DE WIERSIZZERIJ FEN MAEIKE JAKKELES.

1.

Dou biste sa glêd om ’e troanje as in spegel. It scil hastich oanrinne

mei dy nei it greate gild. It is ek better sa, as oan acht-en-tweintich

jier ta to wachtsjen; den is ’t alle amerijen it earizer opsiede, in

oar lint oan de kyps, en sa foarthinne. In âld gek mei dêr nei sjen;

mar for in jong minske liket it raer, sokke gleone blommen op sa’n

toarre groun.

2.

Ik woe wol graech mei dy, det de frijer, dyste ljeafst haste, opdaegjen

kaem; mar dou krigeste him joun net, Fanke! Mar dat is neat.

Jaen de moed net op; men wit net ho in dûbeltsje rôlje kin, sei baes

Gosse, en hy miende, det hy to gast kaem, mar hy krige bruijen. Us

oarre-mem waerd frege op ’e lette joun to Ljouwter merke, en de nachts

om hjelwei twaën boaske se al yn ’e hoek fen ’e opkeamer fen ’t Rea

hert.

De frijers binne tsjinwirdich net hastich yn ’t bitingjen. It is in

ôfrinnende merk. Smyt dy lykwol net wei: de greate merken komme oan.

3.

Fanke! Fanke! hwet bisjuchste dy yn ’e spegel! Nou! as it der ek om

sit, eft it der om smiten is, stiet it rûzich. Klaei dy kreas en

dimmen, en sa moai, detste altyd noch moaijer bitelje kinste. Dit lûkt

de frijers oan, dy to fjild tsjenne om in wiif; en sa’n ien past dy, is

’t net wier? En ast’ dy optakelste as de pompierblazers út Parys, den

wirde de mynders eang fen jimme. Hwent al boartsje en djoeije se al sa

hwet oerdwealsk, hja kenne de fûgels wol oan de fear. Dêrom, kreas en

dimmen! en foaral sa skjin as de brân! den scilste oan twa frijers

blauwe skinen jaen; mar de tredde (o! sa’n noflik prater) scil dy sa

nei de ljirre tingje, detste him op in nacht om ien ûre om de hals

fljuchste en him, ûnder de tútsjes bidobbeste.

It folk yn ’e hûs scil towekker wirde fen jimme patsjen, en sizze:

“hark! nou is ’t klonken wirk mei ús fanke!”

4.

It gelok sjocht dy ta de eagen út! D’iene frijer hat de hakken net oer

de drompel, ef de oare hat de teannen der al wer op. Pas op! en lit de

fûgel net oer it net fleane lyk as folle dien habbe; oars rekkeste mei

ûnder de fodden yn ’e koer.

De kar giet der út, en den giet it soms op in âld strider oan, dy in

wiif for de warmte nimt.

5.

Dit stiet der nuver foar mei dy! Nou! in jong minske moat twang wêze en

op in dûbeltsje oan lint net sjen. Yn de earste jierren fen it trouwen

sakket dit wirk fensels; as de widze en bakerkoer oer de flier komme

moatte.

Dou biste net ien fen de ongelokkichste. Der sit folle mânljuesflesk

oan dy, fanke! en dêrby sa’n noflik boartlik sin! Dou biste klaeid, sa

’t heart. Koartom, in frouminske mei lokken en flokken, linten en

flinten. Der is al in blêd yn it trouboek for dy iepen. It scil moai

waer wêze op dyn troudei. De ljue scille sizze: “Dat is in gnap pear;

in houwelik yn ’e heak!” Mar de man efkes lytser as dou.

Der scil noch in pear mei jimme trouwe: in âld man fen njoggen en

sechstich jier mei in frouminske fen in great tweintich. Dêr scille de

ljue fen sizze: “Dy âld gek set noch in mounle, om in heal ljippen

koarn to meallen, en mei in jier scille se eltsoar net sjen meije.”

6.

Dou biste net forgetten by de feinten, Fanke! Gloeije dy de wangen net?

Dou tinkste, detste noch faek to merk gean scilste. Mis is ’t! ear

detste der om tinkste, rekkeste oan ’e man.

Ik haw al heard ho jimme op ’e lêste Snitsermerk yn ’t Heechhûs mei

elkoar sieten to lústerjen.

