Wy binne forline jier oan de filosofije west: dêr scille wy nou mar net
oan dwaen, hwent by filosofen en de dichters sjocht it ’er troch de
bank lang sa moai net út yn hjar huzen as yn hjar boeken. Wy scille nou
mar wer oan ’t weagen gean, en wy hoopje mar net, det jimme ’er sa bang
for wêze scille as dy man, dy for gjin kynsen bûter der in foet opsette
scoe. Hy hoefde it him oars noch net to skamjen; hy is yet sa meager
net as in skroar, dy in jier oan ’t liifrinnen west is.
As jimme der sa bang for binne, den krije wy gjin jild yn de pong, en
by gefolch gjin ierdappels yn de kelder. In lege pong is dochs in
heislik ding, al sit ’er ek noch sa ’n moaije oranjestrik oan; ’t is
dêrby in twangneil, dy keuningen ta smouzen en de smouzen ta keuningen
makket.
Wier it det jimme forstân ef jimme jild hjir op de skealjen lein waerd,
den scoe mennich ien al foar de skealjen opstûke, dat koe dochs bjuster
ôffalle: hwent mennich ien hat yn de eagen fen him sels en yn it each
fen oare ljue in great forstân, en as dat op ’e skealjen kaem, koe it
ôffalle. Sa scoe it ek wol mei it jild gean, en dy ljue, dy hjar jild
afterbak hâlde, om net to heech yn de doarps-omslach to kommen, wierne
der it minste oan. Mar wy weage mar flêsk en bloed, en dy him sels to
licht achtet, dy kin sa folle lead yn ’e bûsen stekke, as him sels
goedtinkt, om mei fatsoen op ’e skealjen to kommen; wy scille it der
net úthelje, mar wy moatte dochs ien ding sizze, wy scille alleman op
’e skealjen litte; wy hawwe ljeaver jonge fammen op ’e skealjen, dy oan
de lichte kant binne as âlde wiven, dy hwet licht binne: hwent jonge
frouljue binne trochstrings de plezierichste merkegasten, en as âlde
frouljue yn ’t gewicht ôffoelen, den koene lichtgelovige ljue hjar for
tsjoensters oansjen, en den hiene wy de flok op ’e hals. Jonge ljue!
bitrouwe jimme ús net, en wolle jimme elkoar ’ris neihifkje, taest
eltsoarren dêr oan, dêr it jimme minst sear docht; wy kinne it net
helpe as ’er yn sa ’n drokte mistaesten dien wirde. Jimme sjonge
allegearre: “Hoog om hoog, de keel is droog.” Binne jimme den smids
wirden? dy hawwe allegearre in fonk yn de kiel, dy moatte se eaze ef
forbarne; bakkersfeinten, dy foar de oun fordroegje, dy moatte hjar wol
’ris útweakje. “Hoog om hoog!” toe mar, de foet fen de romer mar nei de
wolken ta; de kastelein moat ek libje; tink mar net det it sûpe is: haw
hjoed wille sa folle as jimme opkinne, mar liz it sa oan, det jimme
moarn gjin birou hawwe.
Plezierige merke, frjeonen! en wachtsje jimme for de knyflokiters.
_Grouster Merk._
1843.
E. H.
_It gewicht fen is_
Ned. Pounen.
” Oncen.
_H. Epema_, _Weachmaster_.
_S. de Vries_, _Scriba_.