Yn ’t Súd-Westen groeide in swarte wolken, djip ûnder de sinne groeide
’r, yn ’e lijte fen ’e wyn, dy-t hinne en wer gyng fen ’t Westen nei ’t
Noard-Westen, as in sterke, dy-t klinge en delte mint. De gouden
bledden fen ’e beammen makken sims noch sêfte wynmesyk, de tokken
hâldden se noch oan sterke simmersnaren. Mar yn ’e foarnacht, as de
wûndre froastman krêkjend oer ’e ierde gyng, den rekten se dochs in
bytsje fen âlderdom en in inkelden ien hie al in brek, mar hwa hearde
dy iene wanklank ûnder al dy tûzenen, suver stimd noch fen
simmerwaermte en groei fen lange ljochte dagen. En hja waeiden eroer as
gouden mearkebledden oan reuzebeammen, dy-t allinne stiene yn wâlden,
hwer bernefoetten komme kinne.
De wolken yn ’t Súd-Westen groeide. De sinne, waerm en read fen
Septimberwille, sonk al tichter nei hjar ta, as hie in frjemde
seilstien syn tûzen krêften útstjûrd ta in forlokkinge, om hwet goed en
hearlik wie en heech, yn in hel fen tinende swarte nachten to
bigraven....
De wolken yn ’t Súd-Westen groeide—stie al boppe fiere beammen.... âld
en strang. Under by hjar stammen wenne it tsjuster en de freez, hwet
der joun komme scoe, prike hjar al ta de lytste, fynste tokjes as
ûnwaersrûzjen út. Mar derboppe yn hjar krunen, der lake de ljachte joun
noch, helder en jong, lake in gouden laeits, lake mei ljachte fonken en
kleurigheit en syn waerme sinnehânnen aeiden de griene bledden, dy-t
nou ynienen wer stil hingen, as gyng der hjarren eats greats foarby,
lok ef leed. Der wipten noch fûgeltsjes yn ’e tokken om, blausyskes en
skelfinken, mar de sang fen ’e klyster en it koeren fen ’e houtdouwen
wie stoarn. Hja dreauwne mei de lichte simmertwirren foart en skerpen
nou hjar snebben op hwa wit ho fiere rotsen, hwer de waermte as weagen
oer ’e huverige ierde sloech en ’t droege stôf op hege palmen lei.
De wolken yn ’t Súd-Westen groeide.... rikte bigearlik nei de felreade
sinne mei swarte, wrede hânnen, wiet fen kâlde buien. Sjoch him rikken,
de geweldige, mei syn sterke hânnen! As fangearms binn’ se, bilust op
’e hearlikheit fen it ûnbidoarne, reine each, hwer se optslach hjar
skaden oerhinne smite scille, det de gouden glâns der út weitriennet as
kostlike oalje en noch skoften op ’e weagen fen ’e loft omkralet.
Der ynienen....! O! is dit noch diselde dei fen nys ansens? Feal wirdt
de moaije ierde, de fûgels gien’ stil sitten en sette huvrich de
fearkes op, de bijen fluchte by de letbloeijende roazen wei en krûpe
slûch yn ’e hoale, de ierde is ongedien ûnder hjar tichte
Septimberpracht. O hja fielt de foarpine al fen ’e dead, syn giftige
pripnuddel yn ’t bloeijende fleis, waerm fen hjit, fel libben! En dit!
dit is syn ôfskading syn wrede foarloper! En hja stelt hjar to war,
makket hjar sterk for in lêste wrede woarstling, as ’t om dea giet.
Der is de swarte wolken.... As efter de foarhang fen in stille,
ûnthillige timpel lit hja de sinne deabliede efter hjar ûntrochgrounber
swart en it poarpren bloed dript lange smertepaden de blauwe loft lâns.
Dy birint, al mear en mear, ticht mei dounsige wolkjes. Hja komme
opsetten fen alle kanten, stil en sterk en wrotte en dwale en kringe yn
inoar om as Febrewarisskossen op in blauwe mar, as de iere maitiid
bigjint to sykheljen. De sinne is wei, de lêste bloedreade drip
forwettert yn loftskûm.
