_Ork._ Ho litste de holle sa hingje, heite? Haste forkeard iten yn ’t
liif?
_Sint._ Ik wit net, mar it moed sit net heech.
_Ork._ It moed net heech? Hwet skeelt der oan?
_Sint._ Der binne forskate lju, dy jild fen my ha moatte; dat is my
bjuster yn ’e wei. Ik bin sa net great brocht.—Dat paeit al mei goede
wirden, mar dêr wirdt nin kwitânsje op jown.
_Ork._ Den haste de kramp yn ’e pong, bigryp ik. Jonge! dat falt my ôf
mei dy. Dou hiest oars in moai spiltsje, tocht my, en dou gongst der ek
stil mei lâns. Ho is dat komd?
_Sint._ Ja, Ork-om, der waerd ridlik goed fortsjinne; mar der moat
safolle wêze, as men sa hwet meidwaen wol. It giet oars as by ús
oarrememme tiden. As dy sûpenbrij ietene en der gjin sjerp genôch yn ’e
kanne wier, den sei oarre: “It kin joun sa wol.” Krigen ús grytmans en
siktaris bern moadrige rokjes oan en wy mienden det wy ek sa
moasten,—ja wol! den sei oarremem: “Jonges, wy komme der sa maklik net
oan as sokke ljue. De âlde klean moatte earst oan ein, en den scille wy
’t jild ris oertelle foar det wy de nije keapje.”—Sa giet it nou net by
ljue fen fetsoen. It wirdt der nou earst fen nomd en den de pong
neisjoen. Ja, as de lekkenkeaper komt om syn jild, wirde de naden
lostoarnd om de lêste stûr to finen.—Dêrby hab ik yet ek al tsjinrekjes
hawn yn ’e hânlinge.
_Ork._ Dou seiste dêr sa ien en oar, dêr is al oan. Mar dou moast der
sa swier net oer tille.
_Sint._ Ja, jy sizze wol. Mar de ljue falle my sa lêstich. De iene komt
mei swiete praetsjes, de oare mei flokwirden en drigeminten fen
rjuchtsjen en warren. Hjoeddei hab ik yet ien hawn, dy sei by de
foardoar: “Ik scil dy roepelje, divel!”
_Ork._ Dy hat dêrom yet net folle.
_Sint._ Dat is sa wol; mar as se it bargefel oantsjenne en oan bigjinne
to knipen, den moat ik der lykwol oan. Hja kinne my strûpe.
_Ork._ Net wier. Kom oan: ho sit dyn boel? Dou woest wol rie habbe,
net? Siz op, den!
_Sint._ Ja, dat kinn’ jy wol riede. As elts sines ha scil, kinne de
einen net oan elkoar komme.
_Ork._ Skeelt der folle oan?
_Sint._ Folle en folle is twa. In túzen goune ef tsjien scil der wêze
moatte om ’t gat to stopjen en ’t skip yn flot wetter to krijen.
_Ork._ En dêr woeste swier oer tille! Biste gek?
_Sint._ Ja, hwêr skoer ik it wei? De fortsjinsten wirde lytser en de
bilêstingen binne swier yn dizze dagen.
_Ork._ En dêr woest tsjin oan wrame, en al dyn libben oan ’e flotgêrzen
hingje? Mis, man! Ik wit better rie for dy.
_Sint._ En dat is?
_Ork._ In foech bankerot slaen.
_Sint._ Fij Ork-om! dêr wird ik kjel fen. Bankerot?
_Ork._ Ja, bankerot. Witstou better rie?
_Sint._ Den bin ’k ’er ommers glêd út en oan ’e dyk.
_Ork._ Hwet praetsjes fen der út? Dou moaste fiif-en-tweintich-tûzen
goune oerhâlde. De krediteuren gnoarje allike folle, eft se in
dûbeltsje fen de goune krije ef tsjien stûren.
_Sint._ Dêr kin ’k net by. Ho giet dat?
_Ork._ It is gjin domme ljue’s wirk. Hark, ik scil ’t dy leare. Dou
sitste dûbeld en dwers yn ’e keappenskip en biste yet dwaender en
litter. Krûp in goe frjeon ûnder ’e side, dy ’t yn alle silen mak is,
en gean dêr mei nei de ondogenste abbekaet dy der to finen is. Den moat
der skreaun en leagen wirde, det de gleone lôge der nei fljucht. Den
binne der yette húsmiddels, dy ’t hjar fen sels oan ’e hân jowe.
