MAEIKE JAKKELES EN HJAR WIERSIZZERIJ OAN DE FAMMEN.

Maeike Jakkeles (dit witte jimme) is to Gauw op ’e wrâld komd, en to

Hallum great makke. Der stiet fen hjar skreaun: “It is in minske, kant

fen liif en lea. Sy stiet midden yn ’e skoen en giet mei de teannen

foarút. De mûle sit hjar op it rjuchte steed. Hja hat in rjucht noas,

mids yn ’e troanje, en net in tipnoaske, mar in gevel dy it gebou moai

stiet, sa it heart. In pear rjochter hânnen hat se oan ’t liif, as ’t

oan ’t wirk en skroarjen takomt; en sy sjocht der út, as in Ontfangers-

ef Bysitterswiif op it bêst fen hjar libben.

Hja kin Bibel-lêze, krantsje en Almanakje, briefskriuwe en alle Salmen

glêd sjonge. As se to brilloft is, den hellet se op fen “Japik yn ’e

parrebeam en Nynke wol net heine”, sa goed as de bêste út de heap, mei

gjalpen, det de pannen op ’e richel rinkelje. Hjar forstân is klear en

ryp wirden op ’e kâlde groun, lyk as de maeigêrzen.

Yn hjar sizzen foel se wol ris oerbidige skerp, as hjar de mûtse

oerdwers stie, om ondogensheit fen minsken. “Ik haw net tsjin de

minsken (sei se), mar tsjin hjar ondogense streken”. As der ljue út

Israël by hjar oan de doar kamen—en dy kamen der do tiids ek al

rommernôch yn Hallum—dêr woe se nin dwaen mei hawwe. Hja sei: “Ephraïm

en hjar skoerre en tôgje mei ienfâldige ljue om, sa lang as se der hwet

fen ploaitsje kinne, lyk as de roeken mei de ongânzen.”

In kliemsk, tipsidich bûrwiif, dy net suver oan ’e lever en yn hjar

jonkheit rom genôch hantearre wier, sei tsjin Maeike: “Fij, hwet binne

jy yette luftich en idel nei jou jierren!”—“Hwet mienste”, (sei se

dêrop) “det ik sels de reamme allegjerre nomd hab, en ús ljeaven Hear

oars net as flut jaen wol, lyk as dou?”

By ljue dy altyd oer it goede prate woenen, en it yn hjar dwaen sa

krekt net hifken, oan de greate inster, as de bûse der mar baet by hie,

roun se folle mei de stikel om. Sa praette en eamele hjar skoenmakker

ek jimmerwei. Dizze man wier út Loeksterhoek komd as in minger fen ’t

earmbistjûr, en yn seis jier, nei det syn âlde baes it kistelid oer ’e

noas stritsen wier, en de erfgenamen yn de holle kast omsjoen hiene as

in kou yn ’e Ljouwter poarte, in great man wirden to Hallum. Nou it

skammel mantsje de skiepkes op ’e droechte hie, liet hy de holle yn ’e

tsjerke op ’e side hingje, en krûpte mei syn wyt prûkje op en brún

sarjes rokje oan, deun ûnder de listen fen ’e preekstoel.

Maeike sei tsjin Domenij: “It scil jo mei baes gean, as de timmerman

mei ’t âlde Hallumer skip: der sit fjûrrich hout yn.”

Tsjin in oaren, dêr se folle by yn ’e winkel kaem, en dy hjar in fearn

thé for in heal poun yn ’e koer treaun hie, en folle oer syn binnenste

praette, sei Maeike: “Ik wit net, feint, mar astou iepene wirdste,

scilste net swiet rûke.”

Do se in ryk menist op in leugen fette, dy wol hûndert op ien dei dwaen

woe, as hy der mar mei fortsjinje koe, sei se: “Jy kinne ek wol in pear

merkeskoen oan ein, ear jy wer op it âlde paed binne.” Koartom, elts dy

oar gûd forkeapje woe, as er yn ’e marse droech, krige in skramke. Hjar

man sei den wol ris: “Men scoe sizze, hwet haste der altyd mei fen

dwaen?” Mar Maeike sei: “Tsjin de kweade moat fochten wirde, oars wirdt

er al to great baes.”

