II.

De weagen skûmmen wreed oer ’e lege lânnen om Tyttsjerk hinne. ’t Wie

der in onlân fol sompen en gatten, hwer de reiddomp húsmanne en sims sa

kleije koe yn syn ienlikheit, hwer simmers de markollen by mennichten

nesselen en yn ’e foarwinter greate kloften wylde swânnen delstrieken.

By tiden stoude it ûnstjûre wetter selst oer ’e âlde Swartewei hinne,

de ienichste forbining fen it noardelik diel fen Fryslân mei syn

haedstêd Ljouwert en fordústreweare alles, hwet him yn ’e wei stie.

Nei in hjitte simmer, dy-t de klaeidiken en teffens rydwegen, sa hird

makke hie as in telleflier, ploeid fen greate barsten, stoarmen nou

Rispmoanne syn stjelprige reinfleagen oer ’t fen simmerdroechte

teistere gea. Alles hie wer tier—de beammen skodden de moude fen ’e

bledden, it nijgêrs fen ’e greiden griene op en de bisten sochten wer

tier de fynste gêrssprútsjes út ’e sleatswallen ef stiene loai op in

oerjierrige modderbult to eagjen nei in boartlik skipperskefferke, det

in keppeltsje wylde einen opjage út hjar forskûl.

For de hegere wâldlânnen mocht it bêst waer hjitte, for de legere

kriten wie ’t in bisiking. It fé moast mei in boat út it wiete lân

opfandele wirde, dammen en polderdykjes sloegen wei en it wirk, der de

ljue hjar tosimmer sa op biflitige hiene, waerde yn ien amerij fornield

troch it bolstjûrige bûtewetter, det de Súdwestewyn djip yn Fryslân

opjage.

Der loeken tearen yn in bulte foarhollen.... ho scoe ’t fen ’t winter

komme moatte? It foer krap, de tiden min, hwer moast de hier weikomme,

in grouwe acht goune de pounsmiet! en de lêsten! de hiele santepetryk

fen floreenlêsten en doarpslêsten en ’t reëel ef de reëele 100ste

penning, letter neamd personeele lêsten en de dykslêsten! Meitsje mar

ris in fûst, ast gjin hân hast! Mennichien hie in swiere mûts op, as ’r

om de takomst tochte en foar eagen seach, ho fûl as de greatste fijan

fen Fryslân wer taknypte, der hwer hy foet krije koe.

Sa gyng ’t in kloftsje Wâldtsjers ek, dy-t yn ’e iere moarn fen in

neisimmerdei fol sinneskyn en myldens de sânpaden fen ’e Feanwâldster

kant delkaem wierne, nou ’t foetpaed fen ’e greate hearrewei op

Ljouwert hâlden en sa stadichoan, al kâltsjende wei ’t doel fen ’e

reis, ’t Ljouwter wykmark tomjitte trapen.

It wetter woan nou net mear.... der waeide al in pear dagen in stive

koelte út it Noard-Westen.... de loft, hjersthelder, wie wer sa blau

det en de sinne krale eroan. Der koe noch wol ris in droech rytsje

komme, sa stie ’t der krekt nei. It stof lei al tsjok op ’e manljue

hjar klean, ’t bêst pylekkens buis, ’t sarsjes baeitsje ef ’t lekkens

kammisoal, al nei ’t de pong it lije woe. ’t Bêste gûd, det jamk in

minskelibben mei koe, paste wûndre skoan om hjar stevige, skoudrige

lea, al roan der al ris in inkelen ien ûnder, dy-t hwet út ’t lead

hinge fen âlderdom en mirk min ek wol oan in pear, hja wierne tominsen

al mei de sinne op reis gien.

Mar de âlde skonken koene der oars wol tsjin; de measten, dy-t wol

hûndertris dit paedtsje deltrape wierne, keuvelen wol oer ’e

biswierlike wei fol gatten en bulten en oer ’e rimmetyk, dy-t hjar mei

feninige prippen yn ’e rêchbonke stiek en hwer Ulrich jeneveroaljekoop

syn smarseltsjes ek al gjin baet for joegen, mar as de jongerein him

wer reisfeardich makke, de knobbelige iken stôk yn ’e hân, de brogge yn

’e bûs en it fewielen reissekje oer ’t skouder ef as Rindert Bienses,

de siedkeapman, mei in stikmennich siedpûdtsjes yn ien strûp, den

gaspen se de fetlearen skoen ek mar wer oan en panderen mei.

De jongerein hie de foarstap en lake nou en den ris om in snedige set;

de âlderein kaem wis-wei efteroan en koarte mei earnstich petear de

iensumens fen ’e wei, der hjar net in bult foarby kaem as de postwein

mei de heechbiladene bywein en hwet letter op ’e moarn in lânhearre ef

oare hege oome, dy-t mei eigen reau, de chaise ef de faeitonne, ek

ûnderweis wie. Inkelde oaren, foetfolk lyk as hja, wierne al foar hjar

út.

In moi reafallich man roan lyk-op mei Rindert Bienses, dy-t lang en

licht, der oer trêdde as in lânmjitter. Syn stevige skonken, stitsen yn

wrede streekhoazzen fen sels oanretten jern en lege skoen mei oeribele

greate sulveren gaspen, koene skoan de stap hâlde mei syn kammeraet en

hy prate as in alk oer ’e sied- en bûterprizen, dy-t noch bûtengewoane

heech wierne. Gau in lêst rogge net fen 200 oan 280 goudgoune ta sims?

„Ik wit net, ast great gewin altyd wol foardiel is,” sei Rindert

Bienses koel. „As ’t jild ien kant útgiet as ’t wetter fen ’e mar, den

sitte oaren wer op swart sied. En ’t is altyd fet yn in oarremans

skûtel, al kralet der net ien each op.”

„’t Stiet der hjir ek net sa botte bêst foar,” sei Foppe Lieûwes, syn

maet nou en seach ris om him hinne, oer ’e sêft-forweegjende wetters,

hwer it lege lân ûnder lei to hymjen nei loft en droechte.

„Hjir scil ’t rib heech hingje fen ’t winter,” andere Rindert Bienses.

„Hwet holstallerich hea, minnernôch om de bisten de bonken brekke to

litten en ’t reid tobritsen fen ’e hirde wyn. En det ’s oars sa ’n moai

appeltsje for de toast. Wy scill’ der fen hearre, freez ik.”

„Nou! der scil grif klage wirde!” joech Melle Jans him yn ’t petear,

wylt ’r foarheftich oan ’t tou loek, hwer in stymsk skiep oan hinge,

det ’r as in sunich boerke, dy-t alles sels bikneuzele, nei ’t wykmark

laette. „Mar kleij mar ris by de greate hearen, min komt mei in droech

stik brea en giet wer mei honger nei hûs. Dy-t brea hat, kin ommers

noch mear útsûge wirde! Wei mei sokken! Rjucht for de earmen! de

fortrapen!” en hy biskreau, alhiel pûr, mei de frije hân in bôge troch

de loft.

„Rjucht?” klage Foppe Lieûwes, dy-t it alhielendal net oanstie, hwet

Melle Jans biriddeneare, „rjucht, hwer fynst det yet?”

„Net by de baentsjejagers, dy skarlunen, dy frette as djûre hynsders de

hjouwer op, dy-t wy forbouwe! Triûw se troch ’t hinpen finster[1]

sokken! Us gelikens der yn!”

[1] De galge.

Foppe Lieûwes skodholle. „Der ’s foar en nei al sa’n bult ûnthjitten en

hwet ’s der fen kaem!” sei ’r.

„Forkearde ljue oan ’t stjûr,” sei Rindert Bienses wiis. „Melle-boer

moat der mar ris yn.”

Dy skûrde syn lytse eagen wiid op, wakker op ’t snjit, nou-t ’r miende,

det ’r help krige fen Rindert. „Jy sjogge de saek troch, man. Mar mei

Foppe kin ’k gjin streek hâlde, „dy wol de stinsljue oankrûpe en ’e

hege hearen.”

„Hwet scoe ik?” miende Foppe dimmen. „Ik, in boerke fen ’t Wytfean.

