DE BRUNE EN DE BLES OP TRIJE ROMERS.

_Brune_: Ho! bist’ dou dat, bleske? Wel, ik koe dy net goed langer, dou

sjochste der gammel út, ju, sa meager det men alle ribben wol yn ’e

bealich telle kinn, en de stirt by ’t gat ôf? Fiterlokken ôfknipt? Dat

stiet der skean foar. Fij man, it griist my as ik dy goed bisjoch, en

hwet rint dy mâl gûd ta de noasters út. Ik wit net eft Frentsjer dyn

lêste merk net is, en den it baitsje nei de loaijer, feint; dou hast yn

rare hânnen west.

_Bles_: Ja, Brune, yn rare hânnen west. Ik bin nou trettsjin jier âld,

mar ik haw nuvere bazen hawn. Op myn tred jier for fyftich dikketonnen

to Eastermar forkoft, bin ik nei Wergea komd. Myn nije baes sei, ik hie

in stap út tûzen, dêrom moast ik oan ’t hirddraven. Dat selde jier

learde ik sa folle, det ik in priis to Weidum woun. Dat klonk de hiele

Zwette lâns, it wier oars safolle gerop net wirdich, it like sulver,

mar ik wit net hwet it wier. Myn baes dy in goed wird dwaen koe, gong

’er lûd oer út, oeral wier ’t, as wy by in herberch kamen: “dêr ha jy

in aerdich bleske, keapman”.—“Ja, it spil stiet der op sa it heart, der

sit in puggel oan”. (Ik hie do oars in bealich as in wynhoun.) “Rint it

ek hwet oan?”—“Hwet oanrinne? Fleane, det it yen grien en blau foar de

eagen wirdt. To Weidum hat it de priis woun, mar it like neat.” (Ik hie

do oars sa folle as ik hysje koe).

Myn twade baes wier in stedman, dêr kaem ik yn ’t gasthús. Trije Romers

en ’t Swarteweister tolhûs wierne de fierste einen, mar dat libben

dûrre net lang, lyk as ’t mei folle moaije dingen giet. Myn baes teach

Freedtomiddeis al ier nei de Okse, om mei syn ljue oer hirddravers to

praten, yn pleats det er mei in skerldoekje foar, lyk as to foaren foar

syn toanbank stie, om in poun kofjebeane to weagen. De mingers bleauwen

wei en de nearring teach de doar út. Do by in tsjok lân-notaris mei in

liif as in hjerstkeal, dy wend wier, det de hynzers it paed jouns

sochten, as hysels it sûr hie; mar mei my koe it treddeheal flesse

minder lije; dat wier in great gat yn in minskemage, en skolpere al to

folle. Dêrom moast ik nei in oare baes en dat wier Gleone Wiltsje. Do

feije, det de stront fen de dyk fleach. As wy ta in stêd útrieden, gong

it sa hird, det de poarten ús fen de swang hast efternei fleagen. De

ljue bliid, det wy foarby wierne en de kreamers alderbliidst. Dit dûrre

sa lang, det ik stôkmeager wier en op trije foetten sprong, en myn baes

syn bûsjild op wier; hy hie de rekkening net goed makke. Wy krigen

beide rêst, ik op ’e stâl, en Wiltsjebaes útfenhûs by in stêds

rekkenmaster.

Do ik wer sahwet opfoerre wier, rekke ik by in keapman dy folle

hyngsteried. Dêr moast ik de telstap leare, mar dat gyng lyk as mei ús

skoalmaster: dy man wier gjin útrinder mei de pen, en do der in frjemd

poehaen yn ’t lân kaem mei in nije mode fen skrift, scoe master yn in

amerij in prefester yn ’t skriuwen wirde.

Mis wier it! Nin minske koe it nije skrift lêze, en do siktaris in

brief krige fen master, det it wiif yn ’t waerm bêd laei, lies notaris,

det er in kou slachte hie mei hûndert poun smoar, en sei hy: “Zoo, zoo,

dat meestert goed.”

It gyng my neat better fen de hirddraversstap ôf en springe lyk as de

eksters.

Bleske kriget in slach mei de swipe en tsjocht hinne.

Takommende jier komme se wol wer byinoar.

Rimen en Teltsjes · 第 264 / 279 题