Nou komt der in sûzjen oan út de fierte, krekt as fiere wetters
bliid-wei op ien greate, smelle slûs tarinnen komme, in foarsmaek fen
séfrijdom op hjar wrede weagetongen. Hwer ’s nou de frede fen tomiddei
bleauwn? Kâld en skrousk krimpt de wyn, Súd, ja djip Súd wirdt ’r, der
slûpt ’r hinne, der is ’r dochs húsriem.
Mei ien brede earmswaei tynt de swarte wolken nou ta stjelpige rein, ta
stoarm, ta hjerst!
Sjoch de âlde sted, ho-t hja teistere wirdt yn ’e stryd fen ’e
jiergetiiden! Hjar âlde huzen sidderje, hjar âlde beammen alje en
kreunje oan ’e forlittene greften. Al it leed fen ieuwen libbet wer,
wirdt wer great, dwaelt yn wylde jachten de deadske strietten lâns,
hwer de goudene bledden yn deastryd lizze to krimpen en to skronfeljen,
spûket yn ’e stille hernen om, tôget eineleaze wegen syn selde bitter
lot, syn syktme, forlies, forlangst, syn nea ûntfinzen ljeafde, syn nea
forgetten haet. En boppe alles út gûlt de stoarm, gûlt mei lange
úthalen!
Der ’s drift oan ’e loft, drift en geweld, as hastige ruterbinden jeije
de swiere reinwolkens de moanne foarby, dy-t heech en koel glimket yn
hjar earste skynwêzen. En de rein klettert. Wol ’r de toastige ierde
nou ris yn ien nacht sêdzje....?
En dy drinkt nou! dy drinkt! O sillige moaije dagen, joechst hjar
waermte en stiltme en sinneskyn, mar nou ’t de rein komt, de
libbensdrank, forjit hja jimm’, forjit! en drinkt, det it klokket der
oer. Scil hja hjar net sterk meitsje meije for dy nije simmer, dy
kommende, hwer hja de heimnis al fen sjoen hat yn ’t nije sprútsel,
djip ûnder ’t hjerstbled fen d’âld beam.
Sa waerd ûnforhoeds dit jier, wylt de stoarm op ’e hoarn blies en in
wylde stoet fen reinwolkens foar him útjage as bút-biluste hounen, de
hjerst berne. De dilder, de stadige trêdder nei ’t iensume winterhûs.
En de Sneintomoarns hingen de reingazen noch oer de huzen en skynde de
sinne sa flau, krekt as boarre hjar ljocht troch biroan feletten glês,
fen gjin brânflammen yn tûzen tuten lottre. Sims wie ’t nou efkes stil,
den knikkere de rein en heil wer op ’e pannen en rôlle yn ’t lead fen
’e goatten en hearde min it swiere neirûzjen yn ’e bolwirksbeammen. As
in girle fen skutte gyngen se om ’e sted en rikten inoar de
moskbigroeide tokken, frjeonehânnen, dy-t ien wyt foar eagen ha.
In boatsje wie losrekke en dreau nou heal oerside yn ’e stedsgreft
om—bleau einliks yn dea wetter lizzen. In âld roek gyng der op sitten
to loeren, deastil, reinkralen op ’e gledde fear. Boppe him raesden in
stikmennich wylde goezzen. Ho hjerstich en onwarich klonk hjar skreau
oer it forlittene lân! Der hinge ek in tinne reinmist, krekt as barde
der optheden hwet heimsinnigs yn ’e natuer, hwer gjin eagen oer gean
mochten. ’t Wie noch stil op ’e dyk, de wiete slinger bochte iensum
troch de griene lânsdouwe, dy stille Sneine fen Hjerstmoanne 1795. De
neigalm fen ’e stoarm wie der noch wol, mar ’t fallen fen ’e rein
waerd’ sêfter en ’r wie in memmige seine yn ’t delkommen fen ’e drippen
op it toarre gêrs en de earmskearde stoppel, dy-t der foarlei as in âld
skierkert, hwaem ynhalige bern de lêste oartsen ôfpangele ha.