Wist, hwer ’t ik in hekel oan ha, altyd det geraes oer rjuchten, det

letter wol ris blike, ôfsettersrjuchten to wêzen. ’t Folk heart in

oerman to habben, Melle jonge as elts syn eigen baes ris wie....” Noch

heal oan ’t wird, bikoarte ’r him al, det ’r sa syn miening útring jown

hie, hwent Melle waerde sa wyt as in doek fen lilkens en spatte op: „Dû

neisaet fen in Prinsman, ik woe, det dyn earen ris bikôge waerden! det

se in trijedûbbele strop for dy draeiden! Dû hearst yn Parys ûnder ’t

mes,” en hy skûrde sa oan ’t tou, det it skiep rekke los en hippele nou

op stive, stymske poaten foar him út. En hy liet him rinne, sa

breinroer wie ’r. „Hâld op to harsenskrabjen, frjeonen,” formoanne

Rindert Bienses en helle de koperen toebacksdoaze út ’e bûs. „Kom,

priûw ris, Melle. „Wy moatte frede hâlde as lânsljue mei inoar en ’t is

better, wy dogge hjoed allegear mar ris fornimstich neifraech nei nijs.

Licht is ’t mar in los praetsje, as hjir Frânsken komme scille.”

„Hwet ha wy ek mei det Frankryk fennoaden,” sei Hindrik Piters bidaerd

en telde de jonge hoantsjes noch ris wer nei, dy-t ’r hjoed as in

bitûfte hinnekeapman hope to sliten yn in greateljueskoken op ’e

Nijestêd ef yn ’e Tsjerkstriette! Hwet gyng ’t him oan, ef se al ef net

iggewearje en fjuchtsje en deije woene! As hy himsels mar bidrippe koe

mei hwet mollefangen en hinnekweken en syn moai jong wyfke mar ris in

blomt cachemiren doek for hjar blanke hals forearje koe. Alhielendal

neat!

Japik Japiks, ek ien fen ’t Wytfean, in deune boer, dy-t to sunich wie,

om ’t reau to brûken nei stêd, joech him nou ek yn ’t petear. „Dû

komste hjoed wol by de plûmker, fornim dû der ris nei,” hjitte ’r Foppe

Lieûwes wiis. Dy sei earst neat en seach ris nei syn wylde einen, dy-t

r yn ’e Leijen sketten hie en nou soarchsum yn in âld pypkoer mei in

touwen hânsel nei de stêd ta brocht.

„Wist, hwer de Heechstriette is, Japik?” sei ’r einliks en efkes spile

in gnyske om syn fynlippige mûle.

„Wis wol,” wie ’t andert.

„Der de Plôke Petrys úthinget? Gien der hinne en freegje himsels,” sei

’r koelwei. „Ik hânnelje mei him oer einfûgels en Frankryk is for my in

dea ding. Derby, Berdeau is in opljeppene Frânskman en ik in stege

Fries, de hotte moat de file mar net reitsje, wy koene inoar wol ris yn

’t hier omteppe.”

Japik Japiks seach sneu, hy hie ’t net stean op Foppe, dy wie sa snoad

as roet en fier forneamd om syn stjerrekindige birekkens en leardens,

ien, dy-t al skriûwe koe! bigryp ris oan! moaije letters mei krolders

en hy, Japik Japiks, moast syn namme noch sette mei in krúske en master

sette ’r den it oare by. En petretten knippe mei de skjirre koe ’r ek

en det fen stikjes swart pompier.... doomné mei de bef en ’e steek,

master op ’e skoenmakkersskammel en ’e plak yn ’e hân, grytmansdochter

yn ’t pakje mei stroken en o grys! hysels Japik Japiks ta spot en

skande op syn âld guds, dy-t him oer ’e hikke smiet dodestiids, do-t hy

sa mâlle min seach en de wyn by Theunis Annes op ’e Tille sa goed

smakke hie.

„Kin min saken dwaen mei dy plûmker?” frege ’r ynienen immen efter

hjar. It hiele selskip seach om en bleau do efkes stean, om mei Wibe

Lubberts fen ’e Twizeler tsjerkepleats[2] to fûskjen. Hy wie hjar,

lykme allinne, efterop roan en nou bliid ta, det ’r frjeonen as

Foppe-om en Rindert Bienses by ’t selskip foun. Hy kipte ’r him

alhielendal út, in greate, steile man wie ’t en sa wyt as in wever.

Praet siet ’r net folle by, in dwaender wie ’t, dy Wibe. Hjerstmis en

maitiids ienkear joech hy him op in paed nei Ljouwert ta, koft, hwet ’r

brek wie en markbite goed, hwer hy bilang yn stelde. Oars kaem hy net

fen ’e pôle as to bern oanjaen by doomné ef nei in bigraffenis ef in

inkelde kear yn ljochtmoanne waer nei ’t Wytfean ta to jounpraten by

Foppe en dy’s.

[2] Tsjinwirdich fen ’e femylje L. J. Smeding.

„’k Scoe my mar net ôfjaen mei him, nou tominsen net,” sei Rindert

Bienses hiel sunich tsjin him. „Min seit, hy is in bitelle oandrager

fen ’t Frânsk regear en och!.... det hiele plûmkersbidriûw is mar in

doekje for ’t blieden. By de hege hearen fen Ljouwert moat ’r hotus en

totus wêze, wirdt der gnute. Yn ’87 is ’r hjir hingjen bleauwn, den

wistû wol genôch. En as hy dyn toebacksdoaze mar sjocht, den wit hy ek

genôch,” en beide tochten se om de spreuk: „Oranjen ben ik aan gehecht,

Dat is mijn Heer, ik ben zijn knecht.”

It neamen fen 1787 brocht hjar dy dagen wer tobinnen en Foppe Lieûwes

en Rindert Bienses eiden it noch ris wer oer: de fjuchterijen, it

minmeitsjen fen ’e Prins, de ôpstân fen ’e Patriotten, dy-t de Prins

forfallen forklearje lieten fen al syn rjuchten en sels op ’t stoeltsje

sochten to kommen. Do hjar bilies jaen en de flucht út Frentsjer yn

1787, de haet en ’e nyd, yn Hollân útfochten mei bloed, do eangstme,

do-t min hearde, kening Frederik Wilhelm II scoe der in great leger op

útstjûre, om wraek to nimmen oer de minne bijegening, it wiif fen ’e

erfstêdhâlder, syn sister Frederika Sofia Wilhelmina, oandien by

Goejanverwelleslûs. En den de deafonnissen, dy-t der koel-wei

útspritsen waerden, de forbânnings fen ljue, dy-t patriotten hjitten en

der min yn in lang libben oars neat fen wiste, as det it bêste minsken

west hiene en dy-t nou by tûzenen twongen waerden ef frijwillich

foartgyngen for altyd. Sjoch, de skrik siet der noch genôch yn.... op

dizze moaije hjerstmoarn waerden hja der yetteris stil ûnder.

Jawisse, it greate leger fen ’e kening fen Prusen wie bitard ta 22.000

man, dy trieken al ringen wer oer ’e grinzen, do ’t de patriotten

bilies joegen; de Stedhâlder wie wer yn hâlders-hân en waerde wer

oanhelle fen ’t selde folk, det him for in set skopt hie as in dea

houn, mar sei! in hopen ljue, dy-t min graech werom ha woe, bleauwne yn

’e frjemdte en ’e skerpe angel fen ’e stille forbittering, né, dy loek

min nea net út it herte.

Forstânnige ljue, s’as Foppe Lieûwes en Rindert Bienses, dy wisten it

wol der hoechde net in bulte by to kommen, as de fonken glûrren wer fen

nijs en as in fjûr lang smeult en it einliks nimt, den wirdt de lôge

ommers geweldich.

Sa gyngen se al kâltsjende wei it âldbiwende paed. De wei waerde nou

sompich, de lytse dykjes oan wearskanten koene ’t wetter hast net mear

keare en de blabze spatte hjar wit ho fier by de klean op. „Dit ’s in

biswierlike Ljouwter reis,” miende Rindert Bienses, wylt ’r Foppe-om

efternei trêdde, it smelle kouwepaedtsje lâns, det mei takkebosken

ophege wie.

„Nou, ’t is net sa slim for ien kear,” sei dy. „Mei gauens, den wirdt

’t waer minder, den is ’t reisgjen dien fensels. ’t Fé op ’e stâl, det

’s de streek troch ’t jier. Den libbet min binnedoar.”

