Bûrum

Tsjep doarp mids fette klaei,

Mei fé fen ’t bêste skaei,

Men seit: ’t is Fryslâns fetste groun,

Dy ’t op syn boaijem mar wirdt foun!

De bouwen binn’ dêr hast to swier,

Foaral as ’t is in droechsum jier,

Mar is it waer net al to fêst,

Dan is it nôt dêr tige bêst.

It aerdet dêr nei Grinslân al,

Mei Frysk petear is soks ’t gefal,

Ja dûbbeld is ’t der Eastergea,

Dat rint yn ’t Easten dêr krekt dea.

As doarp docht Bûrum ek fiks mei,

Syn striette dat ’s in skienne wei,

Dy bôget sa fen ’t West nei ’t East,

Yn ’t Westen binn’ de hûzen ’t kreast!

Op ’t East is ’t lykwols ek goed gnap,

Dêr docht men net in ink’le stap,

Ef is ’t dêr skien, net better kin ’t,

Men is it rounom sa net wend.

De flinke tsjerke en gnappe toer,

Sjocht selst in ein fen Grinslân oer,

De greate mounle pelt it koarn,

En brekt en mealt mar altyd oan.

Twa tsjerken, beide sa as ’t heart,

Twa skoallen dêr ’t de bern men leart,

Dy binne sahwet op ’e ein,

Struij’ ’t jonge sied yn ’t bernebrein.

De beammen wolle er net unfoech,

As ’t lof him maitiids ier ûntjoech,

Wylt ’t is noch tige tear en fyn,

Dan lijt it fen ’e Noardewyn.

Yn Bûrum sit in knoarre jild,

Hwer ’t oars sa mar fen sels forsjilt,

Hjir bliûwt it stees en docht syn nut,

Sadet dêr nea oer babb’le wirdt.

De Sé smiet Bûrum skatten lân,

For ien sédyk mar yn ’e hân,

It hat „’t Nij Krúslan”, foar ’e helt’,

Yn letter ieuw dêr yet by teld!

Finneblomkes · 第 22 / 39 题