Dou scilste goed onthâlde yn it houlik. Twa jier nei it trouwen scil in

Domenijs soan dy for in jongfaem oansjen, en dy to Weidumer merke

freegje to dounsjen.

7.

Dou sjuchste al skruten, nou Maeike Jakkeles dy hwet sizze scil. Ik

sjuch, dou biste der oars fen. It is ek nuver, fanke! op dyn jierren

net to witten honear detste mei in pûrfrjemd minske hûshâlde scilste,

en noch minder hwa: in lytsen, in greaten, in lichten, in swieren, in

rjuchten ef ien mei in slach ef in bocht yn ’e rêch. It scil mei in

amerij gean mei dy. Dy it wêze scil, frijt net lang, mar taest ta, en

den scilste der omhingje as wiet hea om ’e skûte.

It scil dy goed gean yn ’e wrâld: saun bern, meast jonges, yn trettjin

jier krije. Dou krigeste ek misgunders yn dyn steat. Dyn man scil dy

tige ljeaf hawwe, en nin kwea fen dy sjen kinne, omdetste alles dwaen

scilste hwet er mar tinkt, en omdet er sjucht, det er mei dy bihâlden

is.

Dyn makkers scille op jimme troudei tsjin elkoar lústerje, en sizze:

“sa weagje ik it ek, dou?”

Jimme mem scil dy in leksum jaen, dyste net forjitte moaste. Hja seit:

de kinst om troch ’e wrâld to reisgjen, en oeral it gelach to biteljen,

en tank nei to litten, wirdt net oan de Hegeskoallen leard. It sit yn

’e regel fen trijen, en goeddwaen.

8.

Fanke, dwaen dyn bêst, om dy gnap op to striken; mar om de wide

jaksmouwen ef de klienens fen de mil, krigeste net gauwer in man.

Lykwol scil ’t wirde. Mei in sêft sin en noflike tútsjes kinste folle

dwaen, en dou scilste einlik mei in fiks keardel opstriken gean, ast’

mar tiid dochste. Nimmen moat sjen kinne, det de pong om de hals

hinget.

9.

Dou moaste net fortrietich wirde, Fanke! as de frijers dyn doar foarby

geane, krekt eftste der net biste. Goede en onbilekke waer wirdt altyd

opsocht, al laeit se noch sa efter ôf.

Fammen, dy in jachtweide for alle eagen binne, en dy oer alle tongen

rôlje, dêr wirde lekken en brekken oan foun.

Gnappe fammen en jonge hynzers moatte oars net as fen fierren bikend

wêze, scille se goed oan ’e priis komme. Wêz’ net bang fen foarby to

reitsjen; dou biwachteste gjin skea. Dou krigest’ in rimpen man, mar

oars troch goed; dou scilste bjuster folle fen him hâlde.

As hy it ongelok hat, det hy mei in noflik holle thús komt, sjen den

net eftste út it yettikfet komste. Mei bliere eagen en goede wirden

kinne jimme tsjoene; dêrtroch binne folle mear manljue to rjuchte

brocht as mei skerpe wirden en ôfwêzich sjen. Dwaen lyk as Beitskemoei.

As Janom fen ’t paed wier, den sette hja him yn side en forwiel; en as

de sinne yn ’t roun west hie, den sei Beitskemoei in wirdmannich dy op

it rjuchte steed kamen. Doch ek sa, en hy scil der op poche, det der

nin better wiif yn ’e hiele gritenij is.

10.

Fen dy hoef ik neat to sizzen. Dou biste al lang bisteld, Fanke! Men

kin ’t wol oan dy sjen. Net wier?

11.

Dou wachteste ek al, det ik dy hwet moais sizze scil, fen flinke

frijers, moai klaeid gean, yn in hûs wenje mei treppens der foar; en it

silver en goud by kistfollen erve!

