Oranjewâld! Oranjewâld!
Dy ’t fen Natúr hjar pronk bihâldt,
Fen beamt en skaed en fen moai blomt,
Det dy by ’t simmer der ris komt!
It beamt’grien winkt him al tomiette,
Hat hy dêr west, hy scil ’t ûnthjitte:
Mei d’ earste maitiid kom ik wis,
Nou ’k jo iens ken, wer sûnder mis!
Oranjewâld! Dû hearlik wâld!
Hwet moaije namme, eal en âld!
Hwet smoute for it kâlde Noard!
Hwet skaed for hiette yn ’t droege oard!
Hwet beammereuzen boppe miette,
Hwerby, dy ’t wol fen ieuwen witte!
Fol rûzjend blêdgoed allegear,
Yn loanen hjir, yn troppen dêr!
Hjir stiet de moaijste tsjerke bouwd,
Fen stien net, mar fen libjend hout,
Wylt ’t rûzt fen in Natúrpesalm,
Ta ’s Bouwhears lof op swiete walm,
Fen blom en krûd, sa nei omhegens.—
De griene pylders fen omlegens
Nei boppen ta, dy flechtsje hjar,
Ta bôchwirk jinsen yn eltsjoar.
Hwet moaije leanen, djip en smout,
Fen tsjokke stammen, ikenhout,
En dy Marijkemoai alear,
Wol kuierjen seagen mennich kear.
Der ûnder binne reuze-iken,
Dy ’t ieuwen al hjar krún opstieken,
En gledde boeken by de rûs,
Mei ’n tichte blêdkrún, djip en kroes!
Ho toer-heech mennich spjir en din!
Hwaens kop min skraech biëagje kin!
Hwet binn’ der troch hjar niddelgrien,
Al freselike stoarmen gien!
Dochs binn’ hja ’t hiele jier troch jimmer,
By ’t winter moai, krekt as by ’t simmer;
Dy sjogge ek nei wiid en siid,
En witte ek fen d’ âlde tiid.
Ho ’t der dy ljochte bjirk ús each,
Ynienen lûkt! krekt eft hy teach
Om ús oan just syn wite pronk,
Dy ’t sulvrich ús tomiette blonk!
Moai komt syn hege stamm’ fen fierren,
Ut tsjin it blaugrien fen ’e spjirren;
Hwet stiet der in moai kopstik op,
Det fine blêdgoed fen syn top!
Hark dêr de hege populier
Ris waeijen, det syn klapprjen fier
To hearren is yn ’t hiele hear!
Wech-en-der-wear heart min him klear.
Hy andert op de wyn syn waeijen
En wit syn bledden sa to draeijen,
Ef rabbelt hy,—fen hiel it gea,
Hat hy ’t it drokst en swijt hast nea.
Dêr krinkelt him sa mennich paed,
Yn flauwe bochten, fol fen skaed,
Nêst hageroaskes yn ’t reawyt,
Hwaens hunnichswiet yen ’t rûken hiet!
Den wer mei gouden bremerheide,
Is ’t paed biseame twiskenbeide,
Wylst Lelytjes-fen-Dalen prûs,
Hjar klokjes widzje by de rûs.
Nou binn’ wy wol op ’t fierst yn ’t bosk,
En flaeije ús del op ’t tsjokke mosk;
Gjin _sofa_ ef gjin _canapée_
Op ’t Fean, kin ’t helje by dit sté!
Wy tinke as wy hjir sa lizze,
Springfearren, dy ’t gjin fearkreft misse
Bin ’t hjir, de sittings grien flewiel,
Fen ’t fynste tryp en skien en hiel!
Hjir sitt’ w’ as yn in ticht priëel,
De tokken fen in wite abeel,
Dy hingje amper op ’e groun;
Tsjok ûnderhout stiet ticht yn ’t roun.
De tokken fen ’e hazzenúten,
Dy ha de trochgong hjir hast slúten;
De toarnebeijen scoen’ by ’t hjerst,
Yen yn ’e mûle falle bêst.
