Voys: De bochel die pareert altyd.
To, Nies, ik wol de merk bisjen.
Hwet is it folk oan ’t djoeijen!
Der is gjin âld wiif by de wiel,
Nin boer tinkt om syn ploeijen.
Oeral yn ’e stêd
Is ’t minsken tsjep en glêd,
En lâns dy rygle kreammen
Frjemde ljue fen fier en hein,
Bern by hiele teammen;
De stêd is hjoed oerein.
Gleone Koen dy stiet ’er al
Mei syn forskimm’le koeke,
De skarren for de flauwe ljue
Lit hy syn mingers rûke.
Sjen, dêr is gûchler Murk,
Hy is al drok oan ’t wirk.
Sjen, Nies, hwet mâlle freanjen!
Roel, syn feint, is mei to gong
Om hjar sels to leanjen
Mei in tsjokke boerepong.
Gauke bliest op syn trompet,
Set wangen as in bonge.
Bonsen mei syn klarinet
Gûlt ek al om ús pongen.
Hwet gappet Gelf der nei!
Hy is der heal yn wei.
Gelf, Gelf, dou wirdste lûse;
In pongeleger docht in taest.
Gelf slacht op syn bûse,
Ja, man hy is al leech.
Geale Romkes fen Sân-Lean
Is ek al moai bitritsen,
For tritich goune bûterjild,
Hy is ’er fen bilitsen.
Jan fingerhoed dêr nêst
Dy docht ek fiks syn bêst.
Hy tipelt mei syn fingers,
“Dêr is er net, en dêr is ’t wêst”.
In sûr fortsjinne goune
Skoert hy sa yn syn nêst.
Kom, gean wy by dy snaken wei,
Ik wol mei dy nei boppen.
Jakle Rientses fen Blauhûs
Dy hat ús niis al roppen,
Wy fleane nei de Kroan
En dounsje ta de moarn.
O Nieske hwet in wille,
Beits dyn spylfaem sit ’er al
Mei Mient fen Keimpetille,
Sjuch, sjuch, hja lizze al oan.
Wel, Nieske ljea, ho scil ’t nou, man?
Dou kinste sa ast wotte;
Dounsje ef patsje is hjir de kar.
Earst patsje, sei se, Botte.
Kom, kom, myn famke, kom!
En Nieske hinge er om.
Koal,[68] Koal, kom den ris harren,
It kielsgat wirdt ús beide soor;v Jaen ús hwet to smarren,
Wy dounsje dêrmei foar.