Set dy dêr ôf, Fanke! hwent dat wirdt dyn part net. Dou scilste

gelokkich wêze, mar net yn in hege steat. Dou krigeste in bêst man, dy

fen de iere moarn ta de lette joun for dy skreppe scil, en astou de

dûbeltsjes sa hantearreste, lyk as earlik woun jild bihannele wirde

moat, den scille jimme rju bidije, en fjouwer bern great bringe, dy

klinke as klokken. In ryk man tichte by jimmes, dy jierren lang om it

gelok socht hat, en it op it lêst alhiel bjuster rekket, omdet er it op

paden siket, dêr it net to finen is, scil jimme it gelok, dat hy yn syn

moai hûs ek nearne fine kin, for tûzenen ôfkeapje wolle. Mar hy kin

net. It gelok lústert him yn ’t ear: “keapje mei dyn goud it bihear fen

de hiele wrâld; Myn ôfkomst is to heech: Ik bin for nin jild to keap!”

12.

Ho it mei dy komme scil, mei de deale riede; dou biste sa boartlik en

sa wif as in maeilaem.

Jaen dy del, Fanke! den scil ’t goed komme. Aste merkeste mei in feint,

dyste graech wer sjuchste, pas den op det it lêste tútsje it bêste is;

dat giet him troch de lea as in heal fleske fol Haerlemmeroalje in

jichtich hantsjemier.

13.

Ik sjuch dy oer fyftich jier al. Men kin dy den net. It skeelt ek folle

by nou. As men dyn noflike sankjes heart, as men dyn glêdde troanje,

roune bolle earmen, dy kiere rêch en trippeljende foetsjes bisjucht, en

dêr tsjinoer in âld kibbich minske mei in skromfelich fel, in

sleepjende gong, den scoe men sizze: ho kin sa’n moai jongfaem sa’n âld

sloofke wirde? Us heit sei dêrom altyd: “Fanke! meitsje plezier yn dyn

jonge jierren, mar pas op, detste dy der net oan forhingeste. Dit siz

ik dy ek: hâld altyd in from sin, en meitsje det al it kwea, dat dy

oerkomt, troch eigen skild net is; den kinste op de âlde dei yette

blomkes ploaitse, der in lyts blêdtsje tûzenris safolle fen wirdich is,

as dy greate bosken, dy op de moaije kypsen swypkje.

Doch sa, en de frijers scille as mieren op dy ta komme, en dyn man scil

sizze: “ik wist net det it trouwen sa’n wille wier!”

14.

Ik kin wol oan dy sjen, detste net bitsjoend biste. Dat merkte Japik

lêsten wol, do jimme oer iis op de Froaskepôlle dounse hawwe.

Dou wotte ljeaver by in gnap jong keardel opsitte, as in nacht by de

baerch weitsje. Dou moaste dy hwet ynhâlde, it rint hirdgenôch mei dy;

se litte dy net ien snein-to-joun sitte.

Hy wennet net fier fen dy ôf, dy ’t wirde scil; hâld dyn kleur mar! Ik

scil ’t net sizze, hwet jimme hokkernachts ôfpraet habbe; jimme habbe

lûdernôch lústere.

15.

Dou haste by dy sels it akkoart al makke mei ien; mar hy wirdt it net,

bern!.... Biste bang fen foarby to reitsjen, treast dy dermei detste it

net allinne biste.

Ik sels hab west, nei det ik oan trije blauwe skinen jown hie, det my

de wrâld oanfleach, as domenij in pear fen de stoel rôlje liet, salang

as myn goede Jan opdaegjen kaem, dy ik yn trije jounen al bilêzen hie.

Der scil ien by dy komme mei in moaije rôk en glêdde learzens oan; in

keardel eft er út in bargeriezel draeid is en dy der oer giet eft er

waeit.

Hy is lang net gek, sjucht goed om him hinne en tinkt oars oer it

trouwen as in faem, dy sei: “It moat ris weage wirde”, en troude oan in

âlde rike gjirgert, om hjar libben yn boalshannen to sliten.

Hy scil nei dy fornimme, ho it moarnsier mei dy is, omdet hy mei in

fryster ôfballe is, dy op in joun bjustere kreas wier, en de oare

moarns der útseach eft se út de yeskkroade kaem.

16.

Dyn frysterjierren binne dêrmei út; it giet nei de lange tsjinst. De

man, dy for dy bisteld is, is in goed keardel, mar hwet hollich; lykwol

kinste him oan in siden tried liede, ast’ him mar heinste. Yn de earste

fiif jier fjouwer bern, en folle drokte yn ’e húshâldinge. Den scil ’t

der op oankomme as de hânnen net sa linich binne, as nou de kreaze

foetten foar de fijoele.