De frucht wie binnedoar, namsto swietter de tins oan ’e wissichheit fen
bisit, as de stoarmrover om ’e skûrre strúnt en neat fynt as it tek fen
’e greate skûrre, hwer hy yn om haffelt as in bytlik hynsder, geef fen
tosk.
Yn ’e fierte klonk in swiere stap op ’e wiete wei. Stadich gyng ’t....
it waerde net iens in wanklank yn ’e moarnsfrede. De ruter hearde ek sa
krekt by it hiele gea, dizze moarne—mei syn âld tabbert oan en syn
bienbitich antlit ûnder ’e sutrige hoed, suver as wie hy de hjerst
sels, de âlde stoarmer, dy-t mei ’t greate, sterke libben fen nature
selst in wraksel oandoar. De wyn waeide yn syn mantel, dy-t útstie as
in seil—de rein dripte fen syn âld hoed, hy mirk it net iens, ried yn
stúdzje wei foart, mei de sêfte, maklike soeijing fen in bikwaem âld
rutersman op ’e willige hynsterêch, der in skurf seal op lei, det him
ek gjin ien forginne scoe. It appelich hier fen ’e skimmel wie wyt fen
âlderdom, syn sealrêgige rêch glimde fen rein. Oan ’e fiterlokken fen
syn meagere skonken hinge de blabze en hy liet likegoed as syn hear de
kop mismoedich hingje.
In nije bui jage ynienen oer ’t fjild, de âld man kroep tichter yn syn
mantel en stjûrde nei de lijte fen ’t struwel ta. Foartdaedlik by him
roan in moai jong foshynsder yn ’t lân, hy wrinske tsjin syn âlde
kammeraet en kaem skean oer ’t lân wei oandrafkjen, de stirt as in
waeijer en ’e nekke kroes. Foar de wringe bleau ’r stean. Dy wie
gleonwyt opfarwe, suver gril stiek it ôf tsjin ’t grien fen ’e
ûnderwal. Mei ’t gesicht op dy wite wringe wachte ’r, det de rein hwet
lichte en do ried ’r op in fiskjagersdrafke op Ljouwert ta. Nimmen
seach him, reisber folk wie der noch net warber op de hearrewei nei
Grins, de sted hie de eagen ek noch ticht, al wie yn ’e omkrite de dei
oars al wer ûren âld.
Foar in sutrige stâl yn in sydstriette liet ’r him mei de stive swaei
fen in âld man fen ’t hynsder falle, diich ’n doar op en gyng yn ’e
hûs. It hynsder roan him nei as in houn en socht syn waerme stâl, hwer
’t roek fen hjouwer en oare bigearlike dingen. In man slûpte him
efternei en makke de gaspen fen ’t seal los en wreau him de wiettens
fen ’e lea, hiel foarsichtich en soarchlik. Do gyng hy yn ’e hûs en
dronk in kûmfol waerme kofje by de fammen en diich in steil wird oer ’e
reboelje fen forline wike. Hiene guont soldaten net wegere, om Oranje
ôf to swarren en de eed fen trou ôf to lizzen oan ’t nije regear! Hja
stiene derfoar en by tsjienen hiene se de boeijens oankrige en wierne
yn ’t Blokhús set op wetter en brea. En hjir waerde syn lûd sa sêft,
det de fammen forstiene him kwalik: jonker Ryklef en in pear oare
stânfriezen forpoften it ek. Sa ’n smet scoe der net op syn sabel
komme, hie ’r lûd roppen en him foar de eagen fen al syn ruterfolk
dwerstroch britsen en der delsmiten. Det hie me in opskûr jown! Hiel
Ljouwert wie der fol fen.... hja hiene der al in sang op, dy forkoft
Schreuder yn ’e Wide Steech, moarnsier, en betiid troch ’t
kelderfinster for in dûbbelstûr. It wie in bihyplike nearringe, hwent
nimmen mocht op eigen manne boete eat printsje litte, de hege frânske
hearen moasten der earst yn omgnúvd ha, as der wol neat yn stie, det it
nij regear skea dwaen koe.
