MYN HEITELAN

Scoe ’k jimme, bergen leaf ha kenne,

Ind mei forwondring op sjean nei,

Ho ’t jimme troch ’e wolken boarje,

For jins forbaesde blikken wei?

Ho ’t jimme oer keunychryken sjogge,

De wyde fiere grinsen sels!

’k Seach jimme yn sa folle spitsen:

Yn Landskroan, Bloksberg, Drachenfels;

Ik seach de wolken oan myn fuotten,

Har foarmje, har oplosse yn damp;

Ik seach de krachten fen natuer daer,

Yn opstân, yn foarwoede kamp,

’k Seach ’t wetter daer yn breede stroomen,

Mei flugge loop troch ’t breede dal,

Hjir ruwsjend, tuscen heeche rotsen,

As springe yn ien wetterfal.

Och, my is ’t daer ien fremde waereld,

Lykwols it ek yn ’t earst wat boeit.

’k Bin daer net thues, whear tsjin de rotsen,

De druef oan Ryn as Ahrstroom groeit.

Ind priisje Bontekoe, Burg Ahre,

Ind dog fen ’t wite Krues heech op,

Trochkruesje ’t foarse Sângebergte,

Sjoch del fen Drachenfels syn top:

Myn bergen binn’ ues heeche terpen!

Ues heeche bouen op ’e klaei,

Ind de mei hout biwoeksen wâlden,

Mar sonder tuorre rots ind laei;

Ind myn Sânbergen binn’ sédyken!

Ik neam s’ien ring wol fen smaragd,

Oaf leaver noch ien gouden ketling,

Dy foar it ségeweld hâldt wacht.

Ja daer fen dinne sjoch ’k om fjirren,

’t Lân dat ik leaf ha, dat ik min;

Né daer ontbreakt niks oan, volstrekt niks;

Daer is myn libben, daer myn sin.

Ik sjoch myn Ryn, myn Ahr, myn Bode,

Yn Moark, yn Lauers, Boarn ind Ie,

’t Wier better my do ’k oan hjar oewers,

As oan dy fen ’e Rynstroom stie.

Dyn doarpen ind dyn boereplaetsen,

Myn Fryslân, op dyn terpen bout,

Yn griene bjemmen as foarscule,

Ind om har hinne ’t koalsiedgoud,

Dat is my ’t moaist gesicht, ’t gjit boppe,

It scilderachtige fen ’t puen,

Fen Ahreburcht ind Rheinfelsmuorren,

Op tuorre heeche rotsenkruen.

Och laeitsje fremdling om sok siszen,

What ’s do moai neamst, is ’t by my net;

De smaken dy forscilje jimmer,

Dy steure oan regel hjar noch wet.

Ind daerom kin ik ’t net oars meitsje,

It moaiste what min each ea seach,

Is Fryslân, ’t lytse leeche Fryslân,

Whear dat ’k eak sochte, whear ’k eak teach.

Frysce wâldblomkes · 第 44 / 58 题