IT PAED NEI DE JILDDOBBE.

It is in lyts toarntsje forlyn, det ik ris yn in koer mei pompieren

omskoerde. By it trochnoazjen fen dy skriften foun ik der ien ûnder,

dat yette al hwet mear like as kom-alledei. Ik lies it ien en oar ris

oer en tocht: Soa! dat is ek lang net fen in gek skreaun, al is de

skriuwer den ek mar in boereminske.

Ik bitocht my in bytsje en do skeat it my yn, det it wol net

ontsjinstich wêze koe, om it ek ris oan oare minsken to lêzen to jaen,

wol to forstean, as hja ’t lêze wolle. Ik scil it den mar drukke litte,

tocht ik, en dy it den net lêze en ynsjen wolle, kinne it stean litte.

En oaren, dy ’t ris ynkypje wolle, kinne der út meinimme hwet hjar

oanstiet, it oare kinne se bliuwe litte. Ik scil it mei twa, trije

wirden sizze hwet for ding dit grienmank fen goed en tsjoed is.

It is den in brief fen in faer oan syn soan, dy troch syn heit en mem

to goed, to wiis en to great achte waerd, om him yn it platte lân yn ’t

ien ef ’t oare bidriuw op to bringen. Soan wier de oare skoallebern, ja

him sels, yn ’t learen fier foarby roan. Hy lies as in abbekaet en

spriek de wirden nei de nije wize, sûnder missen út. Hy skreau op ’t

lêst,—dit hied er op ’e lâns-sikterije leard,—sa kribelkrabbelich, det

nimmen it lêze koe. Hy koe ek wol birekkenje, det der fiif cinten yn in

stûr gongen, det twa ien mear is as ién en det men in stûr ha moat om

ien útjaen to kinnen. De âlders hiene master tige holpen, om soan foar

’t forstân geleard to meitsjen. Dit wier sa wol mei him lokt, as mei sa

folle ierripe berntsjes fen ús tiid, dy’t bynei tinke en redenearje

foar det se fen heit en mem sizze kinne. Troch tofolle ljocht snieblyn

makke, reitsje hja den oan ’t omdwelmjen en komme út it lân yn ’e stêd

to lânne.

Sa wier den ek heite en memme ljeaf snieblyn soantsje yn ’e stêd earne

as skriuwer oanrekke. Hy waerd jongehear hjitten en hie syn wapen, de

pinne, efter ’t ear sitten. Moai út de kluten sketten, tige wiis en

great yn syn eigen eagen, seach disse ynkommeling yn ’e stêd altyd

omhegens. Allinkom stoep er fen de ûnderste trep op ’e twade en sa op

’e tredde, as skriuwer, en waerd sa al mansker by him sels.

Dit noaske heit bjustere skoan. Alders tsjugge ’t sa graech, det it mei

hjar bern yn ’e hichte giet. Heit woe him yette heger ha, en op in dûr

op ’e heechste trep, dêr de jonge komme koe, to stean hâlde. Dêrom

skreau hy dy brief. Dêryn redt er syn soan oan hokker paed er hâlde

moat om to kommen dêr ’t heit him habbe wol, en dêr ’t de soan ek wêze

woe.

Ho ljeaf habbe sokke âlders hjar bern! Ho bodzje hja en hwet bitinke se

net al om de bern gelokkich to meitsjen. Ho sûr litte se ’t hjar wirde

om de bern ryk en great to krijen. Hjiryn bistiet dôch it wiere lok fen

in minske. Ja, it is wol wier, det twa âlders makliker saun bern

ûnderhâlde en troch ’e tiid bringe kinne, as saun bern twa âlders.

Mar dy âlders habbe ek in tige bult plezier oan de bern, bynammen oan

sokke bern, dy’t sa fiks út de hânnen wolle. En de bern, hofolle moatte

dy den ek op hjar bar for sokke âlders oer habbe! Ho moatte dy, op rie

fen hjar âlders, net grabbelje om jild en oansjen! Hwet bihearre se, om

âlders sin en plezier, net al to dwaen om greate hearen to wirden!

