Winternocht

Nou ride wy, nou glide wy!

Nou bliûw’ wy net mear thús!

It wier oan dizz’ tiid ta mar sa:

It libben hast in krús.

’t Wier al den dei, mar foar en nei,

Rein, stoarm en Westewyn,

Ef dampich waer, ’t wier núver raer,

Gjin blinkje sinneskyn.

Nou wol gewaei, mar droech de klaei!

Hwet wolkjes yn in trop;

De loft oars klear, hwet woll’ wy mear?

Nou libje wy wer op!

Nou is ’t safier: de gledde flier,

Leit oer it wetter spraedt;

De flakten oer! fen toer ta toer!

Dat ’s dei oan dei ús paed!

Foart mei ’t geseur! nou is dêr fleur!

Men heart gjin kleijen mear!

Dêr is wer gong by âld en jong:

Ho ’n pearen meitsje ’t klear!

’t Lêste is ’t bêste

Jonges moatte bruijen ha!

As hja soms ondogens binne,

Slaeh dêr dan mar goed op ta!

Lit se lipe, raze ef stinne,

’t Giet ornaris hjar net nei,

In wân bruijen giet dêr mei.

Famkes slacht men ljeaver net,

Dy wird’ om ’e finger woelle,

As men s’ yn ’e kelder set,

For ’t gejeuzel om yen holle;

Hwent dy sanigje mar foart,

Om hwet lapkes poppegoed.

Mar mei beide moat sa fier

’t Yn ’e wrâld net komme moatte,

’t Better meitsjen falt dan swier,

Hwent soks is mar for in hoarte;

Brûk fen miett’ ôf goed forstân,

Wen de bern daelk nei jimm’ hân.

Finneblomkes · 第 10 / 39 题