobinnen, hwet de
jonker ienkear sei hie der dy joune yn ’t húske to Iestrum.
Nou bigoan Bindert Japiks sels de lange „dagvaarding” foar to lêzen,
opmakke fen ’t Geregte fen Achtkarspelen en únderteikene fen Geuke
Ljibbes en fen der Kooij en hwer de nammen[1] op foarkamen fen
allegearre, dy-t oan de Collumer opstân mei hândiedich west hiene en
lies teffens de boete op, hwer se ta foroardield wierne.
[1] sjoch efteryn dit boek de „officieele” list fen nammen en boeten.
It wie sa stil, min scoe wol in spjelde fallen hearre kinne. D’iene
seach toglûp nei de oare, mar elts for oar hâlde him great for syn
bûrman.
Einliks swijde it swiere lûd fen Bindert Japiks. Hy tearde it pompier
op en stiek it yn ’e bûs. „En nou, hwet sizze jimm’ hjir ta?” tantte ’r
de ljue. „Wy ha rare lege eagen smiten, frjeonen! Is der nou ek ien by,
dy-t it moit, hy komme op. Ef ha wy it allegear for Oranje oer en yn
Oranje for Fryslân, it selsstânnige Fryslân, frij fen hollânske
twingerij!” en do hwette sêfter: „Alle ljeafde freget hjar offers
frjeonen,.... alle lok wirdt ommers bitelle mei syn eigen priis....
Dizze priis is heech, taest ús oan yn ús goed. De measten scill’ der
hjar om bikrimpe moatte, in tindere brogge en faken in sûpke jenever
minder. Nou, der kin ’t sûnder, dy brouwdrank fen ’e divel is nin
minske ea goed bikaem.... Mar hwet my o sa sear docht, frjeonen.... it
is net de straf.... ef it jild.... ef de kweanamme, dy-t se ús
oanwriûwe scille yn Hollân.... mar it is de saek sels. It hat de lêste
útsetter west for ús. Nou is der gjin forwin mear op. Wy kinne om ús
hinne gnauwe as in snoek yn ’e foeke, it jowt ús neat mear. Hollân
krijt ús nou alhiel yn ’e bisnijing. Fryslân wirdt in wingewest,
ôfbeuld as in âld hynsder foar in swiere fracht fen skilden.... nou en
for alle tiiden en al ús gloarje scill’ se ta hjar nimme. Skrippe se al
net, om ús ús Hegeskoalle to ûntstellen? Fryslân moat ta de wrâld
út.... As se koene, scoene se selst de tael en de namme der út snije
wolle as in minskehert út syn lichem....”
De oaren bleauwne stom, gjinien hie in wjerwird, mar it gyng hjar troch
ieren en sinen. In nuver gemompel bigoan warber to wirden yn alle
hoeken fen ’e greate skûrre, it wie in swier stik, om dizze bittere
wierheit forkropje to moatten.
Einliks sei der immen bidêsd: „Bindert kin ’t ús nou allegear wol slim
tofoaren prate, scoe ’t altomets noch net hwet tafalle kinne? Min merkt
der hjir noch net folle fen as nou ja.... mei det jild is nou wol slim,
mar der ha wy ek de kâns for hawn om to winnen. Hokker groun hat
Bindert for al dizze slimme formoedens?”
„As min immen hwet to lien freget, is min al hear ôf en as min frjemd
yn ’e hûs hellet, om der to regearjen, wirdt min sels slaef. Hy sit by
de skerm en min yn ’e sigerige herne. Tinkst, det Frankryk it rike
Hollân om ’e nocht helpt? Wiste noch net, det wy yntkoart in fyftichste
penning opbringe moatte fen al ús goed en mar in rinte krije fen
3½%.... as wy se krije?! Brekt de ynkertiering ús allegear op den duer
net de nekke? Tinkst sims, det ik myn fiif man ynkertiering altomets om
’e nocht útbisteegje yn ’e Hamster harbarge? En wy binn’ noch lang net
oan ’e ein fen ’e tiiden ta.”