17.

Dou tinkste: Maeike Jakkeles wit der neat fen; mar dit siz ik dy,

patsje koe ik sa goed as de bêste yn myn tiid. Dit wist de Officier

wol, dy my de gouden puntheak wêrom joech, dy in smous my ontstiel. De

fammen kinne ’t allegjerre net allike goed; freegje de feinten mar. It

koe mei dy wol better. Jaen ’er dy tige nei, en de frijers scille as in

swerm bijen om dy hinne gounzje. Op in noflik tútsje is folle de boask

sletten.

18.

Der komt op in joun onforwacht in frijer by dy, dy oantinget. Hy scil

dy oanlekke wirde. Dou moaste al harkje hwet in oar seit, mar ongelyk

hwa. In faem, dy yn ’t eftermiddeiskoft oprint, en bang for de fodkoer

is, scil him dy oanlekje, al is ’t noch sa nei ’t sin, en in frijer sa

kant as in knikkert.

Der binne ek, dy dy nei de mûle prate en de frijer dy oanpriisgje, al

is ’t de greatste dogeneat ef in knoflich stimper. Ik bin bang detste

dêr it ear to folle nei hingje litte scilste, en den rekkeste yn ’e

maling en fen ’t paed. Falt it onfoech út, den glûpje sokke wei; mar

den komme de lekskoaijers mei hjar feninige tongen en sizze: “Sa lizze

de wize hinnen de aeijen bûten it nêst!” Moat ’er rie wêze, nim den

foaral dy fen de âlde ljue en goedmienende frjeonen.

En noasket dy rie dy net, en is de hân strûf yn it oantaesten, hâld mar

fêst; it binne de feilichste paedwizers.

Doch sa, en dyn gelok scil binyd wirde fen folle, dy der ynroun binne

as de bolle yn ’e reak, lyk as Tet mei de kreamer.

19.

Hieste hokker sneintojouns dyn slytsje der better by skoud, dou hieste

better diel krige.

Wêz’ noait stymsk, al rint it mis; en aste acht-en-twintich jier âld

biste, den giet it op in healsliten oan. Foarby komste net, mar it kin

fiif-en-tritich jier mei dy wirde. As it dy to lang oanhâldt, en dou

wolste sels freegje, doch it den yn in skrikkeljier, de earste folle

moanne nei Sint Japik, mei in klear loft.

20.

Op dy binne folle eagen smiten. Dou sjuchst der gnap út en twang yn ’e

klean; nou, ’t each wol sines ek hawwe; yn ’e merk moat it ek oars as

kom-al-dei.

Ien ding moat ik dy lústerje, en triuw dat efter it jak.

Der binne folle dy wol woene, det se noait merke ef baenriden hiene

tsjin ’t sin fen ’e âlde ljue; tink dêrom, den scil ’t wol gean mei dy.

Dou witste net heal ho goe as se it mei dy miene.

21.

It lit him mei dy net slim sjen. Dou tinkste folle om it houlik.

Hokkerdeis seiste yn dy sels: “ho scil ’t oer fjouwer jier mei my

wêze?”

Ik scil ’t dy sizze: Troud en mem oer twa bern. Dyn man scil greate

reizen dwaen. Jimme scille net lang wenje yn ’t selde hûs. Ien tichte

by jimme scil in hiel great trek út ’e lotterij krije. Jimme krije der

ek sin oan, en scille altomets in hânfol jild nei Ljouwert bringe oan

de lotterijljue, oer hwaens drompel folle de tarring krije. Oer twa

jier scil dy man folle earmer as to foaren en fen ’t wirk ôfwend wêze;

dit scil jimme ôfbalje ta jimme gelok. Twa jonges yn ’e earste

treddeljier; den in stilsit, neijerhân noch trije dochters.—It troupak

fen de Brêgeman koe wol better sitte: de broek scil to leech hingje, en

de skoen gapje en kreakje; se scille fen dy sprekke, det it der sa

twang by stiet. Jimme trouwe mei noch twa pear; mar ien pear, de man

fen 24, en ’t wiif, in widdou fen 42 jier, moatte in wike wachtsje,

omdet it boek fol is. It minske scil bjuster oerstjûr wêze en krite, en

sizze: Wier ik noch faem, den wier ’t neat; mar for in widdou is ’t in

hird gelach.

