IN NIJ LIET OP GROUSTER MERKE.

Voys: Het zal wel gaan, wel gaan, wel gaan van avond in het schuitje.

To liz’ mar, liz’ mar, liz’ mar oan,

Us mem dy wol ’t wol lije.

Hja sei tsjin heit: “wy ha ’t wol dien;

Us Tryn mei ek wol frije.

Strak scille wy skotse,

Trala, la la, tra lalderala;

Strak scille wy skotse,

It keallebout ropt ús ta.

Us omke hat it jak al oan;

Dêr sit de man to bazen;

Hy hat it by syn wiif fordoarn;

O, wé, hwet scil se raze!

Mar omke en moeike

Dy bruije ús allebeide net,

Wy scille mar skotse,

Hwet ha wy hjoed in pret.

In âlde, âlde, âlde prúk

Mei nou noch gnoarje en stinne,

De faem en feint dy krûpe oan;

En litte it gleske rinne.

Kom litte wy sjonge,

Trala, la la, la lalderala.

Kom, litte wy stampe;

De hospes wol ’t wol ha.

Nou romte, romte, romte mar!

Wy fleane nei de bûrren,

Dêr stean’ twa feinten yn it grien

To fjuchtsjen en to skoerren.

Wy sjonge ljeaver

Trala, la la, la lalderala.

Wy patsje de fammen

En sûpe astrinta.

Rimen en Teltsjes · 第 262 / 279 题