DE GRYTMAN.

Ik woe wol, det ik Grytman wier,

Sa’n ampt stiet my wol oan.

Dat baentsje is ek gâns net swier

En it fortsjinnet skoan.

It rjuchtshûs sit it hearlik op,

Men smookt en drinkt der ta.

En jowt Mynhear in foarstel op,

Den knikt Assessor: “ja”.

Wol er ljeaver swije,

Nigen is genôch.

O, hwet binn’ dy Hearen

Bargen oan ’e trôch.

Hjar feinten hawwe se ek goedkeap,

Hwent d’ earme Gritenij

Jowt jild, en den noch op ’e keap

In moaije liverei.

En hat Mynhear it podagra,

Wol hy fen reisgjen frij,

In rinner bringt him tiding ta,

Dy skikt de Gritenij.

Wol Mynhear út jeijen,

Boeren sjagglje mei.

Sizz’, hwa lykje dy sloven?

Lammen oan ’e wei.

En moat Mynhear it wird ris dwaen,

En falt it praet him swier:

Siktaris hat er by de hân,

Dat is syn offisier.

En is ’t forstân net al to great,

Is him de saek net klear,—

Dy leit him alle dingen bleat,

En sprekt mar for Mynhear.

Fjirtsjinhûndert goune

En sa’n tsjerkfoudij—

Is in akkefytsje,

’t Komt ’er aerdich by.

Mar komt der soms hwet jild to koart,

Hy skriuwt in omslach út,

En eft de boargerij al moart,

Biteljen is ’t bislút.

Hwer, sizz’ wy, is yn ’t hiele lân,

Sa’n hear as Grytman is?

Hwa komt sa maklik oan it jild?

Net ien, dat is gewis.

Kom, myn goede Friezen,

Sjen mar ta en swij,

Wêz’ mar tige fleurich,

’t Sjongen is yet frij.

’k Woe dochs net, det ik Grytman wier,

Fen ’t brea fen d’ earme man,

Sok jild misgun ik him gjin hier,

De flok dy kleeft ’er oan.

Sa’n hounebaes fen ’t heech Bistjûr,

Op ’t great lâns tichelwirk,

Is der by alle Friezen oer,

Dy heart nou by de Turk.

Rimen en Teltsjes · 第 265 / 279 题