Ik winskje det beide út dit blêdtsje pompier der mear ynsjen yn krije

meije, hwet hja for eltsoar wêze en dwaen moatte. Ik hoopje det dit

pompier yn dizze dagen, hweryn it sa krap mei de boerkerij en oare

bidriuwen omkomt, in bytsje wolkommer wêze mei as in slynske kat yn ’e

molkenkeamer. Ljue dy yette siikje nei hwet oaren al foun habbe: in

swier ynkommen en goede trakteminten—meije oan dit skriuwen in eksimpel

nimme. It briefke fen heit wol oars neat sizze as:

By jild, by oansjen, hege steat,

Is alles, sels de deugd mar neat.

Leau it mar, minsken! Lêz’ dêrfor de brief. Dêr habbe jimme hjar.

Meitsje der út hwet der út makke wirde kin.

Ljeave Soan!

Ik hab dyn brief wol krige en myn hert hipperde-wipte my yn ’t liif om,

det ik ris skrift fen myn ljeave soan ûnder de eagen habbe mochte. Saun

kear moast ik út blydskip de brief oerlêze, foar det ik der út lies,

detste soun wierste. Ik lêz net folle sok moai brieveskrift as dines.

It stie nuvere moai, howol de letters tige op putheakken liken. It moat

moai wêze, hwent dou haste by knappe skriuwmasters leard. Det ik der

hast net út komme koe, laei by my, om’t ik sa oandien wier.

Ik makke der den langomlet, mei in bulte oandwaenlikens út op, det it

dy goed giet en detste it goed haste, en hjirút lied ik ôf, detste ’t

ek goed makkeste. Dou witst’ it net heal ho bliid ik dêrom bin.

Ho nochlik is it my, detste yn lean forhege biste. Dou stietste den

goed yn ’t blêd by dyn master en hâldste en draechste dy ek fêst bêst;

oars giet it dôch sa net. Sa moat it gean, jonge! Al njunkelytsen

opkliuwe yn fortsjinsten en den sparje om in moai stûrke oer to garjen

tsjin de kweade en âlde dei.

Aste sa faesje hâldste, den kin heit gerêst om dy de holle dellizze,

hwent den scilste gjin brea brek ha. As ik weireisgje en den sjuch

detstou fen dat roune gûd genôch haste en yn in goede kostwinning ef

ljeaver jildwinning sitste, hofolle lichter is den it stjerren for my!

Dou hast nou de rjuchte wei foar dy lizzen, soan! forjit dit net!

Ik scoe der greatsk op wirde, as dat gjin kwea wier, mar ik draech it

hert der al helte heger om, det ik sa’n jonge hab, dy’t yn ’e stêd is

en mei alle jongehearen fen fetsoen omgong hat. It kitelt my danich

detst my skriuwste, det jimme jamk mei eltsoar yn sokke huzen geane,

kofjehuzen en soasjeteiten,—sa neamstou se ommers, net wier? en dêr den

oer sokke hege dingen lyk as ’t lânsregear en de staets-pompieren, sa

wiis prate det ik der mei myn bot forstân hein noch nei by kin. Soks

stiet for sokke jonge hearen sa moai!

My tinkt it kin ek yet al troch de bûgel, det jim jimme dêr den ris

fordivedearje mei in bytsje to spyljen en in slokje to drinken. De bôge

kin dôch altyd net spand stean, en dyn holle, dêr’t safolle yn omgiet,

moat soms ek ris útspield en bunske wirde. Do’t ik jong wier, gyng ik

sels ek wol nei ’t weardshûs om in healfeantsje en in dripke plezier,

howol dat alles mar op syn boersk gyng.

Ik lêz út dyn brief, detste wol fyftich goune bûsjild habbe woeste. Ik

bigryp wol, detste net sûnder jild kinste en scil it dy dêrom stjûre.

Mar nou moaste dôch foaral en biljeaven net rij wêze en der oan de

hoasbânnen ta troch gean. Troch net djipper to tarren en to smarren as

de bûse lije wol, wirdt der in stûrke oersparre, en it jild is yn dizze

tiid net rom. Mar dou kinste dôch ek dyn fetsoen as jonge hear allykwol

om in stûrke jild net weismite. Fetsoen docht ek jild. It is fierwei it

bêste twisken de wâllen yn to bliuwen, den rekket men noch oan de iene

noch oan de oare kant yn ’e sleat.