„Ja, jou,” andere Rindert Bienses, wylt hy wer neist Foppe kaem, „jou

gewin stiet net in amerij, mar mines.... kom ’k net op ’t wykmark, ho

wit ik, ho-t de saken gean? En sa ’n nuvere tiid is ’t tsjinwirdich, it

mark slingert hinn’ en wer as de slinger fen ’e klok. Hjoed gewin—moarn

skea. En sa út en troch dy reizen nei Amsterdam mei de Limmer beurtman:

’t is in sûr fortsjinne stikje brea....” en de soarch skade as in

stille gonger oer syn antlit, brún fen waer en wyn, mei opmerkelik

deryn de lytse, finnige blaue eachjes fen in bitûften hânnelsman.

„Jimm’ affearen, det is noch hwet! Der sit noch sang yn,” andere Foppe

Lieûwes. „Der kin min aerdichheit oan ha. Uzes giet altyd yn âlde pake

stap en bidije docht it nin byt....”

„Der wirdt oars sei, jowes bidijt wol hwet,” glimke Rindert Bienses.

„Hwa hifket oarmans pong!” warde Foppe him. „As min hjerstmis yen

hjouwer en rogge oan ’t mark bringt, falt it altyd ôf. En hwet sit ’r

in geskrip yn, sa ’n hiele simmer lang! En den dy deune brouwers, hja

tingje yen de lêste duit ôf en sjoch se ris! bin ’t gjin hearen?”

„Jildoerwinnen hoecht ek net by hûnderten to gean,” andere Rindert

Bienses noch en do rekken se foar de Hoeksterpoarte by inoar wei.

Allebeide wierne se wakker op hjar openst, as se ek hwet nijs wys wirde

koene, mar hja hearden neat oars as in praetsje oer ’t deiske bidriûw

en sims der twisken yn de hânslach fen in pear hânnelsljue, om in keap

to bisegeljen ef it fûterjen fen in âld wyfke, dy hjar koerke mei

aeijen al to folle yn ’e knipe rekke.

Ljouwert lei nou foar hjar as in moaije, kleurde print, yn ’e kreaze en

kantige list fen syn bolwirk. It sinneljocht fen ’e kommende dei skynde

op ’e hege trapgeveltsjes, opsierd mei fleurige figuerkes fen

Bentheimer stien, op ’e lytse, griengruzige rútsjes, dy-t boppe de read

en giel farwe lûkjes útglimken en yn ’e fierte makke de spitse Nijetoer

him stadich los út ’e moarnsnevels en song mei syn spylklokjes de berte

fen ’e ûren op dizze moaije dei. Yn ’e brede stêdsgreft hâldde alles yn

stille feart op it hert fen ’e sted oan, it hert, det yn nea-sêdzjende

bigearte altyd alweroan nij frisk bloed frege for syn hongerich,

hastich droktmelibben.... fearskippen wierne it, fiskersaken, lytse

roeiboatsjes en swierladene frachtpreammen fol fé, alles glûpte ûnder

’e wetterpoarte troch en wrotte kringende wei yn ’e wetterrillen fen ’e

binnestêd op.

De Friezen koene greatsk op hjar haedsted wêze, in mennichte fen

adelike huzen lei binnen hjar mûrren, ûnder hjar biwenners telde hja

mear as ien, hwaens namme klonk as in klok en wolfeart en rykdom blonk

yen tomjitte, hwer min ek seach.

Foppe Lieûwes wie mismoedich en mirk der net folle fen, hy roan yn ’e

stúdzje wei de Bier-Kelders lâns nei de plûmker ta, bidrukt en it herte

biswierd. Hy hie de gelegenheit to baet nimme wold en prate ûnderweis

mei Rindert Bienses oer wichtiger dingen—mar Melle Jans, dy oandrager,

wie hjar aloan op hakken en teannen nei en nou ’t hy him net ris

útprate kind hie, biswierde alles him namstomear.

Sa ’s der by simmerdei in wolkje opkomme kin fen in hânpalm greatte en

stadich, stadich groeit ta in tongerbui, dy-t de risping fen in jier en

tûzenen hânnen togniddet yn syn kâlde heilfûsten, sá seach Foppe

Lieûwes en in hopen wolmienenden mei him ek in wolkje stean oan ’e

loftein. In wûnder wie ’t, goud ûnthjitte it for de earmen en rjucht

for de fordrukten en grif draeide it wer út op skeel ûnder inoar, stryd

fen man tsjin man en.... dead! O as de hertstochten ienris los fen ’t

ket binne, hwer is den de sterkwillige, dy-t se wer mei izeren hân laet

yn biwende paden?

’t Bisette syn boarst as in nachtmerje, hy wie bliid det ’r de

Heechstriette yn gean koe en hearre it koperen boerd rinkeljen, hwer de

„Plôke Petrys” op úthinge.

Allerhânne soarte fen fûgelgûd lei op ’e stiennen flier fen ’t foarhús

en in opslûpen jonge siet loaiwei op in skammeltsje en treau in pûdde

fol mei donzige goezzeplûm.

„Hwer ’s de baes?” frege Foppe Lieûwes moi koart. „Yn ’t efterhûs. Der

’s bisite,” gniisde de jonge. Foppe Lieûwes, opljeppen fen aerd, waerde

it bloed hjit. „Wolst in lawibes ha, det de earen dy piipje?”

„Kin ik det nou helpe?” krimmeneare de jonge. „De baes hat bisite, dy

’s fen ’e moarn al ier-en-bitiid kaera mei in ekstra post. Ik sit hjir

net to ligen.”

„En hwer ’s keapmanske den?”

„Ek yn ’t efterhûs,” wie ’t andert. „Gean der mar hinne, mar de âlde

hat de divel yn....”

„Ho det sa?”

„Ea nou, it rint hjir de hiele dei fen hege hearen en fen ’e moarn om

fiif ûre siet se al to kofjemeallen, sa ’n gearset wie der yn ’t

peikeammerke. En ’t fjûr moast oan en de kjersen op.”

Mar Foppe Lieûwes hearde it net mear. Earst roan ’r ’t smelle gongkje

lâns neist de peikeamer, do oer in binneplaets mei moaije blommen, der

de sinne ta ’n yn skynde troch in gloppe yn ’t Nau en einliks kaem ’r

yn ’t efterhûs tolânne, hwer in barchje gnoarre en in keppeltsje

kalkoenepiken omfloddere. It wie hjir sa tsjuster det, hy moast by de

dampe mûrre lâns taeste, om ’t paed to finen, krekt sa lang, det hy lûd

hearde. Hy wist wol, hjir wie de koken en de baes ornaris to finen, as

der wer ris in greateljues miel oanrjuchte wirde scoe.

De kokendoar fleach op, mar der wie gjin Berdeau to sjen, wol it

skjinne draeispit en ’e tinnene petieljen en ’e greate blaukleurde

potten mei fjûrwoartel. Berdeau hie nou sikersonk oare dingen om hâns,

mar as dy better wierne?

Op ’e taest knoffele Foppe Lieûwes it gongkje wer lâns en scoe him erút

jaen, do hearde ’r ynienen lûd praten. It hert stie him hast stil, hwet

waerde hjir yn ’t tsjuster bikûpe? Hy wist wol, efter de peikeamer wie

noch sa ’n soarte fen sliepfortrek, hielendal yn ’t hûs bitimmere, der

pielde Berdeau winters wol mei ’t opstopjen fen fûgels en ’t touwen fen

fellen.

„Dos dy beide knapen hâlde it noch mei Oranje?” hearde hy Berdeau

sizzen.

„Net to bilêzen!” kraeide in heech lûd nou. „Sokken wirde ús forderf,

siz ik. Binammen dy âld rot fen ’t Wytfean, dy lit him ljeaver forsûpe,

dy ’s alderdierberste kanarjegiel.” Det’s Melle Jans, tocht Foppe

Lieûwes ynienen.

„Is dy net to bikeapjen? Bied jild,” rette in frjemd, swier lûd. „Dy

kearel is der ommers de man yn ’t doarp, kin mei de pinne omgean, hat

ynfloed en gesach, sokken moatte wy hawwe, den komt it oare folk

fensels. ’t Bistevigt ús ynfloed net in bytsje. En as den de Frânsken

komme....

„Siz ljeaver, hja binn’ der al,” hearde hy Berdeau hwet sêfter sizzen.

„’k Ha tynge....”

„Fen hwa?” skreauwden se allebeide tagelyk.

Foppe Lieûwes stie himsels al hwet yn ’e wei, mar foartgean, ei jonge

né, hy makke him lyts yn in ynspronkje fen ’e gong en hâldde de syken

yn.

