FOEKE SKUTTER EN HOSPES-TRYN.

De Sneins op de neidei kaem Foeke yn de jachtweide stappen. Dêr siet

syn fryster Tryn to sliepen. Hja sprong einling fen ’e stoel, en sei

tsjin him: “Biste dêr, Foeke? Kom, ik bin bliid, det ik dy sjuch—en dou

griiste my ek mei dy heislike knevels. Kom, dat trefste goed; ús

Grytman hat hjir in flesse wyn stean litten, dêr is mar ien romerfol

út, en as er werkomt, den wol er dochs wer in nije hawwe”.—“Ja, mar

hwer is baes Abe?”—“Dy laeit op it noflik ear oer de matten yn ’t

keammerke”.—“Kom”, sei Foeke, “dat wier fiks! Den scille w’er in sankje

by hawwe,” en do songen se by elts romerfol in ferske, lyk as hjir to

lêzen stiet.

Hwer moastou nou hinne, myn skutter? (_bis_)

Nei Braban ta, myn ljeave Nynke!

Nei Braban ta, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwa scil dy dyn potstrou den koaitsje? (_bis_)

De kok, de kok, myn ljeave Nynke!

De kok, de kok, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

As de potstrou den klutert, myn Foeke? (_bis_)

Riere, riere, myn ljeave bêste!

Riere, riere, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwet potstrou scil de kok dy d’n riere? (_bis_)

Ratsjetoe, myn ljeave Nynke!

Ratsjetoe, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwa scil dy dyn kofje den siede? (_bis_).

De pomp, de pomp, myn ljeave Nynke!

De pomp, de pomp, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

As de saed den kâld wird, myn skutter? (_bis_)

Den in slokje, myn ljeave Nynke!

Den in slokje, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwer scilste op sliepe, myn skutter? (_bis_)

Op de striesek, myn ljeave Nynke!

Op de striesek, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwa scil dy dyn wrine den spriede? (_bis_)

De kapot, o myn ljeave Nynke!

De kapot, o myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

As it strie den to hird wirdt, myn skutter? (_bis_)

Skodzje, skodzje, myn ljeave Nynke,

Skodzje, skodzje, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

Hwa jowt dy dyn bûsjild, myn skutter? (_bis_)

Keuning Willem, myn ljeave Nynke,

Keuning Willem, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

As de tiid dy den lang falt, myn skutter? (_bis_)

Poetse, poetse, myn ljeave Nynke,

Poetse, poetse, myn ljeave Tryn!

Kom, taepje ris yn. (_bis_).

As de Brabanders komme, myn skutter? (_bis_)

Sjitte, sjitte, myn ljeave Nynke!

Sjitte, sjitte, myn ljeave Tryn!

Fen boppen del d’r yn!

Kom, taepje ris yn.

Do wier de flesse leech, en hospes Abe kaem opljippende lilk út syn

fjouwerkant springen. “Hat dat sjongen en balten langer nôch dûrre?

Skear jimme der út, as jimme langer wolle. Nin minske kin rêste”, sei

er.

“Abe-baes”, sei Foeke, “is de holle tizich fen de moarns-slok? Haw ik

dat nou fortsjinne? Ik haw altyd in goed minger fen jo wêst; jy hawwe

mannich fen myn stûrkes yn ’e bûse. Ik stap ’er út, man!”—en Tryn lei

him de foarste finger oer de knevels, en joech him in tútsje yn ’t

foarhús—en do wier ’t út.

1831

EELTSJE HIDDES FEN GROUWERGEA.

Rimen en Teltsjes · 第 267 / 279 题