22.

Aste noch net bitinge biste, Fanke! wird net bang; licht komt der op de

lette joun noch in forflein fûgel. As dat bykomt, gean den foaral mei;

tink: merkjen is nin boaskjen; de frijers binne krap, en hwa wit hwet

der út foart komt.

Durkom en Kykmoei boasken al foar toalven op it tsjernpaed.

23.

Yn de merk biste de gelokkichste net. Sa faek as ’t der oan ta komt,

falt it dy ôf. Wêz’ dêrom net stymsk. Mei blier sjen en golle wirden

komt men fjirder, as mei smeulske praetsjes.

Trouwen is dyn foarlân; der wirdt mear om dy tocht aste mienste. Dy it

wêze scil, hat omflein as in flinter op de blommen; hy scil it nearne

fine kinne, mar by dy is hy fêst sitten bleaun. It scil in knap feint

wêze, mei in stûrke yn ’e bûse, en forstân om ’erby to fortsjinjen; mar

winterdei kin him de noasdrip wol ris hingje; dêrom foaral in bûsdoek

mei, as jimme oer iis útgeane.

Yn de earste twa jier folle bilommere loften en beide hwet knypsk wêze.

Mar as jimme it rjuchte paed ûnder ’e foetten hawwe, scille se fen

jimme sizze: “dy jonge ljue glêdzje op; it bettert dêr fen dei ta dei.”

Der scil earst ien by dy komme, dy oars net leard hat, as in great hear

to wêzen, sûnder it jild der for fortsjinje to kinnen. Jimme mem scil

’t goe talykje, mar jimme heit scil sizze: “dou hearste yn

Loailekkerlân thús, feint!”

24.

In ryk mans soan hat eagen op dy smiten; mar hy hat acht ûren oanien

sitten to rekkenjen mei syn heit, ho folle jild hy mei dy biboaskje

koe, en dat skynt hjar to bilytsjen.

Dou scilste den in better part krije, as mei ien, dy for in stûr wol

dea wêze wol, en fen gjirgens net groeije kin.

Hy scil der stil mei oankomme, mar ’t is ien dy der wêze kin en doar:

en as jimme togjerre geane, scil de hoed for jimme ôfnomd wirde.

25.

Oan de noas to sjen, scilste einlik noch ris oan ’e knokkels ta yn ’t

jild omskreppe, aste kloek en sunich biste, en de bûse ticht hâldste,

as oars nimmen dy twingt om him op to dwaen as de keapdivel.

Dyn man scil twa tomme lytser wêze as dou, mar wol sa goed as mannich,

dy in foet greater binne. Dou moast him tige oanhelje, dêr hawwe lytse

ljue skeel oan.

26.

Ho sjuchste sa? Mienste det ik tsjoene kin? Né, Fanke! Ik wit net folle

fen dy to sizzen, mar ien ding sjuch ik, detste ljeaver to bier wolste,

as om tsjien ûre to bêd. It scil krap omkomme tojoun, en hwet it

nuverste is, de alderbêste en de alderminste bliuwe oer; mei dy scil ’t

knipe.

Smyt dy lykwol sels net to grabbele! It kin nuver, sei wylde Tryn, yn

fjouwer jier net in frijer en nou trije tagelyk.

27.

It scil mei dy yn twa jier folle foroarje. Trije skroarren in hiel wike

for dy yn ’t wirk, en pjukke sa folle as se ôf kinne, om it

útsetterspak nei de lange tsjinst klear to meitsjen. It scil hastich ta

gean.

De frjeonen scille yn ’t skik wêze mei de boask, en dou aldermeast. Dy

for dy bisteld is, is net swier fen gewicht, en bysfeinten scille

sizze: “hy moat yn lije mâlke-en-bak to weak, om hwet út to tinen; mar

hy is birekkene for it mêd dat hy oannimt.”

In eameleftich bûrwiif, dy alles swiet opiten en dronken hat, scil

graech mei dy rabje en dyn man for gjirrich útkrite wolle, omdet hy

oars net folle keapet as it nedige; mar dou biste wizer, en dou scilste

hjar ôfringje; en dyn man ho langer ho ljeaver hawwe.