„Stil! still” wie ’t andert, „de mûrren ha earen. Us Frânsken tromje it

leger al by-inoar. Hjir ha ’k it brief fen mr. fen der Burg—lêz sels

mar.”

In setsje wie alles stil.... Foppe Lieûwes doarst him net forwege en

stie him suver sear tsjin ’e post oan fen ’e doar.

„Ast nou mar winterje wol, den scill’ se it folk hjir gau opsitten

leare. Fearten en wegen hird en ’t foarútsicht op in fet winterkertier,

den makket in leger lange dagen. Tweintich jier forbanning yn ’89,

skriûwt fen der Burg, it kin nou wol ris ynkoart wirde. Jimm’ kenne

him, hy scil syn fordrukkers wol knoeije, as hy se nou ris yn ’e

bisnijing kriget.”

Do waerde alles ynienen wer stil en Foppe-om makke, det ’r fen ruten

kaem, sette de koer mei einefûgels yn ’t foarhûs del en sei tsjin de

jonge, hy kaem de middeis wol wer, de baes wie net to biroppen.

De jonge gniisde hwet en smiet him yn ’t foartgean mei goezzeplûm, det

de fearkes bleauwne him hingjen oan ’t âld kammisoal. En sa hird as syn

âlde foetten him mar drage koene, roan hy nou twisken ’t folk troch,

det hjir en der gearhokke om in jeneveroaljekoop ef in print útlizzer,

dy-t reade bloedrige printen sjen liet fen ’e Frânske revolúzje, de

holle fen in moai fromminsk[3] op in stôk ef de kening[4] ûnder de

guillotine en ’t alles biwiisde mei in stokje. In pear gasthúswyfkes

stiene hielendal foaroan en fielden kwanskwiis ris op ’e printen om, as

’t ek wirklik wier bloed wie, hwer de printen sa read fen wierne. It

foel hjar danich ôf.

[3] Marie Antoinette, ûntholle yn 1793.

[4] Lodewyk de Sechstjinde, ek ûntholle yn 1793.

„Apekoal, hor!” sei d’iene. „Dou muste soa mar denke, dat suge se

allegar so mar út ’e dúmme der yn dy godloaze steden, wie súdde syn

evenmins nou na ’t leven staan en to minsen soa ’n jong frommins niet

met soa ’n aerdich mutske op.” En do sloften se foart.

Foppe Lieûwes waerde ynienen sa foarheftich oan ’e mouwe lutsen, det hy

bleau stean en seach pûnnich om him hinne. In gnap jongkearel stie foar

him, wol in holle greater as hy, de pet skean op ’t ear en o griis fen

’e djûre tiiden! de pipe gleon oan. „Soa Anders, bistû der. Kom mar

mei,” hjitte Foppe him en skoude him foar him út ta de brede gong yn

fen ’t weardshús „de Falk”, de greate harbarge oan ’e Wirdummer-dyk.

„Sjoch dû ris, ast Rindert Bienses en Wibe Lubberts ek fine kinst yn ’e

jachtweide. Miskien is der ek in lyts, reafallich mantsje by mei gouden

knopen ûnder de hals—lit dy ek mar meikomme. Siz, ik ha great nijs.

Treurich nijs, jonge.”

„Hearink omke,” sei dy al yn ’e doar. „Foart nou”, trune dy him oan.

„Sjoch, detst se fynst,” en stadich yn ’e stúdzje wei joech ’r him nei

it opkeammerke ta op ’e ein fen ’e gong, der hy de kaei fen krige hie

for in goed dofke en der ’r syn brogge opiit en syn bier dronk, mar

ho-t it smakke, hy wist it net, sa pakte ’r mei syn soargen om.

Yn ’e jachtweide wie ’t libben en drok. Der lei glâns op ’e measte ljue

hjar antlit, de foarútgeande tiiden makken de minsken moediger en jouns

kamen se ornaris mei in swiere pong wer thús. En det jowt in bliid sin.

Yn ’e iene hoeke hiene de siedkeapljue hjar fest plak en der krong

Anders foartdaedlik hinne, de eagen opskerpe, by lange banken en tafels

lâns en hiele kloften lûdpratende minsken. Mar it dûrre gâns in set,

eart hy dochs noch de sochte man yn ’t fesier krige.

Der sieten koumelkers út ’e Hommerts en fen Toppenhuzen, dy-t nou mei

in bûs fol sulver danige mounich waerden en rûzje sochten mei

Earnewâldtster ielfiskers, bonkige kearels mei hege wetterlearzens oan

en in boskje ielshûden for slaeijen oer ’t skouder; yn in herntsje

mûskoppen in pear rike, mar moi deune loaijers mei in lyts

ikeskyldersbaeske, dy-t by de Wikeler bosken thúshearde oer ’e lêste

stûren en dertwisken yn prizen de joaden mei in heech noaslûd hjar

negoazje oan: cachemiren en bûntsidene doeken for ’e frouljue, knipkes

mei kralene taskes, hinniptou, spikers, hazzesprongen, nije helters,

pipekoppen, folle en net genôch, hwet se bêst slite koene oan ’e ljue,

dy-t sims by ’t winter yn gjin wiken ef moannen fen ’t hiem kamen.

Einliks foun Anders syn man, heal forside efter de brede rêch fen in

Bolsweter jeneverstoker en drok oan ’t hantsjeklappen oer in lêst

rogge. In lyts mantsje siet neist him, det scoe Hindrik Piters wol wêze

en foar him oer dodde Wibe Lubberts al foar syn krûke mei bier en

hearde neat mear fen ’e droktme om him hinne, fen ’t roppen en razen

fen ’e joaden en ’t skjirjen fen ’e swiersoale skoen oer ’e estrikkene

flier en fen ’e boatsman, dy-t it reisfeardich-wêzen fen ’e snikken

ôfrôp.

„Rindert Bienses!” rôp Anders yn ’t folle gelach wei, omt der gjin

trochkommens-ein oan wie. „Ik kom,” sei dy en socht syn pûdtsjes by

inoar.

Efkes letter sieten se mei hjar fiven yn ’t opkeammerke en harken raer

op, do-t Foppe Lieûwes hjar fortelde, hwet ’r nys ansens wys waen wie.

De pipen rekken derby út en ’t bier op, allinne Anders, de jongste fen

’t omsittend laech, dy hie net folle to keap en pluze stilwei syn stik

koeke op, echte Dimter keallepoat fen Bramme Esther hjar diske op ’e

Nijested.

Syn jonkheit biwarre him noch for de swiersettigens dy-t Foppe-om en

Rindert al binaud makke foar de tiid. ’t Is wier, hja hiene der in

foarproefke fen sjoen yn 1787, ho-t in ding fen neat, s’ as ’t

ûndernimmen fen in reis fen ’e Stedhâlder syn wiif einliks op ’e keper

biskôge wie, útrinne koe op onbirekkenber ûnk en skea, mar do wie hy

noch mar in great jonge en wist allinne by oerlevering, ho-t it der

heil om seil oan wei gien wie to Frentsjer. En allinne, hwet min sjocht

mei eigen eagen en fielt yn ’t eigen hert, det barnt syn mark yn it

oantinken. Hwet kin ’t in great jonge fen trettsjin jier skille, as der

wer ris ien gisele waerd’ to Ljouwert ef in brânmark krige op ’e

foarholle. Det barde sa faken, al âld nijs. Hja boarten ljeaver roverke

op ’e singel en sloegen mei heite âlde houwdegen om en sochten de fijan

fen hjar berneforbylding efter de âlde stobben by de greft. Nou wie hy

ien-en-tweintich en fen it hiele petear hage him einliks allinne mar it

frjemde, aventúrlike fen ’t gefal, de lytse kâns op hwet nijs fen

fjirrens, det him ôfspylje scoe yn syn lytse wrâld. Syn hert socht nou

ienkear it wûndere, it bjusterbaerlike.

„Dû bist sa stil det. Sitst altomets om in sib fryster to tinken?”

pleage Rindert Bienses him.

„Net, det ’k wit,” andere hy en seach him onforfeard oan mei syn dryste

brune eagen. „’t Kin altyd noch, sei de wever en hy troude yn syn ien-

en sauntichst”.