_Sint._ Ork-om! Ork-om!
_Ork._ Hwet woeste oars?—Mar dou moast op ien ding divelsk passe.
_Sint._ En hwet scoe dat wêze?
_Ork._ Dat is dyn boek. Dat moaste moai skriuwe, det elts der yn lêze
kin, hofolle aste forlern en hwet greate bankerotten aste krige haste.
Dat moat goed mei eltsoar útkomme, hwent dêr binne se fûl op, mear as
op ’e pong. Ik wit de wei en ’k wol dy helpe.
_Sint._ Soa. En hwet den?
_Ork._ Aste den goed op ’t skerp stietste, liz den de kaeijen op ’e
kiste en siz tsjin dyn krediteuren: “Frjeonen, ik jaen my oer. Ik bin
in ongelokkich minske; hwent myn boel kin net út. Part it mei eltsoar.”
_Sint._ It liket my net goed ta, Ork-om!
_Ork._ Witste better? Hark, lit my earst útprate. Den komt dyn namme in
wike mannich yn ’e krante, en den litste de abbekaten en krediteuren
mei eltsoar flokke en tsiere en om de langste ein lûke. En as dat spil
oer is, stek den de kop út de fearren as in âld swan; den bist genezen
en sa soun as in fisk.
_Sint._ As ik jo goed fetsje, den wolle jy my in paed lâns liede, dêr
in earlik man net gean wol.
_Ork._ Ja heite, men kin dat sa nei net nimme. Ast’ it allinne wierste,
den wier ’t yet hwet oars. Mar, myn goede man! sjen de krante ’ris nei,
fen in jier twa, trije, fjouwer. En de measte, dy ’t bankerot gien
binne slaen op ’e hakken.
_Sint._ Ja, mar hwet wirdt der den ek fen yen sein, en hok for nammen
jaen se yen net nei?
_Ork._ Gekheit! Ho hab ik it hawn? Dat wier oars hwet as sa’n skiterich
bankerotsje fen dy. Ik lit de ljue mar prate hwet se wolle. Dat is mei
in jier twa al biwend. En dêr binne de ljue yette al nochlik fen
tsjinwirdich, de measten wolle greach wer mei yen hannelje, as se in
stûrke oan yen fortsjinje kinne. Ja, ik hab der ljue ûnder, dy ’t oars
yet al in pongfol mannich by my opset habbe, en my lykwol de soallen út
de skoen tsjinje wolle. Ik hab der sels niget oan.
It is “mynhear!” foar en nei, op inkelde âldmoadrige stiifkoppen nei;
mar dêr kin men neat mei wirde.
_Sint._ En den in oarmans namme sette ynpleats fen yens eigen? Fij!
fij!
_Ork._ Nou, hwet skeelt dat? As ’t mar giet. En dat komt mei de tiid ek
wol wer yn ’e heak, as men ’t paed mar wit. De greate ljue, dy dy helpe
scille, moaste ûnder ’e side krûpe, en aste witste det se in rudich
steed habbe, den moast hjar tige kardzje, al kardzje, al kardzje. Den
kinst’ mirakels dwaen. O, Sint! dou witste net, ho dom in bulte minsken
binne. Ik moat der wol om laeitsje. Hja mienden ek, det ik my
forrekkene hie, do ’t ik bankerot gong. Dêrom moast in kindich master
yn ’e stêd myn boekje neisjen. Mar master sei: “Hoar, jonkje! jou make
sommen die ik niet begryp. Jou binne my feul te slim in de rekenkunde.
Ik kan je niks leere.”—Nou, wier ’t nen wonder? Ik hie bûtelâns op ’e
skoalle wêst.
_Sint._ Mar ho meitsje jy it mei de krediteuren? As dy jo neijerhân
tsjin komme, sjen se yen den net raer oan?