De fammen lieten de brij der by oersiere en ’t fjûr der hast by útgean,
ho harken se mei saun pear earen! ho forwinsken se dy Frânsken, dy-t
nou for mastersfeint opspylje doarsten!
En Minne Pjirkes stoppe de piip yetteris út ’e âld pûdde, bêste
Jouwster hearebaei, det einliks yn minheare syn pultrum thúshearde. Mar
Sneins, den libben minheare en hy yn mienskip fen goederen, fielde ’r
altyd en minheare.... och, dy kniep wolris in each ticht. Toeback wie
sa pipende djûr en ho scoe in earm man as hy oars de fonken fen ’e
fjûrstien yn ’e tondelpot slaen en it geniet hawwe kinne fen de geur
fen ’t earste triedtsje, yn brân set en yn reek weikrinkele....
En hy diich halen oan ’e piip, det de fonken stouden der nei. Willemke,
de kokenfaem, snúfde de geur op as lodderein en hâldde in swevelstok
oan ’e gleonte fen syn piip en sette ’r it fjûr mei oan ûnder ’e hege
skoarstien. Hja mocht der hiel wol oer, as Minne ris efkes by de skerm
siet to smoken en as Ael der den mar út wie, scoe min den hast net
tinke kinne, det se sa yn hjar eigen hûs sieten as man en wiif? Der
scoe ’t ek wol op yngean.... as minheare der ris ôf kaem to reitsjen.
Net, det se der nou sa ’n forlangst nei hie, mar in minske hat altyd in
útsjend each en der stie by hjar as eindoel altyd al wer oan Minne
Pjirkes mei syn eptich livrei, it gouden kraechje op ’e jas en ’t
hoedtsje mei ’t blau roaske, der syn goedlik antlit ûnder weilake as in
dei moaiwaer.
De piip rekke útsmookt, hy pluze noch gau in boltsje op, striek do mei
in effen gesicht ’t kammisoal gled oer ’t rinteniersbûkje en waerde op
’t selde stuit wer de eptige hearsfeint fen ’e Ripperda’s, sa ’s de
bern him koene, as hy yn folle staesje neist de koetsier siet, sa
onforweeglik as in stik stien, al raesden de jonges ek wit whet.
Allinne de lange swipe, dy libbe altyd noch, det fielden se somwilen
oan ’e striemmen op ’e kuten.
Mei de learzens fen ’e jonker yn ’e hân en ’e mantel fan minheare oer
’e earm, gyng ’r nei foaren en bleau earbidich stean, do-t minheare der
oan kaem, út ’t tún wei, it sulveren mes en in pear moaije roazeknoppen
yn ’e hân. De reindrippen rôllen ’r ôf en foelen him op ’e hierrige
hânnen. Great en breed wierne se, min seach it, der siet klam yn. Hwet
se namen, scoene se hâlde, wea! as se ’r hjar nei setten, om immen hwet
to ûntskûrren! Mar nou aeiden se de sêft-reade roazen en droegen se
hoeden yn ’e hûs, út wiette en wyn wei yn ’e skutte fen smoute mûrren
foar in finster, hwer de sinne nou en den ta ’n yn glimke as in blier
frouljuesantlit....
Der stie in fanke foar, bloun en bleek as hy, út ien laech, det seach
min optslach, al wie ’t hjir allegear frouljueseftiger, fynder en hie
de strange útkyk fen ’e manljueseagen him hjir formoaijke yn it
sêftere, jonge fen in fanke fen sechtsjin jier. ’t Sizzen gyng fen ’e
Ripperda’s, moai slach fen folk wie ’t, elts yn syn soarte, bloun ef
brún en Doedt mei hjar elfkeëftich, tear omskot, it lange, bloune
golvige hier, de greate grize eagen mei hjar donkere eachsteisters en
’t tige lyts mûltsje, net wakkere praetsk, biskamme dit sizzen net.
Skande, hja wist it sels mar al to goed, det wie hjar ienichste lek en
brek en skeinde hjar danich.