D’oaren laken, Foppe-om seach stoef. ’t Sin stie him net nei maljeijen

hjoed. En Anders scoe better dwaen en hâlde him mar ris oan ien famke,

as altyd det omgeflinterknip sa’n hiele winter, den der ris in reis ef

hwet hinne en den der ris. Hy wist it net, mar allinne de sensatie fen

det nije hage Anders, net it wezen fen ’e saek sels. It gean nei det

frjemde doarp, nije onbikende wegen lâns, it kommen yn it frjemde hûs

by oare minsken, dy-t wer oars praettene en diene as by hjar thuses, it

opsitten mei de frjemde faem, de dei fen tofoaren noch fen lûd selst

onbikend. Det dûrre den sa ’n kear twa, trije, den wist ’r, den koelle

syn forlangst. It wie biwend.... en der lei it fonnis al yn for ’t

fanke. Hy kaem noch ienris.... sims twaris, as de toeback goed wie, den

easke syn wif sin twingerich hwet oars, hwet nijs en det suver sa fel,

det hy bigoan it earste to haten. De sensatie wie bilibbe.... en

kâld-wei streke hy ’t wer út yn syn ûnthâld.

Ta boer doochde ’r net en hânwirksman, det woe syn mem net lije; foet

ûnder allemanstafel, scoe ’r der for greatmakke wêze? Saundersum sieten

se by Eadske’s to Twizel om ’e tafel, fiif famkes en ien jonge en den

Eadske fensels en widdousbidriûw is ornaris gjin jildwinning en hy

goezzejage en fiske en markeroan ljeaver, as det ’r de hân oan ’e

ploechstirt sette ef ’e flalje op ’e telle klappe liet. Hielendal for

pop opbrocht wie ’r, it lytse neikommelingkje, it jongkje, der de fiif

sisterkes om hinne sprongen as in wûnder, do-t ’r yn syn widzke kaem to

lizzen en nou waerde ’r mounich en spriek op for mastersfeint en

postuerde him, krekt as wie de hiele wrâld in doedelsek hy de floiter.

De earen scoene him noch wol ris raer bikôge wirde, der doarst Foppe-om

wol in eed op dwaen.

To Eastermar hie hy ek al ris in fryster hawn. It wie in skûtmakkers

dochter, in kant en kwier ding mei in holtsje sa fyn en in mûltsje sa

lyts, det Foppe-om syn âlde eagen, dy hiene der noch in forlustinge

oan. Mar det bisloech ek wer mei in stiltme, ’t forfeelde him al mei

trije kear. Mar hwet hjir nou hjoed bipraet waerde, det wie wer nijs.

En nou harke ’r dochs, in nije seilstien loek him, hwet hiel

seldsums.... Strideraezje, fjuchtsjen, de oarder fen ’e wrâld omkeard

en út dy greate broutsjettel nijs, altyd wer nijs! hwer ’r sa nei

langhalze!

Einliks rekken de oaren útpraet, sûnder det se hwet oars biwirkstellige

hiene mei inoar as hjitte hollen oproan en hast noch spul ta, omt Foppe

Lieûwes dy woe ha, Rindert Bienses as in geseten man, dy-t mei heech en

leech omgean koe, scoe nei minhear Ripperda’s tagean en fortelle, hwet

hja hjoed heard hiene. En Rindert Bienses wynde him derút en sei, det

wie nou krekt in affysje for Foppe-om.

Dy helle einliks de riemmen fen syn platte skoen noch ris hwet fêster

oan, sloech de goezzeplûm fen ’e jas, iit der noch hwet moed yn troch

in stútsje mei woarst en joech him do moi rimpen ôf. De sinne stie noch

heech, mar hjerstdagen bidrage yen en hy hie noch in goed fiif ûre

rinnen nei hûs. De oaren scoene op him wachtsje by Jan Swel, de

fédriûwer, dy wenne yn ien fen ’e bolwirkshúskes, dy-t tsjin ’t bolwirk

oanhingje as lytse bern tsjin in greate sterke heit, hwer se nacht en

dei fen hoede wirde.

It wie nou al gâns stilder op ’e Nijested en by de bûterwaech as in ûre

ef hwet lyn. De lêste skippen farden foart.... in gloednije faeitonne

mei twa kostlike hynsders der foar en in pear rike Bildtboeren, drok

swetsende ûnder ’e oaljelinnene kappe, der yn, jage noch de striette

lâns, det de glêzen dinderen, mar alles joech him oars al wer mear nei

’t deisk bisleur. De lytse bern bigoanen wer bûtedoar to boartsjen en

in greate reade hoanne glûpte lokjende ta in steechje út en rôp de

hinnen, earne yn in fier hinneloopke. Foppe-om seach det allegear, wylt

’r mei syn tinsen by hiele oare dingen toeve en sa draeide ’r moi

rimpen de Tsjerkstriette yn.

Hwa gyngen der foar him út? It like wrachtsjis de jonker wol! Krekt

sa’n postuer, de brede, rjuchte skouders, de manlike, deftige gong en

den de uniform fen ’t peerdefolk. In âldeftich man roan oan syn

rjuchterkant. ’t Wie âlde minheare Ripperda net, hwent dy wie wol in

holle greater en hie ek noait sa’n nuver model jas oan, der de pânnen

hast fen op ’e hakken hingen. Hea, hwet trof dit nou wer mâl! as ’t op

’t slimst bisloech, seach de jonker him en wonk! wonk! en det scoe him

nou optheden neat sinnigje, hwent syn holle stie him net nei ôfwaeide

praetsjes en babbelegûchjes. Mar fensels, de pankoek glied wol sa raer

út ’e panne, as ’r tocht hie.

In stap ef hwet fjirder bleauwne se stean en kamen stadich werom. De

jonker krige him al ringen, mocht ’r him ek noch sa lyts dûke tsjin de

útspringende doarpost fen in koperslaggerswinkeltsje oan, yn ’t fesier

en wonk frjeonlik fen fierrens. Foppe-om gyng nou op him ta en tikke

efkes mei de finger tsjin de rânne fen syn breedskadich hoedtsje oan.

„Nou, dy kin ek wol ris alhielendal ôf, net?” sei de jonker syn maet út

’e hichte.

„Det doch ’k allinne yn tsjerke for ús Ljeaven Hear, mar net for jou en

tominsen net út twang,” sei Foppe-om, wylt it bloed him ynienen hjit

waerde.

„Hui, hui, Foppe-om, hwet in min sin! Minheare de Witt mient it net sa

mâl, mar wol in stêdske groet”, bihimmele jonker Ripperda de kwesje.

Foppe-om bromde hwet en gyng op in distânzje de hearen efternei en der

foel him in stien fen ’t hert, do-t dy greatske âld kearel by de jonker

wei gyng.

De jonker seach om, en wonk him, de stap ef hwet nei syn hûs togearre

to gean. Det wie sêfte balsem op ’e woune, hjar gemienens en

frjeonlikens wie ’t, det de femylje Ripperda sa ’n heech oansjen joech

yn sted en doarp, by heech en leech. En as ’t wêze moast, scoe Foppe-om

for Regnerus Ripperda en syn soan Ryklef wol troch ’t fjûr fleane wolle

en in hopen mei him.

Hja praettene hwet oer ditten en detten, mar Ryklef fornaem wol, der

siet Foppe-om hwet tige dwars. Licht in minne hânnel en woe ’r in sint

mennich liene! Nou, heit liende ek wol ris fen him, as de lânhieren net

ris op ’e tiid kamen ef ien fen de troude bern yn ’e jildkrapte siet.

Do-t ’r der mei in kwinkslach ris kwanskwiis nei pinfiske, skodholle

Foppe-om mei in bitterswiet glimke. Né, de oast siet folle djipper.

Alderwenst woe Foppe-om ta in syddoar ynslûpe, hwet ’r ornaris diich,

as ’r boadskip hie by Ripperda’s, trou Oranje as hy, mar Ryklef stie al

op ’e stoepe en dy noade him foaren yn. De skoen kamen út en

hoazfoetling roan ’r syn foarman efternei, wiide gongen lâns, hege

treppen op en einliks yn ’e stedearkeamer fen Regnerus Ripperda, lid

fen den Hove fen Fryslân ensafoarthinne, en der waerde ’r op syn

âldfrysk sá ûntfongen, det Foppe-om rekke alhiel wer op syn dré en

fielde ’r him sa thús, as wie ’r yn syn eigen hûs op ’t Wytfean. Mar de

tynge sels! Ripperda bisoude! Koe det wier wêze! hjir Frânsken

yntkoart, de fijan ynhelje! It Trojaenske hynsder! Wierne de minsken

den blyn! roanen se sjendereagen yn ’t forderf? En hy stapte de keamer

op en del as in âld dragonder en ’e reek, mei lange halen út syn piip

lutsen, waeide suver as in wolken ta ’t iepen finster út.