Is dêr in hoekje sinneskyn,
Dêr komt in flinterke efkes yn.
Ut lange fearren njirrekrûd,
Yn ’t skaed oan hege beammefoet,
Hâldt Kamperfoelje in Elske omstringle,
De Koets syn blomswietwyt, det mingle
Him twisken ’t tûzenleaze grien,
Fen blêd en strûk, fen leat en tien.
Dêr nestelt ’t lytse fûgelboun,
Yn ’t lege beamtgoed by de groun,
Forskûle omraek foar almans each,
Knap siker, dy ’t in nestje seach!
Yn toarne ef yn ’e skerpe kriiken,
Yn ’t kreilgoed fen de jonge iken,
Toarnkrûpers, winterkeuninkjes en mear,
Dy bouwe der hjar nestjes gear.
En digert men nei boppen op,
Sjocht m’ yn ’e iik healwei syn kop,
Yn ’n strampel ’t swarte rûkepear,
Hjar simmerwente is kant en klear!
Ho ’t d’ eksters yn in slingertûke,
Ta fondemint in gaffel brûke
Fen hageprikke en liem it nêst.
Knap mitselje, goed murrefêst.
Sjoch, hwet ’s my dat? hwet hinget dêr?
Wei is ’t en lykwols komt it wer,
To lange lêsten nei in skoft;
’t Sweeft oan in tûke yn ’e loft,
’t Is núver! dochs it hat wol folle,
Fen ’n by-inoar-gearpakt tropke wolle,
Det oan in tûke hingjen bleau,
En troch de wyn den sonk, den kleau.
It like ef in kanarje krekt
Syn kopke út ’t protsje goed wei stekt....
—Ei ju, dat is in fûgelnêst,
Det hinget mei ’n pear triedjes fêst,
En slingert oan de lichte tûke,
Fen d’ iene nei de oare hoeke:
De Gielgou wennet der sa smûk,
Sa húslik oan syn slingertûk’.
Hy ropt syn „Rike Ljue” ús ta;
Dêr hy by wennet, binn’ ’t ek sa!
De Koekkoek jowt ús hoop op rein,
En warskôget: „nei hûs ta tein!
Oars scill’ jimm’ in wiet pakje krije,
En dêrom wol ’k dat net forswije,
Gjin ien, die ’t dêr sa bot fen hâldt,
Al is ’t ek yn ’t Oranjewâld!”
Hwa tikket sa oan ’t hout, dat min
Alhiel om fierrens ’t hearre kin?
Us Specht is ’t, yn syn wyt-rea-swart,
Dy ’t om in houtroep him sa wart,
Dêr woe hy hjoed mei „Middei“hâlde;
Yn dy healdeade wylch, dy âlde
Sit ’n lekker byt, ’t spyn is noch hird,
Mar hy hâldt faesje, ’k leau—it wirdt.
De Klyster, hark! hwet slacht hy lûd!
Dat makket ús de dei noch goed,
Sa’n ien kin mear as sljucht en rjucht,
Sa’n ien dy hat ta sjongen ’t rjucht,
As hy út knopjende strúwellen,
Us jûchjend lûd wit te fortellen,
Fen alle moais, wol wiken lang,
Syn maitiidswille yn syn sang!
En sjoch, ho hjir nou hân oan hân
De kînst Natúr mei sefte bân
Nei det him ’t past, laet s’as hy ’t wol,
En makket alle skudden fol.
Sjoch hjir de hege tsjokke Linen,
Hjar tichte blêdden troch inoar winen,
In pyldergong, fol koelte en skaed,
Wol ’t moaijste yn ’t Oranjewâld.
Sjoch ho sa’n Bûten ien gehiel
Nou waerde troch elk ûnderdiel;
Troch Lineloane en Blommebêd,
It hiele Park is krekt biset;
Ho scoe min ’t moaijer habbe wolle?
Dêr ’s neat to min, ek net tofolle;
Sa djipgrien ’t gêrs, sa frisk it blomt,
Hwer efter moai it slot útkomt.