„Moarn, Doedte,” sei ’r mei âlderwetske ridderlikens en joech syn
bernsbern de roazen oer. Hja kleuren sa krekt by hjar, it teare
goudbloun fen hjar hier, de earnst fen hjar greate grize eagen ljachte
’r suver fen op en hy krige de iene en dy stiek ’r hjar foar by de kant
fen ’t jakje yn. O ho tear wierne syn hânnen nou!.... en Doedte, jong
ding, roan op ’e spegel ta en biseach hjarsels, kwier draeitopke op
hiele hege hakjes, it hier as in toer opsteapele op ’t fine holtsje en
hâldden fen in oeribele greate skildpatten nekkekaem, presint fen
Ryklefom en opdien op syn reizen.
„Foar dy spegel wei!” sei âlde Ripperda ynienen strang. „Det beppe dy
net sjocht!”
Mar beppe seach al en lake ûnder ’e greate tuitmûts en toch om ’e
jonkheit fen Doedte mem, ek ienkear sa bloun, sa frolik as hja, nou al
lang as in iensum sinnestrieltsje weisonken yn ’t skaed fen dead. En de
laeits forgyng wer droef-wei fen beppe lippen. En beppe loek Doedte
koartmillich jakje rjucht en pluze de kant fen ’e mouwen út.
Do seach se tafallich yn ’t ljocht op nei hjar man. Syn âld, wyt, ticht
bosk hier wie noch wiet. „Scilst’ nou noait wizer wirde?” kibbe se
goelik-wei. „Det yn det minne waer. ’k Woe dy wizer ha, Regnerus.”
„Dû wist, nou en den moat ’k der ris út. Moat ’k mei my-sels allinne
wêze, Hanne,” lei hy der dimmen tsjin yn, hiel stadich, krekt as wierne
syn tinsen wit hwer oars. Hja mirk it al sont dagen.... Ryklef koe by
tiden ek sa stoarje en kaem sims yn dagen net ta de doarren út. Siet
der hjar hwet dwars? Kaem ’t fen de reboelje fen forline wike? Mar hy
hie ommers syn ontslach naem.... en sa scoe de saek wol deabliede....
hie Easgama sei en der hjar onrêst hwet mei delbêdde. Mar it wie oars
sa ’n frjemde tiid tsjinwirdich, wol ringe de deisrounte fen moarn,
middei en joun de wiken oan inoar yn gewoane sleur, mar krekt sims, as
scoe al det gewoane ynienen spjalte en min hwet frjemds, freesliks
sjen, eat, det nou noch slomme yn ’t tsjuster. Ho faken hie se net yn
noed sitten om Ryklef.... dy wie langer oars as oars....
onforskilliger, wreder en stoefer. Seis bern hie se hawn, mar krekt
dizze jonge kipte him derút, dizze, der se it âldermâlst mei wie fen
allegearre, bleau sa fier fen hjar. Flot en fleurich foar ’t each, wie
’r dochs in eigenlibber, in sluten boek, det licht noait ien opslaen
scoe en lêze it inerlikste fen syn wezen. Hwer hie de jonge it wei?
Tocht ’r noch om Anne? Dy wie ommers al lang troud en hjar lyts bleek
kopke seach ’r allinne mar mear yn tsjerke, hwent de frjeonskip twisken
hjar en ’e fen Rhé’s wie stoarn. Hja seagen nou gled-wei oan inoar
foarby. Hwet hie ’t in kwea bloed set, earst al, do-t Popke Ryklef it
baentsje ûntfytmanne en letter do det mei Anne, o hwet in hertsear! En
nou ’t fen Rhé al mear en mear yn ’e ginste fen ’e Fransken bisocht to
kommen, lieten de Prinsgesinden hjar stiltsjes-wei lofts lizze. De
Patriotten setten hjar op ’t stoeltsje, soks hage hjar as echte
parvenúes, de earste oerloper fen ’e aristocratie.... Det fen Rhé yn
1787 oars tocht hie en mennich Patriot it fjûr neijernôch oan ’e
teannen lei hie, der liet min nou gers oer groeije.... En fen Rhé,
gewiksten skerpsjogger, slûchslimme gochemert, wist, hwet ’r diich....