Ryklef stie der stil by.... syn eagen skitteren! As in jong hynsder

roek ’r de stryd en dy scoe ’r oandoare. Hwa, ek jong, net as hy? For

in man yn’e fleur, is stryd oerwinning ommers!

Hja tochten alle trije, guont ljue scoene der bliid ta wêze, as hja it

hearden—der binne altyd minsken, dy-t noait in plak fine, hwer hja thús

binne en likemin in regear, hwer hja hjar ûnder deljaen wolle. Der kaem

by, der siet noch âld sear út ’e Frentsjerter dagen. Det wierne hja, dy

hjar sibben ef frjeonen foartjage wierne dodestiids ef nou einliks

loskamen út ’e finzenis, hwer se jierren bikomme kind hiene fen in ûre

hjitholligens. En dy klagen en wrokken om ’t hirdst, fensels. Hja

skreauwne brieven út ’e frjemdte, wist Ripperda to fortellen en fjurren

fol izegrinegens en onwennigens hjar folk yn Fryslân tsjin ’t regear

op, det hjar fen ’t âlderlik steed fordreauwn, yn earmoed sitte litten

en omtoarkje litten hie as heidens. Det der in hopen eigen skild by

wie, forswijden se fensels. Nou roanen se yn ’e frjemdte tige wei mei

de gloarjetiid, sa’s dy nou yn Frankryk dage, heech joegen se op fen ’e

frijheit fen dwaen en litten derre, de gelikens fen alle stânnen en’e

broarrige sin, dy-t alle Frânsken forboun, bihearske fen det iene,

oerweldige, de macht fen it folk, ja! de folkswil yn syn heftigste

útering. As hja soks skreauwne, dânse de goezzefearrene pinne op ’t

pompier! Kaem ea in ideael sa tichte by syn wirklikheit? Det forgeaten

hja, om der by to sizzen, ho-t dizze lokssteat alle dagen alweroan koft

waerde mei moard, bloed, triennen. Greate slompen jild, roofd, brânskat

en forbeurd-forklearre fen ’e geseten ljue, dy-t, as se forstânnich

wierne en yet foartkomme koene, fluchten ef as se tofolle bitrouwen yn

minskewird en ûnthjit stelden, hjar libben yn hânnen joegen fen in

oermacht, dy-t hjar tognidde as in stik boartersgûd, det min ba is. En

’e Friezen mei hjar wûndere suchtme nei alles, hwet frjemd en nij is,

woe sa’n nije wrâldoarder ek wol oan, freze Ripperda. Mennichien, tûk

op wraek, hope op help fen ’e Frânsken, om syn fijannen mak to krijen,

guont langhalzen al nei de fette posjes, dy-t der grif oansitte scoene

en inkelen, de bêsten, de ljue mei trochsicht, tochten grif, det it

scoe wol ris goed wêze, as Fryslân hwet yn ’e knipe rekke. Den hâldde

alle skeel yn tsjerke en riedseal ris op en bigoan min it wer sa

inerlik to fielen, ien folk mei-inoar to wêzen, ien bilang, ien doel to

habben. It wierne de ljue fen ’t mindertal en hjar tal wol lyts, mar

hjar soarte eal.

Ripperda ornearre, ’t scoe goed wêze, dy joune alle Oranjeljue fen syn

kinders to noegjen, om hjar dizze saek kenber to meitsjen en Foppe

Lieûwes ûnthjitte, eart de moanne fol wie, scoe master Marten Joukes

fen Driesum it witte, Joege Innes en Klaes Schotmans fen Boerum, Jan

Jelkes út ’e Koaten, Gerben Bats fen Optwizel en Jan Binnes fen

Aldwâld. Hy scoe der him ta follédigje en smite it tek op d’âld merje

en ride derhinne.

Hwette moediger kaem ’r de middei’s wer by syn kammeraten en ringen

joegen hja hjar nou ôf. Hja hiene gjin hael mear yn dy greate sted,

hwer ’t binaud sykheljen wie for hjar longen, wend oan ’e frissens fen

it boerehiem, hwer de wyn oerhinne strykt as libbensamme selme en ’e

eigenerfde de wissens fen syn bisit biwoartele wit yn wetten en

jestalen, hwer nin minske de hânnen oanslaen doar en foroarje dy, as hy

knoeit it inerlikste rjuchtsgefoel fen tûzenen.

Foppe Lieûwes sei net folle, syn soargen binearen him. Rindert Bienses

hâldde it praet deryn.... ’t flaeks waerde sa djûr det en hy hie in

aerdich boppeslachje dien, as det sa trochgyng, wie ’r yn in jier twa,

trije in ryk man.

Anders, fluch jongkearel, droech de pypkoer for Foppe-om, dy-t al lang

it jild for syn einefûgels yn ’e bûs rinkele, tateld fen keapmanske

Berdeau en do syn pypkoer folloeije litten hie mei alles, hwet yen

nuttich en nedich wêze kin by ’t winter, fetkjersen, in nije pipe, in

plûm for ’t belslidehynsder, in pear waerme wanten, in hynsteteam, in

skoenhoarntsje en in prachtige snufdoaze en der stie dit rym yn:

„Al ben ’k tot spot, al ben ’k tot hoon,

Ik zeg: Oranjen houdt zijn kroon!

Een boom is ’t, die te groeien staat,

Waar men wel menig tak afslaat,

Maar hoe men knot en kerft en snoeit

d’ Oranjeboom nog eeuwen bloeit!”

Krekt as wie ’t glêspeslein, sa foarsichtich namen de frjeonen hjar yn

hânnen en harken, hwet Foppe-om der by fortelde, hokker rym as der yn

stie, hwent Hindrik Piters en Anders koene mar in bytsje lêze. It

bigrutte Foppe-om al hwet om it skoane jild, mar och! moat in minske ek

net ris hwet ha for fordiwedaezje?

For syn nifte Wolmoet koft ’r dizze reis in moai boek, de dichten fen

Cats, gnap yn in bargelearene bân, dy-t der daedlik net yn fodden en

flarden by hinge en in greate letterdoek mei side en sajetwolle, der

woe se fen ’t winter de „Flucht nei Egypten” op binaeije. Det wie al

wer in hiele taest yn ’e pong, wûnder.... det al sokke frouljues

snypsnaren sa prizich wierne, hie ’r tocht, do-t ’r breed en stiif sa

’n snjitterich jifferke út ’e winkel it jild tatelde.

In pear fioelesnaren diich ’r ek noch op en in doaskefol fen de djûrste

saffraen út ’t apteek. Sa útrist kin selst in iensum âldfeint fen ’t

Wytfean de langste winter wol trochkomme.

It selskip bilytse sa stadich-oan en einliks bleauwne Foppe-om en

Anders mar oer en in eintsje ’t Swartkrús foarby, seine dy inoar ek

goe-dei, en gyngen elts syn wegen, Anders de hearre-wei nei Optwizel en

Foppe-om draeide det op nei de Eastemarder kant.

Hy bleau efkes stean en wiske him it swit fen ’e foarholle. It wie

suver noch soel, in wûndermoaije dei mei blaue loft en sinneskyn. In

lichtfoettich koeltsje út it Westen kuiere oer ’e beamkrunen, roerde se

hast net iens, mar de wyndroege beanen rattelen der dochs fen yn ’e

stûken. De wynsels om ’e elzenbeammen bigoanen to forkleurjen, de hoppe

liet los en in inkelde betide nachtfroast hie al mei klûmske hânnen yn

’e krún fen in kastanjebeam omtept, de kleare blaue hjerstloft skimere

der by steden troch. Hwet spinrêgen waeiden oer in blikke en bleauwne

yn ’e hulstehage hingjen, der oan ’e skaedskant noch de dauwe op ’e

bledden omkrale.