Oer de Godstsjinst tocht se mear as se sei, mar sy woe der noait oer

haspelje en tsiere mei ljue, dy oars tochten as sy.

“De greate Lantearne”, sei se, “is for ús allegjerre opstitsen, en

ljochtet oan alle iggen. Der binne folle knoflige hânnen west, dy de

glêzen gruzich en grounich makke hawwe; lykwol barnt it troch alles

hinne. Elts moat dêr stean, dêr hy it measte ljocht fen de lampe

kriget, en dêr moat nimmen yen ta yn ’e wei stean.” Folk, dat net nei

de tsjerke omseach, woe se net yn hjar tsjinst hawwe. “Dat is fisk noch

flesk!” sei se.

Tsjin hjar bern koe se it ek nuver sizze. Do se hjar âldste dochter in

gouden holgûd kofte, bitinge se, det se noait oars as silver yn ’e

tsjerkepong jaen mochte: “oars stiet sa’n giel ding lilk. De Tsjerke en

de Wrâld elts syn part”, sei se.

Yn hjar húshâlding wier se rjucht en sljucht. Hja woe noait keapje fen

ljue, dêr se tingje moast, ef dy hjar waer bjuster priisgen; sy koft ek

mar selden, mar as ’t wêze moast, den goed en fen de bêste ein. As ’t

bûten de tsjerke ef ongelokkige minsken omgong, hie se wol nocht oan

bizerije. Hja koe ’t bjuster bryk útstelle.

Ienris do in jeneveroalje-keapman, in keardel as in twinter okse, by

hjar oanskeat, en alle kwalen oplies, wol in heal ûre lang, sei Maeike:

“Altyd net ret, Ome!” Mar op it lêst sei se: “Wol ik jo ris sizze, hwer

de measte ljue de kwael sit? Dêr sit it!” en do sloech se op ’e

bûse.—“My ek, sei de man, en gong syn wei.

Hjar siktaris soan, dy in jier to Frentsjer oan de Akademie west en yn

dat bytsje tiid sa flokken leard hie, det hy net ien Prefester foarút

joech, en syn tiid mei smoken, bolwirksljuchtsjen en kaertspyljen oan

ein brocht hie, en, nei syn sizzen for divel ef spoeken wykte, hat ris

in lyts húsmiddeltsje fen Maeike-moei hawn.—Op in joun teach de studint

dêr ris hinne to jounpraten; en do hy nei Maeike sin genôch flokt en

swetst hie, waerd der in skiepperib nomd en dêr in wyt lekken yn

spraeit; do hjar swarte wetterhoun dêr op ’e rêch yn fêst fisele, de

bek opspjalke mei it heft fen in great mês det it bist net oars dwaen

koe as âlje en mâlle geluten jaen, do dat spil oerein, en sa lieten se

kardoes trije kear fen boppen it finster lâns giere, tsjin de studint

oer.

Do de flokker dat ôfgryslik ding troch de glêzen hinne seach, fleach hy

as in pyl oerein, en hals oer kop oer stoellen en tafels hinne, en oan

de skouders ta foaroer yn in fol kret, dat al yn tiids for him klear

stie, en sa reisge hy, sa hird as er oait dien hie, nei de Siktarij. De

klerk rekke fen ’e drang ûnder ’e foetten, en krige in print fen ’t

kret ta. It hiele hûs yn rep en roer; de wite mûrren kouwestront;

Juffrou fen hjar sels; Siktaris fen ’t stik. Dy frege forheard: “Mijn

zoon! wat is dit?”—“Och, Heere! Pa, ik hef de Duvel zien!”

Op in winter, det hjar man en Domenij de tried ris fen de redens ôfride

scoene op oardeletmiels iis, rekken se beide oan ’e skouders ta yn ’e

opsleat, dêr se as kikkerts wer útkrûpten; gûle en oefje, det de ljue

mear om hjar laken as meilijen mei hjar hiene.—Do se de bûtdoar yn

stoepen, mei de flotgêrzen op de rokjes, koe Maeike yn hjar sels it

laeitsjen net litte. Sy sei: “It is noch bêst bislein mei jimme: hwent

as it wetter hjit west hie, koene jimme jimme drovich barnd hawwe.”