Hy waerde âlder, sei ’r en de baentsjes, him to biswierlik, erfde
Popke, det dy wende ’r sa stadich oan, om stim mei yn ’t kappittel to
hawwen.... En de skoane ynstruijng fen Anne hjar kaptael forswiette him
sikersonk wol it lêst, fen troud man to wêzen. Min sei.... min sei....
de leidige flinterfammen yn Frentsjer lokken nou ek noch net om ’e
nocht.... tocht hja en harke ris yn ’e gong, as se Ryklef ek oankommen
hearde boppe wei. Hja hie einliks fen ’e moarn hjar moed net, der ware
hwet heimsinnigs yn ’e hûs om en Regnerus wie sa ongedurich det en sei
stoef-wei hja moasten mar net op Ryklef wachtsje, licht, det ’r him
forsljipt hie en let kaem. Hy hâldde fen oarder en regel. Stil-wei
sieten se do mei hjar trijen om ’e tafel, nou en den foel der in inkeld
wird, mar ’t forbrede him net ta in algemien petear.
De Sneinsklokken bigoanen to lieden, klapten en songen as blide fûgels
yn ’e loft. Oeral sljipte it wirk, min fielde it, ho hage de âld sted
hjar stiltme, krekt as se in nij frjemd kleed oantein hie en nou stil
hjar eigen moaijens biseach. In forreinde sinneblink lôke yn ’e keamer,
weefde fine gouden triedden oer ’t âld húsrie en ’t swiere goudlearen
bihang, hwer frjemde, nea wesentlike blommen langstme-ranken útskeaten
nei de souderbalken ta. Der libbe al in lyts hjerstfjurke ûnder ’e
skoarstien.... de wyn sûge mei heftige rukken de reek yn ’e skoarstien
op en Juno, d’âld wynhoun, roek ’r mei de fine noas nei en seach den
wer nei it wynderjen fen ’t bûnte Sineeske skoarstienkleed. By tiiden
gyng de wyn troch de holle keamer en rissele it bihang as de toarre
hjerstbledden fen ’e âld kastanjebeam yn ’t tún....
As ’r net de jonge hearlikheit fen Doedte om him hinne hawn hie, scoe
Ripperda der grif wer útgien wêze, it frije fjild yn. Him, de sterke,
rôpen de sterke machten der bûtedoar, de skûrwyn, de bearende stoarmige
buien, de roppers fen ’e hjerstdagen en ’e troch alles hinne geande
sterke geuren fen ’e groun, dy-t mei soune, sterke longen kreften garre
for de lange winter. As ’r de wyn sa om ’t hûs waeijen hearde, krige ’r
altyd noch wer forlangst nei syn âld stins yn ’e Bjirmen, hwer nou syn
âldste jonge op wenne en scoe hy der noch wol ris wer op útgean wolle
mei ’t gewear en jeije de hazzen op út ’t forskûl ef fiskje yn
tsjustere moanne-waer op iel yn ’e tochtsleatten. Mar syn âld skonken
woene ’t net mear lije, de jicht pleage him by tiiden
alderearmoedichst. Hy wie fen in taei, âld en soun laech.... hy tócht
noch net om testemintsjen.... al wist ’r, de âlde dei stie al op syn
paed, smiet syn skaed oer ’e sinnige wei.
Mefrou Ripperda en Doedte gyngen nei tsjerke[1].... de stille,
skjin-reinde strietten lâns. Alle simmerstôf wie weispield.... lette
roazen bloeiden iepen oer ’e lege mûrkes fen ’e tunen en yn ’e lytse
rútsjes fen ’e finsters lei de glim fen ’e foardei mei hiele wiffe
sinneblinken, sá gril.... sá wei....
[1] De Geate Tsjerke wie fen April ôf oan sawhet ein Sept. 1795 ta
brûkt as hospitael. Yn dy tiid waerden ek de grêven fen de Prinselike
femylje fornield en hjar stôf op in alderskandaligste menear fierder
fornietige.—