It kalme, rêstige fen dizze neisimmermiddei, it bisonkene neinocht nei

it heechskûmjende geniet—de goederjowskens fen ’e rynske hjersthân,

dy-t sels de hearlikheit fen alle kanten tafloeid is, de pracht, de

rêst fen dizze sinnige dei krige fat op him. Nou forsette syn soun

forstân him tsjin it wicht fen ’e soargen, dy-t as hongerige wolven op

him ynstoarmen. It kaem den mar, sa ’s ’t kaem, der scoe Wolmoet net in

hier op ’e holle krinkt wirde en hy bleau Oranjeman, sa lang as syn âld

hert noch tikke, sa lang as syn longen noch fen ’e syken tynden en

slonken.

Hwa wit, bisloech alles noch wol mei in stiltme.

Op itselde stuit gyng hja, der hy hast as in heit oer wie, de sânwei

del fen ’t Bouwekleaster nei de Ham. Sa nou en den rûze de wyn ris mei

in rukje troch de beammen en liet hjar swartsiden skelk hwet toside

útwaeije. De skerpe geur fen ’e bleate stoppel kaem fen ’e Stiensgea’er

kant, mingd mei dy fen rypjende rûkapels yn âlde hôven, smûk wei efter

mantlings fen krûmwaeide elzen.

Wobbe, de feint, wie dwaende om ’e Geast to ploeijen, it hege stik lân,

det de bêste rogge jowt fen ’e hiele Ham. Yn ’e beammen op ’e dyk

loerden ’e roeken en in pear drysten namen de guit en folgen it

ploege-paed. Wobbe hâldde de brunen yn en seach de frou, fyn bihindich

jongfaem, efter de hage weiwirden. Det moast de boer noch ris sjen

kinne, det se great is, suchte ’r. Mar de boer en de frou, dy seagen it

net mear dy hie al lang de swiere klok fen ’t kleasterklokhús bilet en

yn ’e teare hantsjes fen hjar famke wie it regear lei oer huzen en

lânnen, det hja waerde de rykste út ’e gritenij.

Sjoch, der stie Jan-om by de hage. Wolmoet sette de rêch rjucht.

„Soa, hwer moat det wer hinne to draeijen?” rôp hy al fen fierrens en

seach as in fiaen.

„Dei!” sei Wolmoet stoef en makke net ienris in praetsje.

„Det pyst, det sniggel, det ynfierene flarde”, bromde Jan-om nidich.

„Mar ik scil dy wol lyts krije! Myn earme Kinge sa ’n skande oan to

dwaen, him mei ien kear ôf to sâldzjen.” Hy koe der suver net fen

sliepe en wie nou alle frouljue skou.

Wolmoet roan moi stadich, yn echt geniet fen ’t moaije fen ’e joun. Der

kaem in fyn bloske op hjar wangen.... hjar eagen stiene as glêsheldere

eale-stiennen yn ’e moaije setting fen ’t mûtele antlit. Under ’t wyt

mûtske krolle in donker flokje hier wei, doch wie hja de blonde kant

neist mei hjar moi ljochte eachsbrauwen en ’t fynblanke fel, sa wyt,

det de wytkamerdoekse doek by ’t jak yn stiek der hast net iens by ôf.

Om ’e hals hie hja trije stringkjes fine gitsjes oan in great kantylje

gouden slot, oars neat.... hjar jonkheit wie hjar greatste pronk.

Jap-skroar siet mei de naeibern ûnder ’e linebeam to naeijen en hja

sei, it nije pakje lei al ré yn ’e keamer. It wie fen det kjirremjirre

gûd, wyt yn ’e groun mei blausidene rútsjes en der sieten den wer

swarte stipkes yn en Jap makke der in blausidene ûnderskelk by, der

kaem den de wytkanten oerhinne, den skynde det moai troch. Wolmoet,

alhiel yn ’t brat, stapte as in pauwke yn ’e keamer om en op ’e âld

forware spegel ta.

Jap sloech de krûmnaeide hânnen yn inoar. „Scoe min net swarre, jou

binn’ de breid!” rôp hja alhiel op ’t snjit, det it pakje as in bos om

’e feardige, kante lea slute. Sûnder, det hja ’t wiste, wierne hjar

wirden in profecij. De feint, dy-t for hjar yn ’e widze lei wie, hat

hjar for ’t earst hjir yn sjoen, en hja is yn ’t selde pakje de breid

waen.

„Sjesa,” sei Wolmoet en diich de pronk wer út, „hofolle krije jou nou

fen my?”

„Och hearink, der ha ’k noch net iens oer rekkene, ik tochte, det ’s

wol bitroud,” en hja socht in stikje kryt op en bigoan mei streekjes en

rountsjes op it lid fen ’t heakke-en-oesedoaske to skriûwen. In blomt

demasten pakje: trije goune op in kwartsje nei. In nij greinen skoart:

28 stûren.

In greate skoudermantel; baeijen foerring, 2 goune. Hwet lyts gûd: in

fijfje.

„Det ’s in hiele rekken,” sei ’t sloof en telde it trijeris oer. Hja

wie bliid, det hja jild seach. It wie sa’n minne tiid tsjinwirdich, de

ljue lieten net folle fortsjinje en bipongen alles sels.

„In pantsjefol kofje kin ’k jou net jaen,” sei hja wer, „det ’s for ús

ljue to djûr. Wy drinke mar hwet sûpe. Ik bin bang, wy kinn’ noch wol

ris slimme tiiden krije. Dy Frânsken stien ik net en jou? Nou, wy wenje

hjir yn ’e Ham, det leit net oan ’e hearrewei.”

Wolmoet glimke ris. „It giet Foppe-om krekt as jou,” sei hja. „Dy hat

de ridel fen bangens ek al yn ’e foetten en as hy wer ris nei Ljouwert

ta west hat, den sit him de moed yn ’e hakken en sjocht ’r oeral spûk.

Langlêsten hat hy ek wer hinne west, do makke dy Frentsjeter miich fen

ús, dy lange Ulbe, de holle him sa oerstjûr, det ik kin jou sizze, hy

kaem delsetten mei in âld goezzeroer ûnder ’e earm en in pûdde fol krûd

yn ’e bûs. Ik sei, hwet moat det, Foppe-om? en hy andere stoef, det

scilstû wol sjen, fanke. Nou, hy bleau dy nachts mar by ús, wy koene

him wol bêdzje en de oare deis.... stie Foppe-om al op ’e

efterhússtriette, ús feinten er omhinne en diich mei beverige hânnen

hwet babbelegûchjes mei ’t krûd, lei oan op ’e houtdouwen yn ’e ikebeam

en pof sei ’t en noch ris wer pof en einliks by de tredde kear der

tûmmele ien oansketten oer ’e finne. Do ha se mei-inoar ôfpraet, hja

scoene foartoan Sneintomoarns nei tsjerktiid by uzes komme efterhûs,

Lysbeth ’s Wynsen ek en Keimpe Kommerút, de biisjager scil hjar leare,”

en Wolmoet hjar heldere eagen, der lake de gutichheit yn.

Jap skodholle ris. „Us mem plichte to sizzen, yn Jintsje Jans boekje

stie biskreauwn fen oarlogen en de geruchten fen oarlogen en skynsels

oer ’e loft. Det hat grif de foartsjirmerij al west. Nou, as ’t op ’t

mâlst bislacht, den spylje ik fen ruten. To Earnewâld wennet in sister

fen my, dy ’s der troud oan in ielfisker.... der siket gjin minske my

op ’e rûmte.

Och Jap, ’t is hjar net om ús to dwaen,” treaste Wolmoet, „mar om ’e

hege hearen, dy ’t op ’t kjessen sitte. Dit heart sa yn ’e wrâld, hjoed

d’iene erop en dy draecht it moarn in oarenien efternei.”

En dy ’t it measte jild hat moat bliede,” sei Jap der op ta.

„Pas mar op, yn jou knipke sit optheden ek mear as in dûbbelstûr,”

pleage Wolmoet frjeonlik-wei, „en ik sei tsjin Lysbeth, dy triûwetsiis

der op ’t boerd moat der stean bliûwe for Jap en ek in poun opkoppe

bûter. Helje it mar ris.”

Jap scoe krekt mei in redefloed fen wirden bigjinne to bitankjen, do

klapte de ûnderdoar al ta en waerde de wiide rôk fen Wolmoet efter de

hage wei.

„O det goede bern!” flustere hja. „Det alle seine hjarres wêze meij!”

