JOUNFREDE.

De wrâld is o sa sêftkes,

As laei hja yn ’e slom,

Men heart nin sucht, nin laitsjen,

Hja libbet, mar is stom.

It sûzet troch ’e blêdden,

Sêft as in bernesliep;

Dat binn’ de widzesankjes

For kij en ’t froede skiep.

It doarpke laeit yn ’t tsjuster,

In nevel laeit ’er oer;

Twa ljeafsten heart men lústrjen,

As ’t frjeonlik dou-gekoer.

Men heart de kijkes snuven

Yn ’t lange, griene krûd,

Dat houwen en dat snuven

Dat is it ienichst lûd.

Dat ’s wis de Himelfrede,

Nin haet, nin niid, nin spot;

O! ’t is de tiid fen bidden,—

Hear my, o goede God!

Rimen en Teltsjes · 第 245 / 279 题