Altyd wer oars: nou ’n fiks stik lân,
Mei melke kij oan d’ oare hân;
It boulân nou bysiden wer,
Mei rogge en boekweit hjir en der;
Alhiel gjin minsken, hast gjin hûzen,
Natúr sprekt yn it beamterûzen,
Alline ’t libben fen Natúr,
Bliûwt hjir as ’t allermoaiste oer.
Sims makket ek de kinst it moai,
It ien by ’t oar, krekt nei de roai.
Hwet draegt det sêft nei ’t wetter ou,
Mei ’n beamtrop del fen ’t slotgebou!
Ho ’n brúne boeken, wit hofolle!
Min sjocht yen d’ eagen út ’e holle!
Ho klear dy fiwer! swanneblom
By swanneblom, dy soeije erom!
En dy Kastanje! sjoch ris oan!
Syn stamm’, syn blêdtek, o ho skoan!
Hy hat de winter wer trochstien,
En nou is ’t op in bloeien gien.
Ticht binn’ fen bledden al syn tûken,
Alhiel ticht, fol nei alle hoeken!
In grien ferwulf, fol skymrich blau,
Waerd lein, breed oer syn stamme nou.
Syn tûzen kearsen stiek hy oan,
Op blauwe kandlers fen ’e moarn,
In reuzeblommekoer allyk,
Nou wol de moaijste yn ’t blommeryk!
Fier ljochtsje s’ yn syn tsjustre grienens
Dy wite ljochtsjes yn hjar skienens,
In houtdou-pear koerd’ brilloftslied,
Det yn dy krún forskûle siet.
Nou by de túnman ’ris to gast,
En jaen’ wy d’ eagen goed de kost,
Dan sjen w’ ien hearlikheit rounom,
De kostlikheit fen blêd en blom;
De plantenbern út waerme lânnen,
Dy binn’ hjir troch syn warbre hânnen,
Fen ’t Súd en East út fiere oard,
Njûd waen, hjir yn it koele Noard.
En sjoch dat Roazepark ’ris oan!
’t Is ’t laeitsjen fen ’e blide moarn,
Dat der fen útstrielt, hwet in pracht!
By d’ iene amper sinneljacht,
By d’ oare wer in djip oranje,
Dêr ’t donkerbrúne as kastanje,
Dêr wer ien súver yn ’t sniewît,
Dy ’t wis _Madame George Bruant_ hiet!
Sjoch, ho ’t _La France_ hjar greate blom,
Mei ’t wytread blêd op d’ ein teart om!
Dêr ien yn ’t crême, eat grien en wyt,
Dy ’t _Dutske Keizerin_ men hiet.
De _Jacques-Minot’s_ hearr’ foarst to kommen,
Mei _Magna Charta’s_ folle blommen
En ek de _Zephyrin Drouhin_,
Ryk bloeit, rea twisken d’ oaren yn.
Stil! stil! hwet is my dat in sang!
Dêr út ’e fierte, breed en lang!
Sims wémoed is ’t, sims wille en nocht,
Dat alle earen harkjen docht!
Dat is ús Gealtsje, ús mastersjonger,
Dy ’t jister pas fen oer de Tsjonger,
Syn sangplak werfoun yn it Wâld,
En nou mei ’t wyfke brilloft hâldt.
Dêr ha’ wy wer in fiergesicht!
Né, dat forjit men net sa licht,
Hwer it sa’n echt Frysk lânskip jildt,
Nei ’t „Meer” ta, ’t eff’ne griene fjild!
Wol min noch oars, dan hwet nei ’t Easten,
Om ’t bytsje kliûwen yen to treasten,
Den sjocht men wer de moaije wrâld,
Fen ’t Fryske Haegje! Oranjewâld!
Lit Hollân poff’e op syn Haech,
It is en bliûwt altyd de fraech,
Scoen’ wy dochs wol sa mâle graech,
(Al kamen beide ek oan ’e Waech),
Mei ús lyts Haegje „lykom” wolle?
O né, wy hâlde fierst to folle
Fen ’t pronkbyld ien ús fryske wrâld,
It ienich moaije Oranjewâld.