En stadich joech hja hjar wer nei de naeibern ta, dy-t sitten hiene to

luiterjen, det it hwet diich en yn ’e oarre wei to sjen, det út nei de

Hamster bûrren, der mennich rintenier op ’e stoepbanke foarhûs him

forlustige yn ’t moaije waer en mei earnst en bidachtsumheit de

Ljouwter krante trochnoaske en lies fen al de freeslikheden, dy-t der

yn Frankryk bidreauwn waerden, ho-t de minsken as keppels skiep nei de

guillotine jage en der slachte waerden, sims ien en tweintich tagelyk

(31 October 1793) en den wer in great oproer yn Parys ef in nij Frânsk

leger nei in frjemd lân ta to fechten. Mar út België wierne se ek wer

weijage. Der waerde wol fen gnute, hja scoene weromkomme en slagge hjar

slach, mar de krant liicht ornaris like folle as ’t almenak.... it scoe

wol tafalle. It wie allegearre sa fier ôf.... plakken, dy-t min op ’e

kaert net iens wist to finen.

Wolmoet wie al wer op reis nei hûs ta, hwet winkelgûd yn ’e hoeke fen

’e skelk, do bigoan de klok fen ’t Bouwekleasterklokhús to lieden. It

waerde al jounich oer ’t fjild, de sinne wie wei en in fine dauwe kaem

op. Yn ’t Westen wie de loft noch bloedread, as wie hja doopt yn ’e

kleur fen ’t keningspoarper, mar yn ’t Easten toraende de skerpe

beammestreek al yn fyngrys, det yn it bleke wolkenblau forfloeide. In

inkele stjer flikkere, der siet ek al in streekje fen ’e moanne en dy

slydjage.

—Hwet nachtfroast, tocht Wolmoet en seach ris nei de kleare loft,—de

blommen moatte yn, en hja helle hwet oan yn ’t rinnen. Sa roan hja

Wynsen efterop, dy scoe dy joune wol nei hjarres ta moatte, hwent syn

mem, dy wenne by hjar for húshâldster en hy tsjinne for greatfeint by

de boer.

„Joun Wynsen, scilst nei uzes ta?” frege se mei hjar sêft lûd.

„Der tocht ik al sa oer,” andere hy mei de eagen net fen hjar ôf, hwent

Wolmoet hjitte dodestiids de gnapste faem út ’e hiele omkrite en ryk ef

earm, ljeafde en forearing kenn’ gjin stânforskil. As bern hiene hja

mei-inoar boarte.... mar nou hja feint en faem wierne, wist hy ek, hwer

hy stie en det hage Wolmoet wûnder. ’t Wie in boppest bêste jonge, der

siet gjin koarel kwea yn.... hy sei wol net sa folle, mar der gyng wol

hwet yn him om. Hy koe âlderivichst moai snijwirk meitsje en útknipsels

mei de skjirre, der foreare hy Wolmoet en syn mem wol ris ien fen for

’t salmboek en yn ’t boerewirk, der foun hy syn gelikens net. d’ Ald

boer en frou, der hy by tsjinne, droegen him op ’e hânnen, hy wie der

suver it hertlapke, hwent dy ljue, dy hiene gjin bern en nou joegen se

him de ljeafde fen hjar hert moi ryklik. Mar al hie hy ’t der as rys

mei resinen, sa nou en den pandere hy yn syn greate fiterskoen nei de

pleats yn ’t kleaster ta nei memmes, den mocht hy sa ’n hiele joune by

Wolmoet hjar hird sitte en sjogge hjar omskrippen yn ’t jak mei de

koarte mouwen. Den grapjagen hja wol ris mei inoar en as hja him den

ris oanseach mei in loaits út dy blaue moaije eagen, den wie ’t krekt,

as foel der in sinnestriel yn syn hert en wie ’t der wer wiken oanien

simmer.

„Sjoch, is det Ulrich jeneveroaljekoop?” sei Wolmoet, dy-t mei hjar

skerpe eagen der wol in man foar hjar út op ’e wei omdwelmjen seach.

„Det scil ek wol op uzes ta moatte, tink ’k. Wy krije altyd noch

boarstkrûden fen him en gûd for kjeldrige hânnen.”

„Helpt it?” frege Wynsen.

„Ja, der moat in goed gelove by,” glimke hja. „Mar dy man is earm en hy

hat gjin thús en sa lang as ’t my heuge meij, komt hy by uzes. Wy ha ’t

den ek noch ris oer mem—ik ha se noait kend, hy seit, ik bin se net

wanlyk. En den is hy op ’e tekst fen syn lân en spilet fen dy moaije

sangen op ’e fluit.”

d’ Ald man stie oan ’e kant fen ’e wei en steunde op in tsjokke stok.

Syn lang wyt bird glinstere yn ljochtmoanne, syn antlit wie bleek en

forfallich. It scoe syn lêste reis wol wêze, foarsei syn hert him. In

goed sechstich jier hie hy nou omswalke yn ’e wrâld, fier út Poalen wei

en in hopen minsken holpen mei syn krûden en goede rie. Mar nou

bijoegen de âlde foetten hjar. Rêst hage him mids de woeling en

wraeming fen ’e wrâld, hjoed hjir yn onstjûr, moarn der. En ’t âld

Bouwekleaster like him altyd de skûlherne, hwer nimmen him saende noch

maende en moarns syn brochje ré stie en jouns syn kofje, krekt sa lang

as ’t him hage to bliûwen, sims wol in lyts wike. En as ’r den wer

gyng, foun ’r in pear woarsten yn syn knapsek en brea for in dei ef

hwet en ek altyd in stikmennich moaije apels.

Wolmoet en Wynsen kamen tichterby, mar d’ âld man roerde him noch net

fen ’t sté. Hy wie to ynein. De hiele dei syn waer útfeilje twisken ’t

wykmerke-folk, ’t wie in hiele hys, mar ’t gyng noch. En de deihier

makket ommers it wirk swiet. Mar sokke einen rinne as fen Ljouwert nou

noch nei ’t Bouwekleaster en allinne it eintsje fen Ljouwert oan

Hirdegeryp ta yn ’e bolderwein fen Douwe moalker, it waerde him to

stoef. Mei noft tocht ’r om syn smûk hoekje yn ’t nije hea en ’t

smaeklik brochje, him sa fol ljeafde gind en do-t de jonge minsken him

op ’e side kamen en frjeonlik mei him fûsken, diich ’r alle war, om mei

lyk-op to rinnen. Mar it dûrre al net sa bare lang, do sei Wolmoet

soarchsum: „Rinne wy ek to hird? To Wynsen, krij Ulrich syn kistje ris

efkes oan, ik meij ’t net ha, det hy ek noch mei dit swiere ding

omtôgje moat.”

Wynsen spraette de earms út, krekt as moast der in fet baerch twisken.

Hy hie net folle aerdigheit oan det poepekistje, hwa wit, hwet der yn

siet, mar hy liet Ulrich betien en dy skoude it him ûnder de earm en

lei him ’t seel oer ’t skouder.

Sa lânnen hja mei hjar trijen skean oer ’t lân by de pleats oan, dy-t

der as in eilân mei syn skûrren en beammen út in sé fen neisimmerdauwe

wei tynde. Alde Stabij strúnde noch om hûs en hear, dy sloech oan, do-t

hy folk fornaem en kaem giselstirtsjend op hjar ta en de ûlen

skermesearen by de ûlebûrden om. For de flearmûzen en hja bigoan nou

earst de moaije, lange dei.

It wie in kostlik bisit, dy pleats. Wynsen seach it en hy takseare it

kaptael, fen dy-t dit syn eigen neame mocht en do suchte hy. Sa jong en

nou al de frou—tocht ’r en do tocht ’r noch hwet oars, mar dy

heimnisse, der hat noait in sterfling weet fen hawn.

Ulrich de jeneveroaljekoop, syn âlde eagen waerden ek net warrich fen

’t sjen,’do-t dy pleats, hwer hy ek sa thús wie, him as in blinkjende

skat út ’e tiis fen ’e joundauwe losmakke en nou heech boppe de greiden

útstike. Hwet in bisit! hwet in rekkenskip for de greate Dei! tocht hy

en hy sloech in krús, hwent hy wie Roomsk.

En Wolmoet? Njuggentsjin jier wie hja en de hân, dy-t dit jong

wesentsje liede moatten hie, wie stiif en it each, det oer hjar hearde

to weitsjen wie brutsen en nou dreame hja hiele wûndre dreamen....

En wachte op ’e greate ljeafde....

It Jubeljier · 第 4 / 32 题