O hwet in hearen-eintsje-libben haste dêr nou yn ’e stêd. It is in

himel op ierde, omgong to habben mei sokke jonge feinten fen oansjen,

dy sa moai klaeid binne en safolle better prate kinne as in boer. “In

boer en in beest habbe ién foarletter,” sei in potsjemakker ienkear

tsjin my. Nou, dou biste nou ta in minske, ja, ta in hear makke, en

scilste, as ’t hwet slachbûgje wol, it yette wol fierder bringe.

Ik hab it altyd al sein, heiteman! detstou fiers to goed wierste om mei

dyn tsjep en heech forstân, by sa’n oerstalligen geleardens, altyd op

’e groppemiellen yn ’e kouwekjitte om to rieren, oan ’e seine, sichte

ef leppe to stean, ef it ien ef ’t oar swier en gemien hantwirk to

learen. Dêr koe neat fen komme mei dy; dêr foel noch dyn noch myn sin

op. Ik woe in hear fen dy meitsje, en wol dat nou yette ienris sa

graech dêr ’t ik better en better ynsjuch, det ik gjin bûter oan ’e

galge smar mei dy. Hwet scoe men ek mei det ezeljen bidije kinne? In

bodder bliuwt altyd in bodder en moat, krekt as in ezel, altyd for

oaren in tige swier pak toaije. En dêr hat mem dy net for yn ’e widze

lein. Mei de pin, mei de pin is it to heljen, heite! Dat seach heit al

lang en dou learste ’t nou ek al.

Myn bûrljue bigjinne my wol mei in skean each oan to sjen, en myn goede

kinders wirde al kweaginders omdet ik sokken jonge hab, dy’t hjarres sa

fier boppe de holle en oer ’e fûst is; dy’t as hear yn ’e stêd is en

stedsk prate kin. Hja sizze wol ris: “Hearre syn soan wirdt sa greatsk,

det er hast net mear wit ho ’t er him posture en gean scil, en hy stapt

dêr yn syn moaije rôk om as in ingelske hoanne.”—Mar dat is kleare bare

misginstigens, en oan sokke ôfwaeide praetsjes moat men yen net steure;

dy scille wol wer oerbetterje.

Meits dou mar, ried ik dy, detste omheech komste, lyk aste ont nou ta

dien haste. Ho mear men yn ’e hichte giet, ho minder men ek yn ’t each

rint en ho minder oaren it dy misginne scille. As dit mei dy lokke mei

en ik it mei dy bilibje mei, den reitsje ús kweaginders der op ’t lêst

yette wol om oan ’t plokhierjen hwa ’t earst in frjeonlik wird fen dy

krijt en dyn greatste boetsje wirde scil. Dit is sa de menear fen dwaen

en tinken by de minsken; hja binne sa, en sa moast hjar ek brûke.

Nim dou sa de reamme fen ’e mâlke ôf en lit oaren de tinne flut fen

dreage mâlke hâlde. Sjuch dou de huning for dy to krijen en lit hjar,

dy safolle mânsk net binne as dou, it wirk mar dwaen. Den is ’t yn ’e

rjuchte, foaral aste hjar soms ris in ljeaf lyts bytsje mei priuwe

litste.

Dêr hearste ’t op yn to hâlden. Siikje sa mei nimmen en jaen der boppe

op to kommen. Dit is heite winsk. En heit scil dy hjirfor ek yette iene

en oare middels oan ’e hân jaen, dy ha ’k for in part sels útfoun en

for in part ha ’k se krige fen ús domeny, dy him yette al ridlik nei de

minsken jaen en him goed skikke en foegje kin.

Dou moaste den dyn bûsen wiid en waech iepen sette, det de reade en

wite flinters der sûnder kantroeren by de rûs yn fleane kinne. Flinters

fleane meast dêr ’t de sinne skynt en de swiete blommen rûke. Dou

makkest den ek, detste tige blinkste en swiet en fier rûkste, om se sa

oan to lokjen. Aste den de bûsen, dy ’t mei lym bismard wêze moatte en

kleevje, goed fol haste, den dochst se ticht en hâldst se sletten, om

de flinters net wer fleane to litten.