Foppe Lieûwes, ek ien fen de âlderein, nikte byfallich. De jongeren woe
’t net oan, ho slim as ’t wol stie, och, as min jong is, kin min alles
tille.... den leit it hiele libben derfoar as in effene wei. Mar al
njonkenlytsen leart in minske hifkjen en soarchjen.... de jonkheit
libbet der mar op los as de soldaet Saterdeijouns. Moandei’s is ’r al
mak,—tocht Foppe Lieûwes, wylt ’r sa ris om him hinneseach yn ’e
healtsjustere skûrre en hjir en der in goekinder tanikte. Hea, der stie
ek in kloftsje Boerumers, Joege Innes yn ’t foarmidden en hy gyng der
op ta en hja fûsken, mar it antlit bleau stoef en hja seagen bidrukt.
Och, it jild wie noch wol oer to kommen, det net, al scoe hjar ’t
helter wol útstrûpt wirde en de pong yn ’e alderlangste knoop komme!
Mar dy grêven diene it him, ien op it Aldwâldemer tsjerkhôf, twa yn
Driesum en trije yn Ikkerwâld! It wierne offers fen minsken, dy-t it
Bataefske regear frege hie, in moai biwys fen ’e heech romme
broerskipeftigheit! De tûmmeskroeven setten se linkende wei al mar
kniperiger oan, earst de frijdom kwyt, do it jild en nou! de earste
soannen fen it folk sels, dy-t oars neat gjin kwea dien hiene as det
hja it wettich gesach fen ’e Oranje’s, it hjar fen God taskikte regear,
hânhavenje woene.
Scoe ’r dit noch ienkear bilibje meije, dit regear wer op syn troane to
sjen? de flagge noch ris wer waeije op ’e Eastemarder toer ta eare fen
’e jierdei fen ’e Stedhâlder, goudtsjeblommen yn syn tún sjidzje to
kinnen, sûnder det der immen kaem en skûrre se der by nacht en ûntiid
út. Och hy wie in âld man en Joege Innes en safolle oaren wierne it
ek.... licht wierne se al lang yn it hinnekleed bispjelde, eart it sa
fier kaem. En dochs.... hy twivele net oan Heger Bistel, nei dizze tiid
fen binauwinge en druk kaem ek ienkear wer in bettere tiid. Den scoe it
folk wer frij wirde en ’t wêze sa ’s alear: Fryslân wer it frije,
moaije lân en in fryske Oranje draechjend yn eare en greatskens de
Fryske kroan, dy-t him takaem en hwer it hiele folk syn rjuchtsbisef
him yn skoarre, dy drage to kinnen....
Ho ’n moaije dream wie ’t, ho ’n bitiizjende tsjoen fen takomstbylden!
’t Koe allegear sa komme, al wie ’t nou noch mar in drôge, mar is net
alles, hwet nou wirklikheit is, net ienkear ûntstien út hwet do spotsk
drôge hjitten waerde?
Bindert Japiks drôge net, dy hânnele koart biredt en koel. Hy siet op
in ierdkarre en skreau de nammen op fen ’e ljue, hwaens wapens al
ynlevere wierne[2] op ’t Stynsgeäer gritenijhûs ef dy se weismiten
hiene yn ’e stedsgrêft fen Dokkum. Ek skreau ’r de nammen op fen ’e
ljue, hielendal troch earmoed ûnbikwaem ta boetebiteljen. It wierne mar
in stik ef seis, hwent it folk, hândiedich oan it forset, hearde ta de
geseten ljue. Earme lús-angels hâldden it mei it Frânske gesach, hja
hiene ommers nea hwet to forliezen, altyd to winnen, as ’t ris oan ’t
fordielen fen ’e bút takaem. Ho scoene se der den yn omskûrre, as dy
bêste brave patriotten hjar ris frij lieten to dwaen nei hjar eigen
wil! Ho scoene se sels skrippe, om it measte to krijen, al moast der
den ek in húsman om dea. As hja it mar hiene!—tocht Foppe-om.
[2] Sjoch hjiroer efter yn it boek.
Fierders lies ’r ûnder deadlike stiltme it brief fen ’e jonker foar: