o, Earste sêfte Maitiidsdei!
Ho nimst ús sa yn-ienen mei!
Sa sunder ús to roppen, nei
De earste maitiidswille!
Ho stjûrst de flinters op ús ta,
Dat hja yn-ienen for ús, sa
Hjar wjukjespronk untditsen ha,
Oer ’t blomt’ yn ’t roun forsjille!
Wy sjenn’, mar kinn’ dêr hast net by:
Nou ’t Súdewyntsje, tear en lij,
De flinterkes en ’t blomt op nij,
Ut tek en skreef en herntsjes
Al noege en rôp: kom, kom! to gau!
De wyn is om, de loft is blau!
’t Is hege tiid, och kom dan nou!
To! út jimm’ winterwentsjes!