Sûnder jild is alles neat. Mei en for jild kin men alles krije. For

jild kin men folle keapje, soan! Sokke frjeonen kinne yen altyd tsjinst

dwaen, en oare frjeonen—helpers en kroaders—hiere. In minske sûnder

jild hat it wol helte swierder, as er op ’e kluten komme wol, as ien dy

dûbeltsjes op ’e bûse hat. Mei jild kin de iene goe minske de oare in

deugd dwaen. De iene hân wasket de oare en sa wirde hja beide skien.

Hâld dyn mûle to riede lyk as dyn pong. Wêz sunich op dyn wirden, aste

’t net al to goed witste hwet for flêsk aste yn ’e kûpe haste en ho de

ljue, dêrst by biste, it ljeafst hearre wolle en meije. It moat in goed

prater wêze, dy ’t in swijer forbetterje scil. Dou moastte mar meien

neiprate en sjonge, sa as men ’t dy den foardocht. Den rekkest yn ’e

ginst fen ’e ljue, den mei elk dy graech lije—aste ’t net to lûd en to

folle dochste. Nimmen wol graech tsjinspritsen, mar sa folle to ljeaver

meifoun en foartsterke wirde yn syn sin en miening. Sa binne wy ek al,

en hwêrom scoene oaren den sa net wêze? Sjuch dyn folk oan, dit hab ik

fen domeny leard. As dy op ’e stoel stiet to preekjen en de gong fen ’t

spil it meibringt, den sprekt er alle ketters lûd en lilk tsjin, en

wiist it oan, det hja allegearre op ’e dwaelwei binne en wy allinne ’t

rjuchte foar habbe. Hwent sa wol syn folk it dêr it graechst hearre en

de oaren komme net by him yn ’e tsjerke. Mar is dominy ris by in ketter

to gast, den hâldt de man him stil en praet swiet mei de ljue hinne.

Dit lear ik nou wer oan dy. Meitsje gebrûk fen dizze ried; hja helpt in

bulte. Dou meiste domeny en heit hjir wol yn leauwe, wy habbe ’t by

ûnderfining.

Foaral en biljeaven hearste op dyn iepenst to wêzen, as de ljue in

bytsje balstûrrich binne, as se de kâlde koarts earst yn ’t hert hawn

habbe en den de hjitte yn ’e holle krije; hwent den wolle se soms wol

hwet dwylje en bûtenslaen. Ja, as dat slim oankomt, den mei yen de

eangstme wol oanslaen, en den moat yen de grize oer de grouwe gean, sa

nau is ’t den to hippen. Den de mûle ticht op ’t slot, jonge! Ef oars,

neat oars as út de selde noat sjonge en mar tige mei bâlte!

Noait litste ’t yn dyn hersens opkomme om dyn hearen, masters en greate

ljue tsjin to praten. Sidesêfte wirden wolle hja út dyn mûle habbe. Jow

hjar dy; hja kostje dy ommers neat. Alles hwet sokke ljue moai fine,

fyn dou dat ek moai, en priisgje ’t yn hjar by- en ôfwêzen, det oaren

soks ek to witten komme. Hwet hja mâl en lilk neame, jow dou dêr ek

slimme nammen oan. Flaei hjar, mar sa, det hja ’t net hearre kinne, det

it flaeijen is. Nimmen wol wollens en wittens flaeid wirde en elk flokt

op ’e flaeijers. Aei hjar, mar sûnder hjar to knipen ef to folle to

kiteljen. Net to grou en net to fyn; hâld dat yn ’t each.

For hjar kweafrjeonen, ef dy net allyk mei hjar tinke, kinst’ dy wol in

bytsje mije, en wêz’ dêr biljeaven net great mei. Hearste ’t dat sokken

hwet sizze det dyn hearen net oanstiet en mûlket, forfyskje en draech

it hjar oan; dêr winste rju mei. Fandelje dat op; it binne gjin

wyn-aeijen, hear!

De wearhoanne op ’e toer kin dy fierder de wei wize. Dy stekt altyd de

kop yn ’e wyn, en as er mar rûkt det de wyn omfleane scil, den smyt hy

ek yn in amerij it gat om en stekt de kop sa al wer yn ’e wyn. Hâld dou

ek sa de noas en de holle dêr hwêr de wyn wei komt, detste sjen, fiele

en rûke kinste as de wyn draeit en sels as er draeije wol, en dat hwet

foarút; den bist’ altyd klear. Nin wearhoanne moat better draeije as

dou. “Oermacht docht wykjen”, seit it sprekwird, en sa kin de hoanne ek

de wyn net forstean. Stean dou de wyn den ek allike min tsjin. It is

swier wirk en dôch om ’e nocht.

Wêz’ linich yn ’e rêch, linich yn ’e mûle en redsum yn al dyn dwaen en

litten. Hwent minsken dy ’t sa stiif binne as dampeallen bliuwe op ’t

selde steed stean en wirde wol ris omjage. Mei dy moat it wêze: “Foarút

is de wei!”

Mar nou scilste sizze: “Moat ik den oars prate as ik tink?”—Biste gek,

heite! Dou moaste krekt sa tinke aste praetste. Mar dyn tinken heart

nearne oars om to wêzen, as om great to wirden. En dat woest ommers

wol, net? Wolnou, den scil dyn praten en tinken wol by dy sels yn

elkoar slute as in bos, aste ’t mar goed ûnder ’t forstân haste en

hâldste.

“Mar”, fregest’ my mogelik, “ho moat ik den mei myn konsjinsje, as dy

net ris om ’t lyk wol, en as ik dêr den mei yn omslach reitsje op dat

paed, dat soms wol hwet bôgje scil?”—Dit is bernepraet, jonge! Bitsjut

dou dyn konsjinsje, det men yens eigen bêst siikje moat, stek hjar den

yn ’e bûse en bidobje hjar ûnder ’t jild. Hja scil dêr wol stil wêze en

dou scilst der den net mear lêst fen habbe.

Sa hab ik dy nou it paed nei de loksberch foarskreaun. Dou biste der

op; pas op, detste ’t ûnder ’e foetten hâldste. Kinste soms ’ris op in

goede kroade to sitten komme en dy sa in ein om hegens kroadzje litte,

dêr moaste foaral om siikje.

Ik sjuch dy al oan it great ieslok swiet stean to plûzjen. Meitsje dôch

detste dêr gau oan komste, en skoer der den mar de greatste lokken út;

dat binne de bêste. Ik winskje neat mear as det ik dy hast yn sa’n

smoarrich ampt sjen scil, det it fet dy fen ’e fingerseinen ôfdript. It

is my allyk as dyn namme den yn _eur_ ef _aris_ útgiet, aste mar

ontfanger wirdste. Ja, ontfanger fen greate slompen jild scilste wirde,

hoopje ’k. Ik siikje sokken bistean for dy, en siikje dou der mei

om,—hwêryn oare ljue for dy jouwers wêze moatte en de stokmantsjes by

de rûs ta dyn doar yn komme.

Mar der binne nuvere minsken yn ’e wrâld. It moat dy dêrom ek net

rimpen oerkomme, as der ris immen komt dy, astou sa yn ’t bûterfet

fallen biste en it jild dy by skepfollen ta de doar yn smiten wirdt,

seit: “Sjuch, dêr giet ek al ien fen dy greate earmen hinne, dy ’t wy

ûnderhâlde. Dat is nou ek al ien fen dy ljue, dy ’t út de greate bûse

tarre, en dêr ’t wy it baitsje for lûke moatte.”

Der binne in bulte kwea minsken, jonge! De niid is great. Lit hjar mar

hinne prate. En howol men der gleon om yn ’e hakken wirde scoe, tink

dôch mar: hja witte net better, en stoene hja ris op myn steed,—stil

wieren se as in mûs. Dou kinst’ sokken wol heine en slaen en troaije.

Ien ding is der lykwol, dat my hwet slimmer taliket. As de ontfangers

sa yn tal en ynkommen oanwinne, det de jouwers gjin jouwers bliuwe

kinne. Ho den?—Komt dei, komt rie; dat is alles hwet ik dêr fen sizze

kin.

Dy ’t langst hjir bliuwt scil ’t al bisitte. En dêr is ’t mei dien. It

slimste dat der op sit: as der gjin mear jouwers binne, det jimme hjar

den jouwe.

Ik scil myn brief, dy sa lang wirden is as in foech prekaesje, hjir mei

eingje: det ik dy tawinskje, detste gau great wirdste, in rom baentsje,

in ryk wiif en in moai hûs krigeste.

Rimen en Teltsjes · 第 271 / 279 题