_Ork._ Dou moast hjar altyd net yn ’e tût rinne. Biljeaven de greate
net, dy ’t hele knoarren ha moatte; hwent dêr binne lilke ûnder, dy
doare yen yet wol by de hûd krije, as ’t slim komt. Mar dat is my yet
mar ienkear oerkomd, en dy liet ek al wer los. Slaen doare se yen net,
al hat men ’t tsjiendûbeld fortsjinne. Elts is eang fen útfenhûs yn ’e
stêd.
_Sint._ Men kin se net ontrinne, tinkt my, as der sa folle binne.
_Ork._ Nou, dy lytse, dy ’t om dy hinne wenje, lyk as timmerljue,
ferwers, skroarren en moadewinkels, dy moast glêd bitelje. Dat smyt
dôch gjin seadden oan ’e dyk. Den hast ek ljue, dy ’t dy priisgje, wyls
’t oarren dy forflokke.
_Sint._ Den is der yet hwet, dat my net moai taliket.
_Ork._ En hwet is dat?
_Sint._ Det se yen nei wize en sizze, lyk as dat wol sein wirdt: “Dêr
giet dy greate skelm hinne; in hear fen stellen jild, dêr ’t in oar
jierren lang sûr for tobbe hat, dy ’t nou troch sa’n snaek yn ’t
ûnderbaitsje rinne moat. Dy moaije rôk moasten se him fen ’e bealch
barne!”—It scoe yen grize!
_Ork._ Jonge, dat hear ik allegearre net; en dat binne gjin
kanons-koegels.
_Sint._ En den de bysfeinten yen yn almanaks-koerren rinne litte troch
de hele stêd hinne.
_Ork._ Dat komt my net oan ’e kâlde klean.
_Sint._ Nou, Ork-om, ik tink der yet sa net oer as jy. Us dominys leare
ús dat sneins ek net yn ’e tsjerke; dat skeelt folle.
_Ork._ O, dat wit ik sa lyk net. Dêr dwaen ik net oan. En aste dat sa
fyn ûtplûzje woste, den kin der neat fen komme.
_Sint._ Jou paed doocht net, man! It liket neat! Ik scil ’t earlik
bringe sa fier as ik kin. De seilen der plat by en de húshâlding
bisnoeije. De ljue meije sizze: “It spil fen Sint wirdt der net better
oan”: hja scille my net forwinskje en forflokke. Kin ik net in rôk mei
gleone knopen drage, mei in baitsje kin ’k my ek waerm klaeije, en dat
scille de ljue my wol hâlde litte. Kin ik myn bern net as hearen
opfiere, en in bult jild neilitte,—hja scille der mei soune lea en in
goed sin, troch Gods help wol troch komme. Hja scille hjar net to
biskamjen habbe as hjar heite namme neamd wirdt, en nimmen scil hjar
forwite, det se fen stellen jild greate ljue binne. In wiis man út de
âlde tiid sei: “Beter is een weinig met gerechtigheid dan de veelheid
der inkomsten zonder recht.” En in oaren: “Het weinige, dat de
rechtvaardige heeft, is beter dan de overvloed der godloozen.” Sa tink
ik ek, Ork. Us heit hat faek sein: “Jonge! tink ris om dat jild, dat sa
by eltsoar komt.”
_Ork._ Dêr wit ik net fen. Ik lêz sokke boeken net. Dou wirdste fyn,
leau ik.
_Sint._ Ik bin fyn noch grou; mar it is my dêrom net allike folle.
_In Faem ropt by de doar._ Sit mynhear Ork hjir? Dy moat gau ynkomme.
Der is in great brief komd, dêr stiet sok raer lêzen yn, det jiffrou is
der mislik fen wirden.
Ork _giet rimpen opstean en seit yn ’t hinnegean_: Dy divelske frouljue
lizze aenstons fen hjar sels. Hja bihirdzje der ek net yn, al lêze se
fyftich rare brieven.
_Sint_ _allinne_. Nuvere brieven! Ork! Ork! Ork! Net yn ’e tsjerke
komme; nen bibel lêze; folle bêste ljue yn ’t ûnderbaitsje helpe, om
sels in hear to wêzen; kindige ljue forbjusterje mei rekkenjen! Ik wit
net, eft de greate slútrekken net in trien-eager wirde scil.
1832.
TSJALLING HIDDES.