Yn ’t earste fearnsjier scilste tige bliid wêze, as hy thús komt mei

blau Dimterkoeke en healripe parren.

28.

Dou sjuchste der út as in maeiblom, en sa kant! dou kinste wol op in

stûr yn ’t roun draeije. De frijers scille dy net lang for spek en brea

rinne litte. De earste, dy oantingje scil om tinken, is ien fen in oar

lape as dou. Den krigeste in lyts wird fen jimme mem. Sij seit: “man en

wiif moatte elkoar tige ljeaf hawwe, en it mei elkoar hâlde. It lekken

moat kleure. As it nij is, en de wol der noch op sit, liket it noch sa

hwet by elkoar; mar as it bidragen is, rint it sims fier útinoar. It

iene is fyn, it oare grou; it iene yn de wol ferve, it oare yn alle

nuvere kleuren forsjitte.

De twade scil sa oanhâlde, det hy it net slûpe lit, ef dou moaste _ja_

sizze. Den scil it tige kâld wêze, en aste it jimme mem seiste, den

scilste de eagen foardel hâlde, en in rea kleur hawwe.

29.

Der scil dy aste útfenhûs biste, ien op de griene side draeije, en der

mei troch in great tún gean. Syn praet en menearen scil dy bjuster

oanstean. Hy is net great, mar dûbeld.

Jimme mem scil sizze: “Hwet poarreman hat ús Fanke dêr yn de earm?” Mar

jimme heit seit: “Lit de lytse mar rinne: sy stean wol sa fêst as de

greate.” It boask is mei in rep klear, mar it trouwen dûrret twa jier;

beide scil ’t bjuster fortriette; it wachtet nei in great pompier út

Den Haag.

30.

Mei dy komt folle to dwaen: twa frijers scille rûzje krije om dy. Ien,

mei in moai sabel op ’e side, en plom op ’e hoed, scil ek eagen op dy

smite; der wirdt tsjin ynlein fen jimme heit. Neijerhân komt in neef

fen in Boargemaster, dy in kleur hat as in healgear bôle, mar dy kriget

blau.

Dêr komt in proponint, dy al trije pakken klean oanein reisge hat op

vakante pleatsen om in birop.

Nou bigjint jimme mem mei to frijen, en it komt goed, mei ’t Jawird

komt der tagelyk in birop fen 775 goune; en dêrmei Pastoorske, en mei

trije fearnsjier in jonge, eft er út ’e dyk dold is.

31.

Ik kin wol oan dyn kâldgnyskjen sjen, detste my to fiter hawwe wolste,

en litte my om de nocht riede; mis is ’t! Dou haste langer bisteld west

as de ljue miene.

Dou wierste sa bang om as in âld erfmoeike to stjerren, detste mar oan

’t baitsje litsen haste, sa fûl aste koeste.

Nou, gelok ’er mei! Haw de man tige ljeaf, en knyp de eagen ticht for

syn lek en brek.

Ef kinst’ se him bitsjutte en sa frjeonlik ûnder it each bringe, det hy

se ôfleit, den is der net in prinsesse, dy sa’n moaijen kroan op ’e

holle sette kin as dou.

32.

Mei twa jier biste in hiel oar minske as nou, lyk aste foar my komste.

Den gieste op ’e side fen in man, dy fen alle kanten klear is.—Troch

mannich tsjinrekjes yn de earste jierren moatte de hânnen út de mouwen;

mar as jimme dy boppe arbeide hawwe, kin ’t rom sile, as der op ’t roer

past en op alles tasjoen wirdt.

Der scil faek kream-visite by jimme hâlden wirde: for de earste kear

scille der njuggen mislike frouljue mids ûnder iten út ’e keamer tôge

wirde, omdet se yn in ticht bidompt keamer sitte, en smoare fen de

waermte: der is nin hofman ef yettikriedensein oan.—De skoalmaster scil

dêrom in redefoering yn it Nut dwaen oer: _De nadeelen der

voorouderlijke gebruiken in het houden van kraamvisites_.

Rimen en Teltsjes · 第 274 / 279 题