Yn hjar dwaen en litten wier se sa from as goud: hja hiene in feint út

Kollumersweach, dy in jier by in tysker wenne hie. Dizze scoe mei in

kou, dy it njuggende kealtsje al forsomme hie, nei de merk, mar sette,

lyk as hy wend wier, it âld bist earst in nij earizer op. Dit hie hy út

’e pin leard. Mis wier it nei Maeike sin. De feint krige in fet baerch;

sy joech him seis wike, en gereis. “Jild, dat mei sokke kinsten woun

wirdt (sei se) hat men fen de divel op skea, en dêr wol ik net by yn ’t

kryt wêze: hwent it is in nuver jildsjitter, dy’t by nacht en ontiden

mei saundûbele yntressen opeasket, as ’t him mar yn syn mâlle kop

oankomt.

Hjar man wier in biheind minske; hy hie twa kromme tommen en gjin

naule, en mar ien tean, bjuster gysten mei in bytsje forstân, en wier

fûlfrettende gjirrich. Hy koe, as hy mei Maeike út to gast wier, yn in

stik boffert bite, sa great, det him it wyt fen ’e eagen foardraeide,

en sy hjar de lea searhâldde.—Moast der slachte wirde, den sels oan ’t

wirk, om it slachtlean to fortsjinjen. Sa krige hy in snau fen in âld

baerch, omdet hy net redsum wier, dêr hy trije fearnsjier mei om

mastere, en him wol in heal baerch kaem to kostjen.

Op in tiid, det hy in stik oan it ûleboerd spikerje woe, yn pleats fen

de timmerman, rôlle hy as in einepyk fen boppen: twa ribben stikken en

’t skouder út it lid, dêr de Boal twa fjirders bûter oan fortsjinne.

Smelle ûngelokken, fen barnen, snijen en biknipen, stiene net stil, dy

Maeike altyd biplasterje moaste. Yn dat wirk brocht se it mei de tiid

sa fier, det men alle amerijen om ried kaem, ek for tjirmige berntsjes.

Altyd baet by Maeike! Hja wier der handich yn!—As hjar man nachts mar

in sike kreunde oer pine yn ’e mûle, den siet hy al ear’t hy it wiste,

mei in holle as in einekoer, yn kamfer en kamelleblommen en sliepte as

in roas. Hja hie ek mei wêst: hwent de knoffelbân lei se sa goed as de

bêste út de hiele Gritenije.

For de measte kwalen joech se in rie en die.

Sa joech se for:

Splitterige hânnen: kouwegalle.

Hounemiezels: in tried Keulse side.

Fjûr-brân: skrabe rie ierdappels.

Wetter-brân: sjerpplasters.

Swollen fingers: Basilikum salve, en fine koeke om út to lûken.

Seare spjinnen: klimmerblêdden, flessehalzen, en waechs- ef krytdoppen.

Ringfjûr: mei erfsulver strike.

Kjeldhakken: brette rapen.

Bifêrzen earmen: rottige apels.

Rude ef frjemde jokte: kwik en griene sjippe, ef in potsje út it

stêdsweeshûs.

Hûchhingjen: oan in hier lûke.

Skoerrende roas yn ’e mûle: brea, moster en yettik op it wang, op it

lêst in sjip-plaster, en mei in healfearntsje jenever en tritich

drippen Haerlemmeroalje yn ’t liif, ûnder de tekken, en sa foarthinne.

Dy hûsmiddels liken noch hwet, mar dy salve noaske Japik net ûnfoech,

om syn pong en eare beide. Hy makke in pear ienfâldige ljue wys, dy in

kwinerich berntsje hiene, det Maeike Jakkeles in tsjoenster wier. Dit

woe men witte, en dêrom waerd it sike berntsje trije erfde bloedkralen

yn in tried reade stikside om de hals dien, en dy kralen as in

klaverblêd reaun, en dêr trije knopen yn Godsnamme op dien. En jawol,

mei 24 ûren wier der al in krael bûten de knopen, nei ’t sizzen fen ’t

wiif, dy se der om dien hie, en dy Maeike net lufte.—Dit woe bûrwiif

Reinou ek yn ’t ear, dy de lytse bern net foart krije koe, omdet se

meast op ’e fljocht wier, en de lytse sloofkes by in oar omtôgje liet.

Dizze sei, det it iten, det se yn ’e lêste kream fen Maeike krige hie,

mei twa dagen yn spjelden en nidlen foroare wier, en det se sels witte

moasten hwet se yn de widzekjessens dien hie. Mei ús tsjerne hat se ek

al dwaende west, mar se scil nou wol foar ’e daem opstrûpe. “Det hjar

de wjirheit ridt, dy selde Maey!”

Al hwet lilk wier, waerd by eltsoar socht; sy hie pankoeken jown, dy yn

njirren,—in moai bûsapel, dy yn in pod foroare wier. Nou siet it der op

as âld fet. Maeike-moei, goêsloof, in tsjoenster! It wird gyng húsriem.

Der wier hâlden ef kearen oan. Dit smakke Maeike min, mar hja hie to

folle forstân, om lilk op domme minsken to wêzen, as se der net

ondogens by wierne. “Der is romte yn ’e wrâld”, sei se, “om eltsoar mis

to reisgjen.” Sy pielde it âlde paed lâns, en liet de ljue mar prate,

lyk as it leksum seit fen Domenij.

Ienris, do it nei Stiensermerk roun, teach se dêr hinne, nei hjar

dochter en sweager útfenhûs. Dêr wierne twa opskettene dochters oer ’e

flier, dy bjuster snjit mei de merke hiene. Op in snein-to-joun, det de

fammen sahwet om hoalle-foallen, kamen der in mannich by hjar yn ’e

hûs. De sweager, dy in bysfeint wier, en folle nocht oan pleagjen hie,

sei: “Fammen! Oarre moat jimme ’ris wiersizze, hwet frijers jimme

krije. O, sy kin ’t sa út de kopkes oplêze, sy wit mear as rjucht

hinne.” Dêr hiene de fammen sin oan, en ’t wier allegjerre: “Ja, heden

ja! toe Maeik-moi, ei toe!”—“Brui hinne, sei se, “hwet skeelt jimme,

bern?” Mar de sweager sei: “It is merke, en mar koartswyl; dêr moat in

set fen wêze; jy kinne hjar wol in leksum jaen; jy witte ho ’t jy

moatte.” Maeikmoi fette de miening en sei: “Nou fammen! den moat ik ris

sjen, hwet ik kin.” Oarre oan ’t wird; it gong eft it fen de

tsjerkelaeijen ôfrôlle. (De frouljue kinne it wird dochs goed dwaen, as

se op hjar stoeltsje sitte). De fammen harken eft hjar lij wetter yn ’t

ear getten waerd. Do Maeikmoi hjar nocht hie, sei se: “Nou kin ’t ek sa

wol. Jimme hawwe my hjir to fiter. To Hallum bin ik in tsjoenster, en

hjir moat ik wiersizze!”—“It heart by eltsoar”, sei de sweager.

De fammen dripten ôf. Inkelden, dêr Maeik-moi de spiker mei op ’e kop

slein hie, seinen tsjin eltsoar: “Hea, sa ’n nuver wiif! Sy wit ’er

dochs neat fen.”

Binne der nou ek ûnder jimme, dy it net noasket, det Maeike dy fammen

soms in lyts hompke joech, tink it wier in âld rydlich sloof, hja

miende it oars trochgoed mei hjar. Tûzenris hat se wol sein: “Ho folle

hawwe hjar gelok út to grabbele smiten, dat for nin goud ef triennen

wer to krijen is. De wirden fen Master Gysbert laeine hjar foaroan yn

’e mûle:

Orck, myn soan, wot dû bidije,

Rin net oan allyk in moll’:

Jeld en rie lit mei dy frije,

Bern, sa gean’ dyn saken wol.

Rimen en Teltsjes · 第 273 / 279 题